GENEALOGY
HESLINGA
heslinga

Heslinga
(Hinnaard, Hidaard, Marsum)

Wapenregistraasje Fryske Rie foar Heraldyk 2016

Trochsnien, A. yn grien trije gouden klavers, pleatst 2 en 1; B. yn read in sulveren hús- of hânmerk yn ’e foarm fan in omwende 4, mei links en rjochts in skeane staak ûnder tsjin de stôk oan en rjochts in koarte fertikale staak geand troch de horizontale staak.
Helmteken: in griene klaver.
Helmkleed: grien, fuorre fan giel.
Boarne: laksegel (1679) fan Jacobus Claessen Heslinga (stoarn 1682/1696), boer te Boksum, meirjochter fan Menameradiel, ûndertr. Marsum 25-1-1663 Hainsck Mattheus Metsma (Hof van Friesland, bijlagen civ. sent. 78-24). Kleuren fan ynstoerders. It hús- of hânmerk wurdt (net omwend) yn farianten al brûkt troch syn pake en dy syn neiteam (1647, 1663).
It wapen fan Ynskje Sybrens Heslinga (1772-1814), frou fan Wybrandus Tjeerd van der Leij, notaris te Drylst, op har grêfstien fertoande de Fryske earn mei links trije klavers (1 en 2), sûnder merk (cf. T. Kingma, Bitgum (Ljouwert 1988), 289).
It wapen mei brûkt wurde troch de neiteam mei de namme Heslinga fan Sybrandt Hansz (pake fan Jacobus) einierd boer op Heslinga State te Marsum. De âldst bekende foarfaar is syn pake Jorryt Hansz te Hinnaard, neamd 1532-1538 (-1543?).
Ynstjoerders: Jan Tækele Anema, Vijverlaan 94, 3062 HM  Rotterdam en Stichting Erfgoed Fundaasje, Vredeman de Vriesstrjitte 59, 8921 BS  Ljouwert.
Publisearre yn Genealogysk Jierboek 2016, Fryske Akademy, Ljouwert 2016.

STAMRIGE
HESLINGA

Undersyk: Ype Brouwers, genealooch te Ljouwert, yn ’e mande mei Erfgoed Fundaasje
Sjoch fierders û.o.:
Frysk Kertiersteateboek – Gerben Wartena en Goasse Brouwer: Brouwer-Damsma, Fryske Akademy, Ljouwert 1996
-T. Kingma: Bitgum – Skiednis fan Bitgum en Bitgummole, Fryske Akademy, Ljouwert 1988, side 289 e.f.


De arabise nûmers korrespondeare mei dy yn ’e Kertiersteat Brouwer-Damsma 

I
2112/2113
Jorryt (grif Hansz te Ingelum); 1511 te Ingelum, 1543 te Boksum, wennet ek te Hidaard, hat yn 1543 lânbesit yn Jorritsmasate te Easterwierrum
x
 Rins N.N.

Soan:
II
1056/1057
Hans Jorritsz
 * omstr. 1520 † nei 1597, boer op Altena te Hidaard (stim 3)
x foar 1557
Anna Ryoerdtsdr, libbet noch yn 1597

Soan:
III
528/529
Sybrand Hanses Heslinga
† nei 1640; yn 1594 te Boksum 1594, yn 1614 te Tsjom; yn 1615 te Ingelum 1615; letter Marsum, eigner en brûker fan Heslinga state (stim 3; keapet yn 1614 en 1616 oanparten dêryn)
x 1 foar 1594 Yd Keympedr
x 2 Rixt Siurdtsdr † tusken 1616/1617

IV
264/265
Claes Sybrands Heslinga
* omstrings 1602 † 1669 of 1670; eigner, brûker en ûntfanger te Marsum op Pinnema sate
x (tredde prokl. Marsum 27-12-1627) Ljouwert 27 sept. 1629
Tet Hobbes Hiddinga * Penjum 1604/05 † tusken 1678 en 1681; x 1 Jacob Hessels

Soan:
V
132/133

Jacobus Clases Heslinga † tusken 1692 en 1696, boer op Diorrema state te Bokum; assessor (=wethâlder) en meirjochter fan Menameradiel, x Boksum 1663
Hanck Mattheus Metsma * 1663 † tusken 1718 en 1728, Hanck buorket yn 1698 op Heslinga state

Soannen:
VI
70/71
Petrus Jacobus Heslinga *1664, boer te Bitgum; doarpsrjochter te Boksum
x
Antie Gerrits

66/67
Schelte Jacobus Heslinga
*1674, boer te Marsum en Bitgum
x
Eelck Clases

32/33
Gerbens Piers
x
Wijke Scheltes Heslinga

34/35
Sipke Jans ~ Hitsum 13-1-1709, boer op stim 18 dêr; sûnt omstrings 1748 timmerman te Boksum; neffens Personele Kohieren: wennet er yn 1748 te Boksum (nom. ux. £ 1600; oant 1764 of letter); Kwotisaasjekohier: wel in staat, 2+3, 30-0
Sipke Jans; timmerman, tr. ca. 1742 Pietje Petrus Heslinga (el. 1773),  (geb. Hitzum): Taetske, 2 aug. 1743, Hankje, 5 maart 1745 (tr. Pieter Ymes), Aukje, 6 okt. 1746 (geb. Boksum): Petrus, 28 sept. 1749 (later ook timmerman), Jacomijntje, 24 april 1753
x omstrings 1742
Pijtje Petrus Heslinga
(fansels ek: Pietje Petrus Heslinga; Pytje Petrus Heslinga)
Bern:
1 Tætske Sipkes Heslinga
* Hitsum 2 aug. 1743
x Klaas Gerbens Brouwer
Sjoch: Genealogy Brouwer 1 – IX
2 Hankje Sipkes Heslinga * Hitsum 5 maart 1745
x Pieter Ymes
3 Aukje Sipkes Heslinga
* Hitsum 6 okt 1746
4 Petrus Sipkes Heslinga
* Boksum 28 sept 1749; timmerman te Boksum
5 Jacomijntje Sipkes Heslinga
* Boksum 24 april 1753 ~ dêr 13-5-1753 † Wiuwert 4-12-1782, 29 jier;
x Wiuwert 28-5-1780 Jouke Petrus Kuperus ~ Wiuwert 15-4-1752 † Jorwert foar -7-1810; mr timmerman te Jorwert;
Jouke x 2 Jorwert 21-12-1783 Hiske Lieuwes Faber.

Yn besit fan Geertje Meindersma-de Boer en Sake Meindersma te Burdaard is in leppel út de Heslinga’s mei de inisjalen S. en P. en dêr tuskenyn in klaverblêd. Dy S. en P. sille stean foar Sipke Jans en Pijtje Petrus. De leppel is oerurven út Geartsje har foarâlden Heslinga; har mem hyt Jacomina, úteinlik ferneamd nei de dochter fan Sipke Jans en Pytje Petrus Heslinga.

Heslinga
oanfulling
Kertiersteat Brouwer-Damsma 


264 
Claes Sybrands Heslinga
x (tredde prokl. Marsum 27-12-1627) Ljouwert 27-9-1629
265 Teth Hobbes Hiddinga, widdo fan Jacob Hessels.
-Op 26-11-1678 (HfF EEE5 34v) makket Teth Hobbes Hiddinga, lêst widdo fan Claes Sibrandts Heslinga, te Marsum har testamint. Hja hie by houlik aardich wat lânbesit te Penjum ynbrocht (û.o. yn Hiddinga plaets), meast mandelich mei de erven fan Jelbe Hobbes, en wie erfgenamt wurden fan har bern by har earste man Jacob Hessels. Erven wurde har fjouwer bern: Rixtie, Jacobus, Gatske en Trijntie Claeses Heslinga.
-Yn 1687 (FRL EE8 285v) keapet jfr. Eelckien Kann, frou fan Francois de Swart, deputearre steat te Ljouwert, omtrint 12 pm yn ’e pleats te Tritsum dêr’t hja de oare 24 pm fan besit fan Jacob Heslinga, âld rjochter fan Menameradiel, en Trijntie Classen Heslinga foar 54 goudg. it pûnsmiet. (stim 33 fan Tsjom)
-Yn 1694 (MEN E6 14) Jacobus Heslinga, meirjochter fan Menameradiel, en frou te Boksum en Trijntie Claeses Heslinga, frou fan Sybren ‘Sierts’ Heslinga, as erven fan Claes Sybrants Heslinga en Tettie Hobbes. 

528 Sibrandt Hansz, te Boksum 1594, Tsjom 1614, Ingelum 1615, letter Marsum, st. nei 1647, tr. 1. foar 1594 x Yd Keympedr;
x 2
529 Rixt Siurdtsdr, stoarn 1616/17
-Yn 1594 (MEN A3 313) keapje Jan Jacobz en Reynsck Sybedr by Ljouwert 1½ pm op it nijlân fan Marsum fan Rints Keympedr, frou fan Andries Claesz, en Yd Keympedr, frou fan Sybrant Hansz, te Boksum foar 125 goudg.
-Yn 1615 (MEN A7 226) keapje Sibren Hansz en Ricxt ‘Simensdr’ te Ingelum ¼ fan Heslingasate te Marsum, grut 93 pm, ynklusyf omtrint 5 pm terp en oanpart fan de huzing fan jfr. Anna van Elsma foar 92 goudg. it pûnsmiet.
-Yn 1616 (MEN A7 233) keapet jr. Julius van Eysinga, luitenant te Wurdum, in sate te Marsum, brûkt troch Andries Classen, fan sa’n 108 pm fan jr. Siuck van Winia foar 95 goudg. it pûnsmiet. Sybrant Hansz en Rixt Siuertsdr nimme de keap oer.
-Yn 1617 (HfF YY26 281) Sibrand Hansz, mei as heit fan syn bern by Ricxt Sieurdtsdr, kontra Siuck van Winia te Marrum en Andries Claesz en Rints Kempedr te Marsum.
-Yn 1626 (HfF WW17 196) Sybrandt Hanssen, mei fanwege syn bern, kontra Andries Claesz en frou. Yn 1616 hie Sybrandt troch nearkeap foar 14000 karg. fan Siucke van Winia en Julius  van Eysingha de pleats te Marsum fan 108 pm yn besit krigen dêr’t Andries wennet. Hy hat no fan Andries 3870 goudg. fan efterstallige hier tegoede.
Dat moat dan hast wol Pynnama sate betreffe. Dêrneist hie Sibrand noch in tredde pleats, Groustera sathe, kocht: sjoch ûnder 1058/1059.2.
-Yn 1624 (HfF WW15 388) Sibrant Hansz, mei fanwege syn bern by Ricxt Siuertsdr, kontra Georch vrijheer thoe Swartsenburch en dr. Albertus Monckhuys, abbekaat.
-Yn 1640 is Sybrant Hans fanwege syn bern eigner fan ½ fan stim 33 (Tritsum) fan Tsjom mar ek fan krapoan 12 pm yn stim 31 dêre.
-Yn 1642 (FRL EE7 118v) keapje Wlbe Tyallings en Eelck Douuedr te Tsjom 12 pm minus 4 eins yn har sate te Tritsum en 5 eins yn Ducklemeer te Kûbaard fan Claes en Hans Sybrens te Marsum elts foar ¼ en Sioerd Sybrens foar ½ foar 1200 goudg. (stim 31)
Soan Keympe hie in dochter Ydtie en de jongste bern hiene allegear in dochter Rixt. Sjoen de ferkeap fan 1642 wie de neilittenskip fan Rixt Siurdtsdr yn fjouweren ferdield. Dêrom sil soan Ryuerd foar it neiste út it earste houlik west hawwe.

Ut it earste boask:

  1. Keympe Sybrands, stoarn Marsum foar 1641, tr. 1. N.N.; tr. 2. (ûndertrou Marsum 11-4-1631) Trijn Goslycx, fan Goutum. Sy tr. 2. Ingelum 10-7-1647 Heyn Claessen.
    Yn 1647 (MEN I17 161) wurdt te Marsum de neilittenskip beskreaun fan Keympe Sybrens; widdo Trijntie Goslycksdr is op ’e nij troud mei Heyn Claessen. Fêstgoed: de huzing op de 70 pm lannen fan Sybren Hanses, 1½ pm, ôfkaam fan Keympes mem, in pacht fan 1 goudg. út it hûs dêr’t Sybren Hansen wennet. Der is in tegoed op Hans Sybrens as boarch foar Siuerdt Sibrens. Sybren Hansen en Claes Sybrens soene oansteld wurde as fâden oer dochter Sitske Keympes mar hja kamen net opdage. Der moat in skieding komme mei de widdo en mei Jitie Keympedr, frou fan Taecke Aetes.Ut it earste houlik:

1)  Ydtie Keympes, tr. 1646 Taecke Ates, fan Britsum.

2)  Sydtske Keympes Heslinga, tr. 1652 Tiaerd Jacobs, boer op Heslinga state.

Yn 1660 (MEN A10 325v) keapje Tiaerd Jacobs en Sytske Keimpes Heslinga te Marsum 1/3 fan Heslinga state, grut 70 pm, dêr’t sy buorkje, en noch 1/3 fan it ‘roodtpandhuys’ dêr’t foarhinne keapers pake Sybrant Hansen wenne fan Saeckle Ruyrts Heslinga foar 4660 goudg.

Wierskynlik ek:

  1. Ryuerd Sybrensz, tr. (tredde prokl. gerjocht Hinnaarderadiel 20-8-1623) Hiscke Sybrensdr, dochter fan Sybren Saeckles en Saeck Wopkedr Popta te Itens.

Ut it twadde boask:

  1. Claes Sybrands Heslinga = 264.
  2. Syoert Sybrands, tr. (ûndertrou Marsum 28-2-1629) Martie Gerrytsdr Deysma (tinklik suster fan Jan, hjirûnder).

Op 22-5-1645 wurdt Sioerd Sibrens, berne te Marsum, boarger fan Ljouwert.

  1. Hans Sybrands Heslinga * omstrings 1610; boer te Marsum en Bitgum; doarpsrjochter te Bitgum;
    x 1 (ûndertrou Marsum 1-9-1633) Pietje Diurredr Wiglama (ek: Pytrick); dr fan Diurre Gosses Wiglama en Trijn Jorrytsdr te Ingelum
    x 2 Bitgum 21-4-1671 Rinske Klases; kollekteurske te Bitgum; is 1640 foar ½ eigner en  brûker fan Marsum stim 24 (MEN O8 45, 223fierder (hat grutte skulden yn 1647);
    Bern:
    1 Sybren Hanses Heslinga † Marsum 1711; yn 1675 boer te Marsum; dêr doarpsrjochter; personele kohieren 1705 £ 2000 (oantekening 1707: hûs ferbaarnd); 1710 £ 500, 1711 de erven, 1724: Klaas Hylkes; MEN I39 407, invent. en autor. 23-4-1711;
    x 1 Grietje Fercks Wiglama; yn 1698 brûker fan nrs 19 en 34; st
    x 2 Marsum 15-9-1700 Grietje Tjerks
    Grietje x 1 N.N.
    Bern:
    1 Pytrick Sybrens Heslinga (ek: Pietje) ~ Marsum 27-1-1675; komt 20-11-1711 mei attestaasje út Feinsum-Hijum yn Marsum; komt op 4-11-1717 mei attestaasje út Marsum yn Hallum;
    x Feike Nammens; sjoch: Genealogy Nammensma V.1
    2 Antje Sybrens Hesklinga ~ Marsum 8-2-1680
    3 Trijntje Sybrens heslinga ~ Marsum 13-8-1682
    4 Hans Sybrens heslinga ~ Marsum 2-11-1684
    5 Klaas Sybrens Heslinga ~ Marsum 26-12-1686; is yn 1711 ‘uitlandig’, ferbanne?
    6 Ferk Sybrens Heslinga ~ Marsum 14-4-1689; ‘innocent’
    7 Saakje Sybrens Heslinga ~Marsum 27-4-1692
    8 Sjoerd Sybrens Heslinga ~ Marsum 13-1-1695
    2 Rixt Hanses Heslinga
    3 Pytrick Hanses Heslinga ~ Bitgum 6-10-1672

Yn 1646 (FRL EE7 166v) keapet Gerryt Jansen Munckhuys te Spannum ¼ fan Tritsumer sate fan 48 pm, brûkt troch Jelle Melles, belêste mei 14 fl. minus ‘een riael’ en 3 fl. rinte fan Hans Sybrens Heslinga te Bitgum foar 150 goudg. it pûnsmiet. (stim 33 fan Tsjom)

Yn 1647 (MEN O8 223) drage Hans Sybrens en Pytrick ‘Jacobs’ Groustra sate te Marsum, omtrint 40 pm, oer oan syn heit Sybren Hansen foar 172 goudg. it pûnsmiet.

Yn 1659 (MEN A10 320v) keapet Saeckle Ruyrts te Marsum 1/6 fan Pynama sathe en 1/6 fan Heslinga sathe dêr fan Hans Sybrants Heslinga en Pyttrick Diurres Wiglama te Bitgum foar 4900 goudg. Claes Sybrens Heslinga protestearret en leit ek it near.

Bern, doopt te Marsum: Rixt, Tietske, Antje, te Bitgum: Sybrant en Jeltje.

  1. Idtye Sybrants, tr. Jan Gerryts (Eysma), te Marsum (tinklik broer fan Martie hjirboppe).

Yn 1651 (MEN O8 225) liene Jan Gerryts en Idtye Sybrants te Marsum 250 goudg. fan Siurdt Sybrens en Marij Gerryts te Ljouwert.

Yn 1659 (MEN A10 320v, 321, 321v) keapet Saeckle Ruyrts Heslinga te Marsum 1/6 fan Groustera sathe foar 364 goudg. en 1/6 fan Pynnama sate, brûkt troch Claes Sybrens, en 1/6 fan Heslinga sate, brûkt troch Tiaerd Jacobs, te Marsum sa’t dat neilitten is troch Sybrant Hansen, fan Jilje (Jilse) Jans en Antie Dirckx, Hans Jans en Ebbcke Franses te Marsum, mei foar Rixtien Jans, frou fan Claes Minnes, te Beetstersweach en de minderjierrige Antie Jans, bystien troch har fâd Claes Sybrants, foar 4550 goudg.

Ut dit houlik:

1)  Julius Jans, tr. 1. Ljouwert 11-8-1658 Andrieske Feddrix; tr. 2. Marsum 13-5-1660 Antie Dircks.

2)  Rixst Jans Eyssma, tr. Marsum 23-7-1654 Claes Minnes Crabbe, mr. goudsmid te Beetstersweach.

3)  Hans Jansen Eisma, tr. foar 1659 Epck Fransdr, dochter fan Frans Scheltes (MEN I23 393).

4)  Antie Jans, berne nei 1634.

1056 Hans Jorrits, kleastermeier te Hidaard
x foar 1557
1057 Anna Ryurdtsdr, beide stoarn nei 1597
-Yn 1544 (HEN K2 27v) keapje Hans Jorryts en Auck te Hidaard 3 pm 5 eins yn lannen te Easterein fan Jan Claesz en Dirck Ysbrantz fanwege Anna en Tied Auckedrs dy’t dat fan har heit en mem erfd hiene.
-Yn 1552 is Hans Jorrytz te Hidaard foarsjoen fan harnas, spys en degen.
-Yn 1588 (MEN A2 107) protestearje Hans Jorryts te Hidaard en Sipke Douues te Easterein tsjin de opsizzing fan de hier fan har lannen troch Geet Syrcx widdo te Ingelum.
-Yn 1597 (BAA P2 28) keapje Aeltien Sakles en Rixt Hesselsdr te Baard 5 pm te Britswert, brûkt troch Jelle Hancks, fan Hans Jorrits en Anna Ryurdtsdr te Hidaard en jitris 5 pm fan Ryurdt Takles te Winsum, beide foar 199 goudg.
-Yn 1614 (MEN A7 5, 6) hiere Sytze Pyetersz en Meinert Reinsz te Ingelum 14 (of 13) pm 8 eins fan Sybrant Hansz te Tsjom, Jorit Hansz en Folckert (ek Lolcke) Pietersz fanwege syn frou Rints Hanses en mei rjocht troch skieding fan de oare erven fan Hans Jorrits.
-Yn 1616 (MEN A7 109) Sybrandt Hansz te Marsum, mei foar de oare erven fan syn heit Hans Jorits, kontra Sytse Pieters te Ingelum.

Ut dit houlik:

  1. Sybrant Hansz = 528.
  2. Jorryt Hansen, te Hidaard, tr. Goyts Galedr.

Yn 1647 (HfF EEE2 116v) meitsje Jorryt Hansen en Goyts Galedr te Hidaard har testamint. Fêstgoed: 35 pm ûnder Warkum, 28 pm te Hidaard en 6 pm te Hinnaard. Soan Hans Jorryts hat by Doetie Binsedr in dochter Siouck, dochter Rinck Jorryts hie by Keimpe Oenes Jorna trije bern.

  1. Rints Hanses, tr. Folckert (of Lolcke) Pietersz.

4 [?] Johannes Hansz, tr. om 1613 hinne Tziets Lolledr.

Yn 1633 (MEN I11 347) wurde op fersyk fan Tziets Lolledr, widdo fan Johannes Hansz, Sybren en Jorryt Hansen oansteld as fâden oer har soan Frans Johannes, 19 jier.

1058 Syurt Tyebbez, boer te Tritsum
x foar 1566
1059 Jets Hotzedr, beide stoarn nei 1598.

Yn 1566 (FRL EE3 74) keapje Douue Hotzez en frou en Syurt Tyebbez en Jets Hotzes de lêste ben fan Gerben Claesz út Tritsum, stim 33 fan Tsjom.

It grutste bedriuw fan Tritsum, stim 31 fan Tsjom, wie fanâlds 144 pm en hearde ta oan Lysck Doekema en yn 1514 oan har soannen heer Wcke en Haye Doeckez. Yn ’e jierren 1583 oant ’95 keapje Syuerd Tyebbez en Jets Hottzedr de neikommelingen fan dy lêste fierhinne (dat is: foar 5/8 part) út de pleats dy’t ferfolgens yn 1640 trochgiet foar 90 pm.

Tegearre mei Douue Hotzez, broer fan Jets, besitte hja yn it lêst fan de 16de iuw rûchwei de stimmen 31 en 33 fan Tsjom. Blykber hawwe broer en sus dat besit doe wat reorganisearre dêrby’t it grutste part fan stim 31 oan Douue tafoel en oan Syurt en Jets stim 33 plus sa’n 35 pm yn stim 31. Yn ’e rin fan de 17de iuw wurde de bern fan Syurt en Jets troch de bern fan Douue folslein út stim 31 kocht.

Yn 1590 beskikt Syurd Tiebbes te Tsjom oer harnas en sydgewear.

Yn 1598 (HEN K8 42v) protestearret Syurdt Tyebbez te Tsjom as man fan Jets Hotzedr by in ferkeap troch Hen Tyercxdr, frou fan Wabbe Wabbez en folle nicht fan syn frou.

Ut dit houlik:

  1. Meycke Syoertsdr, tr. 1. om 1593 hinne Jan Jacobs, stoarn Penjum 1596; tr. 2. Boyen Claeses.

Sjoch foar har: kertieren fan Sible Hettinga 2.376.

Yn 1619 (FRL EE6 78v) keapje Hotse en Wilcke Douuez te Tritsum ûnder Tsjom de 10 pm 7½ eins dy’t ferkeapster yn har sate fan har âlden erfd hie fan Meycke Syoertsdr, frou fan Boyen Claesz, foar 913 goudg. (stim 31)

Ut it earste boask:

1)  Gerryt Jansen Munckhuys, berne 1594, te Spannum.

     Yn 1649 (FRL EE7 197) keapet Claas Boeyens te Kimswert in sate fan 35 pm te Achlum fan Gerryt Jansen Munckhuys te Spannum foar 2500 goudg.

Yn 1646 kocht Gerryt 12 pm yn Tritsum stim 33 (sjoch by Hans Sybrens Heslinga).

     Yn 1670 (FRL EE8 94v) keapet Claas Boiens, húsman te Kimswert, 18 pm, dat is in tredde fan de 54 pm, te Tritsum ûnder Tsjom, brûkt troch Focke Douwes, fan de bern en erven fan Gerryt Jansen Munnickhuys te Winsum foar 105 goudg. it pûnsmiet. (stim 33)

2)  Trijntje Jans, berne 1595, tr. 1615 Baucke Bauckes.

Ut it twadde boask:

3)  Claas Boiens, te Kimswert.

  1. Jisck Sioerds, as widdo eignerske fan ½ fan stim 33 fan Tsjom 1640, tr. Jantie Taeckes, te Tsjom 1620, grif soan fan Taecke Lollez en Tiets Janckedr.

Yn 1614 en ’16 (HfF YY25 56, YY26 135, 136) Sibrand Hansz en Ricxt Sieurdtsdr te Marsum kontra Pieter Claesz fanwege syn soan by Biuck Takedr (ferl. GJb 2013 268) en mei foar de oare erven fan Taecke Lollez en Tiets Janckedr en Jancke Taeckez te Tsjom, mei foar Heyn Jacobsz te Ingelum. Hja moatte Sibrand de 36 pm leverje oerienkomstich de keapakte ynklusyf de 6 pm min 3 eins dy’t Jancke Taeckez kocht hie fan Claes Pyers c.s.

     Yn 1620 (HfF WW11 514, 517) Sibrand Hansz te Marsum sels en as heit fan syn bern by Rixt Siurdtsdr kontra Jencke Taeckes en frou te Tsjom. Sibrand hie op 30-4-1610 30 pm (5/6 fan 36 pm) op it nijlân kocht fan de erven fan Taecke Lolles. Dêrfan hie Jencke Taeckes doe 9 jier rjocht fan hier en no wol Sibrand him de hier opsizze. Dêrneist hie Sibrand fan Jencke kocht wat dy fan syn âlden erfd hie. Utspraak: Jencke moat Sibrand de 30 en de 6 pm folgje litte.

Yn 1637 (FRL EE7 91) keapje Wlbe Tyallings en Eelck Douuedr tot Tritsum 12 pm yn har sate fan 86 pm minus 3 eins fan Jisck Sioerds, widdo fan Jantie Taeckes, foar 101 goudg. it pûnsmiet. De sibben en mei-eigners Claes en Hans Sybrandtsz te Marsum wolle de keap oernimme. Wlbe bringt dêr tsjinyn dat syn frou folle nicht is fan ferkeapster.

     Jantie en Biuck Taeckes hiene noch in suster Hots, sjoch 2116/2117.6.

  1. Rixt Siurdtsdr = 529.

2112 Jorryt (grif Hansz ): te Ingelum
x
2113 Rins N.N.

Yn 1511 (RvA 1624) buorket Joryt Hansz op in pleats fan 69½ pm te Ingelum; 21½ of 22½ pm binne syn eigen.

Yn 1588 besit Hans Jorryts lannen te Ingelum; syn bern besitte dêr yn 1614 sa’n 14 à 15 pm. Dat liket in oanwizing dat Joryt Hansz syn heit west hawwe sil.

Ut dit houlik:

  1. Hans Jorrits = 1056.
  2. Johannes Jorrytz, tr. Taets.

Yn 1559 (HEN K3 32) keapje Hans Jorrytz en Anna Ryoerdtsdr te Hidaard 2/7 fan 21 pm 9½ eins fan Johannes Jorritsz en Taets.

  1. Sybren Jorrytz.

Yn 1558 (HEN K3 12) keapje Johannes Jorrytz en Taets 1/7 fan 21 pm 9½ eins yn Heringe zate te Hinnaard fan Sybren Jorrytz.

  1. Wybe Jorrytz, berne om 1532 hinne.

Yn 1557 (HEN K3 5) keapje Hans Jorrytz en Anna Ryoerdtsdr te Hidaard 1/7 fan 21 pm 9½ eins yn Heringhe zate te Hinnaard fan Wybe Jorrytz mei ynstimming fan syn mem Rins.

  1. dochter, frou of mem fan Sipcke Doekez.

Yn 1580 (HEN K6 9v) keapje Hans Jorrytz en Anna Ryuerdtsdr te Hidaard 1/7 fan omtrint 20 pm yn Heringa sate te Hinnaard fan Sipcke Doekez foar 78 goudg.

2116 Tyebbe Syuerds; te Tsjerkwert, ek Wurdum (1561)
x foar 1538
2117 Mey Taeckedr

Sjoch ek GJb 2017 106.

Yn 1552 is Tyebbe Syoerdtz te Tsjerkwert foarsjoen fan in harnas.

Yn 1561 Tyebbe Syuerdtsz te Wurdum en skoanheit Take Abbez.

Yn 1563 (HEN K3 435v) beliene Hoyte Tyebbez sels en Renick Poppez as fâd oer Jets Tyebbedr, frou fan Dedde Pietersz, in rinte fan 7 goudg. út Oldehuys te Lytsewierrum oan Gerloff Wlbetz en Sipcke Takez as fâden oer Syuerdt Siboltz foar 100 goudg.

Ut dit houlik:

  1. Hoyte Tyebbez, berne foar 1538.
  2. Jets Tyebbedr, berne nei 1538, tr. foar 1563 Dedde Pietersz.
  3. Syurt Tyebbez = 1058.
  4. Douwe Tyebbez, stoarn nei 1569.
  5. Atte Tiebbez, stoarn sûnder bern 1580/83.

Yn 1580 (HEN K6 8v) keapje Syuerdt Siboltz en Rieme Emedr te Lytsewierrum 1/6 fan 26 pm yn Oldehuys dat Atte en Sibolt Tyebbez erfd hiene fan har âlden foar 150 goudg.

Yn 1583 (HfF YY14 108, 267) easkje folmachten fan Doed Ebedr fan Syurdt en Sybolt Tiebbez en de fierdere erven fan Atte Tiebbez in ynfentaris fan it stjerhûs.

  1. Sibolt Tyebbez, te Kûbaard, tr. Hots Taekedr, dochter fan Taecke Lollez en Tiets Janckedr.

Yn 1589 (HEN K7 20v) keapje Sybolt Tyebbez en Hots Taekedr te Kûbaard omtrint 14½ pm yn Lutke Oldehuys te Lytsewierrum fan Syurdt Syboltsz te Jorwert foar 600 goudg.

     Sjoch foar har fierder Jacob van Sluis en D.J. van der Meer, Het geslacht Hemsterhuis, GJb 1991.

2118 Hottye Syuerdts, boer te Tritsum ûnder Tsjom 1531, tsjerkfâd 1550, stoarn 1555/58
x
2119 N.N.

Yn 1528 (HfF WW1 97, 168; HEN K1 51v) Hoyttye Zyeurdtsz te Tsjom kontra û.o. Haringh Jeltez te Kûbaard oer ½ pleats te Tsjom dy’t Hoyttye earder ferkocht hie.

Yn 1531 (HEN K1 406) ferkeapet Hottye Syurdtz te Tritsum ûnder Tsjom oan Feddrick Gerroltsz te Swijns ûnder Wommels 3 pm 3 eins yn syn pleats foar 14 goudg. it pûnsmiet.

Yn 1543 (Bb 503, 508, 511) komt de pastory fan Frjentsjer 3 st. ta út de pleats te Tritsum dêr’t Hotze wennet, de fikary St. Nicolai dêr 3 st. út ‘Trytzum toe Tzum’ en de fikary St. Katharinen dêr 3 st. út ‘Tridtzum van eenen genaempt Horcie’.

Dat binne dan mei-inoar de 9 st. dy’t de prysters fan Frjentsjer ek yn 1511 hjirre takomme.

Yn 1545 (FRL EE2 194) moat Hotze Syuerdtsz de fikarus fan Frjentsjer 21 stoer foldwaan fan sân jier efterstallige rinte fan 3 st.

Yn 1550 (FRL EE2 71) binne Hoythe te Tritzum, Upcke Claesz en Sicke oppe Campen tsjerkfâden fan Tsjom.

Folget no de oankeapen yn Tritsum, stim 33a.

Yn 1552 (HfF YY4 42, 43, 275) wurdt fonnis wiisd yn ’e kwesje fan Sieurdt Hansz, mei foar syn susters (earder fan har mem Hoets Claesdr), Syurdt Hottzes foar himsels en Hilcke en Sirick Diorrez as fâden fan de bern fan Gerbe Claesz kontra Hoitthie Syeurtsz, Taede Herez fanwege syn bern, Jan Foeckes fanwege syn bern en mr. Jan van Arum, mei fanwege syn bruorren Jacob en Claes Dircxz. Utspraak: foar de easkers Sieurdt Hansz c.s. wurde 25 pm fan de betreffende pleats ôfsûndere troch in sleat; oan mr. Jan c.s. komt 16 pm yn dy pleats ta.

De eftergrûn fan dy kwesje is ek wol dúdlik: de easkers woene har besit kwyt. Fuort yn 1553 ferkeapet Syurdt Hotzez syn diel (sjoch ûnder Tritsum 33b). Fierder:

Yn 1553 (FRL EE2 109, 110) keapje Frans Wopckez en Anna Sybedr te Tallum ûnder Tsjom twaris 3½ pm 4  eins yn in stik fan 25 pm yn ’e sate te Tritzum ûnder Tzum, brûkt troch Hotze Syurtz, fan Geert Hansdr, frou fan Stoffel Pieterz, en fan Syurt Hansz en His Piersdr. Syurt Hotzez makket beswier fanwege syn fordering en Hottye te Tritzum leit it near op beide ferkeapen. Hy wurdt keaper op betingst dat hy de kosten fan 88 goudg. dy’t keaper Frans makke hie binnen in moanne fergoedet.

Yn 1555 (FRL EE3 9v) keapet Hotze Syurdtz te Tritzum 3½ pm 4 eins yn syn sate fan Meyns Hansdr, frou fan (Aerien?) Claesz, dy’t dat fan har mem erfd hie.

Dat makket yn totaal 3 x 3½ pm 4 eins = 11½ pm.

De erven fan Gerbe Claesz hawwe earst har mearderjierrichheid ôfwachte:

Yn ’e jierren 1564-‘66 (FRL EE3 62v, 64, 68, 69, 71, 73v, 74) ferkeapje de bern fan Gerben Claesz ien foar ien har oandiel fan 20 eins dat sy fan har heit erfd hiene yn ’e sate te Tritsum. It betreft 1/7 dielen, keapers binne de boeren op de pleats Douue en Jets Hotzes, dat lêste jier beselskippe fan har frou en man.

Dat makket yn totaal 7 x 20 eins = (rûchwei) 11½ pm. Hjirmei binne de neikommelingen fan Claes Gerbaz op de Hem (de bern fan Hoets en Gerbe Claes) mei har 23 pm folslein út Tritsum 33a kocht. Tegearre mei it hoekje fan goed 2 pm fan Syurdt Hotzez (dy man sil net besibbe wêze al soe men dat op grûn fan syn namme wol tinke) is it folsleine stik fan 25 pm fan it proses hjirmei terjochte kaam by de brûkers fan de pleats.

As lêste de oankeapen yn Tritsum, stim 33b.

Yn 1540/44 (FRL EE1 14, 19, EE2 2) keapet Hotze Syurdtsz trijeris 2 pm 3 eins yn syn pleats te Tritsum fan Wybe Lyeuwez te Iens, Lyeuwe Gerbez en Jarig Ritskez.

Yn 1547/48 (Rr 15 18v; FRL EE2 363) keapet Hoytzie Zuyrdts te Tritsum by dekreat 9½ pm dêre fan ’e tsjerkfâden fan Tsjom foar 38 goudg.

Yn 1553 (FRL EE2 115) keapet Hotze Syurdtz te Tritzum 2 pm plus 1/3 fan 8 eins yn syn pleats fan Syurdt Hotzez en Hilck Dircxdr.

Dat liket wer krekt sa’n stik fan 2 pm 3 eins as by de oankeapen hjirfoar en datselde jildt foar oankeapen fan 1554 en ’58 fan 16 + 11 eins.

Yn 1554 (FRL EE2 127) keapet Hotze Syurdtz te Tritzum 16 eins yn syn pleats fan Eelck Jansdr, Lieuwe Wiglez en Syurdt Wiglez, dy’t dat erfd hiene fan Wigle Lieuwez.

Yn 1558 (FRL EE3 28v) keapje Syurdt, Wybe, Sicke, Agge en Lieuue Hotzez en Jets en Trijn Hotzedochters de 11 eins yn har Tritzumer sate ûnder Tsjom dy’t Tyets Wigledr en Obbe Wiglez fan har âlden erfd hiene.

De ferkeapers wiene de widdo en bern fan Wigle Lieuwez ‘op Eedt’ te Itens (Bb 394). It liket dat by de keapers fan 1558 soan Douwe en dochter Bauck efkes fergetten binne.

Ut dit boask in stik as njoggen bern; twa fan har bleaune as boer te Tritsum:

  1. Douue Hotzez, boer te Tritsum, stoarn nei 1587, boasket foar 1566 Muye Rinnertsdr, stoarn nei 1603. Sjoch foar har GJb 2017 185.
  2. Jets Hotzedr = 1059.

4232 Syeurd Aenckes, boer op Ynttema sate te Tsjerkwert
x
4233 Ricxt (Syboltsdr), widdo fan Tyebbe N.

Sjoch GJb 1979 37.

Yn 1545 (HEN K2 32v) keapje Tyebbe en Syboud Syuerdtsz mei har froulju Mey en Eelck de helte fan Bongahuys te Easterein fan Bauck Bauckedr, frou fan Gercke Ryuerdtsz.

Ut dit houlik:

  1. Sybolt Syurdts, boer op Oldehuys, boasket foar 1545 Eelck Hessels.
  2. Tyebbe Syuerds = 2116.

4234 Taecke Abbes, te Kûbaard, tsjerkfâd 1543, provisjoneel grytman fan Hennaarderadiel 1547, stoarn foar 1571
x foar 1523
4235 Ath Oenedr, stoarn nei 1544.

Yn 1552 is Take Abbez te Kûbaard foarsjoen fan in harnas.

Yn 1561 (HEN K2 412v) komt Tyebbe Syuerdtsz te Wurdum op foar syn skoanheit Take Abbez yn in kwesje oer in rintebrief.

Sjoch foar har GJb 2017 105, GJb 2000 97; der wiene acht bern.

4236 Syuerdt Hotthiez, boer te Wommels 1511, mei-eigner fan pleatsen dêr, te Hitsum, Kûbaard, Blessum en Tritsum (RvA 1187, 1192, 1208, 367, 1247, 2011), stoarn foar 1531; x 2 Tyesck (tinklik Tyercksdr), stoarn nei 1538.
x 1
4237 N.N.

Yn 1538 (HfF WW2 912, 209) Goerdt toe Thallum c.s. kontra Tyesck, widdo fan Syeurdt Hotties, Lyeuwe Symonsz fanwege syn frou Eelck en Tyerck Syeurdtsz oer 4 en 2 pm yn ’e pleats Westerhitsum te Hitsum.

Dat dan wat de pleats te Hitsum oangiet, sjoch fierder ûnder dochter Ricxt. Oer Sasma sate ûnder Wommels hat hiel lang spul west. De quaclappen melde yn 1567 (HfF YY7 347) de saak fan Tjerck en Hoytze Suyrtsz tsjin Juw Lolles. Dy saak rûn al folle langer want yn 1567 wiene dy belutsenen al witte lang út de tiid. Mar wy kinne ek in sekuerdere werjefte fan dat proses:

Yn 1567 (Huisarchief van Tjaerdastate, nr. 643) wurdt it proses dat earder Tyerck Syuerdtsz en Douwe Hottiez fierden tsjin de erven fan Aede Aedez wer oppakt troch neamde Douwe Hottiez te Tsjom, mei foar syn bruorren en susters, Claes Jacobsz te Lollum fanwege syn bern by Fock Syeuwrtsdr, Rixt Syeuwertsdr te Hitsum, Syuerdt Jansz te Turns, Laes Tiarcksz te Waaksens, mei fanwege syn suster Fedde Tyarcksdr, en Syuerdt Taedez te Boalsert.

Douwe Hottiez c.s. wiene eigners fan in part fan Sasma sate. Yn 1525 wie Tieske Syuerdts widdo, har mem, mei Aede Aedez oerienkaam dat hy 1½ fan ¼ fan de pleats hiere soe foar 6 goudg. per jier; Tieske brûkte hjir sels 14 pm. Dy hier wie net foldien.

De tsjinparty bringt hjir tsjinyn dat der langer as 30 jier lyn skeel wie tusken Tyesck Tyerck Syuerdts mei har bern en Aede Aedez fanwege syn bern oer Sassuma state en lannen. Doe wie oerienkaam dat Aede foar 6 goudg. lannen hiere soe wylst hy de 14 pm, heech en goed lân, oan Tyesck oerlitte soe. Aede hie de huzing fernijd en dêrta wol 20.000 nije stiennen brûkt. Fierder wie der gjin sprake fan hierefterstân. Nei Tyesck har dea wie oan de bern út Syuerdts earste houlik 6½ fan de 14 pm tafallen en de hier fan 3 goudg. minus 10 st. en oan de bern fan Syuerdt by Tyesck 7½ pm fan de 14 en de hier fan 3 goudg. plus 10 st.

Nei de dea fan Aede Aedez om 1537 hinne wie Ferck Syuerdts, soan út Syuerdts earste houlik, boaske mei Aedes widdo Tiets en sa op Sasma rekke. De hier fan 3 goudg. min 10 st. wie nei de dea fan Ferck trou ôfdroegen oan dy syn folle broer en erfgenamt Hotthie Syuerdtsz. Tyerck Syuerdts wie har healbroer en ek Syts Syuerdtsdr, frou fan Taede Heerez, wie dochter út Syuerdts twadde houlik. De hier fan 3 goudg. plus 10 st. wie alle jierren ôfdroegen oan Syts en letter oan har widner Taede en har bern. De eask wurdt net tawiisd.

Ut it earste boask:

  1. Ferck Syuerdts, berne foar 1507, tr. Tiets (tinklik: Doyties), widdo fan Aede Aedes, boer op Sasma sate te Wommels (stoarn om 1537 hinne). Gjin bern.

Yn 1532 leit Feddrick Syurdtsz it near op in keap yn Sasma sate troch Ade Adez.

     Yn 1537 (HEN K1 25) keapje Hotze en Ferrick Syurtz in rinte fan 1 goudg. út de pleats te Westerletens, bewenne troch Ferrick, fan de prysters fan Wommels.

     Yn 1552 bewenje Jow Lollez en Ferck Syuerdtz de pleats te Wommels dêr’t yn 1511 Aencke toe Letens wenne (Sasma sate).

  1. Hottye Syuerdts = 2118.
  2. Wibe Syuerdts, stoarn sûnder bern tusken 1527 en 1534.

Yn 1534 (HEN K1 242) pastoar, fikarus en tsjerkfâden fan Wommels kontra Ferck en Hotze Syurdtsz oer in rinte fan 1 floreen út Sasme guedt te Wommels, brûkt troch Aedo Aedoz, dy’t har broer Wybe Syurdtsz yn 1527 oan tsjerke en prebende legatearre hie.

Ut it twadde boask:

  1. Tyerck Syuerdts, berne foar 1513, te Waaksens, stoarn (foar) 1560, tr. 1. foar 1533 Hil Laesdr, dochter fan Laes Takez; tr. 2. om 1540 hinne Popck Syboltsdr, stoarn nei 1585, dochter fan Sibolt Attama. Zij tr. 2. 1561 Adger Ryurdtz, te Turns.
  2. Syts Syuerdtsdr, stoarn foar 1550, tr. foar 1534 Taede Herez, stoarn tusken 1552 en 1556.

Yn 1534 (HEN K1 231) hat Ade Adez it hynder fan Tade Herez’ skoanmem mei syn hûnen út syn hea ferjage. It bist rekke dêrby yn it wetter en is dêr dea úthelle.

Yn 1540 (HEN K2 235) ferkeapje Taede Heroz en Syts oan Douwe Ferricks toe Swyns 2 pm yn dy syn pleats.

Yn 1556 (HEN K3 100) Juw Lollez as heit fan syn bern by  Tryncke Adedr en fanwege de oare erven fan Ade Adez kontra Tyerck Syuerdtsz as fâd oer de bern fan Tade Heres by syn suster.

In 1577 (HfF YY11 61) Suyrdt Taedez kontra Tiets Ottes’ frou en Juw Lollez.

Tyets Juwsdr, vrouw van Otte Douuez, wie dochter út it (earste) houlik fan Juw Lollez mei Tryncke Aededr. Ek hjir betreft it wer de erven fan Ade Adez.

Ien soan:

1) Syuerdt Taedez, te Boalsert 1567.

Fierder nei alle tinzen út it twadde boask:

  1. Fock Syeuwrtsdr, stoarn foar 1567, tr. 1561 Claes Jacobsz, te Lollum.

Tinklik betreft har bern:

Yn 1583 (FRL EE4 29v) keapje Douue Hottzez en Muey Rennertsdr toe Trittzum ûnder Tsjom 16 eins yn har sate fan Syuerdt Claesz ûnder de klokslach fan Warkum, Foock Claesdr te Ferwâld, frou fan Claes Jacopz, en Jelle Claesz te Tsjom.

  1. Eelck Syurtsdr, tinklik frou fan Lyeuwe Symonsz (te Westerhitsum) 1538, stoarn sûnder bern foar 1564.
  2. Ricxt Syurdtsdr, te Hitsum 1567, tinklik frou fan in Jan N.

Yn 1562 (FRL EE3 48v) keapet Fopcke Wopckez 1/3 fan alle lannen dy’t Syurdt Janz takomme yn ’e pleats te Hitsum, brûkt troch Ricxt Syurtsdr. Douue Hotzez, mei fanwege syn bruorren en susters en Douue Douuez fanwege syn frou tekenje protest oan fanwege har oandielen yn ’e pleats.

     Yn 1588 (FRL EE5 10v) keapje Wopcke Fopckez Tallum en Hid Evertsdr te Hitsum ½ pm yn in stik fan 7 pm fan de erven fan Ricxt Syurdsdr fan Bauck Hotzedr, frou fan Douue Douues, te Longerhou; protest komt fan har broer Douue Hotses.

     Ferlykje GJb 2013 226. It sil heite pleats te Westerhitsum betreffe.

Yn 1564 (FRL EE3 68v) keapje Douue en Jets Hotzes te Tsjom de 2 pm dy’t Ricxt Syurtsdr erfd hie fan har suster Eelck Syurtsdr yn har pleats te Tritzum en yn 1565 de 16 eins dy’t Syurt Janz en Syurt Tadez erfd hiene fan har muoike Eelck Syurtsdr.

Nei alle tinzen út dit houlik:

1) Syurt Janz, te Turns 1567.

8470 Oene Auckes, boer te Idzegea 1511, stoarn foar 1528.

Foar him, syn bern en (foar)âlden: GJb 2017 96.

8472 Hotthie N.N., eigner fan in pleats te Tritsum (Tsjom stim 33a) fan om en by de 40 pm.
x
8473 N.N.

Yn 1514 (RvA 306 en 194) jowt Jancke Jan Louwz toe Tritzen jiers 5 fl. 14 st. hier oan Syurdt Hottyez en 5 fl. 14 st. oan Claes op De Hem. De pastoar fan Tsjom komt in rinte ta fan 5 st. en de prysters fan Frjentsjer 4½ st.

Sa healweis de 15de iuw foarme de pleats ien gehiel mei Tsjom stim 33b, ek út dy pleats komt de prysters fan Frjentsjer yn 1514 4½ st. ta. Mids 16de iuw wie it op ’e nij ien bedriuw mei dan Hottye Syuerdts (2118) as brûker en – op it lêst – eigner. De oare helte:

Yn 1514 (RvA 305, 198) jowt Jancke Eelckez (dy’t mei Jancke Louws ien pleats bewennet) 5 fl. hier oan Abba Sywrdz, 4 fl. 2 st. oan Dirck Gerrytsz, 1 fl. 14 st. oan Claes op De Hem, 14 st. oan Teth op De Mad; hy besit sels in rinte fan 24 st. De prysters fan Tzum komt in rinte fan 5 st. ta, de prysters fan Frjentsjer 4½ st. en de patroan fan Tsjom 1 fl.

Ut dit houlik:

  1. Syuerdt Hotthiez = 4236.
  2. N. Hotthiedr, tr. foar 1514 Claes Gerbaz, boer op De Hem te Jorwert 1511.

Yn 1511 (RvA 2287) is Claes Gerbaz te Jorwert boer op een bedriuw fan 58½ pm dat hy hiert fan Sicka Gratinga.

     Is dat ús ‘Claes op De Hem’? Jawis, yn 1542 (RvA BAA 1542) brûkt Hidde Nannez de pleats dy’t Claes Gerbez yn 1511 hierde fan Sicke Grattinga en yn 1543 (Bb 381a) komt de pastoar fan Jorwert 6 st. ta út de pleats oppe Hem fan de erven fan Sicke Graetinga, brûkt troch Hidde Nannez.

Ut dit houlik:

1) Gerben Claesz, boer te Blessum 1543, stoarn 1547/50, tr. yn of koart foar 1540 Sydts Dyorredr [Mollema], fan Lytsewierrum, dochter fan Dyorre Meylckes en Hilgont Siercks Mollema op Mollemasate te Lytsewierrum (D.J. van der Meer, Boerderijenboek Hennaarderadeel, 48).

Yn 1543 (Bb 353) bart de pastoar fan Blessum 1 hoorntjesgûne út Garbren Claesz sate dêre.

     Yn 1547 (HEN K2 87) keapje Gerben Claesz en Sydz Dyorredr te Blessum 2 pm út de sate Mollema te Lytsewierrum, brûkt troch de âlde Sierck Mollema yn in rúlkeap mei Hylcke Dyorrez; jonge Syrck Mollema leit it near út namme fan âlde Sierck Mollema.

     Yn 1547 (HEN K2 89) keapet Hylcke Dyorrez te Lytsewierrum de staten mei oandiel siedlân dat Sydts, de frou fan Gerben Claesz te Blessum, erfd hie fan har heit en mem.

     Yn ’e jierren 1564-’66 ferkeapje de bern har hoekjes fan 20 eins yn Tritsum. Dat binne:

1) Hillegont Gerbedr, tr. foar 1564 Eelcke Sickez.

2) Hille Gerbez, tr. foar 1564 Merck Wabbedr.

3) Syoucke Gerbez.

4) Ancke Gerbez, te Britswert.

5) Hilck Gerbedr.

6) Reynsck Gerbedr.

7) Hotze Gerbrenz, onnoazel.

2) Hoetz Claesdr, stoarn foar 1550, tr. Hans N.

Yn 1553 en ’55 (sjoch ûnder 2118/2119) ferkeapje de bern har besit yn Tritsum. Dat binne:

1) Geert Hansdr, tr. foar 1553 Stoffel Pieterz.

2) Syurdt Hansz, tr. foar 1553 His Piersdr.

3) Meyns Hansdr, tr. foar 1555 [Aerien?] Claesz.