Tjitze Hettes Hettema en Minke Jacobs Brugsma
Hie Tsjisse syn heit yn ’e Hallumer Mieden in feesteapel fan fyftich kij, Tsjisse is – sels keazen? – ‘bedeeld’ mei in santjinde part dêrfan. Hy is gernier – mei fee – te Bitgum. Heit boer op 120 pûnsmiet, Tsjisse mei net mear hawwe as heechút tweintich.
Tsjisse Hettes is in persoan mei in behoarlik plichtsbesef, mar hy kin min út it stee komme. Hy lijt oan swiersettigens en sjocht der allegeduerigen tsjinoan om besluten te nimmen. Sa doart er hast net syn oerfloed oan flaaks, earte, beane, woartels, rapen, koal, sipels en ierdappels te ferhanneljen. Hy wachtet ôf en sit te stinnen. Oant de prizen sadanich sakke binne dat ferkeapjen alhelendal gjin doel mear hat. Of de frucht is al op it lân ferrotte.
Under syn neiteam is ien fan ’e húsrieme siswizen – yn ’t Hollâns, want dat jout mear gewicht? -: Niets ruimt zo op als een besluit, uteraard benammen beuzige – even as in ferademing – troch de onferbeterlikste besluteleazen ûnder har. Tsjisse syn – sels oproppen? – tsjinslaggen leit er by himsels út as straffen fan Boppen. Hy fielt him skuldich – en is lamslein. Troch juster wurdt er pleage en nei moarn sjocht er leaver net. O myn God, myn siele bûcht har del yn my.
Boppedat wurdt er dêryn bestevige troch syn frou, Minke Jabiks Brugsma, dy’t itselde singeliere oer en yn har hat. As se by mankelike riten wer ris lêst fan oanfallen fan twifel ha – wankelfleagen – lûke se har mei har beiden it leafst achter de swiere kleden yn ’e bedstee tebek,en docht Tsjisse triljendewei de bedsdoarren foarsichtich ticht. Dan hâldt it leven hast op, tink. Nee. Want minskebern Tsjisse en Minke binne net alhelendal lamslein. Se fine gewoan yn mienskip yninoar de pleatselike en goddelike treast. Har neigeslacht wurdt hoeden oanset – ek wolbewust foar letter better.
Se hawwe dêrby in yngreven piëtistise ynslach. Tsjisse en Minke har libben is bidden – de persoanlike befining tichteby har God. Sûnder ek mar ien dertusken.
Ek dy hâlding makket dat se it yn dizze bedeling oerjouwe, en dêrmei it gemaak. Se ûndergean letterlik en figuerlik har lotsbestimming en dy stiet heaks op de maakberheid fan har bestean. It is by dizze minsken net in saak fan: wol kinne, mar net wolle. It is earder: wol wolle, mar net kinne. En dat knoeit har. Yn it stoflike bedije se dan ek net folle.Tsjisse is ‘needsake’ om him geregeldwei as arbeider te ferhieren. Dat is ferskrikkelik.Se ferhúzje dêr in pear kear om. Dêr kinne se net oer. Se binne dat net wend, en boppedat binne se beide fan gesettelde komôf. Dat stekt ek o sa. En dat mei ek wer net, dat it stekt: want Idelheid der idelheden. Tsjonge jonge, wat in leven.
Har persoanlik rampjier is 1863 as se fan Bitgum nei Harns en fan Harns nei Doanjum en fan Doanjum wer nei Bitgum ferhúzje.
Folksstammen arbeiders ferfarre trouwens yn dy tiid sawat har hele leven lang, fan âlde maaie op âlde maaie. En losse arbeiders rinne alle dagen mei frou en kroast letterlik mei de honger yn ’e hals om. Tsjisse en Minke witte dat mar al te goed: se sjogge it ommers alle dagen wer en wer by al dy begruttelike oaren om har hinne, en se fiele har skuldich. Dy skuld. Wat bûchsto dy del, o myn siele. Wat bisto ûnrêstich yn my.
Want earmoed kenne se yn it deistich libben net oan harsels. Minke hat har gouden earizer mei soarch opburgen yn it kammenet mei it sydsulver en oar goud- en sulverwurk, en dat hoege se gelukkich net te ferkeapjen. Se binne lykwols ek net materieel hechte oan dat guod. Net om de wearde yn pekunia as sadanich, wol tagedien by it kuozjen en behâld fan eigenens omdat Minke har mem en beppe it ek droegen, en omdat dy dizze sulveren skjirkes en nullen mei fingerhuodsjes yn ’e skurte berduerendewei by har hienen. Rûke dy kantene skelken sadwaande no noch sa?
Der binne ek oaren yn Tsjisse syn byld, oanhelle mei erflik besit en âldjild – hast taastber flakby him, mar fierôf. Ulbo baron thoe Schwartzenberg en Hohenlansberg (Ljouwert 1824-Den Haach 1904) ferhiert boulân dat Tsjisse earder brûkte. Tsjisse syn soan Hette is yn letter jierren hierder fan him
Hette is allyksa rintmaster en saakwaarnimmer fan Ulbe, dy’t kontroleur fan ’e Ryksbelestingen is, yn Utrecht en Middelburch. Ulbe is meilibjend herfoarmd en Hette en Anne meie graach mei him oer it leauwen op ’e tekst. It omgean mei sa’n man fan kwizekwânsje komt foar Hette syn status yn ’t doarp oars ek wol goed út.
Ulbe syn dochters Magdalena (Middelburch 1866-Den Haach 1935) en Ulbine Jeanne barones van Till (Utrecht 1868-Velp 1939) ha niget oan ’e jonge bern fan Hette en Anne. Oer en wer wurde foto’s ferstjoerd en dochter Leen bewarret as lyts famke yn har tsjûk aansichtkaartealbum printkaarten fan baron Ulbe en ‘Mevr. Van Till’, dy lêste binne altyd spesifyk oan har rjochte: Jongejuffrouw Magdalena Hettema of de oudste Jongejuffrouw Hettema. Leen is dêr o sa mei op ’t skik: ‘De âldste dochter fan Schwartzenberg en ik hienen deselde namme, dêr makken dy freules arige grapkes mei my oer.’
Lânhearre Ulbe Schwartzenberg (foto: Dupont, Bruxelles) Ut Leen har fotoalbum
Ulbe is in soan fan Georg Frederik (sjoch hjirfoar), hy is opgroeid op Martena State of ‘Groot Terhorne’ (ôfbrutsen 1879).
Dizze foto stjoert er oan Hette en Anne: aangeboden door U. thoe Schwartzenberg en Hohenlansberg
Hette hat de gewoante ierdappels nei syn lânhearre te stjoeren, as tank printkaarten (1899): Veel malen dank voor uw deelneming, voor het toegezondene en goede wenschen bij gelegenheid van het nieuw toegetreden jaar. Dat ’s Heeren beste zegeningen in dit jaar, in ruime mate, ook uw deel mogen zijn, bid ik u van harte toe. Weldra schrijf ik u nader. – Na vriendelijke groet aan u beiden uw Dw [dienstwillige] thoe Schwartzenberg
Hartelijk dank voor het mij toegezondene met uwe goede wenschen. Een en ander was mij zeer aangenaam. Uwe Dw S. (1901)
Dy erflike swiermoedigens
Hat Tsjisse syn bedrukte gemoedsstimming skipe fan syn foarâlden? Is soks endogeen? Syn beppe Tsjitske – dêr’t er nei neamd is – hat neffens har soan Hette by riten allyksa aloan lêst fan dy aaklike kribbekeurichheden, mar by dat lijen neamt hy in oarsaak bûten de siel om: de tsjinslaggen yn ’e feehannel, de bankrotten. Of is soks net bûten de siel om? Wat is dy siel? Likegoed, it is mar krekt hoe’t ien tsjin de dingen oansjocht: is Tsjitske allinnich troch dy uterlike omstannichheden telider slein, of spilet har bewoartele mismoedige oanlis op as it har tsjinwierret?
Tsjisse syn heit Hette hat it oer syn ‘anders opgeruimd natuurlijk leven’, mar nettsjinsteande syn eigen wurden is dit leave – dat moasten je net tsjin him sizze – onmogelike ferskrikkelike swiergewicht yn ’e praktyk fan it libben behoarlik swier op ’e hân, wetich en tagelyk yn ’e grûn onwis fan himsels, docht út syn memoires bliken. Mar hy is ek by steat om troch te pakken. Dêrtroch?
Tsjisse syn mem, Gryt Doekes Hellema, libbet foar har trouwen yn ôfsûndering fan ’e bûtenwrâld, se komt amper fan ’e pleats op Barhûs ôf. En letter plichtet se wakker mei de dingen om te pakken. Sa giet se mank ûnder selsferwiten en pleaget se harsels al mar mei fragen, oft har leauwen wol echt is, bygelyks.
Sokke oandwaningen ha mooglik yn otterdoks befynlike fermiddens in sûgjende sompige grûn, dêr’t je jesels mar min útwrame kinne.
Minke Jabiks Brugsma
(foto: J. Siervers & Zoon, Edam, Hilversum)
Op dit portret stiet oer-oer-oerbeppe Minke as jongfaam. Se lit har dan noch portretteare. Mar by neier ynsjen achtsje hja en Tsjisse it mei har piëtistise ynslach net gepast, noch foechsum om har op dy wize ‘ferivigje’ te litten. It ferbyldzjen fan sa’n idel ôfbyld soe mooglik de siele skea en kwea dwaan kinne. Of de geast soe ferflechtigje. Of sa.
Bruorrren en susters – al of net yn ’e Heare – hawwe dy beswieren, betinkingen en oertsjûging net. De mem fan Minke kaam ek op portret. Har twadde mem allyksa. Se binne feilich foar waar en wyn bewarre yn it famylje-argyf. Neist in hele ris oare blykjes fan âldomkes en -muoikes, neven en nichten, freonen en kunde en fierdere stervelingen. Der ha yn ’e njoggentjinde en begjin tweintichste ieu riten west dat se yn dizze famyljes oer en wer wakker foto’s útwikselen. Benammen de jongere garde. In hele strûs portretten op karton steane o sa faak gewillich op papier yn oanklaaide fotoalbums fan fluwiel.
Mar wy witte betiden net wa’t wa is.
In âldmuoike dy’t alles sekuer op in rychje hie wat dy foto’s oanbelanget, soe dêr altyd nochris achterop de nammen sette.
‘Muoike se stean der noch net op.’
‘Nee, dat komt wol jonge.’
Letter, en wer letter: ‘Muoike, muoike hat de nammen der no noch net op.’
‘Ja, in oare kear.’
‘Sil ik se der achterop sette muoike?’
‘Nee, dat doch iksels wol.’
It is der noait fan kommen.
Ut in oar laach wol in beppe krekt wol dat har beppesizzer de nammen by de famyljeportretten skriuwt. Sadwaande ferdútst in puberaal hanskrift yn balpen dêr no wa’t út de njoggentjinde ieu hokke namme draacht – wylst dy jonge dat sels doe o sa onearbiedich fûn, sa’n ordinêre pen en sa’n hanskrift.
Mar oars wurdt de skiednis ek samar gewoan opromme. Want de geschiedenis herhaalt zich altyd wer: skoandere ieuwenâlde famyljedokuminten dy’t soarchfâldich troch in mem op in solder yn doazen bewarre binne, wurde nei har ferstjerren by it opromjen fan har hûs troch net-wittenden as âlde rommel samar yn in ôffalkontener dumpt. Ien dy’t better wit fljucht derachteroan, wêr is dat ferneatigjende onding? Mar dy kontener is echt net te achterheljen. Wat in ferstân! By ’t âld papier fermoarzele. Kostber erflik geskink samar foargoed foart.
Goud of sulver wurdt mooglik net daliks fuortdondere – om it goedkeape koartsichtige sicht fan ’e materiële wearde dêrop. Antyk houtwurk wurdt wol fuortdien, want it is mar krekt wat de tiid seit: is ’t wat wurdich tsjintwurdich? Dan hâlde of ferkeapje, en oars ek by ’t grou ôffal. De smaak, de waan fan ’e dei regeart.
Dingen hawwe ek wat oars yn har – in siel of in geast – in treast. Dat kinne je belibje, as je wolle. Wa’t net wit, wit neat.
Binne Tsjisse en Minke oanhelle mei duldsumens, de beide heiten hawwe dêrfoaroer in stevige ûndernimmingsgeast. Beide binne foaroanlju by de Ofskieding en elk foar oar tûk ûndernimmer, de iene uteraard as boer, de oare as timmerman-oannimmer. Beide litte har pontifikaal portretteare troch de hypermoderne fotografy.
Har pakesizzer Hette Tsjisses lit dy portretten útfergrutsje en foar de neiteam fermannichfâldigje, nei mear as hûndert jier dûke dy hjir en dêr noch op.
Yn Bitgum wurde Tsjisse en Minke har fiif bern geboaren: Jeltsje, Gryt, Jabik – dy’t se ferlieze as er sânentweintich jier is – Hette en Anne.
De bern begjinne mei in geastlik erfskip fan komsa en finansjeel mei hast neat. De trije dochters slagje der fierhinne yn om – mei man en bern – baas op eigen hiem te wêzen. Hette fielt him oant yn lingte fan dagen op ôfstân thús by syn trije susters.
In ongemakkelike studio
Ek de bern fan Tsjisse en Minke meitsje op har kreast allegearre in reis nei de stêd om har portretteare te litten.
Op sokke foto’s lykje de lju trochstrings stiif en wol heel earnstich, mar dy ferstive pose is by de fotograaf yn syn wêzensfrjemde studio mei syn ûnwerklike kwazy deftige kûlissen en pronkerige en protserige attributen wenst yn dizze tiid. De libbene praktyk stiet dêr betiden heaks op, dat stiet net yn ’e kiif.
Evensagoed, dy portretten ha styl, yn dit opsicht. It betrokken keunstnerskip fan de fakman sprekt.
Jeltje Tjitzes Hettema (Menaam ûnder Bitgum 1856-Aldeleie 1939)
en Pieters Pieters van Marrum (Froubuorren 1855-Aldeleie 1939)
(foto: De Jong, Ljouwert-Snits)
Grietje Tjitzes Hettema (* Menaam ûnder Bitgum 1858-Hallum 1926) mei har man Martinus Louws Olivier (Froubuorren 1857-Hallum 1929) en Louw (Hallum 1886-Feinsum 1954), Jeltje (Feinsum 1894-Ermelo 1965), Minke (Hallum 1887-Bitgummole 1965) en Aafke (Feinsum 1890-Haarlem 1957)
Jacob Tjitzes Hettema (Menaam ûnder Bitgum 1861-1888)
(foto: G.D. Siewers, Hoorn)
Antje Tjitzes Hettema (Menaam ûnder Bitgum 1869-Koarnjum 1937), Pieter Herder (Aldegea-Sm. 1856-Koarnjum 1936) en de bern Minke (1910-1927) Johannes en Wietske