Kolleksje Boelstra-van der Werf(f)
Fiif sulveren sierleppels – Partikuliere kolleksje
Stúdzje en registraasje merktekens: Jan Schipper www.zilverstudie.nl
Sulverfotografy: Het Hoge Noorden-Jaap Schaaf www.hogenoorden.nl
1
Beskriuwing
Sulveren sierleppel mei geboarte-ynskripsje.
Stâltype: flochten.
Stâlbekroaning: de leafde.
Lingte 18,9 sm. Gewicht: 89 gram.
Masterteken is fan Pieter Schmitz, Ljouwert.
Ynskripsje om de râne hinne fan ’e bûtenkant fan ’e bak, yn skriuwletters:
Sieds Tjeerds Boelstra geboren 22 September 1797
Sieds Tjeerds Boelstra * Stiens 22-9-1797 † dêr 2-8-1885, boer te Jelsum op Haersma State en op Truerd (Truerderdyk 19) op it Stienzer Aldlân; tsjerkfâd te Jelsum oant septimber 1854; x Ljouwerteradiel 26-6-1823
Maaike Baukes Lettinga ~ Froubuorren 3-10-1793 † 5-1-1867, dr f. Bauke Piers Lettinga, boer te Froubuorren, en Rixtje Jans.
Soan fan Tjeerd Siedses Boelstra * Stiens 12-5-1762 ~ dêr 18-7-1762 † dêr 14-2-1848, kastlein en hynstefokker, boer op Truerd (no: Truerderdyk 24) op it Stienzer Aldlân; hy is de earste fan seis generaasjes Boelstra op dit stee; Tseard keapet mei syn skoansuster Tytsy Piters dizze pleats yn 1824; Tseard en syn neisten hawwe sa’n 150 hektare yn eigendom, doe heel wat; x Stiens 11-1-1789 Sjoukje Pieters * Stiens 3-2-1769 ~ dêr 21-8-1769 † dêr 27-2-1848, dr f. Pieter Reinders, boer te Stiens, en Tietje Piers.
Sjoch: Erfgoed Fundaasje – Genealogy Boelstra
2
Beskriuwing
Sulveren sierleppel.
Stâltype: flochten.
Stâlbekroaning: de frede.
Lingte: 18,1 sm. Gewicht: 60 gram.
Masterteken fan Petrus van Asten, wurksum te Ljouwert fan 1728 oant syn ferstjerren yn 1765.
Ynskripsje: gjin.
3
Beskriuwing
Sulveren sierleppel mei geboarte-ynskripsje.
Stâltype: flochten.
Stâlbekroaning: in skip.
Lingte: 18,2 sm. Gewicht: 65 gram.
Masterteken: I:H (noch net bekend wa’t dat is, wurdt ûndersocht).
Ynskripsje om de râne hinne fan ’e bûtenkant fan ’e bak, yn skriuwletters:
Durk Joutes van der Werf is geboren 10 October 1792
Dirk Joutes van der Werf(f) * Stiens 10-10-1792 † Koarnjum 10-10-1875, hy is doopsgesind, letter Nederlâns Herfoarme; is útlotte by de milysje; boer op it ‘Steenhuis’ ûnder Stiens by it Tichelwurk, nei 1832 op Joussen yn ’t Koarnjumer Aldlân, sn f. Joute Ruurds van der Werff, húsman ûnder Stiens, assessor (=wethâlder) fan Ljouwerteradiel, en Ytje Durks; x Ljouwerteradiel 25-11-1819 Baukje Brandts de Jong * Koarnjum 13-3-1798 † dêr 24-10-1846, dr f. Brandt Doedes de Jong, boer te Koarnjum, en Gerlandje Wopkes Tolsma.
Sjoch: Erfgoed Fundaasje – Genealogy Van der Werf(f)
Durk Joutes is de earste fan seis generaasjes Van der Werff op Joussen:
Durk Joutes (IV.2) x Baukje Brandts de Jong, Ytzen Durks (V.2) x Tijntje Pieters Miedema, Joute Ytzens (VI.4) x Rindertje Gerbens Dijkstra, Ytzen Joutes (VII.3) x Trijntje Sinnema (sy kochten de pleats om 1950 hinne fan ’e lânfrou), Andries Ytzens (VIII.4) x Antje Boersma, en Ytzen Andries (IX.4.3) x Fetje Sinnema.
4
Beskriuwing
Sulveren sierleppel.
Stâltype: flochten.
Stâlbekroaning: skyld mei putti.
Lingte: 17,5 sm. Gewicht: 65 gram.
Masterteken fan Johannes de Wal, wurksum te Ljouwert sûnt 1771.
Ynskripsje oerdwars op ’e bûtenkant fan ’e bak, yn skriuwletters, sintreard:
K:B
J:R
1777
Wa’t by de inisjalen passe, wurdt noch ûndersocht. Mooglik Cornelis Brugts en Janke Reins, troud te Reduzum yn 1777?
5
Beskriuwing
Sulveren sierleppel.
Stâltype: flochten (oan ’e achterkant as rêgegraat in smelle staaf).
Stâlbekroaning: in foarstlik pear.
Lingte: 18,1 sm. Gewicht: 85 gram.
Masterteken fan Hendrik Cuperus, wurksum te Ljouwert sûnt 1783.
Ynskripsje oerdwars op ’e bûtenkant fan ’e bak, yn skriuwletters, sintreard:
T.M.
1800
Nei de persoan achter de inisjalen wurdt ûndersyk dien.
Oar sulverguod
Rjemmesleefke
Bonbondoaze
Rjemmekom
Nullekokers
Bûgeltas
Plakette en doaske foar spulkaarten