Stamrige en fragmint stambeam
Dit projekt is yn útfiering. Graach oanfullings en ferbetteringen, sjoch formulier
* = berne
~ = doopt
x = troud
† = ferstoarn
[] = begroeven
I
Harmen Reiloffs, te Jorwert,
x dêr 22-1-1659 Antie Franses, te Mantgum
II
Jan Harmens * 18-10-1674,
x Mantgum 4-2-1703 Bottie Luijtens * Mantgum 29-10-1673, dr f. Luijtien Clasen, linnenwever te Jorwert, en Gaatske Gerlofs, te Weidum.
Bern:
1 Harmen Jans * Mantgum 25-12-1703
2 Harmen Jans * Mantgum 19-7-1705
3 Harmen Jans, folget III
4 Gatse Jans * Mantgum 22-12-1709 † dêr 24-8-1725, 15 jier; oantekening yn it tsjerkeboek by Gatse syn ferstjerren: sijnde een seer soet ende lief jongeling
5 Jou Jans * Mantgum 13-12-1711
6 Anne Jans * Mantgum 23-7-1713
7 Luijtien Jans * Mantgum 24-11-1715
III
Harmen Jans * Mantgum 25-9-1707, by x te Weidum, ‘tolman’ (=tolgearder) te Easterlittens, mooglik by de tolbrêge oer de Bolswerter Feart, eigendom fan ’e stêd Bolswert;
x Mantgum 13-5-1731, hy fan Mangum, sy fan Easterwierrum, (ôfkundiging te Weidum, mei attestaasjes nei Easterlittens) Dieuke Douwes; dr f. Douwe Pytters en Jantie Douwes [?]
Bern:
1 Jan Harmens, folget IV
2 Gatze Harmens * Easterlittens 6-2-1733
3 Dirk Harmens * Easterlittens 20-11-1735
4 Jetske Harmens * 1738 [?]
5 Baukje Harmens * 1740 [?]
6 Bottje Harmens* Easterlittens 3-4-1744
IV
Jan Harmens * Easterlittens 25-1-1732, te Mantgum,
x Mantgum 17-12-1758, beide fan Mantgum, Berber Ages (ek: Ales) ~ Mantgum/Skillaard 6-4-1738
Bern:
1 Elske Jans * Mantgum 10-11-1758 ~ Wytgaard, Roomsk Katolyk, 11-11-1758; tsjûgen: Marijke Harmens en Ben Harmens
2 Aeltie Jans * Mantum 9-3-1760 ~ dêr, RK, op ’e selde dei, tsjûgen: Sirk Pieters en Barber Jacobs
3 Elske Jans * Mantgum 1-1-1762 ~ Wytgaard RK, op ’e selde dei; tsjûgen: Trientje Jacobs en Jacob Tissen
4 Harmen Jans * Mantgum 25-2-1764 ~ Wytgaard, RK, 26-2-1764, twilling mei Age; tsjûgen: Harmen Reijnties en Pier Sidses
5 Age Jans * Mantgum 25-2-1764 ~ Wytgaard, RK, 26-2-1764, twilling mei Harmen; tsjûgen: idem
6 Aaltje Jans * Mantgum 6-11-1765 ~ dêr 7-11-1765
7 Harmin Jans Westra, folget V.1
8 Age Jans Westra, folget V.2
9 Ale Jans * Mantgum 1-10-1769 ~ Wytgaard, RK, 2-10-1769
10 Berent Jans * Mantgum 22-9-1770 ~ Wytgaard, RK, 23-9-1770; tsjûge: Berent Harmens
V
V.1 Harmen Jans Westra (by ~ Harmin) * Mantgum 20-1-1767 ~ Wytgaard, Roomsk Katolyk, dooptsjûge: Sibrin Piters, 22-1-1767 (opjefte kertiersteat makke troch Dirk Wildeboer: * 1769) † Boer 19-5-1844; yn 1813 skipper te Boer; yn 1815, ’22, ’38, ’39 dêr arbeider, yn 1838 dêr allyksa koaltsjer neamd;
x Frjentsjer 30-4-1796 Klaaske Pieters Westra * Doanjum 14-2-1775 ~ dêr 5-3-1775 † Boer 25-4-1855, dr f. Pieter Sippes en Dieuke Rintjes
Bern:
1 Dieuke Harmens Westra * Doanjum omstrings 1799; † Boer 2-6-1884, 85 jier; by trouwen ‘buiten beroep’ te Boer; letteroan en by ferstjerren sûnder berop;
x Frjentsjerteradiel 24-6-1822, 23 en 25 jier, Arjen Hyltjes Jonker * Tsjummearum omstrings 1797 † Boer 15-1-1882, 85 jier; by trouwen boerefeint te Boer; yn 1824, ’28, ’31 arbeider te Rie; yn 1841, ’46 ’53, ’55 dêr koaltsjer oant syn ferstjerren mei 85 jier; sn f. Hyltje Wybes en Jantje Arjens
2 Jan Harmens Westra, folget VI.1
3 Pieter Harmens Westra, folget VI.2
4 Sippe Harmens Westra (yn Notarieel argyf 1855: Sipke) * Boer 1809 † Frjentsjer 1-3-1884, Wyk OV nr 32, 74 jier; by trouwen koaltsjer te Boer; hy en Antsje komme op 26-11-1846 mei attestaasje út Rie yn Berltsum, wenje yn ’t Kleaster Anjum; se ferfarre 26-12-1859 dêrwei mei attestaasje nei Peins, wenje dêr noch yn 1868; yn 1871 te Dronryp; Sippe by ferstjerren sûnder berop te Frjentsjer;
x Frjentsjerteradiel 4-5-1839, 29 en 25 jier, Antje Sipkes Miedema * Boer 27-2-1814 † Slappeterp 26-3-1906, 92 jier; by trouwen sûnder berop te Boer; dr f. Sipke Jelgers Miedema, by syn trouwen yn 1813 arbeider te Rie, yn 1818 dêr koaltsjer; yn 1839 koaltsjer te Boer, yn 1853 dêr bouboer, by syn ferstjerren yn 1860 mei 71 jier koaltsjer te Peins, en Antje Jacobs Tammenga (ek Tamminga; Antsje en har heit tekenje mei: Tammenga), by har trouwen faam te Boer, letter koaltsjerske en bouboerinne
5 Age Harmens Westra * Boer 17-8-1813 † dêr 8-1-1815, oardel jier
6 Aagje Harmens Westra * Boer 23-12-1815; by trouwen arbeidster te Boer;
x Frjentsjerteradiel 19-5-1838, 22 en 24 jier, Sybout Ykes Sigtstra * Frjentsjer omstrings 1814, Wyk WV nr 16; ; by trouwen en yn 1839 arbeider te Tsjummearum; yn 1842 koaltsjer te Boer; yn 1849, ’53, ’57 dêr arbeider; sn f. Yke Sybouts Sigtstra, yn 1814 arbeider te Frjensjer (yn 1814 Wyk WV nr 16 en 15), kin net skriuwe, en Bokje Jurjens Kramer
Sybout kin by trouwen en de oanjefte fan ’e berte fan syn bern net skriuwe, yn 1855 set er syn namme by de notaris wol, hy tekenet dan mei Sikstra.
Sybout syn heit wurdt yn Sybout syn berte-akte Sigtstra neamd, yn syn eigen stjerakte yn 1817: Seikstra; syn frou wurdt dan Bokje Pieters neamd; yn it Trouboek fan Frjentsjer wurde se oantsjut mei Yke Sybouts fan Frjentsjer, x Frjentsjer 28-4-1804 Bokje Jurjens fan Lollum (ek: Siebouts, en: Jurjans)
MANTELSOARCH
Sippe en Antsje ha gjin bern. Antsje wurdt mei 70 jier widdo en wennet earst te Frjentsjer. As se 84 is komt se op 14-5-1898 út Frjentsjer wei yn te wenjen by har muoikesizzer Tetje Jelgers Miedema (* Boer 1854) en Joris Pieters Wijngaarden, bouboeren te Slappeterp (nr 27), dy ha dan noch trije fan ’e fjouwer dochters yn ’e hûs yn ’e leeftyd fan 21 oant fjirtjin jier. Acht jier letter ferstjert Antsje dêr. Doe’t Tetsje wees waard, wie Sippe fâd oer har.
V.2 Age Jans Westra * Mantgum 13-5-1768 ~ Wytgaard, Roomsk Katolyk, dooptsjûge: Pier Sidses, 15-5-1768 † Berltsum 30-5-1829, 61 jier; kin by syn trouwen net skriuwe; yn 1819 arbeider te Peins;
x 25-5-1817, 49 en 24 jier, Yfke Dirks Boersma * Menaam omstrings 1793; Yfke kin by har trouwen net skriuwe, yn ’e trou-akte fan Fokeltsje wurdt Yfke De Boer neamd; yn 1845 sûnder berop te Berltsum; dr f. Fokeltje Dirks
Bern:
1 Jan Ages Westra * 21-2-1818
2 Jan Ages Westra, folget VI.3 * Peins 18-11-1819; by trouwen arbeider te Berltsum;
x Menameradiel 20-5-1846, 26 en 19 jier, Janke Gerrits de Jong * Deinum 4-9-1826; by trouwen naaister te Berltsum; dr f. Gerrit Jans de Jong, yn 1826 arbeider te Deinum, en Maaike Hayes Feenstra
Bern:
Gerrit Jans Westra * Berltsum † dêr 19-1-1949, 91 jier;
x Knierke Miedema
Maaike Jans Westra * Berltsum † St.-Anne 19-4-1944, 92 jier;
x Pier Hofma
3 Fokeltje Ages Westra (ek: Vogeltje) * Peins 17-2-1823 † Harns 21-4-1879, Wyk B nr 163, 54 jier; by trouwen arbeidster te Berltsum; yn 1870, ’75 en by ferstjerren sûnder berop te Harns;
x Menameradiel 1-10-1845, 22 en 26 jier, Wilhelm Josephs Schmitz * Luttringen, Dútslân omstrings 1819; by trouwen ynlâns kreamer te Berltsum, -4-1845 te Ljouwert; yn 1846 noch ynlâns kreamer te Berltsum; yn 1848 dêr keapman; yn 1851 boarstelmakker te Boer; yn 1855 arbeider te Almenum; yn 1857 tichelder te Harns; sn f. Joseph Schmitz en Gertruda Henneman
VI
VI.1 Jan Harmens Westra* Frjentsjer 1802 † Seisbierrum 1-4-1847, 44 jier, by x arbeider te Seisbierrum, sûnt 1839 dêr koaltsjer;
x Barradiel 28-4-1838, 35 en 24 jier, Zara Regina Joha * Seisbierrum 24-1-1814 † dêr 3-10-1881, 67 jier; by twadde houlik winkelfrou te Seisbierrum; dr f. Hermanus Out Joha en Hinke Jans Hofma, bouboeren te Seisbierrum;
Sara x 2 Barradiel 21-9-1850,36 en 38 jier, Wybe Heerkes Nijdam * Dronryp, bakker te Seisbierrum, sn f. Heerke Pieters Nijdam en Ytje Wybes Sprongsma;
Wybe x 1 Trijntje Hylkes Kamminga
Sara Regina ferkeapet yn ’e mande mei Pieter Johannes Nijdam te Tsjummearum op 17-5-1881 oan Rinze Gosses Huizinga te Seisbierrum in hûs en bakkerij te Seisbierrum; keapsom: f 4.709,00; notaris Hylke de Koe, Seisbierrum; Notarieel Argyf; Minútakten 1881, argyfnr 26, ynvintarisnr 117032, aktenr 00445
Bern:
1 Hermanus Jans Westra * Seisbierrum 20-3-1839 † dêr 26-8-1844, 5 jier
2 Henke Jans Westra (ek: Hinke) * Seisbierrum 2-1-1842 † Frjentsjer 29-5-1915, 73 jier, [] Furdgum; by trouwen sûnder berop te Seisbierrum;
x Barradiel 31-5-1882, 40 en 44 jier, Bauke Tjitses van der Weg * Seisbierrum 17-1-1838 † Frjentsjer 25-2-1914, 76 jier, [] Furdgum, boer en tsjerkfâd te Furdgum, sn f Tjitse Jans van der Weg en Johanna Pieters Molenaar, bouboeren te Furdgum;
Bauke x 1 Akke van Gelder
Sjoch: Erfgoed Fundaasje – Genealogy Van der Weg – VI.4; Genealogy Van Gelder – fragminten: noch yn oanbou
By boedelskieding op 9-2-1915 komt Hinke Westra 5 perselen boulân ta te Penjum; wearde: f 13.840; notaris Sybe Okkinga, Harns; Minútakten 1915, akten 1-129, argyfnr 26, ynvintarisnr 049118, aktenr 00034
3 Hermanus Jans Westra, folget VII.1
VI.2 Pieter Harmens Westra * Boer 27-6-1806 ~ Boer 27-7-1806 † Seisbierrum 27-7-1865, beurtskipper te Boer, by x arbeider te Seisbierrum, letter dêr koaltsjer, by ferstjerren dêr wer arbeider;
x Barradiel 17-5-1834 (dêrby wurdt in ferklearring fan ûnfermogen ôfjûn, dat betsjut dat Piter en Reintsy de kosten fan ’e trou-akte net betelje kinne), Reintje Johannes Stellingwerf * Pitersbierrum 13-11-1805 † Seisbierrum 10-12-1897, by x faam te Seisbierrum, dr f. Johannes Ritskes Stellingwerf, boer te Tsjummearum, letter te Pitersbierrum, en Rigstje Jans Hofma.
Bern:
1 Harmen Pieters Westra, folget VII.2
2 Rigtje Pieters Westra * 1841
VI.3 Jan Ages Westra * Peins 18-11-1819; by trouwen arbeider te Berltsum;
x Menameradiel 20-5-1846, 26 en 19 jier, Janke Gerrits de Jong * Deinum 4-9-1826; by trouwen naaister te Berltsum; dr f. Gerrit Jans de Jong, yn 1826 arbeider te Deinum, en Maaike Hayes Feenstra
Bern:
1 Age Jans Westra * Berltsum 9-4-1847
2 Gerrit Jans Westra * Berltsum 17-9-1849
3 Maaike Jans Westra * Berltsum 10-8-1851 † St.-Anne 19-4-1944, 92 jier;
x Pier Hofma
4 Jifke Jans Westra * Berltsum 14-10-1854
5 Gerrit Jans Westra * Berltsum 20-2-1857 † dêr 19-1-1949, 91 jier;
x Knierke Miedema
6 Antje Jans Westra * Berltum 26-12-1859
VII
VII.1 Hermanus Jans Westra * Seisbierrum 15-5-1844 † dêr 12-7-1884, 40 jier; yn 1866 bakkersfeint te Seisbierrum, yn 1868, ’69, ’75, ’76 dêr beurtskipper, yn 1879, ’80 dêr arbeider; by ferstjerren dêr taper;
x 1 Barradiel 21-3-1866, 21 en 24 jier, Ytje Annes Terpstra * Tsjummearum 19-8-1841 † Seisbierrum 22-2-1869, hûsnr 76, 27 jier; by trouwen sûnder berop te Tsjummearum, by ferstjerren idem te Seisbierrum; dr f. Anne Riemers Terpstra, yn 1841 bouboer te Tsjummearum, yn 1866, ’69 dêr koaltsjer, en Baukje Jans Olijnsma, bouboerinne en koaltsjerske
x 2 Barradiel 9-10-1875, 31 en 30 jier, Rinske Geerts Braam * Jobbegea 23-8-1845 † Seisbierrum 15-2-1935, 89 jier; Rinske kin net skriuwe; by trouwen faam te Seisbierrum, sûnt har man syn ferstjerren dêr arbeidster, yn 1906 dêr sûnder berop; dr f. Geert Roels Braam, arbeider te Jobbegea, en Janke Martens de Vries, yn 1875 arbeidster te Jobbegea, yn 1898, 1901 idem te Seisbierrum
Bern út it earste boask:
1 Jan Harmen Hermanus Westra, folget VIII.1
2 Anne Hermanus Westra * Seisbierrum 7-11-1868 † dêr 17-7-1869, 8 moanne
Bern ít it twadde houlik:
3 Sara Regina Hermanus Westra * Seisbierrum 5-1-1876 † dêr 11-7-1953, 77 jier, [] Seisbierrum; by trouwen sûnder berop te Seisbierrum, idem yn 1836, ’45, ’53;
x Barradiel 13-8-1898, 22 en 35, Johannes Andries Norder * Seisbierrum 3-5-1863 † dêr 13-7-1909, 46 jier; by earste boask arbeider te Kleaster Lidlum, dêrnei bouboer te Kleaster Lidlum, by twadde houlik arbeider te Seisbierrum, oant syn ferstjerren; sn f. Andries Johannes Norder, yn 1863 arbeider te Seisbierrum, yn 1889, 1909 idem te Tsjummearum, en Hendrikje Martens Travaille;
Johannes x 1 Barradiel 25-5-1889, 30 en 26 jier, Aaltje Jans Noorda * Kleaster Lidlum 12-6-1858 † dêr 12-2-1891, 32 jier; by earste houlik sûnder berop te Kleaster Lidlum; yn 1888, ’89 oant har ferstjerren eigenerfd bouboerinne te Kleaster Lidlum; dr f. Jan Kornelis Noorda en Wytske Doekles Ypma, eigenerfde bouboeren op Kleaster Lidlum
Aaltsje x 1 Barradiel 29-5-1880 Klaas Jans Postma
Sjoch: Erfgoed Fundaasje – Genealogy Zijlstra § DE SYLSTRA-PLEATS
4 Janke Hermanus Westra * Seisbierrum 30-12-1876 † dêr 17-12-1901, 24 jier; by trouwen sûnder berop te Seisbierrum;
x Barradiel 25-5-1901, 24 en 30 jier, Pieter Douwes Tigchelaar * Frjentsjer 12-5-1874; arbeider te Slappeterp; sn f. Douwe Pieters Tigchelaar, arbeider, sûnt syn trouwen yn 1873 te Slappeterp (nr 29), de húshâlding ferfart 20-4-1893 nei Easterbierrum, en Sjoukje Aukes Bouma
Piter x 2 Ytsje Hermanus Westra, suster fan Janke
5 Anne Hermanus Westra * Seisbierrum 9-5-1878, 22.30 oere, twilling mei Geart, † dêr 5-7-1878, krapoan twa moanne
6 Geert Hermanus Westra * Seisbierrum 9-5-1878, 23.00 oere, twilling mei Anne; wennet 14-12-1892 te Seisbierrum
7 Ytje Hermanus Westra * Seisbierrum 3-8-1879; by trouwen faam te Achlum;
x Barradiel 25-5-1901, 24 en 30 jier, Pieter Douwes Tigchelaar, widner fan Ytsje har suster Janke
Sjoch: Stambeam Tichelaar/Tigchelaar – (dêr wurdt Ytje Hermanus Westra ferwiksele mei in Ida Everts Westra † 1942)
8 Hinke Hermanus Westra * Seisbierrum 11-10-1880 † Frjentsjer 18-10-1945, 65 jier; by trouwen faam te Frjentsjer;
x Frjentsjer 20-5-1906, 25 en 27 jier, Jacob Andries de Bruin * Frjentsjer 20-12-1878 † dêr 23-1-1952 73 jier; skuonmakker te Frjentsjer; sn f. Andries Ages de Bruin, timmerfeint te Frjentsjer, en Aaltje Jacobs de Groot
9 Antje Hermanus Westra * Seisbierrum 4-1-1882 † dêr 12-7-1908, 26 jier; by ferstjerren ferpleechster te Den Haach
VII.2 Harmen Pieters Westra * Seisbierrum 18-12-1834 † dêr 28-11-1883, by trouwen arbeider, yn 1881 koaltsjer en letter bouboer op it Kastieltsje ûnder Seisbierrum; âlderling, sneinsskoalleûnderwizer; sjoch: Memories;
x Barradiel 21-5-1859 Wilhelmina Riemers Wiersma * Seisbierrum 19-7-1835 † dêr 18-9-1921, by trouwen naaister te Seisbierrum; as widdo bliuwt Mine op it Kastieltsje te wenjen. Nei it earste jier yn novimber kin se de hier net betelje. Har soan Piter sparret sûnder dat syn mem it wit de hier foar it oare jier; Mine ferfart yn 1889 nei Berltsum, is dêr sûnder berop; dr f. Riemer Pieters Wiersma, arbeider, letter koaltsjer te Seisbierrum, en Jantje Pieters Ruim, gernierske en winkelfrou te Seisbierrum;
Mine x 2 Barradiel 21-2-1889 Engele Klazes Kool * Makkum 23-7-1841 † Berltsum 23-5-1913, timmerman en oannimmer te Berltsum, hat huzen te Berltsum en Wier, sn f. Klaas Lieuwes Kool, timmerman te Makkum, en Sjoukje Engeles Posthumus;
Engele x 1 Tjitske Cornelis Koopal
Sjoch: Erfgoed Fundaasje – Genealogy Koopal – VI.4.2
Bern:
1 Reintje Harmens Westra * Seisbierrum 30-7-1861 † Frjentsjer 9-4-1939; by trouwen sûnder berop te Seisbierrum;
x Barradiel 6-10-1881, 20 en 22 jier, Johan Andries Magré * Frjentsjer 13-7-1859 † Frjentsjer, Kiestersyl 12-10-1942 [] Hjelbeam, yn 1881 stienbakker, 1909 stienfabrikant, yn 1912 semint- en stienfabrikant, yn 1917 keapman, yn 1920, ’24 betonfabrikant te Frjentsjer; sn f. Pieter Johans Magré, stienbakker te Frjentsjer, en Willemke Pieters de Vries
2 Jantje Harmens Westra * Seisbierrum 1-10-1863 † St.-Anne 31-1-1945, 81 jier; by trouwen sûnder berop te Seisbierrum;
x Barradiel 29-6-1889, 25 en 29 jier, Willem Johannes van Vaals * Tsjummearum 8-4-1860 † St.-Anne 16-12-1937, 77 jier; by trouwen weinmakker te Easterbierrum; letter timmerman te St.-Anne, sn. f. Johannes Jacobus Pieters van Vaals, weinmakker te Tsjummearum, en Gerritje Jacobs Waardenburg
3 Pieter Harmens Westra, folget VIII
It Kastieltsje, it âld terpstee fan Adeelen State. Foto: Jan Leemburg, 2008
De Adelen State te Sexbierum – Stinsen in Friesland
VIII
VIII.1 Jan Harmen Hermanus Westra * Seisbierrum 4-8-1866 † Frjentsjer 23-11-1928, 62 jier, [] Frjentsjer, algemien begraafplak; yn 1886 bouboer te Tsjummearum; by trouwen yn 1889 bouboer te Furdgum; yn 1890 sûnder berop te Minnertsgea; de húshâlding ferfart op 4-9-1891 út Minnertsgea nei St.-Anne (hûsnr 416), dêr bouboer; ferhuzing dêrwei op 31-5-1899 nei Furdgum; yn 1921 bouboer te Niehove, gemeente Oldehove; yn 1923, ’24 sûnder berop te Skalsum;
x Barradiel 23-5-1889, beide 22 jier, Johanna Baukes van der Weg * Furdgum 20-4-1867 † Velp 12-11-1958, 91 jier, [] Frjentsjer, Algemien begraafplak; by trouwen sûnder berop te Furdgum; dr f. Bauke Tjitses van der Weg en Akke Cornelis van Gelder, bouboeren op Camstra state te Furdgum
By de keuring foar de militêre tsjinst op 10-3-1886 wurdt Jan Harmen Westra syn sinjalemint as folget omskreaun: Lengte: 1 meter, 262 mm; Aangezicht: ovaal; Voorhoofd: breed; Oogen: blaauw; Neus: ord[inair=gewoan]; Mond: id[em]; Kin: rond; Haar: bruin; Wenkbraauwen: id. Jan Harmen giet yn tsjinst
Johanna is in styfdochter fan har muoike Hinke Westra, VI.1.2
Bern:
1 Bauke Jans Westra * Minnertsgea 17-6-1890; by trouwen keapman te Skalsum; pensjonhâlder te Velp;
x Frjentsjerteradiel 26-6-1924, 34 en 25 jier, Dieuwke Willems Hoogland * Ferwert 12-11-1898; by trouwen sûnder berop te Jelsum; dr f. Willem Pieters Hoogland en Jantje Hendriks Hoogland, bouboeren te Ferwert
Sjoch: J.J. Feenstra, Het geslacht Hoogland, Genealogysk jierboekje 1962, Genealogysk Wurkforbân fan de Fryske Akademy, Ljouwert 1967
2 Hermanus Jans Westra * St.-Anne 3-2-1894; by trouwen nôtkeapman (akte: korenfactor) te Skalsum; yn 1927 keapman te Frjentsjer; sûnt 4-10-1934 fennoat Westra & Van der Hoeff, fêstige te Frjentsjer, mei-fennoat is Adrianis van der Hoeff te Harns;
x Frjentsjerteradiel 4-1-1923, 28 en 24 jier, Lucia Gustava Adela Maria Hattingen * Faulquemont, Dútslân omstrings 1899; dr f. Gustav Herman Anton Hattingen, yn 1923 apoteker te Mannheim, en Hermine Ecker
Lucia x 1, skieden, Heinrich Schäfer
Bern:
1 Jan Harmen Eugen Westra * Frjentsjer 11-4-1927 † dêr 19-4-1927, 8 dagen
3 Ytje Jans Westra * St.-Anne 26-8-1895;
x Oldehove 5-8-1920, 24 en 27 jier, Frederik Willem Steenhuisen * Ezinge 19-12-1893 † Ljouwert, Aldlânstate, 18-4-1969, 85 jier; Partij van de Arbeid-politikus; 1913-1917 amtner op ’e sekretary fan It Bilt; 1917-1918 idem Frjentsjer; 1918 sjef sekretary Frjentsjerteradiel, 1922 dêr gemeentesekretaris, 1952-1959 dêr boargemaster; sn f, Lammert Lammerts Steenhuisen en Grietje Harms Rosema, bouboeren te Ezinge
Sjoch: Frederik Willem Steenhuisen –
4 Akke Jans Westra * St.-Anne 26-9-1897 † Grins 6-1-1966, 68 jier; by trouwen sûnder berop te Niehove, gemeente Oldehove;
x Oldehove 19-4-1921, 23 en 26 jier, Nikolaas Willem Meijer * Vierhuizen, gemeente Ulrum 21-8-1894 † Grins 1-2-1952, 57 jier; yn 1921 ûnderwizer te Noordhorn, gemeente Zuidhorn; by ferstjerren sûnder berop te Grins; sn f. Sikke Lammert Klazes Meijer en Geertruida Willems Helder, bouboeren te Vierhuizen
VIII.2 Pieter Harmens Westra * op it Kastieltsje te Pitersbierrum ûnder Seisbierrum 14-6-1867 † Seisbierrum 1-5-1950 [] dêr, koaltsjer, bouboer en ierdappelhanneler op it Kastieltsje; tsjerkeriedslid Grifformearde Tsjerke Seisbierrum;
x Barradiel 25-10-1888 Maria Mathijs Bakker * Mullum 5-3-1869 † Seisbierrum 22 11-1949 [] dêr, dr f. Mathijs Thijsses Bakker, gernier te Mullum, sûnt 7-4-1885 te Seisbierrum, en Antje Rientses Leeman.
Steand fan links nei rjochts: Rients Westra, Mine Westra, Mathys Westra, Harmen Westra, Klaas Westra
Sittend: Reintsje Westra, Piter Westra, Arendsje Westra, Marie Bakker, Anne Westra.
Foto: A. Gnodde, Harns. Kolleksje Post-Westra
Menukaart by gelegenheid fan in 50-jierrich houlik fan Piter Harmens Westra en Marie Bakker op 25 oktober 1938 yn ’t Oranje Hotel te Ljouwert
Kolleksje Zondag-Westra – skonken oan Erfgoed Fundaasje
Bern:
1 Harmen Pieters Westra, folget IX.1
2 Antje Pieters Westra (Anne) * Seisbierrum 13-5-1890 † Loppersum 5-1-1968, 77 jier, [] Appingedam, Rusthof; by trouwen sûnder berop te Seisbierrum; stiet m.y.f. 11-6-1914 ynskreaun te Eastermar (hûsnr 176), se komt dan út Seisbierrum;
x Barradiel 13-5-1914, 24 en 28 jier, Seerp Heerkes Palsma * Bitgum 4-7-1885 † Appingedam 26-3-1968, 82 jier; ferfart 23-9-1903 nei Seisbierrum, dêr abeider; sûnt 2-4-1914 boer te Eastermar, de lêste seis moanne foar syn trouwen wenjend te Sigerswâld; de húshâlding ferfart út Eastermar op 1-11-1917 nei Tjamsweer, gemeente Appingdam, Grinslân; yn 1838, ’43 boer te Garreweer, gemeente Appingedam; sn f. Heerke Jans Palsma en Tietje Jans Bruinsma; 9 bern
Sjoch: Erfgoed Fundaasje Genealogy Palsma XII – Genealogy Bruinsma V.2.5
3 Mathijs Pieters Westra * Seisbierrum 4-4-1892 † dêr 9-4-1897
4 Rients Pieters Westra * Seisbierrum 1-12-1895 † Engehafe, in bûtenkamp fan Neuengamme, Dútslân 30-11-1944 [] Georgeheil, herbegroeven Seisbierrum op 4-9-1953, sied- en ierdappelhanneler te Seisbierrum; âlderling Grifformearde Tsjerke, foarsitter Anti Revolutionaire Kiesferiening, bestjoerslid Griene Krús, idem Wettersip, idem Feiling, ensfh.; lid Knokploech Seisbierrum;
x Barradiel 15-5-1919 Aukje Feikes Bruinsma * Seisbierrum 25-11-1896 † Ljouwert 2-2-1984 [] Seisbierrum, dr f. Feike Jans Bruinsma, boer, en Jantje van Wijngaarden; gjin bern; pleechbern: Jelle.
Aukje x 2e Lubbert van Urk * Urk 16-12-1891 † Ljouwert, Bonifatiushospitaal 1-5-1973, grifformeard dûmeny te Westmaas (1919), Seisbierrum (1923) en Haastrecht (1950-1957), lid deputaatskippen Grifformearde Synoade, rintenier te Ljouwert, dêr’t er noch faak preket, sn f. Albert Meinderts van Urk en Jannetje Alberts Asma,
Lubbert van Urk x 1e Urk 21-11-1919 Ettje Nieuwhuis * Urk 8-9-1892, dr f. Henderikus Timen Nieuwhuis, ûnderwizer op Urk, en Grada Johanna Gerritsen.
Rients Westra slút him oan by de Knokploech Seisbierrum. Yn ’e nacht fan 25 op 26 septimber 1943 helje se it befolkingsregister fan St.-Anne op om te foaren te kommen dat jonge manlju ferplichte steld wurde sille om yn Dútslân te arbeidzjen.
Troch ferried fan Frans Michon, ien fan ’e meiwurkers fan ’e fersetsploech, wurde Folkert Bergsma, Gerben Oswald, Lolle Rondaan, Gerrit Schuil en Rients Westra op 22 novimber 1943 op Liauckama State te Seisbierrum, in fersetsbolwurk, arresteard. Michon hat de Sicherheitsdienst te Grins ynskeakele. Op 14 febrewaris 1944 wurde Rondaan, Bergsma, Schuil en Oswald troch it Polizei Standgericht te Assen ta de dea feroardiele en fusileard yn in úthoeke fan it fleanfjild.
Sjoch Erfgoed Fundaasje Genealogy Bruinsma
Rients Westra – Spanvis, Graf Rients Westra
Ut Ensafh, Frysk literêr tydskrift:
Rients Westra waard op 1 desimber 1895 berne yn Seisbierrum yn de provinsje Fryslân yn Nederlân. Hy hie sân broers en susters en it wie in deeglike grifformearde húshâlding. Rients syn heit wie ierappelkeapman. Hy woe graach dat syn soannen maatskiplik slagje soene, mar yn Rients seach er gjin keapman, dat hy trune him der op oan om in deeglik berop te kiezen en boer te wurden. Dat die Rients, hy troude mei Aukje en waard boer op in pleats by Surch. Rients hie in freonlik aard, it wie in iepene, hertlike man en hy hie nocht oan minsken. Hy lei maklik kontakt en al rillegau begong er as tuskenhanneler foar in grutte siedfirma kontrakten ôf te sluten mei oare boeren en geandewei ek hieltyd mear sels te hanneljen. Op de beurs yn Ljouwert begongen de minsken nei him te freegjen, ta fernuvering fan syn broer dy’t ek keapman wie, en letter ek syn heit. Sadwaande waard Rients dus dochs keapman. Syn siedhannel rûn sa goed dat er in moai hûs mei opslachromte bouwe liet tsjinoer it hûs fan syn broer yn Seisbierrum. Hy en Aukje namen in pleechdochter oan, Jelly. Rients bleau trou oan syn leauwe en wie altyd in sosjaal man mei in protte freonen en kunde.
Yn 1940 wie Rients 45 jier. Yn dat jier waard alles oars. It wie oarloch. Op 10 maaie besette Dútslân Nederlân. Yn febrewaris 1941 begongen de Dútsers mei grutte razzia’s om de Joadske Nederlanners te deportearjen. De arbeiders yn Amsterdam rôpen op ta in algemiene staking, dy’t wreed delslein waard. Foar dy staking fierde Arthur Seyß-Inquart, dy’t de Dútsers oansteld hiene as ‘Reichskommissar’ oer Nederlân, in polityk fan ‘frijwillige oansluting’ fan Nederlân by Dútslân; nei de staking prate er fan in radikaal ‘foar ús of tsjin ús!’. De represailles waarden gremitiger en hieltyd mear minsken moasten ûnderdûke. Dat betsjutte dat der ek hieltyd mear adressen nedich wiene fan minsken dy’t it oandoarden en nim in ûnderdûker yn ’e hûs. Helena Kuipers-Ruitberg, skûlnamme ‘Tante Riek’, wie it dy’t dûmny Frits Slomp frege om in netwurk foar ûnderdûkers op te rjochtsjen. Sadwaande ûntstie de L.O., de ‘Landelijke Organisatie voor Hulp aan Onderduikers’. Tante Riek waard ferret en is letter stoarn yn it konsintraasjekamp Ravensbrück. Frits Slomp hat de de oarloch oerlibbe.
De L.O. naam kontakt op mei Rients Westra. Oft hy ek noch ûnderdûkadressen wist, hy hie ommers rûnom goede kontakten. En se hiene oan Rients in goedenien. As keapman kaam er by de boeren op it hiem en koe dan sachs ris hifkje nei ûnderdûkmooglikheden en boppedat koe er de adressen maklik trochjaan op de beurs yn Ljouwert.
In eintsje bûten it doarpke Seisbierrum stiet in grutte âlde pleats mei in reiten tek en in grêft deromhinne. In daam mei in ymposante poarte út in fier ferline jout tagong ta it hiem. Op dit plak stie yn de 13e ieu in kastiel dat yn besit wie fan it aadlike geslacht de Liauckama’s, dat nei de reformaasje yn Fryslân katolyk bleaun wie en yn de 18e ieu útstoar.
Yn 1941 wenne yn dat hûs in oare Rients, Rients Bruinsma. Yn syn kelder waarden minsken en wapens ferburgen. De pleats wie it sintrum fan in ‘knokploech’, in fersetsgroep dy’t ûnderdiel wie fan de Landelijke Knokploegen, de L.K.P., oprjochte troch de L.O. om it ûnderdûkersnetwurk te stypjen. De L.K.P. hie yn it hiele lân 550 leden. Dy fierden sabotaazjeaksjes út en no en dan in oanslach op hege nazi’s. De manlju fan de Seisbierrumer knokploech pleegden oerfallen op de kantoaren dêr’t de distribúsjebonnen bewarre waarden. Dy wiene nedich om de ûnderdûkers ûnopfallend te fersoargjen.
Lês fierder: Post.Jantsje/ensafh. – Rients Westra
5 Wilhelmina Pieters Westra (Mine) * Seisbierrum 18-3-1898 † Ljouwert, wenjend op It Bilt, 4-2-1961, 62 jier, [] Seisbierrum; by trouwen sûnder berop te Easterbierrum;
x Barradiel 22-8-1923, 25 en 35 jier, Doede Piers Winsemius * 12-11-1887 † 1951; fan 2-1-1912 oant 14-5-1919 ûnderwizer te Aldehaske; by trouwen ûnderwizer te Easterbierrum, de húshâlding ferfart nei Nederlâns Indië, wennet yn 1924, ’26 te Probolingo, yn 1927 op Fort De Kock; komt dêrwei op 1-9-1930 yn Ljouwert, Stienzerstrjitte 8; ferfart op 18-3-1931 dêrwei wer nei Nederlâns Indië, komt dêrwei op 30-4-1936 te Ljouwert, Harnzerstrjitwei 17; ferfart dêrwei op 19-12-1936 nei Zeist, C. Schellinglaan; sn fan Pier Johannes Winsemius, arbeider te Easterbierrum, en Maria Catharina Simonides; 3 bern: Pier, Maria Catharina en Pieter.
Sjoch: Pieter Winsemius, Pier Johannes Winsemius en zijn nazaten, oudbarradeel.nl
6 Reintje Pieters Westra * Seisbierrum 16-7-1899 † Feanwâlden, Talmahûs 12-10-1993 [] Seisbierrum; by trouwen sûnder berop te Seisbierrum;
x Barradiel 22-3-1923, beide 23 jier, Jelle Sybrens Post * Seisbierrum 2-4-1899 † dêr 6-3-1981 [] Seisbierrum; bouboer te Seisbierrum; sn f. Sybren Jentjes Post, bouboer te Seisbierrum, en Aaltje Jans Bruinsma
7 Mathijs Pieters Westra, folget IX.2
8 Klaas Pieters Westra * Seisbierrum 14-2-1905 † 15-7-1965 [] Seisbierrum, firmant Westra & Zn, ierdappelhannel te Seisbierrum;
x Baarderadiel, 30-7-1930, 25 en 22 jier, Aukje Paulus Strikwerda * Winsum 3-1-1908 † Harns 13-4-2001 [] Seisbierrum, dr f. Paulus Anes Strikwerda, greidboer te Winsum, en Joukje Karsjens Kalma
9 Arendtje Pieters Westra * Seisbierrum 9-6-1915 † 27-1-1995 [] Froubuorren;
x Barradiel 6-9-1945, 30 en 33 jier, Douwe Jans Krol * Nijesyl onder Froubuurt 21-4-1912 † 20-5-2000 [] Froubuurt, bij trouwen bouboer te Hallum; bouboer op Nijesyl, sn f. Jan Robartus Krol, gernier op Nijesyl onder Froubuurt (húsnr C537), en Renske Douwes Visbeek. 7 kines.
Piter Harmens Westra
IX.1
Harmen Pieters Westra * Seisbierrum 29-3-1889 † dêr 22-11-1976 [] dêr, firmant Westra & Zn, ierdappelhannel te Seisbierrum: Harmen skreau syn koarte memoires, sjoch : Westra Kronyk, x 1 Barradiel 15-4-1915 Antje Hilbrands Bruinsma * Seisbierrum 5-2-1892 † 6-12-1946, dr f. Hilbrand Jans Bruinsma, bouboer te Seisbierrum, gemeenteriedslid fan Barradiel, en Gerbentje Sjoerds Lettinga;
Harmen x 2 Jantje Wagenaar * Aldeboarn 22-10-1901 † Seisbierrum 20-3-1988 [] dêr; faam te Aldeboarn, sûnt Alde Maaie 1919 by J. de Haan te Berltsum; sûnt 22-7-1924 by J.J. Stienstra oan ’e Noarderhaven te Snits; dr fan Christoffel Jelles Wagenaar, by syn earste houlik yn 1885 arbeider te Aldeboarn by syn heit op ’e pleats tink, yn 1901, ’12, ’15, ’23 allyksa arbeider te Aldeboarn, en Trijntje Barteles Jellema
Harmen Piters Westra
Bern:
1 Pieter Harmens Westra, folget X.1
2 jong ferstoarn (iepen rêchje)
3 jong ferstoarn (kinkhoast)
4 Hilbrand Harmens Westra, folget X.2
5 Gerbentje Harmens Westra x Veldhoen
6 Maria (Marieke) Harmens Westra x (har neef) Pieter Jelles Post
7 Aaltje Harmens Westra, x Ger Baarschers; bern: Jeff
8 Antje (Anne) Harmens Westra, x Amse; bern: Roy
9 Reintje (Reiny) Harmens Westra, x Andy Veldhoen; bern: Esther-Joy; Mary; Jay
10 Rients Harmens Westra, folget X.3
11 Seerp Harmens Westra, folget X.4
IX.2
Mathijs Pieters Westra * Seisbierrum 24-7-1903 † 12-12-1988 [] Frjentsjer, alg. begr.pl., eigner M. Westra B.V., leanbedriuw, kraanbedriuw, nôt- en siedhannel yn ’e Faktorij oan ’e Prins Hindrikkade te Frjentsjer; sjoch: De deiboeknotysjes fan Mathys Westra;
x Frjentsjerteradiel 23-4-1928 Baukje Sjoerds Bruinsma * Easterbierrum 25-2-1905 † 24-8-1984 [] Frjentsjer, alg. begr.pl., dr f. Sjoerd Hilbrands Bruinsma, bouboer te Easterbierrum, gemeenteriedslid foar de A.R.P. fan Barradiel, en Baukje Dirks van der Schaaf.
Troufoto fan Mathys Westra en Bauk Brúnsma. Kolleksje Zondag-Westra – skonken oan Erfgoed Fundaasje yn de Kolleksje Westra
Mathys en Baukje pleagen inoar wolris wat. Baukje hie it net sa op keaplju, wreaude dat Mathys oan. Doe’t Mathys ris yn Geart Aeilco Wumkes syn Stads- en Dorpskronieken omsneupte, lies er dat yn Tsjom ris in Bruinsma feroardiele wie ta gefangenisstraf omdat er rânzige bûter yn ’t fet ferkocht hie mei in laachje fan goede bûter deromhinne .Mathys hâlde dat Baukje ûnder de noas. Doe wienen se wer kyt.
Troukaart fan deselden. Boukje wurdt hjir mei in o stavere, offisjeel is ’t mei in a.
Kolleksje Zondag-Westra – skonken oan Erfgoed Fundaasje yn de Kolleksje Westra
Bauk Westra-Brúnsma yn Frysk kostúm mei it earizer fan beppe Marie Mathys Bakker, op de Van der Schaaf-famyljedei te Bitgummole 19 novimber 1977 . Op ’e achtergrûn Maaike en Richtsje Durks van der Schaaf; foar Leny Durks Brúnsma en Geartrude Doekeles Brouwr. Erfgoed Fundaasje – Kolleksje Dirk Arjens van der Schaaf
Bern:
1 Baukje Mathijs Westra * Frjentsjer 21-1-1929, x Frjentsjer 22-12-1949 Tjitte Wever * Frjentsjer 19-10-1926 † dêr 7-4-1983 hanneler yn sekken te Frjentsjer; 7 soannen, 1 dochter
2 Maria Mathijs Westra * Frjentsjer 12-2-1930, ferpleechster, x Frjentsjer 24-7-1956 Ben Koolhaas * Leimuiden 4-3-1930, longarts te Eindhoven; 1 soan, 1 dochter
3 Gerbentje (Geb) Mathijs Westra * Frjentsjer 6-3-1931, x Frjentsjer 1-7-1955 Lammert Wever * Frjentsjer 18-6-1930, útjouwer te Frjentsjer; 4 dochters, 2 soannen
4 Pieter Mathijs Westra * Frjentsjer 19-6-1932, nôtkeapman te Frjentsjer, x Frjentsjer 22-5-1957 Saakje Kingma * Frjentsjer 9-1-1933; 3 dochters, 1 soan
5 Anna Mathijs Westra * Frjentsjer 22-9-1933, ferpleechster, x Frjentsjer 27-1-1960 Jan Dethmer Huisman * Grins 17-9-1933 oktroai lêsthawwer te Pijnacker; 3 dochters
6 Wilhelmina Mathijs Westra * 5-12-1934, ferpleechster, x Frjentsjer 29-10-1965 Willem Venekamp * Apeldoarn 23-5-1938, húsdokter te Emmer-Compascuum; 2 soannen, 1 dochter
7 Sjoerd Mathijs Westra * Frjenstjer 28-8-1936, leanwurker te Frjentsjer, x Frjentsjer 30-11-1961 Joukje Westra * Frjentsjer 4-11-1940 ferpleechster; 2 soannen, 2 dochters
8 Reintje (Reinie) Mathijs Westra * Frjentsjer 2-11-1937, ferpleechster, x Frjentsjer 24-5-1961 Koenraad (Koen) Zondag * Frjentsjer 19-12-1938, meiwurker twataligens; 1 dochter
9 Arendje Mathijs Westra * Frjentsjer 20-3-1939, ferpleechster, x Drachten -12-1977 (houlik ûntbûn 1981) Wiemer Boomsma. 1 dochter, 1 soan
10 Klaas Mathijs Westra * Frjentsjer 30-7-1940, meiwurker papierfabryk, x St.-Anne 22-6-1967 Tiny Keizer * St.-Anne 30-4-1945; 3 soannen, 1 dochter
11 Hilbrand Mathijs Westra * Frjentsjer 4-6-1942 † dêr 23-6-1956
12 Harmen Mathijs Westra * Frjentsjer 2-7-1943, winkelman te Easterbierrum, x Barradiel 6-5-1966 Gerry Dijkstra * Easterbierrum 8-9-1946; 3 soannen, 3 dochters.
X.1
Pieter Harmens Westra, x (achterneef en nicht) Aaltje Jentjes Post, dr f. Jentje Sybrens Post, en Antje Rientses van Wijngaarden.
Bern:
1 Anneke Westra
2 Harmen Westra
3 Jint-Sybren Westra
4 Axel Westra
5 Seerp Westra
6 Aukje Westra
7 Rients Westra
8 Maria Reina Westra, x Rienk Anne Papma * Kraggenburg 10-6-1960, ing.; learaar lânbouskoalle, sn f. Anne Papma, boer, en Niesje Adriana Reinders.
Sjoch: www.pleegtheater.nl/over-westra
X.2
Hilbrand Harmens Westra * 1920, x Klazina Maria Zwart * 30-11-1920 † 28-6-2015
Bern:
1 Anneke Westra
2 Marianne Westra
3 Hendrina Westra
4 Gebke Westra www.gebkewestra.nl
5 Harmen Westra www.harmenhwestra.nl
6 Ruurd Westra
X.3
Rients Harmens Westra * Seisbierrum 25-3-1931; ierdappelkeapman en kweker; skriuwer K.I.Z.. Keurings Instituut voor Zaaizaad; sjoch: Ierdappelhannel Fa. Westra
x Frjentsjer 21-8-1957 Hiltje van der Ploeg (Hilly) * Skalsum 4-8-1934.
Bern:
1 Harmen Rients Westra * Seisbierum 24-5-1958, eigner transportbedriuw Frjentsjer, x De Jouwer 20-11-1998 Veronika Rog * De Jouwer 29-5-1963
2 Aukje Hiltje Westra * Seisbierum 6-5-1960, dûmeny yn Havelte en te Snits;
x 1-9-1989 Vijko Top * Marknesse 12-6-1959, dûmeny yn Havelte.
Bern: Anne Jard, dokter; Hidde, studint te Leiden; Bauke, studint te Utrecht
3 Antsje Westra * Seisbierum 4-2-1962, skientme-spesjaliste te Harns;
x 2-9-1993 Martin F. De Raadt * Harns 6-5-1960, eigner fytsesaak te Ljouwert.
Bern: Marie, studint te Ljouwert; Anna Hil
4 Nynke Westra * Seisbierum 5-9-1963, bejaardehelp op Urk;
x Hurderwyk 16-11-1990 Peter de Boer * Urk 4-10-1960, militair op Urk.
Bern: Harmen; Rients; Wessel.
X.4
Seerp Harmens Westra * Seisbierrum, x Ine.
Bern:
1 Ellen
2 Wijnand
3 Sander
Wurdt fuortset