Anne hat in deftich âld seisdelich servys – tee- en kofjepantsjes en kopkes – urven fan har beppe Anne Tseards Fokkema (sjoch Kertiersteat Antje Fokkes van der Meer).
Har dochter Leen krijt dat kostber erfgoed fan har oer en dy jout dat ivichheden letter yn har trochtochte goederjouskens oan har muoikesizzer Anne Hettema – as dy midden yn ’e lytse bern sit. Anne is der yn har frêle jonkheid alhelendal mei fergulde en set it teare guod yn ’e moaie hege ljochte keamer op in himpen selsmakke taffeltsje fan har pake Hette, sa moai te sjen mei de sinne derop. Dêr sille se allegearre fleur oan beleve.
Wylst se yn har achteleazens har hannebinerkes yn dy ferbeane keamer net oan it mâltjirgjen wit, rekket mei ien swaai fan sa’n sacht berneearmke alles yn ien kear witwêrsanne oer de flier, it kwetsbere porslein leit yn stikken oer ’t karpet fersille. Anne is har rie te’n ein. As se it sjocht liket it as sykje dy skerven har krûpendewei op. Se taast der op ’e knibbels triljend nei, beweecht harsels om dizze mateary alle goed te dwaan – want o, wat is der fierders geastlik no allegearre wol net stikken – is dit wer in teken dat ik net goed bin? No ek al dit ienmalich stoffelike erfskip ferkrigen fan oer-oer-oerbeppe oan diggels. Se faget mei de fingers alles krampachtich byinoar. It snijt, se bloedt. Foar har oer stiet hommels dat ferstuivere jonge twamanskip: dy opspalke blauwe en brune berne-eagen. Nee sa kin ’t net bylkje. Mem is altereard mei bloed oan ’e hannen no wer gjin treflik eksimpel. Se stjoert se fuort.
De faam komt wer sûnder te klopjen de keamer yn.

At Anne dit muoike Leen sân dagen letter wol heel beskromme út har natuerlik Bitgum yn ’e Ljouwerter betochtsume entûraazje yn ’e hege keamer oanseit, wol dy har onmiddelik wol fergrieme. Mar dy ken har. At se Anne yn ’e eagen sjocht betteret dat fuort middelik des levens oer.
En se seit dat se dy faam eins dalik fuorbesjoere moatte soe, mei in goeie doffert, tink. Mar dat kinne se beide net oer it hert ferkrije.

De diggels hâldt Anne letterlik slommerjend jierrenlang aloan yn in tsjustere hoeke fan ’t dressoir ferburgen. En at se dy doarren temûk iepenlûkt rize de skerven figuerlik skrinend mei de skerpe punten foar har begruttelike skôgjende hele himelsblauwe eagen werkelik geandewei omheech, iepen en bleat yn it skrille ljocht fan it swarte gat fan doe, dy glânzgjende ferrinnewearde ingeltsjes yn krêm en sachtrôze âldporslein, yn har eigenste heimelike fealige skimerweareld net steurd fan wa dan ek, hast libbenleas tagedien oerinoar hinnebûgd as amper azemsykjende stervelingen – mar troch de sunige kieren hoeden sa no en dan even stilwei ûntweitsjend of sa. En dan dus ynienen, omdat ienkear yn ’e safolle tiid dy krochten ôfstoffe wurde moatte, steane se troch de iepenslaande doarren yn ljochtskyndei selsfoldien yn fol ornaat op – yn dit gefal eventueel sa: altyd en altyd wer en wer dy daamstege tsjûgen fan myn ûnachtsumheid fan hoefolle jierren her, yn it folle besef.

Dy eventuele skiednis sil ferholpen wurde. Dat kin. Dat behyplik kniesde spul wurdt op ´e âlde dei op it lêst mei eigen hannen yn helder tinken byinoar oplape en de net brutsene ingeltsjes stean tenei op in glêzene ûndergrûn ingelachtich lyk foar it oantlit fan de libbenen as spegels yn it kristallige deiljocht fan no, te pronk – evensagoed laitsje dy leave rôze lipkes de wittende yn al syn behelperichheid as in pias troch alle ieuwen hinne lyk yn ’t gesicht finaal út.