Sulveren middei erfgoed fundaasje

Sulveren middei Erfgoed Fundaasje:
Ja, mei goud oerstriele

De presintaasje fan Erfgoed Fundaasje op sneon 6 maaie 2017 te Ingelum wie fan ’e fruchtbere grûn. In soad minsken – al mei al sa’n 300 – namen kennis fan ’e doelstelling fan ’e stichting: it te boek- en feilichstellen fan agrarise skiednis. Wat wie it ûnderhâldend en besteklik. En boppedat feestlik en sinnich yn alle opsichten.
In soad lju fergappen har oan it wittenskiplik besjen litten fan har sulveren tinkleppels en de beskriuwing en fotografy dêrfan. Dêr wie sa’n belangstelling foar, dat in protte te lang yn ’e rij stienen – sa’n fyftich, dat sil net wer gebeure. In folgjende sulverbesichtiging kin net útbliuwe. Mar dan wurdt in wachtrige grif foarkommen. Gegadigden kinne har tenei fan te foaren opjaan. Berjocht dêroer folget.

‘Fryslân sit noch fol mei leppels’

Johan Oppewal

‘Fryslân sit noch fol mei leppels.’ Dat seit in leafhawwer út Stiens (87) mei glinsterjende eagen. De Stienzer is al aardich op leeftyd mar giet der noch graach op út om nije leppels te skoaren of om nijsgjirrige ynformaasje te krijen oer materiaal dat er al hat. De man is samler fan sulveren berteleppels. Al hûndert  hat er byinoar garre op antykbeurzen.

No hat er pech. Hy moat wachtsje. Syn namme stiet frijwat achteroan yn it alfabet en der is flecht op ’e koai yn Ingelum. De útnoeging ‘Lit jo sulver sjen’ fan stichting Erfgoed Fundaasje hat op dizze stralende sneontemiddei kloften folk nei de Ingelumer tsjerke brocht, dy’t foar de gelegenheid ynrjochte is as tentoanstellings- anneks sulverenleppeltaksaasjesintrum. En de folchoarder is op alfabet.

De setting docht tinken oan dy fan ‘Tussen kunst en kitsch’, wêrby’t minsken har antike guod besjen litte troch in deskundige. Glinsterje by dat tv-programma de eagen fan ’e lju foaral fan eurotekens, hjir yn Ingelum liket dat minder te wêzen. De lju dy’t oan de oprop gehoarjûn hawwe binne foaral nijsgjirrich nei de histoaryske achtergûn. Se wolle ynformaasje oer de leppels dy’t se by har hawwe en oer de famylje dêr’t se út komme.

En dy krije se. It duo achter de tafel wit alles. Sulverdeskundige Jan Schipper wit mear as wa dan ek fan it materiaal. Hy besjocht de leppels yngeand mei syn loep en hat in mânsk neislachwurk by him mei alle mooglike sulvermerken deryn. Wat dêr net yn stiet, is nep. Skriuwer Goasse Brouwer wit mear oer de famyljeskiednissen fan ’e minsken as sy sels. ‘Ja wis hear, dat is famylje fan jo. Sjoch sa…’ In ekstra diminsje jout de spesjale opstelling fan fotograaf Jaap Schaaf dy’t yn syn eigenmakke minystudio de leppels moai útljochtet en digitaal feriviget.

De âlde man moat geduld hawwe. Syn letter is pas nei healweifiven oan ’e beurt. En hy sit dêr al fan in oere of twa ôf bûten. No’t de sinne fuort is en de wyn frisser wurdt, wurdt it wat nuodlik. Men wol hjir dochs net wat skypje… Dat kin op dy leeftyd net, oardielet de begeliedende skoansoan. Op ’t lêst wurdt der in útsûndering makke. De senior leppelsamler mei foar. Helemaal fan herte giet dat oars net by de minsken dy’t no krekt foaroan steane. De lju binne fûl op har sulver en op har plakje yn ’e wachtrij.

Dizze man sammelet de leppels, ek as dy net út syn eigen famylje komme. Dêrby hat er syn foarkarren. Wat âlder en wat foarnamer de famylje, wat better. Finansjele wearde giet it net om, seit er. Wat er dan mei al dy leppels moat? Dy hat er al trochjûn oan syn dochters. Elk 50. ‘Ik ha se alfêst ferdeeld, dan krije se dêr skylk gjin spul om’, ferklearret er. Net dat de froulje dêr safolle belang by ha soene. ‘Heit, wat moatte wy der mei?’, hiene se frege. ‘Dat moatte jimme mar witte. Ik wol net oer myn grêf hinne regeare’, hat er sein.

Sulverspesjalist Jan Schipper traseart it merk fan ’e sulversmid en it jier fan ûntstean, Goasse Brouwer beskriuwt de leppel yn koart bestek en leit famyljeferbannen
Bestudearjen fan ‘e leppels duorret al gau tsien minuten
De sulvermerkjes binne soms hast net te sjen
Jan Schipper siket it nei yn syn neislachwurk
It topstik fan ‘e dei komt op it alderlêst pas foar it ljocht. Gjin leppel mar in sulveren beker út ‘e santjinde ieu
Leppels út de Kolleksje Boelstra-Boelstra, fan âlder op âlder oerdroegen en no feilichsteld
Fotograaf Jaap Schaaf feriviget de leppels stik foar stik
Hy hat in spesjale tinte makke. It útljochtsjen fan it sulverwurk is sinnich wurk

Foto’s: Johan Oppewal

It is yn in nutedop it ferhaal fan dit bysûndere erfgoed. Sulveren leppels binne sa’t skynt foaral in Fryske tradysje, al binne de mieningen der wat oer ferdield. Yn elk gefal binne der in protte. Benammen berte fan in nije telch yn ’e famylje, mar ek rou en trou wiene en binne soms noch hyltyd oanlieding om nei de sulversmid te gean. Foaral yn âlde foarname boerefamyljes komt de tradysje foar, mar it is net allinnich in boere-oangelegenheid. Ek skippers en stedslju kochten leppels. En foar in arbeidersfamylje wie it in statussymboal as se in eigen berteleppel bestuiverje koenen. Dan hiene jo it goed dien. De leppels wurde fan generaasje op generaasje trochjûn, mar soms hâldt it ynienen op. Dan hat de jonge generaasje der gjin gefoel by of se witte net wat se der mei moatte. En dan giet it nei de antykfeiling. Sa rekket it guod fersille. De stichting Erfgoed Fundaasje sjocht it as har taak om dit en oar erfgoed fan benammen agraryske famyljes te ynventarisearjen en as dat noadich is, ûnder te bringen. De grutte opkomst yn Ingelum mei sels in taspraak fan boargemaster Tom van Mourik, bewiist dat it tema osa libbet. Al is dat net helemaal in ferrassing. It Frysk Museum hie ferline jier in lyksoartige middei, mar de belangstelling finaal ûnderskat, sadat in protte belangstellenden net iens oan ‘e beurt kamen.

Yn tsjinstelling ta oare keunst giet it by dit sulverwurk net om belachlike bedragen. It draait net om jild by dizze taksaasje. Sulver is in edelmetaal en wurdt yn ien adem neamd mei goud, mar de wearde is folle minder. Sulver kostet 49 sint de gram, goud 70 kear safolle. It útstalle sulverwurk fan famylje Boelstra-Boelstra leit dan ek gewoan yn iepen fitrines yn de Ingelumer tsjerke, yn in útstalling mei folle mear boere-famyljehistoarje út dizze omkriten. In nije leppel kostet op ynternet 200 euro. Dêr sit 60 gram sulver yn, goed foar 30 euro. Ek op ’e antykmerken binne sokke bedragen ûngefear de roai, seit men. Al hinget dat fansels sterk ôf fan hoe bysûnder de leppel is. Hokke famylje, watfoar ynskripsje en foarm, en foaral: de âldens.

Toch hinget der wol ferwachting yn ’e loft by de minsken dy’t geduldich yn ’e rij steane foar de konsistoarje fan it Ingelumer tsjerkje. De belangstellenden – ongefear 50  minsken litte dy middei har silverwurk ynspektearje – hoopje op in ferrassing. In nij ferhaal yn de eigen famyljeskiednis? Of toch dy ûnferwachte klapper: jo leppel is in seldsumheid! En dan de hope op in moai bedrach, oait, ergens.

Teleurstellingen binne der ek. ‘Dit is nep’, is it ûnferbidlike oardiel fan de spesjalist  oer in leppel dy’t der oars wol moai autentyk útsjocht. In model út ’e santjinde ieu. Al is nep ek mar wer betrekkelik want dat kin lykwols wol in ieu âld wêze.

Dan komt it klapstik fan de dei. Fan deselde eigeners. Gjin leppel, trouwens, mar in beker. In houliksbeker út 1669, stelt de deskundige fêst. ‘Fan in prachtige legearing’, is syn oardiel. ‘Dit is it klapstik.’ Oer de finansjele wearde lit er him net út. Dat is de bedoeling fan dizze middei net. Mar dat dy der wêze mei is, blykt út de foarsichtige opstelling fan de eigeners: ‘Oh, skriuwe jo hjiroer? Pas op, gjin nammen hear! ‘It gilde’ leit op ‘e loer.’ Sa jout sa’n moaie ûntdekking neist de eufoary fan de fynst daliks ek noed en soarch oer de rykdom dy’t je samar ynienen blike te besitten.
Op it programma stiet ûnder oaren:
-it wol en wee fan ’e famylje Koopal/Koopmans
-idem oare famyljes en ierdappelhannelsbedriuwen, lykas Boelstra, Braaksma, Brandsma, Haadsma, Hettema, De Jong, Van der Werff, Westra
-pleatsen en huzen
-ynterviews mei minsken dy’t dêr mei anneks binne
-in histoarise tentoanstelling
-muzyk en sang
-sulverbesichtiging
-High Tea.

Oan ’e muorren hingje oersichten fan foarâlden (kertiersteaten), begjinnend by de bern fan no, oant de oerpakes en -beppes. Klik op ’e foto’s foar grutter ôfbylding:

 

——————————————————————————————————————————

 

Mei ús hertlike tank oan:

Tsjerke Ingelum:
-Dicky Hahné
-Brand Wijnstra
Doarpsbelang Ingelum

Tresoar
Iepen Mienskipsfûns

Gemeente Menameradiel
Jan Schipper (sulverdeskundige)

Jaap Schaaf/Het Hoge Noorden (sulverfotografy)
Berber, Gryt, Jildou en Rixt Hellema (High Tea)
Marga Breebaart (hantaasten)
Wilma Schlepers (hantaasten)
Goffe W. Jensma (sjauffeur, oardering tafels) 
Rennie Veenstra (lieding)
Gretha Hoekstra (sopraan)
Jaep Meems (oargel)
Trientsje Jepma-Bruinsma (poppehûs)
Gerrit Jepma (hantaasten en sjauffeur)
Gieneke Arnolli (tekstyl)

Aly van der Mark (tekstyl)
Pauline Koenders (boeketafel)
Johan Oppewal (ferslach)
Yne Ynema (Ingelumer skiednis + makkettes)

Baukje de Jong-Koopal (famyljeskiednis)
Jetze J. Bakker (boereskiednis)
Gerrie Boterhoek (Skotsploech Ljouwert-Frysk kostúm)
Thea de Jong (Skotsploech Ljouwert-Frysk kostúm)
Tytsje en Johannes Olivier (Skotsploech Dockum-Frysk kostúm)
Wouter Holtrop (lûd, technyk en fotografy)
Anneke van Miltenburg (p.r.)
Eline Oppewal (film)

Anne Rodrigues (film)
Dennis van der Werf (film)
Present Promtions:
-Melle van Buuren (film)
-Adam Verburg (film)