Útstalling Frjentsjer
Poëzy fan Tsjisse Hettema
Filtwurk fan Aafje Brouwer

Yn ’e midsiuske kelder fan it Alde Stedhûs fan Frjentsjer, Riedhúsplein 1, is in útstalling ynrjochte fan poëzy fan Tsjisse Hettema (Bitgum 1955-Frjentsjer 2021) en filtwurk fan Aafje Bouwer. Dy gedichten keppele oan byld yn filt kamen yn 2021 út yn ’e bondel Hewwy dàt.

De tentoanstelling is op ôfspraak te besjen, dêrfoar kin belle wurde mei de Stichting Erfgoed Fundaasje, 058-212 00 35.

MYN FOARHOLLE

myn foarholle
hat gjin wurden

ja, myn gesicht jout miskyn
útdrukking oan
it kriemen fan myn noas

de sinne sipelet sa
troch teisters de tinne bylden
leechte is in wurd
yn de eagen fan de minsken
moatst fiele
hoe’t dat wurd
fan dyn gesicht
ôfsakket nei de skouders

moatst skruten sjen
nei eagen dy’t út it ûnwennige wei
dêr’t elk frij is om te kommen en te gean

se lêze my út
nei in ûnbekend achterlân
dêr’t wy elkoar ferlieze
oan de tiid

dagen glydzje
as fansels by de ferwettere mûle
lâns om delplante
de mûlshoeken nei ûnderen
te lûken
in dei
reauntet de siele sa