GENEALOGY DE JONG – BITGUM
Troch Akke de Jong-Terpstra te Bitgum (Genealogy III.2) is op 25 febrewaris 2009 it wiidweidich Famylje- en bedriuwsargyf De Jong-Bitgum skonken oan Erfgoed Fundaasje. Yn it ramt fan it noed stean foar bedriuws- en famylje-erfgoed yn ’e Klaaiboustreek wurdt ek fan dit slachte it argyf beskreaun, argiveard en digitaliseard troch Erfgoed Fundaasje. Dat is foar de takomst feilichsteld en wurdt neffens oerienkomsten bewarre yn klimaat-behearske kluzen by de gemeente Waadhoeke. De argiven binne dêr op ôfspraak mei Erfgoed Fundaasje foar ûndersyk te rieplachtsjen.
Hjirûnder folget de stamrige – mei dêryn earst bekende foarâlden dy’t te boek stean mei de achternamme Pettertilla (II-VI). De famyljenamme De Jong komt letter, mar noch foar Napoleon (VII).
Under de stam stiet yn dit gefal de beam. Dy stambeam is opset as in parenteel, dat wol sizze dat de neiteam dy’t net de namme De Jong draacht wol opnommen is.
Folslein wurdt soks noait, mar hjirûnder stiet noch wol in héél soad iepen. De boarne is fierhinne de stambeam dy’t opnommen is yn Forslach fan ’e Brouwersjoun 1970. Oanfullingen wurde sadwaande op priis steld.
Yn 1985 hat Jitze Aants de Jong (* St.-Anne 1938), skoallehaad te Dokkum, in genealogy fan dit slachte it ljocht sjen litten. Hjir is tankber gebrûk makke fan syn hâldfêsten, benammen oangeande de stamrige.
Boarne: Jitze de Jong, Stamboom Pettertilla – De Jong – Posthumus, eigen behear, Dokkum, 1985. Yn dizze genealogy wurdt dêrnei ferwiist ûnder fermelding fan: DeJ + generaasjenûmer.
Sjoch: Oer ús – info@erfgoed-fundaasje.nl
* = berne/born
~ = doopt/baptized
x = troud/married
w.m.=wennet mei/living together
sk=skieden/divorced
† = ferstoarn/deceased
[] = begroeven/buried
§=anekdoate/meidieling/tafoeging; wêrjûn yn grien
Wat is in stambeam?
Wat is in genealogy?
Dit is wurk yn útfiering.
I
Jetze Sybesz † foar 1544; wennet yn 1544 ‘by Birleheem toe Pittertille’, wurdt neamd yn in oarkonde út 1487 as bewenner fan Pettertille;
x Goyck (ek: Goycke)
II
Hidde Jetses Pettertilla * Bartlehiem omstrings 1580 † Goutum 28-2-1626; wennet yn 1587 op Pettertille by Bartlehiem; skriuwer fan in kompanjy soldaten; folmacht fan Tytsjerksteradiel, wennet dan te Oentsjerk;
x Aecht Tzalens (ek: Tjalles) † 2-6-1608 [] Aldtsjerk yn ’e tsjerke
Grêfskrift:
Ao 1608 de 2 iuny sterf die eerbare Aecht Tzalens dr Hidde Ietzes wyf
Sjoch: Walmar – Pettertilla
x Sibbel [?] Laesdr
Hidde wurdt neamd yn ’e Autorisaasjeboeken yn 1649 (boarne: Nedergerjochten; Alde ynvintaris L1; aktedatum: 24-9-1649):
Fredricus Pettertilla, advocaat voor het Hof van Friesland, als vader van Jetse Pettertilla tegenwoordig lange tijd ziek te bedde gelegen hebbende en Wijger Rommerts Fogelsang, bijzitter van ‘t gerecht Baarderadeel, samen met Hebbe Tekes Wolcama, assessor van ‘t gerecht Leeuwarderadeel, als aangehuwde oom van vaders wegen en also naaste vrienden van voornoemde Jetse. Curator: Hidde Jetses Pettertilla, schrijver van een compagnie soldaten, oom van Jetse (cur.ad litis) in geschil met Dr, Albartus Monnichuijs, betreft de crediteuren van Fredricus Pettertilla tegen genoemde Jetse Pettertilla
Bern:
1 Jetse Hiddes Pettertilla, folget III
2 Laes Hiddes (ek: Claes, beide flaaifoarmen fan Nicolaas); boer te Aldtsjerk oan ’e Ie, ‘tot Wijns’ en ‘tot Pettertille onder de clockslagh van Oltkerck’; dêr tsjerkfâd en bysitter fan Tytsjerksteradiel; x Doed Tietedr
Laes syn namme stiet op ’e lytse klok fan Aldtsjerk:
Anno 1611 hebben dij gemeente v Oltkerck laeten vergieten dese clock door advys edele ernt… [erentfeste=achtbere] Gerrolt v Feytsma en Claes Hiddesz te Pottertille en Claes Ruyrtsz kerckvoechten Gregorius me f.
3 Goyck Hiddes
III
Jetse Hiddes Pettertilla † Goutum 28-2-1626; Jetse hiert mei Aefke, syn earste frou, in pleats fan it eardere kleaster te Burgum (81 pûnsmiet); bijsitter/assessor (=wethâlder) fan Ljouwerteradiel; doarpsrjochter, ûntfanger fan ’e belestingen en kompanjyskriuwer te Goutum; yn syn tredde houlik brûkt er nijlân te Jelsum en Ljouwert en lân te Marsum; mei Bauck wennet er ek te Holwert, mar hy is dêr gjin lidmaat;
x 1 Aefke Jansdr
Aefke x 1 Claes Jansz
x 2 Aefke Ewerts Bualda (Buwalda) † Goutum 1620; dr fan Evert Syrcxz Bualda en Martyn Symonsdr
x 3 1620 Bauck Feddes Reynalda * omstrings 1585; giet as widdo fan Jetse werom nei Snits; dr fan Ede Auckes Reynalda, grytman fan Doanjewerstal, en Rixt Idses
Bauck x 1 Lyckle Saeckes, apteker te Snits
Bauck x 2 Dirk Lieuwes; sekretaris te Snits, as Theodorus Leontinus dr en professor te Frjentsjer
Bern út it earste boask:
1 Sibbel Jetses Pettertilla † wierskynlik Easterwierrum 14-11-1667, 70 jier, [] Easterwierrum yn ’e tsjerke;
x Wyger Rommerts Fogelsangh † wierskynlik Easterwierrum 19-8-1665, 74 jier, [] Easterwierrum yn tsjerke; bysitter, meirjochter fan Baarderadiel; doarpsrjochter fan Easterwierrum; sn fan Rommert Ysckes Fogelsangh en Hylck N.N.
Grêfskriften:
Ao 1665 de 19 augusti sterf Vicker Rommerts Foghelsangh mede rechter van Baerderdeel en dorprechter van Oosterwrm int 75 iaer
Ao 1667 den 14 november sterf Sybbeltie Ietses Pattertilla zin wyf out 70 iaer
2 Claeske Jetses Pettertilla † 1628;
x Hebbe Tæckes Wolcama * Wurdum omstrings 1605 † Goutum omstrings 1661; sn fan Tæcke Wilckes Wolcama en Syts Aetesdr
3 Aefke Ietses Patertille † 8-8-1644 [] Goutum yn tsjerke;
x 1 Tæcke Tæckes; x 2 Rommert Wypkes, boer te Boazum
Grêfskrift:
Ao 1644 den 8 augusty is in den heere gerust de eerbare duchtrycke en godtsalyge Aefke Ietses Patertille die huisvrou va Rommert Wypkes en leit hier begrave met twe van haer kinders Claske en Achtie genamt
Bern út it twadde boask:
4 Martien Ietses Pettertelle (ek Martsen) † 5-6-1633, 27 jier, [] Goutum yn tsjerke;
x Jorit Seerps Twyns † 28-10-1657, 59 jier, [] Goutum yn tsjerke
Grêfskriften:
Ao 1657 den 28 octobris sterf de eersame Ioryt Seerps Twyns out 59 iaren hier begraven
Ao 1633 de 5 iuny sterf d’ eerbare Martien Ietses Pettertelle sy wyf out 27 iare met 5 kinderen begraven
Anno 1655 den 23 ianuari sterf de eerbare Syuke Ioryts dochter Twyns out int 26 iaer ende leit hier begrave
5 Aecht Jetses Pettertilla * omstrings 1609;
x Frans Tiercks (Franciscus Spercemii)
6 Trijntie Jetses Pettertilla * omstrings 1611;
x Joucke Hansma, te Turns
7 Hidde Jetses Pettertilla, folget IV
Bern út it tredde boask:
8 Fedde Jetses Pettertilla (Fredericus) * Goutum † foar 19-6-1669; yn 1636 studint te Frjentsjer; wurdt 25-10-1642 boarger fan Ljouwert; dêr advokaat foar it Hof fan Fryslân; Fedde keapet tusken 1646 en 1649 oan ’e súdside fan ’e Nijstêd yn parten in hûs ‘alwaer ’t swart lam uithangt’;
x 1 Ljouwert 14-1-1643 Claeske Monnickhuis
x 2 Ljouwert 1646 (tredde proklamaasje 4-10-1646) Antie Wibes Pibinga * Frjentsjer 1-5-1628 † dêr 15-3-1700, 72 jier, [] Martinitsjerke, Frjentsjer; dr fan Wibe Jacobs Pibinga (Vibio Iacobi), boargemaster fan Frjentsjer, en Froukje Jacobs
Anne x 2 Nicolaas Michaels Arnoldi † Frjentsjer 15-10-1680, 62 jier, [] Martintsjerke, Frjentsjer; professor yn ’e teology te Frjentsjer
Grêfskriften:
Anno 1680 den 15 october sterf de heer Nicolaus Arnoldi s.s. theologiae doctor en professor in den universiteit alhier oud 62 iaeren
Anno 1700 den 15 maart sterf juffrouw Anna Pibinga huisvrouw van de heer Nicolaus Arnoldi oud 72 iaeren en liggen alhier begraven
Den 14 september 1754 stierf tot grote droefheidt syner ouderen de welgeboren heer Martinus Arnoldi i u d en advocaat oud 22 iaaren min 2 dagen en leit alhier begraven
Sjoch: Walmar – Piebinga
9 Eilard Jetses Pettertilla (ek: Eilardus) * Goutum † 1703; yn 1642 studint te Frjentsjer; yn 1644 siktaris fan Doanjewerstal; erft in sate en lân te Eagmaryp fan Siouck van Mellema, dy’t er ôfstiet en ferfalt op 24-9-1687 oan ‘de heerlijkheyt van Frieslant/…/welcke zathe hij als niet profitabel maer schadelijk sijnde voor den jare 1687 heeft verlaten/…/ (Sivile Sintinsjes 343-3 1720); yn 1720 wurdt dy pleats troch de Eagmarypsters noch Pettertilla neamd en it lân ‘Patertillalant’
IV
Hidde Jetses Pettertilla (ek: Paetertilla) * Goutum omstrings 1615 † nei 1673; yn syn earste boask boer te Wurdum op ’e pleats fan syn skoanheit Aysma, dêr wurde fan 1639-1657 sân bern doopt; Hidde en Aaltsje hiere dêr 60 pûnsmiet fan Aaltsje har âldelju (hiersom 150 goudgûnen), se keapje fan deselden de dêrby hearrende ‘huisinge, schuire, hoving, bomen en plantagie’, keapsom: 5.000,00 goudgûnen;
Hidde is skriuwer fan de ’compagnie des hopmans Gerrit van Burmania en fan ‘de comp. des capiteins Rijsselar’; oant 13-2-1664 skriuwer fan ’e ‘comp. Van Aijsma’, in kompanjy te foet;
hy wennet mei syn twadde houlik wierskynlik te Ljouwert;
by syn twadde houlik boarger fan Snits;
yn syn tredde houlik skriuwer fan Westdongeradiel;
x 1 Lekkum 6-1-1639 (ûndertrou Wurdum 1639) Aeltie Hotses Aysma (ek: Aelcke, Anthie) * Wurdum 12-5-1618 † -10-1660; docht belidenis te Wurdum op 26-1-1649; dr fan Hotze Sybolts Aysma, te Wurdum, bysitter fan Ljouwerteradiel, kompanjyskriuwer, en Antie Idses (ek: Anna, Ancke)
Sjoch:
-Onno Hellinga, Pieter Nieuwland en André Buwalda, Aysma, Lauta van Aysma, IVd.7, side 278; Genealogysk Jierboek 2022, Fryske Akademy, Afûk 2022
-Simon Wierstra, Genealogie van het adellijk geslacht Lauta van Aysma – VI-c
x 2 Snits 26-8-1664 Martien Fockes Damminga, hy fan Ljouwert, sy fan Snits;
mooglik makke Hidde ek wurk fan in oare frou, Nieske Simens, want by syn houlik wurdt oantekene:
Hidde Jetses Pettertilla schriever van een comp. te voet en Martien Fockes Damminga van Sneek att. 22 Juli 1664.
Deze geboden zijn tijdelijk gestuit door Catharina Willems voor haar dochter Nieske Simens.
x 3 Frouckien Thomas * Jelsum nei 1612; dr fan Thomas Thomaszn, dûmeny te Blije en Koarnjum;
Frouck x 1 Ljouwert 14-12-1651 Gabbe Piers, smelskipper
Bern út it earste boask, allegear ~ te Wurdum:
1 Jetse Hiddes Pettertilla ~3-11-1639
2 Jan Hiddes Pettertilla ~ 25-9-1641
3 Hotse Hiddes Pettertilla ~ 12-5-1644
4 Aefcke Hiddes Pettertilla ~ 15-3-1646; docht belidenis yn ’e Pein op 20-9-1668 en wennet dêr dan ek, allyksa yn 1669, yn 1674, ’77 te Drachten; sy en Lyckle wurde lidmaat te Drachten op attestaasje fan De Pein;
x Aldegea, Smellingerlân, 5-7-1668 Lyckle Tyebbis, sy fan Ljouwert, hy fan De Pein, Smellingerlân; befestige as âlderling fan Noarderdrachten op 15-5-1676
Lyckle x 1 Maycke Jelckes
Lyckle x 2 Frouckje Fockens Eringa; testeart op 26-9-1667 yn ’e Pein; dr fan Focke Fockens Eringa, fan Drachten, sekretaris fan Smellingerlân, en Lysbeth Hotzes Aysma, fan Wurdum, Lysbeth fiert yn 1657, ’58 en 1669 prosessen tsjin Hidde Jetses Pettertilla (IV, hjirboppe)
5 Aechtie Hiddes Pettertilla ~ 9-4-1648
6 Martsen Hiddes Pettertilla (ek: Martje, doopt as Martsen) ~ 22-6-1651 † Drachten 17-7-1701;
x Drachten 30-7-1682 Pier Auckes † Drachten 31-10-1721; feanbaas te Drachten;
Pier x 2 Klaaske Everts
7 Trijntie Hiddes Pettertilla ~ 12-7-1657
Bern út it tredde houlik:
8 Jetse Hiddes Pettertilla, folget V
9 Aeghtie Hiddes Pettertilla ~ Holwert 30-6-1673
V
Jetse Hiddes Pettertille (ek ferbastere ta: Patertille) ~ Holwert 30-7-1671 † foar 8-9-1709
x Holwert 1698 (ûnder de geboadens 17-12-1698) Bauckien Pyters; as widdo fan har twadde man eigner fan ’e bierbrouwerij te Holwert (de nûmers 24 o/m 27), dêr’t har soannen Hidde en Jitse brouwer binne
Bauck x 2 omstrings 1709 Sjoerd Geerts
Bern:
1 Vrauk Jetses Pettertilla ~ Holwert 14-1-1700; x Eelse Melis
2 Antie Jetses Pettertilla ~ Holwert 20-8-1702; x Haye Jilderts
3 Hidde Jetses Pettertilla ~ Holwert 7-6-1705 † 1738; Mr brouwer te Holwert, de brouwerij wurdt ferkocht op 16-1-1738 (Weesboek, RA Westdongeradiel Q26); hy en syn frou binne lidmaten te Holwert yn 1736; x Jeltje Durks * Dokkum 3-8-1712 [?]; mooglik dr fan Dirk Wybrens, bakker te Dokkum bûten de Ælsumer poarte
4 Jetse Jetses Pettertilla, folget VI
VI
Jetse Jetses Pettertille (ek: Jitse Jitses) ~ Holwert 12-9-1708 † 1788; bierbrouwer yn ’e Goits Hanne of Goitz Harne te Holwert, yn 1744 dêrfan hierder, (dêr’t earder syn broer Hidde bierbrouwer is), dêrfan eigner yn 1766; oerfarder fan Holwert nei ’t Amelân te Holwert, it skip wurdt ferkocht yn jannewaris 1787 as Jitse 79 jier is;
Kwotiaasjekohier Westdongeradiel1749: Brouwer en Overvaarder kan de cost winnen; yn in Hypteekboek wurdt Jitse Posthumus neamd: soan fan ’e ferstoarne Jitse; Jitse syn soan Reyn nimt Posthumus as achternamme oan;
x Holwert 1741 (ûnder de geboadens 4-11-1741) Thomaske Reins † Holwert 1778
Acht bern, ûnder oaren:
1 Jitse Jitses ‘de Jonge’, folget VII
VII
Jitze Jitzes ‘de Jonge’ ~ Holwert 11-11-1742 † 1783; winkelman te Holwert, ek mei klandyzje op ’t Amelân; yn ’e Weesboeken fan 1783 wurdt er oantsjut mei De Jonge en mei De Jong, mooglik omdat syn heit ek Jitse hiet;
x Holwert 8-5-1769 Rinske Johannes ~ Holwert 10-5-1744 † 1783; dr fan Johannes Pijters en Tjietske Johannes
Fjouwer bern, ûnder oaren:
2 Johannes Jitzes, folget VIII
VIII
Johannes Jitzes de Jong * Holwert 18-4-1770 † foar -10-1803; yn 1789 te Snits, yn 1790 te Ljouwert, dêr wierskynlik bakkersfeint; Mr bakker te Holwert; eigner fan de helte fan in beurtskip op Dokkum, de oare helete ha syn bruorren;
Fan Jehannes Jitzes de Jong is in skrift út 1789 bewarre, in moaiskriuwskrift, liket it; der stean oerskreaun gedichten yn en bakkersresepten (boffert, Sinteklaastwibakken, pipernuten, knypkoekjes, taai, gêst, sûskreakelingen). Yn 1985 yn eigendom fan Jitze de Jong te Dokkum.
x Holwert 24-6-1798, beide fan Holwert, Pietje Bartels Faber * Ternaard omstrings 1781 † Holwert 14-7-1848; bakkerske te Holwert, Pytsje hat dy bakkerij urven fan har pake en beppe; dr fan Bartele Martens Faber, grofsmid te Ternaard, en Dieuwke Gerrits;
Pytsje x 2 Holwert 30-10-1803 Tjebbe Cornelis Peizel * Grou 13-10-1778 ~ dêr 25-10-1778 † Holwert 26-3-1837, 58 jier; sn fan Cornelis Roelofs Peizel en Geertje Tjebbes; bakker en keapman te Holwert; Pytsje en Tsjebbe hawwe alve bern
Ien bern:
1 Jitze Johannes de Jong, folget IX
IX
Jitze Johannes de Jong * Holwert 14-1-1801 ~ dêr 8-2-1861 † Ternaard 23-6-1885, 84 jier; by trouwen bakkersfeint te Holwert; Mr breabakker te Wierum; ferfart op 11-5-1835 nei Ternaard, dêr bakker oant syn ferstjerren yn syn 85ste (neffens de stjerakte);
By dopen ynskreaun as: Jitze, by trou-akte ynskreaun as: Jetze; yn it doopboek wurdt de fan De Jong al brûkt; Jitze docht op 4-5-1834 belidenis te Wierum;
hy wurdt yn 1820 keurd foar de militêre tsjinst en hoecht net yn tsjinst: /…/uit hoofde van ongeschiktheid tot den dienst finaal /…/ vrijgesteld;
sinjalemint: lingte: 1 el, 72 sm; oantlit: langwerpich; foarholle: rûn; eagen: blau; noas: ord[idinair] (=gewoan); mûle: grut; kin: rûn; hier: brún; wynbrauwen: brún; merkbere tekens: gjin;
x Westdongeradiel 13-5-1823, 22 en 21 jier, Taapke Hotzes Boom * De Rottefalle 10-9-1801 ~ dêr 31-1-1802 † Ternaard 3-12-1878, 77 jier; dr fan Hotze Johannes Boom, skipper yn ’e Rottefalle, en Jantje Eeuwes Boom
Acht bern, ûnder oaren:
5 Harke Jitzes de Jong, folget I.1
= Generaasje X.5 yn ’e stamrige Pettertilla/De Jong
= Generaasje I.1 yn ’e Genealogy De Jong-Bitgum
GENEALOGY DE JONG-BITGUM
GENERAASJE I
I.1 Harke Jitzes de Jong * Wierum 6-4-1833 † Bitgum 22-12-1906, 73 jier, [] Bitgum, rigel 20, grêf 9; by trouwen smidsfeint te Ternaard, ferbliuwend te Dokkum; sûnt 1855 grofsmid te Berltsum (nr 33); sûnt 27-2-1867 taper, kastlein yn By de Greate Pomp te Bitgum (nr 10, 2, 9), rydtúchhâlder, hat sûnt 1881 in feartsjinst op Ljouwert, gernier te Bitgum (nrs 302, 168), en Hylkje Sybolts Feenstra;
x Menameradiel 10-5-1855, beide 22 jier, Hylkje Sybolts Feenstra * Ikkerwâld 18-4-1833 † Bitgum 24-12-1903, 70 jier, [] Bitgum, rigel 20, grêf 8; dr fan Sybolt Douwes Feenstra, ûnderwizer te Burgum, sûnt 11-6-1827 haadmaster te Ikkerwâld, en Klaaske Sytses Kooistra;
Sybolt Feenstra hat as trakteminte te Ikkerwâld f 190,00, skoallejild en frij wenjen; yn 1864 en 1865 wurdt er frege as haad fan ’e Kristlik Nasjonale Skoalle te Dokkum, dêr’t er twaris foar bedankt; hy giet op 1-7-1868 mei pensjoen.
Bern:
1 Taapke Harkes de Jong * Berltsum 13-3-1856 † wierskynlik Noard Amearika; har húshâlding is earst Nederlâns Herfoarmd, letter Doopsgesind; sûnt har trouwen bakkerinne te St.-Jabik; ferfart dêrwei op 9-6-1898 mei man en trije bern nei Noard Amearika: ‘unidentified region‘;
x Menameradiel 15-11-1883, 27 en 24 jier, Willem Gerrits Buisman * Bitgum 14-7-1859 † wierskynlik Noard Amearika; foar syn trouwen bakkersfeint; ferfart út Bitgum op 3-11-1879 nei St. Nyk; komt 22-11-1880 dêrwei yn Baaium (nr 5a, ynwenjend by bakker Jarig Sjoerds Winselaar en Janke Jans de Jong); ferfart dêrwei op 4-6-1881 nei Bitgum; by syn trouwen dêr bakker, sûnt bakker te St.-Jabik; sn fan Gerrit Raggers Buisman, bakker te Bitgum (nrs 230, 128, 156), en Maaike Klazes Wassenaar
Bern, allegearre berne te St.-Jabik:
1 Maaike * 28-10-1884; 2 Hielkje * 12-11-1885 † dêr 26-12-1885; 3 Harke * 11-2-1888; 4 Hielkje * 17-7-1890 † dêr 11-10-1890; 5 Gerrit * 8-7-1891
2 Klaaske Harkes de Jong * Berltsum 6-4-1859 † Bitgummole 13-1-1941, 81 jier, [] Bitgum, rigel 22, grêf 2; har húshâlding is respektivelik Nederlâns Herfoarmd, gjin tsjerkegenoatskip, Grifformeard; by trouwen sûnder berop te Bitgum;
x Menameradiel 13-5-1880, 21 en 24 jier, Johannes Jans Tuinhof * St.-Anne 16-9-1855 † Bitgummole 26-6-1935, 79 jier, [] Bitgum, rigel 22, grêf 2; tsjerkeriedslid Grifformearde Tsjerke Bitgum; by trouwen sûnder berop te Menaam, sûnt dêr gernier; sûnt Alde Maaie 1890 gernier op Bessebuorren (nrs 139a, 253); sûnt 1894 [?] te Bitgummole; sn fan Jan Sjoerds Tuinhof, bouboer te St.-Anne, en Antje Pieters Havinga
Bern:
1 Harke Tuinhof * Menaam 15-10-1881 18-6-1961 [] Bitgum; gernier oan ’e Menamerdyk te Bitgummole (nr 255);
x Ferwerteradiel 15-7-1911, 29 en 22 jier, Ida Steen * Stiens 14-6-1889 † 15-5-1974 [] Bitgum; komt 4-9-1911 út Marrum yn Bitgummole; dr fan Gerrit Popkes Steen, timmerman te Stiens en Marrum, en Korneliske Heerkes Westra
2 Hielkje Tuinhof * Menaam 1-10-1883 † Ljouwert 30-1-1961; sûnt 7-9-1914 húshâldster te Ljouwert (Van der Kooistrjitte M7); by trouwen húshâldster by har man;
x Menameradiel 7-4-1915, 31 en 39 jier, Gijsbertus Annes Roukema; skipstimmerman te Ljouwert;
Gysbert x 1 Elisabeth Mees Kielema;
Gysbert x 2 Rigtje Douwes van der Schaaf
Sjoch foar hâldfêsten fan Gysbert c.s.: Genealogy Van der Schaaf – Englisch – VIII.1.4
3 Jitze Harkes de Jong, folget II
4 Akke Harkes de Jong, sjoch Genealogy Gosliga – V.1
5 Syboltje Harkes de Jong, sjoch Genealogy Fierstra – VI.4
GENERAASJE II – PARENTEEL –
II.1 Jitze Harkes de Jong * Berltsum 26-10-1860 † Bitgum 17-1-1951, 90 jier, [] Bitgum, rigel 20, grêf 10; bouboer en fuorman by It Tiltsje te Bitgum; 1907 lid tariedingskommisje wetterskip De Trije Doarpen, sûnt de oprjochting yn 1911 dêrfan bestjoerslid;
x Menameradiel 25-10-1888, 24 en 27 jier, Folkje Gerbens Brouwer * Bessebuorren te Menaam ûnder Bitgum 22-7-1864 † Bitgum 27-1-1939, 74 jier, [] Bitgum rigel 20, grêf 10; bouboerinne te Bitgum; lid Dames Commissie Nuttige Handwerken; dr fan Gerben Reimers Brouwer en Brechtje Folkerts Damsma, gerniers-bouboeren op Bessebuorren
Sjoch: Genealogy Brouwer 1 – XII.1.4
Bern:
1 Harke Jitzes de Jong * Bitgum 21-3-1890 † dêr 30-5-1933, 43 jier, [] Bitgum, rigel 20, grêf 9; túnder te Bitgum
2 Gerben Jitzes de Jong * Bitgum 28-6-1897 † Menaam 23-9-1975, 76 jier, [kremeard Goutum]; bouboer en fuorman te Bitgum; boargemaster fan Menameradiel 1941-’45; foarsitter en earelid keatsferiening Oefening Kweekt Kunst (OKK) te Bitgum;
x Menameradiel 25-10-1947, 50 en 37 jier, Hermina Dijkstra (Mien) * Koudum 26-2-1910 † Bitgummole, Menamerdyk, 1-7-1974, 64 jier; foar har trouwen húshâldster by har man; dr fan Uilke Evert Sieks Dijkstra, greidboer te Koudum, en Wytske Jans Nieuwenhuis
3 Hielke Jitzes de Jong, folget III.1
4 Bettus Jitzes de Jong, folget III.2
GENERAASJE III
III.1 Hielke Jitzes de Jong * Bitgum 4-6-1903; gernier, kweker en túnder te Bitgum;
x Menameradiel 25-10-1927, beide 24 jier, Dieuwke Fokkema * Menaam 15-2-1903; dr fan Fokke Jouws Fokkema, greidboer te Menaam, en Antje Andries Andringa
Bern:
1 Antje de Jong, folget IV.1
2 Folkje de Jong, folget IV.2
3 Jitze Hielkes de Jong, folget IV.3
4 Fokje de Jong, folget IV.4
III.2 Bettus de Jong (neamd nei syn beppe Brechtsje Damsma) * Bitgum 5-9-1905; bouboer en fuorman te Bitgum;x Menameradiel 22-5-1930, 24 en 19 jier, Akke Terpstra * Froubuorren 11-6-1910; by trouwen sûnder berop te Bitgum; dr fan Meinte Reinders Terpstra, arbeider te Froubuorren en Bitgum, en Klaaske Jacobs Bouma
Bern:
1 Jitze Bettus de Jong, folget IV.5
2 Klaaske de Jong, folget IV.6
3 Meinte de Jong, folget IV.7
§ LEANBEDRIUW MEI DE EARSTE RUPS
Leanbedriuw De Jong te Bitgum hat begjin tweintichste iu in modern maninepark, sa hawwe se as ien fan ’e earsten in trekker op rupsbannen en skaffe se al ier in kombain oan.
Hjirûnder foto’s fan it lânwurk – yn it Argyf De Jong-Bitgum binne gâns foto’s fan Leanbedriuw De Jong argiveard en foar de takomst feilichsteld yn ’e klimaat-behearske kluzen fan ’e Gemeente Waadhoeke, tagonklik ta rieplachtsjen: info@erfgoed-fundaasje.nl.
Leanbedriuw De Jong Bitgum – Eidzje
Leanbedriuw De Jong Bitgum – geullûke
Leanbedriuw De Jong Bitgum – Masinaal ierdappeldolle
GENERAASJE IV
IV.1 Antje de Jong (Annie) * Bitgum 24-2-1929; by trouwen sûnder berop te Bitgum;
x Menameradiel 25-10-1950 Gabe Werkhoven * Berltsum 23-5-1973; greidboer oan ’e Blikfeart ûnder St.-Anne (Hemmemawei 10); sn fan Folkert Gabes Werhoven, gernier te Berltsum, en Lieuwkje Tækes Schiphof
Bern:
1 Dieuwke Werkhoven, folget V.1
2 Folkert Werkhoven, folget V.2
3 Lieuwkje Werkhoven, folget V.3
IV.2 Folkje de Jong * Bitgum 20-6-1930
x Menameradiel 12-6-1952 Jacob van Loon * St.-Anne 16-8-1928; by trouwen monteur te Bitgum; sn fan Klaas Siebes van Loon, yn 1923, ’52 arbeider te Bitgum, en Maaike Baukes de Vries
Bern:
1 Klaas van Loon, folget V.4
2 Dieuwke van Loon, folget V.5
3 Hielke van Loon, folget V.6
IV.3 Jitze Hielkes de Jong * Bitgum 8-3-1941
x Menameradiel 27-6-1962 Klara Kooistra * 12-10-1943; dr fan Jacob Annes Kooistra, yn 1936 timmerfeint te Marsum, en Johanna Piers Sinnema
Bern:
1 Johanna de Jong, folget V.7
2 Hielke de Jong, folget V.8
3 Jacob de Jong, folget IV.9
IV.4 Fokje de Jong * Bitgum 2-4-1942; ferkeapster boekhannel;
x Menameradiel 2-2-1961 Wiepke Auke Algera * Jorwert 5-4-1941; by trouwen greidboer te Jorwert; dir. ynstallaasjebedriuw Algera Beetgum; sn fan Meindert Wypkes Algera, greidboer te Oerterp en Jorwert, en Tjitske Folkerts Binnema
Bern:
1 Meindert Wiepke Algera, folget V.10
2 Dieuwke Algera, folget V.11
3 Tjitske Algera, folget V.12
IV.5 Jitze Bettus de Jong * Bitgum 15-1-1934; fuorman te Bitgum; dir. Firma B.J. De Jong;
x 6-7-1961 Johanna Doutje de Jong * Froubuorren 7-2-1938; dr fan Klaas Johannes de Jong, bouboer ûnder Froubuorren, en Trijntje Pieters Prins
Bern:
1 Gerben Jitzes de Jong, folget V.13
2 Klaas de Jong, folget V.14
3 Menno de Jong, folget V.15
IV.6 Klaaske de Jong (Klaske) * Bitgum 21-7-1937; by trouwen sûnder berop te Bitgum;
x Menameradiel 21-12-1961 Simon Brouwer * St.-Anne 16-12-1938; by trouwen leadjitter te St.-Anne; sn fan Sjoerd Cornelis Brouwer, yn 1933 gasfitter te St.-Anne, yn 1960 dêr sjef gasfitter, en Grietje Simons Boorsma
Bern:
1 Akke Brouwer, folget V.16
2 Sjoerd Brouwer, folget V.17
3 Bettus Brouwer, folget V.18
IV.7 Meinte de Jong * Bitgum 28-7-1940; by trouwen leanwurker te Bitgum, yn ’t bedriuw fan syn heit-en-dy; dir. oaljehannel;
x 11-8-1960 Geertje Eisma * Ljouwert 2-7-1939; by trouwen kantoarfaam te Bitgum; dr fan Petrus Alles Eisma, kafeehâlder te Ljouwert, fabrikant fan gedistilleard, en Jantje Martens Siderius
Meinte en Geartsje binne achterneef en nicht; Geartsje is in beppesizzer fan Jantje Gerbens Brouwer;
Sjoch:
-Johannes Woudstra, Siderius – De Familie en het Handschrift, eigen behear, Ingelum, 2002 ISBN 90 9015705 0 – XIV.429.602
–Genealogy Brouwer 1 – XII.1.3
Bern:
1 Bettus de Jong, folget V.19
2 Petrus de Jong, folget V.20
3 Jitze de Jong, folget V.21
GENERAASJE V
V.1 Dieuwke Werkhoven * 6-7-1952
V.2 Folkert Werkhoven * 3-3-1954; greidboer oan ’e Blikfeart ûnder St.-Anne; eigner kamping De Blikvaart;
x Afke Jorritsma; eigner kamping De Blikvaart;
V.3 Lieuwkje Werkhoven * 18-5-1961
V.4 Klaas van Loon * 11-10-1952
V.5 Dieuwke van Loon * 25-12-1955
V.6 Hielke van Loon * 5-4-1961
V.7 Johanna de Jong * 5-12-1961
V.8 Hielke de Jong * 15-4-1964
V.9 Jacob de Jong * 13-2-1968
V.10 Meindert Wiepke Algera * Jorwert 4-7-1961; c.v-monteur; dir. ynstallaasjebedriuw Algera Beetgum;
x Boarnsterhim 28-6-1985 Elise Veenstra * Grou 2-5-1965; fakturist; dr fan Taeke Arend Veenstra, produksjemeiwurker, en Jantje Wouda
Sjoch: Oername ynstallaasjebedriuw Algera
Bern:
1 Sandra Algera * Bitgum 21-7-1987
V.11 Dieuwke Algera * Jorwert 25-1-1963; administratyf meiwurker juridyske saken Postbank, Ljouwert
V.12 Tjitske Algera * Jorwert 20-11-1964; administratyf meiwurker Weidelco (kuoltechnyk) Bitgum;
x Ljouwert 27-5-1987 Hubertus Georgius Johannes Rolf * Ljouwert 29-4-1963; fertsjintwurdiger Weidelco; sn fan Georgius Petrus Johannes Swiebertus Rolf, dir Weidelco te Bitgum, en Everdina Maria Helena Broekman, administratyf meiwurkster
V.13 Gerben Jitzes de Jong * 17-11-1962; piloat K.L.M.;
x Jelly Dijkstra * Froubuorren 19-5-1966; dr fan Grietzen Dijkstra en Nine Wiersma, útbaters kafee en sealesintrum Groot Terhorne te Bitgummole
IV.14 Klaas de Jong * 13-1-1965; dir. fuormanderij K.J. de Jong, Bitgum
V.15 Menno Bettus de Jong * 14-2-1968
V.16 Akke Brouwer * 18-11-1962
V.17 Sjoerd Brouwer * 10-7-1964
V.18 Bettus Brouwer * 17-11-1966
V.19 Bettus de Jong * 9-1-1961
V.20 Petrus de Jong * 13-9-1962
V.21 Jitze de Jong * Bitgum 13-3-1964 † Oosterbeek 22-8-2014