De Bildtse Eerpelweken fan 2023 binne freed 23 juny fan start gongen. Erfgoed Fundaasje-Frysk en Frij hat in stand yn ’e pleats fan ’e famylje Smits, Ouwedyk 111, 9078 WK ûnder Ouwesyl.
Dit is in rjappel fan ’t ras Spunta yn sulver getten ta eare fan it ôfskie fan Herman Hettema, kweker fan it ras Hettema, letter neamd Amarilla (fanwegen de earste letters AM: Aardappel Moeheid-resistint).
Herman Hettema is in pakesizzer fan ’e grûnlizzer fan it Hannelshûs Hettema, offisjeel oprjochte yn 1898 (sûnt 1921 Hettema Zonen).
Hettema fuseart yn 1999 mei de ZPC (Zaaizaad en Pootgoed Coöperatie) yn HZPC, alle inisjalen fan foarhinne ha in plakje.
Erfgoed Fundaasje wurke mei oan ’e tarieding by de oanfraach fan it predikaat Keninklik.
It weareldwiidkonsern fiert yn 2023 it 125-jierrich bestean – koaninklik bekroand.
Erfgoed anneks de ierdappel is hjir te sjen yn ’e breedste sin, bygelyks in foto-album út de famylje fan ierdappelkwekers, Jan Klazes Rienks en Tryntsje Boyens Wassenaar, skonken oan Erfgoed Fundaasje om sok weardefol famylje-erfgoed foar de takomst feilich te stellen, sjoch: Kolleksje Rienks.
Jan Klazes Rienks hat behoarlik wat yn ’t Bilts berime.
Erfgoed Fundaasje stelt argyfstikken foar de takomst feilich. erfgoed-fundaasje.nl/oer-us/