Home » Kolleksjes » Kolleksje Boelstra-Noordenbos

Kolleksje Boelstra-Noordenbos

Histoarysk materiaal kin yn bûklien jûn wurde – dan bliuwt it eigendom fan ’e rjochthawwende – of it kin skonken wurde. Yn beide gefallen is it beskikber foar ûndersyk en kinne betingsten steld wurde oangeande iepenbierens. Sjoch: Oer ús.

Op tongersdei 24 novimber 2016 en op sneon 4 febrewaris 2017 hat Gerritje Grietje Berga, berne Snits 13 maaie 1940, dochter fan Jan Berga (1913-1989) en Atje Pieters Boelstra (1911-1981), Tormentil 68 op It Hearrenfean, út it erfskip fan har pake en beppe Pieter Johannes Boelstra en Antje Willems Noordenbos
de hjirûnder ynventarisearde argyfstikken skonken.

IT MATERIAAL BESLACHT:

DOAZE I
Akten

  1. 23-11-1812 Koop Contract voor U.A. Noordenbos
  2. 30-3-1815 Koopbrief van 3 pondm. Greidland onder Oudkerk Ulbe Noordenbos
  3. 14-5-1817 Koopbrief en absolute kwitantie, Ulbe Noordenbos
  4. 30-12-1826, 14-12-1826, 20-1-1827 Feiling fan bou- en greidlân troch Mr Binse Albarda, advokaat te Ljouwert, Daniël Bonifacius van der Haer, griffier Steaten fan Fryslân, (fertsjintwurdigers fan Sijssen, widdo Gockinga, Morees, De Sitter, Van Sippama, De Drews, Albarda van Ekensteijn, Van Hasselt. Keapers: Ulbe Annes Noordenbos, boer ûnder Hallum, Sjoerd Broers Terpstra, tolman ûnder Hallum, Aise Hendriks Kuipers, boer te Ferwert en Symen Sinnema, boer ûnder Wyns.
  5. 30-1-1830, betelle 26-3-1831 Declaratie van Kosten, Ulbe Annes Noordenbos, boer ûnder Hallum.
  6. 24-5-1830 Rojemint hypotekêre ynskriuwing tsjerkfâden Ned. Herf. Gem. Sint Nyk foar Ulbe Annes Noordenbos.
  7. 6-10-1830 Koopbrief van zeven pondematen greidland te Oudkerk voor Ulbe Annes Noordenbos. Ferkeaper: Mr Daam Fockema, notaris te Ljouwert.
  8. 6-10-1830 Proces Verbaal van Verkoop, keapbrief, 3 pm greide ûnder Aldtsjerk. Keaper: Ulbe Annes Noordenbos. Ferkeper: Piebe Eelties Berghuis.
  9. 24-3-1831 Koop-Contract,  keapakte Hûs en skuorre ensfh. Iewâl ûder Hallum. Keaper: Ulbe Annes Noordenbos, ‘genees- heel- en vroedmeester’ Iewâl ûnder Hallum. Ferkeaper: Dirk Bouwes Hiemstra, keapman en slachter Iewâl ûnder Hallum. Keapsom: f 600,00.
  10. 16-3-1838, 27-4-1838 Koopacte tusschen J.C. Kutsch en U.A. Noordenbos. Keaper: Ulbe Annes Noordenbos. Ferkeaper: fam. Van Sminia ûnder Gytsjerk. Keapsom: f  1.000,00.
  11. 17-6-1844 Proces Verbaal van Verkoop Pieter Klazes de Boer, Klaas Sijbes Bloemhof, folmachten foar Atje Durks van der Heide, frou fan Pieter Klazes de Boer, c.s.
  12. 10-1-1879 Contract van Bemaling, Willem Ulbes Noordenbos
  13. 31-8-1878 Oerienkomst rjocht fan paad oer de trekwei by de Dokkumer 1 ferliend troch Rykele W. Veninga, kastlein te Bartlehiem, oan Jacob Jetzes Kalma, boer op en eigner fan Het Steenhuis ûnder Stiens.
  14. 24-11-1905 Afschrift van Acte van Verkoop en Koop, foar Willem Ulbes Noordenbos, ensfh.
  15. 30-11-1931 Uittreksel eener acte van scheiding – Eigendomsbewijs voor den heer P.J. Boelstra te Bartlehiem
  16. 14-5-1932 Skuldbekentenis, Atje Pieters Boelstra, Dirk Willems de Vries
  17.     -5- 1932 Schuldbekentenis met Borgstelling, Pieter Johannes Boelstra, Dirk Willems de Vries
  18. 9-12-1935 afstand gemeenschap van winst en verlies, Tjitske Piers van der Velde
  19. 9-12-1935 Afrekening nalatenschap Pieter Johannes Boelstra
  20. 30-1-1936 Inventaris der nalatenschap van wijlen Pieter Johannes Boelstra
  21. 11 en 25-2-1937 Afrekening, Atsje Boelstra
  22. 2-6-1961 Acte van Scheiding betreffende Sate en Landen onder Wanswerd, 24 ha., Dirk Willems de Vries, Pieter Doedes Boelstra, Hans Hoogland, Rinske Pieters Bouma, Doede Pieters Boelstra, ensfh.
  23. 2-6-1961 Bewijs van Eigendom voor de heer Dirk Willems de Vries, 4 pm. greide.

Skinking 4 febrewaris 2017

  1. 30-8-1851 Boedelbeskriuwing fan Antje Willems van Eck, boerinne oan ’e Iewâl ûnder Hallum, widdo fan Ulbe Annes Noordenbos, ‘genees- en heelmeester’
  2. 23-2-1852 Boedelbeskriuwing fan Antje Willems van Eck, boerinne oan ’e Iewâl ûnder Hallum, widdo fan Ulbe Annes Noordenbos
  3. 11-6-1878 Scheiding tusschen de kinderen van Antje Willems van Ek, weduwe Ulbe Annes Noordenbos
  4. Roubrief Gerritje van Es, 14-11-1936
  5. Roubrief Jacob W. Berga, 12-6-1940
  6. Slúf mei makelderslogo fan Jan Berga
  7. Uttreksel Boargerlike Stân ferstjerren Jan Berga, 20-4-1913

Tekstyl:

  1. letterlape: Gryt Boelstra 1893: bysûnder: kleuren grien en swart, wat se thús hienen koenen se blykber op skoalle brûke
  2. 4 reade bûsdoeken
  3. haakte deiske muts
  4. floddermuts
  5. bernemûtske: A. van der Goot
  6. jurkje foar famke fan 1 jier
  7. foarlyfke
  8. bûske om foar te binen
  9. koart skelkje foar by Frysk kostúm
  10. skelk, plm. 1950
  11. berneskelkje
  12. nachthimd of ûnderrok
  13. 2 nachthimden (û.o. Magazijn De Duif, Dracht, It Hearrenfean)
  14. 3 ûnderrokken
  15. berne flapûnderbroek mei kantklostrântsje
  16. boesgroen mei kanten bef en kraach
  17. frouljushoazzen (foar ûnder Frysk kostúm)
  18. krúksek
  19. nachthimdsek: Welterusten
  20. nachthimdsek
  21. read blokt sloop
  22. sloop
  23. haakte lekkenfersiering: Goede nacht slaap zacht
  24. 2 hiernetsjes
  25. 2 kanten kraachjes
  26. 19 borduerde, haakte of kloste kleedsjes
  27. 4 kastfersieringen
  28. klokloperke masinaal borduerd
  29. tipdoek of omslachdoek (brûkt as skoarstiendoek)
  30. 2 pianoloperkes (?)
  31. 2 rabatten foar bedstee lâns
  32. 1 ‘trivialia’
  33. taske fan brún fluwiel
  34. kanten stroken
  35. fragminten borduersel
  36. roudoek oer spegel (?)

Erfgoed Fundaasje sil de boppeneamde stikken opslaan, ynventariseare en konserveare.

Erfgoed Fundaasje hâldt har oanrikkommandeard foar oare argyfstikken út dizze neilittenskip, of oare neilittenskippen út dizze rûnten.

De skinkers en har erfgenamten hawwe en hâlde it rjocht om de stikken yn te sjen en te lienen ûnder de algemiene betingsten dy’t de stichting Erfgoed Fundaasje dêrta stelt.

Erfgoed Fundaasje mei de stikken brûke en publiseare foar genealogise doelen en famyljeûndersyk. En oars yn in histoarys ramt pleatse sadat de stikken it bêste ta har rjocht komme

Yn brûklien:

  1. briefkaart fan Johannes Pieters Boelstra en Antje Boelstra-Noordenbos oan Atje Boelstra, Ljouwert 26-4-1927
  2. 6 foto’s:
    1. tsjerke Wyns, foto: Lucht Foto Nederland
    2. Jan Berga, foto: S. Steensma, It Hearrenfean
    3. Taetske Grietje Berga, foto: Riesch, Oasterdyk 54, Snits, stempel: 16-10-1939 (yn jurkje makke troch Atsje Berga-Boelstra út har troujurk; it jurkje is opnommen yn de Kolleksje Boelstra-Noordenbos – Tekstyl)
    4. Taetske Grietje en Gerritje Grietje Berga, foto: Ris, Oasterdyk 54, Snits, 1941
    5. Wilco Pieter Berga, foto: Ris, Oasterdyk 54, Snits, stempel: 12-4-1948
    6. Atje Boelstra en Jan Berga, troufoto,  foto: Duinker, Foarstreek 96, Ljouwert
  3. 2 persoansbewizen:
    1. Atje Boelstra, 8-7-1941
    2. Jan Berga, 3-7-1941

Ynventarisaasjes, Ljouwert, 25 novimber 2016, 20 febrewaris 2017 en 23 maart 2017