De J.H. van Aisma Stichting te Bitgummole hat op 11 desimber 2024 har argiven oerdrûgen oan Erfgoed Fundaasje. Dat argyf sil troch de kommende jierren hinne oanfuld wurde mei nije stikken.
Erfgoed Fundaasje sil de argiven ynvintariseare, argiveare en neffens kontrakt foar de takomst feilich stelle yn ’e klimaatbehearske kluzen fan ’e gemeente Waadhoeke, dêr’t dit erfgoed te rieplachtsjen is foar ûndersyk, nei ôfspraak mei Erfgoed Fundaasje.
It argyf omfiemet inkelde famyljedokuminten en fierders meast saaklike korrespondinsje en boekhâlding. In ynvintarisaasje folget op dizze webside.
Op 27 oktober 2020 hie Jan van der Leij te Bitgummole syn ûndersyksargyf mei foto’s al skonken oan Erfgoed Fundaasje – weardefolle oanwinsten, tagonklik foar de mienskip!
Sjoch: Van Aisma Collection – Erfgoed Fundaasje
Dizze famylje Van Aisma is in ‘lytse’ famylje, dat wol sizze dat de manlike leaten net mannich yn tal binne: fiif folwoeksenen, wêrfan twa sûnder bern. Sadwaande bliuwt de namme beheind. En it skaai stjert yn manlike lijn yn 1942 út mei Johannes Hartman van Aisma.
De Van Aisma’s ha har namme ûntliend oan in Aysmastee op Dyksterhuzen ûnder Bitgummole.
Dizze Van Aisma’s binne net besibbe oan ’e Van Aysma’s, hearskippen te Bitgum.
Sjoch: Genealogy Van Aisma – Erfgoed Fundaasje