Leen Hettema en Nine Offringa, by de trouwerij fan har omkesizzer Hette Tjitzes HettemaLeen de lêste
As Fokke yn 1930 trout, skoot Leen in pear huzen fierderop, nei de Vondelstrjitte nûmer 1, fuort om ‘e hoeke; achterom is se yn in pear stappen by har broers, skuonsusters en tantesizzers, mar se rint de doar dêr net plat.
Se wennet oant har âlde dei yn ‘e Vondelstrjitte. Net oant har dea.
Se hat der nocht oan om te skaken mei har tante- en âldmuoikesizzers, dy’t se graach ferslacht. Dy binne mei in soad wille by har útfanhûs. Se meie dêr in protte. As se ris postadres is foar de leafdesbrieven fan de faam fan in âldtantesizzer, opperet har suster Minke: ‘Dus do bist postiljon d’amour.’
Mei útwreiding fan ‘e saak wurdt ek administraasje oan har hûs fierd. Se wurdt kofjeskinkster foar it personiel. Om wat mear om hannen te hawwen hâldt se wat jierren kostgongers. Mei oaren docht se in hoart in sneinsskoalle.
Leen hie mear wollen en kinnen as soks. Mar dat stiet de tiid yn ‘e wei, en dêroerhinne it feit dat se foar bûtensteanders mar min te ferstean is.
Se hat in skerp each foar minsklike ferhâldingen en kin har broers goed ûnderhâlde, ek oer saken.
Fan Leen har slachfeardigens docht benammen bliken yn krises. Yn ‘e oarlochsjierren moatte har suster Minke en sweager Gerrit yn Grinslân ûnderdûke. Om de bern mei it fee op ‘e pleats net allinne te litten, komme pake Hette en tante Leen oer.
Op in nacht is der in ynfal fan NSB-ers en lânwachters, swarthimden. Se moatte soan Hette ha. Pake Hette bliuwt der foar ‘t each ûnfersteurber ûnder en seit: Bern jou dy mannen in sigaar.
Mar de swarthimden hammerje derop dat Hette syn skûlplak oanwiisd wurdt. Dan ropt Leen – se kin no net lige – : ‘Ik kan Hette toch oek niet út de grond skeure?’ De keardels ferstean der gjin wurd fan, mar se hawwe it boadskip fan dat kranich frommes mar al te goed begrepen en druppe stik foar stik ôf.
As de ferloofde fan ien fan har muoikesizzers ûnderdûkt op ‘e âlderspleats fan syn faam – it stel ferkeart dan ûnder ien dak – opperet tante Leen: ‘No moat ik marris even mei dy jonge prate.’
As se âlder wurdt, sit se yn alle folop in soad allinne. Se krijt wol besite fan tantesizzers en dy komme ek geregeldwei om har yn ‘e hûs te helpen. Op in kear fynt ien fan har in aansichtkaart dy’t tante oan harsels ferstjoerd hat.
Dan begjint dy tantesizzer har op geregelde tiden brieven te skriuwen.
Leen makket kenber dat as it safier is, se opnommen wurde wol by famylje. Yn har tiid is soks fanselssprekkend. Se moast sels ferneare dat âld-omke Lykle yn it gesin opnommen waard. Se fersoarge har mem yn dy har sykte oant har dea, sadat dy thús stjerre koe.
Op in dei brekt se har heup. In tantesizzer hat har earder al oanbean om har yn ‘e hûs te nimmen. Mar op dat stuit is dy har man sa siik, dat se kin dat mei gjin mooglikheid wiermeitsje.
Leen bedarret yn in ferpleechhûs. Har eigen hûs, dêr’t se har lang libben baas op eigen hiem wie, wurdt ferkocht, leechhelle, har âld guod ferdield. Se is oerlevere.
Se komt yn fersoargingshûs Talma yn Feanwâlden, krekt oplevere nijbou, fierhinne onbewenne. Om har hinne binne allegear lege apparteminten oan lange, holle gongen. Se sjocht út op in keal bouterrein dêr’t tunen noch oanlein wurde moatte. Se sit middenmank nije meubels, praktys spul. Se stelt fêst: ‘Hjir ha ik oars net as útsicht op de dea.’
Se wol net mear. Se rekket yn ‘e war en wurdt opnommen yn Medisch Centrum Leeuwarden. As famylje by har op besite komt, heart dy har fan ûnderen troch de liftgong hinne razen. Se fertoarket op it sikehûsledikant. Se wol de hân fan ‘e muoikesizzer net loslitte. De hannen wurde útinoar skuort. In kear hinget yn ûnmacht yn bannen by ‘t bêd del.
Magdalena Hettes Hettema ferstjert as lêste fan har gesin, 87 jier.
Oan it Skieppedykje te Ljouwert is it Noarderbegraafplak. Dêr lizze de oerskotten yn rigen neistinoar neffens datum fan begraven, ûnder stiennen dy’t allegear deselde ferplichte breedte en hichte ha. Dêr wol Leen ek begroeven wurde. Net by har heit en mem yn Huzum, likemin by de famylje yn Bitgum, har bertedoarp.