US ALLER KAREL DE GRUTTE
Wat moat Karel de Grutte hjir? Sawat iderien yn it nachtlân (Abendland) hat bloed yn ’e ieren fan dizze fjoerfrettende twinger en tagelyk Heit fan Europa. Sadwaande hat er ek in plak yn de Kertiersteat fan Goasse Goasses Offringa, ûnder oaren it safolleste, te witten nûmer 570.270.302.208. Wat seit dat ‘heech’ komôf? As je rekkenje dat it oantal foarâlden per generaasje ferdûbelet, dan ha je yn ’e tiid fan oerpake Karel teoretys 570 miljard foarâlden. En om 800 hinne wurdt Europa befolke troch mar sa’n 35 miljoen.
Sa betreklik, sa tagelyk tichby. Klik bygelyks, ast der niget oan hast, troch nei nûmer 8701634 yn dizze kertiersteat Floris V graaf fan Hollân en Seelân, ’Der keerlen god’ en ‘Hear’ fan Fryslân’, sa neamt de man himsels teminsten; of nei Mathilde Plantagenet en al dy har foarâlden, nûmer 139226153. En ast de smaak te pakken hast, is dêr fuortby samar nûmer 17820946945 Gorm den Gamle, de Alde, de earste koaning fan Denemarken. No ja, evensagoed: oaren sille trochdolle oan Adam ta: Offringa: From Adam To Esther