De jongste soan fan Hette en Anne is Fokke, yn ’e húshâlding ‘it lyts mantsje’ neamd, want Fokke is wat in neikommerke. ‘Fokkemantsje’ ûntwikkelet him as in baas ierdappelkweker en benammen ek -hanneler. Hy hat in skerp each foar kwaliteit en it oan ’e man bringen dêrfan. Syn learmaster is syn grutte broer Tsjisse. Hy sjocht dêr syn libbenlang toerheech by op. Sawol wat it gesinslibben oanbelanget, as ek yn it sosjale, saaklike en morele, c.q. godstsjinstige.
Nei it twadde houlik fan heit mei Aaf Sluis, ferkeart Fokke foar syn trouwen yn ’e húshâlding fan Tsjisse en Trui te Bitgum. Hy leart fan Tsjisse, dy’t yn gâns tsjerklike en maatskiplke bestjoeren in sit hat, om te gean yn mienskipsfermiddens. Tsjisse is allegeduerigen âlderling. Fokke net, hy wurdt op syn begraffenis troch de foargeande dûmeny yn tsjerklik opsicht in paria neamd.
De jonge Fokke is foarútstrjibjender as syn âldere broer.
Hy bekwaamt him mear yn talen: Dúts, Ingels, in mûlfol Italiaans en benammen Frâns.
Dy tongslaggen makket er him thús sels eigen mei in diktafoan, in foarrinder fan ’e bandrekorder (sjoch Hettema reklame). Mar allyksa troch te oefenjen yn ’e praktyk. Fokke makket graach modêne bûtenlânse hannelsreizen, nei Frankryk bygelyks. As er mei in Frânse hannelsdelegaasje yn Bitgum nije ierappelrasssen keurt, sizze de Frânse ierdappelfaklju dat Fokke syn Frâns net te ûnderskieden is fan harres. Nei alle gedachten net geheel allinne bedoeld as flaaikerij. De Frânse Republyk beneamt him ta Chevalier du Mérite Agricole as erkennig foar syn wurk yn it belang fan ’e Frâns-Nederlânse hannel op agrarys gebiet (sjoch it sertifikaat hjirûnder).
In kear seit er ynienen op in jierdei tsjin in omkesizzer: ‘Kom, ik sil mar ris fuort.’
‘Wêrhinne omke?’
‘Fan ’e jûn sil ik yn Rome wêze jonge.’
Fokke trout yn 1930 mei Yfke van der Schaaf. Se komme beide út deselde tsjerklike-, politike-, hannels- en doarpsfermiddens: grifformeard, Anty Revolúsjonêr, ierdappelkeapmanskip te Huzum-Bitgum-Bitgummole. Yf har heit, Doekele Dirks van der Schaaf, is grifformeard âlderling, gemeenteriedslid en wethâlder foar de A.R.P. fan Ljouwerteradiel en keapman te Huzum en lid fan ’e ierdappelhannelsfirma Cultura (sjoch dêr) en in soan fan Dirk Arjens van der Schaaf, âlderling te Bitgummole en dêr boer en ierdappelkeapman en allyksa lid fan Cultura. Yf har mem, Anna Leenderts Runia, is in dochter fan Leendert Annes Runia, grifformeard âlderling te Berltsum, gemeenteriedslid foar de A.R.P. fan Menameradiel en ierdappelkeapman. Anne har bruorren Anne en Pieter ha deselde oanslaggen en binne beide ek lid fan Cultura.
Yf en Fokke yn 1936
It gesin yn 1938 yn ’e Fonteinstrjitte 77 te Ljouwert. In keunstfoto à la de Oranjes, it ideale foarbyld.
Fan links nei rjochts: Yf, Baukje (Bobby), Anna (Anny), Hette en Fokke
1938
De Hettemahuzen oan ’e Fonteinstrjitte 75, 77 en 79 te Ljouwert, hjir wurdt wenne en kantoarhâlden. Achterom rinne de bern nei muoike Leen op Vondelstrjitte nûmer 1
Foto: F.O. Strüppert, Ljouwert
Fan links nei rjochts: Bobby, sekretaresse (x Wim Hoevers, administrateur), Hette, boer te Saaxumhuzen en Biarritz (x Josette Josephine Francoise Menez), Yf, Anna (x Aldert Nooitgedagt, dir. Koninklijke Nooitgedagt, Drylts) en Fokke, 1948?
Fokke hat in noas foar public relations en komt mei moderne reklamekampanjes, hy is dêryn syn tiid foarút: de Hettema-flagge is drukt yn echte reade kleur en de aansichtkaarten komme neist Nederlâns út yn ’t Frâns en Italiaans. In opdracht wurdt jûn oan in – grifformearde – byldzjend keunstner en dy makket in reportaazje yn kalinderfoarm foar alle moanne ien fan ’t ûntsteansproses fan ’e Ofslútdyk, en in dokumintêre fan de bûtenlannen dêr’t de Hettema-rassen har ôftrek fine: België, Dútslân, Frankryk, Switserlân, Spanje, Portugal, Tsjecho-Slowakije, Marokko, Egypte, Brazilië, Uruguay, Malakka (sjoch Hettema reklame). Dat docht fertuten.
Under de lieding fan Tsjisse en him groeit Hettema Zonen út ta it belangrykste setters-eksportbedriuw fan Nederlân. Yn Nederlân is Fokke de earste ûnder de partikuliere hannelers, dy’t settertelers yn groepen byinoar bringt, sadat in gelykmjittiger ôfset mooglik makke wurdt. Hy siket gearwurking mei oare hannelshuzen, lykas de Firma Westra (sjoch dêr).
Under him komt ek de Spunta yn byld. Hettema hat op in stuit sa’n fyftich kwekers. Ien fan har is in hobbyboerke te Smilde, in gouden kweker dy’t it ras Bea hat. Dat wurdt krúst mei sied fan in wyldras út Wageningen, mei ‘sterk bloed’. De Spunta wurdt Hettema syn boppeslach.
De kweker út Smilde wurdt troch Hettemakweker Herman Hettema yntroduseard yn de kwekersweareld oer de grinzen hinne. De man hat noch noait útfanhûs west en sa nimt Herman him marris mei nei Ingelân. De kweker sjocht him de eagen út ’e holle. Om de finansjele kant foar him en syn sibben goed te regeljen, soarget Hettema derfoar dat dêrta in aparte stichting oprjochte wurdt.
Hettema Zonen fiert de hannelssuksessen rynsk. Hjir in seis-gongen-diner yn Hotel De Kroon te Ljouwert. Links foaroan: Magdalena Tjitzes Hettema. Steand achter de tafel Herman Tjitzes Hettema. Sittend: Tjitze en Magdalena Hettes Hettema. Sittend, earste fan rjochts: Anna Fokkes Hettema, tredde fan rjochts: Baukje Fokkes Hettema
Fokke Hettema set him as bestjoerder yn foar it befoarderjen fan bettere rassen en effisjintere hannel yn gâns lanlike telers- en kwekersorganisaasjes. Lykas de Nederlandsche Algemene Keuringsdienst (N.A.K.) en as lid en fise-foarsitter fan ’e advyskommisje foar hannelsoangelegenheden fan dyselde organisaasje. Hy krijt dêrfoar by syn ôftreden (om it heljen fan ’e leeftydsgrins) de Dr. J.G. Oortwijn Botjes-penning.
Foar syn fertsjinsten wurdt Fokke yn 1963 beneamd ta Offisier yn ’e Oarde fan Oranje Nassau. As er jierrenlang bestjoerslid west hat fan de Nederlandse Federatie van Handelaren in Pootaardappelen, wurdt er dêrfan earebestjoerslid.
As bestjoerslid fan it Bureau Export Aardappelen (BEA) befoarderet er de eksport fan sawol konsumpsje- as setierdappels. Hy beklaaid nasjonale en ynternasjonale kaaiposysjes. En dêr docht er syn foardiel mei: as de ierdappelhannel noch meast sintraliseard is, slút er grutte hannelskontrakten ôf.
Yn Europees ferbân klimt er ek almar heger op yn bestjoersfunksjes. Sa is er algemien foarsitter fan ’e Europese Organisaasje fan Ierdappelgruthannel, en wurdt er by syn ôftreden beneamd as eare-foarsitter fan dy Europese uny.
Fokke makket gebrûk fan de goede namme dy’t Fryslân hat en bekwaamt him aloan yngeander yn it Europees bekend, ja weareldwiid ferneamd meitsjen fan ’e Fryske en Nederlânse setierdappels. Hy foarsitteret graach kongressen.
Ynformelere gearkomsten hâldt er op syn jacht Simmerdream, dat er yn 1946 bouwe lit by skipswerf De Vries Lentsch, wierskynlik te Amsterdam; it lisplak wie te Grou. Under dy Fryske namme wol er de de bûtenlânske sakepartners de eigenheid, it karakter, de identiteit fan Fryslân presinteare – en as it even kin belibje litte. Dêrby hat er tolken ynhierd as it om oare tongslaggen giet as Dútsk, Frânsk en Ingelsk, want dy talen behearsket er sels wol.
Hy trochkrúst de Fryske marren mei gâns ynternasjonale relaasjes op syn streamline elegante motorkruser. Sels skipperet er net, dêrfoar hat er in spesjale gesachfierder oansteld, want hy moat de hannen frij ha om saken te dwaan en te tafeljen en te klinken op it hannelsferkear fansels.
Twadde fan links: Fokke Hettema; fyfde fan links: dochter Anna, dy’t jierren as heites sekretaresse meireizget. As se mei Aldert Nooitgedagt trout, achtet heit dat in hele ierlitting
Fokke ferstjert op 21 maart 1977 yn it Bonifatius Hospitaal te Ljouwert.
Yn in In Memoriam yn ’e Ljouwerter Krante wurdt steld: De heer Fokke Hettema heeft de pootaardappelexport in Nederland gedomineerd. /…/ Als leider van een vergadering wist hij iedere storm te bezweren in de roerige wereld van de pootaardappelhandel.
In In Memoriam troch D.J. Meyer, de opfolger fan Fokke Hettema as direkteur fan Hettema Zonen B.V.