by genealogy Koopal/Koopmans

Gerryt Doeckles, te Warten, st. 1659, tr. N.N., st. tusken 1640 en 1654.

Yn 1640 is Gerrit Doekles boer op Saakema, stim 29 fan Warten, grut 60 pm. Eigners binne dan dy Gerrit mei syn frou, Baucke Oenes en de erven fan Pyter Jans.
Yn 1654[1] keapje de siktaris Watse Gravius en de ekskuteur Sytse Gravius Saeckma sate te Warten fan 54 pm, brûkt troch Saecke Pyters en frou, fan Gerryt Doeckles te Warten en syn bern foar 24 goudg. elts pûnsmiet.
Yn 1659[2] meitsje Saecke Pieters as man fan Trin Gerryts, Euert Gerryts foar him sels, Dirck Feyckes en Pitrick Sijedr, Pyter Jans te Jorwert fanwege syn bern by Aeltie Gerrytsdr, Harmen Hoytes sels en foar syn suster, syn broer en syn healsuster Trintie Hilledr in skieding fan de neilittenskip fan harren heit en pake Gerryt Doeckles. Der wie in batich saldo fan 772 goudg. en dat wurdt yn fiif porsjes ferdield fan 153 goudg.
Yn de marzje kwitânsje fan Harmen Hoytes 1660; kwitânsje fan Euert Gerrits, Pyter Jans yn syn kwaliteit, Dirck Feyckes fanwege syn frou en Rempk Sijedr, frou fan Jacob Cornelis te Ljouwert foar Saecke Pyters 1660; kwitânsje fan Antie Hoites, frou fan Bauke Tiepkes, te Wergea fan 24 goudg. foar Gerryt Haytes as fâd oer it weesbern fan Harmen Hoites 1667; kwitânsje fan Ibel Hoites foar Gerryt Hoites (lês Haytes) fan 31 goudg. 1672 of 1677; kwitânsje fan Isck Hilles, Douwe Feickes fanwege syn frou Saep Hilles en Jets Hilles foar Gerryt Hayes (lês Haytes) 1674.

    Bern:

  1. Griet Gerryts, tr. 1. foar 1634/1627 Hoyte N. (bern: Harmen, Rienck, Duckle, Antie en Ebel Hoytes); tr. 2. 1647 Hylle Liuuesz (bern: Trintie Hilledr).
  2. Trin Gerryts, tr. Saecke Pyters, te Warten.
  3. Antie Gerryts, tr. om 1632 hinne Sije Sipkes, te Warten. Hy tr. 2. 1638 Bauck Sickedr.
    Yn 1638[3] wurdt Euert Gerryts te Grou oansteld as fâd oer Pitrick, yn har 6de, en ‘Rinck’,  yn har 4de, dochters fan Sije Sipkes, foarhinne te Warten mar no oan it Fliet ûnder Ljouwert, by Antie Gerrits silger. Dan makket de fâd in skieding mei Sije en (syn nije frou) Bauck Sickedr. Ien fan de bern komt by pake Gerryt Duckles yn de kost.
    Yn 1660 (yn de marzje) kwitânsjes fan Remk Sijedr, 26 jier, frou fan Jacob Cornelis te Ljouwert, en Pitrick Sijedr, frou fan Dirck Feickes.
    1)  Pitrick Sijedr, fan Wergea, tr. gerjocht Idaarderadiel 11.11.1657 Dirck Feyckes.
    2)  Remckien Sijes, fan Warten, tr. Ljouwert 20.6.1658 Jacob Cornelis, lekkenwever.
  4. Euert Gerryts.
  5. Aeltie Gerrytsdr, tr. Pyter Jans, te Jorwert.

[1] RA IDA N1 206.
[2] RA IDA J9 249.
[3] RA IDA J6 57v.