HANNEMA – DONGERADIEL

* = berne/born
~ = doopt/baptised
x
  = troud/married
†  = ferstoarn/deseased
[] = begroeven/buried

Graach oanfullingen en ferbetteringen. Sjoch: formulier
Sjoch: Theo Delfstra –De oude familiekwaal? Boerenfamilie Hannema, yn De Sneuper, Officieel orgaan van de Historische Vereniging Noord-Oost Friesland
Eventually this page shall be translated into English.

STAMRIGE en FRAGMINTEN GENEALOGY – in begjin

Sjoch:
De Sneuperferieningsblêd fan ’e Historische Vereniging Noordoost Friesland
-Wetterskipsbestjoersders De Polder van Oost- en Westdongeradeel
-Theo Delfstra – De oude familiekwaal? Familie Hannema, De Sneuper, nr 36, desimber 2019


GENERAASJE I
Johannes Gosses
† Jelsum 8-9-1731; lidmaat te Jelsum 1705; yn 1728 boer op stim 18 te Jelsum (eigner: Johannes van Glinstra, kommittearde yn ’e Steaten fan Fryslân, ûntfanger generaal fan Menameradiel
Jehannes is mooglik in soan fan Gosse Jacobs x Froubuorren 14-1-1649, Jantie Johannes, hy fan Wyns, sy fan Froubuorren.
By guon genealogiën op internet wurdt Jantsje in dochter neamd fan in Johannes Hannema/Hinnema, en dat kin dan noch in heel ein tebek rinne – wishful thinking? 

x Dirkjen Annes † Jelsum 18-12-1709

GENERAASJE II
Gosse Johannes
* Jelsum 31-1-1707 ~ dêr 27-2-1707
† Raard 11-2-1779, 72 jier; 26-4-1733 ynkommen yn Foudgum-Raard út Jelsum, dêr op lidmatelist 1759, ’60, ’67, ’69, ’72, wennet dan op Spriens ûnder Raard
x Jelsum 27-2-1717, dan beide fan Jelsum, Klaaske Jans † Raard 11-2-1779
Goasse en Klaske dogge beide belidenis te Jelsum op 26-4-1730; yn lidmatelist is oantekene dat se letter ferfearn binne nei Raard

GENERAASJE III
III.1 Johannes Gosses
 * Raard (W.D.) 22-9-1741 ~ Foudgum 1-10-1741
Brantgum 19-4-1800, 58 jier; op 12-5-1774 ynkommen yn Brantgum út Raard
x 1 Raard 1-10-1767, hy fan Raard, sy fan Wierum, Antje Willems * Wierum 1746 ~ dêr 6-5-1781 † Brantgum 6-3-1786/87; dr f. Willem Idses [Idsardi], boer te Wierum en Ternaard; ûntfanger Ryks Belestingen fan Ternaard, en Eelkjen Jetzes
Bern:
1 Gosse Johannes Hannema * 1769
2 Eelkje Johannes Hannema
~ Raard 8-10-1769
3 Eelkje Johannes Hannema (ek: Eeke) * Raard 24-12-1770 ~ dêr 10-2-1771 † Hantum 17-1-1857, 86 jier, hûsnr 15
x Waaksens 20-8-1797, sy fan Brantgum, hy fan Boarnwert, Jan Jans Boelens * Pæzens omstrings 1771 † dêr 12-7-1833, 62 jier, hûsnr 31; boer ûnder Brantgum 1814, ’20, ’24, ’30, ’33; broer fan Minne (III.1.5); sn f. Jan Jans, kastlein te Pæzens, en Aaltje Minnes
3 Gosse Johannes Hannema, folget, IV.1
4 Willem Johannes Hannema, folget, IV.2
5 Klaaske Johannes Hannema * Brantgum 15-4-1781 ~ dêr 6-5-1781 † Pæzens 3-2-1863, 81 jier, hûsnr 60
x Brantgum 27-7-1800, sy fan Brantgum, hy fan Pæzens, Minne Jans Boelens * Ie 23-5-1773 ~ dêr 13-7-1773 † Pæzens 24-2-1845, 71 jier, hûsnr 60; gernier te Pæzens 1820, ’32, ’39, ’45; broer fan Jan (III.1.3); sn f. Jan Jans, kastlein te Pæzens, en Aaltje Minnes
Klaske ferkeapet op Alde Maaie (12-5) 1847 boulân te Brantgum oan Rienk Tjerks Spriensma (sjoch by: IV.2.4), keapsom: f 1.500,00
5 Trijntje Johannes Hannema
* Brantgum 13-5-1785 † dêr 9-5-1823, 37 jier; docht belidenis te Brantgum op 22-7-1810
x Brantgum 31-5-1807 Wytze Broers Terpstra * Brantgum 31-5-1771 ~ dêr  23-6-1771 † dêr 30-5-1855; docht belidenis te Brantgum 16-8-1799; boer te Brantgum; sn f. Broer Wytzes en Antje Jacobs, boeren te Brantgum

GENERAASJE IV
IV.1 Gosse Johannes Hannema
* Brantgum omstrings 1776 † Hantum 30-10-1854, 79 jier, hûsnr 9; yn 1842, ’52 en by syn ferstjerren yn syn 78ste noch boer te Hantum; dêr tsjerkfâd;
x Lysbeth Wybes Wybenga (ek: Elisabeth, en: Wybinga; yn eigen stjerakte neamd mei de achternamme: Lelia) * Hantum omstrings 1773 † dêr 12-5-1845, 72 jier, nr 9; dr f. Wybe Rinderts en Aaltje Douwes
Goasse hat op 22-6-1818 in skuld fan f 2.500,00 by Daam Fockema, notaris te Ljouwert; op 19-4-1842 idem fan f 2.000,00 
Bern:
1 Aaltje Gosses Hannema * Hantum omstrings 1804 † Dokkum 26-5-1873, 69 jier, Wyk D nr 75; wurdt 7-5-1841 lidmaat op belidenis te Hantum; yn 1845 boerinne te Hantum, wennet dêr yn 1862

Aaltsje buorket mooglik te Hantum mei har broer Wybe.
Op 1-3-1860 is der boedelskieding fan fêstichheden te Hantum dêr’t Antsje mei anneks is, wearde: f 42.867,00;
Aaltsje hat mei Wybe op 8-5-1867 in skuld by Jan en Sjolle Minninga te Dokkum fan f 5.000,00 en idem by Saapke van Kleffens te Dokkum, widdo fan Johannes Fockema fan f 1,000,00 (âlden fan Daam, hjirboppe).
Yn ’e mande mei Wybe ferkeapet Aaltsje op 22-3-1866 ûnreplik guod foar f 3.092,00 en f 787,00  
2 Johannes Gosses Hannema, folget V.1

3 Wybe Gosses Hannema * Hantum omstrings 1810 † Dokkum 15-6-1897, 87 jier, Wyk D nr 25; yn 1845, ’50, ’54 boer te Hantum – mei syn suster Aaltsje tink; wennet yn 1875 te Dokkum
Ljouwerter krante, 17 en 21-6-1897:

Wybe hiert op 23-3-1850 foar fiif jier pastorijlannen te Hantum;
Wybe hiert mei oaren op 10-10-1854 tsien perselen boulân ûnder Hantum en Hantumhuzen foar fiif jier, fan Louïs Kijlstra (sjoch: V.4.1) te Hantum;
Wybe keapet op 25-10-1865 in hûs mei hiem te Dokkum fan Hendrik, emeritus ds dêre, keapsom: f 3.200,00;
Wybe ferkeapet yn ’e mande mei syn broer Rindert (V.3) op 17-9-1873 perselen lân en in hûs te Hantum, keapsom: f 11.588,00;
Wybe ferkeapet op 24-12-1890 boulân ûnder Hantum, keapsom: f 1.100,00; keaper: Gerhard Becking te Hantum

4 Anne Gosses Hannema, folget V.2

5 Rindert Gosses Hannema, folget V.3
Gosse Jehannes nimt yn 1811 de achternamme Hannema oan:
Voor ons Baljuw benevens het Gemeente/Bestuur van Westdongeradeel, Kanton/Holwerd Arrondissement Leeuwarden/Departement Friesland, gecompareerd/zijnde Gosse Johannes, wonende te Hantum/heeft dezelve Verklaard dat hij de aanneemt/de naam van Hannema, voor familie/naam, dat hij heeft het volgende getal/zonen en dogters te weten Johannes oud/Zes Jaren, Wiebe oud Twee Jaren, en Aaltje/oud Agt Jaren, allen woonagtig te Hantum/en heeft deze met ons ondertekend den
[de datum is net ynfuld]

G: J: Hannema [twa stipkes of in dûbele punt achter de inisjalen foar de achternamme is yn dy tiid gebrûklik] R Posthumus

IV.2
Willem Johannes Hannema
* Brantgum 21-9-1778 ~ dêr 11-10-1778
† Dokkum 15-2-1861, 82 jier; yn 1811 húsman te Brantgum, dêr eigenerfd boer; yn 1843 is er dêr ‘buiten bedrijf’; sûnt omstrings 1841 rintenier te Dokkum; yn 1850 diaken, tsjerkfâd te Brantgum; gemeenteriedslid fan Westdongeradiel
x 1 Maaike Tjallings Kamstra * Hantum 8-3-1778; dr f. Tjalling Watzes Kamstra, kastlein te Hantum, en Trijntje Thomas Stinstra, kastleinske te Hantum
x 2 Westdongeradiel 30-5-1811, 32 en 29 jier, Baukje Berends Memerda  * Waaksens (W.D.) omstrings 1770 † Brantgum 29-10-1845, 64 jier; by trouwen sûnder berop te Waaksens; dr f. Berend Alberts en Eelkje Gerrits
Hjirûnder hantekeningen ûnder de trou-akte fan Willem en Baukje, Baukje skriuwt Boukie, neffens de útspraak. Rjochts: Gosse Johannes, 37 jier, broer fan Willem, húsman, Jan Jans [letter: Boelens], 42 jier, húsman, sweager fan Willem, en Douwe Martens [letter: Memerda], 34 jier, trout mei Tjitske Berends, suster fan Baukje, gernier.
Yn ’e trou-akte fiere Willem en Baukje beide de achternamme noch net. Baukje wurdt yn 1812 yn ’e berte-akte fan har soan Johannes, Baukjen Beernts neamd, yn 1834 tekenet hja sels mei: B: Beerents, yn 1842 tekenet hja mei Memerda. Mei guon lju wie it noch wennen mei in achternamme.


Willem Jehannes nimt, lykas syn broer Goasse, yn 1811 de namme Hannema oan:


Ljouwerter krante, 19, 22 en 26-2-1861. De earste frou fan Willem wurdt net neamd:

Willem keapet en ferkeapet gauris bou en greide en huzen, te Betterwurd, Boarnwert, Brantgum, Dokkum, Foudgum, Hantum, Ingwierrum, Ternaard, Waaksens.
Bygelyks:
-op 5-10-1837 keapet er in sate mei bou en greide te Ingwierrum fan Daniël de Blocq van Scheltinga te Stiensgea, keapsom: f 16.577,00;
-op 11-5-1841 ferkeapet er in hûs mei smidterij te Brantgum, keapsom: f 1.200,00;
-op 12-4-1843 ferhiert er in sate mei lân ûnder Ingwierrum oan Reinder Tjerks Spriensma (sjoch by: IV.2.4) en frou, boeren ûnder Sybrandahûs, foar sân jier, hiersom: f 2.600,00 yn ’t jier;
-op 3-3-1847 ferkeapet er bou en greide ûnder Ternaard oan Worp van Peyma, boer dêr, keapsom: f 7.800,00.
Hy is allyksa skuldeasker en skuldner, bygelyks
op 11-5-1841 giet er in skuld oan by Daam Fockema te Ljouwert.
Op 27-10-1848 keapet er in frouljussitplak yn ’e Nederlâns Herfoarme tsjerke te Dokkum.
Bern út it earste boask:
1 Antje Willems Hannema * Brantgum omstrings 1803 † Hantum 27-5-1847, 44 jier; by ferstjerren sûnder berop te Hantum; Antsje lit in saldo nei fan f 298,00 
Bern út it twadde houlik:
2 Johannes Willems Hannema, folget. V.2

3 Berend Willems Hannema (yn berte-akte: Beernt) * Brantgum 9-4-1814 † dêr 16-12-1842, 28 jier; keapman te Brantgum; Beernt lit in saldo nei fan f 2.635,00
Ljouwerter krante, 1-4-1842:

4 Eelkje Willems Hannema * Brantgum 11-1-1817; by trouwen sûnder berop te Brantgum; mei Rienk boerinne op har âlderspleats ûnder Brantgum
x Dantumadiel 16-5-1843, 26 en 21 jier, Rienk Tjerks Spriensma * Lytsewâld 9-10-1821 † Brantgum 19-6-1864, 42 jier, hûsnr 39; as wees by trouwen sûnder berop te Sybrandahûs by syn omke en muoike Freerk Reinders Spriensma en Ymkje Halbes Halbesma, dêr boer; yn 1844, ’56 en by festjerren boer op ’e âlderspleats fan Eelkje ûnder Brantgum; sn f. Tjerk Reinders Spriensma, yn 1814 gernier te Raard, yn 1816 húsman te Burum, yn 1819, ’21 boer te Lytsewâld, en Ymkjen Rienks Pijpstra
De tsjerke fan ’e Lytse Jouwer. Tekening J.J. Stellingwerf, 1722:

GENERAASJE V
V.1 Johannes Gosses Hannema
* Hantum 2-1-1805 ~ dêr 27-1-1805 † Hantum 6-2-1892, 87 jier; by trouwen en yn 1840, ’46 gernier op ’e Lytse Jouwer (Hiaure), yn 1843, ’49, ’54, ’61, ’66 idem te Hantum, yn 1872 dêr boer

x 1 Westdongeradiel 16-5-1839, 34 en 23 jier, Catharina Elisabeth Aukes Bosch (by berte ynskreaun as: Kataryne Elizabet) * Nes (Westdongeradel) 2-9-1815 † De Lytse Jouwer 10-3-1840, 24 jier, acht dagen nei de berte fan har dochterke Lysbeth, hûsnr 74; by trouwen sûnder berop te Betterwurd; dr f. Auke Douwes Bosch, en Jeltje Uitzes de Jong, yn 1815 boeren te Nes en yn 1839 te Betterwurd
x 2 Westdongeradiel 14-5-1842, 37 en 28 jier, Aukje Willems Ploegsma * Foudgum 6-11-1813 † Hantum 24-12-1891, 77 jier; docht 10-5-1838 belidenis op ’e Lytse Jouwer; by trouwen dêr sûnder berop; giet as lidmaat op 7-8-1842 dêrwei nei Hantum; dr f. Willem Doekeles Ploegsma en Antje Reinders Spriensma, boeren te Foudgum en op ’e Lytse Jouwer
Johannes hat 20-5-1884 in skuld fan f 6.000,00 by Albertus Bloembergen te Ljouwert.
Op 11-8-1892 is der boelguod fan syn erfskip te Hantum.
Bern út it earste boask:
1 Lysbeth Johannes Hannema
(ek: Elisabeth) * De Lytse Jouwer 2-3-1840 † Holwert 11-2-1881, 40 jier; by trouwen sûnder berop te Hantum, ferbliuwende te Betterwurd
x Westdongeradiel 20-4-1861, 21 en 23 jier, Gerlof Jacobs Haima * Holwert 24-4-1837 † mooglik Randolph Centre, Wisconsin, Noard Amearika; by trouwen sûnder berop te Holwert; yn 1861 gernier op ’e Lytse Jouwer; yn 1863 gernier te Nijewier; yn 1865, ’67 idem wer op ’e Lytse Jouwer; yn 1861, ’67, ’70, ’75, ’81 boer te Holwert; emigreart nei it ferstjerren fan syn frou mei de bern yn 1881 nei Randolph Centre, Winconsin, Colombia, Noard Amearika; sn f. Jacob Jacobs Haima en Martje Watzes Visser, boeren te Holwert
Gerlof ferkeapet op 4-8-1881 en op 13-9-1881 replik guod foar f 2.425,00 en f 2.367,00;
Gerlof ferkeapet op 30-8-1882 yn ’e mande mei syn sweager Goasse Jehannes Hannema in hûs mei hiem en twa perselen boulân op ’e Lytse Jouwer

Bern út it twadde houlik:
2 Antje Johannes Hannema * Hantum 25-9-1843 † dêr 7-5-1914, 70 jier; by trouwen sûnder berop te Hantum
x Westdongeradiel 19-5-1866, 22 en 28 jier, Douwe Jenzes Terpstra * Hantum 25-12-1837 † dêr 11-2-1924, 86 jier; by trouwen skipper te Hantum; yn 1867 dêr gernier; broer fan Gerben (V.1.3), sn f. Jenze Douwes Terpstra, yn 1837 gernier te Hantum, yn 1844 boer ûnder Hantum en Doedtje Gerrits Vellema, yn 1866 sûnder berop op ’e Lytse Jouwer
3 Aaltje Johannes Hannema * Hantum † Dokkum 24-2-1929, 78 jier; by trouwen sûnder berop te Hantum
x Westdongeradiel 16-5-1872, 22 en 27 jier, Gerben Jinzes Terpstra * Hantum 21-10-1844 Ælsum 18-3-1921, 76 jier; by trouwen arbeider te Hantum; yn 1873 dêr gernier; yn 1876 dêr boer; yn 1883, 1910 slûswachter te Ælsum; by ferstjerren dêr sûnder berop; broer fan Douwe (V.1.2), sn f. Jinze Douwes Terpstra, gernier, letter boer te Holwert, en Doettje Gerbens Vellema, hja yn 1872 sûnder berop op ’e Lytse Jouwer
Ljouwerter krante, 11-5-1914:

4 Gosse Johannes Hannema * Hantum 29-6-1847 † dêr 20-8-1898, 51 jier; by trouwen gernier te Hantum; by ferstjerren dêr fuorman
x Westdongeradiel, 3-8-1893, 46 en 52 jier, Trijntje Jans Koopmans * Brantgum 18-3-1841 † dêr 20-5-1922, 81 jier; by trouwen húshâldster te Hantum; by ferstjerren yn har twaëntachtichste noch winkelfrou te Brantgum; dr f. Jan Sydzes Koopmans en Sibbeltje Lemmes de Boer, boeren ûnder Brantgum
Trijntje x 1 Westdongeradiel 23-5-1866 Sjoerd Tietes Olivier * Holwert 26-3-1841† dêr 30-1-1892, 50 jier; yn 1867 gernier te Holwert; yn 1870 kastlein te Brantgum; yn 1880 boer te Holwert; by ferstjerren dêr arbeider; sn f. Tiete Lourens Olivier, nôtkeapman te Holwert, en Ytske Sjoerds Posthumus
Sjoch:, M.J. van Lennep – Genealogie Olivier, Genealogysk Jierboekje 1967, Fryske Akademy, Ljouwert, 1967
Sjoerd ferhiert boulân ûnder Brantgum, û.o oan Sikke Johannes Jensma; hy ferkeapet op 15-10-1874 in huzing en herberch te Brantgum oan Gosling Hendriks Elzinga, keapsom: f 3.026,00.
Sjoerd lient gauris jild, lykas:
-4-11-1871 by de Doopsgesinde Gemeente te Ljouwert: f 5.000,00 
-27-5-1875 by Reitze Attema te Ljouwert: f 8.000,00
-21-6-1876 by deselde: f 1.000,00
-29-3-1878 by Josephus Joannes Heep te Holwert: f 3.500,00.
Joseph Heep (* Holwert 1797 † dêr 1881), griffier by it Fredegerocht te Holwert, is in private Bank fan Liening foar gâns lju mei ferlet fan sinten; by oerlevering wurdt beweard dat Charles Dickens him met hat op in reis troch Fryslân en dizze jildsjitter as foarbyld naam foar de frek Uriah Heep yn syn roman David Copperfield.

V.2 Anne Gosses Hannema
* Hantum 27-4-1812 † Hantumerútbuorren 21-2-1885, 72 jier; docht op 5-8-1850 belidenis te Hantum; by trouwen en yn 1854, ’59 boer te Hantum; wennet yn 1878, ’79 te Dokkum
x Westdongeradiel 11–5-1852, 40 en 30 jier, Aukjen Sjolles Sinia * Ælsum 21-11-1817 † Hantum 5-4-1859, 41 jier, hûsnr 3; by trouwen sûnder berop te Ælsum; dr f. Sjolle Jacobs Sinia, yn 1817 as jongfeint rintenier ûnder Moarre; yn 1821 boer ûnder Ælsum oant syn ferstjerren as er yn syn 73ste is, en Sybrigje Pieters Banga, boeren te Ælsum
Op 23-4-1879 is der boedelskieding fan replik en ûnreplik guod by Anne Gosses Hannema te Dokkum, wearde: f 17.855,00
Ljouwerter krante, 25 en 26-2-1885:

Aukje Sinia is geboaren by de beppe fan memmeskant Aafke Jans Banga, widdo fan Pieter Lieuwes Banga, boerinne ûnder Ælsum. 
Anne hiert 29-1-1852 in sate mei lân ûnder Hantum fan Frouwkje Tjeerds de Boer, widdo fan Atze Klazes Hoekstra, en fan Grietje Atzes Hoekstra, widdo fan Lourens Lourens Olivier, beide te Jelsum; hiersom: f 1.900,00;
Anne keapet op 19-2-1878 in hûs mei hiem te Dokkum, keapsom: f 2.300,00;
Anne ferkeapet op 4-4-1878 replik guod oan Jan Pieters Banga te Eastrum, wearde: f 9.202,00;
by boedelskieding fan Anne is der oan replik en ûnreplik guod in wearde fan f 17.855,00 

Bern:
1 Sybrigje Annes Hannema * Hantum 6-10-1853 † Dokkum 11-4-1931, 77 jier; by trouwen sûnder berop te Hantumerútbuorren
x Wûnseradiel 24-5-1877, beide 23 jier, Anne Pieters Keegstra * Wierum 6-3-1854 † Dokkum 12-5-1935, 80 jier; boer te Wierum; sn f. Pieter Annes Keegstra, yn 1849, ’54 gernier te Wierum, yn 1862 dêr boer, en Gepke Feddes Keegstra
2 Gosse Annes Hannema, folget VI.1
3 Aukje Annes Hannema * Hantum 29-3-1859 † 7-4-1859, 9 dagen, twa dagen nei har memmes ferstjerren, grif neamd nei har mem

V.3 Rindert Gosses Hannema * Hantum 14-11-1816; yn 1845, ’65 boer te Hantum; yn 1874, ’75 sûnder berop te Dokkum; wennet 19-12-1901 te Hilversum
x Dokkum 9-10-1873, op houlikse betingsten, 56 en 33 jier, Antje Cupery * Hantum 19-3-1840; by trouwen sûnder berop te Hantum; dr f. Freerk Klazes Cupery, kleanmakker te Hantum, en Antje Jans van Dam
Rindert keapet op 27-1-1863 in boerehûs mei hiem en greide te Wâlterswâld, keapsom f 2.000,00;
yn ’e mande mei syn broer Wybe ferkeapet er op 11-10-1893 fêstichheden te Foudgum, Hantum en op ’e Lytse Jouwer, keapsom: f 24.000,00; keaper: Gerardus Becking te Hantum
Bern:

1 libbenleas jonkje *† Dokkum 12-3-1874
2 Wybe Rinderts Hannema
* wennet 19-12-1901 te Amsterdam
3 libbenleas jonkje *† Dokkum 23-7-1878

V.4 Johannes Willems Hannema * Brantgum 14-7-1812 † Hantum 26-8-1855, 43 jier, hûsnr 6; yn 1845 by trouwen boer te Brantgum; yn 1835 boer te Ingwierrum (yn 2019 buorket dêr Andries H. Jensma), yn 1848 oant syn ferstjerren boer op Kinnema sate, Ternaarderwei 1 te Hantum; âlderling, tsjerkfâd; wethâlder fan Westdongeradiel
x Westdongeradiel 15-5-1834, 21 en 23 jier, Jattje Willems Idsardi * Hantum omstrings 1811 † dêr 17-11-1869, 58 jier, hûsnr 4; 9; by trouwen sûnder berop te Hantum, boerinne te Ingwierrum en oant har ferstjerren te Hantum; dr f. Willem Idses Idsardi en Gertje Æbes Kinnema (ek: Geertje; tekenet sels: Kennema), boeren te Hantum
Ljouwerter krante, 31-8-1855:

Kinnema sate ûnder Hantum:

Bern:
1 Baukjen Johannes Hannema * Ingwierrum 13-5-1835 Wolsum 11-10-1856, 21 jier, [] Hantum; fjouwer dagen nei de berte fan har soantsje Johannes; by trouwen sûnder berop te Hantum
x Westdongeradiel 23-3-1854, 19 en 31 jier, Louïs Kijlstra * Tinallinge (Gemeente Baflo, Grinslân) 12-9-1822 Overschie 7-2-1872, 49 jier; docht op 21-8-1841 belidenis te Raard; ferhuzet 14-5-1845 dêrwei nei Grins; Nederlâns Herfoarmd helppreker te Raard, by syn earste houlik idem te Bakkefean, 1853-sept. 1855 dûmeny te Hantum, sûnt te Wolsum, 1858-1870 te Toppenhuzen (wenjend te Skearnegoutum yn 1861, ’62, ’64), sûnt oant syn ferstjerren te Overschie (Noard Hollân); sn f. Renzo Louïs Kijlstra, Ned. Herf. dûmeny, û.o. te Tinallinge en Raard (Raarderhim), en Margaretha Sypkens
Louïs x 1 Smellingerlân 22-9-1850, jier, 28 en 22 jier, neef en nicht, Aukje Jurjens Zijlstra * Drachten 28-9-1827 † Toppenhuzen 14-2-1852; dr f. Jurjen Sipkes Zijlstra, keapman te Drachten, en Yfke Louïses Kijlstra
Louïs x 3 Emden 14-10-1861 (ynskreaun Wymbritseradiel 8-11-1861), 39 en 26 jier, Gepkea Wiebrands Hitjer * Emden, Hannover, Prusen 20-8-1845 † Ermelo 2-10-1911, 66 jier; dr f. Heinrich Johann Hitjer, dûmeny by de Dúts Grifformearde Gemeente, en Annechien Cool
Ljouwerter krante, 14, 17 en 24-10-1856:

Ljouwerter krante, 9, 11 en 13-2-1872:

2 Willem Johannes Hannem, folget VI.2 
3 Geertje Johannes Hannema * Ingwierrum 6-1-1841 † Nes 4-10-1865, 24 jier, hûsnr 80; by trouwen sûnder berop te Hantum, sûnt boerinne te Nes (W.D.)
x Westdongeradiel 19-6-1862, 21 en 26 jier, Hartman Melis Hartmans * Nes 25-1-1836 † Dokkum 11-12-1920 84 jier, nr 80; by trouwen en sûnt boer te Nes; sn f. Melis Hartmans Hartmans en Ytje Harmens Meinsma, boeren te Nes
Ljouwerter krante: 

Heden overleed in den ouderdom van ruim 24 1/2
jaar, mijne geliefde Echtgenoot GEERTJE JOHANNES
HANNEMA mij nalatende een dochterje.
   Zwaar valt mij (die nauwelijks 3 1/2 jaar met haar ver-
eenigd mogt zijn), hare Moeder en verdere Betrekkingen
dit smartelijke verlies. God, in wien ook zij haar vertrou-
wen stelde, trooste ons.
   Nes, den 4 October 1865.   HARTMAN HARTMANS.
4 Dieuwke Johannes Hannema  * Ingwierrum 21-1-1844 Hantum 8-12-1870, 26 jier, oan TBC, hûsnr 4, [] Hantum; by ferstjerren sûnder berop; Dieuwke hâldt yn it lêste jier fan har sykte in deiboek by dat bewarre bleaun is
ferloofd mei har neef Æbe Idses Idsardi * Ie 28-2-1844 † dêr 7-10-1881, 37 jier; boer te Ie; sn f. Ids Willems Idsardi en Trijntje Rienks Douma, boeren te Ie en Ternaard; Dieuwke har mem en Æbe syn heit binne suster en broer
Æbe x 14-6-1872, 28 en 24 jier, Jantje Miedema * Ælsum 27-6-1847 † Hurdegaryp 15-10-1924, 77 jier; twillingsuster fan Marten; dr f. Henrikus Martens Miedema en Anna Maria van Kleffens, boeren te Ælsum
Jantsje x 2 Eastdongeradiel 5-11-1885, 38 en 35 jier, Hendrik Pieters Smids; boer te Tytsjerk; widner fan Antje Gerrits Sytsma; sn f. Pieter Hendriks Smids en Jifke Johannes Halbesma, boeren te Tytsjerk
Ljouwerter krante, 13, 16 en 20-12-1870:

Sjoch:
Dagboek van Dieuwke Johannes Hannema – 1870

-Theo Delfstra – De oude familiekwaal? Familie Hannema, yn De Sneuper, ferieningsblêd fan ’e Historische Vereniging Noordoost Friesland, nr 36, desimber 2019
5 Berend Johannes Hannema, folget VI.3

GENERAASJE VI
VI.1 Gosse Annes Hannema * Hantum 7-3-1855 † Dokkum 25-2-1939, 83 jier; wennet fan desimber 1878 oant syn earste houlik yn 1879 te Wetzens; dêrnei boer te Hantumerútbuorren; wennet yn 1901, ’16 te Damwâld; wennet yn 1927, ’29 te Dokkum
x 1 Westdongeradiel 15-5-1879, 24 en 29 jier, Gertje Martens Kooistra (ek: Geertje) * Easternijtsjerk 23-2-1850 Hantumerútbuorren 19-5-1886, 36 jier; by trouwen sûnder berop te Dokkum, dêrnei boerinne te Hantumerútbuorren; dr f. Marten Jitzes Kooistra, yn 1841 arbeider te Jouswier, yn 1842, ’43 gernier te Easternijtsjerk, yn 1845, ’48, ’50, ’53 dêr arbeider, yn 1865, ’68, ’70 dêr fuorman, en Dieuwke Reitzes Zijlstra
x 2 Westdongeradiel 22-7-1889, Tietje Tjallings de Boer * Rinsumageast 3-5-1860 † Damwâld 11-2-1908, 47 jier; by trouwen húshâldster te Hantumerútbuorren, dêrnei dêr boerinne; dr f. Tjalling Sjoerds de Boer en Jeltje Murks Haarsma, boeren te Rinsumageast
Ljouwerter krante, 13, 14 en 15-2-1908:

Goasse ferkeapet 25-3-1885 greide en in hûs te Nijewier en Dokkum, keapsom: f 1.576,00;
Goasse keapet 6-12-1899 in hûs mei berchplak en hiem te amwâld, keapsom: f 3.000,00;
Goasse ferkeapet 7-2-1904 greide ûnder Ælsum, keapsom: f 3.150,00.
Bern út it earste boask: 
1 Trijntje Gosses Hannema * Hantumerútbuorren 1-5-1880
x Westdongeradiel 10-5-1900 Koert Douwes * Dokkum; bakker te Dokkum; sn f. Dirk Douwes en Froukje de Vries, bakkers te Dokkum
2 Anne Gosses Hannema * Hantumerútbuorren 20-12-1881 † Ternaard 17-1-1959, 72 jier
Bern út it twadde houlik:

3 Jeltje Gosses Hannema * Hantumerútbuorren 8-2-1888 † dêr 18-3-1890, 2 jier
4 Tjalling Gosses Hannema * Hantumerútbuorren 1-2-1891

VI.2 Willem Johannes Hannema * Ingwierrum 30-3-1837 dêr 23-1-1870, 32 jier, hûsnr 55, [] Hantum; boer te Hantum
x Westdongeradiel 11-12-1867, 30 en 25 jier, Tjitske Jans Meinsma * Pæzens 11-6-1842 † Ljouwert 8-1-1906, 63 jier, [] Hantum; by trouwen sûnder berop te Pæzens; suster fan Tryntsje (VI.2); dr f. Jan Harmens Meinsma en Aukje Douwes Stallinga, boeren te Pæzens

Tsjitske x 2 Westdongeradiel 7-5-1875, 32 en 36 jier, Gerrit Arjens Wassenaar * St.-Anne 15-3-1839 † Ljouwert 28-7-1914; boer te St.-Anne, sûnt 1875 te Hantum; bestjoerslid Waterschap Hantumerleeg; sn f. Arjen Boyens Wassenaar en Janke Gerrits de Boer, boeren te St.-Anne
Gerrit x 1 Ljouwerteradiel 21-5-1863, 24 en 23 jier, Grietje Jelles Hiemstra * Britsum 21-2-1840 † St.-Anne 25-9-1868; dr f. Jelle Tjebbes Hiemstra en Trijntje Binnes Binnema, boeren te Britsum

Bern:
1 Johannes Willems Hannema * Hantum 13-11-1869

VI.3 Berend Johannes Hannema
* Hantum 15-12-1848 Hantum 9-4-1910, 61 jier; boer te Hantum; foarsitter Waterschap Hantumerleeg

x Westdongeradiel 22-6-1871, 22 en 23 jier, Trijntje Jans Meinsma *Pæzens 15-12-1848 Hantum 9-4-1910, 61 jier; suster fan Tsjitske (VI.1); dr f. Jan Harmens Meinsma en Aukje Douwes Stallinga, boeren te Pæzens

Berend Johannes Hannema. Foto: Argyf Historische Vereniging Noord-Oost Friesland, Dokkum; mei tank oan Jan de Jager
Ljouwerter krante: 12, 14, 15 en 16-4-1910:

As wetterskipsbestjoerder stiet Berend Johannes Hannema syn namme yn in tinkstien, bemitsele yn it ûnderachtkant, ’e wynmole yn it Hantumerleech, besuden Hantum:
Waterschap Hantumerleeg. Opgericht Anno 1880 onder het bestuur van B.J. Hannema, G.A. Wassenaar, P.P. Bosch, D.B. Memerda, P.M. Memerda. Bouwmeester der molen G.R. van Wieren van Janum.
De mole sloech it wetter út op ’e boezum fan Westdongeradiel en is restaureard yn 1977/’78.
Bern:

1 Johannes Willem Berends Hannema * Hantum 26-3-1872 † Bûtenpost 11-9-1945, 73 jier, [] Bûtenpost; Nederlâns Herfoarmd dûmeny te Stiensgea, yntrede 26-5-1901 te Holwierde-Krewerd (Grinslân), dêr mei emeritaat op 26-9-1937
x Kollumerlân en Nijkrúslân, beide 37 jier, 10-6-1909 Jeltje Wiersma * Burum 29-12-1871 † Bûtenpost 29-12-1945, 76 jier, [] Bûtenpost; by trouwen sûnder berop te Burum; dr f. Eeuwe Jeltes Wiersma en Antje Gjalts Reitsma, boeren te Burum
By testamint fan Jeltje Hannema-Wiersma fan 24-11-1943 wurdt de Wiersma-Reitsma Stichting oprjochte en út de neilittenskip in hûs foar âlden-fan-dagen te Bûtenpost opset: rêsthûs, letter soarchsintrum Herbranda
2 Aukje Berends Hannema * Hantum 19-1-1874 † Burgum 24-3-1971, 97 jier, [] Hantum
3 Jan Berends Hannema, folget VII.1
4 Jattje Berends Hannema * Hantum 18-1-1879 † Burgum 3-1-1969, 89 jier, [] Hantum
5 Willem Berends Hannema, folget VII.2
6 Harmen Berends Hannema * Hantum 8-7-1891 † dêr 19-1-1893, oardel jier, [] Hantum

GENERAASJE VII
VII.1 Jan Berends Hannema * Hantum 26-4-1876 Ljouwert 26-12-1954, 78 jier, [] Hantum; yn 1907 boer te Ænjum, 1916, ’22, ’34, ’35 te Ternaard

x Westdongeradiel 13-7-1904, 28 en 22 jier, Antje Annes Mokma Idsardi * Ternaard 9-10-1881 Ljouwert 24-4-1973, 91 jier, [] Hantum; dr f. Anne Jetzes Idsardi en Ymkje Rienks Spriensma, boeren te Ternaard
Bern:
1 Berend Johannes Hannema, folget VIII.1

VII.2 Willem Berends Hannema * Hantum 20-5-1882 † dêr 12-8-1976, 94 jier, [] Hantum; boer te Ælsum en Hantum
x Westdongeradiel 15-8-1918, 36 en 23 jier, Auckjen Douwes Meinsma * Nes (W.D.) 24-10-1894 † Dokkum 8-7-1983, 88 jier, [] Hantum; by trouwen sûnder berop te Nes; dr f. Douwe Jans Meinsma en Jantje Jacobs Dijkstra, boeren te Nes

Willem Berends Hannema. Fotograaf: S. van der Zyl, Kalverstraat 21, Amsterdam; Foto: Argyf Historische Vereniging Noord-Oost Friesland, Dokkum; mei tank oan Jan de Jager
Bern:
1 Berend Johannes Hannema, folget VIII.2
2 Douwe J.M. Hannema
* 1925 † 1950
Ljouwerter krante, 14-8-1976:



GENERAASJE VIII
VIII.1 Berend Johannes Hannema
* Ænjum 12-10-1907 Almen 21-4-1991, 83 jier, [] Hantum; boer te Hantum. dêr lâneigner; sekretaris-rintmaster Wiersma-Reitsma Stichting te Bûtenpost; regint-tesauri:er Stichting Moeder Wiersma-Leen te Ænjum

x Adriana Maria van Ellinkhuizen * Den Haach 19-9-1922 † Almen 25-1-2002, 79 jier, [] Hantum
Ljouwerter krante:


VIII.2 Berend Johannes Hannema * Ælsum 27-5-1921 † Ljouwert 31-10-1990, 71 jier, [] Hantum
x Tine Antje Kooyman * Zierikzee 14-1-1923 † Benidorm 7-3-1997, 74 jier, [] Hantum
Bern: 4