DE FOLLE DÔFPOT
ÈN DE SEK

Sinteklazeferske
foar Bert Looper, direkteur Tresoar
Hoe giet it mei dy Bert?
Ik hoopje goed en mei my ek.
Hjir is foar dy dan foar de sande kear
de presintaasje fan deselde frekte rekken
fan tritichtûzen euro mienskipsjild,
opfierd wol oan ferferlendst ta, myn jonge.
Dript yn it djipste fan dyn achterholle
drip-drip, drip-drip,
dy lek, lek, lekkende kraan?
Dat is dan no foargoed foarby,
ast wolst
en dyn gewisse dan
no net
fermôgje litte silste
yn dyn kostumekiste.
Ik sil ’t dy litte witte
en lûk
dy út
dyn klomske deadske drek,
oars
falt foar dy
it doek,
en komsto yn ’e sek
as stellend frek.
Oan no ta hasto lak
oan rekkenskip
oer al
ús libben ervegoed.
Allyk rjochtfeardige fersiken
fan delegaasjes kreätueren
dy’t hoffelik dy bidd’ en smeke
gewoan dyn plicht te dwaan,
en überhaupt
dyn sizzen nei te kommen
omdat se der sa’n lêst fan ha
datst struktureel bist yn gebreke.
Sa kinne se gewoan
net
fierder wurkje makker,
omdat in ego-stakker
har ûndersyk blokkeart.
Ik registrear mar even dit:
datsto har goedgefoel
frustrearst;
sa net
trenearst,
omdatsto ek
jit
al har mails negearst.
O Bet!
Wat ik op myn belet
– tusken ús sein en swein –
net
binnenkrij;
ik bin der deropta
o sa fan skrokken
fan hoesto toch
net
funksjonearst.
Se krije toch
neat
oars fan dy,
as it genadich kopke kofje,
in heel lyts stikje fan
dyn Frysk oranjekoekje
en deropta in boekje,
sels fan dyn eigen hân,
dêr’t se no krekt
net
om ferlegen binne.
Dat is dan dat,
se hearre noait wer wat.
Se figureare
sa mar wat
of blinelings
yn dat
plat
opsteld stik fan
jit
in oer-de-datum-broekje;
ferdôvjend machtsfertoan
as plot,
anneks fertocht
applaus.
Oe tink derom!
En swij it stil
dat dit sa is
parochy!
Stil! Stiller dit!
(By sjongen: fortissimo en 3x.)
It folk
lit him dit
allegeare wolgefalle.
‘Sisoa, ik ha it wer op streek,’
tinkt de regint,
opwurke ta despoat.
Dat blykt mar skyn, no Bet,
’t dossier wurdt tsjûk en tsjûker;
útsiikje docht it
noait.
Soks slitet yn,
by dy,
’t is ommers dyn patroan,
slim slimmer wurdt it,
net?
Dat sjocht in yntellektueel
bepakt,
risnabele menear
– gefoelich ek
wol wat –
toch
oait
wol yn?
Nee dus.
No, Sinteklaas dy sil dy hjirby helpe
troch dy
dêr yn dyn hege sletten keamer
rjochtút te wizen op
dyn rol hjiryn.
Rju oare bodders yn it iepen fjild,
dy kleie stien en bien
ûnder myn rokken op.
Mar yn dyn kear op kear op kear
beminlik sljocht gesicht
doare dy lju
har goede rjocht
jit
toch net út te sprekken.
Simpel omdat se dan
opdrachten fan dyn kant
jit
mei útstrutsen glim
grif sille mis berinne:
se hawwe sa har eigen
beursbelangen,
moatte ek ite no?
En boppedat is har begearen
by ’t kulturele Ons-Kent-Ons-Toneel
te arrivearen;
se binne datoangeand reëel
om mei dy mei te bearen.
En wa hâldt no fan spul?
Ik sil dan trouwens
no dit goar taboe
jit
èk mar liderlik beskermje,
ik hâld myn teatraal fatsoen
by dizze sterke tekst:
Nee!!! Namen noem ik niet!!!
En mijn onthoud ligt in ’t vergiet
en ik herken mij hierin niet, hè Piet?
– Nu ziet ik bij of van mij zelven
nada ahora niet
dat Piet van schaamte nu van kleur verschiet. –
’t Bliuwt lekker ûnder myn fallyt habyt.
Nee Bert, it komt der no gewoan op del:
doch do fuortoan no mar
it deistich wurk,
dêrsto foar oansteld bist.
De snobben ha toch wol ûntsach
foar al dyn trendy hobby´s jonge, hear,
de dekadinte straffe meubelkes en sa,
de snoad opleuke echte keunst,
eu, eu,
en alles deromhinne skikt
– mar toch,
betelje dat
tenei no mar gewoan
út eigen pong,
dus
net fan mandesinten jong,
dus
yn de baas syn tiid allikemin.
Dyn personiel
giet wol gewoan
har sanksjonearde eigen gong
frij fan rezjy
– okee, okee –
sa spylje se har rol
alheel blazee
yn ’t âld-bewende
stokkeramte-skript
fan hearre, sjen en swije.
Oars hâlde se ’t
by dy net út.
Op dan dy ink’le spiler nei:
dy mei talint.
En dy besjoerst
it leafste út dyn stik
want dy is net lojaal.
De klokkelieder
krijt ûntslach,
grif, ûnder dyn gesach.
Aldergeloks
foar dy,
miensto,
jout dyn bestjoer
net thús,
yn ’e kûlizen
net
noch as sûffleur.
Dyn praatsjes foar de faak
mar raak fuortmoffelje yn ’t laad,
dat skynt har taak.
Nee, dizze werklik toch
sjenante show
is op it lêst ek net har saak,
se litte dy by einbeslút
moai stikke:
se geane fan ’e wankle planken ôf
presys op ’t stuit dat it har past,
bemantelje har status-maskerade.
Litte dy stean.
It is al let.
Dêr stietst dan yn dyn himd
te kyk,
lyk en publique
toch fan gjinien betreurd
– ferdikke Bet.
Hilarys eins
dat soks gebeurt yn Nederlân:
’t fersideboartsjen
fan dy onberispelike
grutte minsken
– sa sûnder klean.
Se sizze datsto yn dit spul
jit
toch
de glêde, moaie jonge bist,
dus datsto sa’n garisma hast.
Sa komst der dan mei wei,
yn dyn
en-sy-klo-pe-dysk drama.
Ik ha as Sinteklazebaas
myn sûn ferstân
jit
erges oars
en bin fan sokke kluchten
no net sa op ’e huchte,
dêrfan ha ’k gjin benul;
en trouwenst falt dit ek
fier bûten it bestek
fan dizze âlde sek,
of sul, kin ek.
Mar ien ding wit ik by
dit fout teater krek,
datst stout bist direkteur,
stouter as stout!
Foai, foei!
Sa wurdt de dôfpot hyltyd foller en
ús aller Gysbert Japicx skriuwt
hjir toch wer oer:
Sa giet de krúk wol lang te wetter,
Mar rekket yn de ein te pletter.
Dyn Sinteklaas dy winsket
jit
dat it safier net komt mei dy
en datst no einliks ynsicht krijst
yn dees Keroane toch
wol breklike besinningstied,
en Trump-besmettelike perioaden,
opbouwende krityk op dyn gedrach
ter herte nimst
en feardich oan ’e slach
yn aller belang begjinst,
hoe moeilik ek foar dy
mei dyn yn-di-vi-dua-list-ysk
flouwende gehalte.
Dan makkest toch in kjirrel út,
ast braaf
om te begjinnen
earst
yn dit gefalte
dan mar
dat dofke mienskipsjild
betellest Bet.
Dan hâld ik no mar op,
oars wurdt it wer te lang,
lykas myn burd
en dyn essees
en wit ek net safolle mear te skriuwen,
’t papier is no ek goed gefuld
en net mei marsepein,
dat do hast no genôch te dwaan
bin ’k bang.
Dit is wol wat,
sterkte dermei,
mar alles komt no tòch noch klear.
No hâld ik op myn jonge
en tink derom.
Sinteklaas,
waarnimmend direkteur fan ’e Stichting Erfgoed Fundaasje
Sjoch:
-Huub Mous – De leugen regeert bij Tresoar – Deel 1, De leugen regeert bij Tresoar – Deel 2, Het web van belangen
-Pieter Nieuwland – Dienstverlening bij Tresoar slechter – Leeuwarder Courant, 10-1-2020
Taheakke: 7e Oanmoanning
STICHTING
ERFGOED
FUNDAASJE
kantoaradres:
Vredeman de Vriesstrjitte 59
8921 BS LJOUWERT
058-212 00 35
e-mail: info@erfgoed-fundaasje.nl
www.erfgoed-fundaasje.nl
Triodosbank NL62TRIO0390136026
Keamer fan Keaphannel 11045716
Direksje Tresoar
t.a.f. Bert Looper
Bûterhoeke 1
8911 DH LJOUWERT
7e OANMOANNING – OANTEKENE
FAKTUERNUMER: Tresoar-2020-7 D.D. 11-11-2020
OARDERREFERINSJE: Neffens ôfspraak Gearwurkingsoerienkomst Erfgoed Fundaasje en Tresoar, d.d. 28 oktober 2016
Projekt Boelstra I € 9.880,00
Projekt Boelstra II € 9.880,00
Projekt Boelstra III € 9.880,00
Totaal € 29.640,00
Graach it totaalbedrach oermeitsje – foar 1-1-2021 – op banknûmer NL62TRIO0390136026 fan Stichting Erfgoed Fundaasje, mei fermelding fan it faktuernûmer Tresoar 2020-7 en de datum: 11-11-2020. Tige tank!