Koen Zondag

In leanwurker ut it ‘Overjordaanse’

De deiboeknotysjes fan Mathys Westra, Psn. (1903-1988)

Ynlieding

Op myn jierdei yn desimber 1983 barde der wat frjemds. Dat skoanheit en skoanmem net tagelyk op besite kamen, fernuvere my net. Dat wie al jierren sa. Yn har libben wie der yn ditsoarte dingen in skieding yn rollen. Ik seach der net ferheard fan op dat it presintsje – it sil wol in boekebon west ha – troch mem jûn waard en dat in oere letter heit syn kado, in gûne, joech. Alle bern en bernsbern krigen fan him itselde bedrach. Mar diskear joech er my ek noch in pakje. Nei it útpakken dêrfan die bliken dat der twa bibels yn sieten: de troubibel út 1928 (de ‘Statenvertaling’ fan 1637) en de oersetting fan it ‘Nederlands Bijbelgenootschap’ út 1951. Doe’t ik him oanseach, wie syn beskie: ‘Do bist in boekeman en my tocht datsto dy bibels mar ha moast.’ Dat er se my, in skoansoan, joech hat my wol wat dien.
Doe’t de besite fuort wie, ha wy[1] tegearre dy bibels iepenmakke en lêzen wat wy al lang wisten, nammentlik de oantekeningen dy’t heit yn ’e marzje dêrfan makke hie as de lêste bern de brij noch behimmelen. Dat skoftsje wie genôch om wat del te
skriuwen oer it deistige wol en wee: it waar, in nije trekker, de ferhuzing yn 1940 fan de Suderkade nei de Godsacker en de berte fan in bern.
Fan jannewaris 1964 ôf makke heit oantekeningen yn kahiers.[2] Yn it earste steane, algemiene gegevens oer de húshâlding en it bedriuw yn de jierren 1928-1963. Men kin dat diel beskôgje as in weromsjen op dy jierren; yn it twadde begjinne, fan 30 april 1964 ôf, de oantekeningen. Yn it begjin noch te hea en te gers, mar letter, op in inkelde útsûndering nei, alle dagen.  De lêste opmerking fan syn hân stiet yn diel XV, 28 novimber 1988: ‘Wat triest. [It waar.] Gaat met mij nu minder. Nu 3 ½ vier maar weer plat. Op ’t eind.’ Dy notysje stiet op side 2.560; dêrnei folgje noch njoggen siden dy’t de bern skreaun ha doe’t heit yn it lêste toevjen lei.
Nimmen hat de fraach steld wêr’t dy boekjes hinne moasten. Se bedarren ‘as fansels’ by ús. Dy ‘logboeken van een levensloop’, sa’t Willem Barnard yn syn Stille Omgong sokke ferhalen neamd, ha wy yn de rin fan de tiid allegearre lêzen. Hjir en dêr waard wat oardere, op guon plakken kaam in giel briefke en op de etiketten skreaune wy in koarte ynhâldsopjefte.
Nei ferrin fan tiid frege ien fan de famylje oft de notysjes fan heit ek yn ’e beneaming komme koene foar in útjefte. Dat soe wat wêze: heit Mathys Westra dy’t, lykas Doeke Hellema, de man fan de Kroniek van een Friese Boer,[3] net allinnich yn de herten fan syn bern en bernsbern, mar ek yn in boek fierder libje soe. Dat boek is der oant no ta net kommen. Oft it der op in stuit wol komme moatte soe, komt oan de ein fan it ferhaal oan ’e oarder. Mar it soe, sa beredenearren wy, skoof en skande wêze dat oaren net diele koene yn in part fan it libbensferhaal  fan dy nijsgjirrige man.
Doe’t it bestjoer fan de Skierstins yn Feanwâlden de mooglikheid bea dat ferhaal op te nimmen yn de lêzinge-rige fan 2003-2004 wiene wy gau beret. Yn oerlis waard 12 desimber 2003 keazen. Nei it fêstlizzen fan dy datum wiene wy eefkes stil: dy mannichste wie de stjerdei fan Mathys Westra, Psn. De Joadske tradysje folgjend, hawwe wy him op dy  jûn kaddisj sein; wy hawwe him eare yn in ferhaal.
Om paadwiis te wurden en it paad te hâlden wurdt it ferhaal oan de hân fan inkelde tema’s ferteld. Yn ‘Om te begjinnen’ komme wy yn ’e kunde mei Mathys Westra en syn frou Baukje Westra-Bruinsma. Yn ‘Iik en sipres’ komme har rollen nei foaren. Dêrnei komt yn ‘Een tere juffrouw’ de ekonomy oan ’e oarder. Yn ‘Wend om út te blinken’ stiet ien en oar oer de húshâlding en famylje. Tsjerke en leauwen krije omtinken by de ‘Utdoarren’; guon losse eleminten binne beskreaun by ‘Woerden in voorname rust’ en yn  ‘Ta beslút’ wurdt noch eefkes weromsjoen.[4]

  1. Om te begjinnen

Mathys Westra, in soan fan in Seisbierrumer keapman yn ierdappels, flaaks en sied, berne op 24 july 1903, troude op 23 april 1928 mei Baukje Bruinsma, in boeredochter út Mullum dy’t op 25 febrewaris 1905 te wrâld kaam. Nei’t it  boargerlik houlik sletten wie op it gemeentehûs (it Martenahûs) yn Frjentsjer en it tsjerklike yn ’e Grifformearde tsjerke fan Harns wie der grut feest yn it (no net mear besteande) Harnzer etablissemint ‘De Harmonie’. De brulloft wie tagelyk it sulveren houliksfeest fan de heit en mem fan de breid. Wy lêze dêroer: ‘Van 8 – 1 uur een royale bruiloft met veel gasten in Harlingen. Kosten fl. 300.’ (DX: 1646).[5] No soe dat goed 4.000 gûne (ryklik 1.800 euro) wêze. It giet net om de hichte fan it bedrach, mar om it feit dat heit, de jierren troch, oer fan alles en noch wat byhâlden hat wat ien en oar koste. It giet oer nij ark foar it bedriuw (èn wat der bybetelle wurde moast), de prizen fan it ‘graan’, it lynsied, de huzen, it gas, de famyljefeestjes en folle net genôch.
Nei it feest reizge it jonge pear nei Frjentsjer, it plak dêr’t hja har nei wenjen setten. Fan Seisbierrum nei Frjentsjer wie in hiel ûndernimmen en Mathys Westra sei letter, neffens ús wat spytgnyskjend, mear as ien kear dat er fan it ‘Overjordaanske’[6], it lân eastlik fan de Jordaan, it lân mei in legere status, nei it bettere lân westlik fan de Jordaan, dat wol sizze Frjentsjer gien wie. Dêr begûn heit mei it noch altyd besteande leanbedriuw. Pake Pieter, heit syn heit, liende him goed 3.200 gûne, genôch foar in terskmasjine, in ploege ‘om op smalle akkers te kunnen ploegen’ en ‘nieuwe wegbanden om Fordson landbouwwielen’.[7] Yn 1936 wurke it leanbedriuw foar de earste kear bûten Frjentsjer en omkriten: it Bûtenfjild yn Feanwalden: ‘‘t Was moeilijk werken in de veengrond, soms weggezakt tot aan de assen.’
By in lean- anneks siedhannel hearre pakhuzen. It earste stie oan de Harnzerstrjitwei; it twadde, de ‘Factorij’ oan de Prins Hendrikkade, waard yn 1938 kocht. Yn desimber 1987 folge de ferhuzing nei it yndustryterrein oan de westkant fan de stêd. Heit rekkene út dat hy ‘dan de 22e precies (…) 49 j. en 7 mnd. n. de Prins Hendrikkade [is] geweest x 12 gem[iddeld] per week = totaal 32.760 keer’ (DXIV:2431).

Bibellêze
Lykas wenst krige it jonge pear út hannen fan de foargonger[8] in troubibel: ‘de gansche heilige schrift bevattende alle de kanonieke boeken des Ouden en Nieuwen Testaments (…) uit de oorspronkelijke talen in onze Nederlandsche getrouwelijk overgezet’.  Op de earste side is yn it hânskrift fan heit de troutekst opskreaun: Gen[esis] 12: 2c : ‘en wees een zegen’.  Fers 2 begjint mei de wurden fan de Hear ta Abram: ‘en Ik zal u tot een groot volk maken’. It wie fan tapassing op it jonge pear; it krige tusken 1929 en 1943 tolve bern.
Mathys Westra lies op 24 april 1928 moarns nei it brea-iten yn syn rol as ‘de priester van het gezin’ – sa’t de man doe yn grifformearde rûnten wol hiet – foar de earste kear lûdop foar út dy bibel. Hy soe dat dy deis noch twa kear dwaan: middeis nei it waarmiten en jûns nei it bôle-iten. Hy hat dy gewoante oant syn dea yn 1988 folhâlden: trije kear deis, 365 dagen yn in jier en dat sechtich jier lang (1928-1988). Dat is mei-elkoar mear as 65.000 kear.
Nei iten as guon bern de brij behimmelen, skreau heit wat yn de marzje fan de bibel. Neffens guon barde dat suver alle dagen; oaren ûnderstelden dat it sa no en dan it gefal wie. Om dêroer útslútsel te jaan ha wy dy notysjes teld. Yn de troubibel steane ryklik 70 notysjes; yn de NBG-bibel sa’n 200. It seit himsels dat dy yn letterlike sin marzjinale opmerkings fierstente min stof foar in ferhaal leverje. Hoe’t heit syn notysjes makke, yllustrearje wy  mei inkelde foarbylden út 1955:

1955
15 januari, zaterdag [Jesaja 30] IJsbaan open.
Pakhuis tarwe, erwten.
Kwakkelwinter. Dorschen zoowat afgeloopen.

8 februari [Jesaja 45] Voor het eerst weer aan ‘t ploegen en nog 30 pdm.[9] dorschen.

Ien foarbyld moat eefkes apart omtinken ha. By 22 novimber 1939 stiet yn ‘e kantline by Jesaja 52:
Vrouw

000
000
000
0?

 

Yn dy kryptyske opsomming freget heit him ôf oft der wer in bern op komst  is. Dat wie yndied it gefal. Op 30 july 1940 waard it tsiende bern, Klaas, berne.

  1. Iik en sipres

Op 24 augustus 1984 stoar Baukje Westra-Bruinsma; hja waard 79 jier. Dûmny J. van Verseveld, dy’t de routsjinst late, sei by de gelegenheid[10] oer heit en mem: ‘Ze leefden dicht bijelkaar, maar niet ál te dicht, want de eik en de cypres kunnen in elkaars schaduw niet gedijen.’ It bleau ûndúdlik wa’t de iik en wa’t de sipres wie. Wol waard dúdlik wa’t (skoan)mem wie:

Ze was een sterke vrouw, een dame eigenlijk, ze wist haar weetje, ze liet zich de kaas niet van het brood eten, was markant, zeer zelfstandig, martiaal, een statige verschijning, de koningin van Franeker. Ze stapte niet op haar fiets, zij besteeg het rijwiel, en midden op de straat reed ze door de stad, het overige verkeer hield eerbiedig afstand. Ze was een vrouw met grandeur en allure, en met humor.

Heit dy’t de tekst, fanwegen syn dôvens, op papier meilies, glimke by dat part. Hy hie ‘syn âlde’ ommers mar al te goed kend. Guon tsjerkegongers witte, hast tweintich jier letter, noch te fertellen dat der, op dat stuit, wakker lake is. Goed fjouwer jier[11] letter late deselde dûmny de routsjinst fan heit. Oer him sei de foargonger ûnder mear:

Hij was een man van veel mooie verhalen, ook omdat hij onze verhalen slecht of helemaal niet verstaan kon, ging hij zelf maar vertellen. Prachtige verhalen over alles en iedereen, gekruid met veel wijsheid en milde humor (…).
Een man van vrolijkheid en nuchterheid. Zijn uitvaart vindt ook ’s morgens plaats, opdat ieder wie dat gewend is straks na het eten zijn middagdutje kan doen. En op tweede feestdagen ging hij nooit naar de kerk, dat waren maar menselijke instellingen, daar had hij niks mee te maken. Een markant man kortom.

Dy wurden oer de iik, de sipres en it skaad sprieken elk o sa oan. Wat is bibelske taal dochs byldzjend! Neifraach[12] learde dat it wurden wiene fan de no net bepaald grifformearde Libanees-Amerikaanske dichter-filosoof Kahlil Gibran (1883-1931). Heit soe it wol moai fûn ha dat de oanwêzigen op ’e ferkearde foet set waarden; hy fertelde gauris mei smaak dat er yn de fjirtiger jierren fan de foarige ieu in kear in ynlieding op ’e grifformearde manneferiening yn Frjentsjer holden hie en dat de
bruorren wakker ynstimden mei it deeglike lûd dat de ynlieder hearre litten hie. Hy hat har noait ferteld dat er syn wiisheid ûntliend hie oan Miskotte, in teolooch dy’t doe yn grifformearde rûnten net bot wurdearre waard.

Foarein en achterein
Minsken ha te krijen mei in ferskaat oan rollen. Jo binne man, heit, leanwurker, wurkjouwer, besiker fan de beurs yn Ljouwert, klant fan ‘De Doelen’, lid fan de tsjerkeried, jager en folle net genôch. Sosjologen sizze dat men oan de iene kant sa’n rol is, mar dat men dy oan de oare kant ferfollet yn sosjale ferbannen. Men is heit, mar dy rol krijt foarm en stal yn grifformearde opfiedingspatroanen. As wurkjouwer wit men, fanút it direkte belang fan jins bedriuw, krekt hoe’t it moatte soe, mar de yn de polityk makke ôfspraken en de winsken fan bygelyks de fakbeweging ferhinderje ‘de baas’ om alles út te fieren sa’t er it winsklik achtet. En dat liedt, sa’t letter dúdlik wurde sil, wolris ta geprottel.
Yn dit ferhaal wolle wy ek omtinken jaan oan de foarein en de achterein, in fenomeen dat yn sa’n agrarysk fermidden hiel dúdlik nei foaren kaam. De foarein stie foar de húshâlding, ynklusyf de opfieding; de achterein foar it bedriuw. It earste wie it mêd fan de ‘vrouw des huizes’; it twadde foar de man, de kostwinner. Der sil tusken har beiden in soad praat wêze oer de praktyske aspekten fan it bedriuw (hokker boer wol  syn hea fuortendaliks parst ha), mar petearen oer it belied sille der net in soad west ha.
De frou lies it troch professor Waterink redigearre blêd Moeder, de man it Gereformeerd Weekblad. De frou gie nei de ‘vrouwenvereniging’; de man siet yn ’e tsjerkeried. Doe’t heit – net allinnich troch syn dôvens, mar ek om’t er syn nocht hie fan alle ‘gepraat’-  hieltyd minder gearkomsten besocht, naam mem dy rol oer. Op in hiel soad plakken yn de deiboeken stiet: ‘De vrouw is naar …’ en dan folget it clubwurk foar de geastlik handikapte bern, de gearkomsten fan de ARP (letter it CDA) of in gemeentejûn fan tsjerke.
It wie in oersichtlike wrâld; de iik en de sipres hiene har eigen plak. De romte en de grinzen dêrfan wiene, sûnder dat dêr oer  praat wie, fêstlein. Dochs wie it blykber soms eefkes te skadich. Ut it erfskip hiene heit en mem twa moaie Meissner sûkelarjetsjettels, in blauwenien fan mem har âlden en in witenien fan heite kant. De blauwe stie jierrenlang yn al syn pracht op it finsterbank yn ’e wenkeamer; de wite stie fer-skûle op in sliepkeamer. Inkelde dagen nei de begraffenis fan mem ferruile heit de beide tsjettels: de blauwe bedarre boppe en de wite kaam yn it finsterbank. Der binne gjin wurden wijd oan dat sjanzjemint.
Nei it ferstjerren fan mem rêde heit him skoan mei help fan ‘Hak’ en bern dy’t him it iten brochten. It die jin tinken oan de ravens dy’t Elia by de beek Krit troch de tiid holpen.[13]
Doe’t ien fan de dochters yn dy jierren mei klam oanstie op it keapjen fan in nij pak grommele er: ‘En wa moat dat dan oan ha?’ De oanhâlder wûn ek hjir en op in dei waard de reis nei de kleansaak ûndernommen. Nêst it pak waard in nije trui kocht, mei-elkoar 800 gûne! Hy wie, sa blykt út syn notysjes, sa grutsk as in flie op dy nije klean. Yn DXIII:2165 folgje de wurden fan Luther: ‘Al kwam de Here Jezus morgen op de wolken, dan plantte ik vandaag nog een appelboom.’ De tapassing? ‘Zoo voel ik mij ook met dit nieuwe pak’. Dêrnei folget: ‘Fin[anciële] markt vrij gelijk’.

  1. ‘Een tere juffrouw’

De jierren troch ha bern en pake- en beppesizzers it hûs op de Godsacker en letter yn de Dykstrjitte geregeldwei opsocht. De ien kaam moarns betiid, in oar jûns let. Al dy besites binne yn de deiboeken fêstlein en foarsjoen fan heit syn kommentaar op ‘kerk, staat en maatschappij’. Guon ferhalen wiene op ’t lêst wol bekend, mar út respekt foar de oangename ferteller, dy’t ûnder it ferhaal in slokje dronk en de safolste sigaar mei sichtber genoegen oanstuts, ha wy dat nea blike litten.
It ekonomyske mêd, dat by him gauris itselde wie as it finansjele, spile yn de ferhalen  in grutte rol. Yn oktober 1929 makke in beurskrach ynienen in ein oan it ‘schijnbaar eeuwigdurende financiële kerstfeest’[14] yn Amearika. De gefolgen dêrfan wiene yn de jierren dêrnei ek yn Nederlân te merkbiten. Dy finansjele ramp hat foar heit en-dy in merkteken west en de generaasjes nei him, foaral syn opfolgers, waarden war-skôge. Men moat net fierder springe as de pols lang is en ferplichtings mei de bank binne noedlik: ‘… wat je haalt moet je terugbrengen en het halen is een veer, het terugbrengen een zware steen’ (DIII:424). Fakentiids kulminearre heit syn skôging oer finansjele aspekten yn it sechje: ‘Economie is een tere juffrouw’. Wa sitearret er hjir, ha wy ús mear as ien kear ôffrege. Inkelde wiken foar syn dea sei er, sûnder yn- of oanlieding: ‘Dr. Colijn sei altyd al dat ekonomy in teare juffrouw is.’
Eins hiene wy dat ek wol betinke kinne. Colijn wie, ek jierren nei dato, syn grutte foarbyld en in inkelde foarsichtige ferwizing nei it ‘Plan van de Arbeid’[15] waard negearre. In ynlieding op de AR-kiesferiening, om 1950 hinne, fan in jonge Frjentsjerter ekonoom oer de ideeën fan Keynes, dy’t ûnder mear fertelde dat men yn goede tiden jild reservearje moat foar eventuele minne jierren, foel net yn goede ierde.[16] Mar yn in notysje fan 19 septimber 1981 wurdt mei in ferwizing nei it bibelferhaal oer de fette en de meagere jierren dat útgongspunt eins wol akseptearre:  ‘En nu zijn er veel ec[onomen] opgeleid, die het aan wijsheid ontbreekt. Spreuken 31 ‘De goede huisvrouw’. Of de dromen van Jozef: De vette en magere koeien. Jozef zorgde voor reserve in goede jaren’ (DX:1559-1560).

Amtners
De hâlding fan heit oangeande ekonomyske útgongspunten lit him yllustrearje mei syn opmerking oer Aldfaers Groun, it boek fan J. P. Wiersma[17] oer it ûntstean fan de suvelkoöperaasjes, in boek dat troch Freark Dam yn syn rubryk ‘Sa sydlings’ in ’Frico-roman’ neamd waard.[18] Wy lienden it yn 1962 fan him om ús kennis fan it Frysk, benammen it taaleigen, te fergrutsjen. Doe’t wy it in pear moanne letter mei tank werombrochten, fregen wy him nei syn oardiel. Der folge koart en klear: ‘It is my te koöperatyf.’
Hjir wie in frije ûndernimmer oan it wurd, in man dy’t in skalk each hie op it koöperative tinken en der lêst fan hie dat de útfierders dêrfan tefolle ynfloed hiene. Hja ‘namen hier en daar eens een bedrijf over, zoodat het voor de part[iculiere] handel moeilijk wordt, om nog wat omzet te halen in de granen en veevoeders. De reclame voor coöp[eraties] op alle terrein is zeer groot. Ook op de landb.scholen enz.’ (DII:159-160).
Der wiene mear ‘fijannen’. Foaral de fakbûnen, en dan noch wer yn it bysûnder de FNV, soargen yn syn belibbing foar in soad kwea en lêst. Op 17 maart 1980 – it kabinet Van Agt-Wiegel is dan oan it bewâld – stiet: ‘‘t Loopt met meer bedrijven stroef. En Wim Kok doet zijn best om het nog meer in de war te sturen. Wie de goden willen verderven, slaan ze met blindheid’ (DVIII:1303). In pear siden earder (DVIII:1296) is syn kommentaar noch skerper: ‘Morgen een politieke 24 uursstaking, tegen de loonmaatregelen van de regering. Via de revolutie[19] een nieuwe aarde, maar ik geloof dat niet.’ De boel byelkoar hâlde is neffens him al moai genôch.
Amtners, sa docht op mear as ien side bliken, hawwe net goed yn ’e rekken hoe swier it breafraachstik is: ‘In amt. kring wordt daar altijd te gemakkelijk over gedacht, die krijgen iedere maand hun tractement en hoeven daar op zich niet voor te vechten, het zijn geen broodvechters en hebben ze zich tegen inflatie voorlopig goed beschermd, met waardevast ink[omen] en pensioen’ (DV:791).  Hjir komt de opfetting nei foaren dat minsken har allinnich ynspanne as hja der foar betelle krije. En it is moai wis dat bibelteksten oer ‘het zweet uws aanschijns’ (Genesis 3:19) en ‘Wie niet werkt zal ook niet eten’ (nei oanlieding fan 2 Thessalonicenzen 3:10) syn stânpunt mei foarme ha.
Dat it finansjeel-ekonomyske dochs mear is as rekkentsjes en rintepersintaazjes blykt út in notysje fan 13 novimber 1986. De soannen dy’t it bedriuw oernommen hiene, wiene dy dei op ‘en paad mei har personiel. De ‘oubaas’ wenne allinnich de neisit yn ‘Hotel Bootsma’ by. Dêr seach er op in filmke alle ark fan it bedriuw. Wat in rykdom! Om tankber foar te wêzen en heit hopet en bidt ‘dat de jongens goede rentmeesters zijn, ook voor hun medewerkers, als Chr. werkgevers’ (DXIII: 2275).
Amtners, om dêr noch eefkes op werom te kommen, falle sa no en dan ek wolris ta: ‘Twee afgezanten van de Gem[eente]  Fran[eker] geweest in zake rek[ening] sneeuwruimen. Vonden ze bij controle de rek[ening] te laag. Kwamen ± 10% hoger = ca. f 1000. Zoo iets komt niet veel voor’ (DVII: 1131).

Papegaai
It al oanhelle sprekwurd oer de goaden en de blinens is gjin tafal. Op moai wat plakken steane sprekwurden of eigen makke begripen. As ien fan de bern bygelyks in oerstallich fornús taskood krijt, folget de opmerking oer in rike skevel dy’t syn ynkommen like goed nedich hat as ien dy’t minder fertsjinnet: ‘Een mus is al zijn veren nodig, maar een zwaan ook’ (DIV: 574). Keapje op ôfbetelling is tige gefaarlik; it kostet in soad rinte. Vader Cats hie al sein: ‘Die meer verteert dan hij ontvangt, knoopt zelf het touw waaraan hij hangt’ (DXI: 1940 en 2046). Men moat in ferstannich belied fiere en ‘als het zoo tussenin maar wat doorscharrelt’ (DII: 155) is it moai genôch. By geunstige finansjele omstannichheden folget de relativearring: ‘As ’t wol dan kin de bolle wol kjelje’ (DI: 71).
Syn eigen bedriuw ferliket er mei de diakonij: ‘Werk op boereterrein niet veel (…) De boeren hebben zelf wel tijd. Een loonbedrijf is zoowat als een goede diakonie. Wanneer er nood is moet er geholpen worden en moeten wij ons app[araat] in orde hebben. Maar wanneer het wat meeloopt met ’t werk zijn ze ons niet nodig’ (DIII: 354).
It lêste foarbyld op finansjeel mêd fynt men yn 1972 by in beskriuwing oer de affearen fan de bern. It liket net sa raar te gean, mar ‘ieder wil de papagaai schieten, maar dat lukt nu eenmaal niet’ (DIV: 559).[20]

  1. Wend om út te blinken

Yn ús A4-kultuer ha wy gjin weet mear fan it orale karakter fan it libben yn it ferline. Wa’t de jierren troch goed nei heit harke, krige lykwols in idee oer de ferhalen dy’t al mar wer ferteld waarden, oer de lieten dy’t thús en op feesten klonken en fersen dy’t hja op de resitearklub opseine.[21] Ien fan de foardrachten dy’t dêr leard waard, wie ‘Us Femylje’, foardracht foar twa persoanen: Pier Durks en Pier Murks.[22] Oan de ein fan elk kûplet folge in refrein:

Us femylje is ’t wend om út to blinken,
Elk derfen is dreech en – master yn syn fak.
Rounom heart min: ‘Dat binne kleare koppen,
En hja binn’ derby yn alle silen mak.

De earste en de lêste rigel fan dit refrein waarden (wat oanpast) sitearre as heit by in brulloft in speech hâlde soe. Mem mocht it konsept foarôf lêze: ‘Heb ik het epistel[23] aan de vrouw voorgelezen en vond die hem goed, dan zal het ook wel zoo wezen’ (DX:1657).[24] It aardige is dat sa’n troch ende troch grifformearde man as heit yn in taspraak, dy’t mear as ien kear einige mei in ferwizing nei in bibeltekst, faak psalm 103, de minsken fan it perfoarst net ortodokse Winterjûnenocht mei genoegen oanhelle.

Limonade
Heit wie segene mei in treflik ûnthâld. As er op 22 septimber 1985 in notysjeboekje oer de jierren 1917-1918 yn hannen krijt, skriuwt er: ‘Alle personen die er in voorkwamen, waren mij goed bekend, tot de namen van de paarden toe. Desi, de naam van [de] hond, kwam ik niet tegen’ (DXII: 2121).
Hy wist ek noch dat er op syn tredde jier, doe’t er foldie oan it talittingskritearium fan droech en skjin, nei de Seisbierrumer bewaarskoalle gie. Juffer Groenhout, de ûnderwizeres fan de legere skoalle, wie haad fan dy skoalle ‘en de dagelijkse leidster was juffrouw Sjaartje. Door ons genoemd Tjetsje. Volgens mijn weten heeft die dat meer dan 55 jaar gedaan, geholpen door de broekebindsters. Een VUT regeling was er toen nog niet’.[25]
Syn eigen bern gongen allegearre nei de roomske beukerskoalle[26] yn  Frjentsjer. Nei it ‘protestantse klasje’, mar dochs … [27] De namme fan suster Floribertha[28] hoecht mar te fallen en de ferhalen komme los en dat ien fan de bern by alle mooglike gelegenheden in kears baarnt, moat dochs earne weikomme.
Yn de notysjes fan 1987 komt de ûndergong fan de Titanic – troch heit útsprutsen as Titaniek – wiidweidich nei foaren. It skip, dat yn 1912 op syn earste tocht nei in oanfarring mei in iisberch sonk, wie ‘het toppunt van technisch vernuft. Weer torenbouw van Babel …  Als kinderen zongen wij dit versje op straat: De Titanic, het grootste schip van d’aard,/ was voor de eerste x op zee. /Geen enkel stoomschip dat haar evenaarde,/ maar toch kwam zij niet aan de ree./ Het heeft zijn eerste reis niet eens volbracht,/ maar is gezonken in ’t holst van de nacht’ (DXIV:2332).
In soad ûnthâlde betsjut dat ek de minder plezierige saken hingjen bliuwe. In foarbyld dêrfan is de limonade dy’t by de berte fan prinses Juliana útrikt waard. Heit wie doe krekt fjouwer wike op de legere skoalle. Nei it lieden fan de tsjerkeklokken moasten de bern foar it feest nei de grifformearde tsjerke: ‘We kregen rode limonade uit een glas met een poot. Dus niet erg groot. En moesten we allen uit één bevolkte bank, daar een slokje uit drinken en dat viel mij verschrikkelijk tegen. Elk een slokje en het leek zoo lekker. Lim. nog nooit gezien  en geproefd en dan met 10 kinderen één beker. De teleurstelling blijft mij nog altijd bij’ (DXI:1795).

Auto’s
In ferhaal oer Mathys Westra  soe ûnfolslein wêze sûnder omtinken foar syn auto’s. Yn it earste boek mei de algemiene ferhalen besteget er acht siden oan de oankeapen fan him en de soannen. De earste auto, in Ford T Coupé út 1923, waard yn 1923 foar 150 gûne kocht. In auto dy’t hiel goed foldie, wie de Mercedes 170 S. ‘Wagen doet het goed. De rijkwaliteit van de Mercedes stel ik boven alles. Te vaak ruilen is ook duur. Er moest vast één huilen en ik denk, dat ik dat meest geweest ben. Daarom wil ik de Mercedes maar wat houden. We gaan nu het vierde jaar in met hem en hij rijdt prima en het beursje is ook altijd leeg nu de kinderen groter worden’ (DI:29-30). Yn 1965 wurdt in oare Mercedes, in 220 S, ynruile tsjin in ‘Fiat 1800 met f. 4850 toe te betalen. Wagen is 2 jaar oud. Maar ’t is geen 220 S dat kan ik nu wel merken aan ’t rijden, maar ’t gaat goed en rijdt deze ook prima. Maar een Mercedes is een Mercedes en die is anders dan andere wagens, heeft zijn eigen karakter’ (DI: 32).

Stambeam
Yn Kahier I, it diel mei it algemiene oersjoch, stiet op de binnenkant fan it omslach in foech geslachtsregister. De wichtichste konklúzje liket te wêzen dat de famylje Westra ‘te samen ook nog [afstamt] van Grote Pier via Bangma enz. en van Graaf Dirk de I uit Wassenaar.’ Genealogen moatte it wierheidsgehalte fan dy bewearing mar útsykje. It giet ús om de leafde en soarch fan heit foar bern en bernsbern. Elk, ynklusyf de broers en susters fan heit, wurdt mei namme en tanamme neamd. Syn broer Harm is op syn tachtichste jier noch ynteressearre yn fan alles en noch wat: ‘van aardappelen tot Kuitert’. Broer Rients dy’t, mei oare ynwenners út Seisbierrum, op 22 novimber 1943 troch it ferrie fan Frans Michon oppakt waard en op 30 novimber 1944 yn Aurich[29] ferstoar, spile de jierren troch in rol yn syn bestean, bygelyks sa: ‘In een visioen zag ik broer Rients’ (DXI: 1755).
Oer de bern is hast altyd oanjûn wannear’t hja mei fakânsje geane en alle kearen wurdt de hoop útsprutsen dat hja feilich wer thús komme meie. Doe’t guon fan de bern mei har húshâlding ris yn Frjentsjer bleaune en foar de knyntsjedagen de kamping fan it eigen wenplak opsochten, hie dat heit syn ynstimming: ‘Alles trekt weg, naar drukke plaatsen en vlakbij is het beter en plezieriger. ’t Heeft hun met hun kinderen maar prima voldaan. En geld konden ze ook niet kwijt en geen autozieke kinderen. ’t Is vaak zoo, wat dichtbij is wordt niet gezien’ (DII:294). Soms is der twivel oan it nut fan in reis: ‘Koen en Reinie gaan een week naar Engeland via Oostende-Dover. Dit moet een studiereis zijn’ (DIV: 550).
Der wie grutte belangstelling foar de ûnderwiisprestaasjes fan de pakesizzers, fan basisûnderwiis oant en mei universiteit. As ien werom giet fan de HAVO nei de MAVO, siket er nei in ferklearring: ‘’t Zijn van die fabrieksscholen of schoolfabrieken. Je moet royaal kunnen meekomen, want begeleiding is er niet bij en weinig of geen contact tusschen leerlingen en leeraren’ ( DIII: 471).
By it betinken fan it 45-jierrich houliksfeest fan heit en mem wie der in ynformeel famyljefeest yn hotel ‘De Doelen’ yn Frjentsjer. Der wiene hûndert gasten; de rekken, dy’t yn it deiboek ynplakt is, lit sjen dat der hast 2.300 gûne betelle wurde moast. Heit hie 1.500 gûne rûsd, in ôffaller fan 800 gûne.
Ien fan de kado’s is eksplisyt neamd: ‘Van Hinke Baukje[30] waren er drie prachtige teekeningen, waaronder de stamboom van onze 12 kinderen met hun kroost en een van de bovenste takken afgeknot (Hilbrand). Dan pink je bij alle weldaden toch nog even een traan weg’ (DIV:600). Hilbrand wie de op ien nei jongste soan; hy ferstoar  sneon 23 july 1956 oan in sykte dêr’t gjin ferwin op wie. Dat ferstjerren late, lykas it oare leed dat de famylje trof, ta groeden. De oerflakkige waarnimmer bespeurde dêr neat fan, mar de deiboeken litte sjen dat in man as heit, foar wa’t, troch aard en opfieding, de ynbannigens ta libbenskeunst ferheft wie, de emoasjes op syn eigen wize ferwurke. Wy weidzje dêr net oer út. In oar hoecht net alles te witten.

  1. Utdoarren

Withoe faak makket heit opmerkings oer syn gehoar, soms yn de foarm fan in rasjonalisaasje: ‘Hoorapp[araat] zeer slecht. Vanmorgen in de Doelen hoorde het alsof ik in een ploeg Russen was verzeild. Is het wat beter, dan een ploeg Duitsers en een ploeg Friezen zal ik wel niet weer aantreffen’ (DIX:1497). In side fierder stiet: ‘Deur gehoor op een heel klein kiertje.’ Dat is taalgebrûk fan immen dy’t trochkrûpt is yn de Skrift. Yn Preker 12:4 stiet yn de ‘Statenvertaling’ ‘En de twee deuren [de earen] naar de straat zullen gesloten worden’ (de nije Fryske oersetting brûkt it wurd útdoarren). Foar heit wie de bibelske taal nei tûzenen preken, deis trije kear bibellêzen, jierrenlange trening op knape-, jongfeinte- en manneferiening in wêzentlik  part fan syn bestean. Neat gjin niget dat it giet oer farao’s dy’t Joazef net mear kend ha,[31] ‘de  sunamityske’[32] (de elektryske tekken) en in freonlike ôfwizing foar in brulloftsmiel mei de wurden fan Barzillai: ‘Ik bin no al tachtich jier (…) Soe jo tsjinstfeint noch om lekker iten en drinken jaan?’[33]

Gewoan
By it trochlêzen fan de notysjes falt op dat it gewoane moaiernôch wie. Dat jildt ek foar tsjerketsjinsten. Nei’t er in kear in bysûndere tsjinst yn it ‘Concertgebouw’, mei as foargonger de ferneamde dûmny Toornvliet, bywenne hie, skreau er: ‘’t Was wel aardig om dit mee te maken, dan weet je hoe het zoo wat gaat, maar één keer is mij zat genoeg. Met kunsten hou je de menschen ook niet op het kerkelijk erf’ (DIII:331). Dat jildt ek foar de ‘jeugdzondag’. Sa’n spesifike snein kin wol foar in kear, mar wat binne de konsekwinsjes: ‘Bejaarden Zondag, Vrijgezellen Zondag, voor vrouwen: idem voor mannen. Voor pas getrouwden. Voor kinderloze gezinnen. Voor gezinnen met te veel kinderen. Voor ideale gezinnen. Voor weduwen en volgende zondag voor weduwnaren. Vader Zondag. Moeder Zondag. Bijna ideaal, maar in wezen houd ik er niet van’ (DIII:441). De oekumenyske tsjinsten yn Blessum, dêr’t guon bern wolris hinne reizgen, moast er it measte net fan ha: ‘Als regel heb ik het liever gewoon en als dat goed is, zit al het andere er wel in’(DIV: 555). Op 20 septimber 1981 is it ‘zogenaamde vredeszondag.’ Heit moat der  neat fan ha: ‘In ’t algemeen zijn deze mensen zoo eenzijdig’ (DX: 1560). As ien opmurken hie dat de foarstanners fan atoombewapening har eigen iensidigens betrachten, soe it applaus fan heit syn kant net botte grut west ha.
Oer fernijings, bygelyks it talitten fan bern ta it Nachtmiel, skriuwt er: ‘Vrouw n[aar] een bijeenkomst van leden van Ger[ormeerde] Kerk om te spreken over kinderen mee aan ’t H[eilig] A[vondmaal]. Persoonlijk voel ik er niet zooveel voor, maar wij zijn belangstellend toeschouwer’ (DX:1617). Dat is in relativearjend stânpunt. De tiid hie him wol leard dat de eardere Grifformearde ‘rechtlijnigheid’ soms ynienen net mear fan tapassing wie. Heit jout dêrfan yn it al neamde spesjaal nûmer fan it blêd fan de Grifformearde tsjerke yn Frjentsjer[34] twa foarbylden. It earste oer stimrjocht fan froulju en it twadde oer de M.V. (de ‘meisjesvereniging foar famkes fan 16 jier en âlder).

Het vrouwenkiesrecht [werd] op grond van de Schrift (…) zeer ernstig bestreden, doch toen het in 1919[35] werd aangenomen, stemden bij de eerste verkiezing na dit besluit alle vrouwen. En van het verbod van de Schrift hebben we nadien niets meer gehoord.

De meisjes gingen vanaf 15 jaar naar een naai- of breivereniging. Een M.V. was niet nodig. Toen ds. J.C. Balhuizen dit op een gemeenteavond naar voren bracht, weet ik nog goed hoe hij dit deed. Hij citeerde het Hooglied: ‘Wij hebben nog een kleine zuster. We zullen een muur om haar bouwen.’[36]
Daarmee was een meisjes studievereniging een feit.

‘Nooit eerder’
It seit himsels dat dûmnys in grutte rol spile ha yn it libben fan de man út it ‘Overjordaanse’. Mear as ien kear neamde heit ds. F. Wiersma (1876-1939) út Easterbierrum. Dy foargonger stie bekend om syn spesifike trouteksten. By it houlik fan heit syn suster Mine mei Doede Winsemius, dy’t mei har oansteande man ôfreizgje soe nei it eardere Nederlânsk-Ynje, preke er oer in part út Nehemia 2:8: ‘Hoe lang zal uw reis wezen, en wanneer zult gij wederkomen?’ By de ûnderwizer Frits Tangerman  en syn breid Hiele Bakker klonken de wurden út 1 Petrus 1:2: ‘… genade en vrede zij u vermenigvuldigd’; de tapassing: ‘En gij als onderwijzer weet wat vermenigvuldigen is’.
De grifformearde dûmnys dy’t heit fan 1928 ôf oant 1988 yn Frjentsjer meimakke hat, passearje, ynklusyf har lek en brek, yn in lange staasje. Der is troch de bank in soad wurdearring foar de preken, mar by ds. Johan Diermanse[37] kin it net ta mei ‘Goede preek’. Oer him skriuwt heit: ‘Een predikant die zoo kan preken, hebben we hier nooit eerder gehad. En dit heeft absoluut zijn invloed op de gemeente. Gelukkig wel’ (DIII: 405).
Sa no en dan soe de lêzer graach wat wiidweidiger notysjes ha wolle. Dat jildt bygelyks foar snein 5 maaie 1974: ‘Vanavond een blindgeboren kindje gedoopt van de fam. Bijlsma.[38] Gezongen na de doop Gezang 333 op verzoek van de ouders’ (DIV:673). Wy wiene sels ek yn dy tsjinst en it heucht ús noch skoan dat der in huver troch de tsjerke gong, foaral by de fersen 1 en 4:

O Here God, ons liefst verlangen,
dit kind van ons, dit liefdepand,
wij hebben het van U ontvangen,
wij geven ’t U uit uwe hand.
 
Geef dat het van ons leert te kijken
naar Hem die ’t licht der wereld is
en altijd meer op Hem gaat lijken:
een lichtglans in de duisternis.

It moat heit rekke ha; oars hied er der net in notysje fan makke, mar wy hiene graach noch wat mear lêze wollen oer syn emoasjes.

  1. ‘Woerden in voorname rust’

Earder kaam it eigene yn it taalgebrûk al nei foaren, mar der binne mear foarbylden fan syn idiolekt. In wurd as skeanbilje waard op in folslein natuerlike wize yn it ferhaal befrissele en it sechje oer de frjemde hoanne op ‘e matte krige in plak yn in foarfal oer de lytse stêd.
Passend by syn aard en komôf wie it ferlytsingswurd him meastal leaver as de fergrutsjende of oertreffende trep. It giet oer in sjoutsje en in rekkentsje. Dat spoar wurdt mar in inkelde kear ferlitten. As er it Hooglandgemaal besjoen hat, falt it wurd ‘machtig’ (DII: 278) en it Krystfeest mei de handikapte bern wie ‘geweldig goed’ (DVII: 1243).
De skriuwer fan de deiboeken rûn, sa blykt bygelyks út de notysjes fan snein 15 septimber 1974, gauris fan de koarstekoeke nei de jenever:

Zondag: Voorganger Ds. Verhoog. Nogal wat mistig, vanmorgen en tegen de avond wordt er wat regen verwacht. ’t Wil niet wat met ’t weer. Is er nog wel wat te doen. Donderdag begonnen met de bieten, maar ’t land is nogal nat.
Jeremia: Vanmorgen hoofdzakelijk de inleiding en vanavond de preek over het rechtsgeding 12: 1-6 – 15 en hoofdst. 20. Een geweldige goede preek.

De notysjes besteane almeast út koarte stikjes, mar Peaskemoandei 1980 is der tiid foar in langer ferhaal:

Rustig, bewolkt. West temp + 5,. Zangdienst. Ben niet van plan om er heen. We hebben hier altijd een mooi uitzicht, behalve bij dichte mist. ’s Avonds ook, straat en brugverlichting is goed. Vanmorgen ging v.d. Meer voorbij, die heeft een akkertje achter de factorij en wat tuinb.spullen aan de fiets. Heb P.W. [syn soan Pieter Westra]  zien rijden naar ’t pakhuis. Zag de fam. V.d. Schee naar de trein gaan. Ging de Jong tours met een lege bus voorbij. De lijnbussen van de Fram ook, meestal leeg. Passeren er ook P.maandag nogal wat eierzoekers, op de heenreis vol goede moed. Achter ’t pakhuis hebben we ongeveer 1000 M2 teeltgrond. Daarvan expl[oiteert] de brugwachter voor gez[amenlijke] rek[ening] ca. 500 Men het andere fam. V.d. Meer en c.s.
Jopie vd. Meer is werkbaas op de graanafd[eling] van de Z.P.C. en daar betrekken wij ons zaaizaad van en dan is ’t wel gemakkelijk, dat je daar wat een bevriende rel[atie] hebt, want Zaterdags is er onverwachts ook wel eens wat nodig. Mijn auto wat opgeknapt. Begon voor onder de bumper wat te roesten (…) Zie ik nu Sj[oerd] en Joukje, Hieke en Hendrik + Baukje ter kerk gaan.
Zie ik ook nogal wat vogelgoed. Een paar stel lijsters, de nodige mussen en spreeuwen, wat kauwtjes, een stel bosduiven, 2 stel grijze turkse duiven en broeden er om en bij de brug 3 eenden. Als deftige oude heren zie ik vaak de drie woerden zwemmen in voorname rust, want hun werk is nu afgelopen. En met een paar weken de zwaluwen, muggen en wespen en bijen, ieder met zijn taak voor de instandhouding van de soort.

It is in prachtige werjefte fan in goede observator. It soe de muoite wurdich west ha as heit folle faker sokke skilderijkes makke hie, bygelyks fan in tsjerketsjinst of in programma op ‘e televyzje. Dan wiene wy bygelyks ek gewaar wurden wat er no werklik fûn fan it ‘filmportret’ (DIV:557) oer Bruins Slot. Dan hiene wy net allinnich witten dat er fan sokke útstjoerings hold en dat er in soad wurdearring foar him hie as fersetsman, mar ek wat er tocht fan ‘de bekearing’[39] fan dy AR-politikus. No bliuwt dat spitigernôch in riedsel.

Ta beslút

Wy ha mei  in hiel soad nocht en wille de notysjes fan heit, in minlik en leauwich man, trochnommen. Ut in grut tal siden ha wy al lêzend – en lêze betsjut ûnder mear skiftsje  – in ferhaal makke oer it libben fan Mathys Westra Psn. Liene dy goed 2.500 siden har – no al – foar in yntegrale útjefte? Neffens ús net. It ferhaal is noch te farsk; der steane noch tefolle saken yn dy’t minsken yn ferlegenheid bringe kinne. Boppedat soe der moai wat waar en wyn út moatte. Foar heit wie it waar fan krusiaal belang, mar foar de lêzers sille, sa folle jier nei dato, al dy milimeters wetter net relevant wêze. Boppedat is it de fraach as de bûtensteander wol niget hat oan al it rekkenwurk en de meidielings oer hûs en hiem.
As lêste noch dit. Ien fan de bernsbern hat de goede gewoante om by de bertedagen en stjerdagen fan har pake en beppe jûns nei har âlderlik hûs te skiljen. Ek op de dei dat dizze lêzing oer de leanwurker út it ‘Overjordaanse’ holden waard, wie dat it gefal. Lykas yn foargeande jierren seine mem en dochter ek diskear oan it ein fan it petear dat pake meiharke hie, mei in slokje yn de iene en in sigaar yn de oare hân. En wêrom soe dat net sa wêze?

Feanwâlden, de 20e fan rispmoanne 2005

Mei tank oan Jan Huisman en Sjoerd Westra foar har kommentaar op it konsept fan de tekst. Alex M.J. Riemersma sis ik tank foar syn taalkundige opmerkings.

[1] Wy stiet foar de ynlieder en Reinie Zondag-Westra. Hja hat in wichtige bydrage levere oan dizze tekst.  

[2] Oant en mei 1972 binne (sa no en dan) ek noch notysjes makke yn de NBG-bibel.   

[3] Yn dat boek, in útjefte fan T. Wever b.v. te Frjentsjer (1978)  steane ‘De aantekeningen – 1821-1856 – van Doeke Wijgers Hellema te Wirdum bewerkt door H. Algra’.

[4] Nêst de skriftlike ynformaasje is hjir en dêr gebrûk makke fan mûnlinge meidielings. Wat yn in sitaat weilitten is, stiet tusken (…); wurden tusken kante heakken [  ] binne tafoege. Hjir en dêr binne yn de stavering en ynterpunksje feroarings oanbrocht.

[5] De ôfkoarting betsjut Deiboek nûmer 10, side 1646.

[6] It begryp ‘Overjordaanse’ is bygelyks te finen yn Numeri 32 en Marcus 3:8.

[7] Oernommen út in taheakke by  Kahier 1 oer de jierren 1928 – 1940.

[8] Ds. R. W. Huizing (1877-1941).

[9] ‘Pdm’ stiet foar pondemaat (Frysk pûnsmiet), 36,74 are.

[10] 28 augustus 1984.

[11] 15 desimber 1988.

[12] Mei tank oan ds. F. Buitink en ds. J. van Verseveld.

[13] I Keningen 17:6.

[14] Horst, Han van der (2000), Nederland,  Amsterdam: Prometheus, s. 408.

[15] It  ‘Plan van de Arbeid’ waard yn 1936 troch de ekonoom Jan Tinbergen c.s., yn oparbeidzjen mei de NVV, publisearre. 

[16] De ynlieder wie Johannes Reehoorn (1925-1983). .

[17] Wiersma, J.P. (1948), Aldfaers groun, Boalsert: A.J. Osinga B.V.

[18] Dam, Freark (1992), ‘Frico-roman’ yn Leeuwarder Courant 21-2-1992.

[19] Yn de oantekens stiet ‘evolutie’ mar dat moat sûnder mis ‘revolutie’ wêze.

[20] Van Dale hat it oer it beheljen fan de priis of it slaan fan in goede slach.

[21] Yn Koen Zondag (1984),  Acid Rain: A Description of Bilingual Friesland’ in Journal of Multilingual and Multicultural Development, vol. 5, Nos. 3 and 4, pp. 339-349  is dy kultuer oanhelle.

[22] It fers wie in foarbyld fan it repertoire út de ‘Winterjûnenocht’. It waard publisearre yn G. Wielsma, M. Rozenga en S. Molenaar (1897), Foardrachten en sangen, Ljouwert: R. van der Velde, 60-62. Mei tank oan  de hear L. Mink (Sint Jânsgea) dy’t dit fers foar my opsocht.

[23] It wie by gelegenheid fan it houlik fan Mathys Westra Psn. en Corrie de Boer (21-5-1982).  Op dy dei fierden de âlden fan de brêgeman har 25-jierrich houliksfeest.

[24] Sokke bydragen waarden oer it generaal yn it Hollânsk skreaun, mar yn it Frysk  holden. De hjir oanhelle speech is lykwols yn fonologysk Frysk skreaun.

[25] Dit part is ûntliend oan in spesjaal nûmer fan it Meidielingeblêd fan de Grifformearde Tsjerke Frjen-

tsjer, 13-2-1981.

[26] De Rooms-katholike tsjerke stie oan de oare kant fan de grêft. Benammen mem hie in soad kontakt mei de pastoars. Hja hie grutte bewûndering foar Pastoor Hettema (1915-1982); dy tsjinne de parochy fan Frjentsjer fan 1967-1982.

Heit hie wurdearring foar de roomsk-katholike bruorren en susters en dat utere him soms op in spesjale wize. Op snein 13 febrewaris 1966 hie it o sa snijd. ‘De sneeuwploeg is wel aan de overkant geweest, voor de R.K. kerk langs, maar nog niet bij ons. Nu is Rome ook eerlijk ouder dan de reformatie, dus die gaat voor en gaan ook 1½  uur vroeger beginnen met hun dienst’ (DII:182).

[27] De protestants-kristlike beukerskoalle waard op 1 april 1947 iepene. It jongste bern út de húshâlding hie dêr hinne kinnen, mar út ‘loyaliteit’ gie it ek nei de RK-beukerskoalle. 

[28] Suster Floribertha wie fan 1927-1959 haad fan de RK-beukerskoalle yn Frjentsjer. Boarne: H.O. Veldman (1987), 350 jaar op weg. Sint Franciscus Parochie Franeker / 1637-350, s. 100-102.

[29] Jack Kooistra (2005), Een laatste saluut,  (Leeuwarden) neamt dat Rients Westra yn Oldenburg begroeven waard. Op 4 july 1953 folge de ‘herbegrafenis op de hervormde begraafplaats te Sexbierum’, s. 328.

[30] In pake- en beppesizzer.

[31] Exodus 1:8.

[32] 1 Keningen 1:4.

[33] 2 Samuël 19:36 (Fryske oersetting).

[34] Sjoch noat 25.

[35] De konfessjonele partijen stimden foar it kiesrjocht fan froulju; yn ruil dêrfoar giene de oare partijen akkoart mei de lykstelling fan it bysûnder en it iepenbier ûnderwiis.  

[36] Letterlik stiet der yn Heechliet 8:8-9: ‘Wij hebben een kleine zuster, die nog geen borsten heeft; wat zullen wij onze zuster doen in dien dag, als men van haar spreken zal? Zo zij een muur is, wij zullen een paleis van zilver op haar bouwen; en zo zij een deur is, wij zullen haar rondom bezetten met cederen planken’ (Statenvertaling).  

[37] J.M.R Diermanse (1937-1988) wie fan 1965-1979 grifformeard predikant yn Frjentsjer.

[38] Michiel Bijlsma (1974-1998).

[39] It folsleine oare stânpunt dat Bruins Slot yn oktober 1961 oer de kwestje Nieuw Guinea nei foaren brocht, is beskreaun yn syn autobiografy … en ik was gelukkig, Baarn (1972), bygelyks s. 31-32.