Oer it algemien brûke we ‘hy’ om te ferwizen nei in man en ‘sy’ (of ‘hja’) nei in frou. Fergelykje foarbyldsinnen a) en b).
a) Hy sjocht yn dat er him fersind hat yn syn tsjinstanner.
b) Sy sjocht yn dat se har fersind hat yn har tsjinstanner.
Yn it Frysk is der noch gjin gebrûklik neutraal foarnamwurd yn dit stik fan saken en bist meastentiids bûn oan de neamde foarmen. Wy fan Stichting Frysk en Frij en Stichting Erfgoed Fundaasje ha besletten om dêrfan ôf te sjen yn twa gefallen, dêr’t we dan it folgjende foarnamwurd brûke sille: ‘je’. Dêrfoar foarbyldsin c).
c) Je sjocht yn dat je jin fersind hat yn jins tsjinstanner.
De earste reden om dat foarnamwurd sa te brûken is as ferfanging fan in algemien ‘hy’. Yn de sin ‘Ien hat … boek fergetten.’ komst der mei ‘syn’ en ‘har’ net út sûnder in foarkar út te sprekken foar ien fan beide. By ‘syn of har’ komt likegoed ‘syn’ earst en ‘har’ op it twadde plak. Fierder is der wol in ferlet fan in besitlik foarnamwurd op dat plak omdat ‘Ien hat it boek fergetten’ in oare betsjutting hat.
Foar de twadde reden wolle wy hjir oanjaan dat it oan elk persoan sels is, hokfoar foarnamwurden oft oaren hearre te brûken foar dyjinge. As ien oanjout in foarkar te hawwen foar ‘sy’, is it in basale foarm fan fatsoen om dan ek sa nei har te ferwizen. Guon minsken identifiseare har net as man of as frou en guon kinne dêrtroch de foarkar jaan oan ‘je’ foar harsels. Omdat soks allinnich mar in stik fatsoen is, sille wy foar dy minsken ek dat foarnamwurd brûke.
Wy hoopje dat wy hjirby foldwaande ynformaasje jûn hawwe en dat elkenien de foarnamwurden fan in oar respekteare kin.