TWALÛK ÂLD EN NIJ

Snein 27 febrewaris en snein 6 maart

TWALÛK ÂLD EN NIJ
I De liereman
Fryske lieten fan pianist en komponist Rixt van der Kooi
Carina Vinke, alt & Rixt van der Kooij, piano

II  Winterreise fan Franz Schubert
Daniël Hermán Mostert, bariton & Rixt van der Kooij, piano

Yn ferbân mei Corona binne der net trije – lykas wenst by it Fokaal Trijelûk –, mar twa konserten.

Fermanje, Wurdumerdyk 18, Ljouwert
Snein 27 febrewaris: De Liereman
Snein 6 maart 2022: Winterreise
Tiid: 15.00 oere
Priis: € 17,75.

I De liereman
Yn it iepeningsliet ‘De Liereman’ pakt in marskreamer troch syn sjongen en draailierespul de lju by ’t hert. De tekst fan Obe Postma is ynspireard op it slotliet út de ‘Winterreise’ fan Franz Schubert.

Foar dit konsert makke Rixt van der Kooij twa nije lietsykly: ‘Fiif lânskipslieten’ op tekst fan Gryt Witbraad en ‘Lieten fan besinning’ op rouadvertinsje út de Ljouwerter Krante.
De liereman sjongt ek earder komponeard wurk, lykas ‘Sinneskieden’ en ‘Sinneûndergong’ fan Daniel Daen en ‘6 lytse românsen’ fan Steven de Jong. Humor komt om ’e hoeke yn ‘Earme Peter’ op Heine-oersettingen fan Fedde Schurer.

Rixt van der Kooij is in miniaturist dy’t in ympresjonistyske toets brûkt om wurden yn klanken om te setten. Yn ’e emosjonele ‘Trije lieten’ op tekst fan ’e dichteresse Rixt (skûlnamme  fan Hendrika Akke van Dorssen) lit se sjen dat se ek in gruttere foarm oankin.


II  Winterreise

De ferneamde lietsyklus ‘Winterreise’ fan Franz Schubert út 1827 wurdt útfierd yn ’e prachtige literêre oersetting fan Atze Bosch en Bernard Smilde.

Yn 24 lieten rint men troch in winterlânskip op mei in jongfeint, ôfwiisd yn ’e leafde. Syn iensumens en libbenswurgens mar ek swiete oantinkens – gefoelens fan alle tiden – , binne oandwaanlik yn muzyk omset. Oan ’e ein komt him de liereman temjitte, de dea yn persoan.

www.vocaaldrieluik.nl en www.rixtvanderkooij.nl

Rixt van der Kooij, piano