Op dizze pleats op Joussen op it Aldlân ûnder Koarnjum buorket de sechsde generaasje Van der Werff: Ytzen Andries van der Werff (IX.4.3) en Fetje Sinnema.
1 Durk Joutes (IV.2) is de earste, x Baukje Brandts de Jong, 2 Ytzen Durks (V.2) x Trijntje Pieters Miedema, 3 Joute Ytzens (VI.4) x Rindertje Gerbens Dijkstra, 4 Ytzen Joutes (VII.3) x Trijntje Sinnema (sy keapje de pleats om 1950 hinne fan ’e lânfrou), 5 Andries Ytzens (VIII.4) x Antje Boersma.
Hjir wurdt oan ’e ferwerving wurke fan ’e genealogy Van der Werf(f) – Ljouwerteradiel/It Bilt. Alfêst in foarset.
Gegevens fan dit fragmint binne baseard op in stambeam yndertiid opset troch Ytzen Durks van der Werff (VII.2) – tekene te Hallum 22 jannewaris 1952.
De Van der Werven staveren har achternamme mei inkeld f en dûbel ff. Ytzen Durks skriuwt yn syn stambeam konsekwint ff, dat ha wy hjir ek dien. Datselde jildt foar de Y yn de namme Ytzen. In soad skriuwe ek IJ. By in lettere genealogise opset sille wy de Boargerlike Stân neirinne.
Foto’s, as der oars net fermeld is: Kolleksje Rindertje Bouma (VI.4.1.1). Sjoch ek: Erfgoed Fundaasje – Bouma – de Boeken I, II en III.
Fierder ûndersyk: Rindertje Bouma en Erfgoed Fundaasje.
Research and composition: Erfgoed Fundaasje/Heritage Foundation.
This genealogy is far from complete: it is being worked on. Additions and enhancements? See this form.
Undersyk en gearstalling: Erfgoed Fundaasje.
Dizze genealogy is noch lang net wat it wêze sil: wurdt oan trochwurke. Oanfullingen en ferbetteringen (legio)? Sjoch kontaktformulier.
* = berne/born
~ = doopt/baptized
x = troud/married (of: w.m. = wennet mei)
† = ferstoarn/deceased
[] = begroeven/buried
EARSTE GENERAASJE
I Melis Klazes, te Gytsjerk, x Hiltje Ruurds
Bern:
Stijntje Melis ~ Gytsjerk 3-2-1715.1 Botje Melis ~Gytsjerk 19-9-1724
2 Ruurd Melis, folget II.1
TWADDE GENERAASJE
II.1 Ruurd Melis ~ Gytsjerk 20-12-1729, by x ûnder Stiens, skûtmakker, x 16-4-1738; Trijntje Jacobs, ûnder Wyns; Ruerd x 2e Gytsjerk; Grietje Joutes * 1728 † Stiens 15-6-1819 (jûns 18.00 oere, hûsnr 191), 91 jier, dr f. Joute Tjallings en Antje Pieters.
Bern út it 2e houlik:
1 Melis Ruuurds van der Werff, folget III.1
2 Joute Ruurds van der Werff, folget III.2
TREDDE GENERAASJE
III.1 Melis Ruurds van der Werff, x 21-5-1780
Dieuwke Takes, fan Hantumhuzen.
Bern:
1 Ruurd Melis van der Werff † net troud
2 Sake Melis van der Werff, x Antje Ringers Noordhof, fan Oldekerk en Gaarkeuken
3 Ælze Melis van der Werff, x Hiltje van der Woude.
III.2 Joute Ruurds van der Werff * Stiens 1754 † dêr 20-10-1825, doopsgesind; skûtmakker ûnder Wyns en húsman (=boer) ûnder Stiens, assessor (=wethâlder) fan Ljouwerteradiel; ‘Joute Ruurds Schuitmaker onder Wijns krijt 31 karoligûne en 10 stuorren ‘weegens ’t redden van een een drenkeling volgens verklaring’ (4-2-1794, R 56 K, partikuliere uitgaven van den ontvanger generaal der consumptiën mr. Rinse Rypperda, nr 59; mei tank oan Rindertje Bouma, Ljouwert), x Bears 20-5-1782,
Ytje Durks * Huzum 1754, † Stiens 15-10-1825, doopsgesind, fear sneintemoarns mei har skip nei de Fermoanning te Ljouwert) , dr f. Durk Geerts en Jetske Tækes
Fan Ytsje Durks is in brandewynskom bewarre.
Meidieling by de stambeam (út 1952) fan Ytzen Durks van der Werff (fertaald):
Fan Joute Ruerds wienen ûnderskate anekdoaten yn ’e omrin. Beppe Tryntsje P. Miedema (V.2) fertelde ús dat op in sneintemiddei yn ’e Napoleontise tiid fiif Frânsmannen syn heawein út ’e skuorre lutsen en him twongen om har nei Ljouwert te riden. Hy loek lykwols de wein der wer yn wylst de fiif frânsmannen deroan hongen. Joute sei: Rin jim mar nei Ljouwert.
Hy wie ôfgryslike sterk en foars boud. In losbrutsen grouwe baarch smiet er wer oer it skut.
Bern:
1 Ruurd Joutes van der Werff, folget IV.1
2 Dirk Joutes van der Werff, folget IV.2
3 Grietje Joutes van der Werff † 7-3-1854, x Pieter Willems Brouwers * Stiens 5-5-1789 † dêr 25-86-1829, se buorkje op ’e Stienhúspleats yn ’e hoeke fan ’e Wurgefeart en de Dokkumer Ie, sn f. Willem Pieters Brouwers, boer op it Stienzer Aldlân, en Saapke Jochums Luxen
4 Antje Joutes van der Werff * Stiens 29-2-1796, x 1e Ljouwerteradiel
Tjerk Reinders Miedema, sn f. Reinder Pieters Miedema en Saapke Tjerks de Vries;
x 2e Ljouwerteradiel 11-11-1824
Pieter Reinders Miedema, broer fan Tsjerk.
Bern fan Antsy en Tsjerk Miedema:
Saapke Tjerks Miedema * Feinsum 24-6-1821 † Hallum 23-4-1906, x 1e Bavius Span; x 2e Bote Edes Hylkema.
Neigeslacht Span:
1 Tietje Bavius Span, x P. Rypma
2 Antje Bavius Span * 26-1-1847 † Hallum 14-11-1919, x Harmen Gelders
+Bern Gelders:
+1 Harmen Harmens Gelders † 9-10-1941, x Pietje Terpstra
++Bern:
++Antje Harmens Gelders * 1-4-1905, x Dirk Damsma, nôtkeapman te Hallum
+2 Saapke Harmens Gelders, x Pieter Hommes Kalma.
Neigeslacht Hylkema:
Tjerk Botes Hylkema * Hallum 6-2-1857 † dêr 20-3-1948, boer ûnder Hallum, x Ferwerteradiel 15-5-1879 Antje Sipkes Kalma * Hallum 4-7-1856 † dêr 18-12-1938, dr f. Sipke Jacobs Kalma, boer en sûkereidroeger, en Sjoukje Jans Lettinga.
+Bern:
+1 Sjoukje Tjerks Hylkema * Hallum 12-2-1880 † dêr 22-10-1928, x Ferwerteradiel 15 (of 14)-5-1901 Jan Fetses Bosch * Hallum 31-1-1878 † dêr 20-4-1958, sn f. Fetse Jans Bosch, boer, en Maartje Jacobs Zijlstra.
++Bern:
++1 Fetze Jans Bosch * Hallum 31-1-1903 † dêr 30-9-1979, boer ûnder Hallum, x Ferwerteradiel 14-5-1926 Sijtske Jelles de Vries * Noardermieden ûnder Hallum 10-6-1904 † Hallum 23-11-1983, dr f. Jelle de Vries, boer op ’e Koaipleats ûnder Hallum, en IJtske Hiddema.
++ Bern:
++2 Anna Jans Bosch * Hallum 7-6-1906 † Frjentsjer 5-12-1982, x Ferwerteradiel 8-5-1934 Klaas Haantjes Noordenbos * St.-Anne 5-1-1907 † Frjentsjer 30-8-1982, feekeapman te Marsum, sn f. Haantje Klazes Noordenbos en Elisabeth Werkhoven.
++3 Maartje Jans Bosch * Hallum 24-12-1909, x Ferwerteradiel 16-5-1931 Marten Lammert de Boer * Blije 15-2-1907 † Ljouwert 25-1-1982, boer te Blije, sn f. Dirk Gerrits de Boer en Hendrikje Dijkstra
+1 Bote Tjerks Hylkema * Hallum 19-10-1882 † dêr 2-10-1914, boer te Hallum, x Ferwerteradiel 11-5-1907 Renske Fetzes Bosch * Hallum 1-1-1886 † dêr 25-2-1961, dr f. Fetze Jans Bosch, boer, en Maartje Jacobs Zijlstra.
++Bern:
++2 Tjerk Botes Hylkema * Hallum 19-10-1882 † dêr 7-10-1914, greidboer ûnder Hallum, x Ferwerteradiel 12-5-1930 Baukje Doedes Bouma * Froubuorren 10-6-1909, dr f. Doede Pieters Bouma, boer, en Sijke Beerts Jensma
+++Bern:
+++1 Sietske Tjerks Hylkema * Hallum 12-2-1931, x Rients Tacoma
+++2 Bote Tjerks Hylkema * Hallum 11-1-1932, x Anna Bouma
+++3 Renske Tjerks Hylkema * Hallum 13-2-1935
+++4 Doede Tjerks Hylkema * Hallum 12-10-1940, x Klaske Boersma
++2 Fetze Jan Botes Hylkema * Hallum 8-12-1912 † dêr 25-8-1967, boer, x 1e It Bilt 5-5-1938 Adriaantje Tækeles Hoogland, dr f. Tækele Watzes Hoogland, boer, en Baukje Pieters Hoogland
x 2e Jitske Mensing * Deinum 9-5-1922, dr f. Andries Mensing, oannimmer, en Klaasje Jentjes Hoogland
+++Bern:
+++1 Boukje Hylkema * Hallum 27-7-1940, x Jacob van Dijk
+++2 Renske Hylkema * Hallum 20-4-1943, x Jan de Poel
+++3 Tækele Hylkema, x Sietske de Vries * Hallum 11-7-1946, x Sytske A. de Vries
+3 Sipke Tjerks Hylkema * 23-7-1888 † 20-6-1909.
5 Jetske Joutes van der Werff, x Jisk Sjoerds Ronda, fan Wergea
FJIRDE GENERAASJE
IV.1 Ruurd Joutes van der Werff † 2-4-1866, x Richtje Meiles Miedema
Bern:
1 Joute Ruurds van der Werff * 1834 † 18-4-1845 [] Wyns
2 Yfke Ruurds van der Werff, x Jacob Rinderts Keestra
3 Neeltje Ruurds van der Werff, x Johannes Pieters Boelstra, sjoch: Erfgoed Fundaasje – Genealogy Boelstra
4 Jetske Ruurds van der Werff * 2-7-1853, x Doekele Johannes Osinga, sn f. Johannes Louws Osinga en Nieske Doekeles Tolsma
5 Ytje Ruurds van der Werff, x Jan Jongsma, boer op it Tichelwurk ûnder Hallum
IV.2 Dirk Joutes van der Werff * Stiens 10-10-1792 † Koarnjum 10-10-1875, hy is doopsgesind, letter Nederlâns Herfoarme; is útlotte by de milysje; boer op it ‘Steenhuis’ ûnder Stiens by it Tichelwurk, nei 1832 op Joussen yn ’t Koarnjumer Aldlân, x Ljouwerteradiel 25-11-1819
Baukje Brandts de Jong * Koarnjum 13-3-1798 † dêr 24-10-1846, dr f. Brandt Doedes de Jong, boer te Koarnjum, en Gerlandje Wopkes Tolsma.
Durk Joutes is de earste fan seis generaasjes Van der Werff op Joussen:
Durk Joutes (IV.2) x Baukje Brandts de Jong, Ytzen Durks (V.2) x Tijntje Pieters Miedema, Joute Ytzens (VI.4) x Rindertje Gerbens Dijkstra, Ytzen Joutes (VII.3) x Trijntje Sinnema (sy kochten de pleats om 1950 hinne fan ’e lânfrou), Andries Ytzens (VIII.4) x Antje Boersma en Ytzen Andries (IX.4.3) x Fetje Sinnema.
Fan Durk Joutes is in berteleppel bewarre (Partikuliere kolleksje).
Ynskripsje: Durk Joutes van der Werf is geboren den 10 October 1792
Sjoch: Erfgoed Fundaasje – Goud en sulver – Kolleksje Boelstra-van der Werf(f)
Fan Durk Joutes is allyksa in famyljebibel bewarre. Kolleksje Rindertje Bouma.
Bern:
1 Joute Dirks van der Werff, folget V.1
2 Gerlantje Dirks van der Werff * Stiens 9-5-1822 † Ljouwert 9-5-1899, x Ljouwerteradiel 6-5-1822
Nanne Gerrits de Boer * Koarnjum 8-3-1818 † Ljouwert 4-4-1877, boer ûnder Ljouwert, sn f. Gerrit Nannes de Boer, boer te Koarnjum, en Aaltje Johannes Hoekstra.
Neigeslacht De Boer:
1 Gerrit Nannes de Boer * 1-4-1842 † 28-9-1916, x Hiske Franses Tilma * 17-5-1843 † 25-2-1909
+Bern:
+1 Nanne Gerrits de Boer, x Ytje de Boer † 7-3-1934
++Bern:
++1 Gerrit Nannes de Boer, x De Boer
++2 Pier Nannes de Boer, x Sietske Binnema
+2 Frans Gerrits de Boer, x Fokje Siedses van der Werff (VI.1.1)
++Bern:
++1 Gerrit Franses de Boer, x Riemkje Wassenaar
++2 Trijntje Franses de Boer
+3 Dirk Gerrits de Boer † 15-2-1950, x Hinke Dijkstra
++Bern:
++1 Gerrit Dirks de Boer, x Hylkje Oosterbaan
++2 Marten Gerrits de Boer, x Maartje Bosch
2 Aaltje Nannes de Boer, x Hans Bontekoe
3 Nanne Nannes de Boer * 1851 † 3-5-1905, x Sietske van der Hem
3 Brandt Dirks van der Werff* 29-7-1824 † 9-12-1860, x 1e Tr. Jac. Twynstra; x 2e Y.J. Miedema
Bern:
Jacob Brandts van der Werff †27-11-1869, 21 jier
4 Ytzen Dirks van der Werff folget V.2
5 Ruurd Dirks van der Werff * 24-3-1834 † 11-1-1835
6 Ytje Dirks van der Werff * 25-5-1836 † 14-8-1836
FYFDE GENERAASJE
V.1 Joute Dirks van der Werff, * 17-2-1820 † 26-11-1895, x
Sjoerdtje Siedses Boelstra.
Bern:
1 Sieds Joutes van der Werff, folget VI.1
2 Dirk Joutes van der Werff † net troud
V.2 Ytzen Dirks van der Werff * Stiens 26-8-1826 † op Joussen ûnder Koarnjum 19-4-1895, boer op Joussen op it Koarnjumer Aldlân, x Ljouwerteradiel 7-5-1857
Trijntje Pieters Miedema * Miedum 21-1-1831 † Ljouwert 10-5-1911, dr f. Pieter Meiles Miedema, boer te Wyns en Miedum, en Antje Jitses Boeles.
Bern:
1 Baukje Ytzens van der Werff * 24-6-1858 † 8-11-1924, x Bavius Sipkes Bouma * 1852 † 22-6-1924
2 Pieter Ytzens van der Werff, folget VI.2
3 Dirk Ytzens van der Werff, folget VI.3
4 Joute Ytzens van der Werff folget VI.4
Tryntsy Piters Miedema en Ytzen Durks van der Werff (V.2) en bernsbern Jetske Joutes van der Werff (VI.4.2)
Piter van der Werff en Tryntsje Miedema? Of lykje se derop. Wa wit it seker?
Baukje Ytzens van der Werff (V.2.1)
SECHSDE GENERAASJE
VI.1 Sieds Joutes van der Werff * Froubuorren 9-7-1848 † 22-7-1922, boer, sûnt 29-5-1895 sûnder berop te Huzum (B4), x Menameradiel 8-5-1873 Trijntje Sjoerds Cuperus * Deinum 27-5-1849 † 24-2-1920, dr f. Sjoerd Sybes Cuperus, greidboer te Deinum en Wurdum (1873), en Fokje Foppes Wybrandy
Sieds Joutes van der Werff. Foto: J.H. Slaterus, Lange Merkstrjitte W.14, Ljouwert
Tryntsje Sjoerds Cuperus. Foto: E. Fuchs, Ljouwert.
Skonken oan Erfgoed Fundaasje – Kolleksje Boelstra-Beintema
Bern:
1 Fokje Siedses van der Werff* Ljouwert 11-8-1874, ferfart 13-2-1896 nei Oerterp, x Frans Gerrits de Boer (IV.2.2), Ned. Herf. dûmeny
Fokje Siedses van der Werff, Gerrit, Tryntsje en Frans Gerrits de Boer. Foto: Strüppert & Van Duyl, Foarstreek C270, Ljouwert.
Skonken oan Erfgoed Fundaasje – Kolleksje Boelstra-Beintema
2 Joute Siedses van der Werff * Ljouwert 14-3-1876 † 28-2-1923, ferfart 14-5-1910 nei Deinum
3 Antje(Anna) Siedses van der Werff * Ljouwert 14-11-1880 † Stiens 15-2-1964 [] Stiens (noardkant), ferfart 30-5-1906 nei Ljouwert , x Ljouwert 16-5-1906 Johannes Pieters Boelstra * Ljouwert 3-11-1883, trije moanne nei syn heites ferstjerren (op in pleats by it eardere Bonifatius Hospitaal, dêr’t in gevelstien yn siet fan de earste stienlizzing troch in Boelstra, meidieling fan A.A. Schuiling-Beintema) † Stiens 5-12-1956 [] Stiens (noardkant), syn âlden stjerre jong, sadwaande wurdt Jehannes tenei syn hele libben ‘Jehannes de wees’ neamd; 1906 greidboer te Stiens, .
Bern Boelstra:
1 Pieter Johannes Boelstra, x Aukjen Anna Beintema
2 Sietske Johannes Boelstra, x Popko Wilte Heidema.
4 Sjoerdtje Siedses van der Werff * Ljouwert 9-5-1878 †30-12-1933.
Sjoerdtsje Siedses van der Werff. Foto: Strüppert & Van Duyl, Koarnmerk 201, Ljouwert.
Skonken oan Erfgoed Fundaasje – Kolleksje Boelstra-Beintema
Ut dit staach Van der Werff is in sulveren tabaksdoaze sûnder ynskripsje bewarre bleaun (Kolleksje A.A. Schuiling-Beintema, VI.1.3.1).
VI.2 Pieter Ytzens van der Werff * 18-11-1859 † 29-6-1939, x Ljouwerteradiel 7-5-1887 Ytje Rinderts Keestra * Stiens 29-8-1866 † 2-2-1936, dr f. Rindert Jans Keestra, boer te Stiens, en Grietje Johannes Boelstra (Sjoch Erfgoed Fundaasje-Genealogy Boelstra)
Bern:
1 Grietje Pieters van der Werff * Koarnjum 2-10-1888, x Pier Jans Talsma
Bern Talsma:
1 Ytje Piers Talsma † 28-10-1946
2 Jan Piers Talsma
3 Eke Piers Talsma.
2 Trijntje Pieters van der Werff * Koarnjum 11-10-1893 † 22-5-1896
3 Ytzen Pieters van der Werff, folget VII.1
Piter Ytzens van der Werff (VI.2) (Foto: De Jong, Ljouwert. Kolleksje Van der Werff-de Jong)
Piter Ytzens van der Werff (VI.2)
Ytsy Keestra (VI.2)
Skoansusters Ytsy van der Werff-Keestra (VI.2) en Sytske van der Werff-Smeding (VI.3)
Gryt Piters van der Werff (IV.2.1)
Tryntsy (VI.2.2) en Ytzen Piters van der Werff (VI.2.3)
Fan Piter Ytzens van der Werff binne trije skreaune nijjierslokwinsken oan syn pake Durk Ytzens van der Werff (V.1) bewarre bleaun, út 1868, 1872 en 1873 (Kolleksje Van der Werff-de Jong):
Nieuwjaarswensch Voor Grootvader
Grootvader ik kom heden
Als kleinkind tot u treden;
Want ik ben zoo verblijd
Dat Gij mijn Grootpa zijt
En ik een wensch kan schrijfen
Bij t aangaan van het jaar
In hoop en liefde blijfen
Als ook u bloempjes gaan
Ik wensch dat vele jaren
God u nog moge sparen
Uw lefen vreugde zij
Wat heilzaam is nabij
Ja dat slechts blijde dagen
U wachten in verschiet
Wat ik voor u kan vragen
Gij het gezond geniet
Ja God moge u bewaren
Voor al wat kan bezwaren
Tot leed zou zijn en smart
En grieven zou in ’t hart
Niets doe uw vreu[g]d verdwijnen
Dit wensch mijn hart en moge
Uw hie[eil]zon schijnen
Tot levens laa[t]sten stand
P IJ vd Werff
8 Jaar 1868
Nieuwjaarswensch Aan Grootvader.
Hoe jaagt de snelle gang des tijds,
En jaar en eeuwen heen
En voort nu na luttel strijds
Voor ons in ’t groot verleen
En schoon niet aan vergetelheid
Geheel en al ten prijs,
Laat hij ons vaak van werkelijkheid,
Niet het geringst bewijs.
Cornjum den 1 Januari 1872
Uw kleinzoon
Pieter Ytsens van der Werff. Oud 12 jaar.
Fan Piter Ytzens van der Werff binne fierders ytlike gelegenheidsfersen bewarre bleaun (Kolleksje Van der Werff-de Jong):
-Bij het huwelijk van Doede de Jong en Klaaske D. Lettinga, Stiens 14 april 1924
-Oan Doede en Klas – Wizze: Der de dijk de se oamklammet [yn oar hanskrift mei balpen tafoege: tante Griet, Zongen op huwlijksdy fen Doede en Klas – geschreven door P.Y. vd Werff Sr.]
-Aan ’t Bruidspaar en fam., voor Klaaske – Wijze Plaits de blommen [letter yn oar hanskrift tafoege yn polead: en Griet], net dateard
-Aan de jager, door Klaaske en Griet – Wijze: Die in Januari geboren is, net dateard.
-Wij wolle greach in stikje sjonge, Wijze: Memme Seine, net dateard, wierskynlik makke op it trouwen fan syn soan Ytzen mei Jeltsy Lettinga, 1921; sjoch de tekst hjirûnder.
Wij wolle graach in stikje sjonge
Ta ear fan ’t jonge griene pear
Dat hjoed mids al har neiste sibben
Tegearre smiet de lappen gear.
Want ja, wy wol’ it jim wol sizze:
It breidsje is ús tige nei.
En no ’t sij giet fier fan ús hinne,
Jou wij har graach ús seine mei. (twaris)
De lju dêr út ’e Stienzerstrjitte
Ha hjoed in swiere stap te dwaan:
Jim stean tegearre no foar ’t libben
Mei al syn sinnewaar en wyn.
Mar och, tegearre stiet men stevich,
Nei mâl waar komt wer sinneskyn.
Wy tinke hjoed oan leave deaden,
Te ier ferstoarn en djip betocht.
Har geast sil hjoed om jimme wêze,
Oan har hjirmei ús leafde brocht. (twaris)
Wy winskje sa dat jim dêr fine
It lok dêr’t jim dan hoop op ha.
Wês yn it leed elkoar ta stipe,
Dan falt it meastentiids wat ta.
Dat jim, al bin jim fier dêrjinsen,
Dochs fiele sil’ de sterke bân
Dy’t ús hjir mei’noar hâldt omfette
Yn ’t âlde Fryske Heitelân. (twaris)
Sy moatte mei in bliere troanje
Wat leafs út har fermidden jaan.
De brêgeman moat nea ferjitte:
Hy nimt in grutte skat hjirwei.
Hy sil wol tige op har passe,
Dêr hawwe wy sa’n noed net mei. (twaris)
(De boppesteande tekst is omstavere.)
Hjirûnder noch twa brulloftsfersen fan Piter Ytzens op Klas Lettinga en Doede de Jong
Oan Doede en Klas
’t Is in blide dei foar ús no
Klas en Doede bin’ in pear
Op ’t stedhûs en yn ’e tsjerke
Smieten hja de lappen gear.
’t Houlik is dus goed beseegle
Nim dat yn jim libben mei
En hoe’t fierder ek mei rinne
Tink oan dizze blide dei. (bis)
Doede nimt moandei syn wyfke
Mei nei Lactaria ta
En yn Branbânske lânsdouwen
Sil se tegearre de takomst ha.
Fier fan freonen en family
Begjinne jim tegearre no.
Wol lok yn elkoar dan sykje
Bliuw yn leafde elkoar trou. (bis)
Klas do giest no fan ús hinne,
’t Plak yn hûs dat wurdt no leech.
Altyd wienen we tegearre,
Famke ’t wurdt foar my sa dreech
En ik tank dy goede suster
Foar watst altyd foar ús diest.
Wy sil dij wol tige misse,
Leave suster diesto wiest. (bis)
Gean tegearre no it libben
Mei syn ûnk en lok mar yn,
Want al reint it soms in bytsje
Der komt ek altyd sinneskyn.
En myn beste winsken jou ik
Jimme yn jim libben mei.
Doede en Klas leef dêr gelukkich
As op dizze moaie dei. (bis)
By it houlik fan Doede de Jong en Klaaske Lettinga
Klaske jo as nûmer trije
Fan de susters stiet wer klear
’t Houlikslibben te begjinnen
Hjoed trekke jimme no fan lear.
Doede âld-familynamme
Stamheit fan myn wiif en mij
Slachter, boer destiids te Koarnjum
Mei de fan De Jong derbij.
Oanfaard fan mij de beste winsken
Yn ’t bysonder foaral dit:
Dat it mei de djoer fan ’t houlik
Wat better as de suster giet.
It libben is hjir ontrochgrondlik
It rint net altyd rjucht en sljucht
Fan herte winskje ’k bûten werking
It sprekwurd ‘Trije skippers rjocht’.
Opmerking: De Doede de Jong dy’t Piter hjir opfierd is Doede Doedes de Jong, yn 1753 boer te Lekkum, sûnt 1758 te Koarnjum, x Baukje Rinzes † Koarnjum 10-8-1815, 83 jier. Har soan Brandt Doedes de Jong * Koarnjum 1-3-1768 † dêr 7-6-1839, boer te Koarnjum, x dêr 17-5-1787 Gerlandje Wopkes Tolsma * Jelsum 6-5-1770 † Koarnjum 8-10-1831, wie de heit fan Baukje x Dirk Joutes van der Werff, sjoch IV.2.
Dochter Jeltsy har man Ytzen wie yn 1926 al ferstoarn.
Hjirûnder in kondoleânsebrief oan Piter Ytzens van der Werff en Ytsy Keestra by it ferstjerren fan har soan Ytzen. De brief is skreaun troch Ulbe Gæles Hoekstra (* Reitsum 1854 † Ljouwert 1941), boer op Ringiastate ûnder Stiens (dêr’t er sels in nije pleats op sette lit), gemeenteriedslid fan Ljouwerteradiel, en Swopkje Arjens Rienks (* Mellingastate ûnder Stiens 1859 † Ljouwert 1940)
Leeuwarden 9 December 1926
Geachte Vrienden!
Wij kunnen niet nalaten, U en uwe familie, onze oprechte
deelneming te betuigen bij het zware verlies dat u heden heeft
getroffen door het overlijden van uw eenige zoon. Al was reeds ge
ruimen tijd de hoop op herstel zeer gering toch nu de dood is
ingetreden staan we voor een voldongen feit en vragen we elkan
der af ,,waarom moest zoo’n blijmoedig en opgewekt leven
worden vernietigd.’’ Naar ons menschelijk verstand zoude het
zeker anders zijn gegaan. Doch wij weten dat het verstand niet
zóó ver reikt, om te begrijpen ,,de werking’’ van die groote on
zichtbare macht die alles, ja zelfs het geheele heelal beheerst
dien macht die wij ,,God’’ noemen. Wij willen en mo
gen [?] ons in Zijn wil berusten en vertrouwen dat het zoo het beste
is, al valt het zeer zwaar. Wij zeggen het den psalmist na:
Wat God doet dat is welgedaan,
Nooit zal de moed m’ ontzinken
Biedt Hij den lijdenskelk mij aan,
’k Zal dien gewillig drinken
God wijs en goed
Mengt zuur en zoet
Naarmate wij ’t behoeven
Hij troost ook in ’t bedroeven.
Uw meegevoelende Vrienden
U. Hoekstra
S. A. Rienks
Dizze brief is ek heel nijsgjirrich yn it ljocht fan de frijsinnigens yn dizze fermiddens: dien macht die wij ‘‘God’’ noemen is in typearende frijsinnige útdrukking. In ynkyk dêryn: letter mear.
VI.3 Dirk Ytzens van der Werff * Koarnjum 9-8-1863 † 24-8-1924, x Sietske Andries Smeding * Jelsum 9-8-1865 † 24-7-1936, dr f. Andries Thomas Smeding, boer, en Andrieske Yntes Kingma.
Bern:
Ytzen Dirks van der Werff, folget VII.2
Durk Ytzens van der Werff (VI.3)
VI.4 Joute Ytzens van der Werff * op Joussen ûnder Koarnjum 10-2-1869 † 14-10-1920, boer op Joussen op it Koarnjumer Aldlân, x
Rindertje Gerbens Dijkstra, sjoch: Erfgoed Fundaasje – Genealogy Haadsma.
Bern:
1 Ytzen Joutes van der Werff, folget VII.3
2 Jetske Joutes van der Werff * 23-11-1907 † 19-7-1998, x
Sipke Johannes Bouma * 20-2-1904 † 3-5-1989
Bern Bouma:
1 Rindertje Sipkes Bouma * 10-7-1931
2 Johannes Sipkes Bouma * 29-10-1940
+Bern Bouma:
+1 Jetske Bouma * 5-11-1970
+2 Hans Bouma * 27-9-1972
‘Driewerf’: Joute Ytzens van der Werff (VI.4)
Dêr ha wy Jetske al wer (VI.4.2.)
Ytzen en Jetske Joutes van der Werff (VI.4.1 + 2)
Joute Ytzens van der Werff (IV.4) en Rindertsy Gerbens Dykstra
SANDE GENERAASJE
VII.1 Ytzen Pieters van der Werff * Stiens 9-3-1897 † Stiens 6-12-1926, x Ljouwert 1921 Jeltje Dirks Lettinga * Menaam 10-9-1896 † 11-12-1981, dr f. Dirk Baukes Lettinga, boer op Westerwurd ûnder Menaam, en Hinke Roelofs Oostra.
Bern:
1 Pieter Ytzens van der Werff, folget VIII.1
2 Dirk Ytzens van der Werff, folget VIII.2
Ytzen Piters van der Werff (VII.1), Piter, Durk en Jeltsy Lettinga. Foto: F.O. Strüppert, Ljouwert. Kolleksje Van der Werff-de Jong
Ytzen van der Werff (VII.1) rydt de Alvestêdetocht yn 1917 mei seis maten, fan links nei rjochts:
Ytzen, Piter Terpstra fan it Britsumer Aldlân, Doede Bouma, Folkert Binnema, Pieter Boelstra, (sjoch Erfgoed Fundaasje – Genealogy Boelstra), Pier Nannes de Boer (sjoch ûnder IV.2.2) en Pier Jehannes de Boer
(Foto: F.O. Strüppert, Ljouwert. Kolleksje Van der Werff-de Jong)
Hjirûnder in fers op Ytzen en Jeltsy by har trouwen, makke troch Piter Ytzens van der Werff. Neamd wurde Jeltsy har suster Berber (* Menaam 15-4-1895) x 1919 Cornelis (Kees) Miedema, en broer Bauke (* Menaam 13-6-1896 † Ljouwert8-12-1958) x 1e Sjieuwke Olivier, x 2e Attje Boersma.
It fers wurdt songen troch de susters Klaske (* Menaam 5-9-1904) x 1928 Doede de Jong, en Gryt (* Menaam 25-5- 1908) x 1939 Andries Fokkema.
Noch in brulloftsdicht op Ytzen en Jeltsy troch heit, wer songen troch Klas en Gryt:
VII.2 Ytzen Dirks van der Werff * Hallum 24-1-1889 † 11-5-1961 [] dêr, x 1e
Catharina Elisabeth Sipkes Roeda* Hallum 2-6-1890 † dêr 17-4-1923 [] dêr, dr f. Sipke Folkerts Roeda en Trijntje Jans Hiemstra; x 2e Ferwerteradiel 13-3-1926
Foekje Theunis Jensma* 24-11-1894 † 2-1-1994, dr f. Theunis Gosses Jensma en Grietje Upts Hiddema.
Bern:
1 Dirk Ytzens van der Werff, folget VIII.3
2 Sipke Ytzens van der Werff* Hallum 25-7-1916 † dêr 16-8-1918 [] dêr.]
Catharina Elisabeth Sipkes Roeda en Ytzen Dirks van der Werff (VII.2)
VII.3 Ytzen Joutes van der Werff * op Joussen Koarnjum 8-4-1899 † Ljouwert 30-6-1995, boer op Joussen op it Koarnjumer Aldlân, x 6-5-1926
Trijntje Andries Sinnema * Dronryp 28-2-1904 † Ljouwert 3-7-1980, dr f. Andries Wigles Sinnema, boer te Dronryp, en Aukje Cornelia Cornelis Sytsma.
Bern:
Joute Ytzens van der Werff, folget VIII.4
Andries Ytzens van der Werff, folget VIII.5
ACHTSTE GENERAASJE
VIII.1 Pieter Ytzens van der Werff, † 8-1-2002, akkerbouwer en eerpelkweker an ’ e Attesweg Ouwebiltdtsyl; op rasselijst: Gracia en Bartina, x
Clara Dora Smeding (neamd nei har pake Klaas Douwes Wassenaar) * Deyne Hiem te Deinum 7-3-1922 † St.-Anne 27-1-2005, dr f. Andries Thomas Smeding, greidboer en feefokker op Deyne Hiem, en Sjoerdtje Klazes Wassenaar.
Bern:
1 Sjoerdtje Pieters van der Werff *Froubuurt 19-4-1947
2 Ytzen Pieters van der Werff * 18-6-1948 , folgt IX.1
Piter Ytzens van der Werff en Clara Smeding, ferloofd (Foto: Mellema, Ljouwert. Kolleksje Van der Werff-de Jong).
Piter Ytzens van der Werff en Clara Smeding, troud (Foto: Rollema, Ljouwert. Kolleksje Van der Werff-de Jong).
VIII.2 Dirk Ytzens van der Werff, húsdokter te Garmerwolde, letter te Grins, * Stiens 7-1-1926 † Grins 10-7-2016, x Amsterdam 24-4-1954
Mies Schuursma
Bern:
1 Ytzen Dirks van der Werff, x Lenneke Stienstra
Bern:
1 Frederike van der Werff
2 Marita van der Werff
2 Jan Anton van der Werff, folget IX.2
3 Pieter van der Werff, folget IX.3
VIII.3 Dirk Ytzens van der Werff * 28-2-1914, x
Anna Hiemstra* 15-9-1913
Bern:
1 Reina Dirks van der Werff* 4-3-1939
2 Ytzen Dirks van der Werff, folget IX.2
3 Catharina Elisabeth Dirks van der Werff* 19-1-1943
VIII.4 Joute Ytzens van der Werff * op Joussen op it Aldlân ûnder Koarnjum 14-9-1927, boer op Lyts Fellingwurd ûnder Menaam, x 29-5-1956
Wytske Steenstra * Jelsum 29-9-1929, dr f. Tæde Steenstra, molkboer te Jelsum, en Yfke Tacoma.
Bern:
1 Ytzen Joutes van der Werff * Ljouwert 17-7-1957, x Yolande Hoogsteder
2 Tynke Joutes van der Werff * Ljouwert 14-8-1958
3 Tæde (Theo) Joutes van der Werff * Menaam 1-11-1961, bouboer op Lyts Fellingwurd ûnder Menaam, de fjirde generaasje út de famylje Dykstra-Van der Werff op dizze pleats; sjoch Erfgoed Fundaasje – Genealogy Haadsma, x Menameradiel 27-9-1991 Richtje van Gelder * St.-Jabik 26-7-1962, dr f. Arjen Sjoerds van Gelder, boer yn ’e Westhoek ûnder St.-Jabik, en Jelma de Beer
4 Frank Joutes van der Werff * Menaam 19-10-1966, manager Production & Logistics HZPC Holland B.V., x Monique Hurks * 8-11-1968
VIII.5 Andries Ytzens van der Werff * Koarnjum 29-3-1932, feefokker op Joussen op it Aldlân ûnder Koarnjum, x Westdongeradiel 30-6-1960
Antje Lieuwes Boersma * Ternaard 18-10-1938, dr f. Lieuwe Montes Boersma, boer ûnder Ternaard, en Trijntje Jans Dijkstra.
Bern:
1 dochter * en † 25-1-1962
2 Tine van der Werff * Ljouwert 1-11-1963, adm. meiwurkster, x Douwe Douwes Jippes, boer ûnder Hallum * 28-7-1965, sn f. Douwe Piers Jippes, boer ûnder Hallum, en Pietje Douwes Visbeek
3 Ytzen van der Werff * Ljouwert 13-12-1965, feehâlderij maatskip Y. en F. van der Werff-Sinnema op ’e Joussenpleats op it Aldlân ûnder Koarnjum, x
Fetje Sinnema, ûnderwizeres * Ljouwert 16-1-1965, dr f. Gerrit Annes Sinnema, boer op Aldeleie, doe Froubuorren (op it spul fan Klaas en Fetsje Heslinga), letter op nijbou yn ’e Súdhoek dêr, en Trijntje Neeltje Heslinga
4 Lieuwe Monte van der Werff * op Joussen ûnder Koarnjum 8-1-1973
NJOGGENDE GENERAASJE
IX.1 Ytzen Pieters van der Werff, akkerbouwer, eerpelkweker en peerdefokker an ’e Attesweg 29 onder Ouwebildtsyl, sont 2013 an ’e Nijebiltdyk 227 onder St.-Anne; op rasselist: Red Scarlett (1999), Voyager (2003), Ronaldo (2009), Panamera (2013) en Farida (2015); x Tytsjerksteradeel 28-6-1973
Gelske Klaske de Jong * St.-Jabik 30-8-1951; peerdefokker; sinds 2013 de gastfrou fan Bêd & Brochy an ’e Nijebildtdyk 227 onder St.-Anne; sien: B&B Panamera, dr f. Wiltje Gerbens de Jong, akkerbouwer op ’e Ouwebildtdyk 722 onder St.-Jabik, en Anna (Annie) Sybes Hoekstra.
Kines:
1 Ytzen-Pieter van der Werff jr., folgt X
2 Anna Clara(Anca) van der Werff * Luwt 30-11-1978, lerares biology, x ’t Bildt 17-6-2009
Tæke Eelke de Boer * Harns 6-7-1979, dir. De Boer Megatronics, sn f. Willem de Boer, greidboer op Sopsum ûnder Achlum, en Eelkje Martha Wiersma.
Kines De Boer:
1 Tjerk Willem de Boer * Luwt 25-12-2010, twilling mei:
2 Anna Gelske de Boer * Luwt 25-12-2010
Ytzen van der Werff, Ytzen-Pieter, Anca en Gelske van der Werff-de Jong (Kolleksje Van der Werff-de Jong)
IX.2 Jan Anton van der Werff, w.m.
Odette Buittendam
Bern:
1 Ytzen van der Werff
2 Olivier van der Werff
IX.3 Pieter van der Werff, x
Gerreke Regelink
Bern:
1 Dirk van der Werff
2 Willemien van der Werff
IX.4 Ytzen Dirks van der Werff * 1-4-1940
TSIENDE GENERAASJE
X.1 Ytzen-Pieter van der Werff jr. *Luwt 17-12-1975, akkerbouwer en eerpelkweker an ’e Attesweg 29 onder Ouwebildtsyl; sont 1638 is Ytzen-Pieter de achttiende generasy út de femily Wassenaar-van der Werff die’t op deuze plaats boerket; bestuurslid fan ’e Nederlandse Akkerbouw Vakbond (N.A.V.), Regio Noord; w.m.
Anneke Bouma * Winsum 26-6-1986, adm. meiwurkster, dr f. Karsjen (Karst) Pieter Pieters Bouma, greidboer te Winsum, en Jantine (Janny) Foppes Miedema, beukerliedster.
Bern:
1 Janne Rixt van der Werff * Luwt 2-11-2013
2 Ytzen Karst van der Werff * Luwt 3-9-2015
3 Foppe Wiltsje van der Werff * Luwt 30-11-2016
Sien: Erfgoed Fundaasje Kertiersteat Ytzen-Pieter Van der Werff jr. en Kertiersteat Anneke Bouma
Wordt ferfolgt/wurdt fuortset