As it oan Erfgoed Fundaasje leit yn 2021 wer gearwurking mei Tresoar

AS IT OAN ERFGOED FUNDAASJE LEIT
YN 2021 WER GEARWURKING MEI TRESOAR

De Stichting Erfgoed Fundaasje sil yn 2021 op ’e nij oparbeidzje mei Tresoar as it oan ’e Stichting leit. De beide ynstellings hienen sûnt 28 oktober 2016 in fruchtbere gearwurkingsoerienkomst, mar dy waard yn juny 2018 troch Tresoar ferbrutsen.

As fan ’t jier by Tresoar in nije direksje oantreedt, wol Erfgoed Fundaasje dy gearwurking wer fuortsette.
Erfgoed Fundaasje hat in oerienkomst mei de Gemeente Waadhoeke oangeande it foar de takomst feilichstellen fan agraryske bedriuws- en famyljeargiven. Dy argiven binne iepensteld foar ûndersyk. Sjoch ek hjirûnder: Oer ús.

It leit foar de hân dat it mienskipsbesit dat bûten de grinzen fan Waadhoeke falt, ûnderbrocht wurdt by Tresoar, oerienkomstich har kearntaken.