Van Aisma-argiven oerdroegen oan Erfgoed Fundaasje

De J.H. van Aisma Stichting te Bitgummole hat op op 28 april 2026 har argiven oer oan de Stichting Erfgoed Fundaasje-Frysk en Frij, dy’t it ynvintariseart, tagonklik makket foar ûndersyk en it neffens kontrakt foar de takomst feilichstelt yn ’e klimaatbehearske kluzen fan ’e Gemeente Waadhoeke.

Johan de Vries, foarsitter fan ’e Van Aisma Stichting, en Sylke Kingma, foarsitter fan ’e Stichting Erfgoed Fundaasje-Frysk en Frij
ha de oerdrachtsakte ûndertekene.
Foto’s: Piet Douma

Ha jo ek argyfmateriaal fan jo famylje of bedriuw? In inkelde brief of foto kin al fan belang wêze!
Smyt ‘dy rommel yn ’e skuonnedoaze op solder’ dus net samar fuort.
Nim kontakt op: info@erfgoed-fundaasje.nl

De tentoanstelling is te besjen op ôfspraak 06-11 26 05 94 en op moandeitemiddeis en elke earste sneon fan ’e moanne fan 14.00-17.00 oere; Stedhûs, Riedhúsplein 1 Frjentsjer (sydyngong troch griene doar).

De Van Aisma Stichting libbet as in hart, se stipet omraak de keatsferiening Oefening Kweekt Kunst (O.K.K.), sporteveneminten en kulturele ynstellings.
De Van Aisma-dagen binne ferneamd om har keatsfeesten mei merke en matinee.
Yn 2026 is it raak mei de Wylde van Aismapartij | Okk Bitgum.
De jeugd wurdt betsjinne troch de Jeugdgripe en de Froujusgripe en feestlike programma’s foar jongeren.
Sjoch:
Gripe 2025 | Okk Bitgum
Lyts OKK | Okk Bitgum.
Mar de Van Aisma Stichting hat ek each foar it ferline: se gean hjoeddedei soarchfâldich mei har argiven om.
By de ûndertekening fan ’e oerdrachtsakten troch de foarsitters Sylke Kingma fan Erfgoed Fundaasje en Johan de Vries fan ’e Van Aisma Stichting is in útstalling iepene oer de oprjochter Johannes Hartman van Aisma, syn stichting en syn famylje.

It bestjoer fan ’e Van Aisma Stichting – Leo Vogels, Sake-Jan Rondaan, Doeke de Jong, Johannes Ebbens en Johan de Vries, yn ’e midden Sylke Kingma en Aggie Meijer fan Erfgoed Fundaasje.
De oerdracht fan ’e Van Aisma-argiven is yn ’e midsiuse kelders fan it âlde Stedhûs fan Frjentsjer dêr’t Erfgoed Fundaasje har eksposysjes hat,
yn oparbeidzjen mei Historisch Centrum Franeker en ’t Bildts Aigene

VAN AISMA TENTOANSTELLING
VAN AISMA EXHIBITION

In fitrine fol fan Aisma-oerfloed.
A showcase full of Aisma abundance
Sjoch: Van Aisma Collection

___________________________________________________

OANLIEDING VAN AISMA-TENTOANSTELLING

De oanlieding ta dizze útstalling is de oerdracht op 28 april 2026 fan it argyf fan ’e J.H. van Aisma Stichting oan de Stichting Erfgoed Fundaasje, dy’t it ynvintariseart, tagonklik makket foar ûndersyk en it neffens kontrakt foar de takomst feilichstelt yn ’e klimaatbehearske kluzen fan ’e Gemeente Waadhoeke.

ON THE OCCASION VAN AISMA EXHIBITION

The occasion for this exhibition is the transfer on 28 April 2026 of the archive of the J.H. van Aisma Foundation to the Heritage Foundation, which inventories it, makes it accessible for research and secures it for the future in the climate-controlled vaults of the Municipality of Waadhoeke.

_________________________________

VAN AISMA EN VAN AYSMA
Wat is in namme?

Sate Nij Grut Aisma op Dyksterhuzen ûnder Bitgummole, ôfbrutsen yn 1883;
allinne nij-opmitsele homeiepeallen stean der noch

Dizze famylje Van Aisma hat de namme ûntliend oan har Sate Nij Grut Aisma.
Evert Klazes neamt him yn 1811 ûnder Napoleon mei syn trije susters Van Aisma, nei de pleats dêr’t er op buorket. Se binne fan gernierskomôf, grif is har pake arbeider te Menaam.
Har ôfstamming hat neat te krijgen mei de adelike Van Aysma’s, dy’t sûnt de midsiuwen as hearskippen te Bitgum op Aysma State residearden.

Troch houliken wurdt de famylje mear en mear begoedige. Sjoch: Kertiersteat Johannes Hartman van Aisma nrs 3, 5, 9
Uteinlik komt alles telâne by oerpakesizzer Johannes Hartman van Aisma, as iennichst erfgenamt.
Sjoch:
Genealogy Van Aisma – Erfgoed Fundaasje VII.1

VAN AISMA AND VAN AYSMA
Whats in a name?

This Van Aisma family derived their name from their farm Nij Grut Aisma. Evert Klazes mentions himself in 1811 under Napoleon with his three sisters Van Aisma, after the farm where he worked. They are of peasant origin, probably their grandfather was a worker in Menaam.
Their lineage has nothing to do with the noble Van Aysma family,
who have resided at Aysma State in Bitgum since the Middle Ages.

Through marriages, the family becomes more and more affluent.
In the end, everything goes to great-grandson Johannes Hartman van Aisma, as the sole heir.
See: Genealogy Van Aisma – Erfgoed Fundaasje


__________________________
BESIT EN STÂNSFERSKIL
Arbeider, boer, boargemaster en ‘menear’

It Van Aisma-hûs, Nieuw Aisma te Bitgummole.
Hjir wenje Geartsje Fabrij de Jonge-van Aisma
en har muoikesizzer Johannes Hartman van Aisma;
 doe noch Alddyk, letter ferneamd nei de man sels: J.H. van Aismawei, nr 73

Mei it oanwaaksend lânbesit krije de Van Aisma’s mear status.
Bouboer Evert Klazes is âlderling, tsjerk- en earmfâd, gemeenteriedslid en wethâlder fan Menameradiel en as sadanich trout er as amtner fan ’e Boargelike Stân withoefolle pearkes.
Sjoch: Kertiersteat Johannes Hartman van Aisma nr 8
Soan Johannes Everts trout mei de geseten bouboeredochter Ytje Hartmans Hartmans fan De Nije Hocht ûnder Nes, West Dongeradiel. De foarnamme Hartman is tenei by de Van Aisma’s beklonken.
Sjoch: Kertiersteat Johannes Hartman van Aisma nr 4


Pakersizzer Hartman is allyksa bouboer op Nij Grut Aisma en nei syn earste boask mei Jannigje Klazes Wassenaar – dochter fan Klaas Boyens Wassenaar, neffens de belestingoanslaggen de op ien nei heechst-oansleine boer yn Nederlân – op ’e Wassenaarpleats De Blauwe Plaats oan ’e Kouweg nr 40 ûnder St.-Jabik; hy wurdt gemeenteriedslid fan It Bilt en boargemaster.
Sjoch: Kertiersteat Johannes Hartman van Aisma nr 2

Dy syn soan Johannes Hartman is geboaren mei in sulveren leppel yn ’e mûle.
Hy lit him ‘menear’ Van Aisma neame en yn syn rou-advertinsje is it: ‘de Hoogwelgeb. Heer’. Dat lêste is er yn ’e eagen fan himsels en yn dy fan ’e goegemeente.
Hy gedraacht him as in lânealman. De baronnen Thoe Schwartzenberg en Hohenlansberg binne begjin 20e iu foargoed út Bitgum fertrokken, dat der is plak foar opfulling fan in ‘Hear’ yn it doarp. In Hear mei in doarp is in flok. In doarp mei in Hear is in lok, skoalmasterswyshyd fan Hjerre Gerryts van der Veen.
As ‘mynhear’ syn hierders syn hûs foarby komme, tikje se oan ’e pet – lichtelik bûgd. Op syn jierdei krijt er in aubade fan it neutrale korps, steande op syn heech balkon foar syn hearehûs, eagjende oer it folk hinne.

OWNERSHIP AND SOCIAL DIFFERENCE
Worker, farmer, mayor and ‘gentleman’


With the increasing landownership, the Van Aismas gain more status. Evert Klazes is an elder, church and poor father, municipal councillor and alderman of Menameradiel, and as such he marries numerous couples as an official of the Civil Registry.
Grandson Hartman is a member of the Provincial States and mayor of Het Bildt.
His son Johannes Hartman is born with a silver spoon in his mouth. He allows himself to be called ‘Sir’ Van Aisma, and in his obituary it reads: ‘the Honourable Sir’. The latter is in his own eyes and in the eyes of the general public.
He behaves like a country gentleman. The barons Thoe Schwartzenberg and Hohenlansberg permanently left Bitgum at the beginning of the 20th century, making room for the appointment of a ‘Lord’ in the village. A Lord with a village is a curse. A village with a Lord is a blessing, schoolmaster wisdom from Hjerre Gerryts van der Veen.
When the ‘lord’ passes by his tenants’ houses, they tip their caps – slightly bowed. On his birthday he receives an obeisance from the neutral corps, standing on his balcony in front of his manor house.

________________________________________
JABIK VAN AISMA, BERNE GOSLIGA
Mantelsoarch Anno 1845


Dit is Jabik van Aisma, geboaren Gosliga.
Jabik is alve as syn heit stjert en tolve as syn mem weirekket. It boike komt by syn beppe Jeltsje Klazes van Aisma yn ’e gernierkerij op Dyksterhuzen. Beppe en Jabik lûke letter yn by beppe har muoikesizzer Jehannes Everts van Aisma-en-dy, bouboeren op Nij Grut Aisma.
Trije generaasjes op ien stee. Mantelsoarch Anno 1845.
Yn ’t doarp wurdt Jabik noch lang Jabik van Aisma neamd. Dat hâldt op mei syn trouwen, dan is it wer Gosliga.

Geartsje Fabry de Jonge-van Aisma nimt yn 1900 har achterneef Jabik Gosliga op yn har testamint: it lân dat er fan har hiert, kin er by syn hele leven brûke.

JABIK VAN AISMA, BORN GOSLIGA
Home care about 1845

 
This is Jabik van Aisma, born in Gosliga. Jabik is eleven when his father dies and twelve when his mother passes away. The boy goes living with his grandmother Jeltsje Klazes van Aisma at her farm in Dyksterhuzen. They later move in with grandma her cousin Jehannes Everts van Aisma and his family, farmers at Nij Grut Aisma.
Three generations in one place. Home care in 1845.
In the village, Jabik is still called Jabik van Aisma for a long time. That stops with his marriage, then he is called Gosliga again.

Geartsje Fabry de Jonge-van Aisma includes her cousin Jabik Gosliga in her will, 16-2-1900: the land he leased from her, he can use for his entire life.
See her last will from 1924.

________________________________________________
OPRJOCHTING J.H. VAN AISMA STICHTING
Filantropy: leafde foar de minsheid

Trochdat der hyltyd ien soan is en de susters jong ferstjerre of gjin bern hawwe, komme de erfskippen by de twa ongetroude neikommelingen Johannes Hartman van Aisma en syn healbroer Hartman.
As Hartman mei 23 jier ferstjert komt dy syn erfenis allyksa oan Johannes Hartman en dêroerhinne dat fan syn muoike Geartsje en har man, dy’t dizze weesjonges har pleechâlden binne.

Johannes Hartman bringt dat famyljebesit gear yn in stichting, dy’t er nei himsels neamt: de J.H. van Aisma Stichting. Minder bedeelden en âlden fan dagen kinne oanklopje foar libbensferlet. Hûnderten lju dy’t it yn it materiële krap hienen, ha profyt hân fan dy leafdiedigens.
Ferienings en ynstellingen dy’t warber binne op sportgebiet en har ynsette foar kultuer kinne allyksa fan ’e revenuen profiteare. Sûnder dy stipe, dy’t ûnmisber is foar sport- en kulturele evenminten, soe faak it feest net trochgean kinne.
Lykwols, net de hele mienskip kin dêr syn foardiel mei dwaan: allinne ‘neutralen’, dy fan kristlike en sosjalistise sinjatuer – ‘de Finen en de Readen’ – binne útsletten.
Dat kin allegear troch de ynkomsten út lânhier. Earder fan mear as hûndert gerniers. Otterdoksen yn ’e lear en linkse rakkerts wienen trouwens dêr as lânhierders net útsletten.
Nei de lânbousanearing yn ’e 70er jierren binne inkelde boeren pachter, Anno 2026 fan sa’n grou hûndert hektare.
Sjoch: De stichting – JH Van Aisma Stichting.

Utstald:
> Uterste Wilsbebeskikking fan Johannes Hartman van Aisma, 2 juli 1942
> in Taksaasjerapport fan ûnreplik guod fan J.H. van Aisma,
   mei hierders ûnder Bitgum
> hierkontrakten 1951-1957

FOUNDATION J.H. VAN AISMA STICHTING
Philanthropy: love for humanity

Because there is always only one son and the sisters die young or have no children, the inheritances go to the two unmarried descendants Johannes Hartman van Aisma and his half-brother Hartman; if Hartman dies at the age of 23, his inheritance will nonetheless go to Johannes Hartman and, beyond that, that of his aunt Geartsje and her husband, who acted as foster parents to these orphaned boys.

Johannes Hartman consolidates this family property into a foundation, which he names after himself: the J.H. van Aisma Foundation. The less fortunate and elderly people can apply for life support. Hundreds of people who were materially in need have benefited from that charity.

Associations and institutions active in sport and committed to culture can similarly benefit from the revenues. Without this support, which is essential for sporting and cultural events, the celebration could often not take place. However, not the entire community can take advantage of this: only ‘neutrals’, those of Christian and socialist orientation – ‘the Fijnen and the Reds’ – are excluded.
All this can be funded through income from land ownership. Previously from more than a hundred farmers. Oddly, orthodox people and left-wing radicals were not excluded as landowners. After agricultural rationalisation in the 1970s, some farmers became tenants, in 2026 of around a large hundred hectares.
See: De stichting – JH Van Aisma Stichting

Exhibited:
> Last Will and Testament of Johannes Hartman van Aisma, 2 July 1942
> a Taxation report of the unreplicated property of J.H. van Aisma,
   with tenants in Bitgum
> rental contracts 1951-1957.

___________
KEATSEN
Feest: de Van Aismapartij en de Van Aisma-dagen

De Van Aismapartij is ien fan ’e belangrykste keatspartijen yn Fryslân, organiseart troch OKK;
Sjoch:
Over OKK | Okk Bitgum
Jubileumboek OKK Beetgum eert onzichtbare krachten achter de vereniging – kaatsnieuws.com
Johannes Hartman van Aisma is fan 1915 oant syn dea yn 1942 beskermhear fan O.K.K., en hy stelt gâns prizen beskikber.

It keatsen is op ’e fjirde snein fan augustus – mei ek De Jong Van Aisma-partij, fan groep 1 o/m 17 jier.
Der binne prizen fan komsa: Fryske stamboekfôlen.



De Van Aisma-dagen
duorje fan freed oant en mei moandei.
Der is fan alles te beleven: merke, matinee mei orkest, ferkleanpartij, ballonfeart, ferlotting, muzyk, snackplein.

Utstald:
> listen fan frouljuspartijen: winners 1982-1996 en programma 1996
> programma’s Van Aisma-dagen
> programma’s mei dêrop keatsprizen: stamboekfôlen.

KEATSEN – FRISIAN VARIANT JEU DE BOULE
Big party: the Van Aisma party and the Van Aisma days


The Van Aisma tournament is one of the most important Frisian handball tournaments, organised by Oefening Kweekt Kunst, OKK, in Bitgum. Johannes Hartman van Aisma was the patron of O.K.K. from 1915 until his death in 1942, and he provides a number of prizes. The tournament takes place on the fourth Sunday of August – also including the De Jong Van Aisma tournament, for the group aged 1 to 17 years. There are prizes for foals: Frisian studbook foals.

The Van Aisma days run from Friday to Monday. There is plenty to experience: fair, orchestra matinee, costume party, balloon flight, raffle, music, snack square.

______________________________
ACH AISMA, HEB MIJ LIEF!
Militêr Hartman al yn 1897 muze emansipaasje LHBTIQ

Hartman van Aisma (rjochts op ’e foto), de healbroer fan Johannes Hartman, is mei 20 jier kadet oan ’e K.M.A. (Keninklike Militêre Akademy) te Breda.
Hy rekket dêr befreone mei de gymnasiast Lucien von Römer (links), twa jier jonger, en dy makket tritich leafdesgedichten op him.

Lucien skriuwt:
Ik heb hem gevonden! Ik heb nu een’ vriend, […]
Ik heb u lief, mijn dierbre vriend!
Ik min u met geheel mijn wezen […]
Gij hebt aan mijn smachtende ziele gegeven
Waarnaar ik reeds jaren verlang […]

Lucien von Römer is as jongkeardel mear as hûndert jier lyn ien fan ’e foarfjochters yn Nederlân foar de rjochten fan homoseksuelen, LHBTIQ, dy fan ’e ‘ferkearde kant’.
Hartman wie syn muze yn dy emansipaasje. Hy stjert as er 23 jier is. Lucien makket dêrnei noch fyftjin leafdesgedichten op him.


Hartman van Aisma (right in the photo), the half-brother of Johannes Hartman, became a cadet at the K.M.A. (Royal Military Academy) in Breda at the age of 20. There he befriends the student Lucien von Römer (left), two years younger, who writes thirty love poems about him:

Lucien writes:
I have found him! I now have a friend, […]
I love you, my dear friend!
I love you with all my being […]
You have given to my longing soul
That which I have desired for years […]

Lucien von Römer, as a young nobleman over a hundred years ago, was one of the pioneers in the Netherlands for the rights of homosexuals, LGBTI, those ‘from the other side’.
Hartman was his muse in that emancipation. He dies at the age of 23. Lucien then writes fifteen more love poems about him.

_________________________________
REGINTEN MEI NOBELE TAKEN
Gjin froulju, gjin dûmenys, gjin skoalmasters

De reginten fan ’e J.H. van Aisma Stichting by de oerdracht fan har argiven
yn ’e Trouseal fan it fan Stedhûs te Frjentsjer, 28 april 2026; fan links nei rjochts:
Doeke de Jong, sekretaris
Sjoch: Genealogy De Jong, De Pet en Blaumuts (’t Bildt) – Erfgoed Fundaasje IX.4
Leo Vogels, algemiene bestjoerstaken
Sjoch: Kertiersteat Vogels – Erfgoed Fundaasje nr 1.1.1
Jan Sake Rondaan, penningmeester
Johan de Vries, foarsitter
Johannes Ebbens, algemiene taken en kommunikaasje

Johannes Hartman van Aisma bepaalt yn syn uterste wil, 2 july 1942,
dat it bestjoer fan syn stichting bestean moat út fiif manlike leden ‘waarvan ten minste drie moeten behooren tot niet voor steun in aanmerking komende inwoners van Beetgum.
Dat wurde – minsken mei ienichsins of goed gefulde bûse
Dirk Torensma * Easternijtsjerk 23-4-1899 † Menaam 23-10-1992, 93 jier; NH; by trouwen klerk by de Gemeente Eastdongeradiel, wenjend te Easternijtsjerk; sûnt 1921 amtner, letter 1ste amtner gemeentesekretary Gemeente Gruttegast; sûnt 1935 boargemaster fan Ezinge; 1941-1944 idem fan Menameradiel (opfolge troch de N.S.B.-boargemaster Gerben Jitzes de Jong fan Bitgum, sjoch: Genealogy De Jong (Bitgum) – Erfgoed Fundaasje II.1.2 ); sûnt 1945-oant syn pensjoen yn 1964 op ’e nij boargemaster fan Menameradiel, , boargemaster fan Menameradiel, wennet dan yn it Van Aismahûs; sn fan Geertje Dirks Torensma * Ljussens 20-9-1873 † Enschede 8-6-1964, 90 jier; NH; faam te Ljussens; sûnt 23-9-1896 te Westergeast, ferfart dêrwei op 22-8-1898 nei Noorddijk; by trouwen sûnder berop te Easternijtsjerk; yn 1929 idem te Lonneker; dr fan Dirk Ruurds Torensma yn 1874, ’76, ’86, ’91 arbeider te Easternijtsjerk, yn 1878 dêr fjildwachter, yn 1899, 1900 dêr túnman, en Ettje Pieters Kooistra; NH;
Geartsje x Lonneker 2-11-1903, 29 en 34 jier, Johannes Nobbenhuis * Lonneker 1-5-1868 † Enschede 17-9-1945, 77 jier; sn fan Albertus Hendriks Nobbenhuis en Aleida Gerrits Perik;
Dirk x Eastdongeradiel 10-4-1929, 24 en 23 jier, Lolkje Sybes Sevenster * Easternijtsjerk 15-1-1901; by trouwen sûnder berop te Easternijtsjerk; dr fan Sybe Imes Sevenster en Geertje Ates Noordenbos, bouboeren te Easternijtsjerk. 
-Thomas Foppes Dijkstra, boer op Grut Alsert te Bitgummole
Sjoch: Genealogy Dijkstra (Bitgum) – Erfgoed Fundaasje VI.1
-Pieter Pijlgrums Miedema, boer yn it Nijlân ûnder Ingelum
Sjoch: Kertiersteat Anneke Bouma – Erfgoed Fundaasje nr 12
-Hendrik Gerrits Dijkstra* Bitgum 10-6-1875, [] Bitgum; KG, G; komt op 31-5-1893 út Bloemendaal, Loosduinen yn Bitgum, by trouwen dêr reiddekker, letter dêr arbeider, beurtskipper (hûsnûmers 340, 142), gernier (Alde Maaie 1910 te Bitgum, Alde Maaie 1917 op Bessebuorren), dêr bouboer oan ’e Alddyk (nr 66; letter Berltsumerdyk); âlderling Grifformearde Tsjerke Bitgum; sn fan Gerrit Jelles Dijkstra, arbeider te Bitgum (hûsnr 21K), komt op 5-6-1871 út St.-Anne yn Bitgum, en Hendrikje Hendriks Boersma; NH, KG
x Menameradiel 11-5-1899, 23 en 24 jier, Oeke Kornelis Douma * Menaam 10-3-1875 †  Bitgum 2-3-1955, 79 jier [] Bitgum; by trouwen dêr sûnder berop; dr fan Kornelis Pieters Douma, arbeider, letter gernier te Menaam, en Grietje Rinzes Wassenaar.
Hindrik Gerryts Dykstra fertsjintwurdiget it otterdokse part fan ’e Bitgumers: der sit yn ’t begjin hyltyd ien grifformearde man yn ‘die tezamen een vijfde lid zullen benoemen’
Dat fyfde lid wurdt notaris
-Jan de Boer te Berltsum.
Fierders stelt Van Aisma fêst: ‘Predikanten en onderwijzers mogen geen lid van het bestuur zijn.’
De reginten fulle it bestjoer tenei oan troch koöptaasje.
Se ha nobele taken: lânbehear en -ferhier anneks goede doelen steune, ûnder oaren as beskermfrouwe fan Oefening Kweekt Kunst.

Utstald:
> tank yn dichtfoarm fan Tonielselskip Mei nocht en ynset.
> it earste Notuleboek, 26 jannewaris 1943
> foto reginten, omstrings 1975
-Johannes Arjens Hoogland, bouboer op Grut Alsert te Bitgummole; skoansoan fan regint Thomas Foppes Dijkstra
Sjoch: Genealogy Dijkstra (Bitgum) VII.3
-Foppe Pieters Miedema, bouboer op it Nijlân ûnder Ingelum; soan fan regint Pieter Pijlgrums Miedema
Sjoch: Kertiersteat Anneke Bouma – Erfgoed Fundaasje nr 6
-Jan Willems Dijkstra * Bitgum 10-4-1907, gernier, letter greidboer oan ’e Langestraat te Bitgummole; sn fan Willem Piers Dijkstra, gernier, letter boer oan ’e Langestraat te Bitgummole, en Grietje Jans Groenveld;
x Menameradiel 15-5-1930 Trijntje de Vries * Bitgum 14-6-1908; dr f. Jelle Gerrits de Vries, arbeider en sutelder yn bakkersguod te Bitgum, en Antje Minnes Braaksma; by har yn wennet ek Janke de Vries * Bitgum 26-6-1910, suster fan Tryntsje; Jan Willems Dijkstra is neist behearder, bestjoerslid fan ’e J.H. van Aismastichting; hy wennet yn it Van Aismahûs mei de húshâlding fan 1-12-1969 oant 27-9-1988; soan Grietzen * Bitgummole 3-4-1945 folget syn heit op as regint.
-Albert Harkema Ulbezn * Aldegea (Wymbritserdiel) 1-5-1919 † 24-2-1978, auto-ongeluk, [] Idzegea; G; boekhâlder te Bitgummole; Harkema sit foar de konfesjonele doarpsbewenners yn ’e Van Aisma Stichting; sn fan Ulbe Alberts Harkema, keapman en frachtrider te Aldegea (W.), en Akke Luitzens Schaafsma;
x Trijntje Strikwerda * Easterein 11-9-1916 † 29-7-2004 [] Idzegea; G; dr fan Rinse Reins Strikwerda, by syn trouwen yn 1911 bakkersfeint te Heech, dêrnei bakker te Easterein, en Hinke Johannes Weijer
-Dirk Posthumus, notaris te Berltsum.
> yn it jubileumboek Tusken Gripe en Telegraaf – 100 jier O.K.K. Bitgum stiet in oersjoch fan famyljerelaasjes fan O.K.K.-beskermhearen en -bestjoersleden en reginten fan ’e Van Aisma Stichting.
> foto reginten, omstrings 2020
-Ane Peter van Dijk
-Jan Jensma
-Grietzen Dijkstra; soan fan regint Jan Willems Dijkstra
-Doeke de Jong
Sjoch: Jong de, De Pet en Blaumuts (’t Bildt) – Erfgoed Fundaasje IX.4
-Durk Rondaan.

REGENTS WITH NOBLE TASKS
No women, no pastors, no schoolmasters

Johannes Hartman van Aisma stipulates in his last will, dated 2 July 1942, that the board of his foundation must consist of five male members, ‘of whom at least three must be residents of Beetgum not eligible for support.
Furthermore, he states: ‘Pastors and teachers may not be members of the board.’
The regents fill the board through co-optation.
They have noble tasks: land management and leasing, supporting good causes, among others as patron of O.K.K.

The anniversary book Tusken Gripe en Telegraaf – 100 years of O.K.K. Bitgum contains an overview of family relationships of O.K.K. patrons and board members and regents of the Van Aisma Foundation.














Oparbeidzje is it biedwurd

Hotze Sytses Buwalda
Tietje Buwalda-Veenbaas
1918-1993
Bildtkenner
Sytse Hotzes Buwalda

FRIJWILLIGERS FREGE FOAR RINNENDE PROJEKTEN MEI PODCASTS
Ien fan ús projekten ‘yn bedriuw’ is de Kolleksje Bontekoe,
dêryn wurde tsientallen drûge boelguodboekjes beskreaun.
Ald en saai en taai? Nee, yn it ramt fan springlibbene famylje- en bedriuwsympresjes is dit poer geskikt foar meislepende podcasts en skoalleprojekten.
Soks freget in soad frijwilligerswurk. Wa docht mei?

MEITSJE OAREN BLIID MEI DYN STAMBEAM
Bisto oan ’e gong mei dyn stambeam of kertiersteat?
Brûk Erfgoed Fundaasje as dyn poadium foar – foarlopige – publikaasje en útwikseling.
Lit dyn ûndersyk net yn ’t laad lizze, ek al is it lang net ôf.
Foarkom dêrmei dûbel wurk. En meitsje oaren dêr bliid mei.
Foarbylden:
Genealogy Bontekoe
Genealogy Osinga.
Meitsje dat wurk kompleter mei dyn genealogys ûndersyk.
En klaai dy stambeammen fierders oan mei famyljeferhalen, foto’s,
beskriuwingen fan geboarteleppels,
en alles wat sa’n oersjoch noch nijsgjirriger makket.
Soks wurdt dan dokuminteard en ek yn ’e takomst tagonklik, yn ús mienskipsbelang.
Sjoch foar wurkwize en wurksumheden: Erfgoed Fundaasje.
Nim kontakt op mei:
info@erfgoed-fundaasje.nl

OPARBEIDZJE IS IT BIEDWURD
Sjoch ûnder oaren:
’t Bildts Aigene
Oud Barradeel
Bunker Museum Koehoal
Aldfaers Erf, Bitgum-Bitgummole-Ingelum
De Grusert, Berltsum
Yeb Hettinga Museum, Furdgum
Historisch Centrum Franeker
Vrienden van Franeker
Minnertsga Vroeger
Oud Ried
Oud Tzummarum
Historische Vereniging Noord-Oost Friesland
Historisch Centrum Leeuwarden
Genealogysk Wurkferbân – Fryske Akademy
Walmar

WURKWINKELS FOAR BERN
WERKWINKELS FOOR KINES
WORKSHOPS FOR CHILDREN
Yn oparbeidzjen mei basisskoalle De Twiner yn St.-Jabik
skriuwe en tekenje bern yn eigen taal gedichten.

In deuze ondernimming werke Joke Pars en Jantien Hoekstra fan De Twiner
en Ilse Vos fan Erfgoed Fundaasje-Frysk en Frij met nander op om de kines hur frij foele te laten
in aigen taal en teken, met frijhyd as thema.

Dêrbij worre de kynderboeken Bruno, Bruno en Svenson en de De drie stenene apys
fan Sytse Buwalda brúkt.
Die gedichten en tekeningen worre op 29 novimber 2025 hoord en sien
in De Groate Kerk te St.-Jabik.

Sjoch: Wurkwinkels oer Taal en Frijheid op ‘e Twiner – Frysk en Frij
Fier dyn eigen taal – Taalfoarum – Frysk en Frij
Bildts feest fan Fier dyn aigen taal.

Tinkleppel oan ’e mienskip skonken

Hanne Dingemans-Lettinga te Amsterdam hat op 7 maaie 2025 oan Erfgoed Fundaasje in skinking dien fan in bûtengewoane geboarteleppel – tagelyk tinkstik, want neist berte wurdt ek ferstjerren betocht.
Bysûnder ek omdat de leppel 272 jier âld is – yn 1753 skonken oan ’e Feinsumer dûmenysdochter Christina Hanekroot.
Troch arbeid fan arbeiders en boeren hat dûmeny Graddus Hanekroat him permitteare kinnen om fan syn traktemint dit kostlik stik sulver smeie te litten. Iderien bliid? No al! Want dit kostber ierdske slyk is de mienskip harres en wurdt tenei troch Erfgoed Fundaasje foar waar en wyn bewarre yn ’e klimaat-behearske kluzen fan Waadhoeke.

Ynskripsje oan ’e bûtenkant fan ’e bak:
C: Hanekroot is gebooren den 23 deber 1753. Dêrûnder:
is overled den 10. Augt 1826 oud 73 Jaar. 7 Maan19 Dag
Sjoch:
Goud en sulver – Hanecroot/Hanekroot
Genealogy Hanecroot/Hanekroot

Geboortelepels Hanekroot

©Foto’s: Hoge Noorden/Jaap Schaaf
Geboortelepels Hanekroot

Geboortelepels Hanekroot
Geboortelepels Hanekroot

Hanecroot/Hanekroot

Tinkleppel Christina Hanecroot/Hanekroot * Feinsum 1753 † Stiens 1826

Geboortelepels Hanekroot
©Foto’s: Hoge Noorden/Jaap Schaaf
Geboortelepels Hanekroot
Geboortelepels Hanekroot
Geboortelepels Hanekroot
27-05-2025 Frysk en Frij Leeuwarden Geboortelepels ©Foto: Hoge Noorden/Jaap Schaaf

Ynskripsje oan ’e bûtenkant fan ’e bak:
C: Hanekroot is gebooren den 23 deber 1753. 
Dêrûnder:
is overled den 10. Augt 1826 oud 73 Jaar. 7 Maan19 Dag
Stâltype: dûbelsidich flochten
Stâlbekroaning: man (links) mei syn linker earm om it skouder fan ’e frou = de freonskip; dêrûnder manljus- en frouljus wapenskyld?; boppe de bak: twa rôffûgels.
Lingte: 177 mm; stâl: 115; bak: 72 mm.
Heechste breedte bak: 45 mm.
Masterteken: K R = Klaas Riddersma ~ Ljouwert 22-4-1736 † dêr 1-8-1817, hûsnr 32 Letter C, 81 jier; yn 1758 Mr Sulversmid te Ljouwert; ferfart yn 1796 nei Emden; by ferstjerren sûnder berop te Ljouwert; x Ljouwert 25-4-1760 Hendrica Jans van den Eese (ek: Van den Eze); sn fan Roelof Claessen Riddersma, mr bakker te Ljouwert, en Eelkje Lentz.
Jiermerk:
Bewarring: Erfgoed Fundaasje – skinking Hanne Dingemans-Lettinga, Amsterdam, 2025.
Sulverdeskundige: Jan Schipper.
Fotograaf: provisoarys; fakmanskip troch Jaap Schaaf/Hoge Noorden.
Merkteken: op ’e fjirde foto is wat te sjen dat op in merk liket, mar dat is it net. Mooglik is it wat dat ferbân hâldt mei it jitten. In merk is it net, dat soe yn dizze kombinaasje ek net logys wêze.

Hanecroot/Hanekroot


Getrouwe fererving fan ’e leppel fan slachte op slachte:

Skinker:
Hanne Lettinga * Amsterdam 3-8-1942;
x Amsterdam 26-9-1964
Willem Hugo Dingemans * Hilligersberg 9-4-1937

Heit en mem:
Willem Tjeerd Lettinga * Arnhem 30-10-1914 † Amstelveen 20-4-1982, 67 jier, [kremeard] Velsen Driehuis-Westerveld, Noard-Hollân; emplojee Nationale Coöperatieve Zuivelverkoopcentrale (NCZ);
x Amsterdam 28-2-1942, 27 en 21 jier,
Marion Heybroek * Hilversum 20-5-1920 † 2-5-2019, 98 jier, [] De Nieuwe Ooster, Amsterdam, grêf 28-1-0018; dr fan Alexander Heybroek, keapman te Amsterdam, direkteur, Heybroek’s Groothandel N.V., foarsitter Nederlandsche Federatieve Vereeniging voor de Groothandel op Electrotechnisch Gebied, en Marie Meeter

Pake en beppe:
Pieter Willems Lettinga * Hijum 5-2-1885 † Laren  13-10-1965; by trouwen keapman te Arnhem; direkteur Nationale Coöperatie Zuivelverkoopcentrale (NCZ);
x Ljouwert 15-1-1910, 24 en 25 jier,
Margje Hernamt * Sint Nyk 22-11-1884 † Hilversum 9-10-1947; by trouwen sûnder berop te Ljouwert; ferhuzet dêrwei op har troudei nei Arnhem; dr fan Fedde Tjerks Hernamt, skoallehaad te Sint Nyk (hûsnr 179), yn 1898 pensjoneard te Langwar, sûnt 9-5-1898 te Ljouwert, dêr húsbewarder, yn 1910 te Paterswolde, 1911 te Eelde, yn 1918 te Sloterdijk (N.H.), en Tietje Jans Bles
Pieter Lettinga is in beam fan in keardel en wurdt – lykwols – troch syn Hollânstalige neiteam ‘pakie’ neamd.

Oerbeppe en -pake:
Antje Tjeerds Twijnstra * Feinsum 10-2-1856 † Amsterdam 20-7-1938; by trouwen sûnder berop te Feinsum; sûnt har trouwen bouboerinne te Froubuorren (hûsnr 128), sûnt 24-5-1882 idem te Hijum (27); sjoch fierder hjirûnder;
x Ljouwert 9-5-1877, beide 21 jier,
Willem Tjeerds Lettinga * Stiens 15-10-1855 † Amsterdam 13-1-1930 [] Stiens; by trouwen ‘zonder bepaald beroep’ te Stiens; bouboer te Stiens, sûnt syn trouwen te Froubuorren en Hijum (sjoch fierder hjirboppe); wennet yn 1903, ’04 op ’t Hearrenfean; wennet yn 1904 yn Nijehaske, ferhuzet dêrwei op 17-10-1904 nei Frjentsjer (Oastfliet 29), is dêr behearder fan in Oaljefabryk,; dêr yn 1905 sûnder berop; ferhuzet Alde Maaie 1906 dêr nei hûsnr KV 49; sn fan Tjeerd Jans Lettinga en Saapke Pieters Brouwers, bouboeren te Stiens
Op 10-6-1875 krijt Willem by nûmerferwikseling foar de militêre tsjinst as plakferfanger Auke Mossel yn ’e Westereen (notaris: Jacob van Leeuwen te Ljouwert; Repertoire: 080023)
Sjoch:
W.Tsj. Vleer en Jan B. Lettinga – Genealogie Lettinga, eigen behear, Menaam, 1991
Brouwers – Parenteel troch Marianne Hoogma – Erfgoed Fundaasje 1.2.6.4.1.3

Oeroerpake en -beppe:
Tjeerd Jacobs Twijnstra * Feinsum 15-7-1831 † Ljouwert 17-2-1905, 73 jier; by trouwen en dêrnei bouboer ûnder Feinsum (hûsnr 3 BK); letter rintenier te Ljouwert;
x Ljouwerteradiel 18-6-1853, 21 en 20 jier,
Sjouwkje Ulbes Noordenbos (ek: Sjoukje, by de berte ynskreaun as: Sjouwkje) * Hallum 5-1-1833 † Ljouwert 12-4-1914, 81 jier; by trouwen sûnder berop te Hallum, dêrnei bouboerinne ûnder Feinsum; dr fan Ulbe Annes Noordenbos en Antje Willems van Ek, bouboeren ûnder Wyns en Hallum
Sjoch foar akten en realia Noordenbos-Van Ek: Kolleksje Boelstra-Noordenbos – Erfgoed Fundaasje

Betoerpake en -beppe:
Jacob Jans Twijnstra * Feinsum 9-10-1784 † Feinsum 4-8-1849, 65 jier; eigenerfd bouboer te Feinsum; assessor (=wethâlder) fan Ljouwerteradiel;
x Ljouwerteradiel 28-6-1821, 36 en 29 jier,
Rinske Tjeerds Faber * Britsum 13-7-1791 † Feinsum 21-4-1875, 83 jier; by trouwen sûnder berop te Feinsum, dêrnei dêr bouboerinne; dr fan Tjeerd Hanzes Faber en Trijntje Lykles (Lyklema, fan Lettinga state te Britsum), bouboeren te Feinsum

Jabik Jans Twynstra leit de earste stien fan ’e pleats op Poelhuzen 2 ûnder Feisum:
Den 25 julij 1794
heeft Jacob Jans Twijnstra
de eerste steen aan dit
gebouw gelegt
Boarne: Memorabilia uit Friesland van voor 1811 Walle-nûmer 9276

Betoeroerbeppe en -pake:
Christina Gerardus Hanecroot (ek: Hanekroot) * Feinsum 22-12-1752 † Stiens 10-8-1826, hûsnr 106, 73 jier, [] tsjerke Feinsum; bouboerinne op Poelhuzen 2 ûnder Feinsum; yn 1821 rintenierske te Stiens;
Sjoch: Genealogy Hanecroot/Hanekroot III.3
x Feinsum 23-4-1775
Jan Jacobs Twijnstra * Feinsum omstrings 1750 † Feinsum 19-12-1817, hûsnr 12, 67 jier; eigenerfd bouboer ûnder Feinsum; sn fan Jacob Jacobs (postúm: Twijnstra) x Stiens 28-3-1748 (hy fan Stiens, sy fan Ternaard) Grietje Jans, bouboeren te Feinsum

Nije kertiersteat De Jong – Súdwesthoeke

Erfgoed Fundaasje wurket oan in nije genealogy fan de famylje Kornelis Pieters de Jong.
Wa hat dokuminten, kaarten, brieven foto’s ensfh. oer dizze Weseinser seefarrenden?
De Jong, Nauta, Soethout, Tromp.
En wa docht mei om op dizze feart de seilen by te setten? Poergeskikt foar in podcast!
Sjoch: Kertiersteat Yke de Jong.

Oerdracht argyf J.H. van Aisma Stichting oan Erfgoed Fundaasje

Nieuw Aisma te Bitgummole dêr’t de stichter fan ’s J.H. van Aisma Stichting wenne
Nieuw Aisma te Bitgummole dêr’t de stichter fan ’e J.H. van Aisma Stichting wenne

De J.H. van Aisma Stichting te Bitgummole hat op 11 desimber 2024 har argiven oerdrûgen oan Erfgoed Fundaasje. Dat argyf sil troch de kommende jierren hinne oanfuld wurde mei nije stikken.
Erfgoed Fundaasje sil de argiven ynvintariseare, argiveare en neffens kontrakt foar de takomst feilich stelle yn ’e klimaatbehearske kluzen fan ’e gemeente Waadhoeke, dêr’t dit erfgoed te rieplachtsjen is foar ûndersyk, nei ôfspraak mei Erfgoed Fundaasje.

It argyf omfiemet inkelde famyljedokuminten en fierders meast saaklike korrespondinsje en boekhâlding. In ynvintarisaasje folget op dizze webside.

Op 27 oktober 2020 hie Jan van der Leij te Bitgummole syn ûndersyksargyf mei foto’s al skonken oan Erfgoed Fundaasje – weardefolle oanwinsten, tagonklik foar de mienskip!
Sjoch: Van Aisma Collection – Erfgoed Fundaasje

Dizze famylje Van Aisma is in ‘lytse’ famylje, dat wol sizze dat de manlike leaten net mannich yn tal binne: fiif folwoeksenen, wêrfan twa sûnder bern. Sadwaande bliuwt de namme beheind. En it skaai stjert yn manlike lijn yn 1942 út mei Johannes Hartman van Aisma.
De Van Aisma’s ha har namme ûntliend oan in Aysmastee op Dyksterhuzen ûnder Bitgummole.
Dizze Van Aisma’s binne net besibbe oan ’e Van Aysma’s, hearskippen te Bitgum.
Sjoch: Genealogy Van Aisma – Erfgoed Fundaasje


ÚTSTALLING OER ÚS ALLER IERDAPPEL 2024-2025

Erfgoed Fundaasje hat in útstalling yn ’e midsiuske kelders fan it it âlde Stedhûs te Frjentsjer, Riedhúsplein 1, oer de oprjochting fan it partikuliere ierdappelhannelshûs Hettema en gernierkerij.
In ierdappelmanifestaasje hat dêr plak op 23 novimber o.s.: Us aller ierdappel – Frysk en Frij
Fierders wurde dêr oare hannelhuzen beljochte, sawol partikuliere as koperative, lykas Braaksma, Cultura en Z.P.C.

Oanlieding ta dizze tentoanstelling is dat Hannelshûs Hettema 125 jier bestien hat. Ja mear as dat. De firma wurdt offisjeel oprjochte yn 1898, mar Hette Tsjisses Hettema en syn frou Anne Fokkes van der Meer sitte al gâns langer yn ’e hannel. Sûnt har trouwen yn 1889 is Hette al keapman yn setierdappels, en ek koalrapen, sipels en earte. Anne is de motor achter it keapmanskip en fiert de administraasje.

Hette docht it sûnt 1918 wat kalmer oan fanwegen syn astma. Soan Tsjisse nimt it roer oer; yn 1922 komt Fokke – alve jier jonger – ek yn ’e saak en wurdt de namme Hettema Zonen.
Yn 1929 ferhuzet it haadkantoar nei Ljouwert. Yn 1971 nei Emmeloard. It kweekbedriuw bliuwt oant 1975 yn Bitgum ûnder lieding fan Herman Hettema.

Yn 1991 wurdt ôfskie nommen fan Zonen, Hettema wurdt NV, letter BV. En sûnt 1999 is it HZPC, nei de fúzje fan dit partikulier hannelshûs mei de koperaasje, de eardere aartsrivaal Z.P.C., de Coöperatieve Zaaizaad en Pootgoedhandel. Alle eardere inisjalen krije yn de nije namme in plak.
Op ’t stuit is HZPC: útgroeid ta ynternasjonaal merklieder op it mêd fan ierdappelferedeling, setierdappelhannel en produktûntwikkeling.
Sjoch:

It jubileumboek dat by it 125-jierrich bestean yn 2023 yn ’t Nederlâns en Ingels útjûn waard, is skreaun troch de Bitgumer Jan Hoogland en it Hettema-part stuollet op ynformaasje út it Hettema-argyf dat berêst by de Stichting Erfgoed Fundaasje.
Erfgoed Fundaasje wurke allyksa mei oan de tarieding fan it predikaat Keninklike, dy bekroaning waard takend op 27 febrewaris 2023: Keninklike HZPC.

De útstalling rint oant 1 oktober 2024, op ôfspraak iepen: info@erfgoed-fundaasje.nl
Teksten by de útstalling oer Hannelshûs Hettema en gerniers

Sjoch ek:
125 jaar › HZPC
Aardappel vernieuwers sinds 1898 › HZPC
125 jaar HZPC bekroond met het predicaat Koninklijk › HZPC
Tsjerkepaad 2024
Solide resultaat Royal HZPC Group en aankondiging wisseling ceo
Vertrekkend ceo Gerard Backx van HZPC: ‘We kunnen zeker nog verdubbelen in omvang’

ÚTSTALLING OER ÚS ALLER IERDAPPEL 2024-2025
ÚTSTALLING OER ÚS ALLER IERDAPPEL 2024-2025
ÚTSTALLING OER ÚS ALLER IERDAPPEL 2024-2025
ÚTSTALLING OER ÚS ALLER IERDAPPEL 2024-2025
ÚTSTALLING OER ÚS ALLER IERDAPPEL 2024-2025
ÚTSTALLING OER ÚS ALLER IERDAPPEL 2024-2025
ÚTSTALLING OER ÚS ALLER IERDAPPEL 2024-2025
ÚTSTALLING OER ÚS ALLER IERDAPPEL 2024-2025
Tsjerkepaad 2024
Tsjerkepaad 2024






TSJERKEPAAD BITGUM 2024

Erfgoed Fundaasje hat in útstalling yn ’e Martinustsjerke te Bitgum oer de oprjochting fan it partikuliere ierdappelhannelshûs Hettema en gernierkerij.

Oanlieding ta dizze tentoanstelling is dat Hannelshûs Hettema 125 jier bestien hat. Ja mear as dat. De firma wurdt offisjeel oprjochte yn 1898, mar Hette Tsjisses Hettema en syn frou Anne Fokkes van der Meer sitte al gâns langer yn ’e hannel. Sûnt har trouwen yn 1889 is Hette al keapman yn setierdappels, en ek koalrapen, sipels en earte. Anne is de motor achter it keapmanskip en fiert de administraasje.

Hette docht it sûnt 1918 wat kalmer oan fanwegen syn astma. Soan Tsjisse nimt it roer oer; yn 1922 komt Fokke – alve jier jonger – ek yn ’e saak en wurdt de namme Hettema Zonen.
Yn 1929 ferhuzet it haadkantoar nei Ljouwert. Yn 1971 nei Emmeloard. It kweekbedriuw bliuwt oant 1975 yn Bitgum ûnder lieding fan Herman Hettema.

Yn 1991 wurdt ôfskie nommen fan Zonen, Hettema wurdt NV, letter BV. En sûnt 1999 is it HZPC, nei de fúzje fan dit partikulier hannelshûs mei de koperaasje, de eardere aartsrivaal Z.P.C., de Coöperatieve Zaaizaad en Pootgoedhandel. Alle eardere inisjalen krije yn de nije namme in plak.
Op ’t stuit is HZPC: útgroeid ta ynternasjonaal merklieder op it mêd fan ierdappelferedeling, setierdappelhannel en produktûntwikkeling.

It jubileumboek dat by it 125-jierrich bestean yn 2023 yn ’t Nederlâns en Ingels útjûn waard, is skreaun troch de Bitgumer Jan Hoogland en it Hettema-part stuollet op ynformaasje út it Hettema-argyf dat berêst by de Stichting Erfgoed Fundaasje.
Erfgoed Fundaasje wurke allyksa mei oan de tarieding fan it predikaat Keninklike, dy bekroaning waard takend op 27 febrewaris 2023: Keninklike HZPC.

De útstalling yn ’e tsjerke te Bitgum rint fan 6 july o/m 31 augustus, sneons iepen fan 13.30 oant 17.00 oere.
Dêrnei is der in wiidweidiger tentoanstelling te sjen oer Hettema, ZPC, HZPC, oare ierdappelhannelshuzen en de gernierkerij. Dat is yn ’e midsiuske kelders fan it Stedhûs te Frjentsjer, Riedhúsplein 1. In ierdappelmanifestaasje hat dêr plak op 23 novimber o.s.: Us aller ierdappel – Frysk en Frij

Teksten by de útstalling oer Hannelshûs Hettema en gerniers – Tsjerkepaad Bitgum 2024

Sjoch ek:
125 jaar › HZPC
Aardappel vernieuwers sinds 1898 › HZPC
125 jaar HZPC bekroond met het predicaat Koninklijk › HZPC
Tsjerkepaad 2024
Stichting Alde Fryske Tsjerken

Tsjerkepaad 2024
Tsjerkepaad 2024
Tsjerkepaad 2024
Tsjerkepaad 2024
Tsjerkepaad 2024
Tsjerkepaad 2024
Tsjerkepaad 2024
Tsjerkepaad 2024
Tsjerkepaad 2024






Genealogy Jukema, de Bjirmen

Jukema, in slachte fan bouboeren oan ’e Slachtedyk yn ’e Bjirmen, duorsume biologise ikkerbou. In beskriuwing fan bedriuw en buorkers.
Al sûnt de midsiuwen buorket dit staach op deselde steeën yn ’e klaaboustreek fan Fryslân. Aloan mear wurdt it buorkjen lykas de foarfaars dienen: mei sûn ferstân op sûne grûn. De hjoedeiske generaasjes pakke de biologise bedriuwsfiering wer op, in libbensfetbere takomst foar de neiteam.
Doel dêrneist: de bedriuws- en famyljeskiednis foar it neigeslacht feilich stelle.
Sjoch: Genealogy Jukema

Foor de eerste keer ’n genealogy folledig in ’t Bildts

Bij erfgoed Fundaasje ferskynt ’n femilyhistory die’t folledig in ’t Bildts opsteld en skreven is en dat is foor ’t eerst in ’e geskidenis.
’t Gaat om de Genealogy De Jong, de ferwanten fan Gêrm Gêrms de Jong (1768-1810) en Grytsy Dirks de Jong (1777-1814) bouboeren op Ouwesyl.
D’r binne bij Erfgoed Fundaasje ok wel genealogiën útkommen dêr’t ’t Bildts brúkt wort at ’t op ’t Bildt speult, soa as bij Koopal, Palsma en Van Tuinen, mar nou is ’t Bildts helendal deurfoerd.
Dat doet soms wat núvver an at de loi allang niet meer op ’t Bildt toehouwe en al generasys Frys of Nederlâns praten. Lykswel is d’r toch foor koazen om alles in ’e Bildtse taal op te setten. Soks gebeurt ok in andere tongslaggen en dut geeft ’t Bildts syn folwaardig plak.
Mar ’t foornaamste is dat ’t aigene syn gerak krijt.
Trouwens, at je d’r niet út wysworre kinne, staat d’r wel ’n fertaalprogramma klaar.

Noordenbos, Fokke Ulbes 1818

Foarwerp: sulveren geboarteleppel
Ynskripsje oan ’e bûtenkant fan ’e bak, yn skriuwletters:
Fokke Ulbes Noordenbos geboren den 12 februari 1818
dwersoer de bak:
Overleden 4 Juni 1879
Stâltype:
inkelsidich flak, mei op ’e foarkant in stâl mei blêden
Stâlbekroaning:
man yn pofbroek mei seine oer it skouder en in krúk by syn linker foet
Lingte:
19,8 sm.
Gewicht:
39 gram
Masterteken:
Jiermerk:
Bewarring:
Sijtske Palsma-Kalma
Sulverdeskundige:
Fotograaf:
Jaap Schaaf / Hoge Noorden 3 J 10
Beskriuwing: Erfgoed Fundaasje
Kolleksje :
Palsma-Kalma

Continue reading

N.N.-II PALSMA-KALMA

Foarwerp: sulveren geboarteleppel
Ynskripsje:
gjin ynskripsje
Stâltype:
dûbelsidich flochten
Stâlbekroaning:
frou mei rjochts in putto op ’e earm en dito ûnder by de foet
Lingte:
19 sm.
Gewicht: 62
gram
Masterteken:
Jiermerk:
Bewarring:
Sijtske Palsma-Kalma
Sulverdeskundige:
Fotograaf:
Jaap Schaaf/Hoge Noorden 3 L 02
Beskriuwing: Erfgoed Fundaasje
Kolleksje:
Palsma-Kalma

Continue reading

N.N.-I PALSMA-KALMA

Foarwerp: sulveren geboarteleppel
Ynskripsje:
gjin ynskripsje
Stâltype:
inkelsidich flak, mei op ’e foarkant boppe en ûnder in stâltsje mei blêden
Stâlbekroaning:
leauwe en hoop: frou mei krús en anker
Lingte:
20,3 sm.
Gewicht:
39 gram
Masterteken:
Jiermerk:
Bewarring:
Sijtske Palsma-Kalma
Sulverdeskundige:
Fotograaf:
Jaap Schaaf / Hoge Noorden 3 K 0
Beskriuwing: Erfgoed Fundaasje
Kolleksje:
Palsma-Kalma

Continue reading

Erfgoed Fundaasje en de Bildtse Eerpelweken

De Bildtse Eerpelweken fan 2023 binne freed 23 juny fan start gongen. Erfgoed Fundaasje-Frysk en Frij hat in stand yn ’e pleats fan ’e famylje Smits, Ouwedyk 111, 9078 WK ûnder Ouwesyl.

Spunta

Dit is in rjappel fan ’t ras Spunta yn sulver getten ta eare fan it ôfskie fan Herman Hettema, kweker fan it ras Hettema, letter neamd Amarilla (fanwegen de earste letters AM: Aardappel Moeheid-resistint).
Herman Hettema is in pakesizzer fan ’e grûnlizzer fan it Hannelshûs Hettema, offisjeel oprjochte yn 1898 (sûnt 1921 Hettema Zonen).
Hettema fuseart yn 1999 mei de ZPC (Zaaizaad en Pootgoed Coöperatie) yn HZPC, alle inisjalen fan foarhinne ha in plakje.
Erfgoed Fundaasje wurke mei oan ’e tarieding by de oanfraach fan it predikaat Keninklik.
It weareldwiidkonsern fiert yn 2023 it 125-jierrich bestean – koaninklik bekroand.

Erfgoed anneks de ierdappel is hjir te sjen yn ’e breedste sin, bygelyks in foto-album út de famylje fan ierdappelkwekers, Jan Klazes Rienks en Tryntsje Boyens Wassenaar, skonken oan Erfgoed Fundaasje om sok weardefol famylje-erfgoed foar de takomst feilich te stellen, sjoch: Kolleksje Rienks.
Jan Klazes Rienks hat behoarlik wat yn ’t Bilts berime.

Erfgoed Fundaasje stelt argyfstikken foar de takomst feilich. erfgoed-fundaasje.nl/oer-us/

Bildtse Eerpelweken
Dichtbond fan Tsjisse Hettema.
Bildtse Eerpelweken
De Spunta yn sulver getten.
Bildtse Eerpelweken
Lesbrief oer de ierdappel fan Frysk en Frij,
ek leuk foar thús.
Bildtse Eerpelweken
Lofbaarnen, fan D.A. Tamminga; ien fan ‘e bekendste ‘ierdappelfersen’, útjûn troch Frysk en Frij yn ‘e sammelbondel Citadel, 1999.
Bildtse Eerpelweken
Waling Dykstra dichtet oer ierdappelgernieren en har keatspriis de Ouwe Gryp.
Bildtse Eerpelweken
Foto-album Rienks, in dichtsjende ierdappelteler.

TWA KERTIERSTEATEN

Twa kertiersteaten fan ien persoan: dy fan ’e pleechâlden en dy fan ’e biologise âlden.

Anna Dieuwke de Vries, waard as lytse poppe adopteard troch Sikkema’s. Ut ûndersyk docht bliken dat har pleechâlden besibbe binne oan har biologise foarâlden, itselde laach fan Sikkema.
In nij oersjoch fan Sikkema’s en Siccama’s – hedehutters en hearskippen.
Famylje fan Simke Kloosterman, dy’t sokke sosjale ferskillen beskreau yn har roman De Hoara’s fan Hastings.

HZPC 125 JIER KENINKLIK

It hannelshûs Hettema waard 125 jier lyn offisjeel oprjochte; de skiednis fan Hettema en ZPC is beskreaun troch Erfgoed Fundaasje. It predikakaat keninklik wurdt bestendige op moandei 27 febrewaris 2023.

Sjoch at jim noch mear witte wolle oer de foaroansteande rol fan Nederlân weareldwiid op it gebiet fan setierdappels ús Ierappelprojekt yn novimber at wy alle earmslach ha.

Webside Royal HZPC Group 125 jier

HZPC HAT HAST DE 125 JIER HELLE

HZPC HAT HAST DE 125 JIER HELLE
Hannelshûs Hettema is yn 1898 oprjochte.
Neffens oerlevering yn ’e famylje is dizze ûndernimming oprjochte mei de namme Handelshuis Hettema of Hettema Aardappelhandel en is de oprjochtingsdatum: 27-2-1898, dat is de jierdei fan Hette Hettema, hy wurdt dan 35 jier (* Bitgum 27-2-1863). Mar Hette Hettema hannele al earder yn benammen setierdappels – ek op Dútslân.

Sjoch Erfgoed Fundaasje:
Hannelshûs Hettema
Kertiersteat Hette Tjitzes Hettema
Genealogy Hellema

As de soannen Tjitze en Fokke yn ’e saak komme wurdt de namme: Firma Hettema Zonen.
Yn 1999 is Hettema fuseard mei de ZPC ûnder de namme HZPC.
HZPC, de famylje Hettema en Erfgoed Fundaasje wolle der graach achter komme oft der noch bewiistikken binne oer de oprjochting yn 1898, want dy binne oan no ta net foar hannen. Wa hat noch sokke dokuminten? It giet dan om keapakten, foto’s mei data en âlde rekkens.

HZPC op Wikipedia

HISTOARYSK-YNTERKULTURELE MANIFESTAASJE OER DE IERDAPPEL

Stichting Erfgoed Fundaasje-Frysk en Frij set op sneon 9 desimber 2023 in histoarysk-ynterkulturele dei op oer de skiednis fan ’e ierdappel en it ynterkulturele plak fan dy knol.
Soks nei oanlieding fan it feit dat ien fan ’e grutste Nederlânske ierdappelhannelshuzen, HZPC, fan ’t jier 125 jier bestiet.

FOTO sortearen
Aansicht út in Hettema-reklamekampanje

Nederlân is weareldwiid ien fan ’e meast foaroansteande ierdappelbou- en eksportlannen op it gebiet fan setierdappels.
Ien fan ’e bedriuwen dy’t hjoeddedei de toan oanjout is HZPC, ûntstien yn 1999 út in fúzje tusken aartsrivalen: in partikulier hannelshûs en in koperaasje, Hettema Zonen en de ZPC – Zaaizaad en Pootgoed Coöperatie. De offisjele oprjochting fan Hannelshûs Hettema wie op 27 febrewaris 1898 troch Hette Tjitzes Hettema en syn frou Anne Fokkes van der Meer op Hette syn 35e jierdei.
HZPC fiert fan ’t jier sadwaande har 125ste jubileum.

Ierdappellade by de ZPC-loads te Dronryp

Stichting Erfgoed Fundaasje-Frysk en Frij hat gâns argyfmateriaal oer Hettema en beskriuwt dêrneist de skiednis fan oare ierdappelhannelshuzen, lykas de firma Braaksma te Berltsum, De Friesche Plant te St.-Anne en de ZPC.

De ierdappel is net mear wei te tinken út de Nederlânse deistige praktyk, mar de Inka’s yn Súd-Amearika teelden de knol al yn ’e twadde iu en dy is pas yn ’e 16e iu nei Europa ymporteard.
Wy sille neist dy skiednis ek de aktualiteit fan feredeling en eksport beljochtsje.
En dêroerhinne kulturele aspekten oan bod komme litte mei ierdappel-iten, teater, byldzjend wurk, muzyk en poëzy. Frysk en Frij jout in dichtbondel út mei as tema: Ierdappel, elkenien kin in gedicht yn eigen tongslach ynstjoere, sjoch: Stjoer in ierdappelfers op. Sa wurdt krúsbestowing tapast tusken erfgoed en oare kulturele uteringen.

DE AARDAPPELETERS
De ierdappeliters fan Vincent van Gogh

Datum: sneon 9 desimber 2023
Tiid: 10.00-15.00
Sjoch ek eardere Frysk en Frij-projekten oangeande meartalige poëzy, toniel en lesmateriaal, lykas:
Kultureel-agrarysk-histoarysk projekt – Iepen Mienskip – 2018-2021
Fier dyn frije taal/Celebrate your free language – 2016
Wat in frijpostich toniel – Kollaazje Bûtenpost – 2015
K-onTOER Kimswert – Fotoreportaazje – 2014
Grutte Pier en Pierkje yn ’t fizier, Lês- en lesbrief foar groep 7 en 8 en brêgeklassen – 2014
Gelegenheidstongerpreek Blassum, ds. Dick over ter Linden – 2013
Gelegenheidstoaniel Wybenga, Warten – 2012
De Ierdappel, Wrâldoriïntaasje, Lesbrief groep 7/8, yn ’e mande mei Cedin, Taalsintrum Frysk, Ljouwert – 2008
SMS in fers, Gedichten foar de leeftyd 10-14, Jelle Bangma – 2005
In prachtich bosk kokosnuten/Een prachtig bos kokosnoten, Dennis Reader, Jelle Bangma en Douwe Kootstra, yn gearwurking mei it Fabula Project 2000 en Cedin – 2000
De Alvestêdetoch fan Tsjam/De Elfstedentocht van Tsjam, stripboek foar it basisûnderwiis, tekst: Willem Tjerkstra, yllustraasjes: Luuk Klazinga – 1998
Dûbeltsjûk, Dit en dat, fan alles wat, Grut Lês- en Dochboek, Ferhalen, gedichtsjes, mopkes, spultsjes, puzels, riedseltsjes, sykplaten, nifelwurk, kleurplaten, Jelle Bangma en Bertus Klazinga – 1998
Holland heeft mooi weer op zondag, meartalich poëzyprojekt yn oparbeidzjen mei it Centrum voor Ontwikkelings Samenwerking te Ljouwert (COS) – 1996
Skatkiste, beukerútjefte by Feilich lêzen leare, Foarlêsferhalen mei byhearrende taal- en spultsje-aktiviteiten anneks lûdsbannen, Geartrude Brouwer, yn gearwurking mei Utjouwerij Lâle, Nijmegen – 1996
De Fryske Bernekrante, ferskynt 10 kear yn ’t jier, redaksje Froukje Annema (1980-’86), Meintsje Brouwer (1986-’92) – 1980-1992

SKINKING KOLLEKSJE ERINGA

Op 12 oktober 2022 waard troch Ruth Bouman te Amsterdam it argyf fan har mem Dieuwke Idske Eringa skonken oan Erfgoed Fundaasje. Dieuwke Eringa (Rotterdam 1911 – Amsterdam 2003) wie learares Frâns, letterkundige, dichteres en skriuwer, ûnder oaren fan de autobiografy Ik ben van elf. Dieuwke Eringa woe dat har skriftlike neilittenskip yn Fryslân te plak komme soe.
De kolleksje omfiemet dokumintaasje oangeande Dieuwke Eringa har libben en wurk en neist famyljekorrespondinsje allyksa skriuwerij oangeande har letterkundige kunde, lykas gâns oantekeningen fan Gerard den Brabander.

Net earder publisearre fers fan Gerard den Brabander
út de Kolleksje Eringa

It argyf wurdt ynvintariseard, beskreaun en foar de takomst feilichsteld. De dokuminten en realia bliuwe bewarre yn ’e klimaatbehearske kluzen yn it gemeentehûs fan Waadhoeke, dêr’t it beskikber is foar ûndersyk.

Skinking Kolleksje Sevenster-de Jong

Op 10 augustus 2022 hawwe Simy Sevenster-de Jong en Anton A. Sevenster te Wier in Kolleksje Sevenster-de Jong skonken oan Erfgoed Fundaasje.
Dat argyf omfiemet foto’s en dokuminten op alderhanne gebiet, ûnder oaren:
– genealogyske hâldfêsten oangeande famyljes De Jong en Sevenster te Wier;
– in mobilisaasjeferslach fan Geale Jelles de Jong (nr 2 yn dizze kertiersteat).
Dat befettet fjouwer skoalskriften, fan mei-inoar 323 mei balpin beskreaune siden, ûnder de titel: Rinse’s mobelisaesjetiid. Forhael fen lok en lije út it soldatelibben. Wier, winter 1940-1941.
– ferslaggen makke troch Simy Sevenster fan reizen fan it Ierdappelhannelshûs Hettema nei Italië (1981), Syrië en Jordanië (1985), Egypte (1987) en Tsjechië (1993); Anton en Simy Sevenster wienen ierdappeltelers en -kwekers foar Hettema, Anton wie foarsitter fan ’e Telersferiening;
– in tinkboek fan âld-learlingen fan haadmaster Tsjalling Jelles Bakker (1847-1929),
 te Wier yn houten omslach neffens Fryske folkskeunst befike.
Sjoch: Collection Sevenster
Sjoch: Kertiersteat Simy Sevenster-de Jong

Wysels

Gerben Reimers syn pakesizzer Goasse Doekeles hâldt op de Krite Karel Roarda op wite tongersdei, 16 april 1987, in ynlieding mei as titel: Wysels.
Dat stik lit sjen hoe’t yn dit fermidden de tiidgeast mienings foarmet. En ek dat dizze minsken lang miene dat se ta Frysksinnigens twongen wurde. Stof foar fierder ûndersyk.

Lykas jimme hearre haw ik boppe dizze ynlieding ‘Wysels’ set. Dy striidrop sil by de measten fan jimme in bekende klank hawwe. Us pake Gerben Reimers Brouwer, mei-oprjochter en âld-foarsitter fan ús Krite, brûkte him gauris en skreau him del yn syn boeken yn ’e lofterhoeke ûnderoan op ien fan ’e earste siden. In tydskrift fan deselde namme hat der ek west. De rop komt fan it Ierske folk dêr’t it ‘Sinn Féin’ is (ik wit net oft ik it wol goed útsprek). Under dy striidrop ferdigenen de Ieren har frijdom tsjinoer de grutmacht Ingelân, om harsels te bliuwen.
In hoart lyn haw ik wakker omlêzen yn ’e ynliedings dy’t ús pake hjir yndertiid yn ’e Kritegearkomsten hâlden hat. Dy ynliedings wienen skreaun fan likernôch de 20er jierren ôf oant de 50er jierren ta.
Wat yn dy ynliedings hyltyd wer op it aljemint komt is benammen dat it ferbân lein wurdt tusken it kristlik leauwen en it lûken fan ’e konsekwinsjes dêrút dy’t ferbân hâlde mei it Fries-wêzen. Dêrby waard oer it generaal foaral de klam lein op ’e ferantwurdlikens fan ’e minsken sels. Dêrom ek dy rop: Wysels.
Dat ús pake Gerben it kristlik leauwen en it Fries-wêzen meiinoar yn ferbân brocht leit wol yn ’e reden; de man libbe sels út it leauwe wei en de ynliedings waarden hâlden op gearkomsten fan in Fryske Krite op kristlike grûnslach en boppedat nei foaren brocht yn in tiid, doe’t om sa te sizzen yn ús rûnten mear oer it leauwen praat waard as no, haw ik de yndruk. Ik leau trouwens net dat soks ek betsjut dat no minder oer God, oer de Almachtige of oer it Albelibjen tocht wurdt. Lykwols, nei alle gedachten wol hiel oars, of dochs ek wer net iens sa bot?
It is nijsgjirrich om nei te gean hoe’t om ende by in heale ieu lyn op ús Krite oer dizze dingen tocht waard en om te sjen hoe’t der no oer tocht wurdt. Ik sil net wiidweidich op ’e boppeneamde ynliedings yngean, mar besykje om de kearn dêrút oangeande it Fries-wêzen en it leauwen oan te tsjutten en dan myn sjenswize oer itselde nei foaren te bringen.

Yn de ynliedings dy’t pake Gerben as titel ‘Wysels’ meijûn hat, giet er saken bylâns dy’t Frysk eigen binne, lykas ús taal, ús literatuer, ús skiednis, ús aard en wêzen. It doel fan dy ynliedings wie ‘om elkoar hwer efkes oan to trúnjen’, sa’t de ynlieder seit, mar, sa giet er fierder: ‘Elk moat for himsels mar útmeitsje as hy to plak is ef net. Yn ús gesin, ús húshâldings, wurdt Fryslân bouwt.’
En oan ’e ein fan dyselde ynlieding komt de kristlike grûnslach fan ’e Fryske striid oan ’e oarder; hy seit dêr: ‘Sille wy de kar dwaan for it eigen. Net lyk as ús wol tsjinlein wirdt om tsjinstellings to skeppen tuske Hollân en Fryslân. Ne, mar om it eigene to hoedzjen. Wy binne oars dan de oaren. It is fen God sels ús jown. En wy kinne der yn Fryslân sa fier komme as fen de widze ôf oant it grêf ta. De ropping dy’t wy hjir as kristenen op ierde hawwe, is net lyk as ús wol ris to rieden jown is, det yn fakjes yn rangoarder to fordielen, en dan meast sa, Tsjerke, Partij, (ek binne der dy’t dy twa wolris oerdriuwe wolle), Skoalle, feriening op alle gebiet, en dan it Frysk net forjitte. Ne, ik haw it yn it bigjin al sein, wy bouwe ús in Frysk tek boppe ús hollen. It ark is ús jown, fen God sels, yn it ljeauwe dat Fryslân neat is bûten Him út en troch Hwa alle dingen binne en dat ek ús folkslibben opeaske wirdt ta Syn eare, is de kristen-fries oeral, hwer hy yn steld, as ta roppen wirdt. De skiednis fen Jezus Kristus giet for alle skiednis. Mar der fen út moat ek alles bisjoen wirde. God Trijeienich hat yn Syn frijmachtig wollen dit folk hjir steld en it is noch net ûndergien. Us skydnis is fen Him, dit folk en lân is uzes. God hat it ús tabitroud, wy hawwe net it rjocht om it fortutearzje to litten, howol wy dat wol dien hawwe, mar God it net wollen hat. Wy steane (ek by al ús sûnden yn dy striid) nea sterker tsjin ús binearders, tsjin eigen Friezen, dan yn it birop op Him fen Hwa alles is, dy Absoluut Souverein is. Lit ek ús yn dizze stryd net bûgje for it minskebern yn hwet hege bitsjinning hja stean meye, mar allinne knilje for God. Us sûnden kinne en for Him bilyde, mar dan yn it ljeuwe dat it Yvich Heitelân boppe alles giet en it ljeauwe dat út frije genede dat ienkear to bisitten, ús de krêft jaen mei yn it ierdske ús ropping to wytten. Fryslân ta heil en seine. God boppe alles ta eare, fen Hwa alles is en heare moat.’
Oant safier pake Gerben.

Ut dizze wurden kinne wy priuwe dat God, dy’t ús as Friezen skepen hat, hawwe wol dat wy ús as Friezen gedrage (oeral dêr’t wy yn steld binne of ta roppen wurde) en yn de striid dy’t dêrút, it kin net oars, fuortkomt, kinne wy ús beroppe op Him, dy’t Absolút Sûverein is. Dat komt hyltyd werom yn ’e boppeneamde ynliedings, al is it net altyd gelyk formulearre. It sil de kearn wêze fan ’e Kristlik Fryske Striid, sa’t dy yn ’e ynliedings nei foaren komt en yn dy tiid beliden en belibbe waard, te witten: God hat ús as Friezen skepen, wy hawwe ús as Friezen te hâlden en te dragen en by tsjinwar kinne wy ús beroppe op dyselde God.

Hoe wurdt it Fries-wêzen yn relaasje ta it leauwen no belibbe? Ik kin by de beäntwurding op dy fraach fansels allinnich mar by mysels út gean. Mar omdat ik in bern fan myn tiid en fan myn fermidden bin, kinne oaren hjirre, har dêr faaks ek wol yn fine.
Alderearst dit: as ik it oer myn leauwen haw, dan hat dat alles te krijen mei it Kristendom en mei it kristlik evangeelje, omdat ik dêr no ienkear by opbrocht bin en bygelyks net by it âld-Fryske heidendom of it Boeddisme of Mohammedanisme, om mar ris in pear tige útienrinnende foarmen fan leauwen te neamen. Fan dy oare leauwenswizen wit ik yn ’e kearn sa goed as neat, it bliuwt by inkelde feiten oan ’e oerflakte, der is gjin belibbing by. By it kristendom leit dat oars, dat is my mear of minder eigen. Ik sis hjir meisin mear of minder, want mei in soad dat mei it Kristendom gearhinget kin ik wol en mei in soad kin ik net út ’e fuotten, dat lêste lit ik hjir foar wat it is.
De kearn fan it leauwen is foar my, en ik doar it hast net lûdop te sizzen, want ik kom der sels sa faak net oan ta, de neifolging fan Kristus.
Sa seit Kristus tsjin ús: ‘Wêze jimme dan folmakke, lyk as jimme himelske heit folmakke is.’ Mattheus 5:48; neffens de bibeloersetting fan Folkertsma en Wumkes. (Yn ’e nije bibeloersetting is dizze tekst sa oerset: ‘Jimme moatte dus foar elkenien goed wêze, lyk as jimme himelske heit dat is.’)
Ik fetsje hjir it folmakke-wêzen net op neffens de (al of net eardere) Roomske opfetting, dy’t seit: moreel of etysk sûnder wryt of slyt, sûnder lek of brek, dat op ús neat falt te sizzen. Dàt neistrribje liedt der al gau ta dat de leauwige it fan heger hân ferwachtet, it mei wêze fan de iene of oare tsjerklike autoriteit of fan de fiere hege God. De leauwige komt oan dat folmakke-wêzen sèls ommers dochs net ta. De roazekrâns, de bycht, it lêste oaljysel of wat dan ek, ûntslacht de sûnder fan dy opdracht.
Nee, folmakke-wêzen fetsje ik hjir op neffens de protestantske tradysje, dêr’t ik ús fuortkom, en benammen sa’t dy by de doopsgesinden libbet: yn ’e betsjutting fan folslein wêze, folslein minske, út ien stik, geef; dat wol sizze: heel, in minske dat wat fan it heil yn him hat, sa’t Kristus de Heilân, dy’t alles hiel makket, dat folslein yn Him hie. Sà folslein te wêzen betsjut foar my dus net sûnder sûnde, want dat is in minske net en dat sille wy hjir nei alle gedachten foar langer as sa no en dan in inkel koart flechtich tiidrek, ek wol net wurde.
Mar it betsjut wol om de neifolging fan Kristus sels folslein op ús te nimmen, en dat sa folslein as yn ússels mooglik is. Hjirre, yn dizze bedieling, kinne allinne wysels, as bern fan God, dat besykje stal en foarm te jaan.
Dat wy ta dy neifolging by steat binne, dat is in kwestje fan leauwen, want as wy nei ússels sjogge en om ús hinne, dan liket it der bytiden net op.
En dêr binne wy by de libbenspraktyk: hoe bin ik in foilslein minske? Dus net stikken, by de gatten om ticht? Elk minske sil dêr in antwurd op jaan dat by him of harsels past. Om no by it Fries-wêzen en it leauwen te bliuwen, dat ik as Fries skepen bin, dat mei sa wêze, dêr kin ik fierder net fan alles oan ophingje. Mar it is foar my wòl in útmakke saak dat ik, om folslein minske wêze te kinnen, net bûten myn eigenste memmetaal om kin. As ik dy net by my haw dan bin ik mysels, en dat yn ’e goede betsjutting, net. En dat soe net goed wêze, net yn oerienstimming mei myn leauwen.
Mar de kar foar it brûken fan dy taal doch ik sels en wurdt droegen troch myn eigen ferantwurdlikens. En dat ik mien dat dy kar goed is, dat is om sa te sizzen myn eigen wierheid. Ik sil my dêrby net beroppe op in Soevereine God; want wat wit ik fan de Almachtige, fan it ûntsachlike Albelibjen, fan de àlles omfetsjende Wierheid? Yn alle gefallen te min om my dêr op te beroppen.
Ik sjoch hjir nei de tekst dêr’t it ‘swarre’ in oare foarm is, mar mei neffens my dyselde betsjutting, as it ‘in berop dwaan op it hegere’. Jezus seit yn Mattheus 5:33-37
33 Fierders hawwe jimme heard, dat de âlden sein is: dyn eed silsto net brekke, mar do silst de Heare dyn eden betelje,
34 mar ik sis jimme: Swar hieledal net; noch by de himel, want it is Gods troan,
35 noch by de ierde, want it is de skeamel foar syn fuotten, noch by Jeruzalim, want it is de stêd fan ’e grutte kening.
36 Ek by dyn holle silsto net swarre, want do kinst net ien hier wyt of swart meitsje.
37 Mar lit jimme wurd wêze ja, ja en nee, nee, wat dêr boppe komt, dat is fan ’e kweade.
Dat wat foar my de wierheid is, dêr haw ik my oan te hâlden en dêr haw ik myn hannen fol oan. It is al in toer genôch om myn ja, ja en myn nee, nee wêze te litten.
It is net te dwaan om jo eigen wierheid foar algemien jildend trochgean te litten. Myn wierheid sil net altyd ek troch myn meiminsken as de wierheid sjoen wurde. Benammen ek ús wierheden yn it leauwen sille net gelyk belibbe wurde. Want de Hillige Geast waait wêr’t er wol. Elk skepsel sil syn eigen omgong mei it Albelibjen hawwe. De iene belibbet en uteret it sa, de oare wer hiel oars. Alle ferskil is der ek neffens karakter, tiid en plak. En dat allegearre sil ek opgean foar wat it Fries-wêzen oanbelanget.
Mar ta ús grutte gelok docht yn ’e parktyk wol bliken dat wy as minsken ûnderinoar, mei alle ferskil, dochs wol in ienheid belibje kinne, ek yn it leauwen. Dat bygelyks de wierheden dy’t wy elk foar ússels hawwe, wol meiinoar oerienstimme kinne. En dat ek in soad, faaks wol de kearn, dat wat ús foargongers beliden en belibben, ek ús wierheid en belibbing is.
Sa belibje wy meiioar as Kriteleden dochs ek wol, dat it Frysk brûken op alle mêd ús ta folsleiner minsken makket, dat wy sa mear ússels binne?
Ik leau ek dat wy better yn ’e rekken hawwe hoe’t it sit mei it Fries-wêzen as al dy Friezen dy’t der regel fgan meitsje om har te ferbrekken, dus te pas èn te ûnpas. Dat ferbrekken kin men ûndergean as eat dat it heel-wêzen stikken makket. Ik leau dat wy yn dat stik fan saken better op ’e hichte binne mei wat heel is. Net dat wy de wierheid dêroer yn pacht hawwe, mar it koe wol ris net safolle skele.
Omdat de wierheden dy’t wy elk foar ússels hawwe op it stik fan it Frysk wol aardich meiinoar oerienstimme, kinne wy inoar ek fine yn ’e striid foar de romte, dy’t wy wat ús Fries-wêzen oanbelanget, nedich hawwe.
Wêr moat by dy striid in berop op dien wurde?
Yn it foarste plak op de eigen belibbing, it kin wêze al of net út it leauwen wei.
Ek moat dêrneist in berop dien wurde op de útkomsten fan ’e wittenskiplike ûndersiken, op alderhanne mêd (bygelyks op skiedkundich, psychologysk en sosjaal fjild), dy’t by de rûs it stikken wêzen fan ’e ferbrekkers, om har sa no mar even te neamen, oantoane. Want op alle mooglike manieren docht dêrút bliken, dat fan in soad ûnfryskens en anti-fryskens by Friezen en oare ynwenners fan Fryslân, neat heel bliuwt.
Mar yn dy striid moat net op de Almacht – it is net goed en it kin net – in berop dien wurde. Foarhinne is der hjir op Krite wol op oanstien, dat wy God net yn ús eigen minsklik findel oanfiere soenen. Dêr kin ik it dus alhiel mei lyk fine.
It is likegoed ek wol wat, dat it libben, ek wat it brûken fan ús eigen taal yn ús eigen lân oanbelanget, noch sa’n striid fan ús ferget.
Mar omdat wy meiinoar foar itselde krús sitte, hoege wy it aldergeloks net allinne te dwaan. Sa hawwe wy dan, yn dy goede striid, inoar, en wy hawwe Him, dy’t ús op it paad fan ’e folsleinens foargongen is.
Yn ’e lijenstiid, benammen op dizze jûn foar Goedfreed, hat dat wer ús bysûnder omtinken; Hy, de Wierheid sels, dy’t folslein heel wie, Hy sjocht ús oan, wy dy’t yn it folle libben steane, en wysels meie dwaan wat Symon fan Syrene die: op ’e wei fan ’e folsleinens Kristus folgje.

Gerben Reimers II syn Frysk bewegen betsjut yn ’e praktyk dat er warber is yn rûnten fan benammen de tsjerke, organisaasjes yn de Fryske Beweging en dêrnjonken polityk en lânbou. Sa is er skriuwer fan It Frysk Forbân yn de Antirevolúsjonaire Partij, is er lid fan it Frysk Nasjonael Forbân en krewearret er foar de eigen taal yn ’e Christelijke Boeren- en Tuinders Bond (C.B.T.B.).

Psalm 103

28 febrewaris 2022
8 april 2022

Sa’t sterke hannen fan in mem allinne
har eigen bern yn leafde drage kinne,
sa tilt Hja ús troch wâld en wyldernis.
Ut stof fan d’ ierde hat de Mem ús makke.
Har soargen gean oer ’t lytse en oer ’t swakke,
want Hja betinkt, hoe tear ús libben is.

JE MAG WEL BANG ZIJN, MAAR NIET LAF

MOAIE PRESINTAASJE
JE MAG WEL BANG ZIJN, MAAR NIET LAF
OP 29 MAART 2022
Begjin 2021 ferskynde in famyljekronyk oer de famylje Bakker út Bûtenpost-Ljouwert, skreaun troch Toni Boumans ûnder de titel Je mag wel bang zijn, maar niet laf – De enerverende en noodlottige geschiedenis van de familie Bakker.

Yn gearwurking mei de auteur set Erfgoed Fundaasje in Genealogy Bakker op fan û.o. neikommelingen fan Miente Popkes Bakker en Trijntje Dirks van der Schaaf, soks as hâldfêst en oanfulling. Dêrby wurde yn de Kronyk P.S. Bakker oantinkens en wederwarichheden tafoege. Bydragen fan belangstellenden binne wolkom.
Troch de Keroane-tiid wie de presintaasje fan it projekt útsteld; dy wie op tiisdei 29 maart o.s. yn it Fersetsmuseum te Amsterdam m.m.f. it Frieda Belinfante Strykkwartet. De seal wie fol mei sa’n fyftich lju. Oan it wurd kamen ûnder oaren ûndersykssjoernalist Wim Kayzer oer de fersetsdieden fan fjouwer bruorren Bakker, Hanneke Groenteman dy’t brieven foarlies fan alle njoggen bern Bakker oan har heit Miente, Bert Bakker oer syn heit Bram dy’t as rjochter te Assen wegere om Dútse ynstruksjes út te fieren, oppakt wurdt mei as gefolgen dat syn frou en fjouwer bern yn konsintraasjekampen bedarje en Goasse Brouwer oer de erflikheid fan bi- en homoseksualiteit yn ’e famylje.

Sjoch: Bakker (Bûtenpost)

Toni Boumans liedt yn.
Rjochts: strykkwartet Frieda Belinfante.
Foto’s: Anne Brouwer, Bergen
Wim Kayzer

ÚTSTALLING FRJENTSJER

ÚTSTALLING FRJENTSJER POËZY FAN TSJISSE HETTEMA
FILTWURK FAN AAFJE BOUWER

Yn ’e midsiuske kelder fan it Alde Stedhûs fan Frjentsjer, Riedhúsplein 1, is in útstalling ynrjochte fan poëzy fan Tsjisse Hettema (Bitgum 1955-Frjentsjer 2021) en filtwurk fan Aafje Bouwer. Dy gedichten keppele oan byld yn filt kamen yn 2021 út yn ’e bondel Hewwy dàt.

De tentoanstelling is op ôfspraak te besjen, dêrfoar kin belle wurde mei de Stichting Erfgoed Fundaasje, 058-212 00 35.

Lês fierder

Oantinkens fan Durk van der Ploeg

Erfgoed Fundaasje leit Durk van der Ploeg op 30-1-2022 wat fragen foar oangeande syn tiid by Frysk en Frij. Van der Ploeg mailt as antwurd, 31-1-2022, 18:00 oere (by dizze skiedsskriuwing kinne betiden tiid en oere rieplachte wurde):

Achte hear Brouwer,

Jo hawwe nochal wat noaten op ’e sang. It is my fierstefolle wurk om al dy dingen fan likernôch 55 jier lyn op te skriuwen. In hiel soad dingen kin ik gjin antwurd op jaan omdat der organisatoaryks neat regele wie. Ik die wat ik koe om elke wike wer in wykblêd te meitsjen. De mooglikheden dêrta wiene beheind omdat ik safolle administrative dingen byhâlde en útfiere moast dat ik klauwen hie de redaksjekolommen fol te krijen. Boppedat hie ik frijwol gjin meiwurkers. En ik hie net de beskikking oer journalistyk materiaal dêr’t ik út putte koe. Ik hie gjin tiid om derop út. Wat ik dwaan koe wie telefoanysk. Der wie net in ferfiersmiddel. Ik siet fêst oan in stoel. Letter bin ik der efter kommen dat jo fan in stoel net in goed wykblêd meitsje kinne. Boppedat hie ik in ‘haadredakteur’ Pieter Terpstra dy’t my gauris op tongersdeitemiddei witte liet dat der gjin bydrage fan him kaam. Dan moast ik sels mar in soarte kommentaar skriuwe oer wat ik yn ’e Ljouwerter Krante lêzen hie, of wat ik út myn ûnthâld opdjippe, omdat ik net de beskikking hie oer in protsje landelike blêden. It wie om koart te gean ien en al earmoede. Der wie in advertinsje-akwiseur, mar dat smiet net folle op. Ik haw op in stuit tsjin it bestjoer, te witten Jan Bearn Singelsma, Ulrich Bottema en de hear Smeding sein, dat se, om net djipper yn ’e skulden te komme en mooglik in falliet tefoaren komme woene, se ophâlde moasten mei it útjaan fan Frysk en Frij. Ik haw my doe, troch eigen tadwaan, it brea út ’e mûle sjitte litten. En de fertsjinste hâlde net oer. En foar sa’n hûnbaan alhielendal net.

Dat is wat ik derfan sizze wol.

Mei achting,

Durk van der Ploeg

Yn in tillefoanpetear mei Goasse Brouwer de deis dêrnei meldt Van der Ploeg noch it folgjende,
1 febrewaris 20022, 10.00 oere:

Ik bin 91 en wol my allinne dwaande hâlde mei myn skriuwen, dêr ha ik it drok mei; al it oare wimpelje ik ôf.
Ik  wol my dêr ek net mear yn ferdjipje. Ik ha dêr gjin geweldige gedachten oan, omdat it yn alles in freeslike earmoede wie. It hie winliken al yn 1964 opdoeke moatten, ik ha der ek mar twa jier west. Doe’t ik tsjin it bestjoer sei dat it dien wêze moast, wienen se der fuortendaliks klear mei.
It wie allegear geploeter om neat. Der wie in Van der Veen – nee, ik wit net hoe’t er fierders hiet en wat – dy’t rekkens stjoerde foar de advertinsjes en de abonnee-administraasje die en sa. Der kámen hast gjin nije abonnees! – en dy gongen der ek like hurd wer ôf.
Boucke Visser wenne boppe it kantoar fan Frysk en Frij op ’e Nijebuorren en dy brocht geregeldwei in tonielresinsje, mar ja. Fierders wit ik neat fan dy man, ik ha ek noait by him yn ’e hûs west. Dat er in wêzentlik oanpart yn it fuortbestean fan Frysk en Frij hie, neffens publikaasjes fan doe? Dêr is my neat fan bekend.

Klaas Jansma hellet op

Wat wie jo driuwfear om yn 1972 redakteur te wurden by Frysk en Frij?

Myn earste driuwfear wie om foar in part as wurkstudint myn eigen lean te fertsjinjen.
It sil yn augustus 1971 west ha dat Marinus de Boer, de r.k. sjef Provinsje Redaksje fan it Friesch Dagblad, my nei Henk de Boer yn Kûbaerd stjoerde om oer wat nijs te praten. Oanlieding wie myn stik yn ‘e Strikel oer moaie doarps- en streekkranten, benammen Kontakt yn Wûnseradiel. Dêr hie De Boer ek nochal wat mei op. Ik lies dy krante mei nocht. Yn maaie 1970 hie ik njonken Geart Ringnalda fan Eksmoarre yn ‘e bus sitten en wy wiene it wakker iens oer de Amerikanen yn Vietnam, de macht fan it Grutkaptaal, de ferkearde needrigens fan Friezen en de moaie speech fan Maria de Groot fan Sleat. Guon fûnen dy doe skandalich, wy net.
Myn twadde driuwfear hie wat idealistysks. Ik woe in Frysker en grutsker Fryslân, graach linksich as it koe, miljeubewust. FNP-achtich suver. Wy leauden deryn. Epy van der Veen fan Burgum hie in idee om yn fiif jier Fryslân folslein Frysk te meitsjen. Dat wie doe in revolusjonêr idee, mar it like ús bêst mooglik en in goed idee. Henk de Boer ek, hoewol’t dy sa linksich net wie.

Wat wie de rol fan De Boer op ’e achtergrûn?

Henk de Boer wie CHU’er, hy en de (Hollânsktalige) frou hiene wat yn ‘e holle: in nij blêd oprjochtsje. Hja hiene doe leau ’k De Skille [streekblêd foar Hinnaarderadiel] en seagen kânsen yn in nij provinsjaal subsydzjeregeling mei in grouwe fergoeding de lêzer. Mei in knap beslach op ‘e periodikeregeling fan ‘e PTT koe it mei 650 abonnees al út, as it my net mist. Dat koe dan nei 1 jier. It earste jier hiene se oan 10.000 gûne genôch. Dat jild moast komme fan sponsoaren. Gerben en Sjoukje Abma-Bakker joegen elk hûndert gûne, dat skeat al moai op. Letter is Gerben myn maat wurden. Yn 1974 skreaune wy tegearre in nije Encyclopedie van het Hedendaagse Friesland fan Melis van Seijen.
De Boer wenne yndertiid oan ‘e Petronella Moensstrjitte yn Kubaerd en hy wie wakker dwaande mei in nij hûs dat er bouwe woe. Meinte Abma, doe boargemaster fan Hinnaarderadiel, hie sein dat soks goed wie foar it selsbetrouwen fan ‘e Kûbaerders, om’t it sa’n grut hûs wie.
Henk de Boer wurke doe by de Ljouwerter Krante op ‘e provinsjeredaksje. Hy smookte goedkeape sjek, it iene sigaretsje nei it oare. Jan en Peter, syn soannen, bewarren foar my bokjes.
Wy hiene sawat alle wiken, miskien wol ien kear yn ‘e twa wike, in gearsit by him thús. Wy, dat wie ik dan, Tsjêbbe Jan Broersma fan Drukkerij Visser & Broersma, Henk syn frou en de jonges. Der wie ek noch in ûngelokkich jonkje, syndroom fan Down leau ‘k.
Sawat om ‘e wike krigen wy doe in Brief fan Jacobus, neamd nei Jacobus van Loon, de nammejouwer fan de Stifting dy ’t Frysk en Frij útjoech.
Jacobus wie dus Henk de Boer, skepper en skriuwer, de man dy ’t alles yn it geheim yn kalk en semint sette. It wie moai dat Visser & Broersma der mei har ferâldere spul yn Kollum belang by hiene, De Boer syn frou de administraasje dwaan woe en in bestjoer him yn syn dwaan en litten stypje woe en sels it bestjoer fan de Stifting Jacobus van Loon foarme – dat hy koe op ‘e eftergrûn bliuwe.

Jo hawwe it bestjoer al wat beljochte yn ús tillefoanpetear (6 febrewaris 2022), graach mear.

Ik wie dan wol einredakteur yn spee, mar eins mear in strieman fan De Boer en it bestjoer dat er opset hie: Anne Bokma, Rindert Straatsma, Marinus de Boer, Sybren Sybrandy en Liuwe Bouma. It wiene de minsten net, en tige Frysksinnich en wy hiene op ’t lêst (fan 1971) hast alle wiken fergadering (op moandei, leau ’k). Eefkes letter koe ik fan Tom Bijkerk fan ‘e provinsje, hy siet doe yn it Roomsk Frysk Boun, foar 25 gûne yn ‘e moanne in soarte fan antykraakhier krije oan ‘e Ossekop 11, it lettere haadkantoar fan Anker & Anker. Ik ha dêr fan july 1972 oant oktober 1973 wenne; net allinne mar tegearre mei Feikje. Dy hat noch in fearnsjier by my wenne op Sigerswâld yn Garyp en is doe útnaaid. Dat wie op sneon 19 jannewaris 1974. It hûs hie ik foar 22.000 gûne kocht fan Broar Deelstra nei’t ik it by myn earste skûtsjesilen op ‘e Feanhoop te keap stean seach.
Hoewol’t ik doe yn 1974 gauachtich ferkearing krige mei Doutsje, dêr ’t ik yn jannewaris 1976 mei troude, haw ik der letter noch in soad pine fan hân, benammen dat it allegear sa hookstrooks gong, yn myn eagen. Mar wy hiene al lang neat mear, moat ik tajaan.

Wat wie jo honorarium troch de jierren hinne?

Yn 1974 soe ik studearje. By Frysk en Frij koe ik as wurkstudint myn eigen lean fertsjinje op in beleanning fan 250 gûne it nûmer mei dêrboppe noch 1 gûne de wûne abonnee. Dy gûne betelle de abonnee sels. It gong der fansels om gau boppe de 650 te kommen en dat slagge mei it gûne-abonnemint omraak.
It blêd ferskynde earst ien kear yn ‘e moanne, 11 kear yn ’t jier. Troch de abonneewerving kaam ik op sa’n 400 gûne yn ‘e moanne. Mei de bernetaslach fan ús âldelju (250 gûne) en wat korrespondintskippen koe ik der as wurkstudint skoan fan komme, al socht ik wol heal skimmelige sinesapels fan ‘e merk op Westerhaven yn Grinslân. Ik fûn der ek wol noch ytbere griente, lykas heal ferrotte komkommers of slaad. Streksum iten as men it wat útsocht. Mar foar fjouwer gûne hie men in folslein miel iten yn ‘e mensa. Fjouwer kear wyks, dat wie sûnder de fakânsjes noch gjin 200 yn ‘e moanne. Ik ha mar ien kear hielendal troch it jild hinne west. Doe haw ik foar 25 gûne myn âlde sulveren dûbeltsjes en kwartsjes ynlevere. Gjin ferkearde hannel. No haw ik noch gâns postsegels, dy’t neat mear wurdich binne, en in prachtige samnling boeken, idem.
Boppedat soe ik noch in 25% foar advertinsjes krije, dy mocht ik ek ferkeapje.Mar klean kosten ús doe suver neat en frou Verstappen dêr’t ik wenne, wie wiis mei my as der wer in TBS-er ûntsnapt wie. Dat kaam gauris foar. Ik studearre andragology. Nea ôfmakke, om’t ik it te drok krige en dêr te folle mei fertsjinne.
It doel wie om alle kearen dat F&F ferskynde ien plak of regio sintraal te stellen. Dat smiet dan wat ekstra regionale advertinsjes op en wie fansels goed foar de abonneewerving. Ik soarge dan dat der in mennich rûnbrocht waarden, sis mar 750 per kear, en gong der op it brommerke bylâns om de nammen op te skriuwen. Rotwurk wie it, mar ik helle moai wat op.

Wa die yn jo tiid de administraasje?

Frou de Boer die de administraasje en hie offisjeel it risiko ek. Mar der wie, sjoen de subsydzjeregeling, eins gjin risiko, of it moast it mooglike ûntslach op steande foet fan Henk de Boer wêze. Want sok dwaan as mei Frysk en Frij wie fansels yn striid mei syn arbeidskontrakt en it like fierder ek nearne nei. Jehanneke Liemburg dy ’t foar him oer siet op ‘e LC-redaksje, wie der jierren letter nóch poerrazend om.

Wa die de werving fan ’e advertinsjes? Visser & Broersma? Of wie der ien apart foar oansteld, mei provyzje?

De advertinsjewerving kaam fan alle kanten. Visser & Broersma, bestjoersleden, Henk of frou De Boer en iksels. Hja sille allegear wol sa ‘n 25% krige ha as se ien oan ‘e heak sloegen. My heuge twa rare dingen. Ien dat ik fan Van Seijen in sidegrutte advertinsje opnaam ûnder it motto Friese Boeken zijn te duur, wat Rink fan der Velde en Rients Gratama doe ferskriklik fûnen. Dat seine se by it begjin fan ’e earste Boekesutelaksje yn Ljouwert.
In oar aksidint wie dat ik nijjiersadvertinsjes de millimeter ferkocht, mar se yn sentimeters opmeitsje liet. Sa kamen Klaas en Feikje as nijjierswinskers mei in lyts advertinsjetsje oan in hiele kolom. Dy sil noch wol betelle wêze ek.

Hoe waarden dy lju betelle?

Frou de Boer soarge der tige sekuer foar dat elkenien op ‘e tiid betelle waard en as abonnee opskreaun. It wie yn it rare wat wy derby krigen, tûzenen.

Jo beskriuwe min ofte mear de formule fan Frysk en Frij yn nûmer 1 fan 1972. Under oaren stelle jo: Mar úteinlik is it in part fan ús opdracht inoar in bytsje lokkich te meitsjen.
Hokke sjoernalistike formule hienen jo foar eagen? Famylje èn opinyblêd?

In echte sjoernalistike formule hie ik eins net yn gedachten en Henk de Boer eins ek net, net ien fan ús. Straatsma woe mei LHB [foarsitter Liuwe Bouma] en Sybren Sybrandy wol opiniearje, ik woe sels de fris en fleurige kant wol op en Marinus de Boer en Anne Bokma hiene wat mear in sjoernalistike ynslach. Ik wie fan dat alles neat. Wat nayf sis mar, al koe ik wol aardich skriuwe, wat ik doe ek foar it Friesch Dagblad geregeld die.  

Yn dit ferbân, yndertiid waard oppere dat de Wytske (dy’t swier traumatideard weromkomt út in ferfelende kommune), op ’e foarside fan it earste nûmer fan Frysk en Frij net fan flesk en bloed wie, mar optocht. Kloppet dat? En sa al, wie Frysk en Frij yn it begjin wat maklik yn soks?

Oer Wytske hie Marinus de Boer skreaun, ‘ik fielde my sa goedkeap as in sint’. Hja sil wol optocht wêze, ik wist oant it ferskinen ta net dat it deryn kaam en it sei my ek net folle. Marinus wie ommers bestjoerslid en Henk de Boer fûn it goed, dat it soe wol sa wêze. Ja, wy wiene o sa maklik.

Wêrom binne jo by Frysk en Frij weigongen?

Ik krige it stadichoan drokker mei korrespondintskippen, bygelyks by de Lemster Krante, it Friesch Dagblad en it Nieuwsblad van het Noorden. By Frysk en Frij waard it ek drokker doe’t it moanneblêd fan it begjin op ’t lêst twa kear yn ‘e trije wiken ferskynde, ja sels in wykblêd wurde soe.
Doe kaam de redaksje fan De Pompeblêden fakant en neffens Straatsma moast ik dat ha. Soks wie krekt wat foar in wurkstudint. Dat ik skreau derop en tocht it te krijen ek. Dan koe ik mysels hielendal bedrippe, nei’t ik as earste propagandist fan de Stifting It Fryske Boek yn 1973 al moai fertsjinne hie (1500 gûne yn ‘e moanne foar heale dagen). Mar op it alderlêst, ik leau trije dagen foar it sluten fan de termyn, skreau Henk de Boer derop en dy ried my derôf. Hy hie fansels gâns bettere papieren, dat dêr hie ik wol frede mei.
Mar doe haw ik ek mar foar myn eigen belang keazen mei in korrespondintskip foar Het Parool. Ik hie ûnderwilens ek wat leard, fertsjinne aardich mei de skriuwerij (77.000 gûne yn 1977 mei 30 oeren wurkjen yn ‘e wike) en hie gjin ferlet mear fan Frysk en Frij, hoewol’t ik noch wol tige Frysksinnich wie doe. It blêd waard my ek wat te goedkeap en it wie net sjoernalistyk genôch – mar dat lei him ek oan mysels. Dat it wat stûke mei de abonnees sil dêr ek wol fan kommen wêze.

Yn 1991 wienen jo gadingmakker om Frysk en Frij oer te nimmen. Jo stelden dat PENN in wykblêd foar in ton útjaan koe. Neffens bestjoer en redaksje doe koenen jo dat finansjeel net ûnderbouwe. Hoe siet dat eins?

Yn 1991 hie ik F&F wol oernimme wold as ik de besteande redaksjeleden [Goasse Brouwer, Jelma Knol en Johan Oppewal] mar ûntslaan mocht.
Fêste lêsten wiene my te ûntrochsichtich en by einsluten te djoer, hoewol’t de beide redakteuren dy’t doe it measte skreaune, wol wat koene. Mar ik hie wat hurdere sjoernalistyk ha wold, mear primeurs.
Janny Vlietstra, doe foarsitter fan Frysk en Frij en wethâlder fan Ljouwert en PvdA, woe dat net. Wy hiene as buro PENN  mei in pear goede krêften wol eigen stikken skriuwe kind, dat hie it measte net koste, tocht my. Efternei tink ik dat ik dat mis hie, sa maklik wie it net, doe net en no noch net.
Mei fernijde technyk koe it printsjen en ferstjoeren ek in ein goedkeaper, wie myn oertsjûging. Dat hie ik wol globaal oanjûn, mar om’t Vlietstra c.s. al by foarbaat net iepen mei ús prate woene, is der fan in ûnderbouwing neat kommen – ek al net om’t de redaksjekosten der swier yn hongen. Dat earste wie dan letter foar it bestjoer fan F&F ek in moai ferlechje om fan ús ôf te kommen. Efternei besjoen muoit my dat net, mar doe al fansels.

Wurdt fuortset