De Stichting Erfgoed Fundaasje hat yn it ramt fan it Iepen Mienskipsfûns sûnt 2018 in projekt opset mei seis ûnderdielen op kultureel en agrarysk-histoarysk mêd. It projekt waard bysteld troch de Korona-maatregels; dat betsjut dat ien ûnderdiel ferfalle moast: de hynstesjo op literêre achtergrûn. Dêrfoar yn ’t plak kamen mear byienkomsten op it gebiet fan literatuer en skiednis, mar dan hyltyd mei in beheind oantal minsken. Sadwaande waarden noch mear lju berikt as earder de opset wie. Troch de Koronaperikels waard it projekt ek wat opskood, sadat it syn einbeslach krije koe op 26 septimber 2021.
Sjoch foar in oersjoch op film fan ús aktiviteiten yn it ramt fan it Projekt agrarysk en kultureel erfgoed: Filmoersjoch.
Dit projekt kaam ta stân mei stipe fan: -it Iepen Mienskipsfûns fan de Provinsje Fryslân -de Meindersma-Sybenga Stichting te Froubuorren -It Old Burger Weeshuis te Ljouwert -gâns partikulieren.
1. Wurkwinkels op skoallen oangeande meartalige poëzy
Agrarysk en kultureel erfgoed wurdt yn dit projekt ek beljochte oan ’e hân fan Wurkwinkels (Workshops) yn poëzy foar sawol folwoeksenen as bern. Hjirûnder in greep út de mannichte foarbylden.
1.1 Gedichten troch folwoeksenen
1.2 Gedichten fan bern
2. Foarljochting oer erfgoed
As wichtich ûnderdiel fan it Projekt agrarysk en kultureel erfgoed is de foarljochting foar in breed publyk. En dy hâldt net op by de beëiniging fan dit Iepen Mienskips-projekt, mar is de stimulearjende ympuls foar fierder bekend meitsjen fan histoarysk erfgoed, foar jong en âld. Hjirûnder foarbylden dêrfan op ûnderskaat gebiet.
1 een goed geweten is voor de ziel wat deez zondheid is voor het lichaam
Learboekje fan Gerben Reimers Brouwer (* Sjoelemastate ûnder Menaam 1829 † Bessebuorren 1914), de plaatsjes binne der by de drukker mei de hân ynkleure: full colour yn 1839.
Learboekje fan Jacob Klazes Gosliga (Bitgummole 1831-1906), út 1846, de wiisnoas is dan 15 jier.
Op it omkaft Jabik wiisgearige skriuwoefeningen: Wat Gij beloofd hebt moet Gij houden al leed Gij er ook schade bij Wilt Gij dit niet gaarne dan moet Gij niet beloven. Het gebeurt somtijds dat neiging en pligt tegen elkander inloopen; dan moet neiging altijd voor pligt wijken. Wees behoudzaam in het beloven, zorgvuldig in het nakomen Wanneer men anderen tot het verrigten van iets goeds behulpzaan kan zijn moet men zich niet onttrekken Hulp te verlenen waar men kan is altijd pligtmatig verdient lof en verwerft achting Dikwerf brengt dit te doen zelfs voordeel aan doch het is de les anderen in het verrigten van iets goeds hulp te bieden waar men kan een goed geweten is voor de ziel wat deez zondheid is voor het lichaam
2 Tsjerkebibeltsje
anneks psalmboek út 1883 fan Antje Fokkes van der Meer (* Menaam 1865 † Huzum 1926). Antsje, neamd Anne, wurdt hjir deftich as Anna skreaun.
3 Selsmakke gedicht
Poezyalbum út 1905 fan Magdalena Hettes Hettema (* Bitgum 1890 † Ljouwert 1977). Hjir in selsmakke Frysk fers fan Leen har omke Nammen Jeltes de Boer (* Boazum 1858 † Menaam 1912), ferwer te Menaam. Hy hat syn eigen stavering.
Oan Leen!
Wat sil ik dij doch schrouwe Mien allerbeste Nicht! Wol mij nou toch ris ljouwe Want ik hef gjin gedicht. ’k Hef alle winschen neitocht, Die’t ien dit boekje stean.
Maar t jouwt mij dan gjin ljocht En ’k tocht het sil net gaen Der het men heit en mem en minke Sa goed ken ’k net betinke En tsjisse en fokke der noch bij Ik riem net hael sa goed as sij ’k Soe sisse nim het best er uut Dat winskje ik dan ta besluut
Nammen de Boer
4 Deiboek
fan Magdalena Hettes Hettema. Leen skreaf tsientallen skriften fol.
5
Gerben Reimers Brouwer (Bitgum 1886-1961), redigearde histoarise optochten, hjir in drukte folchoarder. Grutte Pier wurdt in Van Heemstra neamd, doe wie blykber noch net bekend dat de man in Donia wie. Ek skreaf Gerben histoarise tonielstikken. Hjir in fragmint oer Wigle van Aytta.
6
Opskriuwboekje mei dêryn in taspraak fan Reimer Gerbens Brouwer (* Bessebuorren 1856 † Bitgummole 1929), hâlden yn 1920 doe’t er fjirtich jier troud wie mei Trijntje Jacobs Gosliga (Bitgummole 1856-1936). Yn eigen stavering: Ik tochte nies sa aan Vader Jakob die zeit doe hij wer om kaam van Padden Aram en doe hij zeeg al dat geene wat hij verkriege hie, mei myn stok bin ik oer deze rivier tein doe’t ik hinne gong en nou’t ik wer om kom ben ik tot twa Heiren. Ik bin voor 40 jier ek hinne tein en dat net za fier ou, tichte bij, hier bij de Borne. Mien reis wie doe om Nienke van Jakob en Durkje. Nou die waar doe oen mij oustien. Ik moast belove goed op har te passen. Ja dat hiene ze sels ek dien.
7
Notysjeboekje oer it gemaak.
Lesboekje fan Pieter Douwes van der Schaaf. ‘En die het houdt dat is een schellem. Is het zoo niet?’ skriuwt de bysfeint.
Lokwinskbrief út de famylje Hannema. De ôfstjoerder en ûntfanger binne net bekend, mar likegoed net ûnbemind. Nei har identiteit wurdt noch speurd.
3
Oranje-Nassau
Underskieding yn ’e oarder fan Oranje-Nassau fan Johannes Romkes Hannema (* Tsjom 1874 † Frjentsjer 1960), troud mei Maaike Jans Goslinga (* Wjelsryp 1875 † Frjentsjer 1953). De stikken 2 en 3 binne út it erfskip fan Cornelia Hannema te Frjentsjer
5 Skriuwstel
fan Antje Dirks van der Schaaf (* Bitgummole 1886 † Ljouwert 1957), troud mei Gerben Reimers Brouwer.
Achter dat skriuwstel foto's út in fotoalbum út de neilittenskip fan Antje Dirks van der Schaaf. Op ’e portretten (út it boek): Anne har âldere suster Sieuwke (* Bitgummole 1884 † Winsum 1962) en har man Sjoerd Yebs Reitsma (* Wommels 1882 † Winsum 1970), dy’t buorken op Uylenburg oan ’e Kouweweg ûnder St.-Jabik en op Wækens ûnder Winsum.
6 Hantekeningstimpel
fan Tjitze Hettes Hettema (* Bitgum 1889 † Ljouwert 1957). As Tsjisse op hannelsreis wie, koe syn broer Fokke of ien fan it personiel de brieven ûnderstimpelje.
7 Lakstimpel
fan Hette Tjitses Hettema (* Bitgum 1863 † Ljouwert 1947). Skonken oan Erfgoed Fundaasje troch de erven Maaike Veenstra-Miedema te Noarch.
10 Tabaksdoaze
fan Frans Rinses Haadsma (* Hemmemastate ûnder Menaam 1817 † Menaam ûnder Bitgum 1897), boer, troud mei Geertje Sybes Osinga (* Berltsum 1824 † Menaam ûnder Bitgum 1859). Oan ’e binnenkant fan it deksel de inisjalen F.R.H. en 1839.
Doe’t Frans ferstoar wienen syn frou en syn fiif bern him foargongen. (Rinse, 23 jier âld, Jetske, 22 jier, Bottje mar 2 jier, de twadde Bottje, 22 jier en Sybe, 25 jier âld)
Sybe (Bitgum 1854-1879), syn lêste soan, naam it beslút dat nei syn dea gjin uterlike tekens fan rou mear droegen wurde moasten, oars soe de famylje neffens de bewende fêststelde tradysje erflik swarte klean drage moatte.
Binnenkant deksel tabaksdoaze de inisjalen F.R.H. = Frans Rinses Haadsma, en it jiertal 1839. Sulvermerken: Binnenkant deksel yn hoeke: masterteken DK dêrûnder 2 Midden: kantoarteken = minervakop (skildknaap mei yn syn muts in letter) dy letter stiet foar it plak. De letter is hjir ûnlêsber, wierskynlik Ljouwert. Boaium binnenkant: jierletter E: = 1839 Midden: gehalteteken = rinnende liuw. Hjir 2de gehalte sulver, dat is 835 tûzenste dielen gram op in kilo; 165 tûzenste dielen gram is koper.
2 Fotoalbum
út de neilittenskip fan Geertruida Hermanus Offringa (* Mantgum 1891 † Ljouwert 1974 ). Om yn te sjen.
3 Ik wil voor U strijdvaardig staan En moest het zijn, voor U vergaan!
-en fan Renske har mem, Geartsje Harmens van der Ploeg (* Rie 1872 † Frjentsjer 1962). Hjir in selsmakke fers fan har earste man Reimer Rinses Brouwer (* Froubuorren 1867 † Muntsjesyl 1902). Hy wie ûnderwizer te Muntsjesyl.
Aan mij lieve Geertje.
Hoe zou ik U vergeten? Ik weet, wat Gij mij zijt; Als de aard het liefste en beste Vergete mettertijd, Ik zing het luid en en juich steeds weer: ‘‘Mijn Geertje lief! Ik min U teer!’’
Hoe zou ik U vergeten? Uw beeld leeft in mijn hart; Ik ben met U verbonden, Met U, in vreugd en smart. Ik wil voor U strijdvaardig staan En moest het zijn, voor U vergaan!
Hoe zou ik U vergeten In vreugd noch droefenis, Zoolang een spoor van liefde En leven in mij is? Nee, ’k zoek U steeds en U alleen, ’k Min U mijn Geertje en anders geen!
Munnikezijl R Brouwer 13 Mei 1898.
4 Fjochter yn Atjeh
Feike Rinses Brouwer (* Sjoelemastate ûnder Menaam † Assen, Militêr Hospitaal, dêr begroeven mei militêre eare) focht yn Atjeh,en krige dêrfoar militêre ûnderskiedings: Voor trouwe dienst - Atjeh 1875-1890 en Voor krijgsverrigtingen - Atjeh 1896-1900. Op ’e foto stiet Feike twadde fan links.
Feike woe nei Nederlân en syn froulju woenen dat opkeare. Doe’t dat net slagge, dienen se fynmeald hier yn syn iten en dêr is er yn Assen troch ferstopping yn ’e mage oan stoarn: de goena goena.
5 In greep út goud
-achter it gleske yn it spjeldsje sit in blommelânskipke makke fan hier fan Jouw Tjeerds Fokkema, boer te Menaam (Menaam 1796-1868), ferstoarn sûnder neiteam. Middenyn it skilderijk de inisjalen: J T F. -earmbân -gouden rinkje -floddermutsspjeld hearrend by it earizer fan Magdalena Harkes Tækema (Menaam 1833-1911).
6 Segelring
fan Gosse Hettema (* Ljouwert 1930 † Snits 1977).
7 Hazzesprong
fan Gerben Reimers Brouwer. In hazzesprong is in piipúthimmelder, dit bonkje yn ’e achterpoat fan ’e hazze is it sterkst en dat waard sadwaande brûkt foar it piipútheljen. Inisjalen yn it kopsulver: GRB.
fan Reimer Gerbens Brouwer (* Sate 3, Súdhoek ûnder St.-Anne † Sjoelemastate ûnder Menaam 1871), Gerben syn heit. Oan dizze hazzesprong komt gjin bonkje te pas: hy is kompleet fan sulver.
8 Geboarteleppel
fan Doekele Gerbens Brouwer (Bitgum 1917-1989), krigen fan syn omke Doekele Dirks van der Schaaf (* Bitgummole 1873 † Ljouwert 1956).
9 Teeleppeltsje
fan Dieuwke Klazes Nicolai (* De Him ûnder Wurdum 1792 † Barhûs ûnder Wurdum 1850), twadde frou fan Doeke Wygers Hellema (* Wânswert 1766 † Barhûs 1856). Under it stâltsje de inisjalen DKN.
11 Twa reaukes
Ut it erfskip fan Antje Tjeerds Fokkema (Menaam 1801-1851) hat Erfgoed Fundaasje in 6-delich stel reaukes yn bewarring nommen (de grutte) en ien lytsenien.
12 Tsjerkejildbeurske
fan Anne Hettema (* Bitgum 1919 † Ljouwert 2011), oer-oerbeppesizzer fan Anne Fokkema (hjirboppe). Inisjalen op it dekseltsje: A. H. Dat dit beurske gâns ferdrage moatten hat is dúdlik: de boaiem is der finaal út.
13 Horloazje
fan Jantje Jentjes Siderius (* Doanjum 1868 † Bitgum 1915).
14 Horloazje-opwiner
en -ketting fan Doekele Doekeles de Boer (Dyksterhuzen 1811-1889). Boer op Dyksterhuzen. De ôfbylding moat syn pleats foarstelle mei heaberch en op ’e oare kant de Bitgumer toer. It sulvermerk yn it ketting is net mear te lêzen, it merk yn ’e horloazjeopwiner is: PC 114. Erfgoed Fundaasje hat nei ûndersyk fêststelle kinnen dat it hjir giet om Paulus Riddersma Cabboes syn wurk (* Oldersum 1805 † Ljouwert 1859), hy levere ûnder dat merk fan 1836 oant syn dea. It geheel sit noch yn it orizjinele doaske.
3. Utstallingen oer histoarysk mienskipsbesit
Lykas by foarljochting binne ek tentoanstellingen ûnmisber om lju yn ’e kunde komme te litten mei de wearde fan har eigen erfgoed. Dat kin gean om in inkelde brief oant in swide kolleksje, lykas twa frachten klean út patrisise en adelike fermiddens fan ’e famyljes Brantsma-Van Slooten-Van Sminia en dêrneist de famyljes Brantsma-Van Heerdt tot Eversberg-Van Haersma de With wurde yn ’e takomst foar de mienskip bewarre en binne op termyn foar publyk te besjen. Stichting Erfgoed Fundaasje bemiddelet yn dat proses en beskriuwt it unike guod. De ûntfangst hie plak op sneon 14 april 2019. op ’t kantoar fan ’e stichting. Lês fierder. Sjoch foar foarbylden fan eksposysjes hjirûnder en by Utstallingen.
EKSPOSISYS GROATE KERK ST.-JABIK
Fan 10 july tot en met 10 septimber waren in ’e Groate Kerk te St.-Jabik drie tentoanstellinkys fan kulturele raizen: 1 ’n rais deur de klaaikeramyk anneks tekeningen fan Ryt Kooistra 2 ’n pelgrimazy fan St.-Jabik na Santiago de Compostella, over de klaai fan ’t Jabikspâd 3 ’n tochy deur erfgoed hine, út ’e Bildtse klaai opdold en failigsteld deur Erfgoed Fundasy.
De anloop waar ´n sukses: meer as 500 besoekers.
EKSPOSYSJES GROATE KERK ST.-JABIK
Fan 10 july oant en mei 10 septimber wienen yn ’e Groate Kerk te St.-Jabik trije útstallinkjes fan kulturele reizen: 1 in reis troch de klaaikeramyk anneks tekeningen fan Ryt Kooistra 2 in pelgrimaazje fan St.-Jabik nei Santiago de Compostella, oer de klaai fan it Jabikspaad 3 in kuierke troch erfgoed, út de Biltse klaai opdold en feilichsteld troch Erfgoed Fundaasje.
De foarljochting, presintaasje en beskriuwing oangeande sulver – benammen geboarteleppels – is fan ’e fruchtbere grûn. In soad minsken nimme kennis fan it te boek- en feilichstellen fan agraryske skiednis yn dit opsicht. Sjoch foar in foarbyld: Foarljochting te Ingelum. Omdat de Corona hearsket, kinne grutte foarljochtingsbyienkomsten net plak hawwe. Sadwaande wurde yn lytsere byienkomsten besichtigingen opset geandewei it Iepen Mienskipsprojekt.
5. Ynterviews oer erfgoed
Yn Coronatiid kinne aldergelokst fraachpetearen oer agrarysk erfgoed wol trochgean. Yn it Iepen Mienskipsprojekt wurde mear lju befrege op har kennis datoangeande as earst pland wie; en dy wittenskip wurdt op film foar de takomst behâlden. Sjoch hjirûnder in foarbyld. Sjoch foar mear boppe-oan dizze side: Filmoersjoch.
6. Projekt Lytje Pole
Yn it Projekt agrarysk en kultureel erfgoed is ek beflapt it fêstlizzen fan skiednis oangeande it eilân Skiermuontseach – de Lytje Pole. It omfiemet de tongslach, seefeart en pleatslike gewoanten. Henriette Pieperiet is dêr in foarname boarne. Sjoch hjirûnder in eksimpel op film. Foarbylden fan dit erfskip: Delslach tongslach Eilauners.
Sjoch ek Projecten in beeld -> Kunst Cultuur -> 11 Projekt agrarysk en kultureel erfgoed (Ljouwert)
Topics scientific research
Illegality – originated in 1944 from the resistance, hence the name (comparable to Vrij Nederland)
Relationship with Frisian-speaking predecessors, such as Sljucht and Rjucht
Independence – the only independent Frisian-language magazine in Friesland
Journalistic formula – family and news magazine
Number of subscribers – thousands of subscribers after the Second World War (reconstruction), then a downward trend, but still relevantly many for a small language area
Own income – advertisements in Frisian, support fund
General Cultural Interest
Language promotion – scientific merits minority language, small language area; source of exam texts
Literature promotion – debutants, stage poetry and prose, literature supplements, cooperation of almost all prominent Frisian literati
Relationship Frisian Movement
Provincial language policy
Role responsible provincial culture representatives
Role Leeuwarder Courant, Friesch Dagblad, PENN . Press Agency
Role Committee of Recommendation, with political leaders
Consequences of the liquidation – destruction of capital, decrease of literary stages, few literary reviews in current media.
CATEGORIES
I Photo albums
II Separate photo’s
II.1 Known
II.2 Unknown
III Family letters
IV Birth IV.1 Birthspoons, etc.
VII Postcards
V Wedding, etc.
VI Death
VII Correspondence VII.1 Church VII.2 Business VII.3 Postcards
VIII Newspaper articles
IX Maps
X Miscellaneous X.1 Poezy albums (remembrance poetry for children)
XI Historical realia XI.1 Textile XI.2 Paintings XI.3 Drawings XI.4 Wood-art XI.5 Copper and silver
Utjouwers Frysk en Frij
Stifting Frysk en Frij 1954 Stifting Jacobus van Loon 1972
Adressen Frysk en Frij
Emmakade, Ljouwert
Foarstreek 101-103 Ljouwert 1954 –
Oksekop 11 Ljouwert 1972 –
Kanaalstrjitte 1 Ljouwert
Stasjonswei 16A Ljouwert 1988 –
Ynterimbestjoerders
Sjoerd van Aalsum Geart-Hessel de Boer Goasse Brouwer
Bestjoerders
dr Lieuwe Heine Bouma, foarsitter 1972- drs Rindert Straatsma, skriuwer-skathâlder, 1972- Anne Bokma 1972- drs Sybren Sybrandy 1972- (* Snits 1-11-1942 † Grins 28-8-2020; klassikus; sn fan Ate Sybrens Sybrandy, grifformeard dûmeny, û.o. te Hoek fan Hollân en Spannum, en Jeltje Ike Annes Wytzes) Marinus Carolus de Boer – Directeur Omrop Fryslân 1972- Geart Vledder Baukje Miedema – Baukje Hylkema-Miedema, gemeenteriedslid foar de V.V.D. fan Wûnseradiel Jan Brandsma – learaar fuortset ûnderwiis te Dokkum Simon Jacob Strykstra -1990; sjoernalist (* Huzum 21-6-1923 † Ketlik 23-11-1990; sn fan Geert Jacobs Strijkstra, boekbiner te Huzum, en Jeltje Symons Bouma Jelle Bangma dr Pieter Henderikus van der Plank drs Janny Griet Vlietstra drs Willem Bekius * 1954 † 2008, dosint Windesheim, skoalle foar sjoernalistyk te Swolle mr Regina Cecilia Maria Kamsma (Gina), advokaat te Ljouwert Geeske Krol-Benedictus, gemeenteriedslid fan Smellingerlân, lid Provinsjale Steaten foar de F.N.P., bestjoerslid Feriening Frysk Underwiis
Direkteuren
N. Huppes (oant 18-5-1955)
Redakteuren
Simke de Haan -oant 28-2-1964; * Blauhûs 13-7-1911 † Stienwyk 12-9-1987 [] dêr, x Elisabeth Kuipers * 1914 † 2006). Jan Bearn Singelsma -oant 24-12-1964 Lykle Spyksma 1974-augustus 1975 Romke J. Toering april 1975-29-1-1977 Goasse Doekeles Brouwer 1978-1989 Nico Hylkema 1979- Sietse de Vries Johan Rients Oppewal Jelma Sytske Knol Jelle Bangma Sjoerd van Aalsum Geart-Hessel de Boer Ingrid Wagenaar
Einredakteuren
Pieter Terpstra Klaes Jansma Jan Stelwagen 1976-29-1-1977
Willem Verf (PPR-Politieke Partij Radikalen/sûnt 1990 GrienLinks)
Roel Vogelzang (idem)
Katja Westra
Nel van Zandbergen-Scheffer (VVD)
Hieke Zondervan-Rypkema (PvdA)
Meiwurkers Libbensbeskôglike bydragen
ds Gerrit Hoekstra
ds Thys Kuiper
Corry Nicolai
ds Klaas Visbeek
ds H.C. van der Meulen
ds Reinder Reitsma
Jan A. Zwart (humanist)
TER GEDACHTENIS / AAN ONZEN GELIEFDEN / MOEDER EN GROOTMOEDER / DIEUWKE ALTHUISIUS / GEBOREN 12 AUG. 1855 / TE WOUDSEND / OVERL. 6 NOV. 1935 / TE BUITENPOST / WEDUWE VAN P.S. BAKKER. / WIE OP DEN HEERE VERTROUWEN, / ZIJN ALS DE BERG SION, DIE NIET / WANKELT. / Ps 125 : 1.
TER GEDACHTENIS AAN / AAN ONZEN / GELIEFDEN MAN EN VADER / P.S. BAKKER / GEBOREN 5 JULI 1853 / TE LANGWEER / OVERL. 25 NOV. 1918 / TE BUITENPOST. / ECHTGENOOT VAN / D. ALTHUISIUS / DANKENDE DEN VADER / DIE ONS BEKWAAM GEMAAKT HEEFT, / OM DEEL TE HEBBEN IN DE ERVE DER / HEILIGEN IN HET LICHT. / DIE ONS GETROKKEN HEEFT UIT DE / MACHT DER DUISTERNIS; / EN OVERGEZET HEEFT IN HET / KONINKRIJK VAN DEN ZOON ZIJNER / LIEFDE. / COLL. 1 : 12 EN 13.