Hjirûnder is in oanset ta in kronyk oer de skiednis fan de K.I.Z. – Keurings Instituut voor Zaaigranen, Zaaizaden en Pootgoed as feredelingsbedriuw en as hannelsûndernimming. Gelukkich is noch heel wat fan it K.I.Z.-argyf oerdroegn. It doel is om benammen út dy boarne de histoary te beljochtsjen mei dêroerhinne ynformaasje fan belutsenen.
Dêrneist wurdt rom omtinken jûn oan de genealogise gegevens fan lju dy’t dêrmei anneks binne (yn skeanprint; de beskriuwingen fan Biltkerts binne yn ’t Bilts).
Erfgoed Fundaasje is deropút dat mear en mear skiednis fan bedriuwen yn it ljocht fan ’e wurksume lju boekstaafd wurdt, op alle fronten. Help datoangeande is sadwaande behoarlik fertsjinstlik yn ’t belang fan ’t algemien: lânbouhistoary wurdt dan beskreaun-bewarre-feilichsteld. Biografise gegevens en foto’s kinne stjoerd wurde nei: info@erfgoed-fundaasje.nl. Foar ynljochtingen: 058-212 00 35; info@erfgoed-fundaasje.nl.
* = berne/born
~ = doopt/baptized
x = troud/married
† = ferstoarn/deceased
[] = begroeven/buried
DG=Doopsgesind
EV=Evangelys Luters
FG=Frij Evangelys
G=Grifformeard
GT=Gjin Tsjerkegenoatskip
KG=Kristlik Grifformeard (Ofskieden)
NH=Nederlâns Herfoarmd (as der neat by stiet, is de oanbelangjende persoan NH)
Undersyk en ©: Stichting Erfgoed Fundaasje-Frysk en Frij.
As reaksje op de oprjochting fan ’e Z.P.C. – de Zaaizaad en Pootgoed Coöperatie – op 23 april 1919 komt yn ’e selde moanne de K.I.Z. – Keurings Instituut voor Zaaigranen, Zaaizaden en Pootgoed – yn Fryslân ek fan ’e grûn. (Beneaming meast koartwei: de KIS.)
Reden: as de Z.P.C. oprjochte wurdt, docht al gau bliken dat de hannel yn it goedkeurde sied- en setguod troch de Friesche Mij inkeld en allinne opdroegen is oan dy Z.P.C.
Dat set by party keaplju en telers kwea bloed. Benammen dat siedlingen ûnder leveringsplicht falle, ropt tsjinaksel by nôtkeaplju op.
Hoe no? Yn it bestjoer fan ’e Z.P.C. is gjin ienriedigens oangeande de posysje fan sied- en graanhannelers. Direkteur Jakob Wiersma fielt derfoar om de hannel yn goedkeurd sied frij te litten en hat bestjoerslid Pieter Watzes Bierma datoangeande wol wat oan syn kant. De oare bestjoersleden wolle hawwe dat de leveringsplicht fan siedlingen oan de Z.P.C. stean bliuwt.
Besocht wurdt om ta in akkoart mei de keaplju te kommen. De siedkontroleurs Bokke Algra fan Stiens, Douwe Sieswerda Jr fan Penjum en Rendert Ypey fan Jr fan Wytmarsum wurde troch it Z.P.C.-bestjoer hifke, mar dy fiele der neat foar om allinne op kommisje of as kontroleur te wurkjen.
Frij keapmanskip kontra koperaasje. Sadwaande wurdt de K.I.Z. oprjochte, ûnder foarsitterskip fan Bokke Algra. Dat is kurieus, Algra is ien fan ’e foarstapnimmers op it mêd fan ierdappelkeuring binnen de Friesche Mij, dêr’t de Z.P.C. út ûntstiet. En Rindert Ypey is in skoansoan fan Z.P.C.-direkteur Wiersma.
De earste advertinsje fan ’e K.I.Z. sprekt dúdlike taal:
In tegenstelling met vele provinciale keuringsdiensten, welke den handel in producten bij één enkel verkoopbureau monopoliseren, ligt het in de bedoeling om de landbouwers, die gebruik maken van ons Keurings-Institiuut, geheel VRIJ TE LATEN in den verkoop van hun product, mits onder contrôle van dit Instituut.
De nije keuringstsjinst krijt al gau gâns oanhang. As sekretaris fungeart de lânboulearaar Anne Melles Rauwerda, dy’t alle wiken in lânboukronyk yn ’e Ljouwerter Krante hat. It docht bliken dat dy hyltyd mear in tsjinstander wurdt fan de Koöperaasje yn ’t algemien, en fan de Z.P.Z. en de Friesche Mij yn ’t bysûnder.
Letter sil bliken dwaan dat de K.I.Z. gauris opereart tusken koöperaasje en frije hannel yn.
-Bokke Cornelis Algra * Stiens 25-10-1862 † 21-12-1942, 80 jier; sn fan Cornelis Bokkes Algra, nôtkeapman te Stiens, en Grietje Pieters Miedema;
x Ferwerteradiel 26-5-1887, 24 en 20 jier, Ytske Jans Hoogland * Ferwert 22-7-1866 † Stiens 17-2-1948, 81 jier; by trouwen sûnder berop te Ferwert; dr fan Jan Pieters Hoogland, nôtkeapman te Ferwert, en Jantje Baukes Roorda.
Sjoch: J.IJ. Feenstra, Het geslacht Hoogland, VIIIi.5, Genealogysk Jierboekje Fryske Akademy 1962, Ljouwert, 1962.
–Douwe Jogchums Sieswerda * Penjum 5-7-1873 † dêr 5-10–1947, 74 jier, [] Penjum; keapman te Penjum; sn fan Jogchum Douwes Sieswerda, keapman te Penjum, en Jantje Rinses de Witte;
x Wûnseradiel 20-5-1899, 25 en 23 jier, Aafke Jelles Jelsma * Lytsewierrum 24-3-1876 † Penjum 18-6-1948, 72 jier, [] Penjum; by trouwen sûnder berop te Lytsewierrum; dr fan Jelle Jeltes Jelsma, ferver te Lytsewierrum, en Grietje Oenes Faber.
-Rendert Annes Ypey (Rindert; ek: IJpeij, Ypeij; R. Ypey Jr) * Hallum 20-8-1881 † Ljouwert 4-5-1960, 78 jier; bouboer te Ferwert; sn fan Anne Klazes Ypey en Frouwkje Renderts Talsma, bouboeren te Ferwert;
.Rendert Annes Ypey;
x Ferwerteradiel 10-7-1909, 21 en 27 jier, Maaike Wiersma * Ferwert 28-2-1888 † Frjentsjer 14-1-1949, 74 jier; dr fan Jakob Pieters Wiersma, yn 1887 ûnderwizer te Hallum, yn 1888 te Ferwert; yn 1909 dêr administrateur; direkteur fan it Bureauvoor den verkoop van Zaai- en Pootgoed; dir. Z.P.C., en Trijntje Regnerus Dantuma.
De earste K.I.Z.-foaroanmannen binne neist Bokke Cornelis Algra en Rendert Annes Ypey:
–Symon Johannes Pars * St.-Anne 1-2-1855 † Arum 11-1-1938, 82 jier; G; nôtkeapman, yn 1878 te St.-Anne en Arum, sûnt omstrings 1880 te Penjum, sûnt 1889 te Arum; sn fan Johannes Wiltjes Pars, , G, nôtkeapman te St.-Jabik en St.-Anne, gemeenteriedslid fan It Bilt, amtner fan ’e Boargerlike Stân; en Catharina Yges Mulder (ek: Catrina); broer fan Gerrit, sjoch hjirnei;
x Frjentsjerteradiel 24-1-1878, 22 en 21 jier, Roelofje Sytses Roorda * Wytmarsum 31-3-1856 † Arum 4-4-1933, 77 jier; by trouwen sûnder bedriuw te Achlum; dr fan Sytze Hessels Roorda, yn 1856 koaltsjer te Wytmarsum, yn 1858 en by syn ferstjerren yn 1859 boer te Achlum, en Ytje Wolters Veenstra.
Bern, ûnder oaren:
-Johannes Symons Pars * Penjum 26-8-1883 † Ljouwert 29-7-1958, 74 jier; G; by trouwen nôtkeapman te Arum, sûnt 27-11-1907 idem te Ljouwert (Singelstrjitte Y26b, De Wetstrjitte Y7), yn 1917 dêr allyksa kontroleur fan in feefoerbedriuw;
x Wûnseradiel 27-9-1911, beide 28 jier, Jitske Jetses Bouma * Lollum 16-3-1883 † Ljouwert 16-10-1951, 67 jier; G; by trouwen sûnder berop te Lollum; dr fan Jetse Pieters Bouma en Hieke Scheltes Faber, winkellju te Lollum.
-Wijbe Cornelis Postma * Tsjummearum 18-8-1865 † Harns 20-9-1927, 62 jier; GT; ierdappelkeapman en kommisjonêr te Kimswert, sûnt 22-5-1897 te Harns (B7, Rommelkade 7, Roazegracht 2, Noarderhaven 95, Noardijs 7); sn fan Cornelis Wijbes Postma en Sytske Klazes Rienks, bouboeren te Tsjummearum;
x Wûnseradiel Alde Maaie 1894, 28 en 27 jier, Trijntje Johannes Rijpma * Wytmarsum 6-5-1867 † Harns 26-9-1927, 60 jier, 6 dagen nei har man; by trouwen sûnder berop te Wytmarsum; dr fan Johannes Sybrens Rypma en Tjitske Eiberts Blanksma, bouboeren te Wytmarsum.
-Philippus Posthuma * Arum 26-9-1849 † Tsjummearum 16-10-1940, 91 jier; nôtkeapman, yn 1878 te Arum, yn 1897 te Frjentsjer, sûnt 1880 te Tsjummearum; sn fan Sijbrandus Suardus Posthuma, nôtkeapman te Arum, en Heiltje Philippus Hannema;
x Frjentsjerteradiel 25-5-1878, 28 en 27 jier, Jacobje Pieters Hiemstra * Kleaster Lidlum; by trouwen sûnder berop te Doanjum; dr fan Pieter Arjens Hiemstra, yn 1833 bouboer te Kleaster Lidlum, yn 1860 dêr koaltsjer, yn yn 1878 rintenier te Doanjum, en Wytske Franses Vellinga (tekenet sels: Vellenga).
-Pieter Wiggers Dijkstra * Ternaard 21-8-1878 † 10-10-1975, 97 jier, [] Ternaard; nôtkeapman te Ternaard; sn fan Wigger Pieters Dijkstra, nôtkeapman te Ternaard, en Akke Klazes Monsma;
x Westdongeradiel 12-8-1902, 23 en 26 jier, Dieuwke Gerbens Bierma * Ternaard 7-7-1876 † Ljouwert 26-8-1955, 76 jier, [] Ternaard; by trouwen sûnder berop te Ternaard; dr fan Gerben Idses Bierma, klerk op ’e sekretary fan Westdongeradiel, letter gemeenteûntfanger te Ternaard, sekretaris-ûntfanger Seediken Westdongeradiel, en Rixje Klazes Bergmans.
Sjoch: Het geslacht Bierma VIa.4.
-Roel Romkes Wijmenga * Ouwesyl onder Froubuurt 16-10-1881 † dêr 30-6-1947, 67 jaar; GT, later DG; graankoopman op Ouwesyl onder Froubuurt (huusnrs 318e, 424); sn fan Romke Roelfs Wijmenga en Eeke Rommerts Tuinhof, winkelloi op Ouwesyl onder Froubuurt;
x ’t Bildt 28-5-1903, 21 en 24 jaar, Jacobje Kornelis Bierma.
Sien: Het geslacht Bierma VIIb.4.
-Gerrit Johannes Pars * St.-Anne 23-1-1857 † dêr15-12-1925, 68 jaar; G; graankoopman te St.-Anne, bij syn fersterven sonder beroep; sn fan Johannes Wiltjes Pars, notkoopman te St.-Anne, en Catharina Yges Mulder; broer fan Symen;
x Franeker 7-7-1881, 24 en 21 jaar, Sjoukje Jeltes Pasma * Franeker 19-4-1860 † St.-Anne 6-2-1922, 61 jaar; G; bij trouwen sonder beroep te Franeker; dr fan Jelte Tjiepkes Pasma, notkoopman te Franeker, en Anke Hobbes Zondervan.
-Douwe Joukes Schat * St.-Anne 28-7-1866 † Burum 3-7-1942, 75 jaar; repektivelik NH, KG, FE; komt Ouwe Maai 1888 út St.-Anne in Froubuurt (huusnrs 190, 390a, 200, 199), dêr erbaaier in 1891, ’92; in 1895, ’99 dêr gernier; ferhúst op 16-3-1906 út Ouwesyl onder Froubuurt na Súdhorn; in 1924 gernier en boer te Marrum; bestuurslid Christelijke Werklieden Vereniging Draagt Elkanders Lasten te Ouwesyl; sn fan Jouke Arjens Schat, (KG), winkelman en gernier te St.-Anne, in 1883 boer te St.-Anne, sont Ouwe Maai 1885 winkelman te St.-Anne (nr 270), sont Ouwe Maai 1888 winkelman te Froubuurt (huusnrs 224, 241, 93), in 1891 dêr erbaaier,ferhúst 1-3-1902 na Súdlarenin ’n inrichting en fersterft dêr in 1905, en Johanna Maria Douwes Boersma;
x ’t Bildt 7-5-1891, 24 en 23 jaar, Hiltje Sydses Tjepkema * St.-Anne 15-8-1867 † Burum 21-5-1955, 87 jaar, [] Marrum; dr fan Syds Jacobs Tjepkema, erbaaier te St.-Jabik en St.-Anne, en Antje Hantjes Andriessen.
-Pieter Pieters Postma * Haarlemmermeer 1-10-1881; GT; yn 1903 erbaaier te St.-Anne, in 1910 dêr postloper, in 1912 dêr gernier en koopman, in 1933 dêr koopman (nrs 190a, 43a, 464, 446, 432); ferhúst op 25-9-1934 met de húshouwing na Amsterdam (Westlandgracht 83-I); sn fan Pieter Thijsses Postma, (GT), erbaaier te St.-Anne, fertrekt op 19-5-1884 met de húshouwing na de Haarlemmermeer, dêr erbaaier, later weer erbaaier te St.-Anne en tapper en gernier te St.-Anne, en Sytske Pieters Boersma;
x 1 ’t Bildt 14-10-1903, 22 en 20 jaar, Geeske Pylgers Hagedoorn * Waidum 28-6-1883 † St.-Anne 10-12-1929, 42 jaar; bij trouwen sonder beroep te Waidum; dr fan Pylger Martens Hagedoorn, in 1879 erbaaier te Waidum, in 1883 dêr postloper, in 1887 dêr lânderbaaier, in 1903, ’11 dêr febrykserbaaier, en Etje Hanses de Groot;
x 2 ’t Bildt 9-2-1933, 51 en 36 jaar, skaiding Arrondissemintsrechtbank Amsterdam 21-10-1948, inskreven ’t Bildt 10-2-1949, Margaretha Schouten * Haarlem 2-7-1897; bij trouwen sonder beroep te Amsterdam; dr fan Johannes Daniël Schouten, in 1933 muzikus te Amsterdam, en Maria Sligtenhorst.
-Pieter Ymens Sinnema * Dronryp 3-1-1874 † dêr 1-2-1944, 70 jier; nôtkeapman te Dronryp; sn fan Ymen Pieters Sinnema, nôtkeapman te Dronryp, en Joukje Jacobs Koopmans;
x Frjentsjer 25-5-1899, 25 en 24 jier, Rindertje Sipkes Osinga * Frjentsjer 26-7-1874 † Grins 17-7-1937, 62 jier; by trouwen sûnder berop te Frjentsjer; dr fan Sipke Nannes Osinga en Rigtje Jacobs Keestra, bouboeren te Frjentsjer.
Sjoch: Genealogy Koopal-Koopmans V4.6.2.2
-Beert Pieters Wassenaar * St.-Jabik 21-9-1882 † 20-10-1979, 97 jaar; notkoopman te St.-Jabik; fan 30-1-1930 tot -9-1931 lid fan ’e gemeenteraaad foor de Vrijzinnig Democratische Bond; sn fan Pieter Beerts Wassenaar, graankoopman te St.-Jabik, en Antje Cornelis van der Leij;
x ’t Bildt 16-5-1907, 24 en 23 jaar, Antje Tækes Rijpma * Witmarsum 20-12-1883 † St.-Jabik 13-2-1949, 65 jaar; bij trouwen sonder beroep te Witmarsum; dr fan Tæke Sytses Rijpma en Aukjen Lammerts Hilarides, bouboeren te Witmarsum.
Sien: Genealogy Hilarides VII.4.5
Sien foor Van der Leij: Genealogy Koopal-Koopmans V4..9
-A. Hoitsma, skriuwer; genealogise gegevens binne yn oantocht.
-Anne Melles Rauwerda * Raard, Raarderhim,15-3-1859 † Ljouwert 6-2-1945, 85 jier; ûnderwizer yn De Wylgen, Reduzum en Aldebiltsyl, 1883-‘97 te Stiens (hûsnrs 58, 177); de húshâlding ferhuzet op 20-11-1897 nei Ljouwert; 1897-1924 dêr learaar oan de Landbouwwinterschool; skriuwer (lânbou, polityk, kroniken en brosjueres); foarman fan de Friesche Volkspartij; propagandist foar lânbounasjonalisaasje;
sn fan Melle Annes Rauwerda, (earst NH, letter GT), sûnt Alde Maaie 1852 arbeider te Raard, yn 1855 en ’56 dêr skipper, yn 1856 idem te Terherne, arbeider yn Reduzum, sûnt Alde Maaie 1858 idem te Raard, yn 1859 keapman te Raard, yn itselde jier dêr kastlein, yn 1861 taper te Sybrandabuorren, yn 1864, ’70, ’74 dêr kastlein, yn 1866 dêr slachter, yn 1870 slachter te Reduzum, arbeider yn 1872 te Weidum, yn 1873 te Reduzum en te Goutum, yn 1874 te Weidum en Reduzum, sûnt omstrings 1876 skipper te Bears, by syn ferstjerren mei 78 jier yn 1909 arbeider te Ljouwert, en Antje Wiggeles Hiemstra, skipperske en slachterske;
x Idaarderadiel 16-8-1883, 24 en 21 jier, Grietje Ypes Hagedoorn * Reduzum 9-10-1861 † Ljouwert 15-8-1930, 68 jier; by trouwen sûnder berop te Reduzum; dr fan Ype Haayes Hagedoorn, timmerman te Reduzum, en Wytske Doekes de Groot.
Anne Rauwerda is
-meiwurker Groninger Weekblad
-meiwurker Sociaal Weekblad
-1890-’98 meiwurker De Grond aan Allen
-1894-’96 meiwurker Grond en Arbeid
-1897-1940 skriuwer fan 2285 lânboukroniken yn ’e Ljouwerter Krante
-sûnt 1917 meiwurker oan de reorganisaasje fan de Friesche Mij van Landbouw
-foarsitter Algemeen Nederlandsch Werklieden-Verbond
-foarsitter Vereeniging van Leeraren aan den Rijksland- en tuinbouwwinterscholen
Rauwerda skriuwt ûnder oaren ûnder de skûlnamme Veritas (Latyn foar: Wierheid)
Sjoch: Anne Melles Rauwerda – Parenteel van Anne Aukes Rauwerda III.6.
It bestjoer fan de K.I.Z. lit har fotograveare by it ôfskie fan skriuwer-skathâlder Anne Rauwerda yn 1935.
Anne Rauwerda is in wat frjemde ein yn ’e byt yn it K.I.Z.-fermidden. Hy pleitet ûnder oaren foar lânnasjonalisaasje. Dat is foar de liberale keaplju en boeren net besprekber. Lykwols stiet it redendielen oer sokke fraachstikken de goede ferstânhâlding net yn ’t paad. Rauwerda wurdt heechachte, troch syn persoan en syn alsidige kundigens.
It feest is wierskynlik yn ’e Kroan te Ljouwert. Op ’e foto sit Rauwerda oan it haad fan ’e tafel mei neist him de hotelhâldster frou Castelein.
Fierders sittend fan links nei rjochts:
-Bokke Cornelis Algra, eare-foarsitter.
-Bauke Jans Bierma, sjoch: Het geslacht Bierma VIIIn.
-Tjitze Hettes Hettema, sjoch: Genealogy Offringa XI.2.1; Stambeamke Hettema – 7e generaasje; Kertiersteat Hette Tjitzes Hettema.
-Pieter Klazes Hamer * Minnertsgea 30-11-1886 † dêr 6-11-1958, 71 jier; keapman te Minnertsgea; sn fan Klaas Pieters Hamer, koaltsjer, letter gernier te Minnertsgea, en Korneliske Popkes Vrieswijk;
x Barradiel 3-5-1913, 26 en 30 jier, Klaaske Zwart * Minnertsgea 20-1-1883 † dêr 5-2-1970, 73 jier; by trouwen sûnder berop te Minnertsgea; dr fan Jacobus Sjoerds Zwart, skipper te Minnertsgea, en Grietje Geerts Bevy (ek: Bewi, Bewie; Gryt kin net skriuwe).
Sjoch: Geslacht Hamer IV-13; Minnertsga vroeger.
Steand, fan links nei rjochts:
-Jelte Gerrits Pars * St.-Anne 13-8-1886 † dêr 22-10-1970, 84 jaar, [] St.-Anne; graankoopman te St.-Anne; sn fan Johannes Gerrits Pars, sien hierfoor;
x ’t Bildt 23-5-1912, baide 25 jaar, Sijtske Spoelhof * St.-Anne 30-12-1886 (3 dagen na ’t fersterven fan hur sussy Sytske, 3 jaar oud) † dêr 21-2-1964, 77 jaar, [] St.-Anne; bij trouwen sonder beroep te St.-Anne; dr fan Johannes Willems Spoelhof, koopman te St.-Anne, en Antje Lolkes Kuipers.
-Jan Bokkes Algra * Stiens 20-1-1893; nôtkeapman te Stiens; sn fan Bokke Cornelis Algra, sjoch hjirfoar;
x Ferwerteradiel 31-5-1917, 24 en 23 jier, Trijntje Miedema * Ferwert 1-3-1894; by trouwen sûnder berop te Hantum; dr fan Jelle Jans Miedema en Trijntje Dirks Benthem, bouboeren te Ferwert en Hantum, rintenieren te Ljouwert.
Jan Bokkes Algra driuwt mei syn broer Cornelis Bokkes Algra (Cees) in graanhannel te Stiens; dy hannel wurdt fuortset troch har soannen, de neven, Bokke Jan Algra en Bokke Cornelis Algra.
-Wop Douwes Schat * Minnertsga 21-10-1873 † Luwt, weunend te Ouwesyl, 14-8-1958, 84 jaar; bouboer te Ouwesyl onder Froubuurt (in 2021 is dêr bouboer Freerk Sjoerds van der Schaar); sn fan Douwe Klazes Schat en Baukje Jetses Veeman, bouboeren te Minnertsga en op Ouwesyl onder Froubuurt;
x ’t Bildt 25-5-1899, baide 25 jaar, Klaaske Hoogland * Ouwesyl onder Froubuurt 24-8-1873 † dêr 25-9-1953, 75 jaar; by trouwen sonder beroep op Ouwesyl; dr fan Pieter Johannes Hoogland en Aaltje Roelofs Schuiling, bouboeren te Ouwesyl onder Froubuurt.
Sien: Het geslacht Hoogland VIIn.7
-Ritske Hendriks Tulner * St.-Anne 25-5-1901 † dêr 13-8-1959, 58 jaar, St.-Anne; eerpelkoopman te St.-Anne; sn fan Hendrik Ritskes Tulner, winkelman, later koopman te St.-Anne (huusnrs 84b, 158, 4, 16, 50), en Fokeltje Jarigs Tolsma;
x Hinnaarderadeel 25-11-1930, 29 en 23 jaar, Theodora Johanna Elisabeth Heeg * Wommels 13-5-1907 † Luwt 25-12-1984, 73 jaar, [] St.-Anne; weunt sont 27-10-1923 bij hur bep Theodora Johanna Elisabeth Heeg-de Gavere te Luwt, bij trouwen sonder beroep te Wommels; dr fan Wopke Gerbens Heeg, bij syn trouwen in 1902 fan boerebedriif te Kubaard, in 1903 graidboer te Offingawier, sont 1906 idem te Wommels, en Rigtje Yntes Miedema.
-J.G. Wassenaar, genealogise hâldfêsten wurde neipluze.
-Jan Joukes Jensma * Ferwert 27-5-1901 † 12-4-1983, 82 jier, [] Hantumhuzen; bouboer te Hantumhuzen; sn fan Jouke Jans Jensma; gernier te Ferwert, letter bouboer te Hantumhuzen, en Antje Hendriks de Haan;
x Westdongeradiel 16-3-1944, 44 en 26 jier, Antje Douma * Ikkerwâld 29-5-1917 † 11-2-1998, 80 jier, [] Hantumhuzen; by trouwen te Hantumhuzen; dr fan Lieuwe Reinders Douma, yn 1917 arbeider te Ikkerwâld, yn 1944 gernier te Foudgum, en Froukje Roelofs van der Veen.
-Reinder Dirks de Jong * Ropta state, Winaam 10-5-1897 † 14-4-1964, 67 jier, [] Winaam; bouboer op Ropta state te Winaam ûnder Seisbierrum; sn fan Dirk Reinders de Jong, komt mei 16 jier mei syn suster fan Eelsma state ûnder Seisbierrum as boer op Ropta, en fan Tjaltje Doekes van der Schaaf;
x Barradiel 31-5-1928, 31 en 23 jier, Sijtske Algera * Penjum 8-5-1905 † 14-3-1983, 77 jier, [] Winaam; by trouwen sûnder berop te Harns; dr fan Jentje Aukes Algera, by syn trouwen yn 1901 bakkersfeint te Marsum, sûnt bakker te Penjum, en Klaaske Douwes Wenselaar, bakkerske te Penjum.
Lettere bestjoersleden fan de K.I.Z. binne – de list is lang net folslein, graach oanfullingen en ferbetteringen: info@erfgoed-fundaasje.nl –
-Jan Bergmans, Winaam, foarsitter.
-Doekele Gerbens Brouwer, sjoch: Genealogy Brouwer 1 XV.3
-Klaas Pieters Hamer * Minnertsgea 26-7-1920 † dêr 9-12-2006, 86 jier, [] Minnertsgea; siedhanneler te Minnertsgea oan ’e Hermanawei 4; skriuwer Ruilferkaveling Berltsum; sn fan Pieter Klazes Hamer, sjoch hjirfoar;
x Luurtske Wiersma (Lukie) * Minnertsgea 26-4-1926 † dêr 26-1-2002, 66 jier, [] Minnertsgea; dr fan Klaas Reinders Wiersma, smid te Minnertsgea, en Jacobje Sjoukes Balt.
Sjoch: Geslacht Hamer VI-2
-Camiel Hoogland * Ljouwert15-9-1967, nimt yn 2005 de Ferwerter graanhannel Hoogland oer fan syn omke Otto Hoogland (Camiel is dêrmei de 5e generaasje yn ’t bedriuw); dir. Hoogland B.V., oant 2018 graanhannel te Ferwert; sekretaris; K.I.Z.; sn fan Pieter Hoogland, nôtkeapman te Ferwert, en Lydia Willemsens.
Sjoch: Het geslacht Hoogland Xh
x Boarnsterhim 7-5-1999, Margot van Engelen * Geldrop 12-4-1968; teamlieder LTO-Noord; dr fan Huub van Engelen en Marit Schellekes.
–Otto Hoogland * Ferwert 21-7-1948; dir. graanhannel Hoogland B.V. te Ferwert; 2010-2015 sekretaris K.I.Z.; sn fan Bauke Pieters Hoogland, nôtkeapman te Ferwert, en Dieuwke Ottes van der Meer.
.
Sjoch: Het geslacht Hoogland Xh.3
–Klaas Kramer * Ouwedyk 906 onder St.-Jabik 10-9-1938 † St.-Anne 19-9-1999 [as] St.-Jabik; boer en eerpelkweker an ’e Ouwedyk 906 onder St.-Jabik; kweker fan ’t ras: Oscar; foorsitter Rie fan Tafersjoch Iedappelkwekersorganisaasje N.V. FOBEK (Foar Boer en Keapman); sn f. Jan Klazes Kramer, bouboer en eerpelkweker an ’e Ouwedyk onder St.-Jabik, en Akke Klazes van der Weg;
x ’t Bildt 23-11-1961, 23 en 22 jaar, Anna Bootje de Boer (Annie) * St.-Jabik 28-7-1939; GT; kûpeuze; dr fan Jarig Douwes de Boer, bouboer te St.-Jabik, en Jeltje Dirks Boonstra.
Sien: Erfgoed Fundaasje – Sulver – Anna Bootje de Boer; Genealogy Van der Weg VII.2
-Balling van Kuiken * Wierum 21-10-1927 † Grins 1-7-1992, 64 jier, [] Nes, Westdongeradiel; bouboer en ierdappelkweker te Wierum; sn fan Jacob Harmens van Kuiken en Janke Ballings Mollema, bouboeren te Wierum;
x Utingeradiel 6-8-1952, 24 en 22 jier, Sietske van der Krieke * Akkrum 17-2-1929 † Ljouwert 4-7-2016, 87 jier, [kremeard Goutum]; dr fan Hantje Klazes van der Krieke en Afke Jans de Glee, greidboeren te Akkrum.
-Minne Lettinga * Oentsjerk 20-6-1953; bouboer te Doanjum; dir. Lettinga Investments B.V.; foarsitter obligaasjehâlders Holland Malt (moutfabryk fan Bavaria); tolve jier foarsitter graanpool Agrifirm as lid fan it Haadproduktskip Ikkerbou; kommissaris Fobek; foarsitter K.I.Z.; lid advysrie N.A.K.; sn fan Lammert Minnes Lettinga en Tjitske Roelofs Oostenbrug;
x Frjentsjer 9-9-1982, 29 en 25 jier, Saakje Houtsma * Skingen 12-3-1957; foarsitter en sekretaris Keatsmuseum Frjentsjer; dr fan Pieter Johannes Houtsma, sûnt 1973 foarsitter Friesche Mij, bestjoerslid Frico, idem Produktschap Zuivel, idem koöperative suvelfabryk Dronryp, idem De Maatschap, sûnt 1960 Fresia, sûnt 1971 De Takomst, sûnt 1962 lid gemeenteried fan Menameradiel foar de C.H.U, sûnt 1966 wethâlder, sûnt 1974 lid Provinsjale Steaten, presidint tsjerkfâd Rie-Skingen, sûnt 1974 lid Herfoarme Synoade klassis Frjentsjer, en Sieuwke Fokkes van der Meer, greidboeren te Skingen.
Sjoch: Frisian investors
-Pieter Jan Marra * St.-Jabik 1954 † Menaam 2018, 64 jaar, [] St.-Jabik; bouboer op Waddenoord an ’e Ouwedyk 1016 in ’e Westhoek onder St.-Jabik; sn fan Marten Pieters Marra en Hiltje Gerritje Cnossen, bouboeren op Waddenoord;
x Gerrie Theresa Pars * St.-Anne 4-9-1955; onderwizeres; dr fan Georg Pars, dir Georg Pars graanhannel, sien hierna.
Sien: Kolleksy Marra XII
-Georg Pars * St.-Anne 12-3-1926 † 7-12-2002, 78 jaar, [] St.-Anne; dir. Pars graanhannel te St.-Anne, foarsitter; sn fan Jelte Gerrits Pars, sien hierfoor.
-Jelte Pars * St.-Anne; dir. Georg Pars graanhannel te St.-Anne; sekretaris K.I.Z.; sn fan Georg Jeltes Pars, sien hierfoor;
x Johanna Wassenaar (Joke) * Beetgumermoln 15-1-1961; dr fan Jacobus Gijsberts Wassenaar, firmant Loanbedriif G. Wassenaar te Beetgumermoln, en Jacoba Jans Dijkstra.
Sien: Georg Pars Graanhandel.
-Anton Sevenster * Wier; bouboer en ierdappelkweker op Lauta state te Wier; foarsitter K.I.Z.;
x Simy de Jong * Wier 15-12-1944; ferpleechster, boerinne, skriuwster.
Sjoch: Simy Sevenster
-Broer Albert Jarig Siderius * Ouwesyl 9-9-1946; aigenerfd bouboer en eerpelkweker op Ouwesyl, sont 1976 op ’e Bildtpollen (nr 35); foorsitter K.I.Z.; sn fan Evert Broers Siderius en Hillechien Alberts de Groot, bouboeren op ’e Bildtpollen;
x Franekeradeel 30-3-1973, 27 en 23 jaar, Roelofke Riemke Tinne Inas Wassenaar * Minnertsga 15-8-1949; dr fan Willem Goffes Wassenaar en Eeke Roelofs Schuiling, bouboeren te Minnertsga.
-Rients Harmens Westra, sekretaris, sjoch: Genealogy Westra X.3
-Jan Ydema, sekretaris, Ljussens
Yn ’e jierren 1976-’77 ferhiert de K.I.Z. de gebouwen en lân oan de N.A.K., de Nederlandse Algemene Keuringsdienst en in jiermannich letter wurdt dat replik guod oan de N.A.K. ferkocht.
De keuringen binne dan al oan de N.A.K. oerlitten. It jild wurdt oppotte, de rinte is heech, sa’n 12 prosint en de revenuen wurde brûkt foar foarljochtingsreizen; ek nei ’t bûtenlân, bygelyks Skotlân, dêr’t de K.I.Z. f 200,00 per lid taskikt en in eigen bydrage frege wurdt fan f 50,00. Tenei is de K.I.Z. in feredelde reisorganisaasje. It is in opstekker at je by de K.I.Z. sitte. Fan ’e plezierige ekskurzjes stekke de leden tagelyk in soad op. (BS)
De N.A.K. wie yn 1932 ûntstien út in gearfoeging fan ’e Keuringstsjinst fan ’e Friesche Mij, dy’t yn 1908 fan ’e grûn kaam, en dy fan ’e K.I.Z.