Tjitze Hettema en Geertruida Offringa
Tsjisse Hettema en Trui Offringa ferlove har. Trui is berne yn it saneamde Mantgumer húske oan ’e Swette ûnder Mantgum, de klokslach fan Easterwierrum (sjoch Hettema-stambeamke).
Se trouwe op 17 jannewaris 1917 te Ljouwert
It geniershûs yn Bitgum wurdt opknapt, boppe de foardoar troanet tenei in harkeniel. Neist it wenhûs komt in ierdappelpakhús, en letter noch ien. Op ’e foto Trui (rjochts) mei lytse Djoke en in faam, dêr’t de namme net fan oerlevere is
It âlde wurdt fierhinne ôfbrutsen, wat brûkt wurde kin wurdt fansels brûkt en op ’e âlde fûneminten ferriist in heech wyt-bepleistere hearehûs. Op ’e foto Fokke (links) en Tsjisse Hettema. Se binne guon fan ’e earsten yn Bitgum dy’t in auto oanskaffe – of binne se de earsten? Ik haw it noch net útsocht, it kin my net safolle skele, mar je kinne it so wie so net faak genôch melde.
Dit is it bertehûs fan heel wat famylje: de bern fan Tsjisse en Trui (útsein Gosse), de âldste fjouwer bern fan Doekele en Anne en de trije bern fan Herman en Lyb en bern fan Piter Brouwer en Japke Graanstra
Der komt nij ljocht, in typmasine, in telefoan, in diktafoan – de foarrinder fan ’e bandrekorder. Tsjisse en Fokke leare mei dat apparaat in mûlfol Dúts en Frâns. Mei printkaarten wurdt reklame makke yn it Nederlâns, Dúts, Frâns en Italiaans (sjoch Hettema reklame).
Tsjisse wurket yntinsyf gear mei Fokke. Dy seit letter dat syn grutte broer syn bêste learmaster wie.
Foar syn trouwen yn 1930 wennet er in hoart by Tsjisse en Trui yn. De bruorren litte har jûns nei har sakelike besonjes graach troch Trui út stichtelike boeken foarlêze. Dy kristelike literêrebrije moat fan Trui trouwens wol wat om ’e hakken ha. Se ferdjippet har dêr mar wer ris yn. Se sjocht dy beide leave grutte jonges dy’t har mem betiid ferlearen oan har skurte sitten. Se kiest om de mannen temjitte te kommen bygelyks mei in oannimmelik net te dreech boek In Zijn arm de lammeren en jout dêr mei har sachtige mimyk en keunstige gedragen spraak in literêre draai oan, want dat kin se goed en dêr hat se no wol even nocht oan – en op dy keunstfoarm hat se yn har húsfroubestean ommers rjocht, fynt se sels. Se oefenet soks sá dat de triennen betiden by har beide skatten oer de wangen biggelje. En dat is de bedoeling. En dat behinderet dy kant fan ’e kâlde sakelju yn har ûnwittendheid gelukkich net, want it is hjir wol heel waarm fertroud by Trui. Se wit net fan ophâlden mei har keunstjes by dy foldongen keardels dy’t ûnder har eagen har mem ferlearen en by har ûnder har oangenaam tichteby fertellen bruorkes binne en bliuwe – Grutte en Lytse Broer, moatte se sels witte. Se binne itsels. En Trui hâldt dy Hettematsys foarduerend yn ’e gaten.
Dat is dan even hertslach op eventsjes hertslach? In patroan dat jierren wurket.