Ûntwerp tegeltablo Tichelaar Makkum

ÛNTWERP TEGELTABLO TICHELAAR MAKKUM

Oan de Kolleksje Brouwer-Bitgum is tafoege in ûntwerp út 1953 (datum ferpakking: 7 july) foar in tegeltablo fan N.V. Tichelaars Kleiwarenfbriek te Makkum (Koninklijke Tichelaar, 1572)
It tablo wie wierskynlik ornearre foar in nij hûs fan de ierdappelkweker Arjen Gerbens Brouwer en Yke de Jong, pioniers yn ’e Noard Oast Polder, mar it is noait útfierd. De tekening yn swart potlead is 39 sm breed en 65 sm heech.
Sintraal stiet de libbensbeam, middenmank in doarpsgesicht mei tsjerke en kop-hals-romp pleats mei op ’e foargrûn in ploegjende boer achter in ienskaarploege lutsen troch in twaspan. Dêrneist in silende aak of snikke.
Underoan de beammestam stiet yn Jugendstylletters beskreaun: Psalm 24:2; en yn ’e woartels linksom: De Heare sines is de ierde, en rjochtsom: Hy hat se groune op’e séën. Op ’e ûndergrûn in iepen boek – de Bibel tink – mei de tekst: Dy’t oer-wint, ik/scil him/to iten/jaen van de/libbens-beam]Iep.[enbieringen] 2:7.
As dit tablo útfierd wie, soe it fyftjin tegels fan 13 x 13 sm. befette hawwe; trije yn ’e breedte en fiif yn ’e hichte, de rânê dêrby ynbegrepen.
De tekening is net sinjeard. Mooglik is de makker Jan Romkes Steensma (Purmerend 1887-Snits 1967; x 1918 Tjitske Steringa), dy’t sûnt 1907 as plateelskilder wurket by Tichelaar te Makkum.
Sjoch: P.J. Tichelaar, Fries aardewerk – Tichelaar Makkum 1868-1963, Primavera Pers, 2004, ISBN 9789074310901, side 213). Mei tank oan Pieter Frietema fan Keninklike Tichelaar.