It ferneamen
By de registraasje fan de famyljenammen yn 1811 (dekreet fan Napoleon) nimt Pieter Hettes, de heit fan Hetteboer, foar himsels en syn trije bern de namme Hettema oan (Sjoch Hettema stambeamke en de kertiersteat Hettema).
De namme Hettema giet sadwaande net werom op in famylje mei dy namme. Pieter Hettes ûntliende syn achternamme oan syn heites foarnamme; ‘ma’ yn Hettema betsjut ‘soan fan’ neffens it Aldfrysk. De namme Hette is yn dizze famylje opdjippe oant HETTE, de heit fan Reinou Hettes † Raard 1720 x Hylke Jorrrits Wiarda (sjoch Hettema Kertiersteat nr 67 en 66). Under de neiteam binne de folgjende namgenoaten (it nûmer tusken heakjes () korrespondeart mei dat yn ’e kertiersteat):
Hette Pieters * Raard 1735 † dêr 1803 (16)
pakesizzer:
Hette Pieters Hettema * Sibrandabuorren 1797 † Bitgum 1882 (4)
Hette is de twadde soan fan Pieter Hettes Hettema en Tjitske Tetmans Harsta – en se ha him dochs neamd nei syn pake fan heiteskant. Dat soe net sa wêze moatte neffens de tradysje. Want neffens de útdruklike regels oangeande it ferneamen hie de earste soan Hette en de twadde Tetman hiten. En dan hienen al dy Hette’s dy’t hjirnei folgje in Tetman west. No ja.
Piter en Tsjitske ha dus yndertiid de nammen fan har soannen gewoan omwiksele. Wêrom? Miskien hie der al in earste Hette west, dy’t jong ferstoarn wie, mar dat is net út de argiven opdjippe. En oars sille Piter en Tsjitske der gewoan in sin by hân ha, om Tetman Tetman en Hette Hette te neamen.
Pakesizzer:
Hette Tjitzes Hettema * Bitgum 1863 † Ljouwert 1947 (1)
trije pakesizzers:
–Hette Hettema * Bitgum 1927 † Kruiningen 1970, sn f. Tjitze Hettes Hettema en Geertruida Offringa
—twa pakesizzers:
—Hette Willem Hettema * Utrecht 29 sept. 1989 sn f. Hermanus Hettema en Walda Johanna Thetasina Siemens
—Hette de Vlieger * Nijeveen 19 july 1994 sn f. Geertruida Hettema en Jan de Vlieger
–Hette Miedema * Bitgummole 8 july 1920 sn f. Minke Hettema en Gerrit Thomas Miedema
—ien âld-omkesizzer:
—Hette Anne Holtman * Bedum 3 sept. 1972, sn f. Minke Veenstra en Melle Holtman
–Hette Hettema * Ljouwert 16 sept. 1933 sn f. Fokke Hettema en Yfke van der Schaaf
—ien pakesizzer:
—Yvan Hette Burrie * Sydney 28 des. 1989, sn f. Josephina Hettema en John Burrie
—twa omkesizzers:
—Fokke Hette Nooitgedagt * Drylts 14 aug. 1957 sn f. Anna Hettema en Aldert Nooitgedagt
—-pakesizzer:
Alexander Hette Kea Nooitgedagt, sn f. Kristian Nooitgedagt en Saskia van Gelderen
—Hettie Yf Hoevers * Aalsmeer 21 july 1963 dr f. Baukje Hettema en Jan Willem Hoevers.
TJITZE (2) de soan fan Hette Pieters (4) is grif neamd nei syn jongferstoarne suske Tjitske (Sjoch Hettema stambeamke).
Dy namme is werom te bringen op:
Tjietske Harmens † Wurdum 1749 (39)
beppesizzer:
Tjitske Tetmans Harsta † Dearsum 1755 † Reduzum 1826 (9)
-twa beppesizzers, bern fan Pieter Hettes Hettema en Grietje Doekes Hellema (4 en 5):
–Tjitske Hettes Hettema * en † Dearsum 1826
–Tjitze Hettes Hettema, neamd nei syn suske, * Hallum 1830 † Bitgum 1891
—twa pakesizzers:
—Tjitze Pieters van Marrum * Feinsum 1886 † 1965 sn f. Jeltje Tjitzes Hettema en Pieter Pieters van Marrum
—Tjitze Hettes Hettema * Bitgum 1889 † Ljouwert 1957 sn f. Hette Tjitzes Hettema en Antje Fokkes van der Meer
——trije pakesizzers:
——Tsjisse Doekeles Brouwer * St. Jabik 25 maart 1953 sn f. Anna Hettema en Doekele Gerbens Brouwer
——Tjitze Hettema * Ljouwert 9 july 1953 sn f. Hette Hettema en Rigtje van der Schaaf
——Tsjisse Hettema * Bitgum 16 july 1955 sn f. Hermanus Hettema en Elisabeth Dykstra.
De namme MINKE yn ’e famylje giet werom op:
Minke Martens Offinga * Achlum 1766/’67 † dêr 1842 (7)
beppesizzer:
Minke Jacobs Brugsma * Achlum 1829 † Bitgum 1897 (3)
-fjouwer beppesizzers:
-Minke Pieters van Marrum * Feinsum 1883 dr f. Jeltje Tjitzes Hettema en Pieter Pieters van Marrum
-Menke Martinus Olivier * Hallum 1887 † Bitgummole 1965 dr. f. Grietje Tjitzes Hettema en Martinus Louws Olivier
-Tjitze Hettes Hettema sn f. Hette Tjitzes Hettema en Antje Fokkes van der Meer
—dochter:
—Minke Hettema * Bitgum 17 sep. 1924 † Bitgummole 18 july 1939
——twa muoikesizzers, bern fan Dieuwke Hettema en Wieger Hellema:
——Geertruida Minke Hellema (Trudeke) * Hallum 1 nov. 1941 † dêr 27 april 1952
——Minke Geartrude Hellema * Hallum 13 nov. 1953
–Minke Hettes Hettema * Bitgum 1894 † Lutjegast 1964 x Gerrit Thomas Miedema dr f. Hette Tjitzes Hettema en Antje Fokkes van der Meer
—twa beppesizzers:
—Minke Veenstra * Sweagerfean 17 maart 1949, dr f. Maaike Miedema en Jannes Veenstra
—Minke Veenstra * Lutjegast 6 maart 1965, dr f. Magdalena Miedema en Egbert Veenstra
–Minke Pieters Herder * 1910 † 1927 dr f. Antje Tjitzes Hettema en Pieter Johannes Herder.
Neffens Leen Hettema wiene de bern fan Hette Piers troch de bank nommen bejeftige mei gouden stimmen en in skerp ynsicht.
En Leen hat as hazzelippefamke guon fan dy âldomkes en muoikes sels ek yn eagenskou nommen: se wienen yn dy generaasje neffens har allegear – dus sûnder útsûndering, hoe is ’t mooglik – útsûnderlike kreas, miskien hienen se it allegearre wol fan Gryt en Teatske. Hysels wie net sa kreas, sei Leen. Mar ja, se mocht him ek net omdat er syn bernsbern sa koeienearde en sa wetich wie – mar dat wie se sels yn seker opsicht ek – en om mear fan syn eigenskippen dy’t se my net ferteld hat. En wat is kreas. Ik mocht âlde muoike Leen o sa graach en ik fûn har sels betiden seker yn alle opsichten in hele kreaze ferskining.