GENEALOGY HOPPINGA
Fragminten

Oanlieding ta it opsetten fan dizze genealogy is in argyf Hoppinga dat berêst by Louw Sjirks Hoppinga (VI.3.1) te Ingelum. Dêr komme foto’s en oare dokuminten foar ’t ljocht dy’t Erfgioed Fundaasje pleatst yn it ramt fan in stambeam. Ek hjirre jildt wer, dit is wurk yn útfiering, der wurdt arbeide oan ’e dokumintaasje, argivearing en digitalisearing fan argyfstikken, sadat dy foar de takomst feilichsteld wurde.
Wêr’t de namme weikomt wol men wol witte, dat soks wurdt noch ûndersocht. Oan ’e ein fan ’e 18e iu húsmanje Hoppinga’s te Snits, mei foar in part deselde foarnammen. Op 7 novimber wurdt dêr begroeven Wieger Hoppinga, froedsman, troud mei Ypkjen Eeuwes Koolker. At se besibbe binne? It wurdt neipluze.

Undersyk: Erfgoed Fundaasje

* = berne/born
~ = doopt/baptized
x  = troud/married
† = ferstoarn/deceased
[] = begroeven/buried
§=anekdoate/meidieling/tafoeging; wêrjûn yn grien
Wat is in stambeam?
Wat is in genealogy?
Sjoch: Genealogie Hoppinga

 

GENERAASJE I
I.1 Wyger Folkerts; wennet yn 1778, 79, ’81 te Bitgym, yn 1784 te Ingelum, yn 1787 wer te Bitgum;
x Bitgum 17-5-1778, hy fan Bitgum, sy fan Ingelum, Fedtje Symens (ek: Tettje, bygelyks yn ’e trou-akte fan har dochter Gryt; sil in fersin wêze)
Bern:
1 Folkert Wygers * Bitgum 2-3-1779 ~ dêr 11-4-1779
2 Corneliske Wygers Hoppinga * Bitgum 17-1-1781 ~ dêr 11-2-1781 † St.-Anne 27-4-1839, huusnr 188, 58 jaar; werkfrou te St.-Anne tot hur fersterven;
x 1 Aane Theunis † Ouwesyl; seun: Wieger Aans * Ouwesyle 28-2-1805 ~ Froubuurt 30-3-1806
x 2 ’t Bildt 4-7-1811, 30 en 40 jaar, Sjouke Dirks Lep * Froubuurt 20-12 [of 9?]-1770 ~ dêr 27-1-1771 † dêr 28-2-1814, huusnr 43, 43 jaar; in 1811 erbaaier te Froubuurt, in 1811, ’12 dêr skipper; sn fan Dirk Hendriks en Rinske Teunis
Sjouke x 1 Froubuurt 19-5-1799, 28 en 24 jaar, Tjaltje Klazes * Stiens 1-2-1775 ~ dêr 26-2-1775 † Froubuurt 3-2-1809, 34 jaar; dr fan Klaas Tjallings en Trijntje Fopkes
x 3 ’t Bildt 29-12-1816, 35 en 36 jaar, Pieter Doedes Koets * St.-Anne 24-1-1780 ~ dêr 20-2-1780 † dêr 14-6-1827, huusnr 183, 47 jaar; erbaaier te St.-Anne tot syn fersterven; sn fan Doede Pieters, erbaaier te St.-Anne, en Lysbeth Johannes;
Piter x 1 St.-Anne 16-5-1802, 22 en 26 jaar, Maartje Cornelis * St.-Anne 10-2-1776 ~ dêr 3-3-1776 † dêr 19-5-1814, 38 jier; dr fan Cornelis Martens en Hendrikje Feddes, in 1816 werkfrou te St.-Anne
3 Antje Wygers Hoppinga * Ingelum 23-1-1784 ~ dêr 29-2-1784 † St.-Anne 4-2-1856, huusnr 30, 72 jaar; wurkfrou; yn 1825, ’28 te St.-Anne; komt mei de húshâlding Alde Maaie 1856 út Wier yn St.-Anne; bij fersterven sonder beroep in St.-Anne;
x St.-Anne 6-10-1805, 21 en 19 jaar, Gerrit Gerrits Beimers (ek: Boimers; tekenet sels: Boijmers, bygelyks bij de geboorten fan seun Anne in 1815) * St.-Anne 20-10-1785 ~ dêr 20-11-1785 † dêr 25-2-1847, huus 30, seksy B 181, 61 jaar; in 1814 wever te Belkum, 1815 dêr noemd Mr wever; in 1822, ’34, ’40 linnenwever te St.-Anne; in 1843 dêr erbaaier; sn fan Gerrijt Gerrijts Beimers en Antje Paulus
Sien: Genealogie Beimers – II.2
4 Symen Wygers, folget II.1
5 Grietje Wygers Hoppinga, ek: Hobbinga, sjoch hjirûnder * Menaam 2-1-1790 ~ dêr 31-10-1790 † Berltsum 19-3-1836, 46 jier; by trouwen ‘dienstbaar te Berltsum;
x Menameradiel 11-7-1819, 28 en 21 jier, Pieter Sjoerds Peterzon * Berltsum 27-8-1797 † dêr 4-3-1832 34 jier; by trouwen arbeider te Berltsum; sn fan Sjoerd Pieters en Wytske Thomas
6 Folkert Wygers Hoppinga, folget II.2

§ FRIJHEID BY IT SETTEN FAN DYN NAMME
Knilliske ferklaart bij ’t huwlik fan hur seun Wyger Sjoukes Lep in 1837 en idem bij dat fan Yete Pieters Koets in 1838 dat se gyn skriven leerd het, maar se tekent wel onder hur aigen trou-akten in 1811 en 1816, skrive is niet soa mar wat.
In ’e akte fan 1811 tekent Kreliske sonder achternaam. In ’e geboorte-akte fan hur seun Wyger in 1812 wordt se niet Hoppinga, mar Lep noemd.
Sjouke Dirks Lep foert syn fan al foor de naamsanniming onder Napoleon in 1811, soa as bij de geboorte fan ’e kines út syn eerste huwlik, in 1800, ’02, ’05.

Hantekeningen onder Kreliske hur trou-akte in 1816, se tekent: Corneleske Wijgers Hoppenga, hur hanskrift dúdt derop dat se wel onderfining het met skriven.
De getugen binne: Everhardus van Loon, gemeentesekretaris; Johannes Geerts Santhuizen, boade; Klaas Klazes Post, kastlain; Jan Everardus van Loon, belastingontfanger, allegeaar te St.-Anne:


By har trouwen stiet Gryt te boek as Hobbinga en sa tekenet se ek. Har man tekenet Peeterson, syn omke Lútzen skriuwt himsels Pieterzon; de oare tsjûgen binne: Dirk Klazes de Jong, skipper, Klaas Reinders Hager, gernier – beide goede freonen – en Gerryt Gerryts Boimers, Mr wever en sweager, dy skriuwt: Boijmers:


GENERAASJE II
II.1 Symen Wygers Hoppinga * Menaam 16-2-1787 ~ Bitgum 15-4-1787 ~ Bitgum 15-4-1787 † Breslau, Militêr Hospitaal, 3-10-1813, 26 jier; yn 1808 arbeider te Feinsum, yn 1810 op Alde Leie ûnder Feinsum;
x omstrings 1807 Yttje Gerbens Anjema * Ænjum -2-1780 † 12-8-1861, hûsnr 24, 81 jier; Ytsy kin net skriuwe; yn 1820 arbeidster te Menaam (hûsnr 18; yn 1829, ’36, 46, ’53 dêr turfmjitster; wennet op ’e âlde dei yn by har dochter Fetsy-en-dy, dan is Ytsy sûnder berop, by ferstjerren allyksa; dr fan Gerben Jans en Trijntje 
Bern:
1 Fettje Symens Hoppinga (tekenet sels: Hoppenga) * Stiens 23-9-1809 ~ Feinsum 101-12-1809 † Stiens 6-5-1866, hûsnr 53, 59 jier; Fetsy kin net skriuwe; by trouwen arbeidster te Menaam;
x Menameradiel 16-3-1836, 27 en 29 jier, Jan Johannes Adema * Garyp omstrings 1806 † St.-Anne 6-2-1858, hûsnr 21, 51 jier; by trouwen en yn 1837 skippersfeint te Menaam (hûsnr 53); by ferstjerren dêr arbeider; sn fan Johannes Gerrits Adema en Beitske Jans
2 Trijntje Symens Hoppinga (tenet sels: Hoppenga) * Alde Leie ûnder Feinsum 15-9-1810 ~ Feinsum 2-6-1811 † Menaam 8-12-1870, hûsnr 1, 60 jier; by trouwen arbeidster te Menaam; as widdo dêr sûnder berop (hûsnr 75) mei har dochter Antje Bokkes de Vries * Menaam 23-8-1850 † dêr 7-10-1871, 20 jier;
x Menameradiel 4-11-1846, 36 en 27 jier, Bokke Tæækes de Vries * Menaam 28-3-1819 † dêr 17-9-1867; Bokke kin net skriuwe; arbeider te Menaam (hûsnrs 70, 91); sn fan Tææke Kornelis de Vries, yn 1818 arbeider te Berltsum, sûnt 1819 gernier te Menaam (hûsnr 153), en Antje Bokkes Hiemstra
3 Wyger Symens Hoppinga, folget II
I.1
Bern fan Yttje:
4 Symen Gerbens van der Weide Anjema
* Menaam 14-7-1820, hûsnr 18 † dêr 9-10-1829, 9 jier; by ferstjerren oanjûn as: Symen Gerbens van der Weide, ‘zijnde de vader onbekend’

§ SYMEN NEAMT HIM HOPPINGA 
op Aldjiersdei 1811 nimt Symen Wygers foar him en syn twa bern de namme Hoppinga oan. Hoe’t er dêroan komt, wurdt neisneupt

§ FERMIST YN ’T LEGER FAN NAPOLEON
Symen is 1808 plakferfanger, c.q. nûmerferwikselder foar Sikke Meintes Sixma (* Huzum 1788, sn fan Meinte Sikkes Sixma en Janke Rinses), lotnr 42 by de lichting fan 1808.
Symen is fuzelier by it 87e Kohorte Nasjonale Garde, 1e Bataljon, nr 428 yn garnizoen te Grins; 12 Rezjimint Jagers te pearde, 6e Kompanjy. Hy wurdt fermist ein 1814; syn lêste berjocht is fan 22-4-1813 út Eisenach Cohorte Nasjosnale Garde (Militêre Stamboeken nr. 742 op ’e list fan fermisten, tagong 11, ynvintarisnr 6510 nr 22; tagong 8/4052.061; nr 10; ynvintarisnr 20115, pak 149, H2 nr 316 Raf Stiens)

II.2 Folkert Wygers Hoppinga (tekenet sels: Hoppenga) * Menaam 30-6-1793 ~ Bitgum 21-7-1793 † St.-Anne 30-3-1851, 57 jaar; komt Ouwe Maaie 1800 út Menaam in St.-Anne; bij trouwen dêr erbaaier; in 1819, ’25, ’26, ’32 dêr  ‘meijer’ – huurder fan lând; yn 1825 erbaaier onder St.-Anne; in 1849 en bij fersterven winkelman te St.-Anne;
x ’t Bildt 12-7-1818, 24 en 21 jaar, Neeltje Jeremias Meijer (tekent self: Meyjer en Myyr) * St.-Jabik 28-7-1796 ~ dêr 14-8-1796 † St.-Anne 17-1-1857, 61 jaar; bij trouwen sonder beroep te St.-Anne; in 1824 dêr werkfrou; bij fersterven dêr sonder beroep; dr fan Jeremias Gaukes Meijer, in 1811. ’12 erbaaier te St.-Anne, in 1818 dêr meier, in 1819, tot syn fersterven in 1838 dêr winkelman, en Grietje Pieters
Neeltsy ferkoopt met de kines op 1-12-1855 an Maartje Stenderts Buikstra, wede fan Gauke Reins Kuiken, ’n huus te St.-Anne; koopsom: f 1.011,00; netaris
Abraham Wassenbergh, St.-Anne; Repertoire: 005057; Minút-akten 1855, argyfnr 26, invintarisnr 005036, aktenr 00050
Kines:
1 Grietje Folkerts Hoppinga * St.-Anne 28-5-1819 † dêr 18-6-1824, huusnr 55, 5 jaar
2 Grietje Folkerts Hoppinga * St.-Anne 1-4-1825 † Froubuurt 4-5-1903, 78 jaar; bij trouwen sonder beroep te St.-Anne; weunt in 1880 te Froubuurt;
x ’t Bildt 3-5-1849, 24 en 23 jaar, Ritske Jochems Stap * Froubuurt 21-11-1825 † dêr 27-5-1869, 43 jaar; bij trouwen erbaaier te St.-Jabik, dêrna idem te St.-Anne; sn fan Jochem Abrahams Stap en Rixtje Ritskes Tulner, erbaaiers te St.-Anne, Jochem en Riksty kinne niet skrive ‘wegens ongeoefendheid’
3 Fettje Folkerts Hoppinga * St.-Anne 4-6-1826 † dêr 25-7-1902, 76 jaar; bij fersterven húshouster in St.-Anne
4 Jeromia Folkerts Hoppinga * St.-Anne 17-6-1832 † Froubuurt 28-12-1891, 59 jaar; bij trouwen sonder beroep te S.-Anne (nr 54);
x ’t Bildt 24-4-1856, 23 en 25 jaar, Wybe Gerbens Smits * St.-Jabik 10-8-1830 † 27-12-1904, 74 jaar; bij trouwen erbaaier te St.-Anne (nr 235b); in 1891 erbaaier te Froubuurt, bij fersterven sutelder te St.-Anne; sn fan Gerben Wybes Smits, erbaaier te St.-Jabik en St.-Anne, en Rinske Andeles de Groot, Rinske kin niet tekene ‘wegens ongeoefendheid’

§ STELLE OM WAARM TE WURDEN?
Folkert Wygers Hoppinga wurdt op 12-4-1845 feroardiele ta in moanne finzenisstraf fanwegen it stellen fan esken. Hy is dan 51. Folkert docht dat yn ’e mande mei trettjin doarpsgenoaten; sweager Gerryt Beimers wurdt der ek bylapt, dy is dan sechstich. Dat it binne gjin kweajongesstreken. De beweechreden stiet der net by, grif is dat stoken tsjin de kjeld.
Arrondissemintsrjochtbank Ljouwert; Rol fan Strafsakenargyfnr 18-02, ynvintarisnr 83, aktenr 1534:

GENERAASJE III
III.1 Wyger Symens Hoppinga * Feinsum 13-3-1812 † Menaam 28-8-1891, 79 jier; arbeider te Menaam oant syn ferstjerren mei 79 jier (hûsnrs 213, 13, 325, 106a);
x 1 Menameradiel 18-5-1853, 41 en 34 jier, Lijsbeth Sierks Buren (ek: Liesbert, en alderhanne oare farianten) * Seisbierrum 8-7-1818 † Menaam 26-12-1881, 63 jier; Lysbeth kin net skriuwe; by trouwen faam te Marsum, by ferstjerren sûnder berop te Menaam; dr fan Sierk Gerrits Buren (útspraak: Sjirk), yn 1816, ’17, 21, ’25, ’28 arbeider te Winaam, yn 1818 te Seisbierrum, en Aaltje Doedes Postma, faam en arbeidster te Winaam, Sjirk en Aaltsy kinne net skriuwe;
x 2 Menameradiel 25-5-1882 Klaaske Nannes Heslinga * Menaam 25-5-1833 † dêr 8-11-1911, 78 jier; by earste houlik faam te Menaam, by twadde arbeidster te Bitgum (nr 78); komt op 25-5-1882 mei har twa jonges Jan en Nanne Wybes de Jong út Bitgum yn Menaam yn te wenjen by har twadde man Wyger Hoppinga; dr fan Nanne Gerbens Heslinga en Antje Sybrens Heslinga, gerniers te Menaam (nr 192);
Klaske x 1 Menameradiel 15-5-1856, 22 en 25 jier, Wybe Jans de Jong * Menaam 13-9-1830 dêr 17-11-1875, 45 jier; arbeider te Menaam; sn fan Jan Wybes de Jong, kin net skriuwe, arbeider te Menaam, en Baukje Tjallings Tuinstra, Bauky kin net skriuwe, yn 1856 bôlekoerrinster te Menaam
Bern út it earste boask:
1 Aaltje Wygers Hoppinga * Menaam 9-9-1854 † Bitgum 19-4-1938, 83 jier; ferhuzet Alde Maaie 1866 út Menaam nei Marsum; ferhuzet Alde Maaie 1875 wer út Menaam nei Marsum; by trouwen dêr faam; Aaltsy komt mei Ytzen Alde Maaie 1908 út Marsum yn Bitgum; ferhúzje 1-8-1912 wer nei Marsum;
x Menameradiel 19-5-1881, 26 en 30 jier, Ytzen Josephs Toussaint * Marsum 11-3-1851 † dêr 9-5-1932, 81 jier; arbeider te Marsum (hûsnrs 77, 74, 140, 27), sûnt 1908 te Bitgum; sûnt 1912 wer te Marsum; sn fan Joseph Jans Toussaint, yn 1840 arbeider te Jorwert, yn 1850 te Marsum, yn 1864 dêr fuorman, yn 1881 dêr skipsjager, en Aaltje Jans van der Wal
2 Symentje Wygers Hoppinga * Menaam 6-5-1856 † Ljouwert 12-2-1932; faam, ferhuzet 16-5-1875 nei Ljouwert; by trouwen sûnder berop te Menaam;
x Ljouwert 8-6-1878, 22 en 25 jier, Haye Gosses Dijkstra * Ljouwert 20-12-1852 † dêr 10-5-1938, 85 jier; skipper, letter arbeider te Ljouwert; sn fan Gosse Hayes Dijkstra, skippersfeint, letter skipper te Ljouwert,  en Antje Jorritsma
3 Symon Wygers Hoppinga, folget IV.1
4 Sjirk Wygers Hoppinga, folget IV.2 

§ IT SKRIUWEN FERLEARD?
By it trouwen fan Symentsje ferklearje Wyger en Lysbeth dat se gjin skriuwen leard hawwe; Wyger tekenet earder wol, hjir set er de hân ûnder syn eigen trou-akte – en beslist net behelperich:

GENERAASJE IV
IV.1 Symen Wygers Hoppinga * Menaam 29-12-1857 † dêr 21-10-1927, 69 jier, [] Bitgum, rigel 12, grêf 14; earst Nederlâns Herfoarmd, letter gjin tsjerkegenoatskip; arbeider, sûnt Alde Maaie 1876 by Wytze Jans de Boer en Trijntje Ædes Gerbens, gerniers en greidboeren te Menaam, by trouwen te Menaam (nr 245); de húshâlding wennet dêrnei yn by Janke har mem dy’t dan widdo is, dêrwei ferhúzje se op Alde Maaie 1884 nei St.-Anne; se komme op 16-1-1887 út Menaam yn Bitgum (nrs 60, 149); ferfarre dêrwei op Alde Maaie 1887 nei St.-Anne (hûsnrs 412, 438); se ferhúzje dêrwei op 22-5-1897 nei Bitgum;
x Menameradiel 16-6-1881, 23 en 21 jier, Janke Reimers Hogerhuis (skriuwt sels sawol Hogerhuis as Hoogerhuis) * Menaam 15-11-1859 † Berltsum 8-6-1950; faam, komt mei har heit en mem-en-dy op Alde Maaie 1860 út Menaam yn Bitgum (hûsnr 35); by trouwen dêr sûnder berop; dr fan Reimer Wybrens Hogerhuis, arbeider te Menaam en Bitgum, en Janke Gerbens Gerritsma, Janke kin net skriuwe, yn 1881 arbeidster te Bitgum, wennet op ’e âlde dei oant har ferstjerren yn 1891 yn by har dochter Janke-en-dy
Bern:
1 Janke Symens Hoppinga * Bitgum 1-3-1882; faam te Bitgum, by trouwen dêr sûnder berop;
x Menameradiel 21-5-1903 Ype Berends Nauta * Bitgum 9-4-1874; gjin tsjerkegenoatskip, letter Nederlâns Herfoarmd, lykas syn hele húshâlding; skipper, kontroleur K.I. (Keunstmjittige Ynseminaasje, kommisjonêr yn ierdappels te Bitgum (nrs 335, 334, 363, 248); sn fan Berend Jelles Nauta, skipper te Bitgum, en Eeke Jans Anema
2 Lijsbert Symens Hoppinga * Bitgum 14-5-1883 † dêr 6-6-1981; faam yn Bitgum en Skearnegoutum, komt dêrwei op 8-9-1905 wer yn Bitgum, by trouwen dêr sûnder berop; kastleinske en hotelhâldster yn By de Grutte Pomp te Bitgum;
x Menameradiel 23-5-1907, 24 en 29 jier, Dooitze Berends Nauta * Bitgum 1-2-1878 † dêr 30-10-1954; broer fan Ype (IV.1); skipper en timmerfeint te Bitgum, Dooitze en Meindertsje wenje earst yn by Meindertsje har âlden; letter ek meteropnimmer en kastlein te Bitgum (nrs 46, 153, 31, 364, 113, 10)
Dooitze x 1 Menameradiel 25-5-1903, 25 en 24 jier, Meindertje Klazes van der Meij * Bitgum 6-5-1879 † dêr 22-10-1904, 25 jier, fjirtjin dagen nei de berte fan har dochter Maaike * 10-10-1904, [] Bitgum, rigel 4, grêf 19; ferhuzet 26-5-1900 nei Huzum; by trouwen sûnder berop te Bitgum; dr fan Klaas Dirks van der Meij, timmerfeint te Bitgum (nrs 202, 185), en Maaike Gerkes Dijkstra, Maaike kin net skriuwe
3 Wieger Symons Hoppinga, folget V.1
Janke Symens Hoppinga. Fotograaf: De Jong, Ljouwert, It Hearrenfean. Kolleksje Berend Minnes Nauta, St.-Anne:

Ype Berends Nauta. Fotograaf: De Jong, Ljouwert, It Hearrenfean. Kolleksje Berend Minnes Nauta, St.-Anne:

Lysbeth Symens Hoppinga en Dooitze Berends Nauta. Fotograaf: De Jong, Ljouwert, It Hearrenfean. Kolleksje Berend Minnes Nauta, St.-Anne:

IV.2 Sjirk Wygers Hoppinga * Menaam 20-1-1862 † Ingelum 15-4-1917, 55 jier; by trouwen arbeider te Ingelum, ferfart dêrwei Alde Maaie 1890 as arbeider nei Marsum; ferhuzet Alde Maaie 1902 dêrwei nei Ingelum (nrs 54, 58), is dêr gernier;
x Menameradiel 16-5-1889, 27 en 25 jier, Jantje Jouws Wijma * Bitgum 3-10-1863 † 20-4-1936, 72 jier; by trouwen faam te Bitgum, yn 1921 sûnder berop te Ingelum; dr fan Jouw Abrahams Wijma, arbeider te Bitgum, en Wintje Jans Wijma
Sjirk wurdt op 14-3-1882 keurd foar de Militêre Tsjinst en frijsteld fanwegen bruorretsjinst; sinjalemint: 1 Meter, 767 Milimeters; Aangezigt: ovaal; Voorhoofd: hoog; Oogen: bruin; Neus: ord[inair=gewoan]; klein; Kin: rond; Haar: blond; Wenkbraauwen: id[em]
Bern:
1 Jouw Sjirks Hoppinga, folget V.2
2 Liesbert Sjirks Hoppinga
* Marsum 27-8-1898; by trouwen kostúmnaaister te Ingelum; 
x Menameradiel 26-5-1921, 22 en 24 jier, Jan Tjiepkes Bouma * Bitgum 14-4-1897; gernier op Dyksterhuzen ûnder Bitgummole; sn fan Tjiepke Jans Bouma, arbeider, letter gernier op Dyksterhuzen ûnder Bitgummole, en Tietje Martens Bokma

§ KOMBINAASJE KOMELKER-GERNIER-TÚNKER
Sjirk Wygers Hoppinga is earst arbeider en letter gernier, mar allyksa komelker: hy hâldt trochstrings acht kij. Yn ’t lyts bûthús is plak foar twa stiks jongfee en it hynder.
Neist gernier is er ek túnker, hy boud blomkoal, boerekoal en prei. Gjin fyn spul, lykas ierdbeien.

Fjouwergeslacht Bouma. Jan Tjiepkes Bouma sr, Jan Tjiepkes Bouma jr , Tjiepke Jans Bouma jr, Tjiepke Jans Bouma sr. Fotograaf: Fotostudio Modern, Louwert. Kolleksje Hoppinga

GENERAASJE V
V.1 Wieger Symens Hoppinga * St.-Anne 8-8-1886 † Bitgum 12-6-1929, 42 jier, [] Bitgum, rigel 23, grêf 8; gernier te Bitgum, sûnt Alde Maaie 1910 idem op Bessebuorren te Menaam ûnder Bitgum (hûsnrs 94, 43, 439);
x Menameradiel 7-5-1908 Sipkje Klazes de Boer * Bitgum 7-2-1881 † 11-10-1960, 79 jier, [] Bitgum; Grifformeard; by trouwen sûnder berop te Menaam; as widdo winkelfrou te Bitgum (nr 152); dr fan Klaas Dirks de Boer en Jitske Martens de Vries, gerniers op Bessebuorren, winkellju te Bitgum (hûsnrs 451, 37, 45)
Bern:
1 Sijmon Wiegers Hoppinga, folget VI.1
2 KLaas Wiegers Hoppinga, folget VI.2
3 Jitske Wiegers Hoppinga * Menaam 6-4-1917; by trouwen faam te Menaam;
x Menameradiel 25-5-1938, 21 en 24 jier, Sipke Klazes Dijkstra * Bitgum 1914; by trouwen arbeider te Bitgum; sn fan Klaas Jisses Dijkstra, yn 1911 arbeider te Bitgum, yn 1938 dêr bôlesutelder, en Sjoukje Piers Zijlstra
4 Janke Wiegers Hoppinga * Bitgum 23-3-1922 † 29-11-2000, 78 jier, [] Hallum; by trouwen sûnder berop te Hallum;
x Ferwerteradiel 31-10-1944, 22 en 25 jier, Mient Ydes Talsma * Hallum 26-4-1919 † 3-11-2000, 81 jier, [] Hallum; boer te Hallum; sn fan Yde Pieters Talsma, arbeider, letter boer te Hallum, en Afke Mients Timmermans

V.2 Jouw Sjirks Hoppinga (Jo) * Marsum 14-10-1891 † 3-5-1967, 75 jier, [] Ingelum; húshâlding gjin tsjerkegenoatskip; arbeider, letter gernier oan ’e Harnedyk te Ingelum;
x Menameradiel 6-6-1918 Janke Jans Bosma * De Westereen 18-3-1892 † 15-5-1980, 88 jier, [] Ingelum; by trouwen faam te Deinum; dr fan Jan Bosma, stuollematter en arbeider te De Westereen, en Antje Jacobs Westra
Bern:
1 Sjirk Jouws Hoppings, folget VI.3
2 Jan Jouws Hoppinga, folget VI.4

§ JO YN MOBILISAASJE
Jouw Hoppinga yn ’e moblilisaasje, 2e rige, 6e fan links. Fotograaf: W.Ph. van Ockenburg, Van Dijckstraat 230 Den Haach. Kolleksje Hoppinga.

Aansichtkaart, poststimpel 19-8-1916.
Aan Den Heer Sjirk/Hoppinga/te Engelum/bij Leeuwarden/Friesland
Tekst op ’e achterkant:
19 Augustus/Militier/J. Hoppinga/
Waarde ouders ik ben/nog goed gezond en hoop/van u ik stuur u een/kaart daar wij op staan/en zoek mij er maar uit./Het is hier op beter uit/op onze zaal wij blijfen/hier zoo wat met 20 over/dat is niet veel op zoon/zaal ik heb vrijdag/het potje verstuurd zend gau[?]/zoo mogelijk bericht als het/over is. Nu veel nieuws/weet ik niet wij gaan nu/de stad maar in het is mooi/weer dat het is beter buiten dan/in de kazerne. Nu Ge Groet daag.
Op it buordsje stiet:
Reg. Jagers/Defs Bat. 2e Sect. 4e Comp./Landstorm 1916
Rezjimint Jagers, Definsje Bataljon 2 Seksje, 4e Kompnany [?]

Fotograaf: Americane F. Wagenstraat 1. Den Haach. Kolleksje Hoppinga

Jouw Sjirks Hoppinga, Sjirk, Janke Bosma en Jan. Foto: Agfa; Kolleksje Jouw Sjirks Hoppinga, Ingelum:

Janke Bosma. Kolleksje Jouw Sjirks Hoppinga, Ingelum:


§ KREKT IN KA
Jo Hoppinga (VI.2) fertelt: As pake Jo Hoppinga ferkearing krijt mei de Westereenster Janke en se wolle yn ’e Westereen even in slach om, rint Janke har heit in tsien meter achter har oan. Net om it pearke yn ’e gaten te hâlden, mar de Westereentsjer bysfeinten dy’t it op Jo fersjoen ha. Dy bûtensteander moat fan har egen Janke ôfbliuwe, heite!
Janke fynt har draai wol op ’e klaai, se is krekt in Ka: alles wat har temjitte blinkt kin se net stean litte, har hûs stiet fol mei blikkerjende snypsnaarderijkes.

GENERAASJE VI
VI.1 Sijmon Wiegers Hoppinga
* Bitgum 5-3-1909; gernier by syn mem yn ’t bedriuw te Bitgum; by trouwen dêr sutelder, molkboer; ferhuzet mei syn trouwen 17-8-1933 nei St.-Anne; wennet te Weidum, Ljouwert, Peins;
x Menameradiel 17-8-1933, beide 24 jier, Hendrikje Klazes Dankert * St.-Anne 9-5-1909 † dêr 2-9-1982; by trouwen sûnder berop te St.-Anne; dr fan Klaas Teunis Dankert, fabryksarbeider, letter boer oan ’e Lanhústerweg ûnder St.-Anne, en Antje Dirks Kuiken
Sjoch: Genealogie Dankert– VIII-c.6
VI.2 KLaas Wiegers Hoppinga
* Menaam 18-2-1913 † 19-6-1993, 79 jier, [] Bitgum; boade by de begraffenisferiening De Lêste Eare te Bitgum;
x Menameradiel 2-6-1938, 25 en 22 jier, Anna Gerrits van der Heide * Nijegea, Smellingerlân); by trouwen faam te Himpens; dr fan Gerrit Ages van der Heide, yn 1915 arbeider te Olterterp, yn 1916 idem te Nijegea (Sm.), yn 1938 idem te Froubuorren, yn 1940 te Menaam oant syn ferstjerren yn 1957, en Aafke Jans Landmeter

VI.3 Sjirk Jouws Hoppinga * Ingelum 30-6-1921 † 17-1-1998, 76 jier, [] Ingelum; arbeider te Ingelum, dêr letter gernier;
x Jantje Jousma * Ingelum 6-5-1919 † 3-3-2004, 82 jier, [] Ingelum; dr fan Catharinus Jans Jousma en Antje Ritskes Fierstra, gerniers te Ingelum
Bern:
1 Jouw Sjirks Hoppinga
* Ingelum -4-1949 † dêr 15-5-1949, 15 dagen
2 Antje Sjirks Hoppinga
(Anneke);
x Wim Onrust
3 Jouw Sjirks Hoppinga, folget VII
(Jo);
x Nynke Stienstra

§ ALLES MEI DE HÂN
Dit is in foto fan foar de meganisaasje: flaaksrûpelje ûnder Ingelum. Links op ’e rûpelbank: Jan Jouws Wijma, Schelte Jouws Wijma; steand: Jouw Wijma (kapper); sittend: Jouw Sjirks Hoppinga (V.2), – Grutte Jo -, Abraham Jouws Wijma en Cathrinus Jans Jousma. Sittend: Sjirk Jouws Hoppinga (VI.3). Kolleksje Jouw Sjirks Hoppinga, Ingelum. Sjoch: Taco Kingma, Bitgum, side 200

Jo Hoppinga (VI.3.3) fertelt: De Hoppinga’s wienen heel konservatyf yn ’t bedriuw. Us heit – it jonkje op ’e foto hjirboppe – moast neat fan trekkers en sa hawwe, alles mei de hân en it hynder. Ik kroade de biten mei de pipegaal* fan ’t lân as elkenien dat al mei de trekker die.

Us mem wie ek mei op ’t lân. Yn ’e ûngetiid holp ús heit wol by Doede Klazes Veeman, boer yn it Aldlân ûnder Ingelum.
* In pipegaal is in soarte fan houten kroade sûnder tsjil, mar mei twa lizzers dy’t oer de drek hinneglide.

Jantje Catharinus Jousma en Sjirk Jouws Hoppinga, by it trouwen fan har soan Jan. Fotograaf: Foto Bell, Noordewierweg 116, Vermeerstraat 81, Amersfoort. Kolleksje Hoppinga:

Jantje Jousma en Sjirk Hoppinga.Fotograaf: Agfo:Kolleksje Jouw Sjirks Hoppinga, Ingelum:

Anneke Hoppinga en Willem Onrust op har 25e houliksdei, 17-10-1994, mei Willem (rjochts) en Erwin.
Fotograaf: Foto Frank Lucas, Kapellenstweg 127, Kalmthout. Kolleksje Hoppinga:

VI.4 Jan Jouws Hoppinga * Ingelum 7-12-1932
x Hyke van der Veen
Bern:
Trijntje Hoppinga (Tiny)
Jantje Hoppinga (Janny)
Johannes Hoppinga (Johan)

Jan Hoppinga en Hyke van der Veen. Fotograaf: Foto Bolt, Noorderweg 116, Amersfoort. Kolleksje Hoppinga:

Fan links nei rjochts: Tiny Hoppinga, Jan Hoppinga, Johan Hoppinga, Hyke van der Veen en Janny Hoppinga:

VII Jouw Sjirks Hoppinga (Jo); Buorren 4 Ingelum;
x Nynke Stienstra
Bern:
1 Tineke
2 Janneke
3 Sjirk Sido (Sido) * Ingelum 1-12-1994
Jouw Hoppinga: