Genealogy
fan
GROVESTINS
GROVESTEIN
GROVENSTEIN
GROFSTEIN
GROFSTEINS
GROFSTINS
(STIENSTRA)
Undersyk:
drs Ype Brouwers, genealooch te Ljouwert (generaasjes I-III)
drs Goasse Brouwer, Erfgoed Fundaasje – yn opdracht fan Pier Struiksma te Marsum
Graach oanfullingen (nammen, data, beroppen, foto’s, anekdoaten) en korreksjes: info@erfgoed-fundaasje.nl of brûk it formulier.
* = berne/born
~ = doopt/baptized
x = troud/married
† = ferstoarn/deceased
[] = begroeven/buried
Wat is in Genealogy?
De nammen
De namme boppe dizze genealogy is eins kopswier: sa’n navenant ‘lytse’ famylje en dan safolle farianten yn ’e achternamme. ‘Lyts’: teminsten oant begjin 20ste iuw, dêrnei wreidet de neiteam út mei rynsk kroast.
De earst-neamde is Cornelis Johannes (I) as mooglike heit fan Jan Cornelis Grofstein of Grofsteins (II.1) en Johannes Cornelis Grovestins (II.2), dy’t allyksa te boek stiet as Grofstein en Grofstins. De sibben sette seis ferskillende farianten frij fleksibel yn: Grofstein, Grofsteins, Grofstins, Grovestins, Grovenstein en Grovestein, en dêrby inkeld Stienstra. Se hawwe har nammebestean sa’t skynt boppe en ûnder de wet: it farieart fan safolle as men wol yn ’e Boargerlike Stân, hantekening, roukaart en grêfstien. Yn ’e tredde generaasje is ’t meast Grovestins. En yn ’t fjirde geslacht wurdt by Johannes Cornelis (IV.5) en syn neiteam Grofstein foar kar nommen. By Durk Kornelis (IV.6) en syn neikommelingen wurdt – betiden by deselde persoan – yn wurd en geskrift wiksele tusken Grovenstein en Grovestein, dat lêste is húsriem yn ’e omgong.
Hoe komme dizze Grovestinsen oan har tanamme? It is sûnder mankearen dúdlik dat Johannes (II.2) de namme yntroduseart: al twa jier nei syn trouwen, yn 1779, stiet er sa bekend. Der binne gjin oanwizings fûn dat de namme al earder eigen wie yn ’e famylje. Syn broer Jan neamt him net earder as yn 1792 Grofstein(s), yn neifolging fan syn broer soe men sizze.
No tinkt men by dy namme alderearst oan Ingelum. Mar dit bodzjend folk hat har aadlike achternamme net skipe fan har tsjinst by de jonkers en freules Sirtema van Grovestins dy’t residearden op ’e Groustins (= grou, grut stiennen hûs) of Sirtema State ûnder Ingelum, want der liket alhiel gjin konneksje te wêzen fan ien fan beide mannen mei dat doarp – in iuw neitiid húsmanneje trouwens heel wat neikommelingen wol te Ingelum.
Fan ’e famylje (Sirtema van) Grovestins bestean betroubere oersichten yn bygelyks it Nederland’s Adelsboek en de Genealogy Grovestins fan Simon Wierstra. Yn dy genealogiën is gjin plak foar Jan en Johannes en dy nammen komme dêryn ek net foar, ôfsjoen fan Johannes van Grovestins 1686-1717. It hat net folle doel om dêr de foarâlden fan ús bruorren te sykjen.
Om te ferklearjen hoe’t Jan en Johannes der by komme om har Grofsteins en Grovestins te neamen, sil tink yn ’e rjochting socht wurde moatte fan de militêr Johannes Douwes van Grovestins (Dronryp 1686-Ljouwert 1717), soan fan Douwe Oenes Sirtema van Grovestins, ritmaster en kolonel by de kavalery, en Catharina Johansdr van Scheltinga. Dy Johannes is allyksa opgroeid te Dronryp en hy wennet dêr yn 1706 noch. Letter is er keamerhear fan Maria Louïse van Hessen-Kassel (Marijke Muoi) op it Prinsessehof te Ljouwert, earste ealman fan ’e prinses Van Oranje-Nassau yn Fryslân, ritmaster en majoar yn Steatetsjinst by de kavalery en gauris op ’e slachfjilden. Yn 1708 boasket er mei Catharina Willemsdr van Haren (Ljouwert 1687-It Hearrenfean 1771). Se krije trije jonges: Douwe (* 1710) Willem Ernst van Grovestins (* 1713) dy’t tige jong stjert en Johannes (* 1717) dy’t berne wurdt as syn heit al oan ’e pokken stoarn is en begroeven yn ’e Van Grovestins-grêfkelder te Dronryp.
De ‘Alde wite’ – sa neamd nei de wite bepleistering letter – te Dronryp, ‘stamdoarp’ fan ’e Ingelumer en Bitgumer Grovensteinen.
Yn ’e grêfkelder lizze telgen fan it slachte Van Grovestins.
Tekening: Sjoerd Bonga (Dokkum 1794-Marsum 1865), midden 19de iuw
It grêfskrift fan Jehannes is:
[Hoog] wel geb: [h]eer Iohannis van Grovestins maioor en ritmeester eerste …de . man van haar … geb: den 6 aug: 1686 ges: den 16 feb: 1717
De Dronrypster skoalmaster en kronikeur Hoyte Stoffels Roucoma (Reduzum 1661-Dronryp 1719) hat it yn syn Rypster kronyk twa kear oer Johannes van Grovestins:
Pingsterdag, zijnde den 23en Maij 1706, is het Franse leger etc. onder Zijn Keurvorstelijke Miserabelheydt Beyeren en den Fransen Villeroy, door de Hollanders etc. onder Ouwerkerk en Marlborough in Braband bij Judoigne of Ramaliers
totalijter geslagen (waarin de jonge ritmeester, zijnde mijn buirman, Johannes van Grovestins doorstoocken is; N.B. is
van de wonde weder genesen) en Brabandt en Vlaanderen, mitsgaders hare steeden, alsmede Antwerpen, Oostende,
Kortrijk, Meenen, etc., hierop overgegaan zijn en Coning Carel de derde erkent hebben. [Dat etc. is fan Roucoma]
Den 16en Februarij 1717, ‘s morgens, is aan de pokken te Leeuwerden versturven de Heer Majoor Johannes van Grovestins, den 6. Augustus 1686 gebooren op Dronrijp, oud in’t 31ste jaar, Mevrou Hiemstra oudtste soon. Sijn Ed. laat een weduwe na met 2 kinders, ‘t 3de is te verwagten; was getrouwt den 4en Martius 1708 aan de Grietman Harens dochter Catharina, van Wolvega. Hij worde hier ‘s avonds in een vat leggende met een trekschip gebragt en met 4 toortsen van de wal zonder baar in’t Roodhuys zaal door de buyren gebragt. Den 25. dito ‘s avonds met 18 a 20 toortsen te kerke in de kelder geset. De buyren worde ‘s anderen daags 20 zullvere duccatons vereert, waarvan ik voor mijn hoofd een pond groot genooten hebbe. Den 1en Maart is ‘t waapen in de kerk, door N. Nolk geschildert, opgehangen. Op ‘t wapen staat:
Hoogwelgeboren Heer Johannes van Grovestins, majoor en ritmeester en eerste edelman van Haar Hoogheydt,
gesturven den 16. Februari 1717, oud 31 jaaren.
Sjoch ek: drs K. Terpstra – H. Roucoma, Dronrijps Memoriael – Fryske Akademy, Ljouwert, 1986 ISBN 90-6171-659-4
Sirtema van Grovestins
Naet te goed, naet te tioed – ek: Net te froed, net te tsjoed – Net te goed, net te kwea. Dizze wapenspreuk is fan ’e Fetkeaper Wybe Suyrdz Grovestins (Wybe Sjoerds Sirtema van Grovestins x Saeck van Camstra), de bekendste Van Grovestins by de Ingelumers. By de belegering op 27 maaie 1482 fan syn stins troch de Skieringer Sicke Douwes van Sjaerda wurdt er troch Sicke deasketten.
Hy hat as bynamme Skerne Wybe=Skearde Wybe (dus net Skeane Wybe; skeare is yn syn tiid apart). Nei him is it doarpshûs Skerne Wibe neamd.
Fan syn stins is net in ôfbylding bewarre, fan Wybe sels wol; op syn portret stiet syn bynamme: Scherrene Wijbe. Paniel 1472, Frysk Museum, Ljouwert
Sjoch: Jan T. Anema – Adel en Heraldiek in Friesland van de Middeleeuwen naar de Nieuwe Tijd, yn Adel en Heraldiek in de Nederlanden, Verloren, Hilversum, 2012
Dat rouboerd sil yn ’e Frânske tiid wol sneuvele wêze.
Johannes is grif de lêste konneksje fan it slachte Van Grovestins mei Dronryp. Jan en Johannes libje fansels stikken letter, in jier as sechstich. Mar grif hat dat rouboerd doe noch wol yn ’e Rypster tsjerke hongen. En Johannes van Grovestins kin doe yn Dronryp noch wol op in goede namme lein hawwe. Mooglik dat de jongkeardels har skaainammen oan dat rouboerd ûntlienden – Johannes wie ek noch in namgenoat. Dat koenen se ek wol dwaan mei’t de aadlike Van Grovestinsen dêr net mear tahâlden.
Dat der bloedbannen binne, lykas de famylje-oerlevering úthâldt, kin net fêststeld wurde. Kurieus yn dit ferbân is lykwols de jierlikse besite fan in freule Van Grovestins út Den Haach oan Durk Grovestein (IV.6) te Marsum, begjin fyftiger jierren fan ’e foarige iuw. Se wie lyts tsien jier jonger as Durk. It sil hjir gean om Agatha Louisa barones Sirtema van Grovestins * Den Haach 25-9-1885 † dêr 30-3-1972, dochter fan nr 13 yn ’e stamrige hjirûnder.
Stamrigen fan ’e beide slachten stean hjirûnder. Van Grovestins sil wis wêze, Grovestins is by generaasje 10 in hypoteze. Mooglik sibskip soe útwiisd wurde kinne troch DNA-ûndersyk.
Stamrige Grovestins
1 Siuwerd tho Grouwa Stens, fermeld te Ingelum 1452
x Renke [Mockema]
2 Wyba Syurdzn tho Grouwa Stens, Skerne Wybe † Ingelum, sneuvele by de belegering fan syn Groustins of Sirtema State,
x N.N. [Camstra]
3 Siurd Wibazn tho Grouvestins † foar 1511, ealman yn Ljouwerteradiel,
x 1504 of 1505 Gaets Poppingha
4 Idzard van Grovestins † nei 1559, deputearde nei Keizer Karel V, folmacht op ’e Lânsdei fan Fryslân,
x Tjets Unema
5 Foppe van Grovestins † 1607 [] Ingelum, folmacht op ’e Lânsdei foar Menameradiel, riedshear Hof fan Fryslân,
x Jouck Cammingha
6 Idzard van Grovestins † Den Haach 1616,
x 1602 Franscke van Jongema
7 Oene van Grovestins * [Wommels] omstr. 1612 † nei 1675, kaptein yn Steatetsjinst, grytman fan Hinnaarderadiel, deputearde Steaten fan Fryslân,
x 1651 Ydtsk van Hottinga
8 Douwe van Grovestins ~ Wommels 1652 † Fleurus 1690, kolonel-kommandant Fryske hynsterezjymint,
x 1684 Catharina van Scheltinga
Grovestins/Grovenstein/Grovestein/Grofstein
9 Johannes van Grovestins ~ Dronryp 1686 † Ljouwert 1717, majoar, earste ealman fan ’e Prinses van Oranje yn Fryslân,
relaasje mei N.N.?
10 ? Cornelis Johannes † Dronryp 1765, arbeider,
x 1748 Aafke Migchiels
11 Johannes Cornelis Grovestins (ek: Grofstein) † Dronryp 1794, arbeider,
x 1777 Mayke Thomas
12 Cornelis Johannes Grovestins * Deinum 1783 † Ommerskâns 1842, arbeider en kolonist,
x 1823 Hiltje Herkes Meersma
13 Durk Cornelis Grovestein (ek: Grovenstein) * Minnertsgea 1837 † Ingelum 1906, arbeider,
x 1865 Ymkje Tymens Koopal
14 Tymen Durks Grovestein (ek: Grovenstein) * Ingelum 1867 † Bitgum 1937, arbeider,
x Bregtje Willems Bekius
Sirtema van Grovestins
9 Johannes van Grovestins ~ Dronryp 1686 † Ljouwert 1717, majoar, earste ealman fan ’e Prinses van Oranje yn Fryslân,
x 1708 Catharina van Haren
10 Douwe (Idsard) Sirtema van Grovestins * Ljouwert 1710 † Brussel 1778, luitenant-generaal, opperstâlmaster fan Prins Willem IV, gûverneur fan Ieper,
x 1736 Catharina (ek: Charlotte) des H.R. [Hege Rie fan Adel] Ryksbarones Sinolt neamd von Schutz
Foar Douwe syn neiteam wurdt by Keninklik Beslút 5-4-1819 erkend de titel fan baron op alle ôfstammelingen
11 Lodewijk Idzard Douwe Sirtema van Grovestins * Den Haach 1749 † Breda 1806, fiskaal,
x 1797 Caroline Louise Frederique Otthalie des H.R. Ryksgravin van Bylandt
12 Joseph Gustave Adolphe baron Sirtema van Grovestins * Brussel 1801 † Lyon 1846, luitenant 1 klasse, yntendant Keninklike paleizen,
x 1838 Jkfr. Agatha Theodora van Lynden
13 Jan Elias Nicolaas baron Sirtema van Grovestins, hear fan Ruwiel * Apeldoorn 1842 † Den Haach 1919, luitenant-generaal tit., ordonnâns offisier en adjudant fan Kening Willem III, adjudant fan Keningin Wilhelmina, grutmaster fan it Hûs fan Keningin Wilhelmina,
x 1884 Jeanne Adolphine Louise barones van Hardenbroek
14 Idzard Louis Douwe baron Sirtema van Grovestins * Den Haach 1893 † Brummen 1983, luitenant-kolonel, ordonnâns offisier fan Keningin Wilhelmina,
x 1924 Henriette Adèle barones Bentinck
Boarne: Nederland’s Adelsboek, Jiergong 1983
Sjoch fierder: Erfgoed Fundaasje – Kertiersteat Ymkje Piers Grovestein
Opset
De opset fan dizze genealogy is hjir simpelder as de gongbere. Dat kin goed omdat dizze famylje net sa wiidweidich is. De Romeinse sifers jouwe de generaasje oan, de Arabise it persoansnûmer. Dy nûmering wurdt geandewei bysteld neffens nije gegevens út ûndersyk. Sadwaande binne foar in part de persoansnûmers yn generaasje VII en fierder noch net ynfuld.
Der is gjin yndeks, lykas yn in boek. Mar handiger as in ynhâldsopjefte is de sykfunksje op ’e kompjûter. Unmisber om daliks del te striken by de namme, it plak of de datum dy’t socht wurdt – oars moat men it hele bestân trochskrolle.
It berop
By de troude froulju stiet yn ’e akten meast: sûnder berop. Dat is hjir net oernommen, behalve as by dy persoan earder of letter wol in berop neamd is. It seit himsels dat foar de twadde helte fan ’e 20ste iuw de frou fan in arbeider, dy fan in boer en in winkelman bygelyks, net allinne foar de húshâlding opkomt, mar ek bûten ‘kantoaroeren’ om arbeidersfrou, boerinne of winkelfrou is.
De manlju yn dit skaai binne oant en mei generaasje VI op twa útsûnderingen nei allegearre boere-arbeider (meast neamd arbeider, inkeldris lânarbeider of fjildarbeider) op in mingd bedriuw: sawol lânbou as greidbuorkerij. Se arbeidzje by de gernier of de bouboer, soms by de greidboer.
Dy útsûnderingen binne Simke Grofstein (V.12) en Willem Tymens Grovestein (VI.13). Simke is neist arbeider ek boatwurker, ierdappel- en grientesutelder, koetsier en fuorman. Willem is kantoarman.
Lykas wol wenst is by arbeidersfolk, ferfarre guon húshâldings gauris. Sa hâlde Jehannes Knillis Grovenstein-en-dy (II.2) op syn minst yn seis plakken ta. En Knillis Jehannes Grovestins-en-dy (III.5) wenje yn St.-Jabik, Dronryp, Wier, Berltsum, Deinum, Minnertsgea en yn ’e Maatskippij fan Woldiedigens te Ommerskâns.
It territoarium is fierhinne Menameradiel. De earste generaasjes bivakkeare yn Dronryp; letteroan is har grûngebiet om Ingelum, Bitgum, Bitgummole, Menaam en Berltsum hinne. De Grofsteins sitte yn Minnertsgea.
De godstsjinst
Wat de tsjerke oanbelanget: yn en nei 1834 gongen de lju yn dit staach meast by de Nederlâns Herfoarmde tsjerke wei en sleaten se har oan by de Ofskieding fan 1834 en binne as sadanich Kristlik Grifformeard, sûnt 1892 Grifformeard.
Opmerklik is dat guon earst bestimpele wurde mei ‘godsdienst: geen’. Dat kin tsjutte op it feit dat se de frijsinnige – moderne – lear yn ’e Nederlâns Herfoarme tsjerke net fertarre woenen, har sadwaande ûntloeken oan dat ynstitút en troch de amtner net pleatst wurde koenen oars as yn dat hokje. Se kinne sûnt 1834 definieard wurde as ‘Christelijk Gereformeerd’.
Oaren dy’t te boek stean as: ‘godsdienst geen’ sille har ûnttrokken hawwe fan it steats-tsjerklik ynstitút, de bewende merites, omdat se net tsjerklik binne of prinsipieel net godstsjinstich; dat is mooglik oan ’e oarder by guon as Simke Grofstein (V.12) en syn dochter Lewina (VI.5). Sjoch yn dit ferbân ek it persoanlik tsjûgenis fan har.
Grovensteiner boppeslaggen
Noch heel wat oars, en toch net: boppeslaggen by Grovensteins geane generaasjes troch de loft mei ’t keatsen. Mar yn ’e parse beheind beneamd fanwegen dat kristelik fermidden. Dy baas-keatsers wienen sadwaande ûnder oaren útsluten fan ’e ’heechste’ partij, it winnen fan dy keningspriis: de PC (permanente Commisie) te Frjentsjer. (Wurdt by genôch animo fuorset.)
In net-besibbe laach Grovenstein libbet yn ’e U.S.A., ûnder oaren yn South Carolina en Georgia. In John Justus Grovenstein ferfart yn ’e 18de iuw dêrhinne út Salzburg, Oastenryk.
Carel August baron Sirtema van Grovestins hat neiteam by in ynlânse frou út Demerary (ûnderdiel fan ’e Nederlânse koloany Essequebo), Nederlâns Guyana (sûnt 1831 Brits Guyana). Dy telgen Grovestins steane tenei te boek mei de omkearnamme Snitsevorg.
GENERAASJE I
? Cornelis Johannes † Dronryp 1765, x Dronryp 22-12-1748 Aafke Migchiels † Dronryp 1766.
Yn 1749 is Kornelis Johannes ‘gering’ te Dronryp mei twa persoanen boppe en ien ûnder de tolve, oanslach 18 karg. 6 st.
Cornelis Johannes bewennet yn 1750 speesjenûmer 123 fan Dronryp. Yn 1753 giet it nei nr. 121 dêre, dêr’t er yn 1757 noch tahâldt. It kohier fan 1758 ûntbrekt, yn 1759 ferhuzet er fan nr. 60 (?) nei nr. 85. Dêr wurdt yn 1765 syn ferstjerren optekene, bliuwt de widdo, ‘beroert en niet in staat de kost te winnen’. Yn 1766 rekket ek sy wei.
Yn novimber 1766 hat de earmfâdij fan Dronryp 15 karg. ûntfongen fan ‘het doodvat van Afke Migchiels’.
Dêrmei stiet fêst dat it ien en itselde echtpear is dat fan 1748 oant 1765/66 yn Dronryp wennet.
Fierders is it net wis oft yn dit stel de stamâlden Grovestins fûn is. Bewiis dêrta ûntbrekt. Om de tiid past it perfekt, mei ien bern fan krekt foar 1749 en ek de namme fan de man liket derop: de kombinaasje fan Cornelis mei Johannes. Wêrom wurdt lykwols de earste soan Jan neamd? De namme Aafke komt letter net werom, mar dat seit net safolle. Dat alles nimt net wei dat hja de bêste papieren hawwe as Grovestins-stamâlden.
Wierskynlik binne sy de âlden fan:
1 Jan Cornelis Grofsteins, folget II.1
2 Johannes Cornelis Grovestins, folget II.2
GENERAASJE II
II.1 Jan Cornelis Grofsteins * grif 1748/’49; wennet yn 1774 te Dronryp, giet yn 1778 nei Frjentsjer
x 1 Menaam 22-5-1774 Jetske Jans (Kuipers), beide fan Menaam;
x 2 Frjentsjer 7.11.1792 Janke Oeges * Frjentsjer om 1770 hinne † dêr 20-6-1826, Wyk WV nr 8, 56 jier, dr f. Oege Anes, skippersfeint, en Tjietske Arjens.
Janke x 2 Frjentsjer 21-6-1801 Pieter Martens van der Wal * Marsum om 1770 hinne † Frjentsjer 20-6-1826, Wyk WV nr 8, 56 jier, hast tagelyk stoarn mei syn frou, fiif oeren ferskil; timmerman te Frjentsjer; sn f. Marten Pieters en Yetske Lieuwes
Bern sjoch III.1 o/m III.3
By syn houlik yn Frjentsjer en yn de akten fan dochter Trijntje wurdt de man oantsjutten as Grofstein en Grofsteins.
Jan Cornelis ferskynt yn 1774 op speesjenûmer 47 fan Dronryp, ‘nieuw getrouwd’. Yn 1775 giet it nei nr. 13 dêre, yn 1777 nei nr. 23 en dêrwei yn 1778 nei Frjentsjer
II.2 Johannes Cornelis Grovestins † Dronryp 5-6-1794; arbeider; wennet yn 1777, ’78 te Marsum, yn 1779 te Deinum, 1781 te Blessum, 1783 te Boksum, 1784 te Deinum en yn 1785 te Dronryp
x Marsum 1-6-1777, beide fan Marsum, Mayke Thomas (ek: Maeke; Maak en Maake binne flaaifoarmen fan Maaike) * nei alle gedachten nei 1756 † Dronryp 1803
Maaike x 2 Dronryp 28-12-1800 Jacob Dirks; Jacob x op ’e nij Dronryp 1-12-1805 Trijntje Jeppes (Wielinga).
Soan fan Mayke en Jacob: Ate * Dronryp 3-8-1801; mei in lêste bern yn 1801 moat Mayke Thomas eins wol nei 1756 berne wêze
Bern sjoch III.4 en III.5
Jehannnes komt ek foar mei de nammen Grofstein, Grofsteins en Grofstins. Yn ’e stjerakte fan syn dochter Antsje wurdt er Stienstra neamd
Johannes makket syn entree yn de speesjekohieren yn 1777. Op nûmer 51 fan Marsum wennet Cornelis Piers dan yn in hûs fan de diakony, hy wurdt ûnderholden. Dêr komt ‘Johannes Cornelis nieuw getrouwd’ dan by yn. Yn 1779 ferfart dy lêste nei Deinum 55 dêr’t er as Johannes Cornelis Grofstein bekend stiet. Yn 1781 giet it nei Blessum 24, yn 1783 nei Boksum 1, yn 1784 nei Deinum 26, yn 1785 nei Dronryp 27, dan ûnderholden. Sûnt 1790 wurdt dêr syn patronym weilitten en hjit er oars net as Johannes Grofstins. Yn 1794 wurdt syn ferstjerren noteard, bliuwt de widdo oer. Dy ferhuzet yn 1796 nei nr 46 en yn 1797 nei nr 24. It kohier fan 1798 ûntbrekt en dat is spitich want sa reitsje wy de trie kwyt. Yn ’e jierren fuort dêrnei wurdt se net mear yn ’e kohieren oantroffen, har twadde man likemin.
Johannes wie dus wol opfallend beweechlik, hold it yn it earstoan net langer as ien, twa jier út yn inselde doarp. Hy wurdt yn 1777 foar it earst noteard en dat is om’t er doe troud wie. Hy kin dus al langer by Cornelis Piers wenne hawwe en dat liket ek wol wierskynlik om’t er by houlik al yn Marsum wennet. Men soe swarre dat Cornelis Piers dus syn heit is, mar nee hear; sjoch fierder dy syn bylage dêr’t it tsjindiel blykt, hjir alheel ûnderoan dizze genealogy.
De neisten fan Johannes ha gjin sinten genôch om syn lyk te dekken, se krije neistestipe fan ’e Herfoarme Tsjerkfâdij fan Dronryp.
Ut it rekkenboek, krigen foar kistjild, 5-1774:
-£ 15:-:- : ontv[angen] van Korneles Johannes sijn broeders doodvat
betelle foar begraffeniskosten, 7-6-1794:
-£ 1:4:- bet[aald] aan Feije Douwes de uitgeschotene penn[ingen] weegens ‘t inlossen van de nieuwe rok van de zo eeven genoemde Joh[annes] Corn[elis] uit de bank van leening te Leeuwarden;
-£ -:16:-t: bet[aald] aan de de vrouw van Roelof Bisschop weegens gedane diensten aan ‘t sterfhuijs van Joh[anne]s Corn[elis] voorn[oem]t, 0-8-0, uitschot aan melk 0-2-0, weegens ‘t bier drinken van de buuren aan haar huis 0-6-0
-£ -:2:- bet[aald] aan vragt van een vandel bier van Franequer om door de buuren op de begravenisse van Joh[anne]s Cornelis, alias Grofst[ein] gebruikt te worden
GENERAASJE III
Bern fan Jan Cornelis Grofstein en Jetske Jans (Kuipers) II.1:
III.1 Trijntje Jans Grofstein * Dronryp 29-12-1775 † Frjentsjer 28-4-1828, 52 jier, Wyk EN nr 66;
x Frjentsjer 15-9-1811, 35 en 36 jier; yn har trou-akte skriuwt de amtner: ‘meerderjarige Vrijster’ Wiltje Pieters Schouwerwou * 13-3-1775 † dêr 22-11-1843, Wyk EW nr49; by trouwen en stjerren wolkammersfeint te Frjentsjer; sn f. Pieter Lolkes en Tietje Jelkes (ek: Tittje);
Wiltsje x 1 Frjentsjer 19-11-1797, beide fan Frjentsjer, Dieuwke Joukes * omstrings 1776 † Frjentsjer 7-8-1810, 34 jier; dr f. Jouke Dirks en Eelkjen Jans, te Peins-Sweins
Yn har trou-akte yn 1811 wurde Tryntsje en Wiltsje beide sûnder achternamme neamd; Wiltsje yn ’e stjerakte allyksa, yn ’e stjerakte fan Tryntsje wurdt dy mei de fan Grofstein oantsjutten
III.2 Cornelis Jans * Dronryp 25-1-1777
Bern fan Jan Cornelis Grofstein en Janke Oeges II.1:
III.3 Tjietske Jans van der Wal (ek: Pieters van der Wal) * Frjentsjer om 1792 hinne † dêr 21-9-1842; by trouwen faam te Frjentsjer
x Frjentsjer 5-4-1817 Pier Barteles van der Vorm * Frjentsjer 10-6-1788 † Ljouwert 14-10-1854; yn 1817, ’21 tichelfeint te Frjentsjer, yn 1821, ’26, ’44 dêr arbeider, yn 1854 bôlekoerrinder (‘bolloper’) te Ljouwert; sn f. Bartele Tjeerds van der Vorm, foarmer (arbeider dy’t stiennen foarmet) te Frjentsjer, en Jetske Piers
Pier x 2 Ljouwert 19-5-1844, 55 en 42 jier, Zanneke Klazes Steenstra (ek: Stienstra) * Ljouwert omstrings 1802 † dêr 23-5-1854; dr f. Klaas Lodewijks Steenstra, keapmansfeint te Ljouwert, en Ypkje Cornelis van der Meulen
Sanneke x 1 Ljouwert19-8-1832 Johan Laurens Hanekamp * Ljouwert omstrings 1804 † Stienwikerwold 20-9-1832; lettersetter te Frjentsjer; sn f. Hendrik Hanekamp, apotekersfeint te Ljouwert, en Johanna Laurens Wijnbrander
Tsjitske, Pier en Sanneke kinne net skriuwe
Tsjitske is in kurieus frommis. Yn ’t earstoan hjit se gewoan Tjietske Jans. Dêr komt dan by berte fan har soan Bartele yn 1817 de skaainamme Van der Wal, fan har styfheit, by. Mar sûnt dy tiid hat se net allinnich de skaainamme fan styfheit mar brûkt hja ek syn ‘Pieters’ as har patronym. Neffens har stjerakte: ‘dochter fan Pieter Martens van der Wal en Janke Jacobs Gelein’.
Bern fan Johannes Cornelis Grovestins en Mayke Thomas II.2:
III.4 Antje Johannes Stienstra * Marsum 3-6-1778 ~ dêr 9-8-1778 † Ljouwert 8-11-1821, nr 296; tsjinstfaam
Yn har stjerakte wurdt as berteplak Blessum opjûn, dêr hawwe har âlden yndie in jier as wat wenne, mar ’t is Marsum
III.5 Cornelis Johannes Grovestins * Deinum 1783 † Ommerskâns 27-8-1842, 55 jier; Knillis kin net skriuwe; arbeider te St.-Jabik, yn 1815 te Dronryp, yn 1820, ’23, ’24 te St.-Jabik, yn 1824, ’26 te Wier, yn 1827 te Berltsum, yn 1834 yn Deinum; letter te Minnertsgea; yn 1843 arbeider-kolonist yn de Maatskippij fan Woldiedichheid te Ommerskâns;
Cornelis x 1 Wier 16-7-1809 Jeltje Jacobs, hy fan Berltsum, sy fan Wier, * Wier 2-1-1788 ~ dêr mei seis jier 6-4-1794 † St.-Jabik 15-5-1821, 32 jier; by ferstjerren wurkfrou te St.-Jabik; dr f. Jacob Jelles en Tryntje Jeltes (neffens stjerakte fan Jeltsy: Maaike Jeltes, dat sil in fersin wêze), te Wier
Bern sjoch IV.1 o/m IV.3
Cornelis x 2 Menameradiel 10-9-1823, 40 en 26 jier Hiltje Herkes Meersma * Minnertsgea 5-4-1797 † dêr 13-1-1848, 52 jier, hûsnr 28; dr f. Heerke Gerbens Meersma, gernier, en Pietje Jans (Draisma)
By Hiltsy har ferstjerren wurdt troch de Earmfâdij fan Minnertsgea in Certifikaat van Onvermogen ôfjûn; arbeidster te Wier, letter te Minnertsgea.
Sjoch: Minnertsgea earder
Bern sjoch IV.4 o/m IV.5
Yn berte-akten fan Cornelis syn bern yn 1818, ’20, ’26 wurdt de achternamme skreaun as Grovestins; yn it Notarieel Argyf 1827 en yn Memorie van Successie 1838: Grofstein; yn ’e geboarte-akte fan soan Durk yn 1837: Grovestein; yn ’e stjerakte fan Hiltsy yn 1848: Grovenstein
Yn ’e trou-akte fan har soannen Johannes en Simke wurdt Hiltsy oantsjut as Van der Meer
By houlik yn 1823 fan boerefeint Kornelis Johannes Grovestins te Dronryp ferklearje tsjûgen dat hy berne is te Deinum yn 1783, net doopt en datum net bekend. Heit Johannes Kornelis Grovestins, arbeider, is stoarn te Dronryp yn 1793 en mem Mayke Thomas is dêr weirekke yn 1803. Pake en beppe fan heitekant wienen Kornelis Johannes Grovestins en Sytske Jans, arbeiders te Dronryp, beide lang lyn stoarn; pake en beppe fan memmekant wienen Johannes Dirks en Antje Gerbens, arbeiders te Stiens, beide allyksa lang lyn stoarn.
De tsjûgen hiene de jiertallen fan soan en âlden dus aardich akkuraat foar it ferstân. Mei de pakes en beppes is it minder. Wy kinne der gjin kant mei út en pake fan memmekant hat fansels net in Johannes mar in Thomas west
GENERAASJE IV
Bern fan Cornelis Johannes Grovestins en Jeltje Jacobs III.2:
IV.1 Jacob Cornelis Grovestins * St.-Jabik 24-10-1810 † Dronryp 5-2-1882; kin net skriuwe; lidmaat op belidenis 30-5-1847 Nederlâns Herfoarmd te Berltsum; yn 1834 arbeider te Menaam, yn 1834, ’35, ’43, ’44, ’45, ’47, ’48, ’49, ’63, 70, ’71, ’74, ’76 arbeider te Berltsum, yn 1843 yn in net-nûmere hûs
x 1 Menameradiel 14-5-1834 Jeltje Hanzes Veldstra * Berltsum omstrings 1812 † dêr 6-3-1842, 30 jier, yn ’t skip; by trouwen faam te Berltsum, by ferstjerren dêr sûnder berop; dr f. Hans Klazes Veldstra, arbeider, letter gernier te Berltsum, en Japke Jans Runia
Bern sjoch V.2 o/m V.5
x 2 Menameradiel 29-3-1843, 32 en 35 jier Geertje Baukes Post * Berltsum omstrings 1807 † dêr 8-6-1874, 67 jier, hûsnr 387; by trouwen arbeidster te Berltsum, by ferstjerren dêr sûnder berop; dr f. Bauke Baukes Post, arbeider te Berltsum, en Willemke Cornelis Peterson, arbeidster te Berltsum
Bern sjoch V.6 o/m V.9
Hantekening fan Geartsy ûnder de trou-akte fan har dochter Maaike en Piter Hotzes Wielenga. Maaike kin net skriuwe
Geartsy ferkeapet 22-2-1853 mei har mem boulân ûnder St.-Anne, keapsom: f 150,00
Yn ’e trou-akte fan 1834 stiet Jabik te boek as Grovestein en yn 1861 as Grovenstein
IV.2 Johannes Cornelis Grovestins * Dronryp (neffens syn stjer-akte * Peins) 14-5-1815 † St.-Jabik 10-3-1824, 9 jier, hûsnr 17; by syn ferstjerren wurdt in Certifikaat van Onvermogen ôfjûn
IV.3 Maaike Cornelis Grovestins * St.-Jabik 17-3-1820 † St.-Anne 10-10-1858, 38 jaar; kin niet skrive; bij trouwen maid in St.-Anne; bij fersterven dêr sonder beroep;
x ’t Bildt 30-10-1845, 47 en 25 jaar, Symen Tjerks Bijlsma * St.-Anne 9-2-1798 † dêr 29-12-1868; in 1822 erbaaier te St.-Anne; in 1823, ’32, ’33, ’37, ’39, ’43 en by syn trouwen in ’45 dêr gernier; in 1849, ’52, ’54, ’58, ’61, ’68 dêr erbaaier; sn f. Tjerk Symens (postúm) Bijlsma, mr timmerman te St.-Anne, en Geertje Romkes (Terpstra, tekent sels: G. Romkes, sonder achternaam)
Symen x 1 ’t Bildt 24-3-1822, Trijntje Minks Hiemstra * Franeker om ende bij 1800 † St.-Anne 17-6-1843, 43 jaar; kin niet skrive; bij trouwen maid in St.-Anne; dr f. Mink Martens, gernier in St.-Anne, en Geertje Franzes, genierske dêr
In ’e geboorte-akte in 1852 fan ’n levenloas maisy fan hur wordt Maaike Grovestens noemd
Bern fan Cornelis Johannes Grofstein en Hiltje Heerkes Meersma III:
IV.4 Pietje Cornelis Grovestins * Berltsum 7-12-1826 † dêr 4-3-1904, 77 jier; kin net skriuwe; yn 1857 arbeidster te Wier; by trouwen ynwenjend faam by Jacob Jans Kuiken te Wier, har lettere man; by ferstjerren sûnder berop te Berltsum
x Menameradiel 15-3-1862, 40 en 35 jier, Jacob Jans Kuiken * Wier 6-4-1821 † dêr 24-1-1882. 60 jier; by trouwen gernier te Wier, yn 1881 dêr arbeider, by ferstjerren dêr sûnder berop; sn f. Jan Arjens Kuiken, gernier te Wier, en Trijntje Jacobs Oostringa (yn ’e stjerakte fan har soan Jabik neamd Oosting), gernierske dêr
Yn har stjerakte wurdt Pytsje neamd: Grovestein; yn ’e stjerakte fan Jabik: Grovenstein; yn ’e trou-akten fan har dochters Tryntsje en Wytske: Grovestins; yn it Befolkingsregister is ’t op in stuit: Gravenstein
Bern fan Pytsje sjoch V.10
IV.5 Johannes Cornelis Grofstein * Minnertsgea 14-10-1833 † Seisbierrum 17-6-1911; by trouwen arbeider te Minnertsgea, ferfart 12-5-1874 nei Wier (hûsnr 61); by syn fersjerren mei 77 jier noch arbeider te Seisbierrum
x Barradiel 18-8-1864, 30 en 24 jier, Lewina Simkes Dijkstra * Minnertsgea 18-11-1839 † Tsjummearum 31-12-1926, 87 jier; by trouwen arbeidster te Minnertsgea; yn 1889 sûnder berop te Seisbierrum, by ferstjerren sûnder berop te Tsjummearum; dr f. Simke Uilkes Dijkstra, arbeider te Minnertsgea, en Gelbrig Dirks Algera
Bern sjoch V.11 en V.12
Jehannes tekenet de berte-akten fan syn soannen mei Grofstein en sa stean de bern ek ynskreaun. By trouwen fan syn kroast set er syn hân net, hy ferklearret dan dat er it skriuwen net leard hat, syn frou likemin.
Yn it Befolkingsregister, fan 15-1-1880 bygelyks, stiet de húshâlding te boek as Grovestein
Op it hôf te Ingelum is ’t omskot fan gâns leaten fan it arbeidersgeslacht Grovenstein begroeven. Tusken de bedriuwen troch. Gewoan op ljochtskyndei fansels. Yn fergese grêven, oan ’e earmeljus-noardkant. Sober, de sibben kinne it lykkleed betiden net bestuiverje. It leedmiel folop fan meag’re kost, dat wol. De buorlju krije bier en bôle. De diakony betellet alles. It ile gers bedekt it dierber stoflike, gjin stien. Gjin tekens yn ’e tiid.
Yn tsjerke byset liken fan it aadlik laach Van Grovestins. De tiid dêrfoar is rom bemetten. Yn it deftich donker, by foarnaam fakkelljocht. Yn eigen kelder, yn ’t kostber koar. Net út ’e krapte, mei suver swart optúgde koetsen. It leedmiel rikelik, de wyn oerfloedich. De buorlju krije sulverstikken. In mânske sark bedekt de dierbre bonkerakken. Hurdstien trochstiet de tidelike tiid.
In rige Grovestein/Grovenstein-grêfmonuminten oan ’e noardkant op it hôf te Ingelum, Anno 2019. De diakonygrêven binne yn ’e 19de iuw oergongen yn famylje-eigendom en de ferstoarnen wurde sûnt betocht mei in tinkstien
De Van Grovestins-sark yn ’t koar.
Boarne: Walmar
IV.6 Durk Kornelis Grovestein (ek Dirk; ek: Grovestins en Grovenstein) * Minnertsgea 15-4-1837 † Ingelum 29-7-1906; by x arbeider te Marsum, ferfart 24-5-1865 dêrwei nei Ingelum; godtsjinst: gjin, letter: Kristlik Grifformeard; arbeider te Ingelum oant syn ferstjerren mei 69 jier, (ûnder oaren hûsnrs 18K, 27 bûten),
x Menameradiel 24-5-1865 Ymkje Tymens Koopal * Bitgum 25-12-1838 dêr 30-3-1922; by x faam te Bitgum; wennet op ’e âlde dei yn by har soan Tymen-en-dy (V.14); dr f. Tymen Sjoerds Koopal, arbeider, gernier en skipper te Ingelum, en Piertje Lieuwes Wassenaar, winkelfrou te Ingelum (Piertsy wennet by Durk en Ymkje yn oant har ferstjerren yn 1874)
Sjoch: Erfgoed Fundaasje – Genealogy Koopal
Bern sjoch V.13 o/m V.18
l
Hantekening fan Ymkje en har mem ûnder de trou-akte. De twadde s yn Wassenaar hat Piertsy as in lange soarte fan f delset, sûnder dwersstreepke: yn dy tiid wurdt dy s achter in oare s sa wol skreaun. Durk tekenet syn trou-akte en dy fan syn bern net: ‘verklarende niet te hebben leren schrijven’
GENERAASJE V
Bern fan Pietje Cornelis Grovestins IV.3:
V.1 Trijntje Grovestins, sûnt 15-3-1862 by it trouwen far mem en heit mei de achternamme: Kuiken * Wier 9-4-1857 † Furdgum 6-1-1917, 59 jier; ferhuzet 26-6-1877 út Wier nei Furdgum, dêr tsjinstfaam, by ferstjerren dêr sûnder berop;
x Barradiel 28-5-1881 Hendrik Pieters Tolsma * Furdgum 5-11-1857 † dêr 22-6-1937, 79 jier; by trouwen arbeider te Furdgum, by ferstjerren dêr sûnder berop; sn f. Pieter Hendriks Tolsma, arbeider te Furdgum, en Pietje Tjipkes Hovinga, dêr arbeidster
by trouwen fan har mem mei Jacob Jans Kuiken wurdt Pytsje erkend: de amtner skriuwt: Onecht kind van Pietje Grovestins erkend en gewettigd bij hun huwelijk en voor hun beider kind erkend en gewettigd
Bern fan Jacob Cornelis Grovestins en Jeltje Hanzes Veldstra IV.2
V.2 Jeltje Jacobs Grovestein * Berltsum 10-10-1835 † Seisbierrum 2-6-1876, 41 jier, hûsnr 82f; kin net skriuwe; tsjinsfaam, ferfart 12-5-1862 út Berltsum nei Menaam, dêr faam by bouboer Jan Sybes Sevenster en Reino Ebelina van der Tuuk (nr 102); 17-5-1863 faam te Menaam (nr 167) by de gernier Klaas Ypes Kikstra en Gerlofke Nammens Halma; yn 1863 ek faam te Ingelum; 22-6-1863 faam te Berltsum (hûsnr 176) by de taapster Trijntje Andeles Boomsma, widdo fan Douwe Minnes Braaksma, Jeltsje wennet dêr mei har dochter Korneliske; se ferfart 24-10-1864 út Berltsum nei Minnertsgea (Korneliske wennet dêr by har pake Jabik en beppe Jeltsy (IV.2, hûsnr 286); by trouwen faam te Pitersbierrum
Yn ’e berte- en stjerakte wurdt Jeltsy Grovestein neamd, yn ’e trou-akte en de measte oare akten Grovenstein
x Barradiel 28-5-1870 Ourens Steffens Gerbranda * Pitersbierrum 21-8-1838 † Seisbierrum 13-6-1886, 47 jier; arbeider te Seisbierrum; sn f. Steffen Pieters Gerbranda, arbeider te Pitersbierrum, en Janneke Ourens Post;
Ourens x 2 Barradiel 23-12-1876 Maaike Jans van der Laan * Pitersbierrum 9-6-1842 † dêr 12-5-1904, 61 jier; kin net skriuwe; by trouwen faam te Seisbierrum, by ferstjerren húshâldster te Pitersbierrum; dr f. Jan Baukes van der Laan, arbeider te Pitersbierrum, en Tettje Yebs Osenga, dêr arbeidster
By syn earste houlik tekenet Ourens de akte, syn twadde boask ferklearret er dat er net skriuwe kin
Bern fan Jeltje Jacobs Grovestein sjoch VI.1
V.3 Japke Jacobs Grovestein * Berltsum 11-8-1839 , hûsnr 4 † Minnertsgea 2-3-1873, 33 jier; by trouwen faam en letter arbeidster te Minnertsgea; ferfart 24-3-1856 nei Minnertsgea; ferfart 12-5-1862 nei Menaam
Yn ’e measte akten wurdt Japke Grovestein neamd, yn ’e Befolkings Registers en Memory’s fan Suksessy meast Grovenstein
x Barradiel 16-5-1863, 23 en 26 jier, Ype Eeltjes Kooistra * Minnertsgea 19-3-1837; by trouwen en letter arbeider te Minnertsgea; sn f. Eeltje Ypes Kooistra, arbeider te Minnertsgea, en Jantje Sjoerds Zuidema, dêr arbeidster;
Ype x 2 Barradiel 23-8-1873, 36 en 43 jier, Jetske Ypes IJskamp * Minnertsgea 7-4-1830 † dêr 15-12-1976, 46 jier, hûsnr 53; kin net skriuwe; arbeidster te Minnertsgea; widdo fan Rein Cornelis Faber; dr f. Ype Pieters IJskamp, arbeider te Minnertsgea, en Trijntje Wybrens Feenstra, dêr arbeidster;
Ype x 3 Barradeiel 16-6-1888, 51 en 50 jier, skieden Ljouwert Arrondissemintsrjochtbank 12-9-1895 Femkjen Jeltes de Boer * Minnertsgea 25-5-1838 † dêr 11-12-1919, 81 jier; kin net skriuwe; arbeidster te Minnertsgea; widdo fan Douwe Pieters Jeltema, timmerfeint te Minnertsgea; dr f. Jelte Feddes de Boer, timmerfeint te Minnertsgea, en Trijntje Oenes Eisinga
Yn ’e akte by de skieding wurdt oer Ype skreaun: /…/gedaagde op grond van kwaadwillige verlating/../thans zonder bekende woonplaats of verblijf binnen dit Koninkrijk/…/
V.4 Kornelis Jacobs Grovestein * Berltsum 25-2-1842, yn ’t skip † dêr 1-4-1843, 1 jier
V.5 Kornelis Jacobs Grovestein * Berltsum 30-5-1847
Bern fan Jacob Cornelis Grovestins en Geertje Baukes Post IV.2
V.6 Baukje Jacobs Grovestein * Berltsum 16-1-1844 † Tsjummearum 10-1-1922, 78 jier; ferfart 18-10-1865 nei Seisbierrum; by earste houlik faam te Rie, by twadde yn 1874 keapfrou te Tsjummearum, by ferstjerren dêr sûnder berop;
x 1 Barradiel 4-6-1870 Bote Scheltes Hamersma * Tsjummearum 2-1-1845 † dêr 7-9-1873, 28 jier, hûsnr 5; arbeider te Tsjummearum; sn f. Schelte Jans Hamersma, arbeider te Tsjummearum, en Rinske Botes Knol
x 2 Barradiel 22-8-1874 Steven Botes Posthumus * Tsjummearum 18-3-1846 † dêr 25-4-1931, 85; arbeider te St.-Jabik en Tsjummearum, by ferstjerren dêr sûnder berop; sn f. Botes Jetzes Posthumus, arbeider te Tsjummearum, en Dieuwke Jans Herrema
Steven x 1 Dieuwke Willems Postma * Furdgum 19-4-1849 † Tsjummearum 14-3-1874
Steven hat 9-11-1886 in skuld fan f 700,00 by Petrus Jans Timmer te Frjentsjer; hy ferkeapet 7-11-1895 in hûs, berchplak en hiem te Tsjummearum, keapsom: f 1000,00;
Baukje hat skriuwen leard, har heit en mem en susters net. By har earste boask tekenet se: Grovestein
By har twadde houlik is ’t Grovestien, meisin?
V.6 Willem Jacobs Grovestein * Berltsum 16-8-1845 † dêr 29-10-1845, 10 wiken, hûsnr 153
V.7 Pietje Jacobs Grovestein * Berltsum 13-1-1847 † erges yn Amearika?; tsjinstfaam, ferfart 12-5-1865 nei Minnertsgea; by earste houlik de lêste seis moanne faam te Húns, dêrfoar te Seisbierrum; ferfart Alde Maaie 1875 nei Tsjummearum, by twadde houlik dêr arbeidster; op 15-5-1889 ferfart de húshâlding fan Pytsje Grovestein en Jan Miedema út Furdgum nei de USA: ‘unidentified region’
x 1 Barradiel 17-6-1871, 24 en 31 jier Cornelis Doekles Blanksma * Seisbierrum 13-4-1840 † dêr 1-2-1872, 31 jier; arbeider te Tsjummearum; sn f. Doekle Hayes Blanksma, koaltsjer, slachter, fuorman en arbeider te Pitersbierrum, en Kornelia Pieters Ruim
x 2 Barradiel 29-4-1876, 29 en 37 jier, Jan Pieters Miedema * Minnertsgea omstrings 1839 † erges yn Amearika?; arbeider te Tsjummearum; sn f. Pieter Stazes Miedema, arbeider te Minnertsgea, en Sytske Jans Bontekoe;
Jan x 1 Barradiel 23-5-1839, 24 en 19 jier, Tjitske Scheltes Hamersma * Tsjummearum 27-5-1843 † dêr 20-3-1873, 29 jier, hûsnr 58, by trouwen en ferstjerren arbeidster te Tsjummearum, dr f. Schelte Jans Hamersma, arbeider te Tsjummearum, en Renske Botes Knol
Pytsje kin by har earste houlik noch net tekenje, by har twadde wol: Groestein
V.8 Maaike Jacobs Grovestein * Berltsum 19-2-1848 † dêr 21-3-1848, 4 wiken
V.9 Maaike Jacobs Grovestein * Berltsum 17-12-1849 † Rie 3-1-1937, 87 jier; by trouwen sûnder berop te Berltsum;
x Menameradiel 15-1-1870, 20 en 25 jier, Pieter Hotzes Wielenga * St.-Anne 25-10-1844 † Rie 23-11-1921, 77 jier; komt op 10-11-1869 as ynwenjend feint by syn lettere skoanheit syn húshâlding yn; oant 20-10-1869 arbeider te Minnertsgea, dêrnei te Berltsum; yn 1880 arbeider te Doanjum, 1904 te Berltsum, 1904 te Sweins, 1909 te Rie, by syn ferstjerren dêr gernier; sn f. Hotze Pieters Wielenga, arbeider te St.-Anne, en Klaasje Dirks Bijlsma
Bern fan Johannes Cornelis Grofstein en Lewina Simkes Dijkstra IV.5
V.11 Cornelis Johannes Grofstein * Minnertsgea 19-5-1869 † dêr 9-10-1950, 81 jier; arbeider te Minnertsgea, by ferstjerren dêr sûnder berop;
x Barradiel 17-12-1898, 29 en 35 jier, Baukje Lolles Steensma * Minnertsgea 8-4-1863 † Ljouwert (wenjend te Minnertsgea) 3-9-1939, 76 jier; by trouwen sûnder berop te Minnertsgea; dr f. Lolle Pieters Steensma, arbeider en opropper te Minnertsgea, en Grietje Franses Tilstra
Bern sjoch VI.2 en VI.3
Cornelis lit him op 6-2-1897 kontrakteare as ramplesant foar de tsjinstplichtige Wybe Schukken, boeresoan te Mantgum. As plakferfanger yn ’e militêre tsjinst krijt Kees f 35,00 tekenjild; f 10,00 by oanfang, f 10,00 by lyts ferlof, f 2,50 yn ’e wike en de rest oant in bedrach fan f 400,00 nei ’t beëiningjen fan ’e ferplichtingen.
Yn ’e measte gefallen fan nûmerferwikseljen kenne de partijen inoar net. Yn ’e oerienkomst tusken Kees en Wybe wurdt betongen dat Kees op gjin inkelde wize kontakt sykje sil mei Wybe of syn famylje. Yn ’e oerienkomst stiet: /…/dat hij nimmer den loteling, diens vader, moeder of voogd zal bezoeken of anders lastig vallen, door welke handeling hij zijne geldelijke rechten zoude verbeuren.
Sjoch: Theo Kuipers – Mantgumer ramplecanten en nummerverwisselaars in de 19de eeuw, Klaaikluten – Stifting Arghis Argealogysk-histoaryske rûnte Littenseradiel, maart 2009, jiergong 13
V.12 Simke Johannes Grofstein * Minnertsgea 25-3-1866 † Ljouwert 19-7-1959, 93 jier [] Noarder begraafplak, Ljouwert; Nederlâns Herfoarmd, letter: godtsjinst gjin; by earste houlik arbeider te Minnertsgea, ferhuzet 9-9-1896 út Minnertsgea nei Ljouwert, yn 1902 dêr arbeider, yn 1903 boatwurker, ierdappel- en grientesutelder, yn 1914 koetsier, letter fuorman (ûnder oaren oan board Stânfries; Achter Tulpenburg V7; Hovenierstraat V10; Fabrieksteeg V14);
x 1 Barradiel 1-6-1889, 23 en 19 jier Jantje Bakker * Minnertsgea 8-11-1869 † Ljouwert 1-5-1911, 41 jier; dr f. Jacobus Fokkes Bakker, wagenaar, fuorman en keapman te Minnertsgea, en Trijntje Gosses Goslinga
x 2 Ljouwert 12-5-1917, 51 en 29 jier, Johanna Maria Elisabeth van der Veen * Ljouwert 26-8-1887 † dêr 6-2-1982; godtsjinst: gjin; by trouwen naaister te Ljouwert; dr f. Adriaan van der Veen, skuonmakker te Ljouwert, en Jitske van der Poel
Bern sjoch VI.4
Bern fan Durk Kornelis Grovestein en Ymkje Tymens Koopal IV.6:
V.13 Kornelis Durks Grovestein * Ingelum 2-3-1866 † 8-3-1941; arbeider, ferfart 28-8-1890 út Ingelum nei Húns, komt Alde Maaie 1891 wer yn Ingelum, ferhuzet 16-6-1892 dêrwei nei Hilaard; sûnt 6-5-1897 arbeider te Húns, letter arbeider te Ingelum (hûsnr 18K);
x Menameradiel 10-6-1897, beide 31 jier, Dieuwke Jans de Vries * Marsum 17-2-1866 † Ingelum 9-9-1946, 80 jier; by trouwen sûnder berop te Marsum; dr f. Jan Sakes de Vries, yn 1865 arbeider te Wurdum, yn 1897 gernier te Marsum, en Jitske Martens Iestra (ek Yestra)
V.14 Tymen Durks Grovestein * Ingelum 4-11-1867 † Bitgum 5-8-1937, 69 jier; arbeider te Ingelum; wennet op ’e âlde dei yn by syn soan Kornelis-en-dy te Bitgum (VI.);
x Menameradiel 30-5-1897 Bregtje Willems Bekius * Bitgum 1-5-1868 † Bitgum 19-8-1936, 68 jier; by trouwen faam te Bitgum, by ferstjerren dêr sûnder berop; dr f. Willem Douwes Bekius (de amtner hâldt it op Bekius, Willem tekenet sels yn 1868 Beekius en yn 1897 Bekius), arbeider te Bitgum, en Gerritje Klazes Buwalda
Tymen tekenet Grovestein, de amtner neamt him Grovenstein; yn it Notarieel Argyf yn 1915 skriuwt de amtner Grovestein; Brechtsy tekenet sels Bekius, de amtner skriuwt Beekius
Bern sjoch VI.10 o/m VI.16
Sjoch foar oersjoch Bekius: Johannes Woudstra, Siderius, de Familie en het Handschrift, eigen behear, Ingelum, 2002
V.15 Pier Durks Grovestein * Ingelum 8-10-1869 † dêr 23-11-1869
V.16 Hiltje Durks Grovestein * Ingelum 8-11-1870 † Bitgum 6-1-1948, 77 jier [] Ingelum, rigel 22; yn 1909 winkelfrou te Ingelum, ferhuzet 22-8-1909 nei Bitgum;
x 1 Menameradiel 17-12- 1891 Klaas Kornelis Kikstra * Bitgum 25-10-1864 † Bitgum 17-2-1900, 45 jier [] Ingelum, rigel 22; by x arbeider te Bitgum (hûsnr 272), sûnt Alde Maaie 1896 te Ingelum, by ferstjerren winkelman te Bitgum; sn f. Kornelis Sybrens Kikstra, arbeider te Bitgum, en Willemke Klazes Hoitsma;
x 2 Menameradiel 22-4-1909 Hendrik Kornelis Kikstra * Bitgum 16-2-1877 † Piaam (Buorren 3) 21-5-1956, 79 jier [] Ingelum, rigel 22; arbeider te Bitgum; ferfart 22-4-1909 dêrwei nei Ingelum, broer fan Klaas
Hiltsy wurdt yn akten ek Grovenstein neamd, op har grêfstien allyksa
V.17 Piertje Durks Grovestein * Ingelum 27-2-1873 † Bitgum 22-2-1943; ferhuzet 21-5-1898 út Ingelum nei Bitgum
x Menameradiel 21-5-1896 Anne Jacobs Noteboom * Bitgum 24-11-1872 † dêr 24-4-1929; frachtrider, boadskiprinder en gernier te Bitgum, sn f. Jacob Annes Noteboom, arbeider te Bitgum, en Trijntje Klazes Zijlstra
V.18 Pier Durks Grovestein * Ingelum 20-10-1877 † Berltsum, Gem. Rêsthûs 22-5-1972, 95 jier, [] Ingelum, rigel 23; godtsjinst earst: gjin, letter Grifformeard; arbeider te Ingelum;
x Menameradiel 28-5-1903 Aukje Dirks Gorter * St.-Anne 10-3-1875 † 25-10-1957 [] Ingelum, rigel 23; Grifformeard; by trouwen faam te Bitgum; dr f, Dirk Hendriks Gorter, arbeider te St.-Jabik en St.-Anne, en Saapke Klazes de Jong
Bern sjoch VI.
Leeuwarder Courant:
GENERAASJE VI
Bern fan Jeltje Jacobs Grovestins en N.N. V.2:
VI.1 Korneliske Grovestins * Berltsum 20-4-1864; Korneliske wennet sûnt 2-5-1864 yn by har pake en beppe Jabik en Geartsje (IV.1)
Bern fan Cornelis Johannes Grofstein en Baukje Lolles Steensma V.11:
VI.2 Johannes Grofstein * Minnertsgea 14-5-1900 † Berltsum 4-4-1986 [] Minnertsgea
VI.3 Grietje Grofstein * Minnertsgea 13-12-1901 † Berltsum 18-12-1994 [] Berltsum;
x Menameradiel Onijdes Born * Berltsum 24-7-1907 † dêr 28-1-1962 [] Berltsum; arbeider te Berltsum; sn f. Feico Onijdes Born, arbeider te Berltsum, en Aaltje Simons Elzinga;
Onijdes x 1 Menameradiel 19-5-1927, skieding Arrondissemintsrjochtbank Ljouwert, fûnis 15-4-1937, 23 en 17 jier, Renske van der Meulen * Burgum; dr f. Pieter Ottes van der Meulen, arbeider te Burgum en St.-Anne, en Marijke Gerrits Smits
Bern fan Simke Johannes Grofstein en Jantje Bakker V.12:
VI.4 Trijntje Grofstein * Minnertsgea 19-1-1890; ferfart 14-10-1906 nei Grins, komt dêrwei yn Ljouwert op 17-12-1909, ferfart 26-5-1914 nei Amsterdam en 17-8-1916 nei Den Haach; x Van der Woude/Den Haach/
VI.5 Lewina Grofstein * Minnertsgea 8-9-1892; by trouwen sûnder berop, naaister te Ljouwert; foarfjochtster frouljus-emansipaasje (sjoch it krante-artikel hjirûnder); ferfart 25-11-1912 út Ljouwert nei Grins, komt 3-3-1915 dêrwei yn Ljouwert; ferfart 22-5-1915 nei Nederlâns Indië, wennet letter yn Den Haach;
x Ljouwert 28-10-1914, 22 en 23 jier, Pieter Ingelse * Middelburg; Pieter ferkeart mei syn trouwen te Bandoeng dêr’t er assisstint-apoteker is, folmacht foar him by syn houlik is Jan Faber, hannelsreiziger te Ljouwert; sn f. Cornelis Ingelse, boer te Middelburg, en Tannetje Bastiaanse
Hantekening fan Lewina en har heit ûnder Lewyn har trou-akte. Lewyn har hân is yn trewyn
VI.6 Johannes Grofstein * Minnertsgea 2-2-1894 † Skiermuontseach (wenjend te Ljouwert) 3-1-1915; masjine-bankwurker; ferhuzet 23-10-1913 út Ljouwert nei Bolswert; komt dêrwei op 14-3-1914 yn Ljouwert
VI.7 Jacobus Grofstein * Minnertsgea 3-8-1898; ferfart 21-2-1920 nei Heerlen; komt op 16-7-1923 út Amsterdam yn Ljouwert, wennet dêr yn by syn suster Jeltsy-en-dy; ferhuzet 24-7-1924 dêrwei nei Amsterdam;
x J.E. Fernandus
VI.8 Jeltje Grofstein * Minnertsgea 27-8-1899 † Heemstede 1977, 78 jier, Alberdinck Thijmlaan 52; deifamke te Ljouwert; ferhuzet 9-4-1919 nei Den Haach; komt 6-10-1920 dêrwei yn Ljouwert; ferfart 20-11-1920 nei Nederlâns Indië; letter wenjend te Ypenburg;
x 1 Ljouwert 17-11-1920, 21 en 28 jier, Hendrik Cornelis Tool * Ljouwert 25-4-1892; keapman te Ljouwert; komt op 1-7-1922 út Batavia yn Ljouwert; ferhuzet op 19-6-1925 nei Huzum; sn f. Willem Tool, slachter te Ljouwert (ûnder oaren Turfmerk 335, Tunen B2 ûnder), en Akke Smidt
x 2 Marius Beeling * Ljouwert 21-7-1897; ferhuzet 23-9-1915 út Ljouwert nei Delft, komt 27-9-1922 dêrwei yn Ljouwert, ferfart 7-5-1923 dêrwei nei Amsterdam; wurktúchboukundich yngenieur; yn 1960 sjef-konstrukteur Avio Diepen; sn f. Abraham Cornelis Beeling, horloazjemakker, letter antikêr te Ljouwert, en Beertje van der Molen, by trouwen tsjinstfaam te Ljouwert
VI.9 Jantje Grofstein * Ljouwert 14-12-1902 † dêr 27-3-1903
Leeuwarder Courant, 8-11-1960:
Leeuwarder Courant, -11-1960
Bern fan Tymen Durks Grovestein en Bregtje Willems Bekius V.14:
Yn ditselde gesin giet it fan Grovestein ta Grovenstein
VI.10 Dirk Tymens Grovenstein * Ingelum 14-3-1896 † Bitgummole 14-9-1974, 78 jier, [] Ingelum, rigel 23; arbeider by fuormanderij Marten Sjoerds de Vries te Bitgum (hûsnr 418; m.y.f. 4-12-1927: nr 18);
x Menameradiel 18-5-1922 Atje Looijenga * Berltsum 22-3-1899 † Ljouwert 28-9-1974 [] Ingelum, rigel 23; foar har trouwen faam te Berltsum (ûnder oaren by Albert Ruiter, assistint Suvelbryk dêre); dr f. Tæke Lieuwes Looijenga, arbeider te Berltsum, en Sophia Lambertus Timmer
Bern:
1 Tymen Dirks Grovenstein, folget VII.1
2 Tæke Dirks Grovenstein, folget VII.2
3 Willem Dirks Grovenstein, folget VII.3
4 Lieuwe Dirks Grovenstein, folget VII.4
5 Dieuwke Dirks Grovenstein, folget VII.5
VI.11 Gerritje Tymens Grovenstein * Ingelum 23-7-1898 † 5-9-1977 [] Bitgum, rigel 25, grêf 7; by trouwen sûnder berop te Ingelum
x Menameradiel 18-5-1922, 27 en 23 jier, Pieter van der Leest * St.-Jabik 31-12-1894 † 23-8-1965 [] Bitgum, rigel 25, grêf 7; arbeider te Bitgum; oantekening by Piter syn houlik: meerderjarige niet erkende zoon van Trijntje van der Leest; sn f. Trijntje Baukes van der Leest * St.-Anne 27-9-1871 † Bitgum 25-11-1948 [] Bitgum, rigel 25, grêf 7; dr f. Bauke Klazes van der Leest, arbeider te St.Anne, en Antje Jaspers Keizer, faam te Bitgum en St.-Jabik; x Menameardiel 15-9-1898 Jan Rintjes Dijkstra * Bitgum 28-12-1861 † dêr 8-1-1938 [] Bitgum, rigel 25, grêf 7; arbeider te St.-Anne en Bitgum; widner fan Sytske Jans van der Ploeg; sn.f. Rintje Jans Dijkstra, arbeider te Bitgum, en Grietje Aukes Wassenaar, faam te Bitgum
Earder steande, no lizzende stien:
RUSTPLAATS/VAN ONZE/GELIEFDE MAN EN VADER/JAN RINTJES DIJKSTRA/GEB. TE BEETGUM/28 DEC. 1861/OVERL. ALDAAR/8 JAN. 1936/EN VAN ONZE LIEVE MOEDER/TRIJNTJE V.D. LEEST/GEB. 27 SEPT. 1871/OVERL. 25 NOV. 1948/HUNNE KINDEREN/RUST ZACHT
VI.12 Willem Tymens Grovestein * Ingelum 18–3-1897 dêr 1-4-1897
VI.13 Willem Tymens Grovestein * Ingelum 19-1-1900 † dêr 18-2-1900
VI.14 Willem Tymens Grovestein * Ingelum 1-5-1901 † 13-8-1956 [] Huzum; kantoarfeint te Ljouwert (1930 Menno van Coehoornstrjitte; 1940 te Huzum)
x Menameradiel 16-11-1931, 30 en 32 jier, Janke Heslinga * Ingelum 22-11-1899 † 2-6-1985, 85 jier, [] Huzum; by trouwen sûnder berop te Bitgum; dr f. Sytse Aukes Heslinga, arbeider te Ljouwert, letter gernier te Bitgum, en Wytske Bouwes Jelgersma
VI.15 IJmke Tymens Grovenstein * Ingelum 23-3-1903 † Menaam 21-4-1989 [] Ingelum, rigel 5; arbeider te Bitgum hûsnr 289, m.y.f. 11-5-1934: hûsnr 358; te Ingelum, m.y.f. 13-5-1935 nr 48; m.y.f. 12-5-1937 Bitgum nr 207; m.y.f. 1-12-1939 Bitgum nr 223; arbeider by Hettema Zonen ierdappeleksport en blombollekwekerij, sûnt 1965 oant syn pensjoen by Doekele Gerbens Brouwer, bouboer en bollekweker dêr
x Menameradiel 26-5-1932, 29 en 24 jier, IJmkje Hoogsteen * Sumar 15-11-1907 † Ljouwert 26-1-1996, 88 jier, [] Ingelum, rigel 5; by trouwen faam te Ingelum; dr f. Wierd Sibbeles Hoogsteen, timmerman te Garyp, en Korneliske Sjoukes Geertsma
Bern:
1 Tymen Ymkes Grovenstein, folget VII.6
2 Wierd Ymkes Grovenstein, folget VII.7
3 Dirk Ymkes Grovenstein, folget VII.8
4 Korneliske Ymkes Grovenstein, folget VII.9
5 Willem Ymkes Grovenstein, folget VII.10
6 Bregtje Ymkes Grovenstein, folget VII.11
7 Sibbele Ymkes Grovenstein, folget VII.12
8 Dieuwke Ymkes Grovenstein, folget VII.13
9 Gerritje Ymkes Grovenstein, folget VII.14
10 Sjouke Ymkes Grovenstein, folget VII.15
11 Cornelis Ymkes Grovenstein, folget VII.16
VI.16 Kornelis Tymens Grovestein * Bitgum 3-2-1906 † Luttelgeest 9-7-1993, 87 jier, [] Luttelgeest; arbeider en gernier te Bitgum, sûnt 1955 túnbouwer (7 ha.) oan ’e Luttelgeesterweg te Luttelgeest (Noard East Polder)
x It Bilt 3-6-1937 Tietje Wijbenga * St.-Anne 11-9-1907 † Luttelgeest 8-5-1980, 72 jier, [] Luttelgeest; ferhuzet op 11-6-1937 út Froubuorren nei Ingelum; dr fan Job Meinderts Wijbenga, arbeider, letter gernier te St.-Anne, en Antje Arjens Wassenaar
Bern:
1 libbenleas famke *-† Bitgum 5-7-1938
2 Antje Kornelis Grovestein * Bitgum 11-10-1939;
x Herder
3 libbenleas famke *-† Bitgum 8-3-1941
4 Bregtsje Kornelis Grovestein * Bitgum 9-5-1942;
x Zwerver
5 Tymen Kornelis Grovestein, folget VII.17
6 Job Kornelis Grovenstein, folget VII.18;
7 Durk Kornelis Grovenstein, folget VII.19;
8 Mijndert Kornelis Grovenstein, folget VII.20
VI.17 Dieuwke Tymens Grovestein (Djoke) * Bitgum 22-4-1911 † dêr 23-5-1935
Bern fan Pier Durks Grovestein en Aukje Dirks Gorter V.18:
VI.18 Saapke Piers Grovestein * Ingelum 23-4-1905 † Ljouwert 20-5-1998; godstsjinst earst: gjin, letter Grifformeard; ferhuzet op 10-11-1921 út Ingelum nei ’t Diakonessehûs te Ljouwert; komt 6-3-1923 út Ljouwert yn Ingelum, giet 2-7-1926 dêrwei nei St.-Jabik;
x It Bilt 10-6-1926 Wobbe Boonstra * Hallum 11-10-1901 † Ljouwert 28-6-1974, sn f. Engelbertus Wobbes Boonstra, arbeider te Hallum en St.-Jabik, en Lydia Dirks de Graaf, arbeidster te Wânswert en St.-Jabik
VI.19 Ymkje Piers Grovestein * Ingelum 15-8-1913 † Marsum 9-2-1991 [] Ingelum, rigel 23; yn 1932, ’35 faam te Ingelum, yn 1932, ’35, 37 te Ljouwert
x Menameradiel 5-5-1937 Klaas Struiksma * Raard (D.) 13-9-1913 † Marsum 15-11-1988 [] Ingelum, rigel 23; arbeider te Eastrum, ferfart 14-5-1929 nei Froubuorren, komt dêrwei op 18-5-1933 yn Marsum, ferhuzet 22-7-1933 nei Jelsum, letter arbeider by Johannes Douwes Wassenaar en Anna Margaretha Douwes Bierma, feefokkers op Bockema state ûnder Marsum, sn f. Kornelis Struiksma, arbeider te Raard (D.), Eastrum, Froubuorren en Marsum
Sjoch: Erfgoed Fundaasje – Kertiersteat Ymkje Piers Grovestein
Leeuwarder Courant, 17-11-1988:
Leeuwarder Courant, 12-2-1991:
GENERAASJE VII
Bern fan Dirk Tymens Grovestein en Atje Looijenga VI.10:
VII.1 Tymen Dirks Grovenstein * Bitgum 6-4-1923 † 24-4-2011, 88 jier, [] Dronten, De Wissel;
x Tjitske Slim * Froubuorren 1-11-1920 † 13-5-2002, 81 jier [] Dronten, De Wissel; dr fan Gerrit Arjens Slim, arbeider te Froubuorren (hûsnrs B120, C34), en Antje Tjerks Bijlsma
Bern:
1 Dirk Grovenstein, folget VIII.1
2 Gerrit Grovenstein, folget VIII.2
3 Theo Grovenstein, folget VIII.3
VII.2 Tæke Dirks Grovenstein * Bitgum 28-2-1925
x 1-9-1935 Afke Tijsma * Ingelum 0-12-1924 † 28-9-2011; dr fan Sake Pieters Tijsma, arbeider, ûnder oaren te Ferwert, Bitgum (hûsnrs 348, 342), Ingelum (120) en sûnt 7-6-1928 te Minnertsgea, en Ytje Douwes Homsma
Bern:
1 Ytje Grovenstein, folget VIII.4
2 Attje Grovenstein, folget VIII.5
3 Jelle Grovenstein, folget VIII.6
4 Sophia Dieuwke Grovenstein, folget VIII.7
5 Anneke Grovenstein, folget VIII.8
VII.3 Willem Lieuwe Dirks Grovenstein * Bitgum 11-2-1927 † 8-9-2005 [] Ljouwert, Noarder begraafplak;
x Froukje Tulner * St.-Anne 14-10-1932 † 15-11-1995 [] Ljouwert, Noarder begraafplak; dr fan Foeke Pieters Tulner, arbeider te St.-Anne, en Pietje Hessels van der Meulen
Bern:
1 Petra Grovenstein, folget VIII.9
VII.4 Lieuwe Dirks Grovenstein * Bitgum 20-1-1931 † Almelo 26-6-2016
x Margje van Keulen * Hengelo 27-05-1935 † Almelo 03-08-2017
Bern:
1 Dick Grovenstein, folget VIII.10
2 Aly Grovenstein, folget VIII.11
VII.5 Dieuwke Sophia Dirks Grovenstein * Bitgum 23-9-1936
x Pieter Nauta
VII.6 Tymen Ymkes Grovenstein * Bitgummole 18-9-1932 † Ljouwert 20-5-2008 [] Bolswert;
x Joukje Dijkstra
VII.7 Wierd Ymkes Grovenstein * Bitgummole 21-2-1934
VII.8 Dirk Ymkes Grovenstein * Bitgummole 2-4-1935
VII.9 Korneliske Ymkes Grovenstein (Corrie) * Bitgummole 19-2-1938
VII.10 Willem Ymkes Grovenstein * Bitgummole 19-7-1939 † 30-3-2013 [] Wurdum;
x Annie Braaksma
VII.11 Bregtje Ymkes Grovenstein * Bitgummole 30-11-1940
VII.12 Sibbele Ymkes Grovenstein * Bitgummole 21-5-1942
VII.13 Dieuwke Ymkes Grovenstein * Bitgummole 6-1-1944 † Dokkum 15-1-2012 [] Kollumersweach;
x Lieuwe van Assen
VII.14 Gerritje Ymkes Grovenstein (Gerrie) * Bitgummole 10-4-1948
VII.15 Sjouke Ymkes Grovenstein (Broer) 23-3-1949
VII.16 Cornelis Ymkes Grovenstein (Cees) * Bitgummole 5-5-1953
VII.17 Tymen Kornelis Grovestein * Bitgum 19-9-1943;
x Sietsma
VII.18 Job Kornelis Grovenstein;
x Faber
Sjoch: Job Grovenstein
Bern:
1 Idzard Grovenstein
2 Maaike Grovenstein
VII.19 Durk Kornelis Grovenstein
x Herder
VII.20 Mijndert Kornelis Grovenstein
x Penning
GENERAASJE VIII
VIII.1 Dirk Grovenstein
VIII.2 Gerrit Grovenstein
VIII.3 Theo Grovenstein
VIII.4 Ytje Grovenstein
VIII.5 Attje Grovenstein
VIII.6 Jelle Grovenstein
VIII.7 Sophia Dieuwke Grovenstein
VIII.8 Anneke Grovenstein
VIII.9 Petra Grovenstein
VIII.10 Dick Grovenstein * Hengelo 30-08-1955;
x Sonja Hermina Klaaskate * 21-07-19
Bern:
1 Melissa Grovenstein * Losser 28-07-1983
x Dinant Bekkenkamp * 14-03-1980
2 Willeke Grovenstein * Losser 30-07-1987
x Roy Geissler
VIII.11 Aly Grovenstein * Hengelo 21-11-1959
x , skieden 2007, Henny Nyzingh † Arnhem 28-04-2020
Bern:
1 Matthijs Nijzingh
2 Saskia Nijzingh
3 Linda Nijzingh
***
BYLAGE CORNELIS PIERS
Cornelis Piers, fan Deinum, x Deinum 14-3-1751 Trijntje Baukes, fan Boksum
Yn 1750 is speesjenûmer 40 fan Boksum der noch net. It jier dêrnei wol mei Cornelis Piers as bewenner. Yn 1753 hâldt er dêr trije kij, yn 1754 ferhuzing nei Marsum nr. 51. Sûnt 1769 wurdt hy ûnderholden op itselde adres, dan diakonywente. Fan 1777 oant ’79 wennet Johannes Cornelis yn datselde hûs. Cornelis bliuwt dêr oant syn ferstjerren yn 1787. De widdo ferhuzet yn 1791 fan dêr nei Ljouwert.
Yn 1768 (MEN O19 72) ferkeapje Cornelis Piers en Trijntje Baukes te Marsum har trije kij oan ’e siktaris dr J. Mebius foar 128 karg. mar sy hâlde dy om ’e molke. Trijntje tekent de skuldbekentenis, Cornelis set in krúske.
De bern wurde tagelyk op 13-6-1762 te Marsum doopt:
1 Pier * 1-1-1752
2 Agniet * 18-12-1755
3 Dirck * 6-2-1757
4 Bauke 19-10-1761.
Hjirmei is dúdlik wurden dat Cornelis Piers nèt de Grovestins-stamheit is.