Hette bekent Anne yn ’e hite hei jitte foar it houlik. Anne rekket swier. Skande, skande, sûnde, sûnde. Se moatte skuld bekenne foar de tsjerkeried en dêrnei yn ’t iepenbier yn tsjerke foar de gehele gemeente. Op ’e knibbels, de holle bûgd, troch it stof. Anne sjocht der gjin ljocht noch heil mear yn. Hette nimt har op in jûn mei, achteryn de gong. Hy seit: ‘Gean no mei de rêch tsjin de muorre oan stean.’ Anne docht it. Hette seit: ‘Rin no achterút.’ Anne: ‘Dat kin net.’ Hette: ‘Dan kinst allinne mar foarút.’ Dit is wier gebeurd, neffens de famyljeferhalen, en it is net moaier makke as it is. In oare ferzy fertelt dat Hette Anne mei nei tsjerke nimt en har freget om tsjin de tsjerkemuorre oan stean te gean. It is opmerklik dat soksoarte ferhalen ek yn oare famyljes foarkomme, dat soe tsjutte kinne op in âld ritueel.

Anne is Nederlâns Herfoarmd. Dat is ek net bêst, al is se dan ek noch sa otterdoks as wat. De Hettema’s kinne net oars as deroerhinne stappe no’t se trouwe moatte. En se meie wol oer har, ferstannich en kapabel, en nettsjinsteande dy mishipte tsjerke en dy ferskrikkelike fleiselike misstap fan har eigen soan – want sa is ’t wol – is ’t likegoed in nommel frommis. By it trouwen giet Anne daliks oer nei de Ofskieden Gemeente fan Bitgum.