© Stichting Utjouwerij Frysk en Frij, Ljouwert
Neat út dizze útjefte mei fermannichfâldige wurde, opslein yn in automatiseard gegevensbestân en/of iepenbier makke troch printsjen, fotokopy, mikrofilm of op hokker oare wize ek, sûnder foarôfgeande skriftlike tastimming fan Stichting Utjouwerij Frysk en Frij, Vredeman de Vriesstrjitte 59, 8921 BS Ljouwert.
This book may not be reproduced by print, microfilm or any other means, without written permission from the publisher.
Yn dizze Galerij Velleman binne foto’s en dokuminten ûnderbrocht út it argyf fan Lou Velleman.
Sjoch: Famylje-oersjoch Velleman – nr. 1
De folchoarder is willekeurich, oernommen sa’t Lou dy yn syn argyf ûnderbrocht.
De nûmers 1 o/m 103 binne yn 2020 troch Lou Velleman en Goasse Brouwer fan Erfgoed Fundaasje wiidweidich besjoen en beskreaun – de ik-figuer yn ’e teksten is Lou. Fan it oare part soe dat ek heve, mar dat is der net fan kommen. Gelukkich hie Lou alwol koarte taljochtingen by de oerbleaune foto’s op papier set – dy binne nei syn ferstjerren troch Goasse Brouwer ferwurke, sadat by alle foto’s fierhinne bekend is wa’t wa is.
It twadde nûmer by de foto korrespondeart mei it nûmer yn it foto-argyf Velleman. De kwaliteit fan ’e foto’s farieart nochal. Guon binne kykjes út ’e losse pols, oaren profesjonele opnames kwa beljochting en komposysje op statyf, lykas dy fan ’e Snitser fotograaf Ger Dijs.
Dit projekt hat de Stichting Erfgoed Fundaasje yn 2019 oanfette op fersyk en yn opdracht fan Lou Velleman.
This Velleman Gallery houses photographs and documents from Lou Velleman’s archive.
The order is still completely random. The goal is to eventually categorize the content by person, topic and date.
Numbers 1 to 103 were extensively reviewed and described in 2020 by Lou Velleman and Goasse Brouwer of Heritage Foundation – the texts are written from the perspective of Lou. From 104 onward the photos were also to be described, but unfortunately that did not happen. Luckily, Lou had written down short explanations of the remaining photos, so that for the most part it is known who’s who.
The second number in the photo corresponds to the number in the Velleman photo archive. The quality of the photos varies considerably. Some are snapshots, others are professional recordings in terms of lighting and composition on a tripod, like those of photographer Ger Dijs of Sneek.
This project was started by the Stichting Erfgoed Fundaasje in 2019 at the request of and commissioned by Lou Velleman.
De persoanen binne hast allegearre werom te finen yn it Famylje-oersjoch Velleman.
Dêr’t dat net it gefal is, wurdt noch wurke oan de oanbelangjende biografyske hâldfêsten. Mei tank oan Halbe Hageman, Tsjummearum.
In part fan ’e foto’s sil brûkt wurde as yllustraasje yn ’e beide boppeneamde digitale útjeften.
Klik op ’e foto foar fergrutsjen.
Most of the persons can be found in the Velleman Chronicle and/or the Velleman Family overview.
Wherever this is not the case, work is still in progress on relevant biographical information. Thanks to Halbe Hageman, Tzummarum.
Some photos will be used as illustrations in both of the digital editions mentioned above.
Click the images to enlarge.
Foarearst hjir de beneaming neffens de Boargerlike Stân fan foarkommende persoanen:
These are the names according to the civil registry of the following persons:
Mammie Heddy is Hester Velleman-Wolf
Pappie Sam is Salomon Velleman
Loetje, Lou of Loutje is Levi Velleman. Lou neamt himsels op papier om en om Loetje en Loutje
Opoe Hanneke is Johanna Velleman-Pais
Oom Jolie of Jo is Joseph Velleman
Tante Bertha is Rebecca Velleman-Mok
Oom Japie is Jacob Machiel Velleman
Oom Bram is Abraham Wolf
Tante Nonnie is Rachel Wolf-Vroman
Tante Suze/Suus is Sara Presser-Wolf
Tante Alie is Adèle Wolf
Oom Douwe is Douwe de Rapper
Tante Rika is Henderika de Rapper-Schurer
Wurdt fuortset
Sjoch ek:
–Famylje-oersjoch Velleman
1/20
Tante Schoontje Vroman-Blindeman, in tante fan myn heit. Gjin idee wa’t ‘Kleine Rachel’ is.
‘Kleine Rachel’ sil Schoontje har dochterke wêze, neamd nei Schoontje har skoanmem Rachel Vroman-Sijes. Sjoch: Famylje-oersjoch Velleman – nr. 4.8.5
Achterop stiet:
Voor onze lieve/Neef Salomon van/zijn liefh. Tante/ Schoontje en/kleine Rachel/Tot Wederziens
Yn ’e foto sitte punêzegatsjes, dat it portret sil wol erges yn in keamer oan ’e muorre pronke ha.
Foto: NV Fotografisch Atelier O. Kurkdjian – Soerabaja Java
2/99
Revueselskip, tink ik. Sjoen de hoed op heit syn knibbel, want pappie droech eins noait in hoed.
Links foaroan: pappie Sam. Twadde fan rjochts: Meta Blindeman? 1900/’20.
3/221
Pappie Sam mei mooglik Meta Blindeman.
4/26
Middenfoar: Sam Velleman as soldaat. Hy hie in hekel oan dat militêre gedoch, mar goed, je waarden oproppen. Syn sersjant hiet Cupido, dy kaam fan ’e eilannen, dat is de iennichste dy’t pappie wolris neamde.
Achterop stean yn griis potlead sa’t liket titels fan fersen, ûnder oaren: Three o clock in the morning; yn pears potlead: Amstel 126, Grootkerk.
5/136
Pappie Sam as tamboer (de linker figuer).
6/204
Pappie Sam yn jonge jierren.
7/268
In jonge pappie Sam mei syn motorfyts. De bern herken ik net. De achterste en âldste soe oom Japie wêze kinne.
8/150
In jeugdfoto fan mammie Heddy. De omjouwing seit my neat.
Opmerking: Heddy Wolf sit yn in kantoarromte achter in typmasine. Se wurke foar har trouwen gauris as sekretaresse, sjoch Velleman Kronyk
9/182 = 214
In jonge mammie Heddy.
214 =182
143
In jonge mammie Heddy.
10/14
Lang lyn, doe wie ik noch net geboaren. Tante Alie Wolf, foardat se nei Indië gong, oma Naatje Wolf-Poons, in hele lytse Betty Presser, tante Suze Presser-Wolf, oom Sal Presser.
De froulju ha in moadieus huodsje op en oma Naatje hat dêrby in foksebont om; tante Alie ek, liket it wol. Oom Sal stiet dêrby yn trijedelich pak. Nei de Earste Weareld Oarloch wurdt yn moderne deftige klean de frijheid fierd, as se it har ek mar even permitteare kinne ek troch arbeiders- en middenstânslju.
Fotograaf: Fotohandel Tromp, Snits
Sjoch: Genealogie Poons –
11/10
Mammie Heddy en pappie Sam erges yn Den Haach, om 1930 hinne.
12/21
Pappie Sam en mammie Heddy, dúdlik op fakânsje, ik tink yn har ferlovingstiid.
13/66
Fakânsje erges oan ’e Snitsermar, yn 1934. Ik bin der noch net. Mar myn âlden binne al troud.
Fan links nei rjochts: Bart Tromp, dêr’t pa letter rúzje mei hie, opa Joop Wolf, frou Tromp, tante Pucky Moll (gjin famylje, goeie freonen fan myn âlden), menear (Dick?) Moll, hy wie KLM-mekanisjên op dy grutte fleantugen dy’t nei Batavia fleagen, doe noch mei in romantys waas omklaaid.
Sittend: tante Suze, mei har soantsje Jopie Presser, mammie Heddy, pappie Sam en oma Naatje.
14/156
Mammie Heddy sjongt, begelaat troch miskien Bart Tromp, oan ’e Snitsermar.
15/235
Mammie Heddy, en ik tink, en Bart Tromp.
16/259
Loetje en mammie Heddy tegearre yn De Regenboog fan Klaas Vrolijk, tink ik. De man mei de pet achter mammie herken ik net.
17/222
Mammie Heddy yn in sylboat.
18/230
Loutje en mammie Heddy op in wenboat. ’t Sil in tocht oer de Fryske marren west ha.
19/254
Loetje yn syltenu op ’e Sylskoalle fan Anneke en Heppie Stam. Ik wie dêr wâlkaptein.
20/37
Dit is yn ’e Priorstrjitte te Snits, ús earste hûs, foardat wy ûnderdûkten; 1933 of 34, foar myn geboarte, want as ik al geboaren wie, hienen se my grutsk sjen litten.
Links: skipper Wybren Krooyenga, dêrneist boateferhierder Roel Moedt mei mammie Heddy, de jonge is miskien ús buorjonge Sibbele Jongedijk, foaroerbûgd pappie Sam.
Jongedijk wie postrinner en is wol yn ’e njoggentich wurden;Sibbele wie letter foarsitter fan ’e PvdA-fraksje yn ’e gemeenterie, dy is net âld wurden.
Se hienen in kat, Felix – dy koe ik noch fan foar de oarloch foar in part en fan yn ’e oarloch en noch lang nei de oarloch, want Felix is heel âld wurden. En dy ha wy plechtich yn ’e tún begroeven en doe ha ik oom Jan en tante Vogel, dy’t in stienhouwerij hienen, frege om in tinkstien. Oom Jan makke doe fan in ôffalstik in monumintsje mei de namme Felix deryn beitele.
86
Mammie Heddy mei Loutje, yn ’e Priorstrjitte.
151
Loutje mei buorfamke Rinnie Jongedijk, yn ’e Priorstrjitte.
264
Pappie Sam en mammie Heddy. Dit moat fóar 1940 wêze, ik wit net wêr.
Trije opienfolgjende bylden fan in filmroltsje.
Post Card
15/232
Opa Joop Wolf en oma Naatje, foar de Gevangenpoort yn it sintrum fan Den Haach, dêr’t de bruorren De Wit fermoarde binne. Rom foar de oarloch, oma is yn 1939 stoarn.
60
Rjochts: opa Joop Wolf, midden frij wis: Roel Moedt, boateferhierder te Snits, freon fan pappie Sam.
Foto Gevaert
135
Steand: opa Joop en ik tink Roel Moedt. Lizzend Mammie Heddy en oma Naatje. Om 1937/’38 skat ik.
Foto Gevaert
249 Opa Joop Wolf, Roel Moedt en mammie Heddy oan ’t farren. Ik tink 1938, miskien sels earder.
258
In lytse Loetje oan ’e igge fan ’e Snitser mar. Wa’t dêr mei my op ’e foto stiet, is net dúdlik. Miskien opa Joop Wolf, mar de foto is net helder.
213
Wa is dêr oan board? Ik tink Roel Moedt.
181
Opa Joop en oma Naatje.
Post Card
29
Oom Bram Wolf, en rjochts sil syn âldere broer David wêze, dy’t ek omkommen is mei syn gesin.
Bino, Kalverstraat, Amsterdam. Briefkaart
51/169
Troufoto fan oom Bram en tante Nonnie. Se binne mei frou en bern omkommen yn Auschwitz.
Fotograaf: Foto-atelier Joh. Van Hespen, Laan van Nederlandsch Oostindië 39, De Haach
19
Oom Bram Wolf (Abraham), troud mei tante Nonnie, omkommen yn Auschwitz mei har iennichst bern. Ik kin net sizze dat ik in soad levende herinneringen oan him ha. Mar ja dat ha je as je sa jong binne, sels de slimste dingen binne je kwyt.
Post Card
128
As ik it goed ha: tante Nonnie, de frou fan oom Bram, as kaberetjêre.
Fotograaf: Atelier Blommers, Prinsengracht 37, Amsterdam
180
Oom David Wolf en syn frou Mathilda Huisman.
Fotograaf: Snel Studio, Wagenstraat 130a, Den Haach
1
Anonym portret man en frou. De frou is wierskynlik ien út de famylje Wolf. Dat wurdt noch útsocht.
Fotograaf: C.J.L. Vermeulen, Den Haach
113
Pappie Sam, tante Suze Presser-Wolf, Jopie en Betty Presser. Op ’e rêch sjoen mammie Heddy. Ik flak foar pappie
158
Tante Suze mei har bern Betty en Jopie
166
Tante Suze en mammie Heddy (rjochts)
211
Tante Suze en mammie Heddy
212
Tante Alie Wolf, tante Suze, lytse Betty Presser, mammie Heddy en pappie Sam; nei alle gedachten omstrings 1932.
Fotohandel Tromp, Snits
238
Yn alle gefallen sittend tante Suze (midden) en mammie Heddy (rjochts). De steande figuer herken ik net en dy sittend links wit ik ek net.
Foto Gevaert
217
Oom Sal Presser, man fan tante Suze Wolf.
160
De famylje Van Leeuwen, neven en in nicht fan myn mem. De earste twa fan links roppe neat by my wekker. De tredde is oom Chieltje en de lêste tante Doortje.
Achterop stiet yn inkt: 24 Juli 1941. Van ons allen heel veel liefs.
98
Tante Alie, de jongste suster fan myn mem, dy hiet yn ’t echt Adèle, mar gjinien neamde har sa, altyd gewoan Alie.
Tante Alie hie nei har kampjierren yn Indië oom Gerrit kennen leard, dy’t dêr by de plysje wurke. Se kamen om ende by 1953 werom, se waarden ophelle troch tante Suus en oom Sal. Doe’t de boat oankaam, stienen se al nei-inoar te wuiven. Doe krige oom Sal in beroerte en foel dea del. Ferskrikkelik, mar ik hie wol by dat spektakel wêze wollen. Tante Alie en oom Gerrit binne yn Snits delstrutsen, mei oom Gerrit syn bern út syn earste houlik, echte Indo’s. Tante Alie is letter wer troud mei Jan van den Abeele.
Fotograaf: Snel-studio, Wagenstraat 103A, Den Haach
172
Ik tink in jeugdfoto fan tante Alie, mar dêr bin ’k net wis fan.
Fotograaf: H.C. den Drijver, Regentesselaan 195, Den Haach
154
Tante Alie.
183
Tante Alie.
218
Tante Alie.
108
Tante Alie yn Indië.
108A
Tante Alie yn Indië.
177
Midden: tante Alie yn Indië.
244
Tante Alie yn Indië mei in my ûnbekinde hear.
70
Midden: tante Alie mei har man Gerrit, tink: de dame links is my ûnbekend.
8
Mammie Heddy mei tante Alie. De foto is nommen by tante Cis en oom Theo Hoogeboom, of: Hoogenboom, Hogeboom of Hogenboom, mind you; yn april 1963.
Theo wie foarsitter fan ’e organisaasje fan fuotbalskiedsrjochters, lanlik. Hy hie in fervefabrykje yn ’e Jordaan yn Amsterdam: Schabraverf (Schaap en Borgman). Doe’t ik yn Amsterdam studearde, gong ik dêr wol ris hinne. Dan sieten dy arbeiders dêr yn ’t skoft bûten yn ’e sinne, der wie in famkesskoalle. ‘Kom hjir ris as ’t doarst, dan sil ik dy bewurkje mei myn skamlippestift,’ rôpen se. Dat fûn ik sa’n moaie kreet.
Sjoch: Ofskie Theo Hogenboom as skiedsrjochter –
46
Links: tante Alie en foar my in onbekende.
[By fergeliking mei foto 221 is dit Meta Blindeman.]
272
Fan links nei rjochts: oom Japie Velleman; oom Gerrit, man fan tante Alie; tante Alie Wolf; Grutte Tsjits de Rapper; tante Rika de Rapper; oom Douwe de Rapper; Sal de Zwarte.
Grutte Tsjits wie de jongste suster fan oom Douwe de Rapper; Lytse Tsjits wie syn dochter.
Foto Gevaert
93
Feest by Piso te Snits. Oom Gerrit; tante Alie; tante Rika; Grutte Tsjits; oom Douwe.
Foto Gevaert
94
Opa Levi Velleman en opoe Johanna Velleman-Pais.
110
Opa Levi foar syn hûs.
131
Opa Levi op it lytse plakje achter har hûs.
168
Opa Levi, opoe Hanneke. Steand: pappie Sam, oom Jo en oom Jopie.
Fotograaf: De Jong, Kleinsand 30, Sneek
278
Opa Levi mei syn earste bernsbern. Hy wie al mear as tachtich jier.
220
Opoe Hanneke, opa Levi Velleman, mei syn namgenoat op ’e earm, en mammie Heddy.
43
Yn ’e Kleasterstrjitte by opa en opoe. Mammie Heddy, opoe Hanneke mei my en opa.
129
Troufoto fan oom Jolie en tante Bertha. Joseph Velleman en Rebecca Mok.
Fotograaf: Obbema, Snits
101
Houlik fan oom Jolie. Opoe Hanneke en opa Levi. Dêrachter de sus fan opoe, tante Dieneke Pais en har man Gabriël Boas.
112
Pappie Sam by it Snitser Stedhûs.
Fotograaf: Ger Dijs, Skoallestrjitte 19, Snits. Gevaert
22
Staasjeportret. Opoe Hanneke en Loutje, hjir bin ik tolve, trettjin?
42/276
Opoe Hanneke yn har keuken yn ’e Kleasterstrjitte te Snits. Se sear iten op in gasstel, mar leaver op in petroaljestel, want gas gong har eins te hurd.
Fotograaf: Ger Dijs, Parallelweg 15, Zandvoort. Foto Gevaert
178
Links: opoe Hanneke mei meester en mefrou Heijmans. Master Heijmans wie foargonger fan ’e Joadse Gemeente te Snits.
240
Oom Gerrit, tante Alie, mammie Heddy, pappie Sam en tante Rika de Rapper. Midden: opoe Hanneke. Foar: dochter fan oom Gerrit, dêrfoar Tjitske de Rapper, dan Simkje en rjochts Froukje de Rapper, mei dêrachter Grutte Tjits de Rapper en Loutje
77
Opoe Hanneke en Japie Velleman, by opoe thús om 1950 hinne.
Foto Ger Dijs, Parallelweg 15, Zandvoort
115
Opoe Hanneke en Loutje, by ús thús, ik herken de radio. Ik tink om 1950/1951 hinne.
Fotograaf: Ger Dijs, Parallelweg 15, Zandvoort. Foto Gevaert
82
Links: ken ik net; opoe Hanneke, Loutje
265
Opoe Hanneke en Loetje yn ’e Emmastrjitte te Snits, omstrings 1950.
Fotograaf: Ger Dijs, Parallelweg 15, Zandvoort
68
80ste jierdei fan opoe Hanneke. Mammie Heddie, opoe Hanneke, pappie Sam. Steand: oom Johnny Poons, Betty Presser, oom Japie Velleman, tante Emmy Pais, Loutje Velleman, oom Lou Pais, tante Eva van Wijk, Dieneke van Wijk, mei foar har Brammetje Poons, Rielie van Wijk, oom Willem van Wijk.
Opmerking: yn it argyf binne fan dizze foto twa eksimplaren.
144
Betty en Jopie Presser.
Fotograaf: Foto-atelier Joh. van Hespen, Laan van Nederlandsch Oost Indië 39, Den Haach
157
Betty Presser by har ûnderdûkadres yn Warkum.
237
Betty Presser, mammie Heddy, en dêrfoar, ik. Rjochts de minsken dêr’t Betty by ûnderdûkt sitten hat.
241
Ik, mammie Heddy en Betty Presser. Ik tink yn Gaasterlân oan ’e Iselmarkust.
163
Betty Presser.
174
Betty Presser.
148
Houliksfoto fan Betty Presser en Ruud Meijers.
Foto Gevaert
124
Betty Presser en har man Ruud Meijers en bern, ferstjoerd as krystkaart.
17
Oom Johnny Poons, hy hat Auschwitz oerlibbe, syn frou net. Hy hertroude mei in jeugdleafde, Toos, in net-joads famke. Johnny syn heit fûn dat helendal niks, dy tocht as der wat tiid oerhinne giet betteret dat wol oer. Hy sei: Toosje wacht nog maar een poosje, want m’n zoon heeft nog geen negoosje. Doe troude Johnny mei in joads fanke en dat kaam om.
Nei de oarloch troude Johnny noch mei dy lettere jeugdleafde en dêr krige hy in dochter by.
Op ’e foto oom Johnny mei Suusje, dochterke út syn twadde houlik en dy op ’e foargrûn, dat bin ik.
80
Pasfoto fan oom Johnny Poons, 30-8-1960.
152
Oom Johnny Poons mei dochter Suusje.
44
Oom Louis Sons, in neef fan mammie Heddy, in frij bekende fiolist, wurdt letter konsertmeester by it Residentie Orkest yn Den Haach en dosint oan it konservatoarium, ik leau te Rotterdam. In hele aardige man, hy wenne op Skeveningen, dêr’t wy wol by him kamen. Hy spile wolris solo mei syn orkest, mar dan foel er twa kilo ôf. Dêr koe er net oer, dan dreau er yn ’t swit.
Fotograaf: Studio Martin, Westduinweg 92, Scheveningen
140
Famyljediner ta eare fan opoe. Fan links nei rjochts: frou Siderius, in goede freondin fan opoe; Rommy, ús help yn ’e húshâlding; tante Alie; oom Gerrit; mammie Heddy; Loetje; oom Japie; opoe Hanneke; pappie Sam; tante Bertha; tante Eva; oom Willem mei Riki; Dieneke en de jongste dochter fan oom Gerrit.
Fotograaf: Ger Dijs, Skoallestrjitte 19, Snits
23
De Van Wijkjes út Frjentsjer, Dieneke en Rielie.
209
Roubrief fan Eva Boas, frou fan W. van Wijk; Harns, 25-9-1976.
251
Famyljefoto. Achter: mammie Heddy, pappie Sam, oom Jolie. Foar: oom Japie, opoe Hanneke, Loetje. Ik tink 1952/’53.
Fotograaf: Ger Dijs, Parallelweg 15, Zandvoort
252
Famyljediner. Miskien wie opoe Hanneke jierdei. Fan links nei rjochts: oom Jolie, oom Japie, opoe Hanneke, Loetje, mammie Heddy, pappie Sam. Yn ’e Emmastrjitte, ik tink 1952/’53.
Fotograaf: Ger Dijs, Parallelweg 15, Zandvoort
196
De Vellemans. Ik tink op ’e jierdei fan opoe Hanneke.
Under: opoe Hanneke, flankeard troch oom Japie en Loutje. Boppe: mammie Heddy, pappie Sam en oom Jolie. Tante Bertha en oom Jo syn bern stean der net op.
Fotograaf: Ger Dijs, Parallelwei 15, Zandvoort
184
Grêfstien fan fan opoe Hanneke en opa Levi yn Snits.
267
Keiserowes Harns.
Fotograaf: Foto Scheffer, Kleine Breede Plaats 6, Harns
149
Oom Jolie.
Fotograaf: W. v.d. Tempel, Offenwier, Snits
Yn it Velleman-argyf is dizze foto yn twafâd.
186
Oom Jolie, pappie syn broer, ek neamd Jo, en tante Bertha trouwe. By it Stedhûs te Snits.
Tante, Rebecca Mok, kaam út Amsterdam leau ’k, yn alle gefallen wenne har broer, oom Flip Mok, dêr
27
It gesin fan oom Jolie en tante Bertha. Steand neef Nico, neef Leo, nei de oarloch geboaren, en tante Bertha, Hanneke, dy is nei de oarloch geboaren, en oom Jolie. Hy wie reizger foar Lieftink, letter foar Niemeijer, kofje, tee, tabak.
28
Oom Jolie en tante Bertha, mar dan wol heel tin, letter is se frij foars. Rjochts: pappie Sam en mammie Heddy.
61
Tante Bertha, oom Jolie en oom Japie.
Foto Gevaert
147
Houliksfoto fan myn nicht Hanneke Velleman.
Fotograaf: ‘Enface’, Noud Swinkels, Grote Berg 51, Eindhoven
11
Oom Jo, Loutje, mammie Heddy en pappie Sam. By Piso, der wie wat te feesten en wy feesten altyd by Piso. Ik wie in jier as tweintich, yn 1955 sawat.
Foto Gevaert
24
Wer feestje by Piso. Myn âlden en oom Jolie, links. Ien of oar famyljegebeuren.
95
Ek by Piso. Oom Japie Velleman; tante Bertha; pappie Sam; oom Jolie.
Foto Gevaert.
119
Oom Japie yn jongere jierren en yn ’t moai.
253
In jonge oom Japie yn útgeanstenu.
Fotograaf: Obbema, Snits
231
Pasfoto’s fan oom Japie en fan my yn in hoeske fan oom Japie.
Fotograaf 1: Obbema, Grutsânr. 12, Snits
2
Bloedgroepekaart fan Jacob Velleman, d.d. 31-3-1992.
102
Oom Elie Velleman, húsarts te Amsterdam, wie troud mei tante Fie Velleman-Pinto.
Foto Gevaert
Sjoch: Famylje-oersjoch Velleman – Elia Velleman en Sophia Pinto – Kertiersteat nr. 8.4.2
GESIN FOAR 1940
139 = 277
Breidsfoto fan pappie Sam en mammie Heddy, Den Haach, 1933.
277 = 139
50
Loutje oan it poatsjebaaien. Wêr, wannear? Gjin idee.
38
Loutje te wetter, miskien yn Gaasterlân? 27 augustus 1937.
69
Loutje Velleman mei Schnuri, in Steiffbeest, in Dúts merk en de namme waard der bylevere, krigen fan opoe en omoe Wolf út Den Haach. Schnuri wie in rib út har liif, want it wienen gewoane arbeidersminsken. Mar Schnuri wie goed bestege, want ik ha him knuffele oant nei de befrijing. Doe seinen pappie en mammie: Bist no ek wat te grut foar Schnuri? No dat fûn ik sels ek al. Doe krige Froukje de Rapper him oer. Nei de befrijing wie se dêr bliid mei, want der wie wat! Froukje boarte dêr noch in jier of wat mei, en doe gong de pop op ’t lêst echt kapot. Mar op dizze foto is Schnuri noch helendal fris.
Doe’t wy ûnderdûkten mocht ik de dingen meinimme dy’t iksels drage koe. En dêr wie Schnuri by, dy wie foar my wol heel, heel belangryk.
104
Loutje
106
Loutje yn syn hok.
Fotograaf: Ger Dijs, Parallelweg 15, Zandvoort
138
Beukerskoalle. Op ien nei boppeste rij, fjirde fan rjochts, dat bin ik. Omstrings 1940.
Fotograaf: J. Dwinger, Kanaalstrjitte 6, Ljouwert
137
Dat herinnerje ik my: Bernebuorkerij, ezeltsjeride. Ik tink 1946.
153
Opoe Hanneke mei my, 2-12-1946.
Fotograaf: Foto Pais, Easterdyk 54, Snits
269
Loetje, mar de kontekst kin ik net jaan.
13
By ús achterhûs mei skoalfreontsjes. Steand Hans Weijers en pappie.
Under links: Adriaan Palmboom, syn heit wie dûmeny yn Boazum. Hy is wiskundige wurden en hat gâns jierren foar Philips wurke. Hy hat lang in hele dikke freon fan my west.
Adriaan Palmboom * Borculo 10-5-1936, soan fan Jan Pieter Jacobus Palmboom, dûmeny te Boazum fan 1950-1960, x Elisabeth Veenhoven; Lou is dêr útfanhûs as syn heit en mem nei Israel binne. It kykje hjirûnder fan in Boazumer doarpsfeest sil dêr ferbân mei hawwe.
191
Achterop stiet yn fulpinhanskrift: Stoelendans Dorpsfeest Bozum Begin September 1954 (Actiefoto)
OARLOCH
7
Fersetsstrider Willem Santema, de man dy’t der úteinlik foar soarge hat dat wy by de De Rappers telâne koenen.
Fotograaf: Piet van der Hem, Laan van Meerdervoort 77, Den Haach
36
Koart nei de oarloch, fakânsje op ’t Amelân, simmer 1946. Wy sieten dêr mei in heel stel âld-fersetsminsken op útnoeging fan Roel Walda, dy’t ûnderwilens boargemaster fan ’t Amelân wurden wie.
Pappie Sam, mammie Heddy, frou Atsma, dat wie in suster fan Willem Santema en ik. Ik wie alve.
Foto Gevaert
118
Pappie Sam yn 1946 yn Amelân op apegapen. Letter knapt dat wer op.
239
Pappie Sam rêst út ûnder in pauze yn in boattocht.
55
Ik kin my dit te binnen bringe. It wie yn Appelskea – simmer, erges tusken 1946 en ’49. Wy wienen mei in stel Snitser frijtinkers en frije sosjalisten.
Ik foaroan rjochts yn ’e midden. Achter myn rêch leit oom Gerben van Houten mei de kop omheech. Hy kaam yn ’e oarloch faak by ús op solder en bleau nei de oarloch in goeie freon. Hy wurke yn ’e tabaksfabryk fan Groeneveld; flak achter my Selma, dochter fan oom Gerben.
243
De faam links boppe is Selma van Houten. De sterke mannen binne, links har boer Wytse van Houten en rjochts oom Gerben sels.
75
Wer de frijtinkers. Leden fan De Dageraad yn Appelskea.
2e fan links foar: Gerben van Houten
2e fan rjochts op skouder: Selma van Houten, dochter fan Gerben
3e fan links, tredde rij: Niels Stofkooper, nei de oarloch pleechbern by ús.
54
Rjochts: mammie Heddie, mei oom Albert de Jong en tante Bep, yn Heemstede, goeie freonen.
Hy siet yn ’e anargistise beweging dêr’t myn heit him nochal ta oanlutsen fielde. De Jong hie partikulier sekretaris west fan Ferdinand Domela Nieuwenhuis en wie de lieder fan ’e anargisten yn Nederlân, letter oernommen troch syn soan Rudolf de Jong. Anton Constandse haw ik wol met by har, al dy anargisten kamen dêr oer de flier, wy ek.
Myn twadde frou Denise en ik ha noch wol op fakânsje west mei tante Bep, doe wie oom Albert al dea.
Ik siet op in kear op har jierdei tusken Anton Constandse en Wim Jong, in geolooch, yn en dy krigen oer myn holle hinne rúzje oer it fraachstik oft it yn 1938-’37 wol of net goed west hawwe soe dat de anargisten in sit namen yn ’e regearing.
Oom Albert hie útstapkes mei oare anargisten nei Parys, dêr wenne César Domela Nieuwenhuis, de soan fan en byldhouwer. Dêr metten se Piet Mondriaan, dy siet der min foar want syn wurk ferkocht net. Oom Albert kocht dêrom in skilderij fan him. Mondriaan bliid, mar sy net, want gjinien fûn der wat oan. Se trokken in lot wa’t it oerkeapje moast, it skilderij kaam oan in sjoernalist, dy’t der ek neat yn seach. Mar finansjeel letter wol; hy seit op in jierdei – tritich, fjirtich jier letter: ‘Bep ik ha him no toch mar fersekere’.
De fiat is fan pappie Sam.
190
Mammie Heddy, oom Albert de Jong en tante Bep.
279
Oom Moos, Louis Monnoury, by ús thús. Hy wie in fûl anargist, yn ’e oarloch yllegaal wurker; reizge – yn ’e santich al – op kusjebannen op ’e fyts fan Amsterdam nei Snits en kaam by ús op ’e solder op besite. Hy is ien fan ’e organisatoaren fan ’e Febrewarisstaking yn Amsterdam.
Yn fulpin achterop: Heddie Sam
SKOALLE
111/263
Legere Skoalle, klasse 5 of 6, 1946. Wim Hoeke, Loetje en Anne de Vries. Wy wennen alle trije yn ’e Emmastrjitte. Anne twa huzen fan ús ôf.
6
Stedsgymnasium Snits (letter Magister Alvinys Gymnasium), 6e klasse, tink. Noch it âlde gebou, wy sitte foar de foardoar.
Paulien Donkersloot stiet der net op, dat dy hat de foto nommen nim ik oan. Dy waard psycholooch.
Fan links nei rjochts, foaroan:
-Jo May, soan fan in haadûnderwizer yn Snits; Jo wurdt wittenskipper by de Medise Fakulteit Ryks Universiteit Grins
-Ineke Gerritsma, har heit, Hendrik Gerritsma, wie húsdokter yn Snits
-Dirk ten Dam, syn heit wie bakker te Snits; Dirk is yn ’e sechsde klasse fan skoalle gongen en hat net eineksamen dien
-Atze Keulen, ús iennichste Alfa, syn heit wie haadmaster yn Raard; Atze waard klassikus
-ik
-Hans Weijers, syn heit wie op ús Gym learaar âlde talen; Hans hie in lamme skonk troch polio, hy hompele dus. Hy die letter biology en waard wittenskiplik amtner yn Grins. Dêr hie ik noch lang kontakt mei.
Foto Gevaert
Ineke Gerritsma har mem, Tal Gerritsma (Talje Elizabeth Bruins), siet yn it ferset. Sjoch:
Friesch Dagblad: Oecumenisch drietal hielp tientallen kinderen
Omrop Fryslân: Fraachpetear mei Ineke Gerritsma
Sneeker Nieuwsblad: Joodse neven overleefden in Sneker doktersgezin –
-Dirk Jozef ten Dam * Snits 8-10-1932 † It Hearrenfean 9-2-1995
–Atze Keulen * Snits 1938, learaar klassike talen, rektor iepenbiere skoallemienskip te Hengelo (O); soan fan Berend Ferdinand Keulen, ûnderwizer te Snits, skoallehaad te Raard, Raarderhim.
52
Gymnasium yn Snits, tonielútfiering. Wimmie Sevensma, Hennie Kingma (boeresoan tusken Snits en Drylst yn, Hennie wurdt feearts), Hylke Tromp (letter professor politikology RUG), Willem Münch (learaar natuerkunde en skiekunde, regisseart it stik), Hannie Wisselink (heit is belestingynspeteur, hat letter in belestingadvysburo te Snits), Bram [?], ik, ien dy’t helpt mei kostúms, gjin learling, Paulien Donkersloot (har heit is sjirurch te Snits) en Adolf Meijerman.
Adolf wie yn ’e twadde klasse fan it Gym in bytsje myn bêste freon, dat is letter ferwettere. Syn heit ûntwurp skipstelegraven, dat stoarte yn en syn ynkomsten droegen op. Adolf is letter museumdirekteur yn Rotterdam wurden.
Fotograaf: Bart Tromp, Snits
59
Dûnsles by Vergonet yn ’e Parkstrjitte te Snits. Boppe midden: Adolf Meijerman, dêrneist rjochts: Jetty Huisman. Ik ûnder links, neist my Fokeltje Loen (Fokie) [* Snits 7-10-1935 † 19-3-1985], aardich fanke. Mar se moast trouwe mei Feike Tienstra, dêr bin ik flink fan skrokken.
Jetty wie in nicht fan Fokie, dy is letter troud mei mr J.H. Cornelis, sy is syn tredde of fjirde frou.
Foto Gevaert
79
Gymnasiumtoniel. Dy’t sit, dat bin ik.
202
Gymnasiasten, klasse 5 of 6. Steand fan links nei rjochts: Yde Engelsma, Hans Weijers, Atze Keulen en ik. Dy’t sitte herken ik net, wierskynlik is ien dêrfan Paulien Donkersloot.
Yde Engelsma * Snits 29-6-1934 † dêr 14-1-2001, soan fan Brechtus Ydes Engelsma, toskedokter te Utrecht en Snits, en Annigje de Vries.
281
It bestjoer fan ’e gymnasiasteferiening Dicendo Disainus. Fan links nei rjochts: Yde Engelsma, Paulien Donkersloot, Hylke Tromp, ik en Adriaan Palmboom.
Fotograaf: Bart Tromp, Foto-kino bedr., Snits
224
Ik bin de twadde fan links, de rest is tsjuster.
33
Oom Sal de Zwarte by de Wetterpoarte.
Mammie die nei de oarloch wanhopich har bêst om der achter te kommen wa’t net omkommen wienen. Se skeakele Max Hakkert en tante To Alter yn, dy hienen in broadsjewinkel yn Rotterdam. Dêr ha wy wol west doe’t ik in jier as tolve wie – op ’e motor in heel aventoer.
Tante To wie in skoalfreondin fan mammie út Den Haach en dy hienen Bergen-Belsen mei de bern oerlibbe, dat wie gjin Vernichtugslager. Je gongen dêr wol dea, lykas Anne Frank. Mar oom Max en tante To ha it mei de bern trochstien.
It gesin Hakkert-Alter emigrearde nei de oarloch nei Israel. Se fûnen dat pa en ma dat ek dwaan moasten en makken har sa gek om derhinne te sjen. Se ha doe sa’n seis à sân wike de boel troch ’t gat gnúfd. Underwilens útfanhûze ik by dûmeny Palmboom-en-dy yn Boazum.
Pappie woe helendal net nei Israel, ‘Dit is niks foor mij‘. Hy fûn de mentaliteit net leuk, nochal hurd. En hy koe dy taal net en hy hie der ek gjin sin oan om dy oan te learen. ‘Ik bliif in Frysland,’ sei er. Dat wist hy doe seker. Dus is er fleurich yn Snits bleaun.
Tante To hie in jongere suster, tante Sel, Selma Alter, en dy krige in relaasje mei Sal de Zwarte. Fia tante To kamen dy mei ús yn kontakt en waarden se dikbefreone mei myn âlden. Dy kamen in soad by ús yn Snits. Tante Sel is letter by oom Sal weirûn en mei har dochter Miep nei Kanada ferdwûn. Miep studearre piano oan it konservatoarium yn Amsterdam tink, want dêr wennen se.
-Catharina Alter (To) * Den Haach 31-8-1904 † ?; dr fan Mozes Alter en Margaretha Norden (Grietje); x 1 (skieden) Max Hakkert * Rotterdam 20-5-1903 † ?; sn fan Albert Samuel Hakkert en Helena Roosje Kolthoff.
–Salomon de Zwarte * Amsterdam 15-9-1909 † Kanada 1995; arbeider, boardewasker, kelner, stewart en pursor by de K.L.M. te Amsterdam; hy wurdt tewurksyteld yn in wurkkamp foar Joaden yn ’t Zandt (Súd-Hollân); ferfart yn 1951 nei Montreal, Kanada; komt yn 1957 út Kanada wei wer yn Amsterdam; soan fan Simon Salomons de Zwarte, , sutelder, lompesortearder, -bewurker en -keapman te Amsterdam, en Mietje Juda Polak;
Sal x Amsterdam 13-4-1932 Frida Coster * Amsterdam 9-8-1902 † dêr 25-6-1983; dr fan Carel Frederik August Coster en Maria Sophia Wilhelmina Blankenberg;
bern:
1 Mietje de Zwarte (Miep) * 1932
2 Simon de Zwarte * 1935
Fan Sal syn suster Collette de Zwarte, troud op 9-4-1940 mei Gerrit Schellevis, is in filmreportaazje fan har troudei, dêr’t ek Sal yn foarkomt: Oorlog in blik – een onvergetelijke dag – de film is makke troch broer Joseph de Zwarte op 10-4-1940. Colette wie ûnderdûkt yn ’e omkriten fan Snits, Gerrit is yn 1944 yn Poalen fermoarde; Joseph en syn frou Klaartje Walvisch binne fermoarde yn Sibibor yn 1943 en 1944.
122
Pappie Sam en mammie Heddy yn Israel, op Alyal.
201
Brief fan David Reinier oan Hester Velleman-Wolf, Hirjath Mozkui, Racov Hatikoah[?] 87, Israel, d.d. 22-11-1952
175
Tante Sel en oom Sal de Zwarte.
58
By ús achterhûs om 1960 hinne. Oom Sal de Zwarte, pappie Sam, tante Sel en mammie Heddie.
188
Miep de Zwarte; tante Sel; Micky, har soan; oom Sal de Zwarte. Yn hertsje Amsterdam, op ’e achtergrûn de Westertoer.
Sjoch ek foto 33 (nr. Argyf Velleman)
199
Tante Jeanne van Crefeld-Bobbe, frou fan Sam van Crefeld, de betinker fan Cefina en de earste direkteur dêrfan. Tante Jeanne wie in freondin fan mammie Heddy, sûnt har legere skoalle tiid.
Jaantje Bobbe (Jeanne) * Den Haach 21-3-1898 † Amstelveen 22-6-1967 [kremeard] Velsen; modiste; kantoarfaam; dr fan Mozes Bobbe, fiskhanneler, boekbiner, keapman yn hearemoade-artikels; en Grietje Poons; x Den Haach 4-3-1925 Salomon Isaac van Crefeld (Sam) * Den Haach 11-2-1896 † Amsterdam 26-9-1961 [] Muiderberg; East-Indys postamtner; eksporthanneler, direkteur Cefina; sn fan Isaac van Crefeld, fleishouwer, en Hendrika Hijmans, fleihouster.
Cefina – Centrale Financierings-Actie – is yn 1946 oprjochte út in gearwurkingsferbân fan Joadse ynstellings om Joads sosjaal wurk te befoarderjen en yn ’e mande jild yn te sammeljen en de takomst fan Joadse ynstellings feilich te stellen. Yn 1952 wienen der fjirtjin ynstellings yn ferienige, letter is dat oantal slonken.
Sjoch: Genealogy Bobbe – VI.191
32
Pappie Sam, yn ’e Jachthaven by de Snitsermar, simmer 1960.
Op ’e achterkant yn balpin: Zomer 1960 met Miep en Jetty.
Fotograaf: Foto-Ciné van Rijn, A239, Amsterdam
141
Mammie Heddy lizzend mei oom Sal de Zwarte en tante Sel.
Achterop stiet mei potlead: Op ons strandje te Rosas
40
Op fakânsje, ik tink yn Italië. Links: Sal de Zwarte, tante Sel en mammie.
67
Staasjeportret fan myn mem Hesther Velleman-Wolf.
97
Heddy Velleman-Wolf.
47 = 233
Pasfoto fan pappie Sam, om 1946 hinne. Hy hie hie in tebekslach nei de oarloch en is net yn in goede kondysje, hy is meager en sjocht der min út.
233 = 47
234 Pasfoto fan pappie Sam.
3/266
Mammie Heddy krijt fuort nei de oarloch in elektrys fornús, dat is wat bysûnders. Wat wie se dêr grutsk op! Om 1947 hinne.
Fotograaf: Ger Dijs, Parallelweg 15, Zandvoort
41
Mammie Heddy mei Rommy, in ynwenjend tsjinstfamke. Wy hienen net sa faak in ynwenjende faam, mar no kaam dat sa út. Se skermen in part fan ús grutte fliering ôf en dêr sliepte Rommy.
142
Rommy.
Fotograaf: Ger Dijs, Skoallestrjitte 19, Snits. Foto Gevaert
103
Houliksfoto fan Betty Hottinga en Evert Horjus.
Fotograaf: Foto Vaka, St. Jabiksstritte 13, Ljouwert
248
Breidsfoto fan Betty Hottinga en Evert Horjus.
Fotograaf: Foto Vaka, St. Jabiksstrjitte 13, Ljouwert
205
Evert Horjus, Betty Hottinga en har soan, Krysttyd 1955.
191
Achterop stiet yn fulpinhanskrift: Stoelendans Dorpsfeest Bozum Begin September 1954 (Actiefoto)
Opmerking: in konneksje mei de Fotokolleksje Velleman is net dúdlik
30 = 275
Koart nei de oarloch. Jopie Presser en Loetje. Jopie wie wat âlder, hy is ferstoarn yn 2005.
275 = 30
250
Loetje, mammie Heddy en pappie Sam, omstrings 1950.
Fotograaf: Ger Dijs, Parallelweg 15, Zandvoort
65
Thús tusken 1952-’56. Mammie, pappie en ik. De Winkler-Prins stiet op syn plak op ’t dressoir, dêr boppe-op in foto fan opoe Hanneke en my.
Fotograaf: Ger Dijs, Parallelweg 15, Zandvoort
121
Pappie Sam as gauche (feehoeder) mei piip.
76
Hjir bin ik thús op ’e foto set troch Ger Dijs, omstrings 1953/’54. Dijs hat him krekt yn Snits festige. De pleatslike fotograaf Obbema hat dêr beswier tsjin.
Dijs hat gjin middenstânsdiploma en syn frou Pucky likemin. Ik wurd har kompanjon, myn gymnasiumdiploma stiet gelyk oan in middenstânsdiploma. Sa kin ik har út ’e brân helpe. Mar pappie is dêr net foar; dat as Pucky har middenstâns hellet, wurd ik kompanjon ôf.
Ger Dijs († Snits 15-12-2009, 84 jier) festiget him yn 1952 út Amsterdam as fotograaf yn Snits. Hy leit him ta op troufoto’s en leveret sûnt ein 60-er jierren parsewurk oan de Sneker Koerier en letter oan it Sneeker Nieuwsblad. Hy makket namme as skûtsjesylfotograaf en wurdt lid fan fertsjinste fan ’e S.K.S. (Sintrale Kommisje Skûtsjesilen). Earst arbeidet er út in arke wei, dêrnei begjint er in saak oan ’e Skoalstrjitte, en letter ferfart er nei it Grutsân 81. Syn foto’s binne foar in part opnommen Pracht en Passie (2002). Syn opfolgers fan Studio Ger Dijs v.o.f. (noch ûnder dy namme), Anneke Hofstra en Miek Reuling, jouwe op 24-12-2011 de saak deroan.
162
Ik tink mammie Heddy mei ik wit net wa.
164
Mammie Heddy en pappie Sam dúdlik oan ’t feesten.
170
Pappie Sam en mammie Heddy by de yngong fan ik tink Hotel Haneburg te Snits. Foto Agfa
92
Yn swart mefrou Fairschild, fan ’e yntertsjerklike emigraasje; mammie Heddy; Ies Heymans, soan fan master Heijmans; master Heijmans; pappie Sam. Begjin 1957 op Soestdijk foar it hûs fan Ies Heijmans.
2
Nijjierskaart fan it Jewish National Fund, fan Ies en Jos Heijmans.
53
Mammie Heddy simmer 1962. In hele goeie foto fan myn mem, want sa wie se echt, mei dy ivige sigaret, se wie in kettingrookster. Mar se is ferstoarn oan in beroerte, in harsenbloeding.
Achterop yn blauwe balpinskrift: foto Jan de Vries Bergum genomen tijdens etentje in Hardegarijp Zomer 1962
FUOTBALJEN
176
Pappie Sam is in hertstochtlik fuotbalskiedsrjochter. Hjir yn ’e midden.
Achterop stiet yn fulpenskrift: 29 Mei 1930 Hemelvaartsdag Sneek
120
Fuotbal-alvetal fan L.S.C. (Lycurgus Sparta Combinatie te Snits) mei rjochts de trener en links pappie Sam as coach. Se kamen alle wiken in kear by ús thús om oppept te wurden.
Hans Fijlstra, 7e twadde rige; Jelle Schukking en Brantsje Blom, 3e en 4e ûnderste rij.
Fotograaf: Ger Dijs, Snits
63
Fuotbal-skiedsrjochterskongres yn Amsterdam yn 1956, mei fertsjintwurdigers út hast alle Europese lannen Ik tsjinne dêr as tolk – net simpel, bygelyks út it Frâns yn it Ingels.
Twadde fan links: Theo Hogenboom. Midden: mammie Heddie (yn swarte jurk mei trije wite knopen).
Fotograaf: Anphoto
125
Sportfoarum te Snits, woansdei 22-11-1961.
Fuotbalkopstikken: Anne van der Werf, wie earelid fan ’e K.N.V.B. (Koninklijke Nederlandsche Voetbal Bond); Theo Hogenboom, foarsitter C.O.V.S. (Centrale Organisatie van Voetbal Scheidsrechters); pappie; ir Ad van Emmenes – die tegearre mei pappie de redaksje fan De Scheidsrechter – en Gerrit Eeden, doe fize-foarsitter fan ’e C.O.V.S.
Fotograaf: Ger Dijs, Skoalllestrjitte 19, Snits
De Scheidsrechter:
71
Besite fan ’e Snitser skiedsrjochtersferiening oan Enschede, 6/7 july 1963. Pappie Sam oerlanget Dries van Leeuwen, ek in hotemetoat yn ’e skiedsrjochterij, in tinkplakette. Enschede en Snits wienen de plakken dêr’t de oanjagers sieten fan C.O.V.S. (Centrale Organisatie van Voetbal Scheidsrechters), dy bestiet noch.
Op ’e achterkant yn blau balpinskrift: ter gelegenheid van het bezoek der Sneeker Scheidsrechtersver. Op 6/7 Juli 1963 aan Enschede. Sam overhandigt Dries v. Leeuwen een herinneringsplaquette.
4
Pappie Sam krijt hjir de ûnderskieding De Gouden Scheidsrechter opspjelde. De oare persoan is my net bekend.
64 A, B en C
Mammie Heddie kriget de ûnderskieding De Gouden Scheidsrechter. Pappie wie dan wol redakteur fan De Scheidsrechter, mar mammie die it wurk, dat sadwaande. Se is de earste frou dy’t dy ûnderskieding krige en ek de lêste, by myn witten. De oarkonde waard útrikt troch oom Theo Hogenboom, dy die as foarsitter ek de speech.
Wa’t de spjeld opspjelde wit ik net mear. ‘Hmm,’ sei Ad van Emmenes, haadredakteur fan De Scheidsrechter, ‘Wat moat ik dêr no oer skriuwe? Hij spelde het op haar borst of hij spelde het op haar borsten? Van Emmenes die tegearre mei pappie de redaksje fan De Scheidsrechter.
Fotograaf: Fotopersbureau ‘‘’t Sticht’’, Steenweg 15, Utrecht
[Heddy Velleman-Wolf wurdt yn it kolofon fan De Scheidsrechter mei har man neamd as Redacteur voor de clubberichten: sjoch bygelyks: De Scheidsrechter]
125
Sportfoarum te Snits, woansdei 22-11-1961.
Fuotbalkopstikken: Anne van der Werf (wie earelid fan ’e KNVB, Koninklijke Nederlandsche Voetbal Bond), Theo Hogenboom (foarsitter COVS, Centrale Organisatie van Voetbal Scheidsrechters), pappie, ir Ad van Emmenes en Gerrit Eeden, doe fize-foarsitter fan ’e COVS.
Fotograaf: Ger Dijs, Skoalllestrjitte 19, Snits
273
Pappie rêst út nei it (waarm) middeismiel.
Yn balpin achterop: Juny ’62 – Scheidsr[echters]dag Heerenveen
271
Pappie Sam mei in befreone dame, mar ik herken har net.
Achterop yn balpin: 3/3-’67 te Breda – finale Spelregelwedstr. Winnaar Sittard (halfrastenbal).
Fotograaf: Foto Argos, Terheijdenstraat 3, Breda
9
Mammie Heddy en oom Theo Hogenboom.
25
Oom Theo Hogenboom en mammie Heddy. By Theo Hogenboom thús.
132
Oom Theo Hogenboom mei Mammie Heddy. Dit is tink by de Hogenbooms yn Ermelo.
56
Mammie Heddie mei Theo Hogenboom by Piso.
90
Ciska Hogenboom, frou fan skiedsrjochter Theo Hogenboom en Sam Velleman.
198
In selskip dat ik net ken, min ofte mear ûnder lieding fan pappie Sam, rjochts boppe.
45
Links: pappie Sam; rjochts: syn bridzjepartner dr Gerard Ubbink.
De hearen hawwe mei in slok op sa moedich west om in wedstriid fierpisjen te organisearen. Ik wit net wa’t wûn hat, mar dêr ha se letter in nep-rjochtsaak fan makke, op in feestje by Piso te Snits.
De iennichste dy’t echt wie, is advokaat Anne van der Werf te Snits. Dy oardiele: De hearen hewwe nyt fergepyst, mar hewwe hur ferpyst.
72
Rjochtsitting oer it fierpisjen yn Piso. Fan links nei rjochts: Theo Hogenboom, Anne van der Werf en Gerard Ubbink. Gerard wie pa syn bridgepartner foar mear as tweintich jier.
Dr Gerhard Jan Ubbink (Gerard) * Gaast 10-3-1918 † Snits 8-5-1985; bernedokter te Snits; soan fan prof. dr. Johan Theodoor Ubbink, Nederlâns Herfoarmd dûmeny te Gaast, Ferwâlde en heechlearaar oan ’e Universiteit te Grins, en Maria Jacoba Willems Harders; Gerard x Annegien Anje Jonker (Anneke) * 26-7-1923 † 4-4-1995.
Sjoch: Warkums Erfskip – Parenteel Van der Meer-Gerritsen – Gerhard Jan Ubbink
89
Anne van der Werf en frou; hy wie fuotballer by LSC en berops by ADO (Alles Door Oefening) yn Den Haach; syn linkerearm hie in stomp.
Oom Anne wie in húsfreon fan ús en pappie Sam syn advokaat.
134
Mammie Heddy en Nelleke van der Werf, de frou fan Anne.
167
Anneke en Gerard Ubbink mei har bern.
Fotograaf: Ger Dijs, Skoallestrjitte 19, Snits. Gevaert
31
It Bridzjekoppel. Mammie Heddy mei har partner by de Snitser bridzjeklub, Simon Hemmes, húsdokter yn Easterein. Mammie ferfeelde har en lei har ek ta op bridzjen; se begong ûnderoan, en se promovearde en promovearde oant se yn Klasse A siet.
Hemmes en sy ha jierren tegearre spile.
127
Mammie Heddy en Simon Hemmes.
274
Fan links nei rjochts: Anne van der Werf; de fjirde is Hilde Hemmes; dan pappie Sam; in ûnbekinde en mammie Heddy.
39
By Piso. Myn mem fûn dat altyd lekker, dan hie se gjin geseur mei ôfwaskjen.
Links: mammie Heddy, tante Alie, Grutte Tsjits de Rapper. Hilde Hemmes, de frou fan mammie Heddy har bridzjepartner en pappy Sam.
Foto Gevaert
96
Anneke Ubbink en ik, by Piso te Snits.
Foto Gevaert.
35
Wer by Piso. Pappy Sam yn petear mei tante Sel (Selma Alter). Se is op ’e âlde dei noch by oom Sal weigongen en oom Sal is doe noch mei in hele âlde widdo troud, in tige aardich mins.
Op ’e rêch Anneke Ubbink, de frou fan ’e bridzjepartner fan myn heit.
Foto Gevaert
83
Ek by Piso: tante Rika de Rapper; Sal en Selma de Zwarte út Amsterdam; Gerard Ubbink.
Foto Gevaert
5
Troufoto fan Froukje de Rapper. Ik wie lilk. Potferdoary, der wie sa mar in oare fint dy’t myn lyts pleechsuske fuortpikte.
Foto Gevaert
18
Troufoto fan Froukje de Rapper.
Foto Gevaert
12
Pappie Sam tekenet wat offisjeels, mooglik by de brulloft fan Froukje de Rapper as tsjûge.
133
Pappie en mammie by in brulloft, hokke? Ik wit it net.
195
Pappie Sam, mammie Heddy en ik by in brulloft, sjoen myn korsaazje. Mammie yn har fôlejas, dêr wie se o sa wiis mei.
Fotograaf: Foto Vaka, St. Jabiksstritte 13, Ljouwert
73
Froukje de Rapper mei har dochterkes Hendrike en Dieuwke Albada, te Turns.
49
Simkje de Rapper trout mei Tonny M. Hogerland.
Fotograaf: Ger Dijs, Skoallestrjiite 19, Snits. Foto Gevaert
197
Breidsfoto fan Simkje de Rapper en Tonny M. Hogerland, 29-9-1967
161
Brulloftsfoto fan Simkje de Rapper en Tonny M. Hogerland.
Fotograaf: Ger Dijs, Skoallestrjitte 19, Snits
257
Pappie Sam tekenet as tsjûge by it houlik fan Simkje de Rapper mei Tonny M. Hogerland.
145
Oom Douwe de Rapper en tante Rika by it Stedhûs.
Foto Gevaert
189
Oom Douwe de Rapper en tante Rika
48
Oom Douwe de Rapper hâldt in speech. De kelner fan Piso skinkt him by.
Foto Gevaert
34
By ús achterhûs yn Snits. Foar: Tjitske, Simkje en Froukje de Rapper.
Achter links: Loutje en pleechbruorke Niels Stofkooper, dy is as oarlochswees by ús yn ’e hûs kommen, in jier of trije. It akkordearde net tusken him en myn mem en oarsom. Ik hie gjin hekel oan him, mar ik hie gjin kontakt mei him, it wie gjin yntellektuele jonge. Pa koe wol mei him opsjitte. Mammie koe wol wat ha, mar it gong op in stuit toch net goed. Mei my hat er noait in probleem hân. Hy is letter nei Israel emigreard. Ik ha him folslein út it each ferlern.
130
De twa dames út Amsterdam, dat binne tante Wil en de oare tante wie in goed freondin fan har. Tan Wil wenne achter it Centraal Station en as je by har sliepten, seagen je út op treinen en perrons.
Myn heit tusken har yn. Han Weijman dêr wer neist, dy hierde in keamer by tante Wil, dat wie syn hospita. Dêrneist tante Rika de Rapper. Mammie Heddy yn ’e hoksen mei de bern De Rapper
247
Foar: mammie Heddy mei de bern De Rapper. Achter: tante Wil, pappie Sam, tante Wil har freondin?, tante Rika de Rapper en oom Douwe de Rapper.
187
Underste rige: tante Rika de Rapper, Simkje, Tsjitske en Froukje. Boppeste rij: oom Douwe, Loetje, Niels Stofkooper en mammie Heddy; yn ’e achtertún oan ’e Emmastrjitte te Snits
85
Han Weijman, hy wie in freon fan pappie Sam en mammie Heddy. Hy wie haad fan in skoalle foar muoilik learende bern en wie anneks mei adopsjesaken.
215
Niels Stofkooper en Han Weijman.
105
Links: Han Weijman; rjochts: Loutje en Mammie Heddy.
207
Han Weijman, pappie Sam en Loutje by de Starttoer op it Starteilân yn ’e Snitsermar, yn in Snitswike tink.
226
Mammie Heddy oan it sinnebaaien. De hear is net echt werkenber, miskien Han Weijman.
236
Loutje, Han Weijman en mammie Heddy.
81
Tjitske, Simkje en Froukje de Rapper; Simkje, de jongste, yn Tiroler kostúm, dêr wie se doe sljocht op
123
Froukje en Tjitske de Rapper, 20-6-1946.
Fotograaf: Kunstfoto’s Cinefoto, Kalverstraat 80-82, Amsterdam
78
Loutje en Simkje de Rapper, kenlik op in brulloft.
Foto: Ger Dijs, Skoalstrjitte 19, Snits
159
Pappie Sam, tante Rika de Rapper, dy har famkes Froukje en Tsjitske, mammie Heddy, Simkje de Rapper en achter Simkje Lou
192
Froukje en Tsjitske de Rapper
203
Froukje de Rapper
225
Mammie Heddy, oom Douwe de Rapper en twa lju dy’t ik net ken.
Fotograaf: Foto Niestadt, Schiedam
84
Grutte Tsjits de Rapper; neist har: Japie Velleman. Achterholle mooglik fan Lou Velleman.
Foto: Gevaert
193
Beppe en pake De Rapper, oom Douwe syn heit en mem.
Foto Gevaert
BEDRIUW
194
De Geeuw te Snits. Links it lettere pakhûs fan pappie Sam, dêrneist it fabrykje fan Schumacher. Op ’e achtergrûn de wettertoer. It wite gebou is de Jeugdherberch.
Brievekaart
62
Pa mei syn klanten oan ’e borrel. Rjochts: oom Wybren Krooyenga; skipper, net fan hûs út, mar hy is mei in skippersdochter troud en koe sels skriuwe , dat wie gjin wenst by skippers. En hy koe bokse, hy woe my nochris les jaan, mar dêr seach ik niks yn.
Links, neist pappie: ‘Roaie Hannes’, Van Aalderen. ‘Roaie’ om syn hier. Syn omke wie ‘Swarte Hannes’, as dy syn spul weage waard, moast dat lûdop omroppen wurde, want hy koe net lêze, mar destegoed rekkenje.
Se leveren net allinne by pappie ôf, mar pa wie ek har riejouwer; as der bygelyks fâdij oansteld wurde moast, regele pappie dat.
Se foeren mei har skipkes by de pleatsen lâns mei alderhanne diggelguod, de boeren ruilen dat foar lompen. Dy ferkochten se oan pappie en dêr kochten se dan wer kopkes en pantsjes foar. It wie gjin fetpot, dat skippersbestean.
Se ieten hast noait fleis, mar genôch fisk, want dy fongen se ûnderweis sels, dat se lijden gjin honger.
185
Tante Sots van Aalderen, frou fan Roaie Hannes; tante Hil Krooyenga, frou fan Wybren; en mammie Heddy.
200
Steand alheel rjochts: pappie Sam mei pal dêrneist Wybren Krooyenga. De oaren herken ik net. Under twadde fan links: mammie Heddy, dêrneist Loutje en oom Japie.
Carte Postale
126
It bedriuw. Pa en syn minsken. Links ûnder Harmen Buster (fanwegen syn spraakgebrek bekind as Harmen Kikkemeko), grut foddesortearder. Dat berop is no útstoarn.
Rjochtsûnder oom Japie. Rjochtsboppe pappie Sam, dêrneist Jan de Meer. Twadde fan links Rikus Kuipers. Fan ’e oaren bin ik de namme kwyt.
179
It bedriuw. Steand meast rjochts: Harmen Kikkemeko. Yn ’e hoksen oom Japie en pappie Sam. Ik tink 30e jierren.
256
Minsken yn it bedriuw. Steand, twadde fan links: Riku Kuipers; fjirde: Jan de Meer; dêrneist: pappie Sam. Yn ’e hoksen: Harmen Kikkemeko en oom Japie.
16 = 260
Foddesorteare, rjochts oom Japie, oaren onbekend, links Jan Westra? Fêst foar de oarloch nommen.
Achterop yn balpin: Jan Westra De Bourbonstraat 4 Sneek
260 = 16
242
De direkteur fan S.S.S. – Stoffelijke Steur Sneek, in pensjonearde majoar, dy’t de baas wie fan ’e wat swaksinnige Sjors, dy’t mei in grutte hânkarre âld papier ophelle en by pa ôflevere.
Fotograaf: De Vogel, Violenstraat, Grins
262
De nije hydraulise izerparse is yn gebrûk nommen. In enoarme oanwinst foar it bedriuw. Midden 50er jierren.
Fotograaf: Foto Ris, Easterdyk 54, Snits
165 = 261
Pappie Sam by syn buro. De hele grutte tillefoan hie in ynterne ferbining nei it pakhûs in kilomer fan ús hûs ôf. Dêrneist in globe en in grutte radio. 50er jierren.
Fotograaf: Ger Dijs, Parallelweg 15, Zandvoort. Gevaert
261 = 165
146
Pappie by de bult âld lead by ’t pakhús. Foar dy bult stiet in auto parkeard om guod ôf te leverjen, de berider is in man út Koudum.
173
Pappie sam yn syn T-Fordtiid op sjyk.
270
Rosa en Toniah de Levie, dochters fan in befreone âld-izerhanneler út Rotterdam. Begjin jierren 50.
Fotograaf: Frits Manshouwer, Rotterdam. Foto Gevaert
219
Loutje en pappie Sam besjogge hynders.
280
Loetje op in hynder, tsien jier. Simmer 1945, Het Rutbeek yn Twinte.
FAKÂNSJE
91
Fakânsjefoto Pietra Ligure, Italië – achterop stiet: Monistral; dêr gongen se hast alle jierren hinne.
Alheel rjochts: mammie Heddy.
229
Mammie Heddy mei fakânsje. De freonen herken ik net.
Op ’e achterkant stiet mei balpin: Monistral.
74
Mammie en pappie oan see, mooglik yn Italië, se gongen alle jierren nei Pietra Ligure.
155
Mammie Heddy mei pappie Sam en de Italiaanse eignares fan har hotel yn Pietra Ligure, op it strân.
171
Mammie Heddy yn Pietra Ligure.
208
Mammie Heddy oan see; Pietra Ligure, tink ik.
227
Mammie Heddy oan see.
210
Mammie Heddy, miskien yn Pietra Ligure.
246
Pappie en mammie, ik tink yn Pietra Ligure.
206
Mammie Heddy en Loutje mei fakânsje, miskien yn Montreux.
216
Mammie Heddy en Loutje mei fakânsje.
245
Pappie Sam en Loutje mei fakânsje. Miskien yn ’e Elzas?
255
Pasfoto fan Loutje.
Fotograaf: B B E M A, Snits.
HOULIK
114
Troufoto fan my en Tiny. Beginehôf, Amsterdam, 1962.
107
Tiny, oom Japie en ik op ús brulloft.
116
Oom Japie en pappie Sam op ús troufeest.
117 Op ús trouwerij: mammie Heddy en oom Japie. Heledal links Anne van der Werf, sa te sjen
57
Rjochts mammie Heddie, links Tiny, dêrneist miskien Anneke Ubbink. Aldjier 1964/’65 by Anneke en Gerard Ubbink.
223
Pappie Sam mei syn ivige piip. Aldjier 1964/’65 jier by Anneke en Gerard Ubbink.
228
Pappie Sam – sûnder piip!
88
Doarpstoniel Renesse. Links: ûnbekend; midden: ik; rjochts: in dochter fan ’e pleatslike krudenier.
109
Toniel yn Renesse. Ik herken op ’e achtergrûn Jannie Locker
87
It is 1974. Hjir bin ik op in kongres fan ’e OTR (Organisation de Reconstruction de Travaille (ynternasjonale joadse organisaasje foar ynternasjonaal beropsûnderwiis), yn Jeruzalim. Ik fertsjintwurdigje dêr Noard-Hollân. Minister presidint Golda Meir hâldt hjir in taspraak.
100 ûntbrekt