Home » Hettema » Ekonomys op- en delgean

Ekonomys op- en delgean

BERLTSUMERDYK 3
Trije huzen oan ’e Alddyk oan ’e súdkant te Bitgum om 1915 hinne, dêr’t in hoart trije generaasjes Hettema lyk neistinoar wenje.
It meast rjochtse hûs (no Berltsumerdyk 5) lit Hetteboer as rinteniershûs sette yn 1857 (alhoewol’t er pas yn 1871 fan ’e pleats giet). Syn jongste soan – symboal fan nij, trochgeand libben – leit as jonkje fan trettjin de earste stien (de tinkstien sit yn ’e foargevel yn ’e midden alheel boppe-oan):
DE EERSTE STEEN/AAN DIT HUIS/IS GELEGD DOOR/TETMAN H. HETTEMA/DEN 20 MAART 1857.
Nei de dea fan Hetteboer wurdt it foar dy tiid riante hûs yn twaen splitst.

Links stiet it gerniersspultsje fan Hette syn soan Tsjisse en syn frou Minke Brugsma, mei yn it skuorke plak foar de fjildfruchten en it flaaksbraken. Yn it bûthúske is in stâl foar trije kij, in baarch, in stik of wat geiten en hinnen.
Hie Tsjisse syn heit yn ’e Hallumer mieden in feesteapel fan fyftich kij, Tsjisse is bedeeld mei in santjinde part dêrfan.

It middelste hûs is it ûnderkommen fan de oankommende keapman Hette Tsjisses en Anne van der Meer.
De huzen wjerspegelje suver it ekonomise op en del gean yn trije generaasjes.

Op ’e foto stiet Minke it meast links fan ’e grutte minsken. Tredde fan rjochts tusken buorlju en sa stiet Leen, dy’t har mem yn ’e earm hat. Dêrneist mei de hannen yn ’e side oerbuorfrou dragonder Tsjisse’ Tsjitske (Westra).

Yn har hearehûs oan ’e Vondelstrjitte te Ljouwert, dêr’t se letter moedersielallinne wennet hat Leen ynliste oan ’e muorre te hingjen:
Een huis van hout
Een huis van steen
Een woning groot
Een woning kleen
Bij schralen kost of overvloed
Zooals de Heer’ het geeft is ’t goed
Zoo slechts de Heere bij u woont
Uw arbeid met Zijn vreê bekroont
Al is uw woning dan een kluis
Hij maakt het tot een Koningshuis.

trije
Leen, Fokke en Minke op in kykje op ’e Nijstêd te Ljouwert by De Witte Beer. Soenen dy kollossale rynsk beroaze huodden fan ’e fammen sels wêze of meitsje se goede sier mei liend guod ter plekke fan ’e fotograaf mei syn p.r.-gefoel?

FOKKE
Fokke ferkent de omkriten op ’e billewein, mar hy krijt as ien fan ’e earste jonges fan syn leeftydsgenoaten yn Bitgum in fyts, wêrfan akte:

hus3
De Alddyk (no Berltsumerdyk 18) oan ’e noardkant omstrings 1916.
Fokke op ’e fyts, dêrneist syn susters Leen (links) en Minke, mei tusken har yn in Belgys famke, de evakuee Elza, yn Bitgum Like neamd.
‘Kun je Like hierop vinden?’ skriuwt Leen achterop ’e kaart. It lyts wyfke sjogge je ek al gau oer de holle. Wa soe foar Elza dy troetelnamme Like betocht ha?
It is midden yn ’e Earste Weareldoarloch. Sokke jonge evakuees wienen betiden al yn Nederlân ynboargere as se wer werom nei België moasten. Gauris gongen yn letter jierren brieven mei foto’s oer en wer. By de Hettema’s ek.
Lykle-om wenne links fan ’e linker doar (as dizze foto nommen wurdt is er allang wei)
(foto: ‘Uitgave van H. de Vries, Beetgum’)

motor
Hat Fokke in fyts, Tsjisse hat as ierdappelhanneler foar yn ’e fiere omkriten in ‘motor’ ta syn beskikking, en al gau ha de bruorren in auto oanskaft

auto1
B722 – Tsjisse achter it stjoer, Fokke sit derneist en hâldt him yn ’e gaten

auto2
De fergunning foar de T-Ford mei it nûmer B-722 wurdt ôfjûn op 15 maaie 1912 op namme fan Tj. Hettema; foar de auto mei it nûmer B-3608 komt in fergunning op 1 april 1919, dy wurdt oerskreaun op 17 juny 1922 op namme fan Fa. Hettema Zonen
lenm
Leen en Minke dogge noch net oan auto’s (Foto: De Jong, Ljouwert)

Nei Huzum
Mei de ierdappelhannel giet it foar de wyn. Hette en Anne ferfarre yn 1917 nei de Huzumerleane ûnder Huzum (nûmer 173, rjocht op ’e foto – , letter nûmer 16). Mei Leen en Fokke yn it soch – dy ha datoangeande neat yn te bringen, heel gewoan yn dy tiid. Sa is Hette tichter by de Ierdappelbeurs. En wenje oan ’e Huzumerleane jout status. Dêr ferkeare mear geseten lju en rintenierboeren mei-inoar. De húshâlding wennet yn it twadde hûs rjochts op ’e foto.

leane2
Foto: briefkaart Postma’s Boekhandel, Skrâns D 68, Huzum

Hette en Anne jouwe begjin tweintiger jierren – it giet evensagoed evenredich slûpendewei – it roer oer oan har soannen. De namme fan Hannelshûs Hettema feroaret yn Hettema Zonen en wurdt ynskreaun yn it hannelsregister op 23 juny 1922; op 23 desimber 1948 giet de firma oer yn Hettema Zonen N.V. De namme wurdt net Hettema & Zonen: Hette wol himsels wat weromlûke en sa stiet er dochs noch ymplisyt beneamd.

fisite
Privee-fisitekaartsje. Geandewei ferdwynt de T. yn H.T. Hettema: strykt grif net mei de moderne tiid

Hette keapet boulân besuden Bitgum, oan ’e Sânwei en yn it Hoarslân. Under oaren fan leaten fan de famylje Thoe Schwartzenberg en Hohenlansberg, waans slot yn 1879 ôfbrutsen is en dy’t bûten Fryslân ferkeare. Dat abseïstisme makket dat se loskomme fan har ieuwenâld grûnbesit.
Hette keppelet lângebrûk oan lâneigendom. Tsjisse folget syn heit dêryn. Hy beleit fierders yn lân oan de westkant fan Ljouwert, yn it Ljouwerter Nijlân, oernommen besit fan de Ljouwerter patrisiërsfamylje Dorhout.
Dêr keapet er ûnder oaren in greidboerespul oan it Skieppedykje mei in dûbeld hûs derfoar (nûmer 7, letter 14-16). Fan maaie 1919 oant maaie 1927 hat er dêr in arbeider op as setboer. Tsjisse tinkt dat dy man dat wol yn ’e mars hat, hy jout him de kâns om foarút en it is fertroud. Mar it  foldocht Tsjisse net, want de man kin it net yn syn eagen, hy hat dat hast selsstannich buorkjen net yn ’e macht. Tsjisse sprekt de setboer dêrop oan – pynlik. De keardel jout ta dat it him net wurdt. In drama foar him, syn frou en bern, dy’t no werom nei Bitgum gean. Tsjisse ferhiert it spul tenei oan ûnderskate feehâlders.