AS IT DAGET
by wurd en geast à la Obe Postma
Hawwe jimme wolris west yn it tsjerkje fan Nijhuzum?
Ik ha ek wol myn besinnen yn dat doarpke hân,
wie it net yn ’e tsjerke dan wol foar de pleatsen oer,
dy stjelp fan generaasjes Galema’s,
– even in sydstapke freonen: dat katolike laach
dat ek har roomske katedraal fan Blauhûs middenmank
de klaver en de pinksterblom himelheech ferrize lit
sadree’t De Steat Dat Tastien Hat; en op nei har missen
foarby dat kettersk protestantske tsjerkje rint.
En ha jim dan ek west – himelsbreed deunby – yn it godshûs te Sânfurd?
Dêr’t oan ’e Brekken it otterdokske farrensfolk fan Oppewal
bûten eigen skip in stiennen hûs jit op ’e wâl besit?
Dy’t sa’t wy allegearre stamme
(wolle se oannimmelik wol hawwe)
út dat foar-kristelike laach
fan jagers-sammelders,
yndachtich al dat onbepaalde wetter.
En dan in heel ein heger Blessum? De Miedema’s op Ringia,
dy stege kop-hals-romp, en earder stins,
dy’t skaaie út dat ek al betterwittend
eigenerfd geslacht fan haadlingen
en brekke mei de modernistyske frijsinnichheid,
tenei net wike fan d’ alâlde grifformearde lear,
en eigensinnich fine tsjerke bouwe?
En al dy frommens uteret him yn de binnenkeamer, dat ynterieur.
De soberens is hjir geboaren út in piëtistys heilgenot –
neist brek oan sinten dan fansels – gelukkich.
De bankjes binne net fan it djoerabel eken, mar de timmerfeint fan ’t doarp
hat wol de nerven as sadanich ’t libben jûn,
sa skeppe se har marmeren pilaren ek út eigen skildersdoaze.
De twilling-ingeltsjes binne dan wol út stevich hurdboard snijd,
se blaze har hillige geast folút de eter yn,
de klanken jubelje út koper-blinkende trompetten
troch prulemûltsjes as út nij-neimakke hurdstien fike,
bepleistere en opferve – en yndigo blauwe kleden fan fluwiel
hoeden troch gemiensume fingers
handich achter har biltsjes lâns drapeard,
ek al benaaid út buordkarton
– it wurk fan ús hannen
dat draacht de Geast oer tiden en teamen.
Yn dy tsjerkjes wurdt hast net mear preke.
Mar no wolle frjemde opstigings – sa’t skynt
‘yn de waan fan de dei’,
gjin weet fan sielelibben – te Blessum
de hegere kultuer frij baan jaan:
dy djip-trochdold-beseten banken yn ’t geheel
der no mar út hawwe.
It middenpaad is oars sa wiid behâlden,
dat alle oanhaal – literêr, toniel sawol as muzikaal –
dêr al wol rom bemetten is
– mar dan erges yn it ljocht fan ’t Albelibjen.
Net alheel tule freonen –
o jimme wetterterskers en heaskjirredragers.
En befestigje Jo it wurk fan ús hannen oer ús,
ja it wurk fan ús hannen, befestigje dat.
Ljouwert, Stichting Erfgoed Fundaasje