Famylje-oersjoch Velleman c.s.
© Stichting Utjouwerij Frysk en Frij, Ljouwert
Neat út dizze útjefte mei fermannichfâldige wurde, opslein yn in automatiseard gegevensbestân en/of iepenbier makke troch printsjen, fotokopy, mikrofilm of op hokker oare wize ek, sûnder foarôfgeande skriftlike tastimming fan Stichting Utjouwerij Frysk en Frij, Vredeman de Vriesstrjitte 59, 8921 BS Ljouwert.
This book may not be reproduced by print, microfilm or any other means, without written permission from the publisher.
Nei oanlieding fan ’e Velleman kronyk wurde hjirûnder famyljegegevens werjûn oer de ferteller Lou Velleman en syn sibben.
Foarearst wurdt dat dien oan ’e hân fan in koarte kertiersteat.
De lju yn dizze kertiersteat binne sawat allegearre keaplju. Fakentiids kinne se net skriuwe, mar wol út ’e holle rekkenje, ynherint oan har hannel. Se binne mobyl, by har is in heel soad kontakt tusken Ljouwert-Harns en Amsterdam, en fierderop.
Foarâlden binne oer de lânsgrinzen hinne te finen. In stamheit is geboaren yn Lippstadt [nr. 32], oaren komme út Sögel [9, nr. 1.8], Wildau [720], Sochazcew, Poalen [721], Hongarije [34]. En dy assimileare fierhinne yn har nij lân. Se prate Harlingers, Lemsters (in fariant fan ’t Súdwestkoeks), Luwarders en Snekers. Se nimme no en dan Fryske nammen oan: Feikje [8 en 9, twadde houlik nr. 1], Fokeltsje Turksma [6], Froukje [8 en 9 nr. 1] – alles mei behâld fan har Joadse idintiteit: it Jiddisch, it Israelitys geloof.
Brûk de sykfunksje en je sille fersteld stean.
Because of the Velleman chronicle, the life outline of Lou Velleman that is stored in the archives of Heritage Foundation, family details about the narrator Lou Velleman and his relatives are shown below.
For the time being this will be done on the basis of a short pedigree.
Most of the people in this pedigree are merchants. Sometimes they can’t write, but can do mental calculation, inherent to their trade. They are mobile, they have a lot of contact between Leeuwarden-Harlingen and Amsterdam, and beyond.
Ancestors can be found across national borders. One ancestor was born in Lippstadt [No. 32], others come from Sögel [9, no. 1.8], Wildau [720], Sochazcew, Poland [721], Hungary [34]. And they assimilated far into their new lands. They speak Harlingers, Lemsters (a variant of the Súdwestkoeks), Luwarders and Snekers. They occasionally adopt Frisian names: Feikje [8 and 9, second marriage no. 1], Fokeltsje Turksma [6], Froukje [8 and 9 no. 1] – all while preserving their Jewish identity: Yiddish, the Israeli faith.
Use the search function and you will be amazed.
Sjoch ek:
–Galerij Velleman
Kertiersteat Velleman
Wat is in kertiersteat?
* = berne/born
~ = doopt/baptized
x = troud/married
† = ferstoarn/deceased
[] = begroeven/buried
De godtsjinst is meast Nederlâns Israelitys
Wurk yn útfiering – wurdt fuortset. Op termyn wurdt dizze side oerset yn ’t Ingels.
Foar oanfullingen en ferbetteringen, foto’s en oare yllustraasjes, sjoch formulier
Undersyk:
-Erfgoed Fundaasje, Ljouwert. Mei tank oan Halbe Hageman, Tsjummearum
Sjoch ek
– Erfgoed Fundaasje stiet net foar dy gegevens yn -: Leo Simoskie – Joden van Friesland
– Sporen Joods leven Sneek
1 Levi VELLEMAN (Lou, Loutje) * Snits 4-2-1935 † dêr 18-12-2020 [] Joads begraafplak Snits (joadske begraffenis); juny 1955 diploma Steds Gymnasium Snits; advokaat te Amsterdam; fjirde advokaat Weinreb; advocatus diaboli Satanstsjerke te Amsterdam;
x 1 Amsterdam 1963, skieden Amsterdam 1967
Tinie MAAS * Eindhoven 1934; maatskiplik wurkster op Schouwen-Duiveland;
x 2 Amsterdam 29-1-1970, skieden Amsterdam 1984
Denise Simone DE VRIES ROBLES * Bussum 27-3-1945; byldzjend keunstner-skilderjen en tekenjen; dr f. Dolly Clementine de Raaij, boekhâldster te Amsterdam, en Sylvain Armand Jo de Vries Robles, dir. fuortset ûnderwiis te Amsterdam;
Denise x 2 De Rijp (Noard Hollân) 11-10-2004 Roland van Dijk (Ron) * Amsterdam 5-12-1944; ûndernimmer; sn f. Rosette Benvenida Vleeschhouwer (Rozet) en Maurice van Dijk, plysjeman te Amsterdam
Bern:
1 Hadassa VELLEMAN * Amsterdam 8-2-1971, Centraal Israelitisch Ziekenhuis; learaar Ivryt en Ingels en Joadse filosofy High School te Saint Lewis Park-Minneapolis
x Naarden 1996, tsjerklik Amsterdam, Portugese Synagoge 1997 Joram Slager * Naarden 3-9-1972; farmo gemikus, wittenskiplik ûndersiker op medikaasje
Bern:
1 Toviya Slager; folget in oplieding ta rabbyn, studint ekonomy en psychology;
x
2 Raphaëla Slager
3 Daphne Slager
2 Jaïr VELLEMAN * Amsterdam 22-7-1973; enterpreneur; ûndernimmer te Castricum
1 relaasje mei Kiona HEIJMINK * Millingen a/d Rijn; dr fan Hendrikus Matheus Wilhelmus Heijmink (Henk) en Maria Wegh
x 2 Muiden 2-9-2017 Annelies LEEK * Edam 29-4-1985; administratyf meiwurkster; dr f. Atie de Koning, apotekersassistinte, en Jan Leek, grienteman te Edam
Bern:
út de earste relaasje fan Jaïr mei Kiona:
1 Pyron VELLEMAN * Rotterdam 12-12-1998; skoalgonger en ferkeaper
Ut it houlik fan Jaïr en Annelies:
2 Mizsty VELLEMAN * Amsterdam 7-12-2017
2 Salomon VELLEMAN (Sam) * Snits 23-3-1899 † dêr 19-3-1971, 71 jier, [kremeard Grins]; wenjend ûnder oaren Priorstrjitte 33 en Emmastrjitte 18 Snits; rjochtet 17-7-1919 mei Salomon Machiel Blindeman de Fa. M. Blindeman op; giet letter syn eigen wei ûnder de Fa. S. Velleman;
aktiviteiten yn ’e sportsektor:
-45 jier fuotbalskiedsrjochter;
-learaar kursussen skiedsrjochter (ûnder oaren oan de arbiter Piet Slippens te Snits, sûnt 1933 te Ljouwert)
-learaar (sûnt 1916) en eksaminator teoretise spulregelkennis;
-23-12-1921 mei-oprjochter skiedsrjochtersferiening Sneek en Omstreken; dêrfan 15 jier bestjoerslid, foarsitter en earelid;
-1932 mei-oprjochter, bestjoerslid, letter haadbestjoerslid en earelid Centrale Organisatie van Voetbalscheidsrechters, de C.O.V.S., dêrfoar ûnderskieden mei gouden spjeld;
-redakteur De Scheidsrechter, dêrfoar ûnderskieden mei gouden ynsynje;
-bestjoerslid Koninklijke Nederlansche Voetbal Bond, de K.N.V.B., earder Friesche Voetbal Bond, F.V.B.;
-1913 lid alvetal-komminsje Friesche Voetbalbond ;
-foarsitter Kommisje Skiedsrjochters Friesche Voetbalbond;
-bestjoerslid, foarsitter en earelid Friesche Voetbalbond;
-1920 bestjoerslid Friesche Motorclub;
-1923 lid tolvetal-kommisje Friesche Korfbalbond;
-1955 sprekker oer taal, lân en kultuer fan it Beloofde Lân nei in Israelreis, û.o. oan ’e Frouljusgroep Snits fan ’e P.v.d.A (okt. 1955) en de Algemene Grafische Bond ôfdieling Snits (nov. ’55)
–1961 foarsitter sportfoarum by it 40-jierrich jubileum fan Sneek en Omstreken;
–1970 bridzje-kampioen Fryslân
x Snits 31-5-1933 (op houlikse betingsten)
3 Hester WOLF (Heddy) * Den Haach 27-1-1903 † Snits, Parkflat Stadsfenne 5-3-1973, 70 jier, [kremeard Grins]; keapfrou te Snits; rjochtet 15-9-1933 de N.V. Lompen en Metaalhandel voorheen S. Velleman op; redakteur De Scheidsrechter, dêrfoar ûnderskieden mei gouden ynsynje
Op 24-7-1919 binne Salomon Velleman, Salomon Blindeman en de Fa. M. Blindeman skulners by Elisabeth Frank, widddo fan Machiel Blindeman (sjoch hjirûnder), te Snits foar f 28.000,00; op 3-12-1920 binne deselden skuldners by de N.V. Friesche Bank te Ljouwert foar f 8000,00
Underdûkerskaarten fan Heddy Velleman-Wolf en Sam Velleman:
Rouadvertinsjes Ljouwerter Krante, 20-3-1971:
Ljouwerter Krante, 20-3-1971:
Ljouwerter Krante, 7-3-1973:
4 Levi VELLEMAN * Snits 26-10-1854 † dêr 28-11-1940, 86 jier, [] Joads begraafplak Snits; keapman te Snits; bestjoerslid Chezed Weëmeth, Leafde en Trou (1936)
x Harns 2-6-1898, 45 en 28 jier
5 Johanna PAIS (Hanne, Hanneke) * Harns 10-3-1870 † Snits 6-4-1957, 87 jier, [] Joads begraafplak Snits; kin net skriuwe (set lykwols wol har hân ûnder akten); merkertinster; ferfart 26-1-1889 nei Schylge, is dêr kreamerske; by trouwen keapfrou te Harns, dêrnei te Snits
Opa Levi en Omoe Hanna ha in tefreden houlik, mei har trije jonges. Se prate Snekers.
Opa hat in hele moaie hân fan skriuwen. Gâns Snitsers komme by him om in brief foar har op te stellen.
Opa is in wat minne, sinnige, tiere iter.
‘Toe Levi, yt nou wat.’
‘Hanneke ik hew gyn trek.’
Nei wat geseur set Opoe steefêst in grut board mei in kop derop foar syn noas. Dat yt Opa dan helendal op.
In kear is Opoe siik en fersoarget in dochter fan nicht Dieneke Pais út Harns Opa.
As it smoarch fanke in miel foar him opskept, opperet Opa: ‘Meiske, ik hew helendal gyn trek.’
‘Blief gesond Oom Levi!’, seit it flarde, en se hellet resolút it board foar syn toet wei.
Opa bedarret protteljend sûnder iten op bêd.
Dat wurdt in sprekwurd yn ’e famylje: Blief gesond Oom Levi!
It fanke komt yn Auschwitz om.
(Meidieling Lou Velleman, 23-4-2019)
Bern:
1 Salomon Velleman, sjoch 2
2 Joseph Velleman (Jo, Jolie) * Snits 31-8-1900, hannelsreizger by tabaksfabrikant Koninklijke Theodorus Niemeyer te Grins;
x Rebecca Mok (Bertha) * 2-8-1912; foar har trouwen ferpleechster swaksinnigesoarch;
3 Jacob Machiel Velleman (Japie) * Snits 26-12-1907
Hantekeningen ûnder de trou-akte: Levi Velleman, Johanna Pais en har heit Joseph Pais. Levy hat in bedreaune hân fan skriuwen. Yn ’e famylje wurdt fan Johanna sein dat se analfabeet is, dat har skriuwfeardigens sil fierhinne bleaun wêze by it setten fan har hân. Lykwols, út har hantekening docht net bliken dat se oars net as har namme sette kin: dêrfoar binne de letters dochs te feardich delset
Underdûkerskaart fan Hanna Pais
6 Joseph WOLF * Den Haach 17-5-1874 † Sobibor, fermoarde by in deademars, 2-8-1943; arbeider, meubelmakker en portier te Den Haach
x
7 Naatje POONS * Den Haach 8-8-1877 † dêr 17-5-1939
Bern:
1 David Wolf * Den Haach 12-8-1901 † Midden-Europa 29-1-1945; leadjitter;
x Den Haach 16-6-1926 Mathilda Huisman * Den Haach 24-10-1895 † Auschwitz 2-11-1942; dr fan Moses Huisman, keapman, fruithanneler, en Hendrika Poons
2 Hester Wolf = nûmer trije yn dit oersjoch
3 Sara Wolf (Suze) * Den Haach 6-2-1905 † Rijswijk, Súd Hollân 15-5-1946 [] Wassenaar; naaister;
x Den Haach 21-3-1928 Salomon Samuel Presser * Rotterdam 16-11-1897 † Rijswijk, Súd Hollân 5-9-1952 [] Wassenaar; hannelsreiziger; sn fan Samuel Salomon Presser, winkelman yn makke klean, en Betje Gosschalk
4 Adèle Wolf (Alie) * Den Haach; tsjinstfaam; letter wenjend yn Nederlâns Indië;
x 1 Gerrit
x 2 Jan van den Abeelen
5 Abraham Wolf * De Haach 21-6-1909 † Auschwitz 21-9-1942; metaalbewurker;
x Den Haach 18-1-1933 Rachel Vroman * Soerabajja, Nederlâns Indië, 25-8-1912 † Auschwitz 24-8-1942; dr fan Salomon Vroman, kantoarfeint BPM, en Schoontje Blindeman
Sjoch: Genealogie Poons –
Opa Jozef Wolf is yn alle silen mak, in tûzenpoat: knúsker, timmerman, los-arbeider; hy hat gjin fêste baan. De húshâlding heart ta it Joads proletriaat, ’t is eins in heel earm gesin. Op in kear docht opa in ferhuzing foar de direkteur fan ’e Rotterdamsche Bank. Dat klikt wol. Der komt in baantsje frij as portier by dy bank yn Den Haach. Opa krijt de tip om dêr in smeet op te dwaan. Dat wurdt him. Tenei is er de richard, de rike man yn ’e famylje, want hy hat in fêste baan.
Boarne: Lou Velleman, 2 april 2019
8 Salomon Levi VELLEMAN (ropnamme Sam) * Ljouwert 4-5-1820, dêr besnijd 12-5-1820 troch Mozes Joseph Drogischt, sandak (= dejinge dy’t de jonge ûnder it besnijen op ’e knibbel hâldt): Mozes Turksma, † Snits 19-6-1857, 36 jier, hûsnr 1046; yn Sam syn trou-akte stean Sam en syn heit te boek as VELMAN, mei dêrby de oantekening: ‘zich noemende Velleman’; keapman te Snits
x Snits 19-5-1850, 30 en 18 jier
9 Mietje MENDELS * De Lemmer 29-5-1831 † Snits 5-12-1897, 66 jier, hûsnr 1046 [] Snits, Joads tsjerkhôf; by trouwen tsjinstfaam op ’e Lemmer; yn 1876, ’88 sûnder berop te Snits; Mietje kin net skriuwe;
Mietje x 2 Snits 18-11-1860, 24 en 29 jier, Salomon Machiels Blindeman (ropnamme: Sam) * Ljouwert 4-11-1836 † Snits 1-12-1895, 59 jier [] Snits; sn f. Machiel Elias Blindeman, keapman te Ljouwert, en Feikje Mozes Wolf
Fan Mietje Mendels is in portret bewarre dêr’t se in gouden earizer draacht (dy foto is op ’t stuit yn Minneapolis en wurdt hjir letter pleatst). Joads-Fryske froulju hiene in foarleafde foar it Frysk kostúm mei earizer en tipmûtse, want oars moasten se in sjeitel , in prúk op ha, en dêr koenen se dan sa mei ferdrach ûnderút.
Bern út it earste houlik fan Mietje Mendels:
1 Froukje Velleman (op grêfstien: Frouwkje; ek: Vrou(w)kje(n), ) * Snits 11-3-1851 † De Lemmer 8-7-1923, 72 jier, [] Tækesyl, Joads begraafplak; sûnder berop op ’e Lemmer;
x Lemsterlân 3-9-1876, har neef, Marcus Davidson * De Lemmer 12-11-1852 † Markus syn stjerdatum is noch net fûn; keapman op ’e Lemmer (hûsnrs 157, 44, 29, A40)H; sn f. Salomon Davids Davidson * Haarlem omstrings 1817 † De Lemmer 6-12-1885, 68 jier; keapman op ’e Lemmer; en Betje Marcus Mendels * De Lemmer 16-3-1821 † dêr 24-2-1913, 91 jier (suster fan Mietje, nr 9 yn dizze kertiersteat)
Marcus Davidson is in pakesizzer fan:
David Salomon Davidson, keapman te Amsterdam, en Mina Mozes Manheim; en fan Marcus Mendels en Froukje Mozes Blog (nrs 18 en 19)
Bern fan Marcus Davidson en Froukje Velleman, allegearre * op ’e Lemmer:
1 Salomon Davidson * 4-9-1876, in dei nei de troudei fan syn âlden † De Lemmer 2-5-1894, 17 jier; by ferstjerren sûnder berop op ’e Lemmer
2 Mietje Davidson * 21-4-1878 † fermoarde Sobibor, Wlodawa, Lublin, Voivido, Poalen 9-4-1943, 64 jier; by trouwen sûnder berop op ’e Lemmer; mooglik ûnderwizeres; komt op 19-3-1907 út Snits op ’e Lemmer, ferfart dêrwei op 27-4-1907 nei Rotterdam; komt dêrwei op 22-9-1907 op ’e Lemmer; ferhuzet dêrwei op 10-6-1908 nei Amsterdam; ferfart mei har man 24-5-1909’fan ’e Lemmer nei Antwerpen;
x Lemsterlân 17-11-1908, 30 en 26 jier, Eliazer Wittenburg * Amsterdam 24-8-1882 † fermoarde Sobibor, Wlodawa, Lublin, Voivido, Poalen 9-4-1943, 60 jier; by houlik keapman te Amsterdam, seis moanne dêrfoar op ’e Lemmer; komt 29-8-1908 út Amsterdam op ’e Lemmer; yn 1917 sjouwerman te Amsterdam; sn f. David Wittenburg, keapman te Amsterdam, en Eva Wijnschenk
3 Bettje Davidson * 5-5-1880 † De Lemmer 13-11-1917, 37 jier; by ferstjerren sûnder berop op ’e Lemmer
4 Mina Davidson * 22-5-1882 † fermoarde, Auschwitz 25-1-1943, 60 jier
5 Esje Davidson (meast neamd Elsje) * 13-3-1884 † fermoarde, Sobibor 20-3-1943, 59 jier; by trouwen sûnder berop op ’e Lemmer; dêrnei eksportslachterske te Wolvegea;
x Lemsterlân 16-11-1906, 22 en 28 jier, har neef, Emanuel Mendels * Wolvegea 2-12-1878 † fermoarde, Birkenau 1-1-1944, 65 jier; syn namme stiet op in tinkstien te Noardwâlde; by trouwen keapman te Wolvegea, eigner eksportslachterij, (benammen fan bargen dy’t yn Ingelân ôfset wurde: de saneamde Londense barchjes); wenjend Van Helomaleane 10, Wolvegea; sn f. Abraham Mendels, keapman te Wolvegea, en Mina Davidson (suster fan skoanheit Marcus), winkelfrou te Wolvegea
6 Jacob Davidson * 7-5-1886 † De Lemmer 17-6-1886, 1 moanne
7 Sara Davidson * 18-5-1887 † De Lemmer 21-5-1887, 3 dagen
8 Feikje Davidson * 29-7-1888 † fermoarde, Auschwitz 10-9-1945, 54 jier;
x Lemsterlân 10-4-1913, 24 en 26 jier, Joseph Philippus van Bergen * Weesp (Noard Hollân) 14-7-1886 † fermoarde, Auschwitz 10-9-1945, 56 jier; by trouwen keapman te Oudewater, dêr manufakturier yn ’e Korte Havenstraat 22; sn f. Philippus Hartog van Bergen, yn 1887 keapman te Weesp, yn 1913 te Oudewater, en Maria Levie de Vries
9 Sara Davidson * 24-2-1891; by trouwen sûnder berop op ’e Lemmer;
x Lemsterlân 19-3-1931, 39 en 31 jier, Carl Meyer * Sögel (Dútslân) omstrings 1900; by trouwen keapman te Sögel; sn f. Meyer Meyer, yn 1931 keapman te Sögel, en Bertha de Levie
10 Machiel Davidson * 21-7-1893 † fermoarde, Auschwitz 28-2-1943, 49 jier; keapman
11 Keetje Davidson * 18-9-1896 † De Lemmer 23-9-1896, 5 dagen
Marcus Davidson keapet en ferkeapet gauris huzen, winkelpanden en pakhuzen op ’e Lemmer, fariearend fan f 698,00 oant f 1250,00, yn ’e jierren 1880 (in hûs foar 800,00, fan Abe van der Sluis, túnman te Ychten), ’93, 1900 (in hûs en hiem foar f 825,00, fan Harmen Nieveen, stoomboatkaptein op ’e Lemmer), ’07, ’08 (trije huzen foar f 808,00); yn 1893 keapet er in fiskaak foar f 690,00; op 14-2-1880 lient er f 800,00 fan Jonker Jan Hendrik Frans Karel van Swinderen, boargemaster fan Gaasterlân te Riis; op 31-1-1908 hat er in skuld fan f 1200,00 by Jan Klaasesz, kandidaat notaris op ’e Lemmer
2 Marcus Velleman * Snits 23-1-1853, keapman te Snits; wennet yn 1888 te Amsterdam
x Skoaterlân 1-12-1887, 34 en 42 jier, Schoontje van Praag * Amsterdam omstrings 1845; kin net skriuwe; by trouwen winkelfrou op ’t Hearrenfean; dr f. Jacob Marcus van Praag, keapman te Amsterdam, en Lea Samuel Sody;
Schoontje x 1 Samuel Mozes Blok * It Hearrenfean 18-11-1847 (wettelik erkend 30-11-1851) † dêr 26-9-1886, 38 jier; keapman op ’t Fean; sn f. Mozes Samuels Blok, keapman op It Hearrenfean, en Betje Vellekoper (ek: Esther), sutelster op ’t Hearrenfean
Schoontje en Marcus ferkeapje op 3-11-1888 in winkelhûs mei bleekfjild en hiem oan ’e Dracht op ’t Hearrenfean foar f 2350,00
3 Levi Velleman = nr 4 yn dizze kertiersteat
4 Jacob Velleman (Japie) * Snits 14-11-1856 † dêr 16-1-1927, 77 jier; keapman te Snits; koster;
x Snits 22-7-1888, 31 en 21 jier, Judic Vroman * Amsterdam omstrings 1867; by trouwen sûnder berop te Rotterdam en ferbliuwend te Snits; yn 1928 sûnder berop te Amsterdam; suster fan Jacob, Joël en Salomon, sjoch nrs 1, 4 en 5 hjirûnder; dr f. Samuel Jacob Vroman, sutelder te Amsterdam, dêr keapman en te Rotterdam, en Rachel Sijes:
Bern:
1 Salomon Velleman * Snits 6-5-1889
2 Elia Velleman (Elie) * Snits 30-3-1894 † Amsterdam 9-12-1952, 58 jier; arts te Amsterdam;
x Winschoten 23-8-1922, beide 30 jier, Sophia Pinto (Fie) * Winschoten 7-7-1897 † Amsterdam 8-5-1959, 60 jier; KNE (Keel, Noas en Ear)-arts te Amsterdam (Jacob Obrechtstraat 66); besjoerslid C.I.Z. (Centrale Israëlietische Ziekenverpleging); dr fan Jacob Eliäzers Pinto, feehanneler te Wynskoat, en Grins, en Reina Jacobs de Levie
Ut: Joodse artsen in Nederland – Vergeet niet dat je arts bent – Maastricht University, 2015:
De Amsterdamse kno-arts Fie Velleman-Pinto werd in de gelegenheid gesteld op en neer te reizen tussen haar woonplaats en Westerbork, om in het
kamp specialistische ingrepen op keel-, neus- en oorgebied te verrichten.126
Dergelijke gerenommeerde specialisten konden niet alleen worden geconsulteerd, maar hielden ook voordrachten. Zo hield Simon van Creveld lezingen
op de artsenbijeenkomsten in het kamp. De artsen ontvingen zelfs medische
vaktijdschriften. Wielek vroeg zich af: ‘welk plaatsje met 16 000 inwoners heeft
zoveel prominente doktoren ter beschikking als Westerbork?’127
Bern út it houlik fan Mietje Mendels (nr 9) x Salomon Machiels Blindeman:
1 Feikje Blindeman (ek: Fijke) * Snits 1-11-1861 † Den Haach 24-5-1936, 74 jier;
x 1 Snits 30-8-1885, 23 en 22 jier, Jacob Vroman * Amsterdam 1863 † Rotterdam 30-8-1885, 22 jier; broer fan Judic, sjoch nr 4 hjirboppe, en Joël, nr 4 hjirûnder en Salomon, idem nr 5; sjoch nr 6 hjirûnder; sn f. Samuel Jacob Vroman, sutelder en keapman te Amsterdam, letter sûnder berop te Rotterdam, en Rachel Sijes;
x 2 Samuel van Emmen * Meppel 29-5-1863 † Delft 18-4-1922, 58 jier; keapman; sn f. Levie van Emmen en Alida Meijer;
Samuel x 1 Haarlem 13-12-1883, 20 en 22 jier, Jansje de Vries * Haarlem 1861 † dêr 20-8-1920, 51 jier; dr f. Isaac Mozes de Vries en Rosette Goldsmit
2 Emanuel Blindeman * Snits 4-1-1864 † dêr 3-1-1866, 2 jier
3 Machiel Blindeman * Snits 27-1-1866 † dêr 3-12-1918, 52 jier; keapman yn lompen en âldizer te Snits;
keapet 20-4-1903 in pakhús te Snits foar f 3.100,00; ferkeapet dêr op 14-12-1916 twa winkelpanden foar f 10.000,00
x Steenwijkerwold 31-5-1893, 27 en 23 jier, Elisabeth Frank (Betsje) * Wolvegea 5-11-1869 † Amsterdam 8-4-1961, 91 jier, [] Muiderberg; keapfrou, yn 1923 te Amsterdam; dr f. Roelof Frank, feedokter te Wolvegea en Tuk, en Sophie Feitje Elte
Bern:
1 Mietje Blindeman (Meta) * Snits 18-10-1897 † fermoarde, Auschwitz (Oswiecim, Oświęcim, Voivode), Poalen 28-1-1944, 46 jier; pensionhâldster te Amsterdam; wurtd mei har man Rooms Katolyk; fersetsstriidster
x Amsterdam 16-7-1925 Regnerus Josephus Ignatius Visser * Snits 14-1-1894 † Amsterdam 26-3-1941; keapman te Amsterdam; sn f. Rudrikus Sjouke Hendrikus Visser, keapman, eigner kofjebranderij De Drie Mollen (sûnt 1818) te Bolswert en Snits, en Johanna Gerarda Bernarda Meddens
Bern Visser, Rooms-doopt:
1 Michiel Rudirikus Ignatius Visser (Chiel, Chieltje)
2 Johanna Elisabeth Theresia Visser (Joke)
Sjoch:
–Earelist fan har dy’t foelen
-Libbensbeskriuwing Meta Visser-Blindeman
2 Salomon Machiel Blindeman (Sam) * Snits 15-3-1899 † Utrecht 30-7-1971, 72 jier; mei-firmant mei syn neef Salomon Velleman yn ’e Firma M. Blindeman; letter keapman op it Rokin 61 te Amsterdam
3 Sophie Blindeman (Sonja, Zus, Tante Zus, oannommen as twillingsuske fan Roelof [nr 4 hjirûnder] * Snits 31-8-1910 † Amstelveen 11-5-2002, 91 jier; fersetsstriidster
x Amsterdam 28-3-1935 Max Arnold Souget * Amsterdam 20-5-1904 † 13-1-1987, 82 jier; arts te Amsterdam, Gelderse Kade 75, nimt de praktyk fan syn heit oer; sn f. Aron Souget, 1896 artseksamen, promoveart yn 1903 te Gent; arts Amsterdam, en Betsij Jacoba Bosman
Bern fan 3:
1 Alfred Aron Souget (Frits) * Amsterdam 17-3-1937 † 23-10-2003, 66 jier;
x Margaret Rose van der Goes (Margalith Ruth) * Carshelto, London, Surrey, Ingelân 24-3-1946 † deasketten troch Hamas, Hebron 17-5-1994, 48 jier; dr f. Frederik Adrianus van der Goes, yn 1931 masjinist te Arenalus, Argentinië, en Beatriz Lola (ek: Lola Zamora)
2 Elisabeth Meta Souget (Els, Elsje) * Amsterdam 1950; x Michael Reiss
Sjoch :
-J.H. Coppenhagen, Anafiem Gedoe‘iem. Overleden joodse artsen uit Nederland 1940-1945, Rotterdam 2000, side 138
-Oantinken oan Sophie Souget-Blindeman troch Dineke Stam: Dineke Stam – Sophie Souget-Blindeman
-Libbensbeskriuwing Sophie Souget-Blindeman: Joods Amsterdam – Sophie Souget-Blindeman
4 Roelof Blindeman (Broer, Oom Broer, as twillingbroer keppele oan Sonja, Tante Zus) * Snits 1-9-1910 † Amsterdam 13-2-1962, 51 jier;
x Amsterdam 15-6-1950, skieden Amsterdam 12-7-1954 Maria Helene Theodorine Stossberg * Maastricht 25-9-1914 † 3-9-2000, 85 jier; dr f. Johann Joseph Stossberg en Maria Antoinette Pieters
Ferfolch bern út it twadde houlik nr 9:
4 Elisabeth Blindeman * Snits 23-3-1870 † Amsterdam 15-2-1933, 62 jier;
x Snits 19-6-1897, 27 en 32 jier, Joël Vroman * Amsterdam 11-4-1865 † Den Haach 23-9-1933, 68 jier; keapman te Snits en Den Haach; sn f. Samuel Jacob Vroman, sutelder en keapman te Amsterdam, yn 1897 sûnder berop te Rotterdam, en Rachel Sijes
5 Schoontje Blindeman * Snits 7-12-1874 † Den Haach 3-8-1931, 56 jier;
x by folmacht, Rotterdam 19-9-1901, 26 en 31 jier, Salomon Vroman * Rotterdam 13-5-1870 † fermoarde, Oswiecim, Oświęcim, Voivodeship, Poalen; broer fan Judic 1e houlik nr, 4 hjirboppe, en Jacob en Joël, 2e houlik nrs 1 en 4; Samuel Jacob Vroman en Rachel Sijes
6 Emanuel Blindeman * Snits 4-4-1868 † Hilversum 18-12-1928, 60 jier; yn 1894, ’95, ’98, 1918, ’19 keapman te Snits; yn 1896 dêr winkelman; yn 1918 dêr hannelsreizger; yn 1901, ’2, ’11, ’16, ’17, 19 keapman te Bolswert; wennet yn 1919 te Hilversum; bestjoerslid Nederlands Israelitische Gemeente Bolswert;
x Oldenzaal 2-5-1894, 26 en 28 jier, Juda Minco (ek: Menco; yn 1918 yn Notarieel argyf is de tanamme: Menua) * Oldenzaal 1-7-1865 † Hilversum 10-1-1932, 66 jier; dr f. Salomon Minco, keapman te Oldenzaal, en Elisabeth Nathans
10 Joseph PAIS (Joost) * Amsterdam 31-3-1834 † Harns 9-1-1921, 86 jier; yn 1858, ’60 arbeider, letter keapman en grientehanneler te Harns (hûs F228, F221, Kleine Breedeplaats 16);
Joseph x 1 Harns 23-12-1858 Leentje Pais * Harns 3-4-1836 † dêr 31-8-1859, 23 jier; kin net skriuwe; dr f. Binjamin Raphaels Pais (omkesizzer fan nr 40 yn dizze kertiersteat), keapman te Harns, (kin net skriuwe), en Kaatje Samuels Cohen;
Joseph x 2 Harns 28-6-1860, 26 en 22 jier
11 Sara SPEYER (ek: Saartje; en: SPEIJER, SPIJER) * Harns 10-9-1837 † dêr 27-3-1915, 77 jier; kin net skriuwe
Bern, ûnder oaren:
1 Johanna Pais, sjoch nr 5
2 Levi Pais (Lou) * Harns 19-1-1877 † fermoarde, Auschwitz (Oswiecim, Oświęcim, Voivode), Poalen 23-11-1942, 65 jier; yn 1896 boarstelmakker, letter keapman te Harns (Kleine Breedeplaats 18);
x Adriana Rood * Den Haach 13-5-1881 † fermoarde, Auschwitz (Oswiecim, Oświęcim, Voivode), Poalen 23-11-1942; dr fan Louis Rood en Naatje Spier
Fan Levi Pais en Adriana Rood lizze stroffelstiennen (struikelstenen/Stolpersteine) by har wenhûs te Harns, Kleine Breedeplaats 18, sjoch: Stroffelstiennen Harns –
3 Dina Pais (Dieneke) * Harns 24-2-1882 † fermoarde Auschwitz 19-11-1942, 60 jier; by trouwen sûnder berop te Harns;
x Harns 15-6-1908, 26 en 29 jier, Gabriël Boas * Harns 9-4-1879 † Auschwitz 19-11-1942, 63 jier; boatwurker en havenarbeider te Harns (Suderhaven 35, Havenweg 43, Skritsen 10, Groate Ossemarkt 16); sn fan Mozes Boas, yn 1879 arbeider te Harns (nrs G184, F221, E140, G182, H230), yn 1908 los arbeider te Amsterdam, en Esther Pais
Fan Dina Pais, Gabriël Boas en har soan Joseph lizze stroffelstiennen by har wenhûs te Harns, Groate Ossemarkt 16, sjoch: Stroffelstiennen Harns –
Bern:
1 Sara Boas * Harns 6-9-1909 † fermoarde Sobibor 11-6-1943, 33 jier; by trouwen winkeljuffer te Harns; it gesin wurdt ynskreaun te Zaandam op 29-6-1936 (adressen: Doniastraat 113, Golof Kinstraat 53); op 7-6-1934 út Vught meifierd mei har trije bern Rebecca * Harns 18-11-1934, Gabriel * Zaandam, Golof Kinstraat 19-11-1937 en Dina * Zaandam, Golof Kinstraat 5-2-1940; alle trije fermoarde tagelyk mei har mem; mei har bern op bernetransport nei Westerbork, dêrnei op bernetransport nei Sobibor;
x Harns 31-8-1933, 23 en 26 jier, Benjamin Pais * Zaandam 25-3-1907 † fermoarde Sobibor 23-7-1943, 36 jier; by trouwen keapman te Harns; sûnt 1936 keapman yn skipsartikelen te Zaandam; finzene yn kamp Vught, dêrnei tewurksteld op ferskate plakken yn wurkkampen; sn fan Aron Pais, keapman te Zaandam, en Rebecca Blitz
2 Eva Boas * Harns 4-9-1913; omdat Eva mingd troud wie, is hja oan ’e Holocaust ûntkommen;
x Harns 5-11-1936, 23 en 25 jier, Willem van Wijk * Harns 22-3-1911; earst Nederlâns Herfoarmd, letter gjin tsjerkegenoatskip; arbeider te Harns (Heiligeweg 19a, Prinsenstraat 1a, Binnertspijp 2, Leerlooierstraat 2), letter eksploitanten CO-OP te Harns; sn fan Jan Karel van Wijk, los arbeider, letter boatwurker te Harns, en Trijntje Alberda; bern: 1 Dieneke van Wijk; 2 Rielie van Wijk
3 Joseph Boas * Harns 8-9-1922 † fermoarde Ottmuth 30-6-1943, 22 jier; syn namme stiet op it Joads monumint te Harns
Sjoch: Joods Monument – Dina Boas-Pais – Gesin Gabriel Boas –
Hjirûnder de stjerakten fan Lou Pais en Adriana Rood:
14 Emanuel Abraham POONS * Den Haach 17-11-1831 † dêr 3-2-1919; keapman yn griente en fruit te Den Haach;
x Den Haach 25-6-1862
15 Hester LORS (Hesje) * Den Haach 22-1-1840 † dêr 4-6-1899
16 Levy Nathan VELLEMAN (ek: Levie) * Ljouwert 6-2-1792, dêr 17-2-1792 besnijd troch Mozes Joseph Drogischt; sandak: Aron Gumpich van Dam † Snits 10-3-1867, 75 jier, hûsnr 814; yn 1818, ’20, ’23, ’25 keapman te Ljouwert; by syn trouwen dêr kastlein (‘kroeghouder’); oant syn ferstjerren keapman te Snits; wennet yn 1829 tusken de Silen;
Levy x 2 Snits 3-2-1834, 41 en 27 jier Betje Mozes Veltman (ek: Bettje, en: VELDMAN) * Ljouwert -6-1806 † Snits 22-5-1894, 87 jier, Wyk 4 nr 78; by trouwen yn 1834 sûnder berop op ’t Hearrenfean; dr f. Mozes Salomon Veldman en Engel Levi Korper, keaplju te Ljouwert en op ’t Fean; kinne net skriuwe;
Betje x 1 Skoaterlân 20-6-1824, 29 en 17 jier, Wolf Mozes Locher * Amsterdam omstrings 1795 † It Hearrenfean 13-11-1826, 29 jier, hûsnr 180; by trouwen ûnderwizer op It Hearrenfean, yn 1825, ’26 dêr kreamer; sn f. Mozes Levie Locher en Martje Marcus Levie, keaplju te Amsterdam
Levy x 1 Ljouwert 30-1-1825, 32 en 25 jier
17 Froukje Marcus BOOM * Ljouwert omstrings 1797 † Snits 16-9-1833, 36 jier, Wyk 9, nr 52; neffens har dea-akte is Froukje berne yn Den Haach; by trouwen keapfrou te Ljouwert
Bern út it earste houlik:
1 Marcus Levie Velleman
2 Salomon Levie Velleman = nr 8 yn dizze kertiersteat
3 Klara Levie Velleman * Ljouwert -11-1843; tsjinstfaam te Ljouwert by Salomon Samuel Sarlui, godtsjinstûnderwizer (Wyk 43 nr 286) en yn 1844 by Jacob Jacobs van der Woude en Hanna Velleman (har omke en muoike, sjoch nr 32.7 yn dizze kertiersteat), slachters (Wyk 40, nr 75)
4 Hanna Levie Velleman * Ljouwert 1827 † Snits 7-3-1837, 10 jier, Pol Wyk 9 nr 52
5 Samuel Levie Velleman * Snits 22-3-1828 † dêr 19-3-1841, 13 jier, Wyk 9 nr 51
Bern út it twadde houlik:
6 Nathan Levie Velleman * Snits 21-11-1834;
x Snits 3-11-1861, 26 en 36 jier, Fokeltje Izak Turksma (ek: Fogeltje, Fokje, Vogeltje) * Ljouwert 31-12-1824 † Snits 15-6-1910, 85 jier; by earste houlik keapfrou te Ljouwert, nei twadde boask te Snits; kin net skriuwe; dr f. Isak Salomon Turksma, keapman te Ljouwert, en Anna Meijer de Groot (ek: Hanna, Johanna, Chana)
Fokeltsje x 1 Snits 11-12–1853, 20 en 28 jier, Salomon Mello * Amsterdam 18-9-1833 † Ljouwert 3-1-1860, 26 jier; by trouwen keapman te Snits, letter te Ljouwert; sn f. David Mozes Mello, keapman te Amsterdam, letter te Snits, en Rachel Salomon van Gelder (ek: Naatje)
7 Mozes Levie Velleman * Snits 5-2-1837
8 Joseph Levie Velleman * Snits 7-5-1839 † dêr 18-11-1924, 85 jier;
9 Engeltje Levie Velleman * Snits 28-11-1841 by x sûnder berop te Snits; x Ljouwert 15-10-1871, 25 en 29 jier, Levie Keizer * Ljouwert; by x keapman te Ljouwert; sn f. Philip Nathan Eliazer Keizer, keapman te Ljouwert, en Sara Nathan de Leeuw
10 Jacob Levie Velleman * Snits 1845 † dêr 9-1-1847, 2 jier
11 Yzak Levie Velleman * Snits 21-4-1847 † Snits 5-5-1847, 13 dagen, Pol Wyk 9 nr 54
Hantekeningen ûnder de trou-akte fan Levy en Froukje; Froukje en har mem kinne net skriuwe; Levy syn mem tekenet yn ’t Hebriusk:
Levy en Froukje ha in nijsgjirrige útfanhûzer, Ljouwert Krante, 13-10-1829:
Ljouwerter Krante, 5-9-1848: in jonkje fan N. Velleman wurdt rêden fan ’e drinkeldea. Mooglik fersint de ferslachjouwer him en giet it hjir om Nathan [16, nr 6], soantsje fan Levy en Betsje, de data klopje dêrneffens, Nathan is yn 1848 14 jier
18 Marcus MENDELS * Amsterdam omstrings 1780 † De Lemmer 3-7-1845, 65 jier; by syn ferstjerren wurdt in Certificaat van Onvermogen ôfjûn; yn 1818 sutelder (venter) yn ’e Lemmer; yn 1819, ’22, ’23, ’24, ’25, ’31 dêr keapman; yn 1829 dêr sûnder berop; yn 1844 dêr as berop opjûn: foarsjonger;
x Lemsterlân 19-4-1818, 38 en 30 jier
19 Vroukje Mozes BLOG (ek: Froukje) * De Lemmer omstrings 1788 † dêr 23-1-1875, 87 jier; kin net skriuwe; yn 1818, ’50 keapfrou, yn 1845, ’49 ynlâns kreamerske op ’e Lemmer
Yn ’e trou-akte fan har soan Emanuel wurdt Froukje Bloq neamd
Sjoch: Gesins-oersjoch
Hantekening fan Marcus Mendels, in bedreaune hân fan skriuwen
20 Benjamin Joseph PAIS * Amsterdam 22-7-1803 † Harns 30-4-1861, 57 jier; yn 1860 keapman te Harns
x Harns 28-11-1833
21 Hanna Samuel KANIS (ek: Naatje) * Den Haach 18-1-1808 † Harns 24-11-1890, 82 jier; kin net skriuwe
Sjoch: foarâlden Kanis
22 Abraham Aron SPEYER * Amsterdam 30-9-1803 † Harns 10-3-1850, 46 jier, Wyk G 136; yn 1841, ’42, ’50 keapman te Harns;
Abraham x 2 Harns 15-9-1842, 39 en 27 jier, Frederika Beerends * Ljouwert 13-9-1815 † Harns 15-4-1895, 79 jier, Wyk G; kin net skriuwe; keapfrou te Harns (û.o. Wyk A 225); dr f. Wikje Beerends, breidster en keapfrou te Ljouwert;
Frederika x 2 Harns 14-10-1852, 25 en 37 jier, Izaak Levi Duist * Amsterdam -4-1828 † Harns 14-7-1858, Wyk G 136, 30 jier; yn 1852 keapman te Amsterdam; komt op 5-8-1856 út Amsterdam te Harns, dêr keapman; sn f. Levi Simon Duist en Vogeltje Mozes Groen, keaplju te Amsterdam;
28 Abraham Mozes (POONS) * Den Haach 25-4-1797 † dêr 26-6-1874; keapman te Den Haach;
x Den Haach 16-10-1816
29 Hester (de Groot) (Hesje) * Den Haach 12-3-1799 † dêr 10-8-1868
Moses Abraham (PAUNTS=POONS) (zie II.1) en Belia Salomon (Betje) (BINO), koopvrouw.
30 Daniel Isaac LORS; stiendrukker;
31 Adèle Abrahamde VRIES (Aaltje); naaister
32 Nathan Salomon VELLEMAN * Lippstadt omstrings 1768 † Ljouwert 24-10-1821, 53 jier, hûs 227K; keapman te Ljouwert; kreamer yn manufaktueren
x Ljouwert (Galileër tsjerke) 25-11-1790
33 Rijkje Salomons (VELLEMAN) (ek: Riekje) * Ljouwert omstrings 1762 † dêr 4-9-1842; keapfrou te Ljouwert, oant har ferstjerren op tachtichjierrige leeftyd
Rijkje komt yn akten meast foar sûnder de skaainamme Velleman, mar yn har dea-akte wurdt dy tanamme wol taheakke en gauris ek yn dokuminten oangeande har neiteam.
Rijkje tekenet yn ’t Hebriusk as Rijkje Salomons, sûnder Velleman
Akte fan namme-oannimming op 8-1-1812. Nathan nimt de namme Velleman oan foar him en syn kroast Levy, Salomon, Meijer, Jacob, Grietje en Hanna. Eins is dit in befestiging fan ’e achternamme, want Nathan fiert syn fan al.
Voor ons Maire [=oantsjutting foar boargemaster yn ’e Napoleontise tiid, yn dit gefal Gemme van Burmania] der gemeente van Leeuwarden, Canton/
Arrondissement Leeuwarden, Departement Friesland/
gecompareerd zijnde Nathan Salomon Velleman, wonende/
te Leeuwarden, heeft verklaard dat hij anneemt de naam van/
Velleman voor Familienaam en voor Voornaam die van Nathan Salomon.
Bern:
1 Levy Nathans Velleman = nr 16 yn dizze kertiersteat
2 Jeltje Nathans Velleman * Ljouwert 1794 † dêr 5-1-1869;
x Ljouwert 27-6-1819, 34 en 25 jier, Jacob Philippus de Vries * Ljouwert 1785 † dêr 28-12-1846, 61 jier; sn f. Philippus Abrahams de Vries en Feikje Salomons
3 Salomon Nathans Velleman * Ljouwert 1798 † dêr 5-8-1827, 29 jier;
Salomon wurdt yn ’e trou-akte fan syn dochter Rachel (1824) oantsjut mei de tanamme Felman
x Ljouwert 17-11-1822, 24 en 19 jier, Ester Jacobs de Boer (Essie; suster fan Mietje, sjoch nr 5 hjirûnder) * Amsterdam 1803 † Harns 10-10-1857, 54 jier; kin net skriuwe; dr f. Jacob Michiels en Rachel Isaaks, keaplju te Amsterdam en Grins, yn 1822 te Sutfen
Ester x 2 Ljouwert 20-1-1833, 29 en 30 jier, Jacob Philippus Feitsma * Medemblik 1804 † Ljouwert 31-3-1860, 56 jier; sn f. Philip Asser Feitsma en Hanna Salomons van Gelder
4 Meyer Nathans Velleman * Ljouwert 1801 † dêr 27-6-1879, 77 jier;
x Ljouwert 20-6-1838, 36 en 21 jier, Ester Sadock Vellekoper (Betje) * Ljouwert 10-9-1816 † dêr 20-5-1885, 68 jier; dr f. Zadok Elias Vellekoper (healbroer fan Sara Elias ZADOCKS, nr 47 yn dizze kertiersteat) en Sara Michiels Polack
5 Jacob Nathans Velleman * Ljouwert 18-7-1802 † dêr 5-8-1851, 49 jier;
x Ljouwert 25-9-1836, 34 en 23 jier, Mietje Jacobs Levie * Grins 12-12-1812 (suster fan Ester, sjoch nr 3 hjirûnder); dr f. Jacob Machiel Levi en Rachel Izaks, keaplju te Amsterdam en Grins, yn 1822 te Sutfen
6 Grietje Nathans Velleman
7 Hanna Nathans Velleman * Ljouwert 1808 † dêr 7-9-1858, 50 jier; kin net skriuwe
x Ljouwert 18-6-1837, 31 en 29 jier, Jacob Jacobus van der Woude * Wolvegea 1806 † Ljouwert 17-1-1891, 85 jier; slachter te Ljouwert; skutter 1e Bataljon, 1e Ofdieling mobile Fryske Skutterij; sn f. Jacobus Jacobs van der Woude, slachter te Wolvegea, en Vogeltje Salomons Weezel (ek: van Weissel)
34 Marcus Jacobs BOOM * Hongarije omstrings 1756 † Ljouwert 12-6-1818, 62 jier, hûsnr 75K; keapman te Ljouwert
x Utrecht 1796, 40 en 42 jier
35 Hanna ISRAELS * Dútslân (neffens dea-akte plak net bekend) omstrings 1754 † Ljouwert 16-6-1828, 73 jier, hûsnr 76K; keapfrou te Ljouwert, yn 1825 en by ferstjerren sûnder berop; kin net skriuwe;
Hanna x 1 1790, 34 en 36 jier, Michiel Marcus Boom * Hongarije omstrings 1756 † Ljouwert 4-11-1791, 35 jier; broer fan Marcus, har twadde man
Yn Hanna har dea-akte wurdt opjûn dat har âlden net bekend binne. It liket dat Israels as patronym brûkt wurdt yn 1814, ’25 en ’26, respektivelik yn ’e trou-akten fan har bern Aaltje, Froukje en Barend, en as achternamme yn 1818 yn ’e trou-akte fan har soan Marcus en yn har eigen dea-akte
36 Emanuel Levie
x
37 Rebecca Rubens
38 Mozes Salomon BLOG (ek: Salomono) * omstrings 1730 † De Lemmer 6-11-1811, 81 jier; keapman op ’e Lemmer
x
39 Johanna Mozes BLOG (ek: Anna en Hanna) * Steenwijk omstrings 1738 † De Lemmer 26-1-1828, 90 jier; yn 1818 en by ferstjerren sûnder berop op ’e Lemmer
40 Joseph Benjamins PAIS * Amsterdam omstrings 1777 † Harns 19-1-1841, 64 jier, Wyk G, nr 38; keapman te Harns
x
41 Rachel Isaac DE GROOT (ek: Racheltje) * Amsterdam omstrings 1754 † Harns 9-2-1847, Heiligeweg Wyk G, nr 38; by ferstjerren fan Joseph sûnder berop, letter keapfrou te Harns oant har ferstjerren op 93-jierrige leeftyd;
Rachel x 1 1798 [?] Jacob (Michiels [?]) de Boer * omstrings 1770
Yn ’e trou-akte fan har soan Binjamin wurdt Joseph Joseph van Binjamin Pais neamd.
Yn ’e dea-akte fan Joseph wurdt Rachel Rachel Jacobs Isaaks neamd, dat Jacobs kin ferbân hâlde mei har earste man.
Joseph besit yn 1832 in hûs (perseelnr 1617, 36 kante meter, klaase 1, belesting 27)
42 Samuel Abraham KANIS * Den Haach omstrings 1786 † dêr omstrings 1840
x 1809
43 Aaltje Levy GARNADE * Amsterdam omstrings 1789
44 Aron Salomon Zalman SPEYER * Amsterdam omstrings 1765 † dêr 5-3-1811
x Ljouwert 26-7-1790, hy fan Amsterdam, sy fan Ljouwert
45 Clara Elkan LEVIE KAN (ek: Claartje, Klara; en: Elkenkan) * Ljouwert omstrings 1774 † Amsterdam 25-11-1811, 37 jier
Fan Clara har broer Mozes Elkan Levie Kan stamt ôf Wim Kan – kabaretier. Sjoch ek: Willem Cornelis Kan
Sjoch: Aron Speyer en Clara Levy Kan
46 Abraham Benjamins COHEN * Maarsseveen (Utrecht) omstrings 1757 † Ljouwert 5-9-1828, 71 jier; keapman te Ljouwert, ek noch by syn fertsjerren
x Ljouwert 29-7-1784, beide fan Ljouwert
47 Sara Elias ZADOCKS * Ljouwert omstrings 1764 † dêr 1-12-1844, 80 jier; keapfrou te Ljouwert
Sara Elias wurdt gauris neamd sûnder achternamme, ek nei 1811/’12. Mei tanamme komme ûnder oaren fierders de folgjende farianten by har foar:
ELIAS, 1819, 1834
LOODER, 1823 yn trou-akte fan har soan Benjamin
VELLEKOPER, 1835 yn trou-akte fan har dochter Maike
VELLEMAN, 1831 yn trou-akte fan har dochter Roosje
ZADOK, 1784 by eigen trouwen
ZODECHS, 1823 yn trou-akte fan har soan Benedictus
56 Moses Abraham (PAUNTS=POONS) * Den Haach 1761 † dêr 1-3-1821
x omstrings 1797
57 Belia Salomon (BINO) (Betje) * Den Haach 3-8-1774 † dêr 24-11-1857; keapfrou
58 Aron Isak Levy (de GROOT); keapman;
x
59 Sara Eliazar Andries (HUISMAN)
64 Salomon Nathans
x
65 Hanna Abrahams
66 Salomon Benedictus
x
67 Jeltje Meyers
68 Jacob Berents BOOM
x
69 Froukje Mozes
72 Benjamin Abraham COHEN
x
73 Judik Jacobs
78 Mozes Jesajas BLOK † De Lemmer [?]
x
79 Sara Salomons † De Lemmer [?]
80 Benjamin Nathans PAIS
x
81 Ester Swella SAGUI
82 Isaäc Abrahams DE GROOT
x
83 Akke Levij
86 Levij Jacob GRENADE * Amsterdam 0mstrings 1756 † Den Haach 29-3-1848, 92 jier; x 2 Rachel Joseph van Lier * Amsterdam omstrings 1772 † Den Haach 22-8-1862; dr f. Joseph Mozes van Lier en Sara Israel Boas
x
87 Hesje BRESLAU † Amsterdam 21-7-1796
88 Salomon Josephs SPEYER (Zalman ben Joseph SPEYER) * Amsterdam omstrings 1732 † dêr 26-10-1810, 78 jier (by fersin opjûn 68 jier?), [] Muiderberg; boekhâlder chevra kedosha Gemiluth Chasadim te Amsterdam (organisaasje foar ritueel waskjen foar en nei ferstjerren)
x Amsterdam 1755
89 Judith Isaac Aron VAN COLLEM SOFER * Amsterdam omstrings 1730 † dêr 22-6-1803, 73 jier, [] Muiderberg
Sjoch: Salomon Speyer en Judik van Collem
90 Elkan Isaaks LEVY KAN (ek: KAN-LEVY) * Ljouwert omstrings 1746 † Snits 21-4-1825, 79 jier, ferdronken tusken Ljouwert en De Lemmer [] Ljouwert; keapman te Ljouwert
x
91 Mietje Eliazer LEVIE (ek: Mink; en: KANIS; ek: LIEPMAN LEVIE-KANES) * Amsterdam omstrings 1745 † Ljouwert 16-2-1834, 89 jier, Wyk F 348
Sjoch: Elkan Isaaks Levi Kan en Mietje Eliazer Kanes
92 Benjamin Abrahams COHEN
x Ljouwert 1770
93 Judik Jacobs
94 Elias Zadocks VELLEKOPER (ek: Eli; by trouwen yn 1789 en grêfskrift[?]: VELLEKOPER; postúm[?] VELLEMAN) * Ljouwert omstrings 1736 † dêr 29-3-1816, 80 jier [] Ljouwert, grêfskrift 0402; ‘joode coopman’ te Ljouwert, wennet yn Wyk J 77;
x 2 Ljouwert, Galileër tsjerke, 13-8-1789 (ûndertrou Amsterdam), hy fan Ljouwert, sy fan Amsterdam, 53 en 37 jier, Hendrikje Isaac Cohen * Amsterdam omstrings 1752 † Ljouwert 2-9-1842, 90 jier; keapfrou te Ljouwert; dr f. Isaac Cohen en Hester Abrahams
x 1 1762, 26 en 34 jier,
95 Rosa Meijer COHEN (ek: Roosje, Rooske) * omstrings 1728 † Ljouwert 1788, 60 jier [?]
De húshâlding wennet ûnder oaren op ’e Nijebuorren en op ’t Pottersbakkersplak te Ljouwert
Yn ’e dea-akte stiet Elias as Elias Sadock te boek; dêr wurde syn âlden net neamd, syn earste frou likemin.
Elias syn pakesizzer Elias Sadoks nimt yn 1812 te Ljouwert de namme Velleman oan foar him, syn bern en bernsbern (fan sa’n tsien dêrfan wit er de namme net)
Op 29-7-1773 wurdt troch Fokeltje Tjommes, frou fan Tjomme Pieters, skipper te Boazum, oanjefte dien fan oplichting troch ‘de jood Elias Sadok’. Op ’e selde dei sit Elias yn detinsje op it Riedhûs en wurdt er fertocht fan it stellen fan twa horloazjes, fan respektivelik Oene Heimans en Everwinus Wassenbergh
Sjoch fierder: Leo Simoskie – Joden van Friesland
112 Abraham Jacobs
x
113 Henderijn Hartog
114 Salomon BINO; te Den Haach;
x
115 Duijfje Salomon
172 Jacob Saul GARNADE
x
173 Sara David KLEERKOPER † Den Haach 28-1-1826
176 Joseph Salomon Zalman SPEYER * Amsterdam omstrings 1700 † dêr -2-1758 [] Zeeburg, 27 Shevat 5518
x 1 Amsterdam foar -11-1730 Sara Kalman * Aurich omstrings 1706 † Amsterdam -11-1730 [] Zeeburg, 1 Kislev 5491
x 3 Amsterdam omstrings 1738 N.N. † Amsterdam -3-1757 [] Zeeburg , 26 Adar 5517
x 2 Amsterdam -5-1731
177 Clara Gelle Jacob * ’s Heerenberg omstrings 1703 † Amsterdam -9-1737 [] Zeeburg, 3 Elul 5497
Sjoch: Joseph Speyer en Clara Jacob
178 Isaac Itsak Aron VAN COLLUM (by []: de âlde Itsak [ben Aron?] Ykuthiel KOLE-SOFER; ek: KOLLEM SOFER) * Amsterdam? omstrings 1694 † Amsterdam -9-1778 [] Muiderberg, 18 Elul 5538
x Amsterdam 1721
179 Bassa Abraham * Amsterdam omstrings 1701 † dêr 1781 [] Muiderberg, 16 Chesvan 5542
Sjoch: Isaac van Collem en Bassa Abraham
180 Isaac Joseph LEVY KAN (ek: Itsak; en: Yisghua-Heschel; en: HALEVIE KAN) * Ljouwert omstring 1723 † dêr 11-12-1780; wennet yn ’e Groate Hoogstraat te Ljouwert; parnas (=tsjerkmaster, tsjerfâd yn ’e Synagoge)
x
181 Alida Abrahams FLES (ek: Aaltje, Edil, en: FLESCH; ek VLES, Amsterdamske famylje) * Den Haach omstrings 1725 † Amsterdam 22-6-1782, 57 jier [] Muiderberg, 10 Tammuz 5542;
Aaltje x 2 Amsterdam 4-7-1781 Josua Levie Mossel
Sjoch: Isaak Joseph Levi Kan en Alida Abrahams Fles
182 Eliazer Mozes LEVY KANES (by []: Liepman ben Moshe LEVIE KANITH) * Amsterdam omstrings 1709 † dêr 1785 [] Muiderberg, 23 Elul 5545
x
183 Judith Jetta Joseph DE METS MAARSEN (ek: Judik Abrahams) * Amsterdam omstrings 1712 † dêr 21-10-1787 [] Muiderberg
Sjoch: Eliazer Levy Kanes en Judith de Mets Maarsen
188 Zadok Abrahams VELLEKOPER * Ljouwert omstrings 1713 † Amsterdam nei 1773;
x 1 Hester Heijmans;
op 8-2-1743 ferklearret Jacob Levi, huoddeskjinmakker te Ljouwert, dat Zadocq Abrahams trout mei Hester Heijmans, dy ferlitten hat en no libbet mei in Hendrickje Levi te Amsterdam
x 2 omstrings 1745
189 Hendele LEVY (ek: Hendrikje Jacobs LEVIE)
In Joadse omswindeler, Elias Davids, geboaren yn Amsterdam, dy’t yn East-Fryslân wenne hat en dêrwei swervjend yn Fryslân kommen is, hat yn Ljouwert yn novimber 1762 trije wiken ûnderdak fûn by Zadock Abrahams.
Fanwegen biddelerij wurdt er in hoart opsletten yn ’t Hûnegat en freget er om wat te lêzen, dêrta jout de dochter in Hebriuws boekje fan har heit mei.
Nei syn frijlitting docht Elias in roofmoard op in boerefamke dêr’t er de deastraf foar krijt.
352 Salomon Shlomo-Zalman Jacob SPEYER * Spiers/Speyer omstrings 1657
x Amsterdam omstrings 1680
353 Abigael Bele Bonele Jacob GENZCHEN-LEVIE * Amsterdam omstrings 1662
Sjoch: Salomon Speyer en Abigael Genzchen-Levie
354 Jacob N.N.
356 Aron Coenraad Yekuthiel VAN COLLUM (by []: Aron ben mohr”r Yekuthiel) † Amsterdam 1732 [] Muiderberg, 18 Kislev 5493
x
357 Ester Philip uri-PEIS † Amsterdam 1754 [] Muiderberg, 21 Adar 5514
Sjoch: Aron van Collem en Ester uri-Peis
358 Abraham Abraham-Abba DAVID (by []: Abraham ben David ben Juda) † Amsterdam -3-1742 [] Muiderberg, 12 Adar II 5502
x
359 Chaiche † Amsterdam -2-1749 [] Muiderberg 25 Shevat 5509
Sjoch: Abraham ben DAVID en Chaicha
360 Joseph Adams HALEVIE FLESH (ek: Joseph Levi; en: Joseph Levi DE JONGE; en: Joseph Yoshua-Heschel Adam Chaim LEVIE) * Amsterdam omstrings 1691 † Ljouwert 17-10-1752, 60/61 jier [] Joadetsjerkhôf; keapman; komt 1708 út Amsterdan te Ljouwert; wennet yn 1738 op ’e Dûbele Piip mei frou en fiif bern
x Ljouwert omstrings 1717
361 Clara Jonas Josephs VAN EMDEN (ek: Klere EMDEN) * Emden [?] omstrings 1695 † Ljouwert 22-2-1764, 69 jier [] Ljouwert (grêfskrift 0409)
De nammen fan Joseph en Clara binne yn 1803 graveard yn it Thoraskyld oan ’e sjoel yn Ljouwert (skonken troch Adam Drielsma en syn frou yn 1727)
Sjoch: Joseph Halevie Flesch en Clara van Emden
362 Abraham Elkan LEVIE FLES * Amsterdam omstrings 1702 † dêr 2-4-1781, 79 jier;
x 2 Amsterdam 1750 Ester Marcus † Amsterdam 19-1-1766; widdo fan Isaac Levie
x 1 Amsterdam 1723
363 Sara Lazarus WOLF OPPENHEIMER * Frankfurt omstrings 1705 † Amsterdam omstrings 1750, 45 jier
364 Mozes LEVIE-KANES
Sjoch: Mozes Levie-Kanes
366 Joseph Jacob Moshe-Jacob DE METS MAARSEN * Amsterdam omstrings 1680 † dêr 31-8-1754 [] Muiderberg; printer en útjouwer te Amsterdam
x Amsterdam omstrings 1700
367 Feile Eliazer LEIZER † Amsterdam 21-8-1746 [] Muiderberg
Sjoch: Joseph de Mets Maarsen en Feile Leizer
376 Abraham VELLEKOPER
706 Jacob Benjamin GENZCHEN-LEVIE * Poalen omstrings 1640 † Amsterdam 27-11-1679 [] Muiderberg, 23 Kislev 5440
x Amsterdam 1670
707 Judith Jeras David TEVLE GENTSCHEN * Vredenburg omstrings 1645 † Amsterdam 12-7-1694 [] Muiderberg, 19 Tammuz 5454
Sjoch: Jacob Genzchen-Levie en Judith Tevle Gentschen
720 Adam Samuels HALEVIE (by []: R’Chaim ben Zanwil Levie) * Wildau (Dútslân) omstrings 1652 † Amsterdam 27-3-1695, 43 jier, [] Muiderberg, 11 Nissan 5455
x Amsterdam 24-8-1674 (Rebecca soe dan 15 jier wêze, Adam 22)
721 Rebecca Eliazer SJOCHETSHOVER (by []: Rivka bat Elieser Shochetshover) * Sochazcew (Poalen) omstrings 1659 † Amsterdam 19-7-1739, 80 jier, Muiderberg
Sjoch: Adam Samuels Halevie en Rebecca Eliazer Sjochetshover
722 Jonas Jonathan Joost Joseph VAN EMDEN (by [] fan Clara: Jonathan EMDEN)
x
723 Clara Gelchi Michiel Yechiel LEVIE † Amsterdam 1742 [] Muiderberg, 9 Ijar 5502
Sjoch: Jonathan van Emden en Gelchi Levie
724 Elkan Levie FLES * Frankfurt a/d Main † Amsterdam nei 1729
x Amsterdam 1693
725 Marianne Isaacs COHEN (ek: Matje) * Amsterdam 1673
726 Lazarus WOLF OPPENHEIMER
732 Jacob Moshe-Jacob Arend Maharam DE METS MAARSEN (by []: Jacob ben Maharim MAARSEN) * Maarssen omstrings 1644 † Amsterdam 11-8-1698 [] Muiderberg, 4 Elul 5458; skoalmaster te Amsterdam. wennet op Vloenburg
x Amsterdam 17-5-1669, 25 en 17 jier
733 Bele Jochem JOCHANAN (By x: Belitie) * Amsterdam omstrings 1652 † dêr 23-3-1718 [] Muiderberg
Sjoch: Jacob de Mets Maarsen en Bele Jochanan
1414 David Tevle Mozes GENTSCHEN (ek: GENZCHEN; by []: Tevle GANZ) * Poalen? † Amsterdam 18-5-1684 [] Muiderberg, 5 Sivan 5444
x
1415 Eva CHAVA † Amsterdam 27-1-1681 [] Muiderberg, 8 Shevat 5441
Sjoch: David Gentschen en Eva Chava
1440 Samuel Zanwil Elkan HALEVIE * Wildau (Dútslân) omstrings 1625 † Amsterdam 3-11-1702 [] Muiderberg
x
1441 Freida N.N. † Amsterdam 1708 [] Muiderberg, 19 Ijar 5468
Sjoch: Samuel Elkan Halevie en Freida
1442 Elieser SJOCHETSHOVER (by [] fan Judik: Leizer SOCHESWEID), wennet 1650, ’58, ’59 te Sochazcew, Poalen
x
1443 Judik Gitche KALMAN (ek: Judith) † Amsterdam 8( of 12?)-2 (of 12?)-1702 [] Muiderberg
Sjoch: Elieser Sjochetshover en Judik Kalman
1444 Joseph Juzpa EMDEN
x
1445 Jechiel LEVIE
1450 Isaac Salomons COHEN * Warschau 1646 † Amsterdam 1716, 70 jier
x Amsterdam 1668
1451 Hendrikje Alexanders * Amsterdam omstrings 1650 † dêr 1723, 73 jier
1464 Aron Maharim Jacob DE METS MAARSEN † Amsterdam -6-1690 [] Muiderberg, 25 Sivan 5450
x
Maharim † Amsterdam -9-1683 [] Muiderberg, 10 Elul 5443
Sjoch: Aron de Mets Maarsen en Maharim
2902 Alexander Barends † Amsterdam 1707
x
2903 Judik Abrahams † Amsterdam 1708