Sneontemiddei 7 septimber waard it famylje- en bedriuwsargyf Braaksma-Rienks oerdroegen troch Minne Ruurds Braaksma oan Stichting Erfgoed Fundaasje. It argyf is ynventariseard, argiveard en foar in part digitaliseard en wurdt yn behear jûn by Gemeente Waadhoeke. It is tagonklik foar agrarys ûndersyk en tentoanstellings.
Sa is mei de Agrarise Dagen te Frjentsjer in part fan dizze kolleksje te besjen. Erfgoed Fundaasje wurket gear mei ’t Bildts Aigene en Historisch Centrum Franeker yn Histoarysk Sintrum Waadhoeke. Dat oerkoepeljend orgaan hat de útstallingsromte ta syn beskikking yn it âlde stêdhûs te Frjentsjer. Ek oare skiedkundige ynstellings kinne fan dy romte gebrûk meitsje.
By de oerdracht yn ’e Fermanje te Berltsum binne sa’n santich minsken dy’t oantrune wurde om har histoarys erfgoed net fuort te smiten, mar beskriuwe te litten en feilich te stellen foar de takomst
Searymoanymeester Jan Braaksma op ’e tekst oer syn heites sammeldriuw
High Tea + Burrel út ’e folop en EF wie neffens sizzenskip in hantsjefol tefolle
De lytse gelegenheidsútstalling lit ûnder oaren in oersjoch sjen fan ’e Sulverkolleksje Rienks-Mulder van Leens Dijkstra en in mei de hân tekene kertiersteat Braaksma