KERTIERSTEAT ANTJE FOKKES VAN DER MEER
* = berne
~ = doopt
x = troud
† = ferstoarn
[] = begroeven
Undersyk oangeande dizze kertiersteat is dien troch Ype Brouwers, genealooch te Ljouwert, fuortbouwend op gegevens fan Goasse Brouwer. De kertieren 392 en fierder binne ûntliend oan de webside fan Simon Wierstra (pagina 5 en Genealogysk Jierboek 2013-260). De kertieren 176 en dêrop folgjend binne risping fan sneupwurk troch Douwe Zwart te St. Anne.
Graach oanfullingen (mei boarne-opjefte) en opmerkingen nei: post@frysk-en-frij.nl
(Foto: De Jong, Ljouwert)
1 Antje Fokkes van der Meer, * Menaam 28 nov. 1865, † Huzum 19 okt. 1926, [] Huzum (ôfd. 2, r. 1, gr. 15). Winkelfrou te Bitgum. x Menameradiel 7 maart 1889
Hette Tjitzes Hettema, * Menaam ûnder Bitgum 27 febr. 1863, † Ljouwert 4 july 1947, [] Huzum. Gernier en ierdappelkeapman te Bitgum en Huzum. Mei syn frou Anne grûnlizzer fan it Hannelshûs Hettema yn 1898 (sûnt 1922 Hettema Zonen).
Hette x 2e Ljouwerteradiel 8 nov. 1927 Aafje Sluis, * Andyk 27 jan. 1871, † Arnhem 9 juny 1948, [] It Hearrenfean. Widdo fan Jentje Aukes Leenstra.
(Foto: Fotografie ‘De Jong’, Nijstêd 53, Ljouwert)
2 Fokke Dirks van der Meer, * Menaam 16 maart 1835, † dêr 10 sept. 1918, [] dêr. Gernier en ierdappelkeapman te Menaam.
x Menameradiel 16 maaie 1860
3 Magdalena Harkes Tækema (neamd nei de earste frou fan har heit), * Menaam 11 febr. 1833, † dêr 23 okt. 1911, [] Menaam.
Hânskreaune roubrief troch Fokke Durks van der Meer
4 Dirk Jans van der Meer, * Menaam 12 april 1802, † dêr 6 maaie 1856. Gernier te Menaam. x Menameradiel 14 maaie 1823
5 Antje Tjeerds Fokkema, * Menaam 21 april 1801, † dêr 2 sept. 1851.
6 Harke Tækes Tækema, * Menaam 11 juny 1778, † dêr 16 juny 1862. Gernier te Menaam. x 1e (tredde proklamaasje Menaam 9 maaie 1802) Magdalena Klaases, * Menaam 29 maart 1781, dochter fan Claas Saapes en Hiltje Gerbens. x 2e Menaam 10 nov. 1805 Yfke Melles Zijlstra, * Tækesyl 4 aug. 1783, † Menaam 27 jan. 1825, dochter van Melle Rienks en Klaaske Sybrens. x 3e Menameradiel 2 nov. 1825
7 Aaltje Jans Althuis, * Menaam 22 april 1796, † dêr 2 nov. 1885.
Op 9 july 1807 wurdt Harke Takes te Dronryp oansteld as fâd oer Imkje Melles, 22 jier.
Bern û.o., berne te Menaam: Magdalena 1803, berne Dronryp: Klaaske 1806, Tjamke 1810.
8 Jan Gerryts van der Meer, * [Achlum?] om 1762 hinne † Menaam 28 april 1822, 60 jier. Arbeider te Menaam. x Menaam 5 april 1789
9 Grietje Dirks, ~ Menaam 12 juny 1763, † dêr 22 sept. 1824. Sy x 1e Menaam 2 nov. 1783 Jan Jacobs (soan Jacob 1786).
Jan Gerryts wennet yn 1787 en ’88 as frijfeint op speesjenûmer 8 fan Slappeterp en is dat lêste jier fertrokken nei Rie. Dyselde jierren wennet syn broer Pieter Gerryts van der Meer (1763-1821) dêr op nr. 7. Yn 1789 boasket Jan, boerefeint, mei de widdo fan Jan Jacobs op speesjenûmer 140 fan Menaam.
Bern: Gerrit en Jantje 1789, Trijntje 1792, Gerrit 1795, Dirk 1802.
10 Tjeerd Fokkes Fokkema, * Marsum 27 jan. 1758, † Menaam 23 maart 1821. Gernier te Menaam. x Menaam 9 maaie 1770
11 Adriaantje Jouws Keuning, ~ St. Anne 4 aug. 1769, † Menaam 22 jan. 1824.
12 Tæke Gosses, ~ Dronryp 23 maaie 1723, † Menaam 13 des. 1798. x 1e Menaam 13 july 1749 Trijntje Douwes. x 2e Menaam 11 des. 1763
13 Tjamke Dirks, * Menaam om 1737 hinne, † dêr 3 juny 1815, 78 jier.
Bern: Gosse 1765, Joukje 1766, Durk 1768, Crijn 1771, Krijn 1773, Sjoukje 1775, Harke 1778.
14 Jan Hanses Althuis, * Dronryp 21 april 1761, † Menaam 28 juny 1813, 53 jier. Skipper te Menaam. x Menaam 29 aug. 1790
15 Akke Jans Visser (ek Veenstra en Feenstra), * Tytsjerk 29 sept. 1769, † Menaam 31 des. 1849.
Dopelingen te Menaam: Johannes 1791, Janke 1793, Jan 1796, Aaltje 1796, Lyse 1799, Tjitske 1801, Pieter 1804.
16 wrsk Gerrit Jans, minnist, te Achlum, Frjentsjer.
(Sjoch kommentaar ûnderoan dizze kertiersteat)
17 Hyke Pieters
Har bern Sipke (berne 1764) en Antje (berne 1767) binne op belidenis doopt te Hjerbeam 1800, 1790.
18 Dirk Klases, ~ Bitgum 3 jan. 1734, skipper. x Menaam 31 maaie 1761
19 Trijntje Pieters, docht belidenis Menaam 14 maaie 1775, † dêr 18 jan. 1787.
Bern, doopt te Menaam: Sytske 1762, Grietje 1763, Sytske 1765, Klaas 1767, Pietter 1769, Ruurd 1779.
20 Fokke Tjeerds, ~ Marsum 28 jan. 1731, [] Marsum 10 april 1801 (fak A, nr 6). x om 1755 hinne
21 Antje Jacobs, ~ Menaam 22 febr. 1733.
Bern, doopt te Menaam: Tjeerd 1758, Trijntie 1760, Ernst 1765, Menke 1768, mooglik Antje 1775.
22 Jouw Mijntjes Keuning, ~ St. Anne 18 juny 1741, † Menaam 1801/6. Boer te Menaam. x St. Anne (earste proklamaasje 16 okt. 1763)
23 Tetje Arjens Achterdijk, ~ St. Anne 19 jan. 1744, † Menaam 29 jan. 1823.
Hja komme mei attestaasje op 5 maaie 1782 fan St. Anne yn Menaam; binne dêr noch lidmaten yn 1800.
Dopelingen te St. Anne: Trijntje 1764, Antje 1767, Ariaantje 1769, Klaasje 1771, Arjen en Hendrik 1773, Grytje 1775, te Menaam: Anne 1787.
24 Gosse Hajes, ~ Ljouwert 13 april 1681, † Menaam 8 juny 1764. Skipper mei wat buorkerij te Menaam.
(Sjoch kommentaar ûnderoan dizze kertiersteat) x Ingelum 14 maaie 1710
25 Sjoukjen Krijns, † Menaam 30 jan. 1755.
Sjoukje docht belidenis Menaam 9 maaie 1709, ferhuzet mei attestaasje op 9 aug. 1711 nei Inglum en fan dêr per 18 nov. 1712 nei Marsum. Dêr docht Gosse belidenis 13 maaie 1718. Mei attestaasje per 28 nov. 1727 komme hja fan Dronryp yn Menaam.
Yn 1749 stiet Gosse Hayes noteard as boer te Menaam.
Gosse Hayes buorket yn 1728, ’38, ’48 en ’58 op stim 37 fan Menaam, grut 10 pmt.
Yn 1755 is de frou stoarn en dan komt (op speesjenûmer 68) skoansoan Pytter Hendriks, man fan Dieuwke Gosses, op ‘de boerkerije’.
Bern, doopt Ingelum: Jancke 1711, Marsum: Haaye 1713, Haye 1714, Krijn 1717, Minne 1719, Dronryp: Dieuke 1722, Tæke 1723.
26 Dirk Berends, ~ Menaam 19 nov. 1699, weinmakker te Menaam 1749. x Menaam 13 okt. 1726
27 Joukje Harkes, ~ Tsjom 26 okt. 1704.
Har dochter Catharina, berne te Menaam, is doopt te Dronryp 23 des. 1773.
28 Hans Hanses Althuis, * Dronryp 1719, ~ op belidenis NH Dronryp 28 jan. 1757 (fan minniste-komôf) , † nei 1791.
(Sjoch kommentaar ûnderoan dizze kertiersteat) x Dronryp 17 maart 1743
29 Aaltje Sytses, * Dronryp 1720, † dêr 9 nov. 1780.
Yn augustus 1757 litte hja fuort ek de bern dope: Sytske 1744, Sjouke 1748, Gerben 1749, Tjitske 1751, Sytze 1753, Nank 1755 en Hette 1757; fierder: Hette 1758, Jan 1761, Pyter 1763.
30 Jan Pieters, x Tytsjerk 20 aug. 1752
31 Janke Hendriks, berne om 1727 hinne, docht belidenis Tytsjerk 30 maaie 1788, † dêr 8 aug. 1809 (acht bern).
Dopelingen te Tytsjerk: Jetse 1753, Hendrik 1754, Johannes 1756, Sytske 1758, Vrouwkjen 1760, Jacob 1762, Elisabet 1765, Thomas 1766, Akke 1769, Pyttje 1772.
36 Claas Dirks
37 Sietske Jacobs, beide dogge belidenis te Bitgum 14 maaie 1733, wenje “bij de molen” 1739.
Bern, doopt te Bitgum: Dirck 1731, Dirk 1734, Jacob 1739, Jetske 1742.
38 Pieter Douwes, x Menaam 22 des. 1737
39 Grietje Ruurds, sy lidmaat yn de “grote buurt” te Menaam 27 july 1741, yn de “kleine buurt” 1761.
Bern doopt te Menaam: Trijntje 1738, Janke 1742.
40 Tjeerd Hessels, ~ Marsum 27 nov. 1692, † dêr 14 juny 1749. Opperman, timmerman, gernier, turfmjitter en doarpsomropper. x 1e Marsum 26 july 1716 Mens Jans, fan Marsum. x 2e Marsum 28 aug. 1722
41 Minke Ernstes, * wrsk Hallum, † Marsum 30 aug. 1781, [] dêr
Dopelingen te Marsum: Hessel 1717, Gerrit 1719, Jan 1721, Hiske 1723, Klaaske 1724, Hiske 1726, Ernst 1727, Japik 1729, Focke 1731, Zytske 1732, Ernst 1734, Jacob 1735, Aaltie 1737.
42 Jacob Sioerts, ~ Menaam 6 april 1704, † dêr 1745. Mooglik earst troud mei Gryttje Ofkes, docht belidenis Menaam 14 maaie 1733. x Menaam 10 febr. 1732
43 Trijntie Sioerts, lidmaat te Menaam 1741, † dêr 1743.
Dopelingen te Menaam: Antie 1733, Sytske 1735, Sjoerdt 1739.
44 Mijntje Jouws Koning, † St. Anne tusken 1751/54. Yn 1749 ‘sobere boer’ oan ’e Súdhoekstermiddelweg ûnder St. Anne. x St. Anne 20 jan. 1732
45 Antie Pieters Boon, ~ St. Anne 6 sept. 1711, † dêr maart 1773. Lidmaat St. Anne 1733. x 2e St. Anne sept. 1757 Dirck Feyes.
Dopelingen te St. Anne: Lysbeth 1733, Sara 1735, Trijntje 1737, Pytter 1739, Jouw 1741, Douwe 1743, Hendrik 1745, Hendrik 1746, Claasje 1749, Claas 1751.
46 Arjen Gerrits, fan St. Anne, † dêr tusken 1765 en ’68. Yn 1749 wolsteld boer te St. Anne. x St. Anne (earste proklamaasje 3 maaie 1739)
47 Arriaantje Feddes, ~ St. Anne 30 maaie 1715, † dêr 1774.
Dopelingen te St. Anne: Grietje 1742, Tettje 1744, Gerrit en Fedde 1744, Gerrit en Fedde 1746, Trijntje 1747, Anne 1750, Ysbrand 1752, Neeltje 1754, Teunis 1756.
48 Haye Minnes, * Bitgum, komelker, komt mei attestaasje yn Ljouwert 19 april 1668, wurdt dêr boarger 17 okt. 1671. x stedhûs Ljouwert 20 jan. 1669
49 Romck Gosses, ~ Marsum 9 jan. 1642, docht belidenis Ljouwert 16 nov. 1670.
Bern doopt te Ljouwert: Gosse 1671, Gosse 1672, Dieuke en Gosse 1681, Jorryt 1684.
52 Berend Sikkes, ~ Bitgum 3 aug. 1662, † Menaam (foar) 1714, weinmakker. x Bitgum 26 des. 1690
53 Bauk Reins, fan Marsum. Sy x 1e Marsum 23 sept. 1688 Romke Tierks, fan Koarnjum.
Bearend enBauk dogge belidenis te Bitgum 29 maaie 1691 en ferhúzje mei attestaasje op 18 okt. 1692 nei Menaam.
Yn 1714 (RA MEN I41 1) wurdt húsman Louw Arjens Fopma oansteld as fâd oer Trijn 21, Sikke 17, Dirk 15, en Geeltje, de weesbern fan Berend Sikkes en Bauk Reins. Yn 1724 (RA MEN I42 384) folget in weesrekken.
Bern, doopt te Menaam: Trintie 1693, Geeltie 1695, Sicke 1697, Dirk 1699, Geeltie 1702, Geeltje 1704.
54 Harke Klaases, ~ Tsjom 14 febr. 1675. x (earste proklamaasje Tsjom 26 febr. 1702)
55 Tjamke Folkerts, ~ Tsjom 22 jan. 1682.
Tusken 1703 en 1720 litte hja te Tsjom dope: Jouk, Trijntje, Klaas, Meinske, Folkert.
56 Hans Althuis, * Dronryp 1695.
80 Hessel Jacobs, * Stiens om 1671 hinne. x Marsum 18 maaie 1690
81 Claaske Tjeerds (Tiards), mooglik ~ Marsum 24 aug. 1668, † nei 9 july 1702.
Dopelingen te Marsum: Sytske 1691, Tieerd 1692, Sytse 1695, Zytske 1696, Grytje 1699, Jacob en Trijntie 1702.
82 Ernst Harings, ~ Hallum 11 jan. 1631. x dêr (ûndertrou) 29 maaie 1695 (beide fan Hallum). Dit is de fraach: man fan 64 x faam fan 22 jier.
?83 Hiske Franses, * 1673, ~ (twa jier âld) Achlum/Hitsum 14 maart 1675.
84 Sioert Johannes
85 Antie Jochems; hja dogge belidenis te Menaam 21 okt. 1698.
Dopelingen te Menaam: Tjetske 1700, Jochum 1701, Sytske 1703, Jacob 1704, Jeltie 1705.
88 Jouw Hendriks, ~ Froubuorren 2 aug. 1663. x St. Anne 11 nov. 1683 (beide fan St. Anne)
89 Sara Martens, † 6 maaie 1714, minniste lidmaat te Aldebiltsyl.
90 Pieter Claesen Boon, ~ St. Anne 24 july 1690, † dêr 1731/8. Lidmaat dêr nov. 1713. Boer op it Nij Bilt ûnder St. Anne. Brûker fan kavel 16 (25 moargen) en de helte fan kavel 15 (1/2 x 24 moargen). x St. Anne 15 maart 1711
91 Lijsbet Douwes, † St. Anne 2 nov. 1727. Lidmaat St. Anne nov. 1713.
Yn 1718 (RA BIL N11 137) liene Pytter Clasen Boon en Lysbet Douwes f 200 fan har heit Douwe Pytters, húsman oan de Nije Dyk, om it hûs dat hja kochten ‘in de Warme straat’ te St. Anne te bestuiverjen.
92 Gerrit Aeriens, fan Aldeleie, † tusken 1719 en ’28. x Feinsum 23 okt. 1698
93 Grietje Ysbrandts, fan St. Anne, † july 1704.
Yn 1698 wurde beide minniste lidmaat.
94 Fedde Feddes, x St. Anne 23 nov. 1710
95 Trijntje Theunis, ~ St. Anne 9 febr. 1700, 7 jier âld, † St. Anne nei 1769.
Op 15 maaie 1721 dogge hja belidenis te St. Anne, hy wurdt dan ek doopt; lidmaten dêr 1739.
Dopelingen: Teunis en Arriaantje 1715, Neeltje 1719, Maartie 1725.
96 Minne Hayes, lidmaat te Bitgum 1645.
98 Gosse Diurres, † Marsum okt. 1653, húsman te Marsum, docht dêr belidenis 4 febr. 1631, x 1e 1625 (akte fan útbernsing 16 july 1625) Romck Pietersdr, † Marsum 1630. x 2e (ûndertrou Marsum 11 jan. 1634)
99 Garlandt Claes, fan Hantum. Sy docht belidenis Marsum 6 maart 1640 en x 2e Marsum 2 febr. 1662 Claes Lyeuwes.
Yn 1634 (RA MEN I12 420) wurdt de neilittenskip beskreaun fan Romck Pietersdr; widner is Gosse Diurres, bern: Gerrtie 8, Diuecke 6, Romcke 4.
Op 16 des. 1653 (RA MEN I20 1) wurdt te Marsum de neilittenskip beskreaun fan Gosse Diorris, sa’n acht wike earder stoarn; widdo is Gerlant Claessen. Bern by Romck Pyters binne Geert Gossedr (tr. Buwe Claessen) en Dieucke Gossedr (tr. Claes Tieerds). Soan Romcke wie al sa’n tolve jier earder stoarn.
Yn 1665 (RA MEN I24 319) wurdt styfheit Claes Lieuwes te Marsum oansteld as fâd oer Rompck, yn har 24e, Diurre 22e, Claes, 16e, en Jeltie 13e, de minderjierrige weesbern fan Gosse Diurres silger by Gerland Claeses fanwege de skieding fan de neilittenskip fan beppe silger.
Bern, doopt te Marsum, út it earste boask: Geert 1627, Deeuwke 1629, Romke 1630; út it twadde boask: Brecht 1635, Claes 1636, Tietske 1639, Romcthien 1642, Diurre 1644, Claes 1649, Jeltie 1652.
104 Sicke Beerns
108 Klaas Harkes, x 1e Tsjom 12 juny 1664 Lisk Anskes. x 2e Tsjom 16 jan. 1668
109 Geertie Piers.
Op 8 maaie 1677 wurdt Claes Harckes te Tsjom oansteld as fâd oer Sytske, weesdochter fan Homme Sydses by Wyb Harckes silger.
Op 20 maart 1679 wurde omke Claes Harckes en Homme Siedses, beide te Tsjom, oansteld as fâden oer Claes, 19, Geyske, Tys en Harcke, de weesbern fan Lolle Harckes.
Bern, doopt te Tsjom: Anske 1665, Lisk 1668, Trijntie 1670, Wyb 1672, Harke 1675, Rinske 1677, Antie 1680, Rigst 1682, Pier 1685, Pier 1688.
110 Folkert Heres, x Tsjom 30 sept. 1681
111 Meins Gerryts
Dopelingen te Tsjom: Tjam 1682, Jouk 1683.
160 Jacob Sioerdts, * Ferwert 1635. x Stiens 27 maaie 1666
161 Sytske Hessels, * Stiens 1640.
?162 Tiaert (Tiardt) Gaatses, ~ Marsum 14 juny 1635. x Marsum 12 nov. 1665 (hy fan Marsum, sy fan Himpens)
?163 Jouck Foockes, hja dogge op 13 april 1666 belidenis.
Dopelingen te Marsum: Doedtie 1666, Claeske 1668, N.N. 1676.
164 Haring Ernstes (Eerns(t)es), kuper te Dokkum. x Dokkum 24 des. 1614
165 Hylck Takesdr
?166 Frans Lieuwes, wenjend op Doyem.
?167 Tietje
176 Hendrick Jouws Krodtie, * St. Jabik? tusken 1630-1640. Neamd yn in skuldboek fan in winkelman op It Bilt yn 1665. Fan him stamme Biltse famyljes Koning en Keuning ôf; fan syn broer Gerrit de famyljes Krot(t)je en Bosje. x Froubuorren 13 okt. 1661 (hy fan Wier, sy fan Aldebiltsyl)
177 Rinske Lieuwes
Bern: Jouw, Mijntje (?)
Kommentaar: yn it weesrekkenboek H6 fan It Bilt (side 44 oant de ein – perioade ein 1664 oant mids 1666) wurdt Hendrick en (syn broer) Gerrit Jouws Krodtie/Krod net oantroffen. It kin noch maklik wêze dat beide mannen neamd wurde yn in folle lettere rekken, mar dan mei dat eardere jiertal derby. Yn ynventarisboek 1665: likemin Krodties.
?180 Claas Pyters, te St. Anne. x St. Anne 8 des. 1689
?181 Antie Arriens, ~ Froubuorren 28 jan. 1666. Lidmaat St. Anne as frou fan Claas Pijters 26 jan. 1690.
182 Douwe Piters Koningh, † St. Anne febr. 1734, boer op it Nij Bilt ûnder St. Anne. x 1e St. Jabik 24 maaie 1668 Lisk Cornelis, fan St. Jabik. x 2e St. Jabik 25 maaie 1673 Lijsbet Jelles Nuet, fan St. Jabik, dochter fan Jelle Pieters Nuet. x 3e St. Jabik 26 okt. 1684
183 Wyts Clasesdr, fan St. Jabik; sy x 1e St. Jabik 3 maaie 1668 Albert Everts.
Douwe Pieters ferhuzet mei attestaasje per 14 maaie 1713 fan St. Jabik nei St. Anne. Yn 1729 is hy, mei tanamme Koning, boer op reëelnr. 3 (stim 19) fan it Nij Bilt dêr.
Yn 1677 (RA BIL K1 23v) keapet Douwe Pytters Koningh 275 roeden nij Biltlân ûnder St. Jabik fan Pieter Folkerts Koningh foar 250 karg.
Yn 1722 (RA BIL K2 82v) ferkeapet Douwe Pytters, húsman oan de Alddyk ûnder St. Anne, 275 roeden eigen lân op it Nije Bilt ûnder St. Jabik (leit yn stim 29) foar 150 karg.
Bern, by Lijsbet: Namck Douwes (x St. Anne 5 des. 1706 Salves Pieters); by Lijsbet of Wyts: Claas Douwes († St. Jabik 1730, út him de famylje Koning); by Wyts: Lijsbet Douwes.
186 Ysbrand Jans, minnistelearaar, houtkeaper, timmerman, † St. Anne 19 nov. 1720. x gerjocht It Bilt 19 febr. 1655
187 Tetje Annes, fan Froubuorren, † St. Anne juny 1714. Beide binne minniste lidmaat Aldebiltsyl 1672.
Op 26 nov. 1720 wurdt Pier Fransen [Tania], minniste húsman ûnder Hallum, oansteld as fâd oer Grietje, omtrint 18, weesdochter fan Gerrit Ysbrandts en Trijntje Gerrits, beide te St. Anne stoarn, oerienkomstich it testamint fan pake Isbrandt Jansen; op 1 jan. 1721 wurdt hy as fâd ferfong troch Jacob Syberens, mr. timmerman te St. Anne, (x Wytske Gerryts) en Gerrit Gerrits, keapman te Ljouwert, beide minnist.
Bern: Gerrit, Cornelis, Grietje en grif wol mear.
NB der is gjin weesakte om 1720 hinne. Likemin wurdt troch de erven fêstguod ferkocht oant 1724 ta (yn in besykjen om alle bern op in rychje te krijen).
190 Theunis Cornelis, te St. Anne. x St. Jabik 1 maaie 1692
191 Joukjen Wopckes, fan St. Jabik, lidmaat te St. Anne 1699, widdo 1716.
196 Diorre Gosses [Haringsma, letter Wiglama], * om ende by 1575. Makket testamint 4 july 1603, † om 1640 hinne. Boer te Ingelum.
Yn 1640 eigner en brûker fan stim 3 Ingelum (yn 1580) neamd as Meerstra en yn 1511 as Maer of Meer (Skiednis fan Menameradiel s. 477). Hy testaminte al op 4 july 1603.
Hy neamde him earst Haringsma, mar letter meast allinne mei patronym, wer letter Wiglama. Syn frou en bern brûkten dy namme letter allyksa.
197 Trijntie (Tryncke) Jorryts, † Ingelum tusken 10 en 24 maart 1665. Boerinne te Ingelum nei it ferstjerren fan har man. Se neamde har Wiglama neidat har man ferstoarn wie.
Yn 1654 (RA MEN I20 42) wurdt de neilittenskip beskreaun fan Diorre Gosses, sa’n fjirtjin jier earder stoarn, dy’t op 4 july 1603 testamint makke. Widdo is Trijntie Jorrits. Der wurdt in macht oan âlde dokuminten beskreaun.
Op 24 maart 1665 (RA MEN I24 321) wurdt te Ingelum de neilittenskip beskreaun fan Trijntie Jorryts, widdo fan Diorre Gosses, op oanjefte fan de âldste soan Jan Diorres Wiglama. De sate te Ingelum fan 56 pmt is eigen. Oantroffen wurde it testamint fan Trijntie fan 14 febr. 1659 en har kodisyl fan 10 maart 1665.
De omkes Ferck, Jorryt en Yds Diorres Wiglama (en omke fan heitekant Sioerd Sioerdtsen Tolsma) komme yn it spier fanwege Sioerdt, onnoazel bern fan Reyn Sioerdts Tolsma en Tiets Diorres Wiglama te Menaam.
Bern: Tiets, Ferck, Jorryt, Yds, Gosse en mear.
222 Gerryt Gerryts, te Tsjom 1682, ’83.
324 Ga(a)tse Tiaerts (Tiarts), te Marsum. x Marsum (ûndertrou) 21 sept. 1634
325 Garbrech Douwes
352 Jou Crelis Crod, * tusken1590-1610, † nei 1647. Is oan ’t wurk op in pleats ûnder St. Jabik. ‘Strosnijer’ (1647). x tusken 1615-1635
353 N. Gerrits?
Yn 1647 (RA BIL H2 70) betelje de fâden fan it weesbern fan Jan Jaspers en Marichie Bartouts 6 karg. 6 st. oan Jou Crelis Crod, ‘strosnijer’ foar syn ‘stroosnijen’.
Bern: Gerryt Jouws Krod (fan Wier, x 1661 Wyts Jans, soan Jan Gerryts Krodde en neikommelingen Bossje/Bosma), Hindrick (fan Wier) en Cornelis Jouwes (x Geertje, bern te Wier: Gerrit en Teuntje 1676 en Hendrik 1678).
?362 Arrien Wouters, x Froubuorren 21 nov. 1658 (hy fan Aldebiltsyl, sy fan Nijebiltsyl)
?363 Berber Alberts, grut ~ 22 febr. 1664.
364 Piter Folckerts Coningh, † nei 1677, boer ûnder St. Jabik, x 2e St. Jabik 19 jan. 1668 Anck Jacobs. x 1e om 1640 hinne
365 Namck Douwes, * om 1620 hinne, † tusken 1663 en ’68.
Yn 1656 (RA BIL A8 88) keapje Pieter Folckerts Koning en frou 275 roeden nije Biltlannen ûnder St. Jabik, de Boonweg bewesten, Alddyk besuden en Walingh Cornelis benoarden fan Rinske Dirks, widdo fan Jan Pieters, foar 277 karg.
Yn 1661 (protokol Sibrandus Aeneae nr. 9; ek RA BIL A8 221) ferkeapje Pytter Folckerts Koningh en Namck Douwes in hûs op de Alddyk en 275 roeden eigen lân foar 235 resp. 400 karg. oan Wopcke Pytters en Leen Tomas. Yn 1663 (RA BIL A9 12v) keapje Pieter en frou dy 275 roeden wer werom fan Wopke foar deselde priis.
Bern: Jannichie Piter Folckerts (x 1665 Jan Bauckis), Folkert Pieters Koning (x wrsk 1668 Trijntie Ougis), Douwe en mooglik Jacob Piters Coningh (x 1681 Engeltie Beernts).
366 Claas Dirx, te St. Jabik. x 2e St. Jabik 16 jan. 1659 Maat Gerryts. x 1e
367 N.N.
Yn 1674 (RA BIL H9 77v) wurdt de ynventaris opmakke by Maartie Gerrits, widdo fan Claas Dirx, op de dyk ûnder St. Jabik yn presinsje fan har sweager Lourens Philips en fan Albart Ewerts, man fan Wytske Clasesdr dy’t foar 1/3 erfgenamt is fan har heit Claas Dirx. It hûs op ’e dyk wie ôfkomstich fan Claas Dirx fan foar syn trouwen mei Maartie en falt oan Wytske ta. It húsrie wurdt wurdeard op 120 karg. Dêrfan komt de widdo de helte en nochris 2/3 ta en Albert Everts dus 20 karg. Ek komt Albert noch 55 karg. ta fan de neilittenskip fan syn skoanmem. Claas Dirx hie 38 karg. erfd fan syn suster; Maartie hie 50 karg. erfd fan har dochter.
Kommentaar: dy húsrie sprekt de dúdlikste taal. Dy wie heal om heal fan man (Claas) en frou (Maartie). It part fan de man giet yn trije parten, ien foar syn dochter, twa foar de widdo. De widdo wie erfgenamt wurden fan har dochter. No is it mooglik dat Claas trije bern krigen hie, ien, Wytske, by syn earste frou, ien, jong ferstoarn, by Maartie en noch ien fan wa’t elk spoar ûntbrekt. Mei dêrom liket it it meast wierskynlik dat Claas twa bern hie (hjirboppe neamd) en dat de widdo in ‘kindsdeel’ fan syn neilittenskip takaam. Sadwaande, mei in lyts slachje om ’e earm.
Ut it earste houlik: Wytske; út it twadde houlik: ien bern, stoarn foar 1674.
372 Jan Ysbrands, x om 1632 hinne
373 Wytske Gerrits, † Froubuorren 1680, boerinne ûnder St. Anne; sy x 2. om 1639 hinne Evert Clasen.
Op 24 okt. 1639 wurde de omkes Cornelis Jans en Cornelis Ysbrants oansteld as fâden oer de twa weesbern fan Jan Ysbrants silger by Wytske Gerryts.
NB Op 28 sept. 1646 wurde Evert Claes en Cornelis Isbrants, beide te Berltsum, oansteld as fâden oer Trijntie, 18de, Claes, 16de, Heyn, 12de, en Gerrit, 10de, Gerrits. Dat blike de bern te wêzen fan Gerrit Gerrits en Jantie Claeses dy’t yn 1627 troud binne. Der is gjin direkt ferbân te bespeuren mei dizze kertieren.
Yn 1680 wurdt Dirck Dirx Kuyk te Froubuorren oansteld as fâd oer Lysbeth, omtrint 13, Trijntie, omtrint 10, en Jannichje, 7, de weesbern fan Jan Everts en Neeltie Henrix en wurdt Dirck Jarichs te St. Anne oansteld as fâd oer de onnoazele Trijntie, dochter fan Willem Ariens en Trijntie Jans.
Yn 1680 (RA BIL H11 167) wurdt ‘op ’t oost van’ Froubuorren de neilittenskip beskreaun fan Wytske Gerrits op fersyk fan widner Evert Clasen, Isbrand Jans, Dirk Jarichs fanwege syn frou Berber Willems en as fâd oar Trijntie Willems, Philips Walinghs, bakker te St. Anne, fanwege syn frou Lysbet Everts, Gosse Elinghs fanwege syn frou Jannichje Everts en Dirck Dirx Kuyk as fâd oer de bern fan Jan Everts silger by Neeltie Henrix om skieding te meitsjen fan de neilittenskip fan har mem en beppe. Besit: de huzing en de hier fan 31½ moargen en omtrint 6 moargen te St. Anne dat Wytske erfd hie fan har mem. Der wie foar 654 karg. oan lizzend jild en dat wurdt ferdield: Evert Clasen, Isbrand Jans en Dirck Jarichs fanwege syn frou 171 karg. elk en Philips Walinghs en Gosse Elinghs, beide fanwege de frou, en Neeltie Henricx fanwege har bern 46 karg. elk. Der wiene 10 ‘treckpaarden’ en 5 kij. Totaalsaldo wie 10.935 karg.; widner Evert Clasen krijt dêrfan in bernsdiel, 1/6.
Bern, út it earste boask: Ysbrand en Trijn Jans, x Froubuorren 13.6.1652 Willem Ariens, te St. Anne, beide † foar 1669.
Yn 1671, ’78 en ’80 (RA BIL H8 74, H10 70v, H11 64v) weesrekkens sûnt likernôch 1669 troch Isbrant Jansen, timmerman en houtkeaper te St. Anne, as fâd oer Trynke en Berber, bern fan Willem Arriens en Trijntie Jans te St. Anne yn hannen fan syn mei-fâd Gerrit Arriens, húsman te Froubuorren, beppe Wytske Gerrits, frou fan Evert Claes, en (yn 1680) fan Dirck Jarichs, man fan Berber. Fan de neilittenskip fan Cornelis Isbrandts krigen de bern yn 1669 51 karg. en letter nochris 36 karg. mei. Der binne lieningen fan 400 en 1000 karg. by oerbeppe Berber Feddes en dêroer wurdt noch yn 1677 rinte betelle. Evert Claesen wurdt almar oantsjut as ‘omke’ fan ’e bern.
Ut it twadde boask: Lysbet Everts (x Froubuorren 14.8.1664 Philips Walinghs van der Mey), Jannichje Everts (x (att. Froubuorren 14.3.1672) Gosse Elinghs) en Jan Everts (x (tredde prokl. gerjocht It Bilt 16.9.1667) Neeltie Henrix).
380 Cornelis Theunis Knechje, † St. Anne 4 okt. 1716, mr. timmerman te St. Anne, minniste lidmaat Aldebiltsyl 1672, , x 2. (1ste prokl. gerjocht It Bilt 28 nov. 1687) Trijntie Clases, * om 1660 hinne, † 28 maart 1741, widdo fan Stindert Pybis. x 1e Froubuorren 8 maart 1668
381 Trijn Jochems, fan Froubuorren.
Op 21 okt. 1716 wurde Sybren Jans, mr. weinmakker te St. Anne, en Teunis Martens, minnist dêr, oansteld as fâden oer Jochum Cornelis, absint nei East Ynje, en oer Trijntie Jans, dochter fan Maartie Cornelis silger, soan en bernsbern fan Cornelis Theunis Knechje.
Deselde deis wurdt Cornelis Cornelis ’t Hoen, húsman ûnder St. Anne, oansteld as fâd oer Claes, yn syn 22ste, soan fan Cornelis Theunis Knechje by Trijntie Clases.
Yn 1716 (RA BIL H23 1) wurdt yn St. Anne de neilittenskip beskreaun fan Cornelis Theunis Knechje, mr. timmerman, op fersyk fan neamde fâden, Cornelis Cornelis, mr. smid te Stiens, Fedde Feddes te St. Anne fanwege syn frou Trijntie Theunis, dochter fan Theunis Cornelis, en fan widdo Trijntie Clases, minnist, bystien troch har soan Pybe Stennerts. Hûs en loads op ’e hoek fan de smelle kant fan de ‘Warmestraat bij de oude pijp’ te St. Anne en 1 pm dêr binne troch Cornelis en syn twadde Trijntie oankocht. Fedde Feddes hat as erfgenamt fan skoanheit Theunis Cornelis in skuld fan ½ fan 72 karg. It hout en skuonmakkersark wurde takseard op 676 karg.. Ynbring fan Cornelis wie 150 karg., dy fan widdo Trijntie 975 karg. neffens skieding fan 18 jan. 1671 tusken de fiif bern fan Claas Arjens en dy syn widdo Neeltie Arjens mei ek noch 151 karg. neffens skieding fan 4 july 1709 fan Trijntie mei har styfheit Gerryt Pytters. Besit en skulden komme oan de widdo dy’t de fiif erven elk 146 karg. útkeare sil. Bernsbern Trijntie Jans wennet yn it weeshûs op Tessel.
Ut it earste boask: Theunis, Maartie, Cornelis en Jochum; út it twadde boask: Claas, berne om 1695 hinne.
392 Gosse Sytses, * foar 1552, † 1580/1590 wrsk te Marsum. Boer te Grou yn 1578 en yn 1580, letter te Marsum.
Hy tekenet mei op 31 maaie 1580 by de ôfrekken fan ’e ‘Geestelijke Opkomsten’ te Grou.
MEN 3-11: Syrck Eelckesz te Ingelum protesteart yn jannewaris 1591 tsjin de opsizzing fan ’e hier fan 8 pm troch de erven fan Gosse Sydsz. x om 1570 hinne
393 Jel Dyorredr., † 1580/1590 wrsk te Grou.
Op 9 juny 1580 (reces IDA) Gosse Sytsez en Jel Dyorredr kontra Wytte Jellez as boarch foar hear Claes Wybez om 100 goudg.
Yn 1608 (RA MEN I3 255) steane Djurre en Sietse Gossez boarch foar Alef Jetsez te Marsum.
Bern: Diorre = 196; Sytze Gosses, x om 1598 hinne N.N. (op 2 juny 1620 wurde Tiaerdt Laessis te Arum en Diurre Gossis te Inglum oansteld as fâden oer Gosse, 21, en Tiebbe, 13, de weesbern fan Sytze Gossis.); Jencke Gossis, te Deinum, x om 1602 hinne Atie Fransdr (op 28 april 1624 wurde Diurre Gossis te Inglum en Aeleff Jets te Marsum oansteld as fâden oer Frans, 20, Gosse, 16, en Dootie, 6, de weesbern fan Jencke Gossis en Atie Fransdr te Deinum.); Tyerck; Antie.
394 Jorrit Janckez, boer te Menaam, Ingelum.
395 Dieuw Thysdr, sy x 2e Symon Jans.
Ien dochter: Tryncke.
704 wrsk Cornelis Cornelis Crod(de), * om 1575 hinne, † nei 1614.
705 N. Reinders
Op 14 maart 1614 wurde op fersyk fan heite skoanbruorren Gerryt Pyters, Dirck Wybrants en Cornelis Cornelis Crod de omkes Dirck Stevens en Ysbrant Reyners as fâden fan Reyner, 5, Styn, 3, en Marychie, 1 jier, weesbern fan Claes Reyners en jell Stevens.
728 Folckert Pyters Coning, x wrsk foar 1619
729 N. Reyners
Op 20 des. 1619 wurde de omkes fan memmekant Jan Reyners en Folckert Pyters oansteld as fâden oer Pyer, omtrint 7 jier, weessoan fan Baucke Pyers en Magdalena Reyners silger.
Ien soan bekend: Piter.
730 Douwe Tyaerdts, boer oan ’e Nijebiltdyk ûnder St. Jabik. x om 1615 hinne
731 Jannechie (Jannetje) Jans
Yn 1624 (RA BIL N3 2) binne Douue Tyaertsz en Jannechie Jansdr te St. Jabik oan de nije seedyk 200 karg. skuldich oan ’e weesbern fan Jan Claesz en Trijn Claes Oudaens. Hja stelle har gebrûk fan 13 moargen as ûnderpân. Yn ’e jierren 1621-’23 (RA BIL N3 40, 41, 89, 90) liene hja nochris inkelde hûnderten gûnen.
Op 18 maart 1633 wurde de omkes Boyen en Cornelis Jans oansteld as fâden oer Tyaerd, 16, Naenck, yn it 14de, Jan, 5, Neeltie, 10, Trijn, 8, en Jannetie, 4, weesbern fan Douwe Tyaerds en Jannetje Jans silger.
744 Isbrant Jans, mûnder te Berltsum.
745 Beertke Cornelis, widdo dêr 1632.
Yn 1605 (RA MEN I2 279) weesrekken fan Isbrandt Janz, mûnder te Berltsum, foar de bern fan Jan Stellanus dêr.
Yn 1613 (RA MEN O1 66) ferkeapje Jisbrant Jansz, mûnder, en Beertke Cornelis te Berltsum oan grytman Tierck van Heerma en frou dêr it rjocht fan ‘vrij maalen op onse mullen’ foar 35 karg. Kondysje is ek dat gjin bakker of brouwer har yn har hûs festigje sil.
Yn 1632 (RA MEN A12 351v) keapet Beertke Cornelis, widdo fan Isbrandt Jansen, hûs en hôf fan Jetse Wygers en Lisabet Jisbrandts te Berltsum foar 800 goudg.
Bern: Cornelis Isbrands, wrsk te Berltsum, † foar 1669 sûnder bern, Jan en grif in dochter, troud mei Cornelis Jans (dat is net Siouck Isbrants, frou fan Cornelis Jans kûper te Harns want dy trouden earst yn 1642).
746 Gerrit Gerrits van Delden (of ôfkomstich fan Delden), x St. Anne 19 des. 1613
747 Barber Feddes, † as widdo yn of nei 1677.
(In) Gerrit Gerrits lit op 26 nov. 1613 te St. Anne dochter Wyts dope.
784 Sytthye Piers, † op Wyglema sate te Grou tusken 1542 en 1552. Boer te Grou.
785 Anna Idsdr., † Grou 1588, neffens grêfsark: AO 1619 DE 31 DESEMBER STERF D’EERSAMEN IDS SYTSES TE WIGLEMA EN LEIT HIER BEGRAVEN MET SYN MOEDER ANNE IDS GERRYTSDR. DIE GESTORVEN IS IN DER JAREN 88
Boerinne te Grou, yn 1552 as widdo.
Frysk Kertiersteateboek s. 311, nr. 1680 en 1681 en s. 337, nr. 1916 en 1917. Sjoch Kommentaar ûnderoan dizze kertiersteat.
786 Dyorre Janckes, boer te Friens, tjerkfâd.
HvF 16690-116 d.d. 16-12-1550: Fedde Lamkes tot Oldeboeren en mei foar Bauck syn húsfrou kontra Diurre Janckes as ‘voormond’ oer de bern fan ’e ferstoarne Popke Rurdts; wierskynlik giet it hjir om de bern fan Popcke Ruurds Roorda, stoarn 1544, wenne û.o. te Grou en earder grytman fan Idaarderadiel.
Monstercedel 1552: Dyorre Janckez te Friens mei spys en degen.
1578: Tyets Dyorre widdo te Friens, oanslein foar 2cg.
1580: Patroansopkomsten te Friens: Tietz Diurre widdo betellet 13 goudg. “mijn een oerdt te huyr”, ek betellet se út in sate troch har brûkt 1 goudg. en 4 stuorren.
787 Tyets Gerbedr (Tiets Gerbens), † nei 1580.
Bern: Jel = 393. Jets, x Ids Sytses Wiglema, yn 1640 binne har bern eigners fan Friens stim 5. Gerben Diorrez, berne te Friens, wurdt boarger fan Ljouwert 1591, ek te Grou?, x Aete Saeckedr [Genealogysk Jierboek 2011-Genealogia Ayttana, s. 179]. Yn 1600 (HvF YY19 46) Willem Gerryts en Gerben Dyurres te Ljouwert as fâden oer it weesbern fan Janke Dyurres kontra Doeckle Gerryts te Boazum. Janke Dyurres † foar 1600.
788 Jancke Thomasz, † (Boalsert) 1574/78. x foar 1547
789 Bauck Fercx, † foar 1566; sy x 1e Jorrit Wopckes, † Wurdum 1540/42; x 2e Syurd Hettez (Friesma).
Ut har earste boask: Ferck Jorryts Allema; út har twadde boask: Syoerd Syoerds Goerda; út har tredde houlik: Jorrit.
Sjoch Genealogysk Jierboek 2013 258.
1408 wrsk Cornelis Cornelis (Croddenbosch), * om 1550 hinne, † foar 1578. Yn 1566 hierder fan ’e Croddenbosch-pleats by Bitgum yn ’e ‘Noch Mathijs Beckscavel’.
1462 Jan Cornelis
1463 Maertie Boyens. Sy x 2e Gerryt Cornelis Ysselmonde.
Op 24 july 1635 wurde de bruorren Boyen en Cornelis Jans oansteld as fâden oer Sybrant en Dirckie, de minderjierrige weesbern fan Jan Cornelis en Maertie Boyens. Har styfheit is Gerryt Cornelis Ysselmonde.
Op 20 july 1635 komt omke Boyen Jans op foar de weesbern fan Jannechie Jans silger by Douwe Tyaerts omwille fan de ferdieling fan de neilittenskip fan har beppe Marychie Boyens.
1488 wrsk Jan Isbransz, boer te Slappeterp.
1489 Griet Jansdr
Yn 1607 (RA MEN I2 509) Isbrant Jansz soan fan Jan Isbransz en Griet Jansdr silger dy’t te Slappeterp buorken.
1568? Pier Foeckez, † Wurdum 1552/54. Boer te Wurdum.
1569? Syts [Sytsedr], † Wurdum 1554.
Yn 1543 wurdt rept fan ‘Pier Foeckis guedt toe Barrahuyssen’ en fan ‘Pier Foeckesoon hoylant’ ûnder Huzum Yn 1552 ferskynt Pier Foeckez te Wurdum ‘wel gerist’ op ’e wapenskôging.
GJB 2011-Genealogia Ayttana s. 184
1570 Ydtz Gerryts, † nei 1543. 1511 boer te Wergea.
Aenbrengh 1540: Ydts Gerrytszoon te Wurdum is brûker fan û.o. 6 pm gerslân as meier fan Thonis Galama (s. 113) en brûker fan 1 pm te Wurdum (s. 112) en 9 eynsen saetlandt te Goutum (s. 74).
1574 Gerben Saeckes, * foar 1498,† nei 1557.
RvA 1511: Gerben hiert in in sate te Friens fan Sipka erven. Rintmastersrekkens: yn 1531/1532 keapje Gerbrant Sackis en Jel lân te Friens. HvF 16481-259: op 20-5-1539 prosedeare de erfgenamten fan Saeckele Doeckesz Popckema tsjin Douwe Buwez, Botte Buwez (bruorren fan syn frou), Aede Doettyez (Wiarda) en Gerbe Sackez (de beide lêsten foar har froulju) oer in rinte út Popkema sate te Weidum, dy’t doedestiids ferkocht wie oan Bouwe Broersz, no ferstoarn.
Baarderadeel 1542: syn bern ha oandielen yn Popckema sate te Weidum.
Rintmastersrekkens: yn 1542/1543 keapet Gerbe Saeckes te Friens lân te Reduzum en yn 1547/1548 in rinte út Popckema sate te Weidum. BB1543: ynkomsten foar de Patroan fan Friens en de pastoar dêr út de sate Jorna, dêr’t Gerbe Saeckez op wennet. Monstercedel 1552: Gerbe Saeckez te Friens bewapene mei roer en degen.
Protocol Cleuting: op 3 sept. 1557 wurde Gerbrant Saeckez en soan Sacke Gerbensz as getugen neamd.
Boarne: Simon Wierstra: Nageslacht van Gerben Saeckes en Jel Bouwedr
1573 Jel Buwedr te Friens, † nei 1531.
Bern: Saecke Gerbens, Tyets, Wlck.
1576 Thomas Gerbrandtsz Waltinga, † tusken 1552 en ’61. Boer op Tellens ûnder Wommels 1528.
1578 Ferck Gerroltz, † 1532/53. Boer op it Hoytema goed ûnder Wommels.
Bern: Douue, Bauck, Auck, Wopcke, Tyets.
3138 Sytse Ates
3139 Fercku Aytta = 3149
3146 Bouwe Broers
3147 Ulck Saeckedr Popckema (út Weidum)
3148 Saecke Sipckes,† sneuvele 11 juny 1498 yn ’e slach by de Wurdumer mole.
GJB 2011
3149 Fercku (ek: Ferrica) Aytta, x 2e Sytse Ates.
3152 Gerbe Tellens, boer op Tellens ûnder Wommels 1511.
3156 Gerrolt Myntyez, † 1532. Boer op Walpert en Hoytyma te Wommels.
Bern: Bauck, Anna, Ferck, Mentze (wrsk), Doede, Hoyte, Jorryt en jonge Doede.
6296 wrsk. Sipcka Oegaz, út it skaai fan ’e Reynarda’s.
6298 Gerbrant Ferckes Aytta, † Reduzum 1484. Boer te Reduzum (1440), letter op Idsingastate ûnder Eagum.
6299 Jets Wytses Bucama,† 2 maaie 1528, [] Swichum. Nei har man ek Jets Gerbens/Gerbrants neamd.
Yn 1511 brûkt Jets Gerbets widdo te Swichum 12 pm siedlân, 44 pm mieden, 26 pm finne, dy’t foar in part eigen binne en foar in part tahearre oan ’e bern fan Doeca Mertna, en dy’t in hierwearde fan 26 fl. hawwe; yn 1540 wurde dy 72 pm troch har soan Folckert Gerbes ferhierd yn fjouwer kavels.
12.596 Fercke Folckerts Aytta † Wergea op Hemrickseyn 1460, [] Wergea. Boer earst op Ayttastate te Reduzum, letter op Hemrickseyn te Wergea.
Yn 1543 beurt de pastory fan Wergea út it ‘groot guet in Hemryckseyndt een golden gulden jaerlixe renten van een vrydaeges boll ende drie eeuwige jaerwanden als Ferck Folkerts, Sytye zyn wyff ende Folckert zyn vaeder.’
12.597 Syts Buchodr (Helvadra) thoe Hemrickeyn, * Wergea, † dêr op Hemrickseyn, [] Wergea (GJb 2011-136)
12.598 Wytze Sjoerds Bucama
12.599 Mints Jetzes Schutsma
25.192 Folckert Aytta ‘de Olde’
GJB 2011
25.194 Bucho (Helvadra/Hilverda?), boer op Hemrickseyn te Wergea.
25.196 Sjoerd Bucama, † 1442.
25.198 Jetse Schutsma
25.199 N. Jornahuyzum, te Wergea.
50.384 Gerbe of Gerbren Aytta
50.385 Auck Aytta
KOMMENTAAR FAN YPE BROUWERS BY KERTIEREN
16 Gerryt
It is wat spitich dat it krekt mei de rjochte lijn sa gau al ophâldt. Dat is (noch) net ferholpen. Jan Gerryts van der Meer hat der no in broer Pieter by. Beide mannen dûke spontaan op yn Slappeterp, sa te sjen as feint op twa oanswettende pleatsen. En twa jier letter binne beide fertrokken.
Har dopen binne net te finen en dêrom wie de stellige ferwachting dat hja yn Slappeterp berne wiene, sa’n bytsje it iennichste doarp yn ’e omkriten dat gjin doopboek bewarre hat. Yn de speesjekohieren treffe wy lykwols yn it tiidrek 1760-1787 net ien Gerryt oan as mooglike heit.
Letter waard dúdlik dat te’n minsten Pieter fan menniste komôf wie, dus dêr leit de reden dat wy gjin spoar fan dopen fine.
Dy oare soan:
Pieter Gerryts van der Meer, * om 1763 hinne (opjefte stjerakte), of op 12 maart 1767 (opjefte by doop-belidenis), boerfeint, † Menaam 3 des. 1821, x 1. Peins 9 maart 1788 Jouwerke Jans, wrsk. * Peins 10 jan. 1761, dochter dan fan Jan Jacobs en Sytske Hanses; x 2. Peins 9 sept. 1792 Corneliske Cornelis, * Dronryp 6 nov. 1769, † Skalsum 11 des. 1837, dr. fan Cornelis Tjeerds Dantuma en Marijke Hendriks.
Pytter Gerryts is ~ op belidenis Peins 7 maaie 1797, berne, hjit it dan, op 12 maart 1767.
Cornelia Cornelis is ~ op belidenis Peins 7 maaie 1797, berne 6 nov. 1769.
Pieter en Corneliske dogge belidenis Peins 4 maaie 1797, mei attestaasje nei Menaam 9 nov. 1811; sy mei attestaasje fan dêr nei Skalsum 12 des. 1830. Yn 1787 en ’88 wennet frijfeint Pytter Gerryts op speesjenûmer 7 fan Slappeterp. Dat lêste jier ferfearn nei Peins.
Bern, út it earste boask:
1. Hyke Pieters van der Meer, berne Peins 14 sept. 1789 (fuort ~), x Dronryp 9 july 1815 Johannes Gerryts Woudinga ensfh.
Ut it twadde boask:
2.Gerrit Pieters van der Meer, berne Peins om 1795 hinne, net ~, x FRL 1829.
De gong fan saken is dúdlik. Pieter syn earste frou wie grifformeard en sy wie de oanlieding dat de dochter doopt waard. Aardich wis wie har mem in Sytske, dat sadwaande meie wy der yn it earstoan op rekkenje dat Pieter syn mem in Hyke wie.
Pieter en syn twadde frou wiene beide mennist, sadwaande is yn 1795 har soan Gerrit net doopt. Yn 1797 binne beide ta ynkear kaam mar dat hat net oanlieding west om soan Gerrit dan ek noch dope te litten. Corneliske sil wol út de meniste-famylje Dantuma fan Dantumadiel komme.
Pieter syn broer Jan Gerryts van der Meer is net doopt en hat gjin belidenis dien. Mar dy syn frou wie wol grifformeard en dat wie sa’t skynt dêr genôch reden om alle bern wol dope te litten. It stiet foar my wol fêst dat Jan en Pieter Gerryts bruorren binne. Beide komme letter Van der Meer te hjitten, hja binne omtrint like âld en dan hawwe hja ek noch in stikje skiednis yn Slappeterp (of all places) mienskiplik.
Jan Gerryts hie noch in âldste dochter Jantje, mar dat jout ús net it measte hâldfêst want dy kin ek neamd wêze nei de earste man, Jan Jacobs, fan ’e frou.
Sa fier wie it hinne doe’t de oplossing him oantsjinne. Like it, want dêr kamen letter wer oare problemen út fuort. Oantroffen waard it stel:
Gerrit Jans x Hyke Pieters en wy kinne har oars net as troch de doopbelidenis fan twa bern: Sipke, * Achlum 1764, en Antje, * Frjentsjer 1767. Dat like(t) der op. Dêr hawwe wy in Gerrit mei in Hyke (dy namme komt beslist mar in bytsje foar). Hja wiene minnist, kloppet ek, libben yn ’e goede tiid en dat stel hie fansels alle reden om soannen Jan en Pieter nei te litten. Mar oars gjin spoaren dus; it stel komt yn Frjentsjerteradiel net foar yn it weesargyf, proklamaasje- en hypoteekboeken. Ik notear no even hoe’t dat stel oan it ljocht kaam. Fan dochter Antje mar ien spoarke: Antje Gerrits, op belidenis doopt Hjerbeam 2 maaie 1790. Sy seit derby dat hja op 28 april te Frjentsjer berne wie, dochter fan Gerrit Jans en Hyke Pieters.
Sipke Gerrits van der Tol, * Achlum 24 nov. 1764, soan fan Gerrit Jans en Hyke Pieters (sa’t er ferklearre by doopbelidenis), op belidenis ~ Hjerbeam 27 april 1800,† Hjerbeam 9 april 1846 (neffens dy opjefte * Mullum 1765, soan fan Gerrit Taekes en Oltje Taekes), x 1e Hjerbeam 6 july 1794 Maike Gaukes, * Boarnburgum 5 maaie 1771, dochter fan Gauke Dooitsens en Elisabeth Pieters; x 2e Hjerbeam 18 maaie 1807Klaaske Martens Rinia.
Bern, ~ Hjerbeam: Gerryt 1794, Aaltje 1796, Doeke 1799, Gauke 1801, Altje 1802, Elizabeth 1804 en, bij Klaaske: Gerrit 1808 (mear bern nei 1811).
It hiele stroffelpunt is no dat de ynformaasje út de stjerakte (mem Oltje) better oerienkomt mei de dopelingen fan Sipke: Aaltje en Altje, as de ynformaasje by syn doopbelidenis (mem Hyke, dy’t net ferneamd wurdt).
Dan noch in sibbe (?): Taeke Gerrits Tol, * Achlum 1 des. 1757, op belidenis ~ Mullum 28 april 1799 (soan dan fan Gerrit Jarigs en Aaltje Taekes), † Mullum 15 april 1820 (soan fan Gerrit Jarigs en Antje Taekes), x Mullum 13 nov. 1791 Gerttje Rinses, * Easterbierrum 17 aug. 1769, op belidenis ~ Mullum 30 april 1797, dochter fan Rinse Andrys en Neeltje Synnes.
Bern, ~ te Hjerbeam: Neeltje 1792, Oltje 1796, Rinske 1798; dan te Achlum: Gerryttje 1801, Doekje 1806.
Grutte oerienkomsten mei Sipke Gerrits dus: gelikense skaainamme (Van der) Tol, en ek de namme Doek(j)e en de nuvere namme Oltje/Altje. Men soe swarre dat dy twa bruorren binne.
De âlden fan Taeke hawwe ek yn it echt bestien: Gerrit Jarigs, yn 1749 “tolman, gering” te Mullum, x (tredde prokl. Mullum 5 juny 1746)Aaltje (of Attje) Taekes. En dat hat dus in soad fan de nammen fan Sipke syn âlden sa’t dy by syn stjerren opjûn binne. Dêr’t dan by komt dat wy de skaainamme fan Sipke en Taeke no ek helder ferklearre krije. It liket my ta dat Taeke en Sipke wol bern west hawwe moatten fan dy Gerrit en A(a)ltje. Mar it is dan folslein ûnbegryplik hoe’t er by syn doopbelidenis dan mei in memmenamme Hyke Pieters komme koe. It wol my ek net oan dat der om 1800 hinne yn Hjerbeam twa mannen Sipke Gerrits west hawwe soene.
Fan dat oare bern fan Hyke Pieters, Antje Gerrits, is mei wissichheid fierder net ien oar spoarke weromfûn.
Dy Sipke jout dus genôch betizing. Dochs twa nammegenoaten? Us Sipke libbe noch yn 1800 en syn stjerren is der net tusken 1806 en ’11. En yn ’e Boargerlike Stân noch mar ien oare stoarn, Sipke Gerrits Westerhuis te Jelsum 1765-1818. Mar dat is beslist in hiel oarenien. Yn ’e kertiersteat ha ik in fraachtekentsje by dy Gerrit en Hyke noteard as âlden fan Jan.
As lêste is Jan Gerryts (8) noch even folge yn ’e speesjekohieren. By oankomst yn 1789 op nr. 140 fan Menaam wie er boerefeint mar it is my net dúdlik wurden of er mei de boerinne troude of samar yn in hûs yn ’e buorren by har yn. Hûs of huzing 140 wie nij-boud yn 1785; Claas Jacobs wenne dêr ek. Yn 1790 komt frijfeint Sipke Jans der by yn en dy fertrekt yn 1794 wer nei nr. 90. Yn 1797 ferhuzet Jan Gerryts nei nr. 126 (dêr’t ek Claas Dirks wennet) en yn 1803 giet it nei nr. 99 dêr’t Jan yn (it lêste kohier fan) 1805 noch wennet.
Gjin leuke ferrassing dus dat bygelyks de âlde mem Hyke by him ynlutsen is, mar it wie de muoite fan it útprobearjen wurdich.
24/25 puzel is ek oplost. Do hiest de man en frou beide stoarn 1764, tinklik út houliksbylagen, wylst hja neffens it lidmatenboek stoarn binne yn 1748 resp. 1755.
Frou stoarn 1755 kloppet, sa’t bliket út de speesjekohieren. Mar dan libbet de man noch (en der binne ek net nammegenoaten yn Menaam 1744). Mei yngong fan 1755 ferdwynt hy út de speesjekohieren dus sa komme wy der net út.
It bliket dat by de bewurking fan it lidmatenboek nei in ferkearde rigel sjoen is. De foarôfgeande Hessel Gerbens moat yn 1748 stoarn wêze en by ús Gosse ûntbrekt oantekening. Gjin noed: dan nimme wy dyn datum want dy kin der ek nea net fier neist sitte (neffens stimkohier libbe Gosse yn 1758 noch).
28, 56 Althuis
Kaam my wol bekend foar en ik haw al myn spul derop trochwest, sels ieuwenâlde kertiersteaten. Niente.
En fierder: in Hans Lolles, x It Hearrenfeen 1697 Berber Althuis.
En dan is der ynienen ek in Hans Lolles, fan Wommels, x Dronryp 1684 Bauck Wouters. Ferhúzje nei Hallum en wer werom nei Dronryp dêr’t sy nei 1690 stoarn is. Hy op ’e nij nei Hallum. Wierskynlik in oaren as dy fan It Fean.
En boekbiner Hans Lolles, x Frjentsjer 1688 Antje Jacobs is beslist wèr in oarenien.
En ek mei al dy moaie nammen fan Hans jr. (sa as Nanck, Sjouke) kin it gjin kant út. Missy mislearre.
784 Sytthye Piers
785 Anna Idsdr.
Yn 1542/43 (Rintmasterrekkens 11a 15v) keapet Sytthye Piersz de helte fan Wyglema sate te Grou foar 300 goudg.
Yn 1552 (monstersedel) libbet Anna Sytties as widdo te Grou.
Yn 1583 (HvF YY14 310) easkje Frerick Dirckz en Sicke Tzalingz te Wurdum as kurators fan it stjerhûs fan Hette Wybez betelling fan 150 + 18 goudg. troch Ferck Idsz te Snits as fâd oer de bern fan Sytie Piersz. Sjoch foar Ferck Idsz Roorda fierder ûnder kertier 1568.
Yn 1578 (Pers. imp. 1972-1974) wurde te Grou oanslein: Gosse en Pier Sytzez foar 1 karg. 5 st. de man.
Yn 1580 (Geestelijke Opkomsten 18) ûnderskriuwt Gosse Syttzyesz de rekken fan de tsjerkfâden fan Grou.
Yn 1596 (RA LWL V2 1v, 2) keapje Impcke Teyez en Jaed Wlbedr te Wurdum stikken fan 3 eins yn in stik fan 3 pm op Wurdumer Nijlân fan Idts Sytzez te Grou en Gerbren Diorres, boarger fan Ljouwert, as fâden fan de weesbern fan Gosse Sytzez te Marsum, fan Hylck, widdo fan Pier Sytzes, fanwege har bern (Botte Hanckes en Ydts Sytzez binne har fâden) en fan Sytze Feddricxz te Hidaard, mei foar syn trije susters foar 25 daalders foar elke 3 eins.
Hjir wurde trije parten fan 3 eins ferkocht yn in stik fan 3 pûnsmiet. Der wiene lykwols mear bern, wy witte net krekt hoefolle. It liket oannimlik dat der seis bern west hawwe, dy’t mei elkoar dan de helte fan dy 3 pm besieten.
Bern:
1. Syts Sytdr, tr. foar 1571 Feddrick Bottez, st. Marsum foar 1578, soan fan Botte Benedicxz, boer op Tiebbinga sate te Hidaard. Yn 1571 (HvF YY8 293) is Feddrick Bottez ien fan de folmachten fan Marsum.Yn 1578 wurdt Syts Fddricks widdo dêr oanslein foar 3 karg. yn de personele imposysje. Yn 1581 (HvF YY13 106) Gerrit Wybes kontra Sythie Sytdr, widdo Fedryck Bottes, te Marsum. Yn 1589 (RA MEN A2 348) in kwesje fan Hottze Boetez te Hidaard as âld-fâd oer de wezen fan Feddrick Boetez en dy syn mei-fâd Pyer Sytsesz. Ut dit houlik: Sytze Feddricxz, yn 1596 te Hidaard, en trije dochters.
2. Gosse Sytzez = 392.
3. Pier Sytzez, † foar 1588, x nei 1567 Hylck Haenckes, dochter fan Hancke Bottes en Tziets Mercx te Jirnsum; sy x 2. foar 1592 Wlbe Sieurdtsz.
Yn 1592 (RA LWL M8 146) wurdt te Wurdum de neilittenskip beskreaun fan Pyer Sytsez op fersyk fan Pyer en Ydts Sytsez en Marck (lês Murck) en Botte Hanckez as fâden oer Ymck, Rieme, Sytse, Aucke en Haencke Pyers, de bern by Hylck Haenckedr dy’t op ‘e nij troud is mei Wlbe Sieurdtsz. Hja brûke in pleats fan Tyallingh Campstra; yn 1590 hiene hja de helte fan in lytshûs kocht. Eigen lannen: 1/5 x 1/18 fan Wiglema sate te Grou, brûkt troch Ydts Sytses; 1/5 x ¼ sate te Stiens, brûkt troch Jongere Sybrensz útsein 3 pm dy’t fan Mariëngaarde is; 1/6 x 1/5 fan dyselde sate; 1/6 x 1/12 fan Damswyer sate te Wergea; rinten fan 21 st. út in sate dêr; fan 4 st. út in sate te Grou; fan 4 st. út de sate fan Sippe Sytsez te Goaïingea; fierder 3 eins yn in stik fan 3 pm nijlân te Wurdum, brûkt troch Eemcke Teyes; 1/6 x 1/3 fan 1 pm siedlân op Tecchum buyren. Der is in skuld fan 200 goudg. by Gerben Djorrez; ynbring fan widdo Hylck wie 93 goudg., sy is menist; de bern komt 57 goudg. ta fan de neilittenskip fan har beppe.
Hjir binne wy noch net rjocht út. Prominent binne sawol fiifde as seisde parten: wie Pier út in húshâlding fan fiif of fan seis bern?Der wie in neilittenskip fan beppe, dy’t dus stoarn is nei heite dea. Dêrmei is it ús wol dúdlik dat dy beppe Anne Idses west hawwe moat, stoarn 1588. Alle bern binne noch minderjierrich, Pier sil dus nei 1567 troud wêze (mar grif wie dat stikken letter).
Yn 1593 (RA LWL M8 221v) regelje deselde partijen in skieding fan besit. Der wie in posityf saldo fan 1278 goudg. (ôfsjoen fan de lannen) en widdo Hylck sil de fâden fan har fiif bern 639 goudg. útkeare.
4. Noch in twadde Pyer Sytsez, † nei 1589. De iene Pyer is fansels neamd nei syn pake, de oare kin neamd wêze nei de ferûnderstelde broer Pyer fan Anne Idses.
5. Idts Sytses te Wiglema, boer op Wiglema 1596, † Grou 31 des. 1619, begr. by syn mem Anne Idses Gerritsdr dy’t yn 1588 stoarn wie, x om 1590 hinne Jets Diurredr.
6? Mooglik: Doed Sytzedr, yn 1594 frou fan Frans Luyttziens, te Deinum.
1568? Pier Foeckez
1569? Syts
Fynst fan Jelle de Jong. Mei in lyts fraachteken mar alles wiist hjir wol op. Sjoch foar har en har foarâlden de Genealogia Ayttana yn Genealogysk Jierboek 2011 184.
Bern:
1. In dochter, x Hette Wibes, † (koart foar) 1583.
2. Soan Bucho.
3. En aardich wis dus Sytthye Piersz = 784.
Syts hie in suster: Saeck Sytsedr, tr. Ids Idsz Roorda, op Nijdam, (Ayttana 183), âlden fan: Sytze Idsz, 1578 te Grou, 1583 te Reduzum, Syts Idtsdr, 1583 te Boalsert, en fan: Ferck Idsz Roorda, wurdt yn 1578 te Snits oanslein foar 4 karg., † Snits 1624, x om 1565 hinne Tziam Hobbedr, dr. fan Hobbe Reyns.
Yn 1579 (HvF YY12 181) is Ferke Idz folmacht fan Snits. Yn 1583 (HvF YY14 310) easkje Frerick Dirckz en Sicke Tzalingz te Wurdum as kurators fan it stjerhûs fan Hette Wybez betelling fan 150 + 18 goudg. troch Ferck Idsz te Snits as fâd oer de bern fan Sytie Piersz.
Us Sytthye Piersz (784) wie al foar 1552 wei en fan him wiene der dus yn 1583 gjin minderjierrige bern mear. It kin hjir dus allinnich ús Sytthye betreffe as dy kwesje al witte lang, mear as tsien jier, spile. Dat is mooglik.
Yn 1588 (HvF YY17 1) hearre Ferck Idtsz Roorda, boarger fan Snits, fanwege syn frou Tziam Hobbedr, en de oare erven fan Hobbe Reyns ta de jildeaskers fan mr. Lyeuwe Symonsz.
Op 22 juny 1624 wurdt Jan Clasen, boargemaster fan Snits, oansteld as fâd oer de bern fan Ferck Idses Roorda silger en Tiam Obbes. Deselde deis wurde Dirck Jans te Goaïingea en Obbe Fercx ûnder Snits oansteld as fâden oer de weesbern fan Claes Jansen en Saeck Fercx, beide stoarn.
Dyselden wiene op 24 april 1624 ek al fâd wurden oer dy bern: Idtscke 24ste, Sibrich 20ste, Syttscke 15de en Fercke yn syn 12de jier.
RA SNE W14 332. Yn 1624 wurdt te Snits de neilittenskip beskreaun fan Saeck Fercx.
Wierskynlik wie der ek in (âldere) suster Tiam Clases dy’t earst Dirck Jacobs troude en twads yn 1635 Dirk Saakez, fan Hidaard.
RA SNE W14 356. Yn 1624 wurdt ûnder de klokslach fan Snits de neilittenskip beskreaun fan Ferck Idsen Roorda en Tiam Obbedr op fersyk fan de erven: Cunier Ferxdr, Obbe Fercxz, Tryncke Fercxdr, frou fan Hette Heinsz, te Offenwier, stoarn 1641. RA WYM Q8 136f.3. Jid Fercxdr, frou fan [Minse?] Willems, te Snits en fan Dirck Jans te Goaïingea en Obbe Fercxz as fâden oer de bern fan Saeck Fercxdr mei dy har (âldste) dochter Ancke Clases, frou fan Olivier de la Haye. It positive saldo giet yn fiif parten fan 1175 karg.
Wy krije hjirmei de yndruk dat de bern fan Ferck om 1595 hinne troud binne en Ferck dan om 1565 hinne.