Oer ús
Doel
In soad kostber argyfmateriaal wurdt wei troch achteleas fuortsmiten, faak út ûnkunde. Om dêr wat oan te dwaan is op 18 febrewaris 2009 de Stichting Erfgoed Fundaasje oprjochte.
Erfgoed Fundaasje spoart soks op. Dat kin gean om in inkelde brief, in fotoalbum, unyk genealogys materiaal (lykas kertiersteaten en stambeammen), mar ek om in geboarteleppel, in tabaksdoaze mei ynskripsje, in letterlape, in psalmboek mei persoanlike gegevens. En dêrneist om komplete famylje- of bedriuwsargiven.
Dat guod hoecht net altyd ‘âld’ te wêzen, want wat Anno No as fan gjin belang beskôge wurdt, kin oer in pear desennia wol in behoarlike histoarise wearde hawwe.
Wurkwize
De wurkwize omfiemet de folgjende aspekten:
1 it opspoaren
2 it opslaan (klimaat kontroleard yn soerfrije argyfdoazen )
3 de ynventarisaasje (giet it bygelyks om in persoan, in famylje, in bedriuw, in feriening)
4 it rubrisearen (yn bygelyks brieven, keapakten, lânkaarten, poëzyalbums)
5 it foar in part digitalisearen
6 it behear
7 it tagonklik stellen foar belangstellenden.
Terrein
It geografise útgongspunt fan Erfgoed Fundaasje is de saneamde Klaaiboustreek fan Fryslân.
Mar it sammeljen wurdt net beheind ta dat gebiet as de famylje of it bedriuw de wjukken útslein ha. Mei oare wurden: as in oanbelangjende famylje yn Emmeloard bedarre is of in bedriuw op ’e Jouwer, falle dy allyksa ûnder it ‘wurkgebiet’.
Oanmelding
Elkenien dy’t wat hat dat yn jins eagen fan belang is, kin jin oanmelde. It kin dus gean om ien inkelde brief oant in grut bedriuwsargyf.
Skinking of brûklien
It materiaal kin skonken of yn brûklien jûn wurde. Yn it earste gefal wurdt it eigendom fan Erfgoed Fundaasje, yn it twadde gefal bliuwt it yn besit fan ’e oanbelangjende rjochtspersoan, famylje of bedriuw.
Erfgoed Fundaasje hat al gâns materiaal yn behear. Foar guon lju docht bliken dat it in opluchting is dat se it oerdien hawwe: it is ‘foar altyd’ goed te plak en tenei tagonklik. In pak fan ’t hert.
Erfgoed Fundaasje bepaalt oft materiaal wol of net opnommen wurde kin. By opnimmen kin in fergoeding frege wurde.
Yn oerlis wurde de argiven beskreaun, argiveard en digitaliseard. Se binne foar de takomst feilichsteld en neffens oerienkomsten bewarre yn klimaat-behearske kluzen by de gemeente Waadhoeke en dêr op ôfspraak mei Erfgoed Fundaasje foar ûndersyk te rieplachtsjen.
Iepenbierens
It materiaal is iepenbier, d.w.s. algemien tagonklik, of it mocht wêze dat der in betingst by is fan in ynsage op termyn, of in spesjale tastimming fan ’e skinker of brûkliender oangeande ynsjen.
Webside
Op de webside www.erfgoed-fundaasje.nl wurdt oer it argyfmateriaal yn rubriken publiseard: kertiersteaten, famyljekroniken, bedriuwsskiednissen, fotoreportaazjes, ôfbyldingen fan bysûndere stikken ensfh.
In foardiel fan dy oanpak is dat hyltyd wer oanfuld en ferbettere wurde kin. Foarbylden dêrfan binne: Bakker (Bûtenpost), Hettema – Hannel en Wannel, Haadsma-Genealogy en Koopal/Koopmans-Genealogy.
Taal
It taalbelied fan Erfgoed Fundaasje hâldt yn dat taal en tongslach fierhinne brûkt wurdt fan it gebiet dêr’t de histoary spilet: ’t Bildts op ’t Bildt, Harlingers in Harlingen, Liwarders in Liwarden en Frysk dêr’t dat relevant is.
Erfgoed Fundaasje steIt it op priis dat oanfullingen en ferbetteringen opstjoerd wurde yn ’e eigen taal.
Op ’en doer ferskine de siden yn Ingelse oersetting.
Fergoedingen/kosten
Net djoer, wol goed. It ûndersyk nei de wearde fan erfgoed wurdt troch Erfgoed Fundaasje al foar gâns famyljes en bedriuwen behertige. Foar it ynventarisearen, dokumintearen, digitalisearen, it beskriuwen fan in famylje- of bedriuwsskiednis ensfh. wurdt yn oerlis in onkostefergoeding yn rekken brocht. Dy hinget ôf fan ’e omfang fan it oanbelangjende projekt.
By de beskriuwing fan in gongber agrarys bedriuwsargyf binne de onkosten minimaal € 500,00.
De famylje- en bedriuwsargiven kinne by de Gemeente Waadhoeke foar ûndersyk rieplachte wurde – op ôfspraak mei Erfgoed Fundaasje: 06-11 26 05 94 of info@erfgoed-fundaasje.nl
Skinkings / Donaasjes
By elke yn oanmerking kommende skinking, d.w.s. de donaasjes dy’t de stichting brûke mei om har maatskiplike belangen te ferfoljen, docht de stichting in berop op de SBBI-regeling. Der hoecht dan gjin kado- of erfskipbelesting betelle te wurde sadat jo skinking folslein yn it foardiel is fan, c.q. ten goede komt oan de maatskiplike doelen fan ’e Stichting Erfgoed-Fundaasje-Stichting Frysk en Frij.
Stichting Erfgoed Fundaasje-Stichting Frysk en Frij (fúzje beide stichtingen: 30-9-2021)
Klaas van Zandbergenstraat 28
9076 GB St.-Anne
058-212 00 35
info@erfgoed-fundaasje.nl
post@frysk-en-frij.nl
Keamer fan Keaphannel: 01145716
Bestjoer
Drs Goasse Brouwer
Drs Tsead Bruinja
Doutsen van Gosliga
Meiwurkers
Drs Gieneke Arnolli, tekstyl
Drs Ype Brouwers, genealogy
Luuk Swart, bibleteek.
Rie fan advys
Mr Nelly Brouwer, drs Hein Jaap Hilarides, drs Huub Mous, drs Albertina Soepboer, Eelke Veltman, Ilse Vos.
Lêskritisy
Sytse H. Buwalda, Durk Draaisma, Tineke Kok, Ruud Meurs.
Gearwurking
Us stichting hat gearwurkingsferbannen mei de Gemeente Waadhoeke
en ûnder de kûpel Histoarysk Sintrum Waadhoeke
mei Historisch Centrum Franeker en ’t Bildts Aigene.
Sjoch ek:
De Bildtse Boekerij.
Joop Woudstra’s genealogisch onderzoek
Eardere projekten
– THE ARTIFICIAL POTATO? – Frysk en Frij – 2023-2025
– Wurkwinkels oer de ierdappel – Frysk en Frij -2023-2025
– Frysk en Frij 80 jier 1943-2023 – Frysk en Frij 2023
– Erfgoed Fundaasje en de Bildtse Eerpelweken – 2023
– Stjoer in ierdappelfers op/Send in a potato poem – Frysk en Frij -2023
– Ympresjes fan Literêr te gast – Frysk en Frij -2022
– Kultureel-agrarysk-histoarysk projekt, Iepen Mienskip – 2018-2021
–Ynterregionaal projekt – 2018
–Fier dyn frije taal/Celebrate your free language – 2016
–Wat in frijpostich toniel, Kollaazje Bûtenpost – 2015
–K-onTOER Kimswert – Fotoreportaazje – 2014
–Grutte Pier en Pierkje yn ’t fizier, Lês- en lesbrief foar groep 7 en 8 en brêgeklassen – 2014
–Gelegenheidstongerpreek Blassum, ds. Dick over ter Linden – 2013
–Gelegenheidstoaniel Wybenga, Warten – 2012
–De Ierdappel, Wrâldoriïntaasje, Lesbrief groep 7/8, yn ’e mande mei Cedin, Taalsintrum Frysk, Ljouwert – 2008
–SMS in fers, Gedichten foar de leeftyd 10-14, Jelle Bangma – 2005
–In prachtich bosk kokosnuten/Een prachtig bos kokosnoten, Dennis Reader, Jelle Bangma en Douwe Kootstra, yn gearwurking mei it Fabula Project 2000 en Cedin – 2000
–De Alvestêdetocht fan Tsjam/De Elfstedentocht van Tsjam, stripboek foar it basisûnderwiis, tekst: Willem Tjerkstra, yllustraasjes: Luuk Klazinga – 1998
–Dûbeltsjûk, Dit en dat, fan alles wat, Grut Lês- en Dochboek, Ferhalen, gedichtsjes, mopkes, spultsjes, puzels, riedseltsjes, sykplaten, nifelwurk, kleurplaten, Jelle Bangma en Bertus Klazinga – 1998
–Holland heeft mooi weer op zondag, meartalich poëzyprojekt yn oparbeidzjen mei it Centrum voor Ontwikkelings Samenwerking te Ljouwert (COS) – 1996
–Skatkiste, beukerútjefte by Feilich lêzen leare, Foarlêsferhalen mei byhearrende taal- en spultsje-aktiviteiten anneks lûdsbannen, Geartrude Brouwer, yn gearwurking mei Uitgeverijj Lâle, Nijmegen, en Zwijsen, uitgeverij voor het basisonderwijs, Tilburg – 1996
–De Fryske Bernekrante, ferskynt 10 kear yn ’t jier, redaksje Froukje Annema (1980-’86), Meintsje Brouwer (1986-’92) – 1980-1992.
Kopiearrjocht
© Ut de teksten op dizze websiden mei neat fermannichfâldige wurde, opslein yn
in automatiseard gegevensbestân en/of iepenbier makke troch
printsjen, fotokopy, mikrofilm of op hokker oare wize ek, sûnder
foarôfgeande skriftlike tastimming fan de Stichting Erfgoed Fundaasje-Frysk en Frij.
As Erfgoed Fundaasje gebrûk makke hat fan publikaasjes fan tredden is dat dêrby spesifyk neamd.
These texts may not be reproduced by print, microfilm or any
other means, without written permission from the publisher.