SKINKING KOLLEKSJE ZIJLSTRA EASTERBIERRUM
– Skinking Kolleksje Zijlstra,
– Genealogy Zijlstra
BELANGRYK ZIJLSTRA ARGYF
Op 1 augustus 2020 is troch Theodora Jelles Zijlstra en har man Tæke Meintes Brandsma te St.-Anne in Zijlstra-argyf oan Erfgoed Fundaasje skonken. Dat bedriuws- en famyljeargyf waard lang bewarre op ’e Sylstra-pleats op Kleaster-Lidlum ûnder Easterbierrum en kaam by Thea Brandsma-Zijlstra telâne omdat har staach as lêste op dy âlderlike pleats buorke.
Dit argyf is fan grutte wearde, want de famylje hat de bedriuwsboekhâlding sawat sûnder hiaten behâlden fan ein 19e iu oant de njoggentiger jierren fan ’e 20e iu.
Oan ’e ynvintarisaasje wurdt fierder wurke en dy wurdt op dit plak op termyn oanfuld.
‘STELLE’ OM ITEN
Wa giet as arbeidster fan 62 út te stellen? Maaike Alles Sybrandi (1815-1903), in oerbeppe fan ’e presidint fan ’e Nederlandsche Bank.
Dêr binne net sa’n bytsje lju ûnder it arbeidzjend folk dy’t alle dagen fan moarns fjouwer oant jûns seizen bodzje foar in goarrich lean. Dy geane mei de honger yn ’e hals om iten út. Maaike is arbeidster, har man arbeider, beide wurde se feroardiele omdat se stellen hawwe.
Dat is noch mar even lyn, in mannich generaasjes.
Lês fierder: Kertiersteat Jelle Zijlstra– ynlieding en nr. 27 – sykje mei de sykfunksje
US ALLER KAREL DE GRUTTE
Wat moat Karel de Grutte hjir? Sawat iderien yn it nachtlân (Abendland) hat bloed yn ’e ieren fan dizze fjoerfrettende twinger en tagelyk Heit fan Europa. Sadwaande hat er ek in plak yn de Kertiersteat fan Goasse Goasses Offringa, ûnder oaren it safolleste, te witten nûmer 570.270.302.208. Wat seit dat ‘heech’ komôf? As je rekkenje dat it oantal foarâlden per generaasje ferdûbelet, dan ha je yn ’e tiid fan oerpake Karel teoretys 570 miljard foarâlden. En om 800 hinne wurdt Europa befolke troch mar sa’n 35 miljoen.
Sa betreklik, sa tagelyk tichby. Klik bygelyks, ast der niget oan hast, troch nei nûmer 8701634 yn dizze kertiersteat Floris V graaf fan Hollân en Seelân, ’Der keerlen god’ en ‘Hear’ fan Fryslân’, sa neamt de man himsels teminsten; of nei Mathilde Plantagenet en al dy har foarâlden, nûmer 139226153. En ast de smaak te pakken hast, is dêr fuortby samar nûmer 17820946945 Gorm den Gamle, de Alde, de earste koaning fan Denemarken. No ja, evensagoed: oaren sille trochdolle oan Adam ta: Offringa: From Adam To Esther
HOKKE ANNO 1822
Foardat se trouwe hawwe Baukje Jans Jousma en Rinze Lucas Nauta te Bitgum trije bern. Ongetroud gearwenje is yn ’e Klaaiboustreek begjin 19de iu bûtenwenstich, mar is dat yn dy tiid dan ek not-done?
It tsjut der net op dat Bauky en Lucas der mar op los bilje of libje: Lucas wol wol witte dat er de heit is, /…/
Sosjaal-histoarysk ûndersyk nei dit apart ferskynsel kin sicht jaan op foarûndersteld taboe fan doe.
Lês fierder: Genealogy Jousma – sykje mei de sykfunksje
FRIJ FAN IN ACHTERNAMME?
Job Sytses Sytsma, arbeider te Bitgum, tekenet syn foarnamme en patronym ûnder in akte yn 1823 folút: Job Sytses – gewoan patroan is yn syn tiid it brûken fan inkeld en allinne inisjalen. Dêrfoaroer folstiet Job by it skriuwen fan syn achternamme hjir mei de lêste komponint, it bliuwt by Job by: sma. Wol Job Sytses sjen litte dat it wol ta kin mei eigenammen? Frij fan dy fannen, nije moade, moares?
Lês fierder: Genealogy Jousma – sykje mei de sykfunksje