GENEALOGYSKE KONTAKTDEI SUKSES

De 16e Fryske Genealogyske Kontaktdei op sneon 6 novimber yn Tresoar te Ljouwert wie in sukses. Der wienen 32 stands en neffens de organisaasje kamen dêr sa’n 180 besikers op ôf. Dat is in moaie oanrin, ek yn ’t ljocht mei de útwreiding fan Corona en de oardel meter ôfstân.

Yn ’e kream fan Erfgoed Fundaasje wie aardich belangstelling. Besikers krigen eksimpels te sjen fan agraryske boekhâlding, foto-argiven, sulverwurk, tekstyl.
Op ’e laptop waard de wurkwize taljochte en fiks foarljochting jûn.
Minsken dy’t net goed wisten hoe’t se har argyfmateriaal foar de takomst feilichstelle kinne, witte no wêr’t se te plak binne.

Foto: stand fan Erfgoed Fundaasje, mei dêrachter bestjoerslid Tsjikke Andringa.