Stamrige en fragmint stambeam

Dit projekt is yn útfiering. Graach oanfullingen en ferbetteringen, sjoch: formulier

* = berne
~ = doopt
x  = troud
†  = ferstoarn
[] = begroeven

I
Pieter Alberts, gernier oan ’e Slachtedyk, neffens it Floreenkohier út 1738 brûker fan 1,5 pûnsmiet oan ’e Slachtedyk;
x Seisbierrum 29-4-1731 Rinske Pyters
Bern:
1 Pietje Pieters * 5-10-1732
2 Albert Pieters * 18-7-1734
3 Pieter, folget II 

II
Pieter Pieters (postúm: Post, bygelyks yn ’e stjerakte fan syn soan Andrys) * Seisbierrum 1740 ~ Seisbierrum, op belidenis, 20-11-1774 tagelyk mei de doop fan syn âldste soantsjes Andrys en Piter, † dêr -3-1797, húsman (=boer) ûnder Seisbierrum, neffens ‘Speciecohier’ oanslein foar 39 caroligûne, 6 stuorren en 8 penningen; besit twa skoarstiennen, 38 pûnsmiet besiedde lân, 3 kij, 2 rieren en sân hynders;
x Seisbierrum 12-9-1773 Oeke Eiberts (ek: Eilerts, Eiles) Dijkstra * omstrings 1743 † Seisbierrum 21-4-1817; boerinne ûnder Seisbierrum; dr f. Eibert Sijmens, te Ferwert en Seisbierrum, † Kleaster Lidlum, en Rigtje Pieters (Of Douwes?) † Kleaster Lidlum.

Bern:
1 Andries Pieters Post * Seisbierrum 9-10-1773 ~ dêr 20-11-1774 † dêr 14-12-1823, hûsnr 37, 50 jier; koaltsjer te Seisbierrum, by ferstjerren dêr arbeider; yn 1837 wurdt er, yn ’e stjerakte fan syn dochter Oeke, Postma neamd;
x Seisbierrum 7-12-1769 Rinske Alberts Elzinga * Seisbierrum 1778 ~ dêr, op belidenis, 27-4-1806 † dêr 19-3-1837, hûsnr S36, 59 jier; yn 1823 en by ferstjerren arbeidster te Seisbierrum; dr fan Albert Floris en Rinske Pieters
2 Pieter Pieters * Seisbierrum 23-10-1774 ~ dêr 20-11-1774
3 Aaltje Pieters * Seisbierrum 15-8-1776
4 Douwe Pieters * Seisbierrum 8-9-1777 ~ dêr 14-9-1777 † St.-Jabik 29-4-1809
5 Rense Pieters Post * Seisbierrum 13-2-1779; by trouwen bouboer ûnder Kleaster Lidlum;
x Barradiel 15-5-1813 22 en 34 jier, Jantje Jans Hoekstra * Seisbierrum; by trouwen faam te Seisbierrum; dr fan Jan Jansens Hoekstra, yn 1813 koaltsjer te Seisbierrum, en Reintje Hobbes
6 Durk Pieters * Seisbierrum 18-12-1780 6-1-1781 ~ dêr † dêr 1781
7 Durk Pieters Post * Seisbierrum 7-1-1782 ~ dêr 27-1-1782 † dêr 8-2-1843
8 Watse Pieters Post, folget III
9 Rinske Pieters * Seisbierrum 20-2-1785; by trouwen faam te Seisbierrum;
x Barradiel 26-4-1820, 35 en 25 jier, Tjeerd Eekes Zijlstra * Tsjummearum; by trouwen arbeider te Seisbierrum; sn fan Eeke Sjoerds en Janke Jacobs  
10 Rigtje Pieters * Seisbierrum 10-3-1787 ~ dêr 25-3-1787

III
Watse Pieters Post * Seisbierrum 8-6-1783 ~ dêr 29-6-1783 † Kleaster Lidlum, Easterbierrum 9-11-1830; by trouwen ‘voluit van Beroep Landbouwer’ ûnder Seisbierrum; wennet oan ’e Slachte, mooglik by in post, dat kin in stasjon wêze foar bygelyks in postkoets; de namme Post soe dêr oan ûntliend wêze; boer ûnder Kleaster Lidlum, hûsnr 7; neffens it Floreenkohier fan 1829 is er dêr brûker fan 34 bunder lân beëasten de Munnikedyk (Mûntsedyk);
x Barradiel 7-5-1814 Rigstje Sytses Douma (skriuwt sels: Rigstje, fergelykje: Rigst, Rixt; yn berte-akte fan Sytse yn 1816 wurdt hja ek sa neamd; ek: Rigtje, Rigtsje; achternamme ek: Douwma) * Seisbierrum 30-8-1794 ~ dêr 14-9-1794 † Kleaster Lidlum 10-9-1846; by trouwen ‘voluit waarnemende het Boerewerk’ te Seisbierrum, dr f. Sytse Sjoerds (ek: Douma, brûkt sels dy fan net); boer te Seisbierrum, yn 1814 dêr sûnder berop, en Intie Johannes de Boer (ek: Yntje Johans);
Rigstje x 2 Barradiel 17-8-1833 Nies Tækes Zondervan (1804-1881)

Watse Pieters hiert yn 1829 in sate en lân op Kleaster Lidlum fan Simeon Petrus van Idsinga te Den Haach, foar fiif jier; hiersom: f 1.310,00 yn ’t jier.
Notarieel argyf; notaris Isaac Telting; kantoar Frjentsjer II; repertoaire: 041035; hierkontrakt 16-1-1829


Bern:
1 Sytse Watses Post, * Kleaster Lidlum 26-3-1815 † dêr 13-12-1817, hûsnr 7, twa en in heal jier
2 Sytse Watses Post, yn berte- en trou-akte ynskreaun as Sytse, * Kleaster Lidlum 16-6-1816 † dêr 23-7-1844, hûsnr 7, 29 jier; by trouwen sûnder berop te Kleaster Lidlum; dêr koaltsjer en boer;
x Barradiel 22-5-1841, 26 en 22 jier, Sjoerdtje Jans Bosch (ek: Bos) * Winaam 1819 † Kleaster Lidlum 29-11-1859; by trouwen faam te Easterbierrum; dr f. Jan Jans Bosch en Antje Gerrits Tilstra, yn 1841 winkelfrou te Easterbierrum
3 Sytse Watses Post * Kleaster Lidlum 28-5-1819 † Easterbierrum 26-4-1880; by trouwen koaltsjer te Kleaster Lidlum;
x Barradiel 10-5-1851, 31 en 22 jier, Jaike Harmens Ennema * Easterbierrum 30-10-1828 † dêr 23-2-1911, 82 jier; by trouwen faam te Kleaster Lidlum en wenjend te Easterbierrum; dr f. Harmen Tjerks Ennema, yn 1823, ’40, ’51 arbeider te Easterbierrum; yn 1825, ’28, ’31, ’35, ’37 dêr koaltsjer, en Geertje Andries Haadsma (tekenet trou-akte fan Jaike mei Haatsma)
Sjoch: Erfgoed Fundaasje – Genealogy Haadsma

Sytse Watses Post keapet op 7-8-1850 boulân te Easterbierrum fan Albert Witholt te Easterbierrum; keapsom: f 1.237,00.
Notarieel argyf, notaris: Gijsbertus Schot; kantoar Frjentsjer II; repertoire: 041086.
Sytse ferkeapet op 27-2-1865 boulân en in leane ûnder Easterbierrum (seksje D nrs 291 en 197) oan Jacobus Jans Burgraaf te Easterbierrum; keapsom: f 3.600,00.
Notarieel argyf, nota
ris: Gijsbertus Schot; kantoar Frjentsjer II; repertoire: 041086.
Sytse ferkeapet op 16-9-1871 in hûs en hiem te Easterbierrum oan Jacob Jacobs Schotanus te Easterbierrum; keapsom: f 1.204,00.
Notaris Albert Witholt, Seisbierrum; repertoire 117028; aktenr: 00085.


4 Jentje Watses Post, folget IV
5 Douwe Watses Post * Kleaster Lidlum 7-3-1823 † dêr 29-8-1829 hûsnr 7, 6 jier.

Watse Pieters nimt op 12 maart 1812 de namme Post oan
Hantekeningen ûnder trou-akte fan Watse Pieters Post en Rigtsje Sytses Douma:
Watse, Rigstje, heit Sytse Sjoerds, boer op Kleaster Lidlum; earste tsjûge Andrys Piters Post, 41 jier, koaltsjer te Seisboierrum; twadde tsjûge Rinse Piters Post, 34, boer op Kleaster Lidlum; tredde tsjûge sweager Piter Alberts Elsenga, 25, Mr skuonmakker te Sisbierrum; fjirde tsjûge broer Johannes Sytses Douma, 22 jier, boer ûnder Seisbierrum;
mem Oeke Eiles kin net skriuwe en set har hânmerk yn ’e foarm fan in krúske

TWA SYTSES YN IEN GESIN
It is kurieus: yn ’e húshâlding fan Watse Pieters en Rigstje Sytses binne twa Sytses, de earste geboaren yn 1816 de twadde yn 1819.
Soks komt eins net foar. Hoe soenen se de jonges ûnderskiedend neamd ha? Lytse Sytse en Grutte Sytse?

IV
Jentje Watses Post * Kleaster Lidlum, Easterbierrum 18-6-1820 † Easterbierrum 20-6-1876 (docht himsels tekoart), koaltsjer (mooglik 25-30 pûnsmiet) en boer te Easterbierrum, dêr’t er tsjerkelân hiert; yn 1876 hat Jintsy lân en pleats yn eigendom, 2 hynders, hy ferbout ierappels, flaaks, weet en kanarysied; foardielige steat (bûten de fêststichheden): f 3.358,75; hy is fâd oer de weesbern fan Jouke Pieters Anema te Easterbierrum;
x Barradiel 22-5-1851 Nieske Sybrens Smith * Marrum 20-5-1824 † Easterbierrum 19-6-1873, by trouwen faam te Seisbierum, dr f. Sybren Cornelis Smith, fabrikeur te Marrum, en Sææske Jans Steensma.
Bern:
1 Watze Jentjes Post * Easterbierrum 8-9-1852 † dêr 13-12-1852
2 Watse Jentjes Post * Easterbierrum 2-3-1854;
x Barradiel 15-3-1877 Eke Dirks Koopmans * Minnertsgea, dr f. Dirk Dirks Koopmans en Trijntje Jans Galema
3 Seeske Jentjes Post * Easterbierrum 7-8-1855 † dêr 3-10-1872, hat TBC en kuert yn Davos, Switserlân
4 Rigtje Jentjes Post * Easterbierrum 27-10-1856 † dêr 11-11-1856
5 libbenleaze soan *-† Easterbierrum 23-2-1858
6 Sybren Jentjes Post, folget V
7 Rigtje Jentjes Post
* Easterbierrum 7-4-1860 † dêr 27-10-1863
8 Tjitske Jentjes Post * Easterbierrum 3-5-1861 † dêr 19-8-1861
9 Pieter Jentjes Post * Easterbierrum 27-9-1862 † dêr 19-10-1863
10 Pieter Jentjes Post * Easterbierrum 11-1-1864, giet yn 1877 nei Bennekom
11 Rigtje Jentjes Post
* Easterbierrum 4-5-1865 † Garyp 26-2-1889; giet yn 1878 nei Spannum
11 Cornelis Jentjes Post * Easterbierrum 25-9-1866 † dêr 24-2-1867.

V
Sybren Jentjes Post 
* Easterbierrum 10-2-1859 † Seisbierrum 24-11-1934 [] dêr, gernier en boer by Kleaster Lidlum ûnder Easterbierrum, it lân is noch út it erfskip fan syn heit (de erfenis wie ‘lizzen bleaun’, it lân is foar in part noch eigendom);
x Barradiel 17-5-1883 Aaltje Jans Bruinsma * Seisbierrum 7-7-1856 † dêr 17-10-1947 [] dêr, dr f. Jan Feikes Bruinsma, boer op Liauckama state te Seisbierrum, en Aaltje Seerps Anema.

Sybren kin it syn heit syn hele leven net ferjaan dat dy him tekoart dien hat. Hy bedarret as opslûpen jonge fan sechstjin by in boer oan ’e Hoarnestreek yn in wat oare posysje as arbeider; dy boer makket misbrûk fan him: hy fertsjinnet hast niks. Sybren sjocht dat er dêrwei komt. Hy slagget oan wurk op ’e pleats by Hilbrand Jans Bruinsma te Easterbierrum; dêr hat er in heel goed plak. En dêr komt Hilbrand syn suster Aal wol útfanhûs, dat wurdt syn frou.
Neffens de haadlike omslach yn 1920 hat Sybren in belestingsuver ynkommen fan f 5.400,00 yn ’t jier; om te fergelykjen: Harmen Westra, hanneler hat f 6.225,00, Feike Brúnsma, boer, f 9.110,00, Nammen Nammensma, boer, f 21.500,00 en Johannes van Vaals, keapman, f 1.025,00.
Sybren Post-en-dy gean mei de Doleânsje, lykas har sibben: de bern fan Jan Brúnsma fan Lieuckema state en fan Jan Hilbrands Brúnsma. Sjoch: Erfgoed Fundaasje – Genealogy Bruinsma.
Bern:
1 Jentje Sybrens Post, folget VI.1
2 Aaltje Sybrens Post * Easterbierrum 13-8-1888 † St.-Anne 8-12-1976 [] St.-Jabik, skoaljuffer;
x Barradiel 15-8-1912 Sjouke Machiels Vrij * EAnjum 5-8-1884 † St.-Jabik 3-1-1966 [] dêr, skoalmaster te St.-Jabik, sn f. Machiel Boeles Vrij en Jietske Jelles Visser.
Yn ’e famylje wurdt dit pear ‘Vrij en Aal’ neamd, ynstee fan ‘Sjouke en Aal’, wat oars wenst is yn sokke gefallen
3 Jan Sybrens Post * Easterbierrum 17-12-1890 † dêr 20-1-1891
4 Jan Sybrens Post * Easterbierrum 22-2-1892; ferfart nei Kalifornië
5 Nieske Sybrens Post * Easterbierrum 27-4-1894 † Tsjom 25-12-1985 [] Achlum; boer te Achlum;
x Barradiel 10-5-1917, 23 en 30 jier, Willem Tjerks Postma * Tsjom 25-10-1886 † Achlum 15-11-1957 [] Achlum, sn f. Tjerk  Willems Postma en Janke Sybes Greydanus, yn 1886 komelkers te Tsjom, yn 1917 boeren te Achlum
6 Antje Sybrens Post * Easterbierrum 14-4-1896 † Arum 29-7-1979, 83 jier, [] Arum;
x Anne Pieters Anema * Winsum 31-7-1898 † Arum 11-11-1967, 69 jier, [] Arum, sn f. Pieter Annes Anema en Rigtje Epkes van der Berg, yn 1898 greidboeren te Winsum, sûnt 29-6-1898 is Piter arbeider te Winsum (nr 3b), sûnt 3-6-1899 idem te Wjelsryp (hûsnr 139), sûnt 30-5-1902 idem te Winsum (nr 3a), yn 1902 greidboeren te Winsum, yn 1929 idem te Frjentsjer, yn 1942 idem te Lollum, yn 1949, ’61 dêr sûnder berop
7 Jelle, folget VI.2

Post famyljeportret
Fan links nei rjochts, steand: Sjouke Vrij, Jentje Post, Antje van Wijngaarden, Willem Postma, Nieske Post, Jan Post, Anne Anema, Jelle Post Sittend: Aaltje Post, Aaltje Jans Bruinsma, Sybren Jentjes Post, Antje Post, Reintje Westra

VI.1
Jentje Sybrens Post
* Easterbierrum 5-4-1884 † Axel 9-11-1947 (yn ’e tsjerkeriedskeamer flak foar it oanfangen fan ’e tsjinst) [] Seisbierrum; grifformeard dûmeny, yn 1917, ’18, ’20 te Ychten, Lemsterlân; idem te Koog aan de Zaan; sûnt 4-1-1923 te Aldegea, Smellingerlân (hûsnr A61), sûnt 25-5-1925 idem te Axel (Wilhelminastraat), sûnt 1943 dêr by de Gereformeerde Kerk Vrijgemaakt (dêr’t er sels mei de foarstap foar nimt) oant 1947;
x Frjentsjer 9-8-1917, 33 en 27 jier, Antje Rientses van Wijngaarden * Tsjom 3-5-1890 † 20-1-1974 [] Seisbierrum; by trouwen sûnder berop te Frjentsjer; dr f. Rients Tjipkes van Wijngaarden en Aukje Joukes Hylarides, greidboeren te Tsjom

Bern:
1 Aukje Jentjes Post * Ychten 6-7-1918
2 Aaltje Jentjes Post
* Ychten 27-11-1920; by trouwen sûnder berop te Mullum, binnen de lêste seis moannen te Grins; eigner boekhâldburo;
x Barradiel 2-6-1943, 22 en 25 jier, (har achterneef) Pieter Harmens Westra; by trouwen keapman te Seisbierrum; konsjerzje te Emmeloord

VI.2
Jelle Sybrens Post * Seisbierrum 2-4-1899 † dêr 6-3-1981 [] dêr; bouboer te Seisbierrum; tsjerkeriedslid grifformearde tsjerke Seisbierrum;
x Barradiel 22-3-1923 Reintje Pieters Westra * Seisbierrum 16-7-1899 † Feanwâlden (Talmahûs) 12-10-1993 [] Seisbierrum; dr f. Pieter Harmens Westra, bouboer en ierdappelhanneler op it Kastieltsje ûnder Seisbierrum, en Maria Mathijs Bakker.
Sjoch: Erfgoed FundaasjeGenealogy Westra

post-jelle-sybrens

Jelle Sybrens Post. Fotograaf: A. Gnodde, Harns. Kolleksje Post-Westra

post-jelle-sybrens
Jelle Sybrens Post, Reintsje Westra en Jelle syn suster Aal Vrij-Post. Fotograaf: Elsinga, Frjentsjer. Kolleksje Post-Westra

Bern:
1 Sybren Jelles Post;
x Jaitske Elgersma (Jeanette) * 18-6-1924 † De Motte (Indiana) 29-11-1997 [] Holland Cemetery, Jasper County, Indiana, section 33B
Bern, gegevens wurdt oan wurke:
ûnder oaren:
www.emilyvankley.com
2 Pieter Jelles Post, boer en bollekweker oan ’e Hoarnestreek ûnder Seisbierrum;
x Maria Harmens Westra (Marieke) * Seisbierrum 24-3-1923 † dêr 3-4-2007 [] dêr; dr f. Harmen Pieters Westra, ierappelhanneler, en Antje Hilbrands Bruinsma
Bern:
1 Jelle Post
2 Jantsje Post, fertaler, www.jantsjepost.nl
Sjoch: Erfgoed Fundaasje – Genealogy BruinsmaGenealogy Westra
3 Maria Jelles Post;
x Adrianus Frans Vreugdenhil, túnder te ’s Gravezande, sn f. Frans Vreugdenhil en Sophia Koene
4 Aaltje Jelles Post (Aly) * Seisbierrum 20-4-1929;
x Barradiel 12-11-1953 Tjipke Martens Wiersma * Kollumerlân 22-11-1928 † Dokkum 3-12-2000 [] Ie, sn f. Marten Johannes Wiersma en Sytske Alberts Hoof
5 Arentje Jelles Post (Audrey);
x Jacob Appel (Jack) * 18-9-1927 † Bellingham (Whatcom County) 22-9-1999 [] Lynden, Whatcom County, Washington, sn f. Gerard Appel en Lena Oosterwick
6 Anneke Jelles Post
7 Jan Jelles Post * Seisbierrum 11-11-1939 † dêr 20-2-1941 [] dêr
8 Libbenleas bern *-† Seisbierrum 15-4-1945.

Wurdt fuortset