As jonge hat Hette yn Bitgum de bynamme ‘Hette Does’. In does is in hûnesoart, mei krulhier. Hoe’t Hette syn skimpnamme skipet bliuwt noch in riedsel, hy hat yn alle gefallen gjin krullen. Syn skelnamme leit gefoelich, ek as er al wat âlder is. As er as jongfeint in kear it tsjerkeoargel wer bespilet en tusken it spul troch nei ûnderen kipet, loert in bysfeint nei boppen en artikuleart lûdleas: Does, Does, Does. De jonge hellet Hette helendal út syn geastelike steat, hy kin Hette net lilker krije. En dat wit er. Hy makket dêr in gewoante fan. Hette kin dêr boppe op dy kreake gjin kant út. Hy draait him alle kearen wer mei in ruk om, de rêch nei dy stjonkert ta. It tekenet Hette, de fint dy’t wit wat er wol kin ek oerémus wurde.tempat wisata di madiun

Wienen syn âldelju fergeastlike, Hette keart werom ta de saak. Hy is sa’t skynt foarlopich net fan doel om him te skikken yn strukturele jildkrapte, oanhâldend gemis fan bougrûn, lit stean om him oer te jaan oan oerdroegen sielepinigingen en erfskuld. Hjir sil sprake wêze fan bekearing, mar dan krektoarsom. Syn leauwen sidderet en bevet net foar it stoflike, mar jout it materiële krêft en stânfêstichheid. Hette syn libbensdevys is: Doe wel en zie niet om – mar o, wat hat hy wat fan syn behoeftige materiële learskoalle wat opstutsen: dat net wer! En oan syn spreuk keppelet er: Ora et Labora. Fan tapassing is allyksa: Hyltyd fierderop, de liifspreuk fan Karel V (Plus Ultra).
Hy hat ymposante plannen en himelhege ferwachtings, yn twadderlei opsicht. Hy sil oanpakke en dêroan keppele fanselssprekkend trochsette. It iene folget by him út it oare. Foar it faderlân wei hannelet er yn woartels, rapen, sipels, earte, beane, flaaks, en ierdappels. Hy krijt stevige ferkearing mei Anne Fokkes van der Meer út it buordoarp Menaam, dochter fan Fokke Durks van der Meer en Leen Harkes Taekema. Anne is kreas en har heit is gernier én ierdappelhanneler. Dat is geskikt.