Muzikale famylje

As omke Lykle achtensantich is lit er de tsjerkeried witte: ‘/…/dat hij begeert een nieuw pijporgel voor zijn rekening in het kerkgebouw te plaatsen.’ Lykle lûkt dêr tûzen gûne foar út. It nij piipoargel, makke troch de Firma Bakker & Timmenga te Ljouwert foar 1.325,00 gûne, wurdt ynwijd op snein 3 maart 1901.

By de hobo en de klarinet en it oargel hat noait rêst
Lykle syn omkesizzer Hette hie earder ek al hele geskikte plannen foar in nij oargel, fynt er sels. Hy is sûnt 1886 foarlêzer én foarsjonger yn ’e Ofskieden Gemeente. Hette syn omkes Anske en Tetman gongen him dêryn foar mei har bejeftige kleare stimmen, teare fibraasje en en dan ynienen út folle boarst boppe alles út – wat fan de foarsjonger ferwachte en dêr’t er neffens betelle wurdt. En alles der tuskenyn, witte dizze jonges, sa sachter en sachter, al nei gelang de poëtise tekst kinne je fan alles beleve. Dêr ha se mei har fine alten út harsels o sa’n gefoel foar, en sa’n sin en nocht oan. Sokke hearlike himelse stimmen. En dan ynienen dat geweldich barstende sjongen dat daveret fan boppenôf oer de gemeentelju har hollen hinne de tsjerke yn. De gemeente barst los yn lûd himelskreauwend psalmgesang, de manlju mei de heechste stimmen folgje de foarsjongers yn twastimmichheid. Se raze hast yn omhegen Lof sij de Heare.
Se kinne der mei-inoar wol wat fan. Dit moatte je hearre. Bitgum stiet der dêrom dan even om bekend. De minsken komme der sels op ôf. Is de minselike stim moaier as oargelmuzyk? In nuver ding.

De muzikaliteit sit yn ’e famylje. Is soks erfelik? Nijsgjirrige ûndersiken datoangeande komme wy letter oer op ’e tekst.
Anske en Tetman har pake Doeke Wigers Hellema hat op ’e pleats op Barhûs in piipoargel, in saneamde sekretêre of kammenetoargel, dat er yn 1840 restaureare lit. Ek yn ’e húshâlding fan syn soan Wiger te Wurdum wurdt wakker oargelspile. Doeke skriuwt yn syn deiboek (2 des. 1840):
Als eene bijzonderheid mag men aanmerken dat [in] het huisgezin van mijn zoon [Wiger], de meeste der kinderen en vooral de jongste, meer en min musiek en de Pzalmen speelen, waardoor zijn orgel nimmer rust heeft./…/ de zoons van mijn overleden dogter op Hallumer mieden bespeelen de Clarinet, Hambois en fluiten, waarin mijn zoon de domeni van Achlum [Hindrik] ook niet onkundig is/…/
Dy soannen fan Hette en Gryt binne: Piter (dan 19 jier), Doeke (18), Tsjisse (10) en Wiger (7); de dochters Lysbeth (17) en Dieuwke (14) neamt pake Doeke net. Mei ’Hambois’ wurdt hobo bedoeld, yn it Frysk ek: hamboai, of homboai. It bespyljen fan ’e klarinet en de hobo is yn dizze tiid en omkriten net húsriem. Trouwens even terzijde, as dêr tagelyk deselde melody op spile wurdt, klinkt it krekt as in oargeltsje.

oargel
Dit is ien fan ’e oargels fan Hette Tsjisses. It wurdt urven fia syn dochter Leen troch beppesizzer Zus, Maaike Miedema, dy’t hast har libbenlang tsjerke-organist is
(foto: Maaike Veenstra-Miedema, Noarch)

Yn in soad húshâldings bespilet de neiteam it harmoanium. Dêr wurdt dan yn ´e fierders stille keamer mei ynmoed by psalmsongen – fynfielend en betiden ek mei útset lûd. Neist dy psalmen mei ’Valerius Gedenkklank’ ek songen wurde. Dat is de ’Nederlandtsche Gedenckklanck’ fan Adriaen Valerius út 1626: ’Wilt heden nu treden voor God den Heere,’ en ’O Heer die daar des hemels tente spreidt,’. Syn klanken binne yn murch en bonken beklonken en yngrift yn sielen: by dy klank en dat wurd krijt de kalvinistise erfgenamt noch kipefel. Yngrift yn sielen? Wat is dat? Dy siel? Hat soks te krijen mei de Hillige Geast. Fine wy dêrom dy muzyk sa moai. Omdat wy ús dêr yn befine. Of ha wy it ússels gewoan generaasjes sa lang sa fertroud oanhearre litten? Wat binne wysels wurdich? Wêrom docht it ús safolle? Dêr waard yn dit laach behoarlik oer redendield en redetwist – en noch, gelukkich.

Njonkenlytsen stean dizze grifformearden harsels dêrneist de njoggenentweintich grifformearde ’Enige gezangen’ ta. En nei ferrin fan tiid allyksa oare âlde otterdokse gesangen. Sûnt begjin tweintiger jierren kringe ek hele nije lûden fan sljochtwei oar kaliber troch: opwekkingslieten fan I.D. Sankey (1840-1908) en de sangen fan Johannes de Heer (1866-1961): sa as ’Prijst de Heer met blijde galmen,’ psalm 146 yn De Heer syn setting. Mar dan allinne yn ’e hûs, net yn tsjerke.

Mar dy psalmen en gesangen binne betiden heel eigen én wêzensfrjemd: want de swakkens, de ôfhinkelikens wurdt sa de kristelike klam op lein. En dat giet regelrjocht yn tsjin de oanberne natuerlike ek eigen sterke bewuste ferantwurdlikens. Dy betiden sawat salvjende teksten taaste yn ’t moed en binne tagelyk toch ek echt ferwerpelik. Helendal net befoarderlik foar oarmans en eigen sieleheil (ynbegrepen graach), yn dy sin dat in sûn mins sels tinkt – en betinkt wat dat sieleheil dan wol net wêze kinne soe, ien en mien foar allegear ús woltinkende minskebern. Lykwols, stiet it ferstân foarop, soms floeit en bloeit ien trien, fan freugde en oprjocht of sentiminteel  fertriet, wa sil it sizze, wa bepaald soks no ek noch. Wa binne wy op ’t lêst. Wy achtsje ússels behoarlik betreklik, en tagelyk ek wol besteklik, nimme inoar wol o sa serieus. Dat spilet altyd op, wy generaliseare dêrom net.
Binne der fan dy kristelike dingen om ús hinne dan moatte de bern dy’t fan dy piëtistise oanslaggen hawwe even gûle. Beppe seit by in tapasselik gesang: Och jonge jonge, datsto dêr no sa om gûle moatst. Gûlsto no sa. Ik wit it ek wol – allang leave jonge. Dit fers is ommers minskewurk. Se leit de hân no even op ús holle. Do leaust tefolle. Mar beppe, op dizze manier kinne wy ommers sels net iens wat dwaan! En neat foarút bedije beppe, sa’t beppe seit! Nee jonge. Mar wy tinke en wy dogge dat ommers al wol. Wy allinne al, do en ik, en jim heit en mem en muoike ommers ek. Lit dy teksten dan no mar even foar wat se binne.
Eins leauwe beppe en wy it sa net. Mar wy hâlde der o sa fan. En uteraard hâlde wy o sa fan de Heare Jezus. O ja! Ja, wy leauwe wol: wy leauwe yn God -‘Ik roem in God, Ik prijs ’t onfeilbaar woord, ik heb het zelf uit zijne mond gehoord’ – ja, yn alle dingen.
Wy wisten it eins altyd al wol, dat wy ús kristelike god sels skepen ha. En omdat wy Him mei-inoar makke ha is Hy der, altyd ta treast – leave Heare.
Want ‘Hij zal het maken’ (psalm 37), beliedt in, yn ús eagen, bûtensteander fan ússels. Nee, dy tekst krekt alhelendal net! Astjeblyft net! Wy wearzgje fan dy belidenis fan oerjefte – net fan dy bûtensteander, dy’t wysels as bûtensteander yn ús brein opslein ha, en dy’t ús likegoed sa eigen is. Wy kinne dy tekst as sadanich net útstean, de man dy’t soks beliedt wolle wy bekokstove.
Mar dat is betiden net de bedoeling. Wy hâlde ús mar stil. Sy net, wy wol. Hy wol, ik net.
Wy kinne net om ússels bestean.

Och beppe. Ien azemsucht fan koele eastewyn jout bûtengewoane stille frede. En even in flinder op je bealch, en dan wer in libelle op je lytse tean. En beppe wêrom ha wy dy libelle evensagoed dan leaver as in michje? En wêrom hawwe wy it leauwen dan sa makke foar de albesteande treast?
Je sille ek in hele protte ferstean, fan ’e opfieding dan ek achternei, dat alles net út te lizzen hoecht te wurden. Dat alles net ferplichtet, nee, dat jesels frij de betrekkelike tinker binne, elke oere op ’e nij. Beppe docht it, yn alle dingen.

De minskebern út dit laach ha sadwaande yn sawat alle gesinnen it eigenste oargelspyljen ûnder de hûd. In harmoanium stiet eins yn elk hûs, sa’n útjefte is sawat de lêste dêr’t op beknibbele wurdt. Hette Tsjisses jout as troukado oan elk fan syn bern it onfolprezen húsriem galmjend meubelstik. Betiden krije alle bern les. Oanlis of net. En dêr’t de lessen te djoer binne, bringt mem, heit, âldere suster of broer de feardigens oer. Gauris wurdt net sa min – op it gehoar – út ’e holle spile. Sa kin Tsjisse Hettes jr. yn syn blinens ta syn blidens op syn manier knap mei de stimmingen fan de âlde Bach oerwei. De moaiste oantinkens oan ’e bline pake stean op it netflies as er op it oargel lofsjongt. Dan is it teminsten sawat goed, is it hast in oannimmelik, beslist leaf manspersoan.
Tsjisse harket mei Trui en bern yn ’e lijenstiid steefêst nei de Mattheus Passion op ’e radio, leafst mei Jo Vincent as mezzosopraan. As dy har in kear nei de safolste útfiering ûntfalle lit: ‘Ziezoo, barbertje hangt weer,’ en Tsjisse komt dat te hearren, kin er Vincent har stim net mear fele. De grammofoanplaten fan it Jo Vincent-kwartet sil er net wer draaie. Dat seit er. Mar hy pakt se nei ferrin fan tiid wol wer op. Je kinne deroerhinne stappe. En Trui kin der ek net fan ôfbliuwe. De stim fan Jo Vincent is ommers ek ûnmisber, foar har. Lykas dy fan Aafje Heynis –Dank sei Dir Gott, en Bist Du bei mir. Net te leauwen, sa tear. Nee wy kinne der net mear sûnder. Sa’n stim! – it boadskip is de fraach. Wat je der dan ek mar fan leauwe meie en kinne en wolle. Dizze myzyk is o sa ta treast – en it jout foarm oan it deistich libben – Heare myn God, wat binne Jo alle dagen fan ús libben tichteby – al wy tinke wy betiden wat oars.

Hette priizget himsels de merk út
Yn 1887 skaft de Ofskieden Gemeente fan Bitgum in ‘Frâns sirefine’ oargel oan, in mânsk harmoanium. Ferskillende organisten wikselje inoar ôf. Dêr is Hette Tsjisses net by.

jacob1
Jabik Tsjisses Hettema, foarsjonger by de Ofskieden Gemeente te Bitgum en lid fan ’t oargelfûns (foto: W.F. Beeuwkes, Twentstraat 125, Den Haach)

Jabik Hettema, de âldere broer fan Hette dy’t yn it oargelfûns sit, seit yn septimber fan 1887 gewoan tsjin de tsjerkeried dat de tsjintwurdige organiste dienjûn wurde moat: der binne wol guon dy’t it better kinne. Ien fan ’e gadingmakkers is syn broer Hette. Mar Hette wol foar syn eigen onfolprezen kundichheid fiifentweintich gûne yn ’t jier ha, en hy wol net yn ’e moarnstsjinst spylje. Hette priizget himsels mei dy betingsten de pleatselike merk út: de tsjerkeried fynt dat fansels tefolle frege en stelt in oar oan.
Febrewaris 1888 giet Hette wer yn ûnderhanneling, hy stelt syn foarwaarden by en wurdt oansteld as organist yn ’e moarnstsjinst. Hy giet no akkoart mei it bod fan tsien gûne yn ’t jier. In jier letter docht er ek de middeistsjinst – it daveret. Geloofd zij God met diepst ontzag, Hij overlaadt ons dag aan dag, met Zijne gunstbewiizen, op hele noaten. O wat is Hette ferknocht oan de gemeentesang by syn oargelspyljen. Hy stjoert har sangen en se litte har yn dizzen foarstjoere. Mar hy wol ek mear as op hele noaten, dat ferget syn eigen muzikaal gehoar. Hette oefenet geduld, mei hele noaten en heal jild. Mei yngong fan 1890 fertsjinnet er mei syn oargelspyljen fyftjin gûne yn ’t jier.
Yn desimber 1896 stelt Hette de tsjerkeried foar om in nij oargel oan te skaffen. Ien sa goed as nij kin er wol op ’e kop tikje – foar trijehûndert gûne. In moaie hannel. It âlde oargel wol er sels wol oernimme foar fyftich gûne. En as der in nij oargel komt, wol er dat sels wol pro Deo bespylje. De tsjerkeried achtet dat in plan by útstek, mar it sit fêst op ’e sinten. Hette krijt fan ’e tsjerkeried tastimming om by wyklikse yntekening jild by de gemeente yn te sammeljen. Nei trije jier is der santich gûne byinoar swile. Fierste min. Dat hie Hette sels allang wol yn ’e beurs hân.
Mar tinkt Hette yn syn hannelsbrein: Je moatte it har net yn ’e skurte werpe?
Dan komt omke Lykle onferhoopt – Gode zij dank – mei syn jefte fanwegen. Ek troch Hette syn tadwaan? It liket der wol op.