Nei Apeldoarn
Hette (63) trout in jier dêrnei – ta grut fertriet fan syn dochter Leen – mei de Noard-Hollânse dame Aafje Sluis (55) – fan ’Sluis Veevoeders, sinds 1823’ -, as widdo fan Jentjes Aukes Leenstra (earder skoallehaad op it Hearrenfean, sjoch Hettema-stambeamke). Mefrou Leenstra – foar de Hettema-bern, soms needtwongen , ’tante Aaf’ is ek festige oan ’e Huzumerleane. Mar needtwongen bedjippet dit hinnegean al gau yn ynbêde gollens, Aaf wurdt in wol hele leave leave frou foar har nije bern en har begearige tantesizzers idem dito, mei útsûndering.
Aaf lûkt – mei har trije bern – by Hette yn. Leen en Fokke fertrekke, se sette har nei wenjen oan de Fonteinstrjitte 75 yn Ljouwert.
Om Hette syn astmatise brongitis ferhúzje Hette, Aaf en har dochter Fien yn 1930 nei Apeldoarn. Hette keapet dêr in hûs oan de Koningin Hortenselaan, nûmer 9 (letter omnûmer nei 15). Hy beleit yn mear huzen: oan de Bas Backerlaan, de Loolaan en de Regentesselaan. By syn dea hat er op namme fan elk fan syn fjouwer bern in hûs yn Apeldoarn te stean – en in oargel, lykas beskreaun.
Yn Apeldoorn, achterhûs op ’e Hortenselaan: Aaf en Hette mei de húshâlding fan dochter Minke. Fan links nei rjochts: pakesizzer Thom (op ’e rêch sjoen), tante Aaf, pakesizzer Hette, tante Leen Hettema, pakesizzers Maaike en Annie en dochter Minke Miedema-Hettema
By Apeldoarn yn 1932. Fan links nei rjochts: Hette Hettema, Thom en Maaike Miedema, Minke Miedema-Hettema, Annie en tante Aaf
Wer in dei op stap, 11 augustus 1934: fan links nei rjochts: Tante Aaf, Leen Hettema, Annie Miedema, Gerrit Miedema (mei wite hoed), Hette Hettema (mei swarte hoed), Maaike, Hette, Minke Miedema-Hettema en Thom
Hette wol, ûnder oaren mei syn jierdei, al syn bern tagelyk rojaal útfanhûs hawwe kinne. Dêrfoar achtet er it hûs oan ’e Hortenselaan te lyts. De bern nimme har yntrek yn in hotel by sokke gelegenheden. Yn 1937 keapet Hette dêrom in royale filla, krêmkleurich mei restauraasje-grien houtwurk – dat fynt er moai, en hy lit it daliks fijn byhâlde -, oan de Regentesselaan nûmer 29.
Regentesselaan nûmer 29 yn ’e tritiger jierren. Oan ’e sydkant en achterkant is in serre.
It hûs hyt tsjintwurdich De Regentes. Oan ’e achterein is no in grutte útbou de tún yn. Under de namme Pluryn wenje dêr jongeren dy’t ortopedagogise begelieding krije. (Foto: Coda Archief & Kenniscentrum, Apeldoorn.)
Dit is de lêste filla dy’t Hette en Aaf yn Apeldoarn bewenje. In gâns oar hinnekommen as Hette syn bertehûs en kreaze honk as boike yn Bitgum. Kreas: sjoch it haakte gerdyntsje en it kante stekje bygelyks. It is byhâlden.
(Sjoch ek haadstikje Ekonomys op-en-delgean.)
Hette ferstjert yn 1947 by syn dochter Leen te Ljouwert.
Fokke regelet de útfeart fan syn heit. De garaazje fan Leen wurdt ynrjochte as roukeamer, de chapelle ardente. It begjin fan ’e lange plechtige begraffenisstoet fan ’e Vondelstrjitte nûmer 1 nei it tsjerkhôf Huzum nûmer 1 beslacht acht roukoetsen lutsen troch oerstarich traapjende Fryske hynders, alles mei swart beklaaid. It is deastil. No ja, útsein dy hoedene hoeven dan.
Yn ien fan ’e achterste gefolgen sitte Jannes Veenstra en Doekele Brouwer, hele oppassende oantroude pakesizzers yn spee, en yn har midden is tabetroud pake Hette syn leave pakesizzer Gosse. Under it riden binne de foarskriften dat it minsdom achte wurdt om – hast, mar dan ek hast – neat te sizzen. It is dus noch werkelik deadestil yn dat heimelike geheime donkere kombof. Mar de jonge Gosse begjint him te roeren, mear en mear beweechliker. Hy sjocht ynienen alles en alles as fermaaklik, skôget dy donkere kontoeren as hilarys. De foarsichtige fermoanningen fan syn oerdegelike oansteande famyljeleden op dizze útfeart fan syn eigen pake alhelendal. Hy skuort de deftige tichte pears-swarte kleedsjes mei de stive foarname kwastjes fan ’e tsjustere kabinesel samar fansiden. Resolút. Ljocht! Hy kipet gretich troch de behindige rútjes hinne en gaait lûd yn it mâle út, tsjin it tichte glês oan nei bûten ta. Wat er útropt fersteane Jannes en Doekele beide wol – net wurdlik.
As er ien fan de stiif ferkrompen troanys oan ’e oare kant fan ’e dyk yn syn eigenste earbiedich earbetoan – hoed ôf – lyk yn it oantlit skôget en ridendewei stadichoan foarbygean sjocht, is Gosse stil.
As Hette neigeraden neist Anne begroeven is, wurdt op ’e stien tafoege:
EN VAN ONZE GELIEFDE VADER/HETTE HETTEMA/GEBOREN TE MENALDUM/DEN 27 FEBRUARI 1863/OVERLEDEN TE LEEUWARDEN/DEN 4 JULI 1947/MAAR (BLIJ VOORUITZICHT DAT MIJ STREELT!)/IK ZAL, ONTWAAKT, UW LOF ONTVOUWEN,/U IN GERECHTIGHEID AANSCHOUWEN,/VERZADIGD MET UW GODD’LIJK BEELD./PS. 17:8./
Aaf ferfart yn maart 1948 – krapoan in jier nei Hette syn dea – nei Arnhem dêr’t har soan Piet wennet, se ferstjert dêr yn datselde jier by Piet en dy (Roemer Visscherstraat 7).
It opskrift op har tinkstien op It Hearrenfean is:
IN JEZUS ONTSLAPEN/ONZE LIEVE EN ZORGZAME/MOEDER/AAFJE SLUIS/1871-1948/KINDEREN LEENSTRA/
WURDT FUORTSET