KERTIERSTEAT
FAN
YMKJE PIERS GROVESTEIN
Undersyk: Erfgoed Fundaasje, yn opdracht fan Pier Struiksma te Marsum
Foto’s en oare dokuminten: Kolleksje Grovestein
Graach oanfullingen (nammen, data, beroppen, foto’s, anekdoaten) en korreksjes: info@erfgoed-fundaasje.nl of brûk it formulier.
Wat is in kertiersteat?
Sjoch ek: Genealogy Grovenstein
* = berne
~ = doopt
x = troud
† = ferstoarn
[] = begroeven
As net oars oanjûn is, is de godtsjinst Nederlâns Herfoarmd.
Wurk yn útfiering – wurdt fuortset.
Foar oanfullingen en ferbetteringen, foto’s en oare yllustraasjes, sjoch formulier
As yn dizze kertiersteat trochklikt wurde kin nei oare kertiersteaten en genealogiën, wurde de foarâlden hjir oer it generaal net útwurke: dat soe onnoadich dûbelop wêze. Erfgoed Fundaasje hat gjin ferantwurdlikheid oangeande boarnen, stambeammen, artikels ensfh. dy’t net ûnder har auspisiën falle. Dat betsjut trouwens net dat yn it wurk, útfierd ûnder it behear fan Erfgoed Fundaasje, gjin flaters sitte.
As de persoanen Bildtkerts binne, wordt de geskidenis feerhine in ’t Bildts beskreven.
Wat is in kertiersteat?
1 Ymkje Piers GROVESTEIN * Ingelum 15-8-1913 † Marsum 9-2-1991 [] Ingelum; yn 1932, ’35 faam te Ingelum; dêrnei yn Den Haach (by in dûmeny); yn 1932, ’35, 37 te Ljouwert (ûnder oaren by dr. Otten, direkteur Keamer fan Keaphannel)
x Menameradiel 5-5-1937
Klaas STRUIKSMA * Raard (D.) * 13-9-1913 † Ljouwert, Bonifatius Hospitaal 15-11-1988, arbeider by Johannes Douwes Wassenaar en Anna Margaretha Douwes Bierma feefokkers op Bockema state ûnder Marsum, sn f. Kornelis Klazes Struiksma, arbeider te Raard (D.), Eastrum en Marsum, en Tækje Renzes Hanenburg
GROVESTINS OF GROVESTEIN
Ymkje neamt harsels leafst Grovestins, ynstee fan Grovestein. Sjoch: Genealogy Grovestein. Se makket dat ek op har troukaart wier, mar dêr – by fersin fan ’e printer tink – hyperkorrekt mei in tafoege n, sjochris oan. Yn har rouadvertinsje en op eigen grêftsien is ’t Grovestein. Ymkje har eigen wil korrespondeart net mei ’t bewende algehele offisjele.
Soan Pier fertelt (14-12-2018):
Der binne eigensinnigen by dy Grovesteinen. Dat mem Grovestins woe, dat wie har trots, dy namme Grovestins. Se gong derfanút dat se fan dy âlde adel ôfstamde. Mar it brûken fan de namme Grovestins mocht net fan ’e amtner fan ’e Boargerlike Stân.
Steefêst kaam ien kear yn ’t jier in freule – yn ús benaming de freule Van Grovestins, Sirtema seinen se der net by – op besite by pake Pier en beppe Aukje yn Marsum. Alhelendal mei in taksy út Den Haach wei. Dat koste wat. Se wie yn ’e santich-tachtich tink. Ik wie doe in jonkje fan sa’n sân, dat it wie begjin fyftiger jierren.
Dan hienen se it deroer en praten se by – en dan mochten wy as pakesizzers op dy dei net by pake komme.
It sil hjir gean om Agatha Louisa barones Sirtema van Grovestins * Den Haach 25-9-1885 † dêr 30-3-1972, dochter fan nr 13 yn ’e stamrige Sirtema van Grovestins yn ’e Genealogy Grovestein.
De âlde geeltsjes foar hûs wurde skrobbe, pake stekt him yn ’t swarte pak mei streekjebroek, hy docht syn strutsen swart fluwielen fest foar mei syn moai-kostber oppoetst sulveren horloazjeketting dêroerhinne. De baronnes treedt deryn troch pake syn iepenfierde swaaide doar, en wurdt hoffelik begelaat nei de moaiste noffelike stoel dy’t dizze betochtsum besibbe miich al ta har geriif krekt tapasselike skeef foar de tafel klearskikt hat. Dan kin se der sa gemakkelik yn ien haal rjochttroch yn delsetelje, no? ferdútst pake letter.
En bestek besteklik neist bestek, krekt sa’t it heart, yn pake’s eagen.
Pier: Ik ha de karaf dêr’t se de wyn útgeaten noch.
Mem en pake hienen wol manieren. Us mem lei in biskwytsy op it skaaltsje krekt as wie ’t in tûzen euro. Se wie o sa op etikette. Se tsjinne ek altyd by foarname lju. In deftichachtich gedrach. Pake en mem eigen. Ik wol ’t net fan mysels sizze, mar likegoed, ik ha dat ek. Wêr hawwe wy dat fan? Apart no?
Nee, wêr’t pake ’t mei de freule oer hie wit ik net en pake hat neat opkreaun en ik wit net wa’t dy freule wie.
Bern:
1 Cornelis Struiksma * Marsum 21-12-1938; x Barradiel 26-4-1962 Lutske Terpstra
2 Aukje Griet Struiksma * Marsum 29-2- 1944; x Menameradiel 29-2-1944 Siebe Laversma
3 Pier Struiksma * Marsum 1-9-1947; wurksum by hofkersbedriuw Struiksma te Goutum, by Yde Schakel te Allingawier en Aldfaers Erf te Allingwier; x Ljouwert 7-9-1972 Hendrika Wiegerink (Rieteke) * Enschede 4-8-1949 † Marsum 29-8-2016 [] Ingelum; stúdzje teology Noordelijke Hogeschool te Ljouwert; geastlik fersoarchster fersoargingshûs Parkhove te Ljouwert; dr f. Johan Wiegerink en Hendrika Schouwink
DE FERNEAMING FAN PIER
1 Pier Klazes Struiksma * Marsum 1947
2 Pier Dirks Grovestein * Ingelum 1877=2
3 Piertje Lieuwes Wassenaar * Marsum 1803=11
4 Pier Cornelis Tanja * omstrings 1740=46
5 Pier (heit fan Trijntje Piers=93)
2 Pier Dirks GROVESTEIN * Ingelum 20-10-1877 † Marsum, Poptagasthûs; los arbeider en dêrby lyts gernier te Ingelum;
x Menameradiel 28-5-1903
3 Aukje Dirks GORTER * St.-Anne 10-3-1875 † Marsum, Poptagasthûs 25-10-1957; ferhuzet 4-9-1897 út St.-Anne nei Ermelo; by trouwen faam te Bitgum
Koopal/Koopmans
Sjoch: Genealogy Koopal
4 Durk Kornelis GROVESTEIN (ek Dirk, en Grovenstein) * Minnertsgea 15-4-1837 † Ingelum 29-7-1906 [] Ingelum; tekenet akten net: ‘verklarende niet te hebben leren schrijven’; by x arbeider te Marsum, letter oant syn ferstjerren te Ingelum
x Menameradiel 24-5-1865
5 Ymkje Tymens KOOPAL * Bitgum 25-12-1838 † dêr 30-3-1922 [] Ingelum; by x faam te Bitgum
Sjoch: Erfgoed Fundaasje – Genealogy Koopal
6 Dirk Hendriks GORTER * St.-Jabik 10-12-1836 † St.-Anne 1-6-1886, 49 jier; by trouwen erbaaier te St.-Jabik, later erbaaier te St.-Anne (onder ânderen huuusnrs 166e, 132, 119b, 214c, 361) tot syn fersterven
x It Bilt 14-11-1867, 30 en 22 jaar
7 Saapke Klazes DE JONG * St.-Anne 28-2-1845 † dêr 24-12-1910, 69 jaar; Nederlânds Herformd, later Griffermeard; bij trouwen sonder beroep te St.-Anne; ferhúst Ouwe Maai 1887 fan St.-Anne na Froubuurt (huusnrs 237b, 254a, 80e, 79l, 198d, 73), dêr sonder beroep in 1890; ferhúst 13-3/31-5-1900 út Froubuurt na Tsjummarum; ferhúst 1-8-1901 út Tsjummarum na St.-Anne, dêr sonder beroep 1890, ‘3, ’96, ’99;
Saapke x 2 ’t Bildt 24-4-1892 Anne Eeltjes Luxen * St.-Anne 9-4-1846 † Froubuurt 4-1-1924, 77 jaar; erbaaier in Froubuurt, bij fersterven dêr sonder beroep; sn f. Eeltje Annes Luxen, skipper, later gernier te St.-Anne, en Tjitske Lijsbertsdr Wenselaar
Anne x 1 ’t Bildt 19-5-1871 Tjitske Klazes Larooij * Beetgum 20-10-1844 † St.-Anne 3-1-1881, 36 jaar; dr f. Klaas Hettes Larooij, erbaaier in Beetgum en Froubuurt, en Harmke Durks Dekkinga
Anne x 2 ’t Bildt 17-8-1882, 36 en 24 jaar, Neeltje Annes Ottema * Froubuurt 8-8-1858 † St.-Anne 8-3-1885, 26 jaar; dr f. Anne Hendriks Ottema, erbaaier te Froubuurt, en Geertje Annes Molenaar
8 Cornelis Johannes GROVESTINS (yn berte-akten fan syn bern yn 1918, ’20, ’26: GROVESTINS; yn 1837: GROVESTEIN, en yn Notarieel Argyf 1827: GROFSTEIN) * Deinum 6-12-1786 † Ommerskâns 27-8-1842, 55/56 jier; kin net skriuwe; arbeider, yn 1815 te Dronryp, yn 1820, ’23, ’24 te St.-Jabik, yn 1824, ’26 te Wier, yn 1827 te Berltsum, letter te Minnertsgea; kolonist te Ommerskâns;
Kees x 1 Berltsum 16-7-1809 Jeltje Jacobs, hy fan Berltsum, sy fan Wier
Kees x 2 Menameradiel 10-9-1823; neffens de trou-akte is Hiltsy 26 jier en Kees 40; mar neffens in oare opjefte soe Kees yn 1786 geboaren wêze en dus mei syn trouwen om ’e 37 hinne, dat lêste is grif in misrekken
9 Hiltje Herkes Meersma * Minnertsgea omstrings 1798 † dêr 13-1-1848, 52 jier, hûsnr 28; by Hiltsy har ferstjerren wurdt troch de Earmfâdij fan Minnertsgea in Certifikaat van Onvermogen ôfjûn; arbeidster te Minnertsgea, seis moanne foar har trouwen te Wier;
Kees en Hiltsy kinne beide net skriuwe.
Sjoch: Minnertsgea earder
10 Tymen Sjoerds KOOPAL * Bitgum 3-1-1802 † Ingelum 18-11-1858, 56 jier; yn 1835 arbeider te Bitgum, yn 1838 gernier te Ingelum, by ferstjerren dêr arbeider; Tymen is lid fan ’e Fryske Skutterij (1e ôfdieling, 2e bataljon, 2e kompanjy, nr 128)
x Menameradiel 20-5-1835
11 Piertje Lieuwes WASSENAAR (ek: Pietertje) * Marsum 28-7-1803 † Ingelum 4-11-1874; yn 1835 tsjinstfaam te Marsum, yn 1865 winkelfrou te Ingelum, ûnder oaren hûsnr 4
Tymen keapet op 10-4-1846 in snikskip mei ynventaris farrende tusken Ljouwert en Ingelum fan Siebren Poppes de Boer, keapman te Ingelum, keapsom f 230,00
Sjoch:
-W. Tsj. Vleer – De Friese Wassenaars, Wassenaar Comité, 1963
–Erfgoed Fundaasje – Kertiersteat Baukje en Sytske Palsma
12 Hendrik Tabes GORTER * St.-Anne -2-1805 † dêr 31-5-1872; kin niet skrive; bij syn trouwen erbaaier te St.-Anne (huusnrs o.â. 205a, 214a); in 1832 erbaaier te St.-Jabik bij Dirk Gerbens de Jong; in 1837, ’43 ok erbaaier te St.-Jabik; in 1862, ’63, ‘67 en bij syn fersterven erbaaier te St.Anne
x ’t Bildt 3-5-1829, 24 en 25 jaar
13 Trijntje Aukes KLEIN * St.-Jabik -3-1804 † St.-Anne 28-12-1870; kin niet skrive; bij trouwen maid te St.-Anne, bij hur doad dêr erbaaister
In ’e geboorte-akte fan hur dochter Pytsy wordt Tryntsy noemd met de achternaam Kok
14 Klaas Klazes DE JONG * St.-Jabik -3-1773 ~ folwassen 19-5-1811 † St.-Anne 6-11-1851, 69 jaar; in 1834, ’38 boer te St.-Anne; bij fersterven dêr winkelman
x 1 ’t Bildt 24-1-1833 Adriaantje Anes Wassenaar (in akten ok: Ariaantje, Arjaantje en Jaantje; tekent in trou-akte Wassenaer) * St.-Anne 9-4-1784 † dêr 26-11-1836; in 1829 werkfrou in St.-Anne, in 1833 dêr gernierske; dr f. Ane Cornelis Wassenaar en Neeltje Arjens (Wassenaar);
Jaantsy x 1 St.-Anne 31-5-1801 Pieter Cornelis Brouwer * St.-Anne 14-3-1783 † dêr 9-6-1812, 29 jaar, huusnr 236; sn f. Cornelis Cornelis(sen), kastlain in St.-Anne, en Elske Alles, dêr kastlainske
Jaantsy x 2 ’t Bildt 31-5-1818 Harmen Piers van Straten * St.-Anne 23-9-1774 † dêr 18-12-1826, koopman in St.-Anne, weedner fan Joukje Martens, sn f. Pier Harmens en Trijntje Rodmers
Klaas x 2 ’t Bildt 7-6-1838, 65 en 22 jaar
15 Sybetje LUKSEN (ok: LUXEN) * Stiens 6-11-1815 † St.-Anne 24-12-1889; kin niet skrive; by trouwen in 1838 werkfrou te St.-Anne en later ok nag (huusnrs o.â. 227b, 252, 190); ferhúst Ouwe Maai 1887 na Froubuurt
Sybetsy x 2 ’t Bildt 15-11-1855, 40 en 28 jaar, Dirk Jans Willemsen * St.-Anne 26-10-1827 † dêr 13-5-1860; kin niet skrive; erbaaier te St,-Anne; sn f. Jan Willems Willemsen, erbaaier in St.-Anne, en Lysbert Klases Kaper
Sybetsy x 3 ’t Bildt 29-5-1873 Anne Sytzes Jaarsma * St.-Anne 10-3-1820 † dêr 7-7-1873; kin niet skrive; erbaaier te St.-Anne; sn f. Sytze Sybrens Jaarsma, in 1810 koopman te Hitsum, in 1813 fabrikant te St.-Anne, in 1813 dêr gernier, in 1815 dêr mólner, in 1816 dêr pelmólner, in 1819 dêr koopman, in 1820, ’21 dêr mosterdmólner, in 1824 der erbaaier
Anne x 1 ’t Bildt 30-3-1843 Klaasje Jans Willemsen (suster fan Dirk, de tweede man fan Sybetsy) * St.-Anne 12-4-1817 † dêr 8-6-1872; kin niet skrive; bij trouwen werkmaid te St.-Anne
Sien: Jaarsma Holwert – parenteel
16 Johannes Cornelis GROFSTEIN † Dronryp 5-6-1794
x Marsum 1-6-1777, beide fan Marsum
17 Maaike Thomas (ek: Maeke; Maak is in flaaifoarm fan Maaike)
Ut it rekkenbiek fan ’e Herfoarme Tsjerkfâdij fan Dronryp:
krigen foar kistjild 5-1774:
-£ 15:-:- : ontv(angen) van Korneles Johannes sijn broeders doodvat
betelle foar begraffeniskosten, 7-6-1794:
-£ 1:4:- bet(aald) aan Feije Douwes de uitgeschotene penn(ingen) weegens ‘t inlossen van de nieuwe rok van de zo eeven genoemde Joh(annes) Corn(elis) uit de bank van leening te Leeuwarden;
-£ -:16:-t: bet(aald) aan de de vrouw van Roelof Bisschop weegens gedane diensten aan ‘t sterfhuijs van Joh(anne)s Corn(elis) voorn(oem)t, 0-8-0, uitschot aan melk 0-2-0, weegens ‘t bier drinken van de buuren aan haar huis 0-6-0
-£ -:2:- bet(aald) aan vragt van een vandel bier van Franequer om door de buuren op de begravenisse van Joh(anne)s Cornelis, alias Grofst(eins) gebruikt te wordenBetaald wegens begrafeniskosten
18 Heerke Gerbens MEERSMA (ek: Herke) * Minnertsgea omstrings 1769 † dêr 4-4-1827, 59 jier, hûsnr 129; docht op 3-4-1814 belidenis te Minnertsgea; yn 1821 dêr diaken; yn 1814 arbeider te Minnertsgea, yn 1812, ’21, ’27 koaltsjer ûnder Minnertsgea, yn 1818 te Berltsum?, yn 1823 dêr gernier;
x 2 Janke Sjoerds; kin net skriuwe; yn 1829 koaltsjerske te Minnertsgea, yn 1832 dêr gernierske;
x 1
19 Pietje Jans DRAISMA † Minnertsgea 9-10-1804
Hearke hiert 5-1-1813 twa hektare lân te Wier fan Doekje Lemke dêr
Hantekening fan Hearke Gerbens Meersma, syn bern binne ’t skriuwen net machtich
20 Sjoerd Tymens KOOPAL * Bitgum omstrings 1774 † Bitgum 6-7-1831, 57 jier; yn 1817 ‘schuijtevaarder’ te Bitgum, yn 1830 dêr arbeider;
x Bitgum 9-12-1798
21 Ymkje Pieters DE VRIES * omstrings 1778 † Ingelum 3-8-1823, omstr. 45 jier
Yn 1813 stiet Pieter Pieters de Vries foar f 840,00 boarch foar Sjoerd; Sjoerd hat yn 1820 in skuld by syn sibbe Johannes Martens Koopmans; yn 1823 stiet Hindrik Annes van der Hogt boarch foar him
22 Lieuwe Andries WASSENAAR * Menaam 1768 † Minnertsgea 18-4-1822; yn 1795, ’96, ’97 boer te Menaam, yn 1799, 1801, ’03, ’05, ’09, ’19, ’20 húsman te Marsum, yn 1822 boer te Ingelum
x Ingelum 1-12-1793, hy fan Menaam, sy fan Ingelum
23 Ytje Piers TANJA ~ Menaam 2-8-1767 (trije en in heale wike âld) † Ingelum 13-8-1843, 77 jier, hûsnr 18; yn 1822 boerinne te Marsum; docht 7-2-1700 belidenis te Marsum; komt as lidmaat op 16-9-1822 fan Marsum yn Menaam, komt op 12-12-1824 fan Menaam yn Ingelum (attestaasje 4-8); yn 1826, ’35 en by har ferstjerren sûnder berop te Ingelum
Ytsy en har soan Andrys ferkeapje 19-9-1829 bou en greide ûnder Menaam oan Wopke Sjoerds Osinga, boer dêr, keapsom: f 1.166,00;
Ytsy stiet boarch foar Pier Arjens Wassenaar dy’t foar seis jier te Menaam in sate en lân hiert fan Willem Albarda en Janke Looxma te Ljouwert, hiersom: f 600,00 yn ’t jier
24 Tabe Dirks GORTER * Froubuurt 7-7-1761 ~ dêr 8-8-1761 † dêr 16-11-1836, 74 jaar, huusnr 160; erbaaier te Froubuurt, in 1812 dito op Ouwesyl;
x Froubuurt 14-5-1797
25 Trijntje Ædes BROEKENS (in sommige akten ok: Broekes, de nasale n het de amtner in ’e spelling dêrdan fortlaten) * Hallum 30-10-1772 ~ dêr 6-12-1772 † Froubuurt 28-5-1839
Tryntsy kin niet skrive; Tabe wel, maar in ’e trou-akte fan syn dochter Ybeltsy staat (1834): De vader der Contractante heeft verklaard niet te kunnen tekenen uithoofde van gebrekkig gezigt
26 Auke Pieters KLEIN ~ St.-Jabik 20-1-1765 † dêr 16-1-1823, 60 jaar, huusnr 120; erbaaier te St.-Jabik
x
27 Geertje Jans PLUIMER * St.-Anne † St.-Jabik 2-7-1830, 50 jaar, huusnr 13, erbaaister te St.-Jabik
28 Claas Claasen
x Froubuurt 7-3-1768
29 Neeltje Jans
30 yn ’e Boargerlike Stân wurdt de heit fan Sybetsy (nr 15) net opjûn; N.N. soe ynhâlde kertierferlies
de heit is lykwols bekend:
30 Johannes Oeges DIJKSTRA * Hijum 17-5-1793 † Froubuorren 20-9-1858; arbeider te Froubuorren
Jehannes x Froubuorren 1-5-1813 Wintje Eeltjes Luksen * Stiens 1-12-1793 ~ dêr 22-12-1793 † Froubuorren 23-3-1839; Wintsy is in jongere suster fan Saapke (nr 31)
31 Saapke Eeltjes LUKSEN * Stiens 5-2-1791 ~ dêr 13-3-1791 † dêr 14-4-1855, 64 jier; kin net skriuwe; yn 1815, ’38 wurkfrou te Stiens;
x Ljouwerteradiel 21-5-1829 Tjeerd Pieters Miedema * Stiens 1-8-1798 † dêr 24-4-1864; in 1838 erbaaier te St,-Anne, sn f. Pieter Gerbens Miedema en Janke Tjeerds Stienstra
Sjoch foarâlden Jehannes Oeges Dykstra: Tjaart Egge Martens – Kertiersteat Tiete Johannes Dijkstra
32 Cornelis GROFSTEIN, ek GROVESTINS?
34 Thomas
36 Gerben Heerkes
x
37 Hiltje Alberts
40 Tymen Sydses KOOPAL † Bitgum 1783; eigner fan ’e mole yn ’e buorskip ‘Bij de Molen’, letter útgroeid ta Bitgummole. Tymen is de mûnder fan syn eigen mole
x 1e 1736 Sjoerdtje Dirks, dr f. Dirk Jans en Griet Anes
x 2e Tsjom 22-12-1765
41 Jetske Willems * Dronryp 10-3-1744 † Bitgum 25-10-1801 ~ Bitgum op belidenis 13-3-1796
Jetske ferkeapet yn 1785 foar har bern de mole te Bitgummole oan Thije Pytters en Geertje Tymens te Bitgum
46 Pier Cornelis TANJA (ek: TANIA) * omstrings 1740 † Ingelum 28-2-1788; yn 1763 boer ûnder Menaam; dêr ûntfanger;
x Menaam 8-5-1763
47 Gerlantje Gerlofs BAARDA (by ~: Gælantje) * Ingelum 20-4-1738 ~ dêr 28-3-1766 † dêr 30-7-1800; wennet yn 1763 te Marsum;
Pier en Gerlant dogge belidenis te Ingelum 7-5-1766; ferfarre 7-8-1767 mei attestaasje nei Menaam; komme dêrwei op 20-11-1785 wer te Menaam
Sjoch foar ferneaming fan ’e namme Gerland yn dit laach: Erfgoed Fundaasje – Sulver – Gerland Sijtsje Braaksma – leppel nr 10 – Kolleksje Rienks-Mulder van Leens Dijkstra
48 Dirk Ydes GORTER (folgens opgaaf Stichting Erfskip Terpdoarpen is deuze man Dirk Reyners)
x Hijum 20-12-1750?
49 Attje Symens
50 Æde Jans ~ Hallum 18-9-1729;
x 1 Hallum 17-9-1752 Antje Ruurds
x 2 Hallum 19-6-1757 Akke Pyters
x 3 Hallum 30-11-1766
51 Ybeltje Gerbens ~ Eanjum 4-9-1740 † Hallum 16-5-1816
52 Pyter Walings
x 2 St.-Jabik 27-6-1766 baide fan St.-Jabik, Aafje Jans
x 1 St.-Jabik 27-6-1756, baide fan S.-Jabik
53 Trijntje Aukes
Kines út ’t eerste huwlik, allegaar ~ St.-Jabik: Jannechie 1757; Trijntje 1759; Waling 1762; Auke 1765=nr 26;
kines út ’t tweede huwlik: Grietje 1767; Doetje 1769; Pytje 1773; Jan 1776
54 Jan Willems PLUIMER, met achternaam noemd in sterfakte fan syn dochter Geertsy (nr 27)
x
55 Aagje
60 Oege Jans DIJKSTRA (ok: Oeds) * Froubuurt omstrings 1750 † -2-1801 [] Stiens 9-2-1801; erbaaier en foerman te Stiens en Froubuurt
x St,-Anne 25-10-1772
61 Jannigje Dirks ~ St.-Anne 21-12-1749 † Stiens 16-3-1807
62 Eeltie Jans LUKSEN * Stiens 3-9-1754 ~ dêr 22-9-1754 † dêr 26-9-1807 [] dêr, 53 jier; arbeider te Stiens
x Stiens 21-5-1780
63 Minke Annes VAN DER WAL * Aldtsjerk-Readtsjerk 11-11-1757 ~ Aldtsjerk 8-4-1770 † Britsum 1-4-1841, 83 jier; arbeidster
Grut Jetsma op De Burd ûnder Grou foar de brân, ein fjirtiger jierren. It foarste hûs is derby sette litten troch Auke de Jong, foar syn frou, syn dochter Popkje en himsels. Syn dochter Suster de Jong, troud mei Symen Koopmans, bewennet de oare foarein. (Foto fan: Popkje Hofstra-de Jong, Grou, troud mei Wybe Hofstra, boer yn ’t Hoflân ûnder Grou)
80 Syds Ieskes † wierskynlik 1706, yn 1698 en 1700 boer op Grut Jetsma, stim 66 fan Grou yn De Burd, grut 70 pûnsmiet, te Wergea yn 1702, sûnt 1702 te Ægum; boelguod op of koart foar 14-9-1706
x 1e Ymck Annes
x 2e Idaard 2-4-1702
81 Grietje Sioerdts;
x 1 Sjoerd Oenes, boer op stim 3 fan Ægum, sawat 42 pm.
82 Willem Kornelis; boer te Dronryp
x
83 Martje Theunis, te Dronryp
88 Arjen Sjoerdsz * St.-Jabik omstrings 1670 † Bitgum foar 27-3-1744; doopsgesind; boer op 3 en 9 te Bitgum, syn âlderspleats; de iene pleats tichteby by ’t slot Groot Terhorne (hierder fan Thoe Schwartzenberg en Hohenlansberg); Arjen hiert ek lân yn ’t Bilt;
x
89 Baukjen Andries; yn 1748 boerinne op stim 3 en 9 te Bitgum
92 Cornelis Jacobs
x (ûndertrou Hallum 13-5-1724)
93 Trijntie Piers
94 Gerlof Sybes BAARDA ~ Ingelum 5-1-1705 † omstrings 1784, 78 jier?; boer op Heslinga state ûnder Marsum
x Ingelum 22-4-1731
95 Geertje Lolkes FOPMA * Berltsum 1704? † Marsum 20-8-1763 [] Ingelum
Sjoch foar foarâlden: Erfgoed Fundaasje: Kertiersteat Anneke Bouma – nrs 320 en 321 en fierder
100 Jan Ædes ~ Hallum 8-6-1684;
x 1 Hallum 23-12-1708 Tæætske Sapes
x 2 Hallum 1718
101 Grietje Meinerts
102 Gerben Rinses; yn 1740 te Eanjum
x
103 Dieuke Johannes
104? Waling Pyters * omstreeks 1691?
x St.-Jabik 18-5-1710, baide fan St.-Jabik
105? Jannechje Theunis
124? Jan Oeges, wolkammersfeint te Frjentsjer
x Frjentsjer 3-2-1747, beide fan Frjentsjer
125? Riemke Willems
126 Dirk Johannes
x St.-Anne 5-4-1739
127 Trijntje Douwes ~ St.-Anne 21-5-1713
128 Jan Symons LUXEN ~ Britsum 6-11-1729 † Stiens 2-10-1808, 78 jier;
x 2 Stiens 23-6-1782 Baukje Hendriks † omstrings -3-1793
x 1 Stiens 26-9-1751, 21 en 28 jier
129 Gertje Hommes ~ Stiens 27-12-1722 † dêr -10-1778, 55 jier
130 Anne Sybes; yn 1757 te Aldtsjerk
x
131 Stijntje Wygers (ek: Trijntje) ~ Eastermar 28-5-1730
162 Sioerd Cornelis; boer yn De Burd op stim 65, buorman fan syn skoansoan Syds Ieskes
x
163 Ock Sioerdsdr.
176 Sjoerd Ariensz * St.-Jabik 1638; boer op ’n Franeker plaats. Op 18-6-1689 is hij 900 karoalus guldens skuldig an pacht deur ’n geskil over de huurwaarde; in 1697 is hij boer op ’e nrs 3 en 9 te Beetgum, 105 pondematen by ’t slot Groot Terhorne (ferhuurster: Isabella Suzanna gravin Carlson-thoe Schwartzenberg en Hohenlansberg (hur seun Arryn (nr 88) is dêr ok boer op)
x St.-Jabik 22-11-1663
177 Korsje Claesdr * St.-Jabik omstreeks 1635
178 Andries Douwesz, Mr kuper te St.-Jabik
x
179 Maartie Thomasdr
188 Sybe Gerlofs BAARDA * Marsum omstrings 1675 † Jelsum 18-7-1745
x Jelsum 25-4-1697
189 Gerlantje Jacobus HESLINGA * Boksum omstrings 1668 † Jelsum omstrings 1733
Sjoch: Erfgoed Fundaasje
–Genealogy Heslinga
–Stambeamke Heslinga
–Kertiersteat Van der Werff
190 Lolke Folkerts FOPMA
x
191 Baukje Agges POELSTRA
200 Æde Pytters
x Hallum 14-1-1683
201 Jetske Lourens
202 Meynert Liummes
x Hallum 7-8-1681
203 Hiltje Scheltes
?208 Pyter Cornelis
x St.-Jabik 6-11-1681, baide fan St.-Jabik
?209 Jannechie Walinghs
In ’t Autorisasyboek fan ’t Nedergerecht ’t Bild worde noemd op 12-8-1715 (argyfnr 13-07, inventarisnr 27, aktenr 269) de wezen fan Pijtter Cornelis en Jannechie Walinghs: Walingh, 24 jaar; Joris, 21; Arjen, 17 ; Trijntje, 16; Claesje, 13; Arjen 10; kurators over persoanen en goed binne: Joris Dirx, húsman, en Sijbe Jacobs, baide te St.-Anne en doopsgesind
254 Douwe Reinders SCHAT ~ St.-Anne 4-12-1687; boer in St.-Anne; strandmeester fan ’e Bildtpôlen
x
255 Maartje Dirks
256 Symon Jans LUXEN; yn 1716, ’18, ’20, ’22 boer te Jelsum, yn 1724, ’26, ’27, ’28, ’29, ’31, ’32 te Britsum, yn 1734, ’36, ’37, ’39, ’40 te Stiens
x Jelsum 19-5-1715
257 Saapke Eelkes ~ Jelsum 17-12-1699
258 Homme Pyters * omstrings 1690
x Burgum 22-6-1715
259 Janke Tjeerds (ek: Sybes) * omstrings 1690
262 Wyger Sjoerds
x Eastermar 9-7-1724
263 Geeske Arjens, fan Surhústerfean
308 Reinder Jansen † St.-Anne 25-2-1707
x St.-Jabik 31-5-1685
309 Trijntje Douwis, fan St.-Anne
314 Eelke Louws ~ Jelsum 1-1-1674 † dêr 21-2-1744
x Jelsum 8-5-1698
315 Lysbet Gosses ~ Jelsum 17-6-1672 † Stiens -7-1747
352 Arrien Claes Hendricksz
x
353 Jannichie Hendrik Claesdr
354 Claes Barthoutsz * omstreeks 1610 † St.-Jabik na 1667; doopsgesind; boer te St.-Jabik;
x 2 foor 1657 Neeltie Thonisdr
x 1 St.-Jabik 25-9-1631
355 Anke Barthoutsdr
378 Jacobus Clases HESLINGA
x
379 Hanck Mattheus METSMA
Sjoch: Erfgoed Fundaasje – Kertiersteat Brouwer-Damsma
380 Folkert Gerlofs (FOPMA)
x
381 Geertje Tialles FOPMA
628 Louw Eelkes * omstrings 1640; Mr timmerman te Jelsum
x
629 Saap Alberts ~ Britsum 26-1-1640
630 Gosse Jacobs; boer te Jelsum, ôfkomstich fan Wyns
x Jelsum 14-1-1649
631 Jantien Johannes * nei 1628
704 Cleas Hendricksz;
x 1 Margrite Barthoutsdr, wede fan Jelle Jaertsz † nei 1567; dr f. Barthout Willemsz, boer te St.-Anne, en Maritgen Dirxdr
x 2
705 Jannichie Ariensdr SCHEYFF
708 Barthout Claesz (WASSENAAR) * St.-Jabik omstreeks 1575/1580 † foor 28-1-1644; boer te St.-Jabik;
x
709 Jannichie Jacobsdr * omstreeks 1580 † 1653
710 Barthout
x
711 Korsje
1236 Eelke Gerlofs
1237 Aagt Thomasdr * omstrings 1615
1416 Claes Barthoutsz * St.-Jabik omstreeks 1525 † dêr 1587/1592; boer an ’e westkant fan ’e Kouweweg (floreennr 9)
x 1 Neeltie Jansdr, dr f. Jan Govertsz en Lysken Harrentsdr
x 3 na 1587 Maritgen Remmelt Gerbrandsdr, dr f. Remmelt Gerbrandsz, boer op plaats 14 an ’e Ouwedyk onder St.-Jabik
x 2 na 1574
1417 Aeffien Here Walingsdr † foor 1587
1418 Jacob Stevens (WASSENAAR) * St.-Jabik omstreeks 1555 † Harlingen foor 1-2-1643; boer te St.-Jabik, dêrna te St.-Anne, sinds 1626 bierbrouwer te Harlingen; in 1597 folmacht foor St.-Anne; 1607-1609 bijsitter (=wethouwer) fan ’t Bildt;
x omstreeks 1575
1419 Corsie Arriensdr SCHEIJFF
2832 Barthout Willemsz * Sassenheim omstreeks 1478/1493 † St.-Jabik 1537/1547
x 2 N.N. Arent Tou Jansz van der Burch út Woutharnas; x 2 Dirck Laurensz, sn f. Laurijs Coster
x 1 omstreeks 1520/1525
2833 N.N.† foor 1535
2834 Here Walingsz; in 1571 boer op ’t Swart Krús an ’e Ouwedyk
2836 Steven Claesz * St.-Jabik 1520/1525 † dêr 29-2-1612; boer in ’e Bonckhorstkavel op plaats 5 onder St.-Jabik; sont 1554 dêr ok pachter fan 29 morgen, dy’t fan 1527 tot 1547 in besit waren fan syn skoanhait Laurijs Coster (nr 5674);
x 1 waarskynlik N.N. Claesdr
x 3 foor 1575 Neeltie Arriendr SCHEIJFF
x 2 foor 1554
2837 Jannichie Lourensdr
2838 Arrien Jansz SCHEIJFF
x
2839 Marrichie Arriensdr
5664=11328=11344 Willem Stevensz * Sassenheim omstreeks 1445/1455
5672 Claes Willemsz * Sassenheim omstreeks 1485/1495 † St.-Jabik 1547/1554; fan 1527 tot 1547 boer te St.-Jabik op 28 morgen in de Gerryt van Soetenkavel; bruker fan 8 morgen in ’e Gerryt Verlaenkavel onder St.-Anne
x
5673 waarskynlik Maertien Jacobsdr; fan 1555 tot 1562 boerin te St.-Jabik op 28 morgen in de Gerryt van Soetenkavel
5674 Laurijs COSTER; besit fan 1527 tot 1547 29 morgen onder St,-Jabik dy’t pacht worre deur syn skoanseun Steven Claesz (nr 2836)
11328=11344=5664 Willem Stevensz * Sassenheim omstreeks 1445/145522688 Steven Huygensz * Sassenheim omstreeks 1410/1430