Bodders by Hettema
Hjirûnder wurde bodders beljochte dy’t meiholpen om Hannelshûs Hettema fan ’e grûn te krijen en der mei foar soargen dat dizze partikuliere kweek- en ierdappeleksport-ûndernimming de wjukken yn Bitgumer kontreien útslaan koe en weareldwiid de setters útsette.
Se hawwe tagelyk ek arbeide oan de woltier fan it lânbou- en blombollebedriuw – guon yn fêste tsjinst, oaren as ‘lang los arbeider’, betiden keazen fanwegen anargistise beweechreden (dêroer letter mear).
De list is by lange nei net folslein, dat Erfgoed Fundaasje stelt oanfullingen en ferbetteringen sadwaande tige op priis, allyksa foto’s en sa: info@erfgoed-fundaasje.nl
* = berne/born
~ = doopt/baptized
x = troud/married
† = ferstoarn/deceased
[] = begroeven/buried
DG=Doopsgesind
EV=Evangelys Luters
FG=Frij Evangelys
G=Grifformeard
GT=Gjin Tsjerkegenoatskip
KG=Kristlik Grifformeard (Ofskieden)
NH=Nederlâns Herfoarmd (as der neat by stiet, is de oanbelangjende persoan NH)
RK=Rooms Katolyk
-Dirk Thomas Althuis * Bitgum 12-3-1898 † 11-5-1979, 80 jier, [] Bitgum; GT; arbeider by Hettema te Bitgum; sn fan Thomas Jans Althuis en Grietje Dirks Koopmans, arbeiders, letter gerniers te Bitgum, mei in ûnderbrekking fan 1903-1905 yn de koloany Nieuw Harmony fan Frederik van Eeden yn ’e Horstermeerpolder te Nederhorst den Berg;
x Menameradiel 20-5-1925, 30 en 28 jier, Grietje Hiemstra * Bitgum 18-9-1896 † 27-10-1972, 76 jier, [] Bitgum; dr fan Pieter Jacobs Hiemstra, arbeider te Bitgum, en Tjitske Sybrens van Dijk.
Sjoch: Genealogy Brouwer 1 – § Deugden
Feike Boomsma * Bitgum 24-12-1900 † 3-6-1990, 89 jier, [] Bitgum; G; arbeider by Hettema; sn fan Pieter Feikes Boomsma, yn 1897 arbeider te Dokkum, sûnt 1898 idem te Bitgum, dêr ek kuormakker, en Antje Joekes de Vries; broer fan Jan en Janke x Wybren Reitsma, sjoch dêr;
x Menameradiel 19-5-1927, 26 en 21 jier, Maaike van der Veen * De Pein 8-6-1905 † 3-10-1987, 83 jier, [] Bitgum; dr fan Jilles van der Veen, arbeider te Eastermar, sûnt 1902 idem yn ’e Pein, sûnt 1916 idem te Menaam, en Sjoukje Eerdes Weening.
Jan Boomsma * Bitgum 13-3-1912 † 27-10-1994, 82 jier, [] Bitgum; G; arbeider by Hettema, letter fabryksarbeider by it molkfabryk De Lijemph te Berltsum (Bitgum nrs 416, 183); broer fan Feike en Janke x Wybren Reitsma, sjoch dêr;
x Menameradiel 23-4-1936, 24 en 22 jier, Antje Roukema * Kubaard 25-7-1913 † 2-7-1966, 53 jier, [] Bitgum; by trouwen kûpeuze te Froubuorren, ferhuzet 30-6-1936 nei Bitgum; dr fan Heerke Jans Roukema, yn 1910 arbeider te Tsjom, yn 1913 te Kubaard (nrs 61, 35, 77), yn 1936 idem te Froubuorren, en Froukje Jouws Stapersma.
-Tjeerd Ulbes Bosch * Bitgum 31-12-1908 † 30-3-1984, 75 jier, [] Bitgum; G; grientesutelder te Bitgum; arbeider by Hettema; sn fan Ulbe Tjeerds Bosch, arbeider, gernier, feehanneler, slachter en keapman, grientesutelder en molkrider te Bitgum, en Elisabeth Liebbes de Vries;
x It Bilt 29-5-1935, 26 en 21 jier, Zwaantje Cornelis Boonstra * St.-Anne 28-5-1914 † 29-5-1993, 79 jier, [] Bitgum; G; by trouwen sûnder berop te St.-Anne; dr fan Cornelis Albert IJsbrands Boonstra, postrinner en arbeider te St.-Anne, en Hendrikje Geerts Wijma.
-Auke Brouwer
-Durk Brouwer
-Gerben Brouwer
-Sipke Brouwer
Sjoch: Genealogy Brouwer 2 – Sipke Gerbens Brouwer – XX.5, XX.6, XX.8, XX.9
-Anne Klazes Dijkstra * Bitgum 1917 † 1982; G; arbeider by Hettema; sn fan Klaas Jisses Dijkstra, arbeider en bôlesutelder te Bitgum, en Sjoukje Piers Zijlstra;
x Menameradiel 12-12-1940, 24 en 25 jier, Jitske Hoekstra * Berltsum 27-10-1915; by trouwen sûnder berop te Berltsum; dr fan Æbe Annes Hoekstra, arbeider, yn 1910, ’11, ’13 gernier, feekeapman, yn 1935 fabryksarbeider, yn 1940 molkrider, yn 1941 sjauffeur, yn 1942, ’43 fabryksarbeider by it molkfabryk de Lijemph te Berltsum (Bitgum nrs 106, 295), en Antje Jacobs Kuipers.
Hans Gerrits Dijkstra * Bitgum 3-4-1929 † 21-8-2010, 81 jier, [] Bitgum; G; arbeider by Hettema; letter timmerfeint by Firma P.J.W. & C.C. Koopmans te Bitgum; sn fan Gerrit Jelles Dijkstra, arbeider te Bitgum (nrs 192, 200), en Jeltje Hanzes Geertsma;
x Tine Osinga * Berltsum
-Keimpe Jacobs Dijkstra * Bitgum 20-5-1886 † Berltsum 28-1-1980, 93 jier, [] Bitgum; G; arbeider en gernier oan ’e Langestraat te Bitgummole; arbeider by Hettema en in mannich jierren setboer op it gemingd bedriuw fan Tsjisse Hettema oan it Skieppedykje ûnder Ljouwert; sn fan Jacob Keimpes Dijkstra, (KG), arbeider (nrs 1b, 61), gernier (nrs 40, 37) en skipper te Bitgum, bestjoerslid Vereniging tot Verbetering Christelijke Belangen, en Sipkje Jans Terpstra;
x Menameradiel 23-5-1912, 26 en 25 jier, Namkje Foekes de Jong * Minnertsgea 2-5-1887 † Bitgummole, Langestraat, 1-7-1967, 80 jier, [] Bitgum; by trouwen sûnder berop te Bitgum; dr fan Foeke Douwes de Jong, arbeider te Minnertsgea, en Mettje Jelles Vogel.
-Reimer Lolkes Dijkstra * Bitgum 20-6-1928 † 24-3-1994, 65 jier, [] Bitgum; G; arbeider by Hettema te Bitgum; sn fan Lolke Jacobs Dijkstra, arbeider, letter gernier te Bitgum, en Janke Reimers Heslinga;
x Immy Rutgers * Bedum, Grinslân, 9-8-1923 † 3-11-1994, 71 jier, [] Bitgum; G; evangeliste; dr fan Jan Harkes Rutgers, arbeider, kommisjonêr en hynstekeapman te Bedum, en Anje Reinders Wiersema, foar har trouwen húshâldster.
-Sipke Jisses Dijkstra * Bitgum, Bessebuorren, 23-7-1889 † Bitgummole, Langestraat, 10-2-1967, 77 jier, [] Bitgum; G; arbeider, yn 1906, ’08 te Marsum, yn 1909 te Raard, Raarderhim, yn 1910 te Bitgum (nrs 756, 53, 77, 716); arbeider en bedriuwslieder by Hettema Zonen; nei syn pensjoen túnman by Hettema; sn fan Jisse Klazes Dijkstra, (KG), arbeider op Bessebuorren te Bitgum (nrs 15, 24), en Jitske Sipkes van der Veer;
x Menameradiel 23-5-1912, 22 en 20 jier, Pietje Pieters Hoekstra * Berltsum 2-6-1891 † 23-6-1972, 81 jier, [] Bitgum; G; by trouwen sûnder berop te St.-Anne; dr fan Pieter Jentjes Hoekstra, yn 1883, ’97 arbeider te Berltsum, yn 1909, ’12 gernier te St.-Anne, yn 1921 dêr fjildarbeider, en Maaike Sijbrens Lautenbach.
-Ymke Tymens Grovestein, sjoch: Genealogy Grovestein VI.15
-Heerke Sjoerds Halma (Harry) * Bitgum 10-8-1893 † Inwood 5-6-1982, 87 jier, [] Richland Cemetary; GT; los arbeider te Bitgum; ferhuzet Alde Maaie 1917 nei Jelsum; by trouwen arbeider by Hettema te Bitgum; emigreart mei de húshâlding nei Inwood, Lyon County, Iowa, U.S.A.; sn fan Sjoerd Heerkes, sjoch dêr;
x Menameradiel 22-5-1919, beide 25 jier, Hiltje Scheltes Miedema (Hilda) * Tsjummearum 17-6-1893 † Inwood 26-10-1992, 99 jier, [] Richland Cemetary; by trouwen faam te Bitgum; dr fan Schelte Jans Miedema, yn 1888 arbeider te Minnertsgea, yn 1893 te Tsjummearum, en Froukje Sybes van Dijk.
-Klaas Sjoerds Halma * Bitgum 16-5-1902 † 28-3-1981, 78 jier, [] Bitgum; GT; los arbeider by Hettema te Bitgum (nrs 319, 387, 7); letter fêst by Sybe Harmens Andringa; sn fan Sjoerd Heerkes, sjoch dêr;
x Tytsjerksteradiel 25-4-1928, jier, Janke Rijpma * Ryptsjerk 13-7-1904 † 28-4-1977, 72 jier, [] Bitgum; dr fan Klaas Annes Rijpma, feekeapman te Hurdegaryp en Ryptsjerk, en Maaike Jans Jansma.
–Rochus Sjoerds Halma * Bitgum 15-5-1900 † 3-2-1972, 71 jier, [] Bitgum; GT; los arbeider by Hettema; sn fan Sjoerd Heerkes, sjoch dêr;
x Frjentsjer 23-6-1927, 27 en 22 jier, Trijntje van den Berg * Frjentsjer 17-3-1905 † 24-1-1990, 85 jier, [] Bitgum; dr fan Wytze Andries van den Berg, arbeider te Frjentsjer, dêr letter opperman, en Antje Ymes Alkema (Antsje kin net skriuwe).
-Sjoerd Heerkes Halma * Bitgum 2-4-1866 † Frjentsjer 4-3-1944, 78 jier, [] Bitgum; GT; arbeider by Hettema, letter gernier te Bitgum (nrs 316, 115, 212); sn fan Heerke Nammens Halma, arbeider en gernier te Bitgum (nr 149bûten), en Antje Klazes Buwalda;
x It Bilt 9-3-1893, 26 en 24 jier, Albertje Martens Bokma * Froubuorren 13-3-1868 † 16-1-1946, 77 jier, [] Bitgum; by trouwen sûnder berop te Froubuorren; dr fan Marten Rochus Bokma, gernier te Froubuorren, en Hiltje Tjallings Vellinga.
-Bindert Hendriks Hogerhuis * Bitgum 15-5-1895 † 2-1-1973, 77 jier, [] Bitgum; earst NH, letter GT; ferfart as achttjin-jierrich jongfeint op 2-5-1913 nei Noard Amearika, komt dêrwei op 8-6-1914 yn Bitgum werom; dêr arbeider (nrs 52, 189), fan 4-6-1918 oant 25-2-1920 militêr yn ’e Menno van Coehoorn-kazerne te Arnhem; by Hettema te Bitgum (wennet mei de húshâlding yn ’e arbeidershuzen fan Hettema oan ’e Berltsumerdyk); sn fan Hendrik Martens Hogerhuis, arbeider, letter gernier te Bitgum (nrs 355, 122, 170, 41, 37), en Riemkje Binderts Vellinga;
x Menameradiel 22-5-1924, 29 en 24 jier, Aaltje Siebes van Loon * Bitgum 16-5-1900 † 1-10-1975, 75 jier, [] Bitgum; GT, is tsjerkegonger by de frijssinnich NH; by trouwen faam te Froubuorren; dr fan Siebe Jacobs van Loon, arbeider te Bitgum, en Jitske Klazes Ringnalda.
-Jan Annes van der Meer, sjoch: Genealogy Fierstra VII.1.1
-Jan Gerrits Nauta * Bitgummole 8-4-1937; G; arbeider by Sybe Harmens Andringa, bouboer te Bitgum; dêrnei by Hettema Zonen, hy komt dêr mei 18 jier as ‘earste jonge (by Hettema hawwe se meast âldere manlju yn ’t wurk); dan los arbeider by Reimer Rientses Wartena, bouboer op Lyts Aysma op Dyksterhuzen ûnder Bitgummole oant er by syn heit yn ’e gernierkerij komt; dan bouboer en ierdappel- en blommebollekweker te Bitgummole oan ’e Sikkemabuorren; sn fan Gerrit Sapes Nauta, arbeider, letter gernier te Bitgummole, en Trijntje Jans Dijkstra;
x Menameradiel Dieuwke de Groot * Minnertsgea ; beukerliedster en ûnderwizeres te Bitgummole; dr fan Klaas Sikkes de Groot en Nieske Symens Okkinga, boeren te Minnertsgea en yn ’e Súdhoek fan St.-Anne ûnder Bitgum.
-Sape Pieters Nauta * Bitgum 15-4-1908 † Ljouwert 22-8-1964, 56 jier, [] Bitgum; G; by trouwen arbeider te Bitgum, yn 1934 te Ingelum, sûnt Alde Maaie 1935 by Hettema te Bitgum; sn fan Pieter Sapes Nauta, arbeider te Bitgum, en Janke Annes van Dijk;
x Ljouwert 10-5-1933, 25 en 21 jier, Gaatske Brouwer * Ljouwert 8-6-1911 † 7-9-1998, 87 jier, [] Bitgum; by trouwen sûnder berop te Ljouwert; dr fan Doeije Pieters Brouwer, skipper te St.-Anne, Dolsterhuizen, en Ljouwert, dêr letter fabryksarbeider, en Wiegertje Floris Poorte.
-Marten Berends van der Ploeg * St.-Anne 27-7-1908 † 28-2-1979, 70 jier, [] Bitgum; GT; arbeider te Bitgum; yn 1934 idem te Wergea by Tjitze Bosma; idem sûnt 1936 oant syn trouwen te Sweins by I. Idzardi; sûnt te Bitgum, û.o. by Hettema; sn fan Berend Martens van der Ploeg, arbeider te St.-Anne en Bitgum, en Renske Cornelis Post, widdo fan Auke Jelles van der Wal, sjoch by Jelle Aukes van der Wal;
x Menameradiel 5-5-1938, 29 en 27 jier, Trijntje Jans van der Veen (ek: Trientje) * De Pein 12-2-1911 † 9-8-2006, 95 jier, [] Bitgum; G; dr fan Pieter Wiggeles van der Veen, karrider, letter keapman yn ’e Pein, en Rinske Geerts van der Velde;
Tryntsje is foar har trouwen ynwenjend faam,
yn 1928 te Drachten, nr 91, by widdo P. Bijlsma
yn 1929 yn ’e Pein, nr 51, by E. Rinzema
yn 1931 te Gruttegast, nr 216;
sûnt 16-6-1931 te Garyp, nr 178, by Ate Wijmenga;
yn 1932 te Drachten, nr 137, by P. van der Werff
sûnt 2-8-1932 te Bitgummole, nr 405, idem by fuorman Gijsbert Jacobus Wassenaar;
sûnt Alde Maaie 1935 idem, nr 405, idem by de grifformearde dûmeny Jan Weggemans;
sûnt 24-8-1936 te Bussum, Graaf Florislaan 13, by G. Norden
sûnt 8-9-1936 te Bitgummole, nr 20, idem by Tymen D. Grovestein, arbeider;
sûnt Alde Maaie 1911 idem, nr 420, by Berend Martens van der Ploeg (har skoanheit letter);
sûnt 12-11-1937 idem, nr 334, by widdo Ynze Stienstra
sûnt har trouwen útwenjend ynfallend rjochter hân op ’e Twa Damkes by Trui Hettema-Offringa.
Wybren Reitsma * Bitgum 9-4-1894; GT; arbeider by Hettema (hûsnr 175); GT; sn fan Hylke Wybrens Reitsma, arbeider te Bitgum (nrs 475, 71, 358, 119), en Martentje Oenes Wouda;
x Menameradiel 1-6-1922, 27 en 25 jier, Janke Boomsma * Dokkum 14-4-1897; G; by trouwen sûnder berop te Bitgum; dr fan Pieter Feikes Boomsma, yn 1897 arbeider te Dokkum, sûnt 1898 idem te Bitgum, dêr ek kuormakker, en Antje Joekes de Vries; Janke is in suster fan Feike en Jan Boomsma.
-Geert Torensma * Nes, Westdongeradiel, 23-8-1913 † 26-5-1989, 75 jier, [] Stiens; G; bedriuwslieder by Hettema Zonen te Bitgum, wennet mei de húshâlding yn it Bedriuwsliedershûs, Liuwesingel 6; sûnt 1967 wurksum by bollekwekersbedriuw Hollandse Tulp te Stiens; sn fan Ruurd Geerts Torensma, arbeider, letter gernier te Nes, en Janke Renses de Graaf;
x Aaltje van de Vooren * 17-9-1925 † 7-9-1998, 72 jier, [] Stiens.
-Auke Jelles van der Wal * Bitgummole 2-9-1929; GT; arbeider by Hettema, letter by it molkfabryk de Lijemp te Berltsum; sn fan Jelle Aukes van der Wa, sjoch dêr;
x Klaaske van Loon.
-Jelle Aukes van der Wal * St.-Anne 25-2-1904 † 13-10-1986, 84 jier, [] Bitgum; GT; arbeider te Bitgum, û.o. by Hettema (Langestraat, Bitgummole, nrs 419, 429, 410); sn fan Auke Jelles van der Wal, arbeider te St.-Anne en Bitgum, en Renske Cornelis Post; Jelle groeit op by syn mem en styfheit Berend Martens van der Ploeg, arbeider te St-Anne en sûnt 24-5-1911 te Bitgum;
x Menameradiel 16-5-1928, beide 24 jier, Trijntje Klazes Jongsma * Bitgum 30-4-1904 † 12-10-1948, 44 jier, [] Bitgum; GT; by trouwen sûnder berop te Bitgum; dr fan Klaas Tymens Jongsma, arbeider te Ingelum, letter te Bitgum, en Aaltje Martens Hoekstra.
-Douwe Wierstra * Bitgum 10-2-1921 † 12-2-1985, 63 jier, [] Bitgum; G; arbeider te Bitgum by Gerrit Hendriks Dijkstra, grut-gernier en ierdappelkweker te Bitgum; letter by Hettema; sn fan Jan Keimpes Wierstra, arbeider te Bitgum, en Saapke Douwes van der Leest;
x Jantje Laanstra * 8-5-1925 † 4-3-2000, 74 jier, [] Bitgum; dr fan Sjoerd Annes Laanstra, arbeider te Seisbierrum en Arum, en Beitske Johannes Mollema.
Bynammen
Doarpslju hawwe gauris in bynamme. Guon fan ’e hjirboppe neamde lju allyksa. Betiden witte de doarpsgenoaten de eigentlike fan net. Lykas by Dirk Althuis, dy’t Bossy neamd wurdt, mannichien tinkt dat er as famyljenamme Bosje hat.
Durk Alhuis: Durk Bossy.
Anne Dykstra: De Beul; dy namme hat er skipe as er by Hettema slakken om ’e blombollefjilden mei in lodde deastekke moat. Syn âldere kollega Durk Bossy hat him dy namme tatocht. Anne Dykstra wie oars in seldsum sêftsedich man.
Bindert Hogerhús: Bindert Brom.
Jan Nauta: Jan Bol, neffens syn arbeidsum libben as tulpebollekweker.
Wybren Reitsma: Wybren Prak.