GENEALOGY ZIJLSTRA
DE BJIRMEN
fragminten

ZIJLSTRA

For the introduction in English, click here.

Yn dit nij wapenûntwerp fan Erfgoed Fundaasje stuolje de kleuren read en sulver yn it helmkleed op it wapen fan Easterbierrum, it ‘stamdoarp’, dêr’t de earste generaasjes mei de namme Zijlstra tahâlde.
It helmteken is in roedebondel mei bile (fasses), in âld Romeinsk symboal fan it gesach fan magistraten. Dat ferwiist ûnder oaren nei bestjoersfunksjes fan ûnderskate Zijlstra’s en nei it magistraatskip fan Jelle en Rinse Zijlstra (VI.9 en VI.10 yn dizze stambeam).
De weetieren stean foar it bouboerebestean, de trije klavers (symboal fan oprjochtens en hope) foar de greidbuorkerij.
De spliten reade keper yn goud tsjut op de syl by Ropta, dêr’t de tanamme oan ûntliend is.
De heale earn wiist nei it Frysk komôf.
Al liket it klear, dit blazoen stiet yn ’e stegers en wurdt yn ’e mande mei de herauten fan ’e Fryske Rie foar Heraldyk noch yngeand skôge, hifke en by einbeslút finaal fêststeld en definityf registreard.
Foarriedige omskriuwing:
dield: I. de Fryske earn yn swart op goud; II. yn read: boppe trije weetieren yn goud, troch in spliten gouden keper skaat fan trije gouden klavers ûnder.
Helmteken: in roedebondel mei bile yn goud. Helmkleed: read, fuorre fan sulver.
Utfiering ûntwerp: Welmoed Sinnema.

Dizze stambeam tsjinnet as hâldfêst en achtergrûnynformaasje by de argiven yn ’e Kolleksje Zijlstra skonken op 1 augustus 2020 troch Theodora Jelles Zijlstra (nûmer VI.12.1 yn dizze genealogy) en har man Tæke Meintes Brandsma te St.-Anne. Dit bedriuws- en famyljeargyf Zijlstra kaam dêr telâne omdat dizze staach de lêste wie dy’t op ’e âlderlike pleats buorke op Kleaster-Lidlum (Mûntsewei 1) ûnder Easterbierrum dêr’t de dokuminten bewarre waarden. It argyf is fan grutte wearde, want de bedriuwsboekhâlding is sawat sûnder hiaten behâlden fan ein 19de iu oant de njoggentiger jierren fan ’e tweintichste iu.

Erfgoed Fundaasje ynvintariseart en argiveart dizze kolleksje sadat dy foar de de takomst wolbeskreaun feilich steld wurdt en tagonklik is foar agrarysk ûndersyk. It argyf wurdt ûnderbrocht yn it gemeentehûs fan ’e gemeente Waadhoeke en is dêr yn ’e stúdzjeromte te rieplachtsjen op ôfspraak mei Erfgoed Fundaasje (058-212 00 25; info@erfgoed-fundaasje.nl).
It doel is om dit argyf út te wreidzjen mei histoarysk materiaal, lykas brieven, akten, foto-albums en realia, sa as letterlapen, geboarteleppels en oar sulverguod dêr’t relevante nammen en inisjalen ynstean.
Ek dizze genealogy sil geandewei útdije: mei persoanlike ferhalen, anekdoaten en gegevens oangeande jongere generaasjes, oant hjoed.
De foto’s wurde digitaliseard en binne hjir meast werjûn op wiere grutte. As de namme fan ’e fotograaf der net by stiet, is dy oan no ta net bekend.

In genealogy op internet hat syn foardiel by in boek yn printe foarm: men kin oanfulle en bystelle. It brûken fan ’e sykfunksje ferfangt in register en is gâns handiger: men typt de namme of saak yn en men is daliks te plak, ûnmisber om sa’n genealogy adekwaat troch te nimmen.
Wy stelle ferbetteringen en oanfullingen tige op priis, sjoch: formulier.
Op termyn wurdt dizze genealogy oerset yn it Ingels.

By it gearstallen is tankber gebrûk makke fan it sneupwurk fan Sjoerd Jelles Zijlstra (V.4) en fan it famyljeregister oanlein yn 1984 troch syn pakesizzer Foppe de Haan [FH] Oangeande de earste generaasjes dy’t hjir neamd wurde, en eardere, leit noch yngeand ûndersyk foar hannen. De achternamme sil grif ûntliend wêze oan ’e Roptasyl, dêr’t dit skaai tahâlde.
Sjoch:
-Foppe de Haan – Familieregister Zijlstra; St.-Anne, eigen behear, 1984
-Foppe de Haan – meidielingen [hjirûnder oantsjut mei FH]
-Piter van der Woude – Undersyk oangeande de earste generaasjes yn ’e stamrige, dy hâldfêsten binne hjirûnder ferwurke [PW]
-Piter van der Woude – Sin en wille kinne folle tille, Anne Zijlstra – een markante vrouw -; útjouwer: Melle en Ane Norder, Bolswert; Van der Eems, Easterein, 2014; ISBN 978-90-817278-8-4, NUR 681; sitaten en yllustraasjes út dit boek en ynljochtingen fan Piter van der Woude wurde oanjûn troch [PW]
-Jonne Harmsma – Jelle zal wel zien, Jelle Zijlstra, een eigenzinnig leven tussen politiek en economie; Prometheus, 2018; ISBN 9789044635355
-Erfgoed Fundaasje – Fotogalerij Zijlstra

* = berne/born
~ = doopt/baptized
x = troud/married
† = ferstoarn/deceased
[] = begroeven/buried
§=anekdoate/meidieling/tafoeging; wêrjûn yn grien
Wat is in stambeam?
Wat is in genealogy?

De earst bekende foarfaars yn ’e stamrige fan ’e Zijlstra’s binne:

Pieter Cornelis, te Pitersbierrum omstrings 1720, ’24
x Tryntje Meyles   
soan:
Cornelis Pieters
* Pitersbierrum omstrings 1721 † Roptasyl -10-1779; ‘gering visscher’ oan ’e Seedyk by Roptasyl, earst te Pitersbierrum, letter te Winaam 1748, ’57 behearder fan ’e slûs op Roptasyl, besit dêr in stik of trije, fjouwer huzen;
x Pitersbierrum 1745 Tryntje Baukes † Roptasyl ein 1779; by trouwen fan Pitersbierrum; Cornelis en Baukje wenje nei har trouwen te Pitersbierrum, mar yn 1747 te Roptasyl
Bern:
1 Fettje Cornelis
* Pitersbierrum; x Foppe Reyms (of Reimers?)
en, allegearre berne op Roptasyl en op Fetsje nei allegear ferstoarn binnen in pear moannen yn 1779, lykas de âlden:
2 Pieter Cornelis,
folget I
3 Bauke Cornelis 
4 Foppe Cornelis
5 Claes Cornelis
; x Janke Jans 
6 Foppe Cornelis
7 Bauke Cornelis
8 Sipkjen Cornelis

Klik op it skema om te fergrutsjen.
Click the diagram to enlarge.

stamboom zijlstra

Hjirûnder folget de stambeam Zijlstra
GENERAASJE I

Pieter Cornelis (ek: Kornelis, by trouwen: Kornelissen; postúm: Zijlstra, bygelyks yn ’e stjerakte fan syn soan Kornelis) * Roptasyl 1748 † 1780; wennet yn 1775 op Roptasyl; yn 1774, ’76 te Pitersbierrum, yn 1779 op Ropta ûnder Winaam, hy is dêr nei alle gedachten behearder fan ’e slûs yn ’e seedyk en besit dêr in mannich huzen [PW, side 17];
x Winaam 30-5-1773, beide fan Winaam, Pietje Jelles Zijlstra * Winaam, mooglik op Roptasyl, omstrings 1746 † Easterbierrum 16-8-1828, Letter O nr. 6, 82 jier (fan Pytsje is gjin rou-advertinsje fûn); wennet op Roptasyl; yn 1816 rintenierske te Easterbierrum; by ferstjerren dêr sûnder berop; dr f. Jelle en Trijntje, yn ’e stjerakte fan Pytsje stiet optekene oer har âlden: ‘zijnde de toenamen onbekend’;
Pytsje nimt foar harsels en de bern de namme Zijlstra oan
Pytsje x 2 Easterbierrum 29-7-1781 Age Andries ~ Easterbierrum 30-9-1736 † dêr 23-2-1806, 70 jier; heibaas oan ’e dykswurken ûnder Easterbierrum (de seediken wurde yn dy jierren noch fersterke mei peallen, dat gâns heiwurk fereasket; sn f. Andries Ages en Yttye Melles, te Easterbierrum;
Age x 1e Pitersbierrum 13-5-1764 Jantje Jans ~ Seisbierrum 27-10-1737 † Easterbierrum 14-12-1779, dr f. Jan Gerrits en Grietie Haytses
Sjoch: Erfgoed Fundaasje – Genealogy Haadsma – II

Roptasyl. Foto: Zuiderzeecollectie

Bern:
1 Trientje Pieters Zijlstra * Pitersbierrum 4-12-1774 ~ dêr 26-2-1775 † Easterbierrum 22-3-1806, 32; net troud; boarne: Doop- en Trou Boeken (DTB) Barradiel, argyfnr. 28, ynvintarisnr. 509; der is oan ta gjin bewiis dat dit stjerplak en -datum binne fan de Tryntsje dy’t in dochter is fan Piter en Pytsje; de nammen Tryntsje en Piter binne sa algemien, dat mear hâldfêsten noarich binne (fan Tryntsje is gjin rou-advertinsje fûn)
2 Cornelis Pieters Zijlstra (ek: Kornelis) * Pitersbierrum 13-4-1776 ~ dêr 28-4-1776 † Easterbierrum 22-8-1835, hûs Letter C nr. 6, 59 jier; keapman te Easterbierrum; yn stjerakte dêr neamd koaltsjer (= ferbouwer fan koal; mear yn ’t algemien: grientekweker, túnker/túnder), yn syn rouadvertinsje wurdt er troch syn broer Jelle boer neamd; neffens syn stjerakte is er berne te Winaam, dat is in fersin.

Ljouwerter Krante 1-9-1835

3 Jelle Pieters Zijlstra, folget II.1
4 Rinse Pieters * Winaam 21-6-1779 ~ dêr 18-7-1779 † dêr, jong

De Sint Joaristsjerke te Easterbierrum, boud om 1200 hinne, neffens in pintekening fan J.J. Stellingwerf, begjin 18e iu. Jelle Piters Sylstra (II.1) is hjir tritich jier tsjerkfâd, syn pakesizzer en nammegenoat, stamhâlder Jelle Pieters (IV.1) ûntlûkt him oan de ‘Aloude Moederkerk’
GENERAASJE II

II.1 Jelle Pieters Zijlstra * Winaam 3-6-1777 ~ dêr 6-7-1777 † Easterbierrum 30-8-1859, 82 jier; yn 1811, ’27, ’34, ’37 bouboer (arable farmer) te Easterbierrum, yn 1816, ’22 dêr keapman; by ferstjerren dêr sûnder berop; tritich jier administrearend tsjerkfâd Nederlâns Herfoarmde gemeente Easterbierrum; Jelle Piters is op 17-11-1834 mei-oanbesteger fan in nije skoalle mei skoallemeubilêr te Easterbierrum, oannamesom: f 1.295,00; de gevelstien is bewarre
x 1 Easterbierrum 30-5-1802, 24 en 20 jier, Jetske Johannes Hibma * Tsjummearum 1782 ~ dêr 12-5-1805 † Easterbierrum 26-5-1834, hûsnr. O67, 52 jier; boerinne te Easterbierrum; dr f. Johannes Tietes en Lysbet Jans Hibma, boeren te Tsjummearum
x 2 Barradiel 30-5-1840, 62 en omstrings 44 jier, Geertje Oepkes Bouma (ek: Gettje, ropnamme: Gjet; en: Bouwma) * Tsjom omstrings 1796 † Easterbierrum 13-4-1862, hûsnr. 22, 66 jier; komt 1-11-1840 as lidmaat Ned. Herfoarme tsjerke út Tsjom yn Easterbierrum; dr f. Oepke Pieters Bouma en Jetske Klazes Boersma, húslju/boeren ûnder Tsjom;
Gjet x 1 Frjentsjerteradiel 27-7-1817, 21 en 26 jier, Pieter Jans de Vries * Tsjom omstrings 1791 † Frjentsjer 8-1-1821, WykPO nr. 14, 30 jier; foar syn boask huzaar yn Rykstsjinst; by trouwen en yn 1818 koaltsjer te Tsjom; by ferstjerren sûnder berop te Frjentsjer; sn f. Jan Pieters de Vries, yn 1817 arbeider te Tsjom, yn 1828 dêr koaltsjer, en Hiske Oenes;
Gjet x 2 Frjentsjerteradiel 8-12-1822, 26 en 43 jier, Jan Jacobs Hilverda * Penjum 1780 † Tsjom 9-2-1828, hûsnr. 38, 48 jier; yn 1813 húsman ûnder Tsjom; keapman te Tsjom; by trouwen yn 1822 sûnder berop te Tsjom; yn 1823, ’24, ’25, ’26 fan berop hynsteberider/pikeur te Almenum; by ferstjerren wer sûnder berop te Tsjom; sn f. Jacob Jans Hilverda en Tjietske Klaazes, boeren te Tsjom;
Jan Jabiks x 1 Tsjom 20-1-1799 Antje Tækes van Popta * Penjum 22-6-1779 † Tsjom 26-8-1817, hûsnr 56, 38 jier; dr f. Tækes Wypkes en Duttje Harmens
Sjoch: Erfgoed Fundaasje – Genealogy Van Popta
Gjet x 3 Barradiel 21-10-1837, 41 en 40 jier, Pieter Jakobs Faber * Easterbierrum 29-9-1797 (neffens syn stjerakte soe er geboaren wêze te Almenum, dat is in fersin) † Almenum 11-8-1838, 40 jier; by earste boask en yn 1832, ’33 arbeider te Easterbierrum; by trouwen yn 1837 en yn 1838 en by ferstjerren boer te Almenum; sn f. Jacob Jans (postúm: Faber) en Beitske Gerbens Faber, boeren te Easterbierrum; Beitske x 2 Pieter Arjens Faber (* 1760 † 1849), boer te Easterbierrum;
Piter Jabiks x 1 Barradiel 4-6-1831, 33 en 26 jier, Akke Binderts Wassenaar * St.-Jabik 29-10-1804 † Easterbierrum 16-11-1833. Letter O Nr 9, 29 jier; Akke kin net skriuwe; by trouwen faam te Easterbierrum, by ferstjerren dêr arbeidster; dr f. Bindert Jobs Wassenaar (ek: Bendert), yn 1816, ’18 kastlein te Tsjummearum, yn 1831, ’33 en by syn ferstjerren yn 1837 dêr arbeider, en Antje Wymers Bouritius
Sjoch:
-foarâlden Faber: Jan Tækele Anema – Kertiersteat Botsy Taans Faber
-foarâlden Wassenaar: W.Tsj. Vleer, De Friese Wassenaars, Wassenaar- Comité, 1963

§ OANNAME ACHTERNAMME YN 1813
Op 28-2-1813 nimt Jelle Pieters de achternamme Zijlstra oan foar himsels en syn bern, Pieter, 43 wiken, Lysbeth, 7 jier, en Pietje, 4 jier:

Besit fan Jelle Pieters, Kadaster 1832, Minútplan Seisbierrum D2, Seksje D, Lizzer 373:

Perseelnr. Yn gebrûk as Oerflakte m² Klasse Belesting
189 Boulân 12610 1
274 Moestún 14930 2
314 Hûs 70 1 9
318 Hûs en Hiem 320 1 27
358 Boulân 13860 1

Jelle Piters hiert boulân ûnder Easterbierrum, ûnder oaren oan ’e Middelwei;

Hy keapet:
-op 5-8-1843 fan Jan Minnes Lycklama à Nijeholt te Seisbierrum in snikskip; keapsom: f 326,00; notaris Pieter Steensma, Minnertsgea, Notarieel Argyf 1843, Repertoir 105024
-op 22-9-1855 fan Klaas en Pieter Pieters Goodijk te Seisbierrum boulân ûnder Seisbierrum; keapsom: f 5.123,00; notaris Albert Witholt, Seisbierrum, Notarieel Argyf 1855, Minútakten 1855, Repertoir 117028, aktenrs 00121, 00123

Hy ferkeapet:
-op 2-11-1829 27/30 part oer heech en leech in stik boulân ûnder Easterbierrum; keapsom: f 1.080,00; notaris Steensma, Minnertsgea, Notarieel Argyf 1929, Repertoire 105024
hy hat skulden:
-op 27-4-1846 by Luitje van Dijk, man fan Klaaske Harmens Steinfort, te Harns fan f 1.500,00; notaris Pieter Steensma, Minnertsgea, Notarieel Argyf 1846, Repertoire 105024
-op 12-10-1851 by deselden fan f 2.700,00
-op 10-6-1853 by De Spaarbank te Harns fan f 4.000,00; notaris Albert Witholt, Seisbierrum, Notarieel Argyf 1853, argyfnr 26, ynvintarisnr 117002

As administrearend tsjerkfâd beoarderet Jelle Piters de ferkeap fan tsjerklik ûnreplik guod. Ljouwerter Krante, 10, 17 en 28–1832
Jelle Piters syn soan Jehannes leit mei in soantsje fan tsjerkfâd Gerkema, bakker te Easterbierrum, as boike fan trettjin, de earste stien oan it nije skoalgebou, yn 1835 [PW, side 17]
Rouadvertinsje Ljouwerter Krante, 2-9-1859: -fan Jelle syn froulju, Jetske Hibma en Geartsje Bouma, binne gjin rouadvertinsjes fûn.

Bern út it earste houlik:
1 Lijsbeth Jelles Zijlstra * Easterbierrum 22-4-1804 ~ dêr 13-5-1804 † dêr 27-11-1846, 42 jier; by trouwen sûnder berop te Easterbierrum; dêr letter winkelfrou;
x 1 Barradiel 30-6-1827, 23 en 24 jier, Klaas Jochums Terpstra (ek: Claas) * Easterbierrum 31-10-1802 ~ dêr 5-12-1802 † dêr 28-12-1832, 31 jier; by trouwen arbeider te Pitersbierrum; yn 1828 boer te Easterbierrum; yn 1830 dêr winkelman; yn 1831 dêr koaltsjer, by ferstjerren dêr wer winkelman; sn f. Jochem Symons Terpstra, yn 1812, ’14, ’16 húsman-boer te Easterbierrum, yn 1823 dêr timmerman, yn 1825 dêr koaltsjer, yn 1827 dêr boer, by syn ferstjerren yn 1828 dêr timmerfeint, en Antje Pieters Bosma;
x 2 Barradiel 21-3-1840, 35 en 31 jier, Jelle Sybes Sybesma * Tsjummearum 1809 † 7-12-1884, 75 jier; by earste houlik koaltsjer te Tsjummearum oant 1837, letteroan yn 1837 dêr arbeider; by twadde boask yn 1840 dêr wer koaltsjer; yn 1842, ’44 idem te Easterbierrum, yn 1856, ’60, ’66, ’69, ’76 en by syn ferstjerren mei 74 jier dêr arbeider; sn f. Sybe Æbes Sybesma, boer te Tsjummearum, en Sijke Meintes Steinfort, ek as widdo boerinne te Tsjummearum;
Jelle x 1 Barradiel 17-6-1837, 26 en 32 jier, Jantje Jans van der Wal * St.-Jabik omstrings 1804 † Tsjummearum 26-12-1837, hûsnr T58, 33 jier; by trouwen faam te Tsjummearum, by ferstjerren dêr sûnder berop; dr f. Jan Dirks (postúm: Van der Wal † St.-Jabik 15-7-1811, 46 jier, hûsnr 25), en Wytske Nannes († St.-Jabik 3-10-1809)
Jelle x 3 Barradiel 9-5-1850, 41 en 33 jier, Jylkje Sybes Buren (ek: Eelkje) * Easterbierrum 30-8-1816 † dêr 20-9-1858, , hûsnr 60, 42 jier; by trouwen sûnder berop te Pitersbierrum, by ferstjerren idem te Easterbierrum; dr f. Sybe Jans Buren (tekenet sels: Bueren), yn 1815, ’16 fisker te Easterbierrum, yn 1819, ’22,’23 arbeider te Pitersbierrum, yn 1828, ’31, ’34 dêr heibaas, by syn ferstjerren yn 1842 dêr wer arbeider, en Aafke Hendriks Alkema;
Jelle x 4 Barradiel Alde Maaie = 12-5-1860, 49 en 31 jier, Grietje Entes Schaafsma * Seisbierrum 21-6-1828 † dêr 28-9-1888, 60 jier; by trouwen naaister te Easterbierrum; dr f. Ente Arjens Schaafsma, yn 1827 arbeider te Pitersbierrum, sûnt 1828 oant syn ferstjerren yn 1846 arbeider te Seisbierrum, en Johanna Gerbens de Boer, arbeidster
2 Pietje Jelles Zijlstra * Easterbierrum 26-3-1807 ~ dêr 19-4-1807 † Iowa, U.S.A.; by trouwen sûnder berop te Easterbierrum; de húshâlding ferfart 9-5-1890 nei Iowa, U.S.A;
x Barradiel 5-5-1832, 25 en 24 jier, Eise Gerbens van Keimpema (yn Notarieel Argyf ek: Eiso) * Froubuorren 8-4-1808 † Iowa, U.S.A.; by trouwen en yn 1833 timmermansfeint te Easterbierrum, yn 1834, ’38, ’40, ’43, ’58, ’59 dêr timmerman; yn 1865 dêr koaltsjer; yn 1870 dêr timmermansfeint; sn f. Gerben Harmens van Keimpema, yn 1812, ’15 timmerman te Froubuorren, yn 1817 dêr bakker, yn 1819, ’20, ’23, ’24, ’27 dêr wer timmerman, yn 1832 idem te Easterbierrum, yn 1846, ’47 idem te Tsjummearum, en Gepkje Eises Proost, yn 1850 sûnder berop te Tsjummearum
3 Pieter Jelles Zijlstra, folget III.1
4 Tietje Jelles Zijlstra * Easterbierrum 31-5-1816 † dêr 13-3-1870, nr 62, 53 jier;
x Barradiel 16-12-1837, beide 21 jier, Jelle Anes Jukema, broer fan Tryntsje (III.1) * Seisbierrum 6-4-1816 † Easterbierrum 10-1-1891, 74 jier; by trouwen sûnder berop te Seisbierrum, yn 1838, ’39 idem te Easterbierrum, yn 1841 dêr koaltsjer, yn 1858, ’59, ’62 dêr keapman; eigner en brûker fan lân yn Lyts Jukema ûnder Seisbierrum; strykjildskriuwer; taksateur fan replik en ûnreplik guod; tsjerkfâd te Easterbierrum, mei ûnder syn bewâld wurdt dêr yn 1879 in Bewaarskoalle sfifte, sjoch Oud Tzummarum; sn f. Ane Jelles Jukema, gemeenteriedslid fan Barradiel, tsjerkfâd, en Sibbeltje Botes Tjerkstra, bouboeren te Seisbierrum; sjoch oangeande har bern Ane en Jetske: § ZIJLSTRA-JUKEMA en § DE SYLSTRA-PLEATS
5 Johannes Jelles Zijlstra, folget III.2

§ ÛNREPLIK GUOD FERGARRE
Jelle Anes Jukema keapet gauris ûnreplik guod, lykas:
-6-10-1845: in hûs mei tabehearren te Easterbierrum; ferkeaper: Yfke Sikkes van der Mey, troud mei Simon Gerrits Dijkstra te Easterbierrum; keapsom: f 1.875,00; kantoar: Isaac Telting, Frjenstjer II; Notarieel Argyf, repertoire: 041035
-19-12-1853: boulân te Easterbierrum; ferkeaper: Aafke Jacobs Burggraaff, troud mei Thomas Jans Bakker te Tsjom; keapsom: f 1.400,00; kantoar: Albert Witholt, Frjentsjer; Notarieel Argyf, repertoire 117028
-15-9-1877: de helt fan in sate en lân ûnder Tsjom; ferkeaper: Harke Klazes de Boer, troud mei Sytske Thomas Hilverda te Tsjom; keapsom: f 44.907,00; kantoar: Albert Witholt, Seisbierrum; Notarieel Argyf, repertoir 117028
Sjoch: Dr. Kees (C.J.) Kuiken, Ju(c)kema-Siderius – De families, het goed en het fonds, Wijdemeer, Ljouwert, 2016, ISBN /EAN 9789492052230, NUR 680

Ljouwerter Krante, 18-3-1870
Ljouwerter Krante, 13 en 16-1-1891: -it is wol gebrûklik dat in famyljeadvertinsje faker as ien kear pleatst wurdt as de sibben it betelje kinne.
Ljouwerter Krante, 30-1-1891:
GENERAASJE III

III.1 Pieter Jelles Zijlstra * Easterbierrum 9-3-1811 ~ dêr 24-1811 † dêr 2-4-1886, 75 jier; by trouwen sûnder berop te Easterbierrum en skutter by it 2e Bataljon, 1e Ofdieling Fryske Skutterij; yn 1838, ’39, ’42, ’56, ’71 boer te Seisbierrum, yn 1840, ’42, ’43, ’46, ’48 dêr neamd setmeier;
x Barradiel 14-4-1838, 27 en 23 jier, Trijntje Anes Jukema, suster fan Jelle (II.1.4) * Seisbierrum 14-5-1814 † Easterbierrum 25-2-1898, 83 jier; by trouwen sûnder berop te Seisbierrum; boerinne te Easterbierrum; by ferstjerren dêr sûnder berop; eignerske fan lân yn Lyts Juckema ûnder Seisbierrum; dr f. Ane Jelles Jukema en Sibbeltje Botes Tjerkstra, boeren oan ’e Nije Buorren te Seisbierrum.

§ HANTEKENINGEN ûnder de trou-akte fan Piter Jelles Zijlstra en Tryntsje Anes Jukema:
Bern:
1 Jelle Pieters Zijlstra * Seisbierrum 10-2-1839 † dêr 13-11-1842, hûsnr 101, 4 jier
2 Ane Pieters Zijlstra * Seisbierrum 7-9-1840 † dêr 9-11-1856, hûsnr 143, 16 jier; sûnder berop
3 Jetske Pieters Zijlstra * Seisbierrum 11-7-1842 † dêr 11-8-1842, hûsnr 101, 1 moanne; yn ’e stjer-akte oanjûn as Sibbeltje, dat sil in fersin west ha by de oanjouwers
4 Sibbeltje Pieters Zijlstra * Seisbierrum o. 1843 † dêr 12-5-1846, hûsnr 101, 2 jier
5 Jelle Pieters Zijlstra, folget IV.1
6 Bote Pieters Zijlstra, folget IV.2

§ ZIJLSTRA-JUKEMA

Tryntsje Anes Jukema en har broer Jelle trouwe mei in broer en suster Zijlstra. Hjirûnder in stamrige Jukema:
I Tieerd Jelles † Easterbierrum tusken 24-5- en 16-6-1684 Easterbierrum; doopsgesind; bakker te Wjelsryp, sûnt 1654 te Easterbierrum; 
x Reyntje Reyns; dr f. Reyn Douwes en Geertyn Jelmers
II Jelle Tjeerds * foar 1659 † Easterbierrum 1716; mr bakker te Easterbierrum 1692/’97; dêr tsjerkfâd; boer op ’e saneamde ‘Jelle Tseardspleats’ ûnder Seisbierrum; op Haerda state ûnder Easterbierrum (1698 brûker fan stim 9); yn 1701 keapje Jelle en Botsje Haerda state, se ha dêrmei sa’n 30 hektare lân ûnder Easterbierrum yn besit; se wenje dêre wierskynlik sûnt 1704; 
x omstrings 1685 Bottie Anes † foar 1758; 1698/’97 mei-eigner (1/4) Stedda state ûnder Tsjummearum (stim 6); dr f. Ane Riemers, eigenerfd boer op Stedda state, mei-rjochter fan Barradiel, dyksfolmacht fan Tsjummearum, en Bottie Gerbens
III Ane Jelles ~ Easterbierrum 18-7-1697 ~ Seisbierrum 18-8-1748 [?] † nei 1778; sûnt 1725 boer op Liauckema state te Seisbierrum (1729/’38, brûker stim 29); keapet yn 1768 in fjirde part lân yn ’e pleats Lyts Juckema ûnder Seisbierrum (stim 18); op Liauckama binne sûnt midden 19e iu syn eftermigen (second cousins) Bruinsma boer;
sjoch: Erfgoed Fundaasje –
Genealogy Bruinsma
x Tietske Annes ~ Seisbierrum 9-10-1698; Tjitske en Ane komme op 25-1-1728 as lidmaten út Easterbierrum yn Seisbierrum; dr fan Anne Eelkes, yn 1698 boer te Seisbierrum (dan dêr brûker fan stim 7), en Gryttie Jans
IV Jelle Anes ~ Easterbierrum 14-3-1723 † foar 1777; docht 12-2-1747 belidenis te Seisbierrum;bouboer te Seisbierrum;
x 1 Seisbierrum 27-5-1746, beide fan Seisbierrum, Mayke Jeltes

x 2 Seisbierrum 1-6-1760, dan beide fan Seisbierrum, Hiltje Haantjes * Bitgum omstrings 1734 ~ Ingelum 25-4-1734 † Seisbierrum 8-3-1813, hûsnr 66, 79 jier; docht 15-2-1767 belidenis te Seisbierrum, is lidmaat yn 1755; by ferstjerren sûnder berop te Seisbierrum; dr f. Haantie Ottes, yn 1722 te Minnertsgea, yn 1728 boer te Ingelum (dan dêr brûker fan ’e stimmen 8 en 9), yn 1749 boer te Bitgum (ek neffens stjerakte fan Hiltsje), en Aafke Obbes, húslju te Bitgum
Fan Jelle Anes en Hiltsje Haantsjes is in sulveren tinkleppel mei har wapens deryn graveard bewarre; Jelle sines links hat in
hânmerk:

foto: Jan de Boer; Boarne: Kees Kuiken – Ju(c)kema-Siderius

V Ane Jelles Jukema * Seisbierrum 25-4-1776 ~ dêr 5-5-1776 † dêr 18-10-1837, hûsnr S66, 61 jier, bouboer oan ’e Nije Buorren te Seisbierrum (wennet net op Lyts Juckema of in oare pleats bûten it doarp); eigner en brûker fan 5,5 hektare lân yn ’e pleats Lyts Juckema ûnder Seisbierrum (stim 18); yn 1837 sûnder berop te Seisbierrum; tsjerkfâd; gemeenteriedslid fan Barradiel;
Ane Jelles nimt op 12-3-1812 de namme Jukema oan, grif nei syn besit yn Lyts Juckema; syn tanamme komt by him allyksa foar as Juckema, mei in c, lykas ek by guon fan syn neiteam; fan Ane Jelles is de berteleppel bewarre;
x
Seisbierrum 1-6-1800, 24 en 23 jier, Sibbeltje Botes Tjerkstra *
Kleaster-Lidlum ûnder Easterbierrum 22-10-1776 † Seisbierrum 4-5-1841, nr 66, 64 jier; bouboerinne te Seisbierrum, yn 1837, ’38 dêr sûnder berop, mar Sibbeltsje stiet by har ferstjerren wer as boerinne yn ’e registers; dr f. Bote Tjerks Tjerkstra (yn stjerakte neamd Terkstra, sil in ferskriuwing wêze), yn 1775 te Brantgum, en Trijntje Lolles, fan Easterbierrum, húslju ûnder Kleaster-Lidlum (nr 6)

Besit fan Ane Jelles Jukema. Boarne: Kadaster ynskriuwing 1832. Minútplan Seisbierrum C1 Seksje C Lizzer 194:

Perseelnr. Yn gebrûk as Oerflakte m² Klasse Belesting
37 Hôf 510 2
239 Greide 23790 2
325 Hûs en hiem 430 1 45
326 Hûs 42 1 15
335 Skuorre 63 1
376 Boulân 3810 2
377 Hûs 66 1 15
388 Tún 1280 3
403 Hûs en hiem 250 1 45
510 Boulân 20160 1
552 Greide 30310 2
563 Boulân 5650 3
593 Boulân 6120 2
646 Boulân 7130 1/2
802 Boulân 14760 2
803 Greide 8790 3
804 Greide 14450 3
805 Greide 15940 4

VI Trijntje Anes Jukema x Pieter Jelles Zijlstra – GENEALOGY ZIJLSTRA III.1

VII Jelle Anes Jukema x Tietje Jelles Zijlstra – GENEALOGY ZIJLSTRA II.1.4
Sjoch Erfgoed Fundaasje:

-Jan Tækele Anema, Kertiersteat fan Botsy Taans Faber
-Gerben Rientses Wartena en Goasse Doekeles Brouwer, Frysk Kertiersteateboek, Fryske Akademy 1996 –
Kertiersteat Brouwer-Damsma nr. 11 en fierder
Genealogy Haadsma

III.2 Johannes Jelles Zijlstra * Easterbierrum 26-9-1822 † dêr 17-12-1879, 57 jier; by trouwen bouboer te Easterbierrum; yn 1861, ’62, ’63 dêr koaltsjer, by ferstjerren dêr gernier; nei it ferstjerren fan syn earste frou, Aaf Lettinga, hâldt Jehannes op 4-4-1863 boelguod (sjoch de advertinsje hjirûnder);
x 1 Barradiel 21-6-1860, 37 en 23 jier, Aafke Sjoerds Lettinga * Easterbierrum 19-4-1837 † dêr 29-1-1863, hûsnr 74, 25 jier; by houlik sûnder berop te Easterbierrum; dr f. Sjoerd Roelofs Lettinga, tsjerkfâd te Easterbierrum, gemeenteriedslid fan Barradiel, tsjerkfâd, en Antje Gerbens Ourensma, bouboeren op Gratema state ûnder Easterbierrum;
Sjoch: W. Vleer en Jan B. Lettinga, Genealogie Lettinga, eigen behear, Menaam, 1991;
x 2 Barradiel 9-5-1872, 49 en 37 jier, Jantje Pieters Post * Froubuorren 20-1-1835 † Easterbierrum 19-7-1883, 48 jier; by har earste boask húshâldster te Easterbierrum, by har earste man tink; by twadde houlik sûnder berop te Seisbierrum; dr f. Pieter Pieters Post (yn 1827: Postma), by syn trouwen yn 1827 ‘dienstbaar’ te Bitgum, dêrnei yn 1827, ’30 arbeider te St.-Anne, yn 1835, ’37 idem te Froubuorren, yn 1840, ’43, ’56, ’64 idem te St.-Anne, en Trijntje Everts Wendelaar (yn 1827: Windelaar);
Jantsje x 1 Barradiel 1-9-1864, 29 en 52 jier, Fedde Jacobs Viersen * Burdaard 21-8-1812 † Easterbierrum 14-12-1869, hûsnr 72, 57 jier; bouboer te Easterbierrum; sn f Jacob Feddes Viersen, yn 1788 arbeider te Rinsumageast, yn 1812 idem te Burdaard, en Neeltje Tjeerds Straatsma, sûnt 1817 bouboeren te Easterbierrum (se hiere op 27-3-1817 en op 8-12-1823 fan Wytske Ippenga, widdo Ype Oepke Bonnema, te Frjentsjer, in sate en lân ûnder Easterbierrum foar sân jier; hiersom m.y.f. 1823 yn ’t jier: f 800,00);
Fedde x 1 Barradiel 14-6-1856, 43 en 26 jier, Pietje Pieters Post * St.-Anne 27-4-1830 † Easterbierrum 20-12-1861, 31 jier; by trouwen faam te Easterbierrum; suster fan Jantsje;
Bern út it earste houlik:
1 Sjoerd Johannes Zijlstra * Easterbierrum 6-5-1861 † dêr 17-8-1861, 3 moanne
2 Sjoerd Johannes Zijlstra, folget IV.3

§ KOALTSJER-GERNIER-BOER
Jehannes Jelles Zijlstra stiet te boek as koaltsjer, gernier en as boer.
In koaltsjer (cabbage grower/kooltjer) is ien dy’t benammen koal ferbout: boerekoal, blomkoal, griene-, wite-, reade-, spits-, savoaie koal, sprútsjes, sûchwoartel (parsnip/pastinaak), sipels (onions) en rapen (kohlrabi). Mar it bouplan kin allyksa útwreide wêze mei griente en fruchten: woartels, beane, wytlof en appels, parren, prommen, ierdbeien, swarte- en reade beien, dan feroaret de koaltsjer yn túnker, túnder, túnbouwer. En by it bouwen fan ierdappels (potatoes) komt de gernier (gardener/gardenier) yn byld. Mei de gernierkerij kin dêroerhinne allyksa flaaks (flax), blaumoantsjesied (blue moonseed) en sûkerei (chicory/chicorei) anneks wêze; en der kin in ko as twa molken wurde, foar eigen gebrûk. Soks kin groeie en útrinne op it boer-wêzen.

Yn ’e ûndersteande advertinsje giet it om in boereboelguod. Lykwols wurdt Jehannes yn dy jierren koaltsjer neamd. Hy hat fjouwer kij, dat tsjut op syn bestean as bouboer: gâns mear bou as greide. Syn boerereau en -beslach giet ek de boerekant op: in seas mei alles wat der om en ta heart, in tsjerne en oar boere-ark.

De begripen koaltsjer-gernier-boer kinne sa’t skynt min ofte mear yn inoar oerrinne. Wêr leit de grins? Dy skynt him net fêstlizze te litten.
Sa kin yn ’e 19de en begjin 20ste iu yn Fryslân en Grinslân ien mei ien pûnsmiet (36,74 are) trochgean foar gernier, mar ien mei mear as hûndert moargen (1 moargen = 9.200 m²) mei deselde beropsoantsjutting fierder libje en noait ofte nimmer de titel fan boer bedije.
Sa’n gernier bebuorket dan mear hektares as in trochsneed boer yn ’t selde doarp. Syn tûkens leit by de oerdappelteelt, hy hat gjin fee dat makket. Sa’nien wurdt ek wol gewichtiger ierdappelgernier of inkeld ierdappelboer (potato farmer) neamd.

In bouboer (arable farmer) hat syn mingd bedriuw: bou en greide. Hy bout ierdappels, nôten (hjouwer, koarn, rogge, weet), biten, koalsied, en hat dêrneist in feebeslach fan op syn minst sân yn tal. Hy regelet it bedriuw en ierdappelsiket en melkt sels ornaris net. Hy is wat letter neamd wurdt ‘manager’, mar dan wol mei dit ferskil: hy stiet mei beide fuotten yn ’e klaai. De bouboerinne betinkt en stjoert it húshâlden út de foarein wei; se docht sels inkelris in hantaast, ek om fet op ’e saak te hâlden (=feeling).

In komelkerske (cow milker) dêrfoaroer is mei har man, Selsstannige Sûnder Personiel avant la lettre, wol yn ’t fjild te finen. Se melke sels. Se hâlde har meast by har kij, mar dan net tefolle; har behindich feebeslach hâldt wol op by in kobist of acht – sa net, dan feroaret komelkerske yn greidboerinne (livestoch farmer) en tsjernet se mei de fammen en soarget se foar bûter en tsiis op ’e merk – de begearde earste keur fansels.
Mar komelkerske hat foar de aardichheid oer har kokes hinne it lytsfee: de skiep en geiten; foar har skieppetsiis en geitetsyskes, ek as ynstruierke.

En koaltsjer, gernierske, komelkerske, greid- of bouboerinne, se hawwe allegearre hinnen.

Ljouwerter Krante, 27-3-1863
Advertinsje Ljouwerter Krante, 24-5-1872 (rou-advertinsjes fan Jehannes Zijlstra, Aaf Lettinga en Jantsje Post binne net fûn)
GENERAASJE IV

IV.1 Jelle Pieters Zijlstra * Seisbierrum 21-12-1845 † Kleaster-Lidlum 18-1-1900, 54 jier, [] Easterbierrum; Grifformeard; tsjerkeriedslid Grifformearde tsjerke Easterbierrum; by trouwen sûnder berop te Seisbierrum; yn 1874, ’76 boer te Minnertsgea; yn 1881, ’82, ’84 boer oan ’e Hoarnetreek op in Tsjerkepleats, (de saneamde Visserspleats, neamd nei de trije ‘Vissersjonges’: Jetse, Kobe en Lieuwe), ’93 en by ferstjerren boer op Kleaster-Lidlum;
x Barradiel 19-5-1871, beide 25 jier, Grietje Sjoerds Janzen (ek: Jansen, tekenet sels ûnder de trou-akte mei Jansen) * Easterbierrum 26-2-1846 † Kleaster-Lidlum 29-2-1908, 62 jier, [] Easterbierrum; by trouwen sûnder berop te Easterbierrum, as widdo idem op Kleaster-Lidlum; dr f. Sjoerd Willems Janzen en Tettje Ernsts Fokkema, boeren op ’e ‘Janzens-pleats’ oan ’e Konkelsdyk ûnder Easterbierrum
Sjoch foar foarâlden Fokkema: Erfgoed Fundaasje – Kertiersteat Antje Fokkes van der Meer
Bern:
1 Pieter Jelles Zijlstra, folget V.1
2 Sjoerd Jelles Zijlstra * Minnertsgea 23-3-1874 † dêr 6-4-1876, hûsnr 153, 2 jier
3 Ernst Jelles Zijlstra, folget V.2
4 Bote Jelles Zijlstra, folget V.3
5 Sjoerd Jelles Zijlstra, folget V.4
6 Ane Jelles Zijlstra, folget V.5
7 Willem Jelles Zijlstra, folget V.6
8 Mijntje Jelles Zijlstra, folget V.7
9 Klaas Jelles Zijlstra, folget V.8
10 Trijntje Jelles Zijlstra * Easterbierrum 21-12-1885 † dêr 21-9-1886, 1 jier

Grietje Sjoerds Janzen

§ DE SYLSTRA-PLEATS
De saneamde Sylstra-pleats stiet op Kleaster-Lidlum en falt kadastraal ûnder Seisbierrum, Seksje D 554/555. Piter Baukes van der Woude hat de skiednis fan eigners en hierders neigongen yn ’e 19de en 29ste iu, syn ûndersyk is ferwurke yn ûndersteand oersjoch.
Om 1832 hinne is eigner Abe Pieters Anema, dy hat ek de Anema-pleats yn besit, dy’t dêr fuortby leit (Kadastrale Atlas Fryslân (tenei KAF), Seisbierrum, Seksje D 558/559). Abe Anema bebuorket grou 50 ha. De Anema’s hawwe letteroan ek de saneamde Oosterbaan-pleats en de Melle Houtsma-pleats yn besit.

Hjirûnder folget in Anema-stamrige as oersicht fan famyljerelaasjes oangeande:
-eigners/brûkers fan ’e Sylstra-pleats, oantsjut mei fette swarte letter
-relaasjes Anema-Jukema-Zijlstra. Zijlstra oantsjut yn swarte letter

Yn Winaam húsmanje begjin 17e iu Pijtter Seerps-en-dy; mooglik binne dy besibbe oan Seerps Pytters, oan no ta nûmer I yn ’e stamrige. Hjir wurdt noch ûndersyk nei dien.
Pijtter Seerps;
docht te Winaam belidenis omstrings 1622; diaken fan 14-6-1630 oant 17-7-1632; lidmaat yn 1636;
x Jel Abes † Winaam 2-7-1653, 48/49 jier; docht belidenis te Winaam op 23-12-1625;
Jel x 2 Albert Olpherts
Bern:
1 Hil Pijtters ~ Winaam op belidenis 1618 [?] † 20-11-1652
x Gerrijt Beerns
2 Ariaen Pijtters ~ Winaam 1618 † yn it doopboek stiet by him: ‘de dopeling in haar opwassen overleden’
3 Douwe Pijtters ~ Winaam 1618 † dêr 5-1-1650 [] dêr 8-1-1650; yn 1643 lidmaat te Winaam;
4 Aebe Pijtters ~ Winaam omstrings 1627;
x Winaam 17-8-1651, hy fan Winaam, sy fan Minnertsgea, Trijn Riurdts
5 Benedix Pijtters
~ Winaam 23-12-1632 † dêr omstrings Sint Jabiksdei 1656

STAMRIGE ANEMA
I Seerp Pytters
; yn 1698 boer op stim 19 te Winaam (Stimkohier; eigner: jonker Tiberius Pepinius Eminga); yn 1698 eigner fan 9/16 part yn stim 1 te Achlum; yn it Doop en Trouboek Achlum 1678 wurdt er Sjeerp neamd;
x Achlum foar 6-8-1687 Trijntje Jouckes ~ Achlum, op belidenis, 16-8-1687 † nei 2-2-1695
>
II Pijtter Seerps ~ Achlum 6-8-1682 † Seisbierrum -12-1732 [] dêr 29-12-1732; yn 1728 (Stimkohier) eigenerfd bouboer op stim 19 te Seisbierrum; op 29-1-1713 wurde Piter en Liûkje op belidenis oannommen te Seisbierrum; 
x Seisbierrum 6-3-1712, hy fan Seisbierrum, sy fan Frjentsjer Lieukien Sybrens (~ as Loike, by trouwen Lieukien) ~ Seisbierrum 15-1-1688 † nei 1749; dr f. Sybren Clases x Seisbierrum 20-3-1687, hy fan Seisbierrum, sy fan Pitersbierrum, Gertie Pabes
Bern:
1 Seerp Pijtters, folget III
2 Gertie Pijtters ~ Seisbierrum 27-12-1714
3 Gertie Pijtters ~ Seisbierrum 27-12-1714
4 Gertie Pijtters ~ Seisbierrum 13-12-1718
>
III Seerp Pyters Anema ~ Seisbierrum 4-12-1712 † dêr 30-1-1780, 67 jier, [] Seisbierrum; bouboer te Seisbierrum;
x Seisbierrum 27-11-1735 Antje Hessels Hommema ~ Dronryp 7-2-1716 † Seisbierrum -2-1751, 35 jier, [] Seisbierrum 7-2-1751; dr f. Hessel Lolkes Hommema en Tjietske Baukes Unia, bouboeren te Dronryp
7 bern:, ûnder oaren:
>
IV Pieter Seerps Anema * Seisbierrum 15-9-1738 ~ dêr 28-9-1738 † dêr 9-10-1808, 70 jier; docht 1779 belidenis te Dronryp; yn 1768, ’70 bouboer te Seisbierrum, yn 1780, ’84, 1805 idem te Dronryp; yn 1791 wennet er te Seisbierrum;
Grêfskrift: Anno 1808 de 9 october is in den heere gerust doctor Pijter Seerps Anema in den oudendom van 70 jaren 3 weken en 3 dagen
x 1 Seisbierrum 21-12-1765, beide fan Seisbierrum, Aaltje Abes Hibma * Blije 29-4-1746 † Seisbierrum 3-1-1823, hûsnr 121, 76 jier; dr f. Abe Pieters Hibma en Trijntje Pieters Jaarsma, bouboeren te Blije
Yn it trouboek stean Piter en Aaltsje te boek as: Pieter Seerps Riedstra en Aaltje Abes Jaarsma
x 2 Seisbierrum 1779 Aaltje Gerbens
Bern út it earste boask:
1 Abe Pieters Anema, folget V.1
2 Tjerk Pieters Anema * Seisbierrum omstrings 1768 † Tsjummearum 9-11-1833, 65 jier; arbeider te Tsjummearum; Tsjerk kin net skriuwe;
x Neeltje Dirks * omstrings 1772 † Tsjummearum 26-7-1809, 37 jier; by ferstjerren is Neeltsje aliminteard; 3 bern
3 Seerp Pieters Anema, folget V.2
4 Trijntje Pieters Anema * Dronryp 20-4-1780 † Seisbierrum [?] 4-6-1781, 1 jier, [] Seisbierrum
5 Anne Pieters Anema * Seisbierrum 5-2-1784 † dêr 22-10-1846, hûsnr 121, 62 jier, [] Seisbierrum; Anne en Aaltsje dogge 30-4-1815 belidenis te Seisbierrum; by trouwen ‘Landman’ te Seisbierrum; sûnt dêr bouboer; gemeenteriedslid fan Barradiel, oant syn ferstjerren;
x Frjentsjer 22-8-1813, 29 en 21 jier, Aaltje Fokkes Douma * Suwâld omstrings 1792 † Seisbierrum 7-12-1859, hûsnr 15, 67 jier; by trouwen ‘Jongen Dochter’ te Frjentsjer; by ferstjerren rintenierske te Seisbierrum; dr f. Fokke Rinses Douma en Baukje Eelkes, yn 1811 húslju ûnder Frjentsjer
>
V.1 Abe Pieters Anema
* Dronryp 9-9-1767 † Kleaster-Lidlum 20-6-1849, hûsnr 4, 81 jier; boer te Minnertsgea, sûnt omstrings 1823 idem te Kleaster-Lidlum;
By trouwen yn 1791 wurdt er Anema neamd; yn 1798 yn doopboek fan Minnertsgea by doop dochter Aaltje is it: Aanema
x Seisbierrum 13-6-1791, hy fan Seisbierrum, sy fan Easterbierrum, Neeltje Ennes Ennema ~ Easterbierrum 20-4-1766 † Kleaster-Lidlum 21-2-1835, hûsnr 4, 68 jier; boerinne op Kleaster-Lidlum, oant har ferstjerren; dr f. Enne Jans en Liskjen Hessels
Bern:
1 Aaltje Abes Anema * Minnertsgea 5-7-1794 ~ dêr 17-8-1794
2 Pieter Abes Anema * Minnertsgea 25-9-1796 ~ dêr 23-10-1796
3 Aaltje Abes Anema * Minnertsgea 5-2-1798 ~ dêr 25-2-1798 † Westernijtsjerk 24-12-1857, hûsnr 10, 59 jier; by trouwen sûnder berop te Minnertsgea; boerinne te Rinsumageast en Westernijtsjerk;
x Ferwerteradiel 8-5-1821, 23 en 26 jier, Pieter Durks Koopmans * Marrum 25-1-1795 ~ dêr 8-2-1795 † Westernijtsjerk 16-11-1869, nr 10, 74 jier; by trouwen bouboer te Marrum by syn heit-en-dy op ’e pleats; yn 1850 bouboer te Rinsumageast; yn 1858 idem te Westernijtsjerk, by ferstjerren dêr sûnder berop; sn f. Dirk Dirks Koopmans en Maaike Dirks Ewal, bouboeren te Marrum
4 Pieter Abes Anema, folget VI.1
5 Trijntje Abes Anema * Minnertsgea 23-4-1808 ~ dêr 25-5-1808 † Kleaster-Lidlum 31-10-1848, hûsnr 4, 40 jier; as wenst yn ’e Boargerlike Stân te boek steld as ‘sûnder berop’ te Kleaster-Lidlum (yn trou- en stjerakte bygelyks), mar yn ’e praktyk dêr boerinne;
x Barradiel 4-6-1831, 23 en 21 jier, Anne Mames Hiemstra * Hantumhuzen 5-2-1810 ~ dêr 25-2-1810 † Frjentsjer 15-5-1889, Wyk OV Nr 95, 79 jier; by trouwen bakkersfeint te Hallum; op 9-8-1831 Mr bakker te Frjentsjer; wennet yn 1832 te Tjummearum; yn 1832, ’34, ’35, ’36 sûnder berop te Kleaster Lidlum; yn 1839, ’40, ’42, ’58. ’62 dêr boer; sûnt 1863 sûnder berop te Frjentsjer, oant syn ferstjerren dêr rintenier; sn f. Mame Annes Hiemstra en Ynschje Douwes Tilkema, yn 1818, ’31 húslju/boeren ûnder Hantumhuzen; Ynskje kin net skriuwe; Ynskje wurdt yn ’e berte-akten yn 1812 en 1814 fan har dochters Fettje en Grietje sûnder achternamme, neamd; yn ’e geboarte-akte fan har soan Jan yn 1816 Hiemstra; yn ’e trou-akte fan Anne yn 1831 Tilkema;
Anne Mames Hiemstra x 2 Frjentsjer 29-5-1863, ûnder houlikse betingsten, 54 en 30 jier, Froukje Douwes Ozinga * Burchwert 10-5-1833 † Frjentsjer 1-2-1907, 73 jier; by trouwen sûnder berop te Frjentsjer, dêrfoar te Tsjom; dr f. Douwe Sytses Ozinga, yn 1833 keapman te Burchwert, en Marijke Sytses Ypma
Anne docht 12-1-1830 in bod op in stjelp mei bougrûn c.a. te Froubuorren (nr 212) fan Dirk Dirks Koopmans te Hallum; bod: f 951,00; notaris Jan H. Alberda, Marrum; Notarieel argyf; Minútakten 1830; Repertoire: 101054; ynvintarisnr 105020, aktenr 00063
Hy keapet 8-7-1850 bou en greide; keapsom: f 12.589,00.
Sjoch oangeande akten Sylstra-pleats: Erfgoed Fundaasje – Kolleksje Zijlstra – ûnder oaren:
Argyfnûmer II.1 – 24-9-1849: Dagregister; oanbelangjende lân yn Sate en lân Kleaster-Lidlum; eigneres: Aaltje Abes Anema; saakwaarnimmer: Jouwert Jouwersma; neamd wurde Pieter Abes Anema en Anne Mames Hiemstra
>
V.2
Seerp Pieters Anema
 * Seisbierrum 9-7-1770 ~ dêr op belidenis 24-10-1802 † Minnertsgea 7-8-1832, 62 jier, [] Seisbierrum; boer te Seisbierrum, sûnt 1806 te Minnertsgea; komt 18-4-1806 mei attestaasje út Seisbierrum yn Minnertsgea; assessor (=wethâlder) en adjunkt maire (=loko-boargemaster) fan Barradiel en as sadanich amtner fan ’e Boargerlike Stân;
x Doanjum 28-4-1805 Jetske Paulus Ennema * Doanjum 24-10-1780 † Minnertsgea 10-9-1835, Letter M nr 102, 54 jier, [] Seisbierrum; komt 18-4-1806 mei attestaasje út Doanjum yn Minnertsgea; boerinne te Minnertsgea, ek as widdo oant har ferstjerren; dr f. Paulus Johannes Ennema en Antje Jans;
6 bern, ûnder oaren:
Pieter Seerps Anema, folget VI.2
>
VI.1 Pieter Abes Anema * Minnertsgea 22-5-1803 ~ dêr 26-6-1803 † dêr 30-12-1849, husnr 101, 46 jier; boer te Minnertsgea;
x 1 Barradiel 22-9-1827 Neeltje Klazes de Vries * Holwert 25-4-1803 † Minnertsgea 24-1-1836, 32 jier; oant -5-1827 faam te Menaam, sûnt idem te Minnertsgea, sûnt har houlik boerinne te Minnertsgea; dr f. Klaas Pieters de Vries († Holwert 5-2-1804) en Trijntje Pieters Hiddema (ek: Hibma, dat sil in fersin wêze), yn 1827 arbeidster te Brantgum, yn 1836 idem te Minnertsgea;
x 2 Barradiel 7-4-1838, 34 en 21 jier, Wytske Doekles Ypma (yn berte-akte: Wietske) * Wiuwert 17-8-1816 † Tsjummearum 21-11-1908, 92 jier; boerinne te Minnertsgea en op ’e Sylstra-pleats te Kleaster-Lidlum, yn 1870, 1886 dêr sûnder berop; yn 1887 te Tsjummearum; dr f. Doekle Sjoerds Ypma en Antje Sjirks (ek: Sierks), boeren te Wiuwert, Britswert en Tsjummearum, yn 1838 sûnder berop te Easterein
Bern út it earste houlik:
VII.1 Neeltje Pieters Anema * Minnertsgea 12-7-1828 † dêr 9-3-1889, 60 jier; boerinne te Minnertsgea;
x 1 Barradiel 6-10-1849, 21 en 20 jier, Jentje Gerrits Hogenhuis (ek: Hoogenhuis) * Minnertsgea 3-7-1829, Letter M nr 85 (by houlik fan syn âlden op 16-8-1829 erkend) † dêr 21-11-1862, hûsnr 123, 33 jier; by trouwen boer wenjend te Wier (tink as wees by Kornelis Dirks Mulder van Leens, boer op sate De Winkel te Wier, syn fâd), dan ferbliuwend te Minnertsgea; sûnt boer te Minnertsgea; tsjerkfâd; gemeenteriedslid fan Barradiel; sn f. Gerrit Jentjes Hogenhuis, boer ûnder Minnertsgea, en Fokeltje Anes Miedema, yn 1829 faam ûnder Minnertsgea, sûnt har houlik dêr boerinne;
x 2 Barradiel 30-5-1867, 38 en 32 jier, Jan Jans Haima * Winaam 30-5-1835 † Minnertsgea 16-9-1895, 60 jier; by trouwen en dêrnei bouboer te Minnertsgea, by ferstjerren dêr sûnder berop, neffens Notarieel Argyf yn 1895 wenjend te Boppe-Knipe; sn f. Jan Jacobs Haima en Akke Jans Ourensma, bouboeren te Winaam en Minnertsgea
VII.2 Trijntje Pieters Anema * Minnertsgea 18-1-1831 † dêr 14-1-1835, Letter M nr 101, 4 jier
VII.3 Abe Pieters Anema * Minnertsgea 28-6-1833 † dêr 26-1-1835, Letter M nr 101, oardel jier
VII.4 Abe Pieters Anema * Minnertsgea 18-12-1835 † Frjentsjer 18-10-1898, Wyk TO nr 141, 62 jier; yn 1858, ’60 wettermoolner te Frjentsjer; yn 1862, ’69, ’72 dêr winkelman, yn 1868, ’95 en by syn ferstjerren dêr arbeider;
x 1 Frjentsjer 22-1-1857, 21 en 18 jier, Sytske Ennes Osenga * Frjentsjer 23-3-1839 † dêr 20-1-1866; by trouwen sûnder berop te Frjentsjer; dr f. Enne Bokkes Osenga, grofsmid te Frjentsjer, en Antje Jentjes Tichelaar;
x 2 Frjentsjer 5-1-1868, 32 en 36 jier, Debora Baukes Kuurstra * Frjentsjer 20-9-1831, Wyk EN nr 78 † dêr 28-2-1912, 80 jier; yn 1868 winkelfrou te Frjentsjer; dr f. Bauke Jurjens Kuurstra, yn 1826 timmerfeint te Frjentsjer, yn 1831 dêr mitseldersfeint, yn 1837, ’42 dêr saakwaarnimmer, en Grietje Cornelis Presé (ek: Prese, Prozee);
Debora x 1 Frentsjer 11-5-1856, 24 en 27 jier, Jacob Meintes Boersma * Dokkum 25-4-1829; yn 1856 bakker te Arum;yn 1861 idem te Frjentsjer; sn f. Meinte Eelzes Boersma, by trouwen yn 1816 ‘broodkleinbakker’ te Dokkum, dêr letter bakker, en Gertje Petrus Ronner (ek: Gettje)
(Jabik en syn heit brûke beide it patronym net, de amtner fan ’e Boarerlike Stân ek net, dat is begjin 19e iu frij útsûnderlik yn boerefermiddens)
Bern fan Pieter Abes Anema en Wytske Doekles Ypma:
VII.5 Antje Pieters Anema * Minnertsgea 11-2-1839 † Winaam 28-8-1897, 58 jier; by trouwen sûnder berop te Kleaster-Lidlum;
x Barradiel 17-5-1862, 23 en 25 jier, Jacob Klazes Haima * Tsjummearum 22-4-1837 † Huzum 10-1-1928, 90 jier; by trouwen koaltsjer te Tsjummearum; yn 1890, ’97, , 1903, 1908 bouboer te Winaam; sûnt 2-4-1910 rintenier te Huzum (hûsnrs E 183, E 235); sn f. Klaas Jacobs Haima en Grietje Gerkes Gerkema, bouboeren te Tsjummearum
Jabik x 2 Barradiel 2-12-1903, 66 en 59 jier, Reintje Scheltes Bartstra * Wytmarsum 17-1-1844 † Ljouwert 29-5-1932, 88 jier; by twadde houlik sûnder berop te Winaam; dr f. Schelte Leenderts Bartstra, ferver te Wytmarsum, en Grietje Cornelis Koster;
Reintsje x 1 Wûnseradiel 9-2-1871, 27 en 36 jier, Eeltje Monzes Faber * Achlum; bouboer te Hjelbeam en Wytmarsum; widner fan Gooitske Hessels Heslinga; sn f. Monze Eeltjes Faber en Fokje Adams Hoek, bouboeren te Achlum
VII.6 Doekle Pieters Anema * Minnertsgea 6-4-1840 † 28-1-1844, nr 101, 3 jier
VII.7 Anne Pieters Anema * Minnertsgea 1-11-1843 † Ljouwert, wenjend te Winsum, 17-4-1906 61 jier; by trouwen koaltsjer te Kleaster-Lidlum, by ferstjerren boer te Winsum;
x Barradiel 21-5-1868, 24 en 22 jier, Akke Jans Tuinhof * St.-Anne 28-5-1845 † Wjelsryp 2-4-1922, 76 jier; by trouwen sûnder berop te Tsjummearum; wennet sûnt 1-1-1921 te Wjelsryp (nr 74); dr f. Jan Sjoerds Tuinhof en Antje Pieters Havinga, bouboeren te St.-Anne
VII.8 Aaltje Pieters Anema * Minnertsgea 22-5-1845 † dêr 1-1-1851, nr 101, 5 jier;
VII.9 Wypkje Pieters Anema * Minnertsgea 27-4-1848; by trouwen sûnder berop te Kleaster-Lidlum;
x Barradiel 12-5-1870, 22 en 25 jier, Eibert Piers Blanksma * Tsjummearum 5-4-1845; by trouwen sûnder berop te Tsjummearum; sn f. Pier Hayes Blanksma en Arjentje Pieters Faber, yn 1870 bouboeren te Tsjummearum; mooglik emigreard;
Wytske Doekles Ypma x 2 Barradiel 27-11-1852, 36 en 26 jier, Jan Kornelis Noorda* Tsjummearum 4-1-1826 † Kleaster-Lidlum 27-2-1886, 60 jier; by houlik boer te Tsjummearum, nei alle gedachten op ’e pleats by syn mem; nei syn houlik boer op ’e Sylstra-pleats op Kleaster-Lidlum, oant syn ferstjerren; sn f. Kornelis Pieters Noorda en Saapkje Jans Boersma, bouboeren te Tsjummearum
Bern:
1 Kornelis Jans Noorda (ek: Cornelis) * Kleaster-Lidlum 26-11-1853 † Tsjummearum 27-5-1887, 33 jier; by trouwen sûnder berop te Kleaster-Lidlum, by ferstjerren koaltsjer te Tsjummearum;
x Barradiel 26-5-1876, 22 en 25 jier, Antje Jeltes Stellingwerf * Tsjummearum 22-11-1850 † dêr 15-10-1886, 35 jier; by trouwen sûnder berop te Tsjummearum; dr f. Jelte Sybes Stellingwerf, koaltsjer te Tsjummearum, en Grietje Douwes Douma
2 Saapkje Jans Noorda * Kleaster Lidlum 28-1-1855 † dêr 13-3-1863, nr 7, 8 jier
3 Aaltje Jans Noorda * Kleaster-Lidlum 4-3-1856 † dêr 28-7-1856, 4 moanne
4 Aaltje Jans Noorda * Kleaster-Lidlum 12-6-1858 † dêr 12-2-1891, 32 jier; by earste houlik sûnder berop te Kleaster-Lidlum; yn 1888, ’89 boerinne te Kleaster-Lidlum;
x 1 Barradiel 29-5-1880, 21 en 24 jier, Klaas Jans Postma * Tsjummearum 23-1-1856 † Kleaster-Lidlum 12-3-1888, 32 jier; by trouwen arbeider te Tsjummearum, yn 1882, ’83, ’85 dêr gernier, yn 1888 en by ferstjerren boer te Kleaster-Lidlum; sn f. Jan Hyltjes Postma en Jitske Klazes Haima, yn 1856, ’80 bouboeren te Tsjummearum, yn 1888 dêr gerniers
x 2 Barradiel 25-5-1889, 30 en 26 jier, Johannes Andries Norder* Seisbierrum 3-5-1863 † dêr 13-7-1909, 46 jier; by earste boask arbeider te Kleaster-Lidlum, dêrnei boer te Kleaster-Lidlum, by twadde houlik arbeider te Seisbierrum, oant syn ferstjerren; sn f. Andries Johannes Norder, yn 1863 arbeider te Seisbierrum, yn 1889, 1909 idem te Tsjummearum, en Hendrikje Martens Travaille;
Jehannes x 2 Barradiel 13-8-1898, 35 en 22 jier, Sara Regina Westra * Seisbierrum 5-1-1876 † dêr 11-7-1953, 77 jier; by trouwen sûnder berop te Seisbierrum, 1936, ’45 ’53 idem; dr f. Hermanus Jans Westra, yn 1866 bakkersfeint te Seisbierrum, yn 1875, ’76 dêr beurtskipper, en Rinske Geerts Braam, yn 1875 faam te Seisbierrum, yn 1898 en letter dêr arbeidster; Rinske kin net skriuwe
Sjoch: Erfgoed Fundaasje –
Genealogy Westra – VII.1.3

VI.2 Pieter Seerps Anema * Minnertsgea omstrings 1808 † Huzum 25-7-1881, hûsnr 307, 73 jier; by trouwen bouboer en sûnt boer te Doanjum; taksateur fan ûnreplik guod; tsjerkfâd te Doanjum;
x Frjentsjerteradiel 25-5-1833, 25 en 20 jier, Saakje Gerlofs Heslinga * Seisbierrum 29-4-1813 † Huzum 3-2-1885, 71 jier; bouboerinne; by trouwen sûnder berop te Mullum; dr f. Gerlof Hessels Heslinga, mei syn trouwen yn 1812 arbeider te Winaam (by syn mem tink), yn 1813 bouboer te Seisbierrum; yn 1818, ’21, ’33, ’44 idem te Mullum, en Tjietske Johannes Stinstra (yn trou-akte fan Saakje tekenet se: Tjitskt [!] Johannes Steenstra), by har trouwen naaister te Seisbierrum; bouboerinne te Seisbierrum en Mullum
16 bern, ûnder oaren VIII.10 en VIII.11:
VII.10 Seerp Pieters Anema * Doanjum 27-7-1834 † Huzum 23-6-1925, 90 jier; bouboer te Easterbierrum; rintenier te Huzum;
x Barradiel 10-5-1859, 24 en 19 jier, Jetske Jelles Jukema * Easterbierrum 30-9-1839 † Huzum 28-12-1907, 68 jier; bouboerinne te Easterbierrum; rintenierske te Huzum; dr f. Jelle Anes Jukema en Tietje Jelles Zijlstra (II.1.4)
Bern:
1 Jelle Seerps Anema * Easterbierrum 16-11-1863 † Ljouwert 13-3-1960, 96 jier; sûnt syn trouwen bouboer te Jelsum; yn 1894 greidboer te Raard (Raarderhim); sûnt omstrings 1895 bouboer te Goutum;
x Ljouwerteradiel 11-5-1887, 23 en 20 jier, Akke Jans Olivier * Ljouwert 20-4-1867 † Goutum 15-3-1931, 63 jier; dr f. Jan Jans Olivier en Antje Oebeles Vries, sûnt -5-1866 boeren ûnder Ljouwert (Aldlânsdyk P20b), sûnt 24-2-1893 te Koatstertille
Sjoch: Jhr M.J. van Lennep, Genealogie Olivier, Genealogysk jierboekje 1967, Genealogysk Wurkforbân fan de Fryske Akademy, Ljouwert, 1967
2 Saakje Seerps Anema * Easterbierrum 10-12-1865 † Huzum 7-10-1927;
x Frjentsjerteradiel 8-5-1890 Rienk Arjens Wassenaar * Aldebiltsyl 22-6-1867 † Huzum 15-6-1945, 87 jier; bouboer te Froubuorren; sn f. Arjen Klazes Wassenaar en Froukje Klazes Osinga, bouboeren te Froubuorren

VII.11 Jetske Pieters Anema * Doanjum 5-4-1837 † Easterbierrum 21-7-1914, 77 jier;
x Barradiel 5-5-1858. 21 en 20 jier, Ane Jelles Jukema * Easterbierrum 1-3-1838 † dêr 8-9-1893, 55 jier; keapman te Easterbierrum; sn f. Jelle Anes Jukema en Tietje Jelles Zijlstra (II.1.4) Bern:
Seerp Anes Jukema * Seisbierrum 28-8-1865 † Winaam 19-2-1941, 75 jier, [] Easterbierrum; bouboer te Winaam oant syn ferstjerren mei 75 jier;
x Barradiel 8-1-1901, 35 en 22 jier, Trijntje Jans Westra * Minnertsgea 27-6-1878 † Tsjummearum 11-12-1977, 99 jier, [] Easterbierrum; dr f. Jan Hayes Westra, yn 1876 arbeider te Kleaster Lidlum, yn 1877 gernier te Minnertsgea, yn 1882 dêr koaltsjer, yn 1883, ’85 arbeider te Kleaster Lidlum, yn 1892 idem te Tsjummearum, yn 1901 idem te Boer, en Dirkje Klazes Faber, yn 1876 faam te Winaam
Wytske Doekles Ypma ferkeapet yn 1850 hea, opbringst: f 123,00; yn 1850 en ’51 fruchten, opbringsten f 1.046,00 en f 993,00.
Op 17-7-1850 hat boedelskieding plak oangeande de tadieling fan in sate en lân op Kleaster Lidlum, wearde: f 12.558,00; it oanbelanget Wytske Doekles Ypma, mem en fâd oer Antje, Anne, Aaltje en Wypkje Pieters Anema; notaris Pieter Steensma, Minnertsgea; Notarieel argyf; Minútakten 1850; Repertoire: 105024; ynvintarisnr 105020, aktenr 00063

Wytske keapet as widdo fan Pieter Abe Anema:
-op 7-2-1857 fan har bern Neeltje Pieters Anema te Minnertsgea, troud mei Jentje Gerrits Hoogenhuis, en Abe Pieters Anema te Kleaster-Lidlum, 3/80 part yn in hûs (nr 5) te Kleaster-Lidlum mei skuorre, bou en greide; keapsom f 560,00; notaris Albert Witholt, Seisbierrum; Notarieel argyf; Minútakten 1864; Repertoire: 117028; ynvintarisnr 117013aktenr 00078
Wytske keapet yn ’e mande mei har twadde man Jan Kornelis Noorda:
-op 5-7-1864 fan har docher Antje Pieters Anema te St.-Anne, troud mei Jacob Klazes Haima, in hûs (nr 7 en 7a) c.a. te Kleaster-Lidlum plus perselen bou en greide;keapsom: f 10.875,00; notaris Albert Witholt, Seisbierrum; Notarieel argyf; Minútakten 1864; Repertoire: 117028; ynvintarisnr 117013aktenr 00078
-op 29-9-1864 fan Ate Gatses Bijlsma te Tsjummearum twa perselen boulân te Seisbierrum; keapsom: f 3.300,00; notaris Albert Witholt, Seisbierrum; Notarieel argyf; Minútakten 1864; Repertoire: 117028; ynvintarisnr 117013, aktenr 00113
-op 3-6-1870 fan har dochter Wypkje Pieters Anema te Tsjummearum, troud mei Eibert Piers Blanksma, 5/16e part yn ’e huzinge nr 7 mei lân en 1/4e diel yn seis perselen lân; keapsom: f 10.875,00; notaris Albert Witholt, Seisbierrum; Notarieel argyf; Minútakten 1870; Repertoire: 117028; ynvintarisnr ummer 117019aktenr 00053

Wytske ferkeapet as widdo:
-op 23-7-1887 oan Thijs van der Weg te Tsjummearum, in stjelp te Tsjummearum, keapsom: 1.489,00; oan Johannes van Vaals te Tsjummearum, boulân te Tsjummearum, keapsom: f 1.724,00; oan Willem Koning te Tsjummearum, greide, keapsom: f 2.120,00; oan Cornelis Piers Blanksma, boulân te Tsjummearum, keapsom: f 2.300,00; notaris Hylke de Koe, Seisbierrum; Notarieel argyf; Minútakten 1887; Repertoire: 117057; ynvintarisnr 17019, aktenr 00053

Wytske Doekles Ypma is mei har earste man Pieter Abes Anema boerinne te Minnertsgea en ferfart nei syn ferstjerren nei de Sylstra-pleats. Nei har twadde houlik buorket hja dêr mei har twadde man Jan Kornelis Noorda. Fan ’e kant fan ’e Anema’s noch de Noorda’s is der in opfolger, dat Wytske docht de pleats yn ’e ferhier oan Jelle Pieters Zijlstra. It kin wêze dat de relaasje ‘famylje-fan-famylje’ hjirby in rol spile hat: Jelle syn frou Grietje Janzen har broer Willem Janzen is troud mei Jantje Jeltes Stellingwerf, in suster fan Antje, de frou fan Kornelis Jans Noorda, sjoch hjirboppe.

Op 11-2-1909 keapje Ane, Willem, Myntsje en Klaas Jelles Zijlstra de pleats foar f 58.997,00. Ane docht letter syn oandiel oer oan broer Boate Jelles Zijlstra. Nei Klaas syn ferstjerren yn 1935 wurde syn bern Amarens, Jelle en Grietje Botes Zijlstra mei-eigner. Willem bebuorket dan mei syn frou Geertje Palsma de pleats, Geartsje sûnt 1950 as widdo mei soan Jelle en syn frou Pietje Mijntjes Zijlstra, dy binne dêr bouboer oant de ruilferkaveling yn om ende by 1975, dan wurdt de pleats saneard. 

Jelle Willems Zijlstra ferkeapet dy oan Rintsje Durks Visser, boer te Easterbierrum, mar dy hat gjin belang by de kop-hals-romp anneks opstallen en ferkeapet it hoarnleger troch oan Max Jans de Groot en Paul Bruinsma, dy’t hûs, skuorre, hiem en tún geandewei moaier meitsje. [PW]

Erfgoed Fundaasje – Kolleksje Zijlstra
De acht soannen fan Jelle Piters Sylstra en Gryt Sjoerds Janzen. Achter: Ane, Willem, Myntsje en Ernst; sittend: Boate, Piter, Klaas en Sjoerd. De foto is nommen achter de pleats fan Ernst-en-dy te Ginnum Fotograaf: Portretfotografie Hommema, Frjentsjer. Foto’s: Erfgoed Fundaasje – Kolleksje Zijlstra
Seis soannen mei har sydsulver, Anno No in diskriminearende beneaming, doe in earetitel. Steand: Willem, Sjoerd, Piter, Ernst, Boate en Myntsje. Sittend: Geartsje Palsma, Corneliske van der Meer, Marte de Vries, Anne Burggraaff, Sjoke Nauta en Dora Burggraaff
Ljouwerter Krante, 23 en 25-1-1900
Roubrief fan Gryt Janzen. Erfgoed Fundaasje – Kolleksje Zijlstra
Ljouwerter Krante, 4 en 5-3-1908

§ JELLE PITERS ZIJLSTRA – MATSJEDOAR DOALEÂNSJE
Tsjerklike perikels nimme in grut part fan it deistich libben yn beslach fan Jelle Piters en syn otterdokse mannenbroeders. Jelle Zijlstra ûntlûkt him yn 1887 as lid fan ’e Nederlandse Hervormde Kerk. Hy moat dan fan ’e tsjerkepleats, besit fan dyselde tsjerke en ferfart nei Kleaster-Lidlum.

Yn 1892 giet er mei yn ’e Doleânsje en dêrmei wurdt er lid fan ’e Nederduitse Gereformeerde Kerk, ûntstien yn 1886; dat tsjerkegenoatskip giet yn 1892 mei it grutste part fan de Christelijk Gereformeerde Kerken oer yn ’e Gereformeerde Kerken in Nederland, sûnt 2004 opgongen yn de PKN, de Protestantse Kerk in Nederland.

De Herfoarmde Tsjerke fan Easterbierrum wie net frijsinnich, mar dêr krekt foaroer rjochtsinnich, otterdoks. Grouwen, frijsinnigen, stienen net lyk foaroer finen, rjochtsinnigen. De Easterbierrumer mienskip wie dêroerhinne hecht. Wûnderbaarlik dat de Doleânsje dêr toch plak hân hat.
Sjoch fierder:
Doleânsje Easterbierrum.

IV.2 Bote Pieters Zijlstra* Seisbierrum 7-5-1848 † dêr 30-9-1923, 75 jier; otterdoks Nederlâns Herfoarmd; boer te Seisbierrum; tsjerkfâd; 14-5-1888 mei-oprjochter fan De Coöp Ver. Stoomzuivelfabriek Sexbierum
By de keuring foar de militêre tsjinst wurdt Boate syn sinjalemint as folget omskreaun: Lengte: 1 meter, 207 mm; Aangezicht: rond; Voorhoofd: groot; Oogen: blaauw; Neus: ord[inair=gewoan]; Mond: id[em]; Kin: rond; Haar: bruin; Wenkbraauwen: id. Boate hat bruorretsjinst
x Barradiel 27-5-1880, 32 en 29 jier, Riemke Hermanus Out Bakker * Seisbierrum 2-1-1851 † dêr 30-11-1920, 69 jier; by trouwen sûnder berop te Seisbierrum; dr f. Hermanus Out Thijsses Bakker, yn 1849, ’51 koaltsjer te Seisbierrum, sûnt omstrings 1852 dêr boer, en Aatje Jans Bruinsma, boerinne te Seisbierrum
Bern:
1 Trijntje Botes Zijlstra
* Seisbierrum 17-6-1881 † 1946, 64 jier, [] Stoughton Cemetery, Stoughton, Saskatchewan, Kanada; de húshâlding ferfart nei Stoughton, Saskatchewan, Kanada;
x Barradiel 9-5-1907, beide 25 jier, Fedde Geerts Brems * Easterbierrum 25-1-1882 † Stoughton, Saskatchewan, Kanada?; by trouwen boer te Easterbierrum; yn 1909 boer te Lutjegast, gemeente Gruttegast, Grinslân, yn 1923 te Grypstsjerk, Grinslân; letter yn Stoughton, Saskatchewan, Kanada; sn f. Geert Watzes Brems, yn 1881 boer te Tsjummearum, en Neeltje Feddes Viersen, nei har trouwen yn 1881 bouboeren te Easterbierrum, wenje yn 1922, ’27 te Ljouwert
Fedde is neist boer te Gruttegast en Grypstsjerk en noch boer op ien of twa oare plakken – mei help fan famylje -, mar hy kin it net bolwurkje en rekket alle kearen yn ’e fallyt; de húshâlding ferfart nei Kanada en dêr is Fedde earst mooglik noch wer boer, mar letter berikt er dêr beropsmjittich wat, dêr’t de famylje net mear fan op ’e hichte is. Fedde komt yn 50er/60er jierren noch wol ris werom op famyljebesite. De brieven en foto’s oer en wer binne noch net foar ’t ljocht kommen. (Meidielingen Pieter Arjens de Vries, sn f. Arjen Pieters de Vries en Aafke Feenstra, Uithoorn, 22-8-2020.)
2 Atje Botes Zijlstra * Seisbierrum 18-1-1885 † dêr 11-2-1887, 2 jier
3 Atje Botes Zijlstra * Seisbierrum 15-10-1888 † dêr 29-8-1913, 24 jier; by ferstjerren sûnder berop te Seisbierrum
4 Sibbeltje Jetske Botes Zijlstra * Seisbierrum 6-1-1891 † Achlum 24-4-1967, 76 jier, [] Achlum; by trouwen sûnder berop te Seisbierrum;
x Barradiel 25-5-1921, 30 en 24 jier, Pieter Arjens de Vries * Achlum 28-3-1897 † 3-8-1960, 63 jier, [] Achlum; sûnt syn trouwen greidboer te Achlum oan ’e Slachtedyk op Tanjabuert 4; sn f. Arjen Joostes de Vries, yn 1890, ’93 keapman te Achlum, en Beitske Pieters Sikkema, sûnt 1894 greidboeren te Achlum oan ’e Slachtedyk op Tanjabuert 4

§ HEKEL OAN IN NAMME
Sibbeltsje hat in hekel oan de namme Sibbeltsje en lit har altyd Jetske neame, ek yn ’e roubrief en op ’e grêfstien.
[Foto’s stean deroan te kommen]

De pleats oan ’e Slachtedyk op ’e Tanjabuert 4, dêr’t Jetske mei har man Piter Arjens de Vries buorket, beslacht 3 ha. tsjin de pleats oan en 20 ha. tusken Achlum en Arum. It is in greidbuorkerij, mar yn ’e oarloch wurdt in stik bou bleatlein, oplein troch de Dútser. It is swiere klaai en it lân leit bûten de Lytse Bouhoeke. Sibbeltsje en Piter har soan Arjen en syn frou Aafke Feenstra buorkje dêr oant 1980.

Dat is de fjirde generaasje De Vries op dat stee: oerpake en -beppe Joost Arjens de Vries (* Almenum 1813 † Achlum 1887, x Gerlantje Cornelis Tanja * Marsum 1812 † Achlum 1904) binne dêr om 1837 hinne begongen. De gemeente Frjentsjerteradiel nimt gebouwen en lân yn 1980 oer. Twa jier letter wurdt it hússtee sloopt, mar de trije huzen dy’t der tsjinoan boud binne, wurde behâlden en opkalefatere ta aparte wenhuzen. Soan Jetse Arjens de Vries en syn frou Annie Kooistra komme te buorkjen op in nij oankochte pleats oan ’e Hjelbeamsterdyk 3 ûnder Achlum en binne dêr greidboer oant 1997.
Sjoch foar fierdere foarâlden en sibben De Vries: Arjo Hillebrand – Genealogy De Vries – Draisma de Vries – X i

Ljouwerter Krante, 16-10-1923
Ljouwerter Krante, 5-8-1960

§ ZIJLSTRA-BREMS
De Zijlstra’s binne in pear kear besibbe oan ’e famylje Brems:
-Trijntje Botes Zijlstra (IV.2.1) x Fedde Geerts Brems;
-Sjoerd Johannes Zijlstra (IV.3) x Lewina Catharina Willems Brems.
Sjoch foar in oersjoch: Erfgoed Fundaasje – Genealogy Brims-Brems

IV.3 Sjoerd Johannes Zijlstra * Easterbierrum 18-9-1862 † dêr 8-2-1904, 41 jier; Grifformeard; yn 1884, ’87, ’88 boer te Easterbierrum; yn 1891 arbeider te Minnertsgea; yn 1894 dêr sûnder berop; yn 1897 dêr arbeider en gernier; yn 1899 koaltsjer te Minnertsgea; yn 1904 boer op Kleaster-Lidlum;
x Barradiel 11-10-1883, 21 en 18 jier, Lewina Catharina Brems * Minnertsgea 19-6-1865 † Bûtenpost 11-11-1945, 80 jier; Grifformeard; by twadde houlik sûnder berop te St.-Jabik; komt op 10-5-1904 út Kleaster-Lidlum yn St.-Jabik (nr 198a); ferhuzet dêrwei op 3-2-1906 nei Achlum; Lewina ferfart mei har twadde man gauris, se wenje ûnder oaren yn 1908, ’09 yn Feanwâlden, yn 1915 te Surhústerfean; dr f. Willem Rinses Brems en Neeltje Johannes Douma, boeren te Minnertsgea;
Lewina x 2 It Bilt 1-2-1906, 40 en 46 jier, Diemer Klazes Ystra * Bûtenpost 5-7-1859 † dêr 11-9-1926, 67 jier; Nederlâns Herfoarmd; by trouwen yn 1906 kastlein te Achlum; yn 1906 arbeider te Lekkum; sûnt 12-7-1906 dêr kastlein (hûsnr 14); ferfart 9-12-1906 nei Ljouwert is dêr arbeider, winkelman en ierdappelkeapman (Weaze D28, Fabriekssteeg V25); om 1907 hinne keapman te Burgum (hûsnr 721a); ferfart 1-6-1908 nei Feanwâlden; ferhuzet op 31-7-1909 út Feanwâlden mooglik wer nei Burgum; ferfart 16-4-1910 dêrwei op 16-4-1916 nei De Harkema-De Pein; ferhuzet 14-5-1918 nei Westergeast, Kollumerlân; ferhuzet op 2-8-1920 nei Bûtenpost, as er dêr ferstjert is er sûnder berop; sn f. Klaas Luitzens Ystra en Tjitske Diemers Feenstra, bouboeren te Bûtenpost;
Op 23-12-1905 is der in boedelskieding oangeande de widdo fan Sjoerd Johannes Zijlstra, neamd wurde Lewina Brems en har bern Johannes en Rinze; in giet om in hûs en hiem te Easterbierrum; opbringst: f 1.550,00
Bern:
1 Johannes Sjoerds Zijlstra, folget V.9
2 Willem Sjoerds Zijlstra * Easterbierrum 13-2-1887 † Oranje City, Noard Amearika, wenjend te Feanwâlden, 19-6-1908, 18 jier; by ferstjerren boere-arbeider te Oranje City
3 Neeltje Sjoerds Zijlstra * Easterbierrum 12-3-1888 † Ljouwert, Grifformeard Rêsthûs, 12-11-1970, 82 jier, [] Huzum; Neeltsje komt as tsjinstfaam op 10-5-1904 út Kleaster-Lidlum yn Dronryp, ferhuzet op 3-9-1904 út Dronryp nei St.-Jabik; ferhuzet dêrwei op 25-11-1905 nei Boksum, ferhuzet út St.-Jabik op 2-10-1907 nei Ljouwert; komt op 11-5-1910 út Dantumadiel yn Twizel, komt op 4-6-1910 út Twizel yn St.-Anne;
x Theunis Ydes Steensma * It Hearrenfean 28-7-1886 † Ljouwert, Van Sytzamastrjitte 1, 24-5-1962, 75 jier, [] Huzum; Grifformeard; komt op 22-8-1907 as smit út Grins yn Huzum (nr C49) is dêr masjinebankwurker; ferhuzet op 14-10-1908 nei Ljouwert, dêr yn 1908, ’11 masjinebankwurker by de Steatspoarwegen te Ljouwert (Achter de Hoven U121, 3e Vegelindwarsstritte U4 en 27), yn 1937 dêr lokomotyfbankwurker, yn 1940 masjinebankwurker by de Nederlandsche Spoorwegen; sn f. Yde Theunis Steensma, yn 1878 arbeider op It Hearrefean, 1886 dêr sjouwerman, yn 1911 dêr skipper, en Hiltje Jacobs Jonker
Theunis x 1 Ljouwert, 24-5-1911, 24 en 3o jier, Lutske Hendriks Lamsma * Kollum 8-9-1880 † Ljouwert 13-4-1947, 66 jier, [] Huzum; by trouwen sûnder berop te Ljouwert; dr f. Hendrik Lammerts Lamsma, pelm00lnersfeint, yn 1871 te Gruttegast, yn 1880 te Kollum, yn 1882 te Ljouwert, yn 1884 te Dokkum, yn 1892 te Huzum (nr C49), 6-4-1892 te Harns, 15-8-1892 te Huzum, en Jantje Jacobus Veerman

Ljouwerter Krante, 25-5-1962

4 Rinze Sjoerds Zijlstra, folget V.10
5 Aafke Sjoerds Zijlstra * Minnertsgea 24-3-1894; ferhuzet 3-2-1906 mei har mem-en-dy nei Achlum; komt 19-12-1906 as faam út Lekkum yn Ljouwert (Harnzerstrjitte K1); húshâldt yn dy snuorje allyksa by har mem te Feanwâlden; wennet yn 1907 yn by har muoike Margaretha Arjens Lont-en-dy te Ljouwert (sjoch hjirûnder yn kursyf) en 26-5-1910 te Grins (sjoch hjirûnder); Afke komt 27-4-1914 út Grins yn Ljouwert as húshâldster by W.J. van den Berg (Spanjertsleane 170, Wyk BB); se is yn 1914 help yn ’e ‘Vrouwenzaal’ fan it ‘Rust- en Verplegingshuis van de Diaconie der Ned. Hervormde Gemeente’ te Ljouwert (Gruttte Tsjerkestrijtte 24, Wyk K)
6 Lambertus Sjoerds Zijlstra, twilling mei Roelof, * Minnertsgea 18-9-1897 † dêr 21-12-1897, 3 moanne
7 Roelof Sjoerds Zijlstra, twilling mei Lambertus, * Minnertsgea 18-9-1897 † dêr 3-1-1898, 3 moanne
8 Roelof Sjoerds Zijlstra * Minnertsgea 11-12-1899 † 22-10-1961, 61 jier, [] Haren Eshof, diel 2; Roelof komt út De Harkema-De Pein (Bûtenpost) op Alde Maaie 1912 yn te wenjen by syn broer Sjoerd-en-dy te Bitgum; ferhuzet dêrwei 16-11-1914 nei Dearsum, dêr ynwenjend feint by A. Wynja; komt 14-5-1918 út Koarnjum wer yn by Sjoerd-en-dy te Bitgum; ferhuzet dêrwei op 2-7-1921 nei Bûtenpost en is dêr ynwenjend feint by Diemer Ystra, de twadde man fan syn mem; by trouwen maresjaussee te Vlagtwedde, Roelof is fan 17-5-1923 oant nei 18-5-1940 yn tsjinst by it Wapen der Koninklijke Marechaussee;
x Assen 28-7-1927, 27 en 23 jier, Pieternella Tuinman * Westerbroek, gemeente Hoogezand 4-10-1908 † 4-8-1991, 80 jier, [] Haren Eshof, diel 2; by trouwen sûnder berop te Hoogezand; dr f. Jan Tuinman, yn 1927 weiwurker, en Anje Beukema

§ HOE FAAK FERFART IN FAAM?
Tsjinstfammen kinne gauris ferfarre, sa ek Neeltsje Sylstra (IV.3.3); tusken har sechstjinde en tweintichste hat se yn dy fjouwer jier op syn minst njoggen wurkplakken:
-se komt as fanke fan sechstjin, op 10-5-1904, fan har âlderspleats op Kleaster Lidlum yn Dronryp
-fjouwer moanne letter, op 3-9-1904, ferhuzet se dêrwei nei St.-Jabik
-fjirtjin moanne dêrnei, op 25-11-1905, is se faam te Boksum
-yn 1907 bifakkeart se wer yn St.-Jabik en dêrwei giet se op 2-10-1907 nei Ljouwert
-yn 1910 hâldt se erges yn Dantumadiel ta, en op 11-5-1910 hat se in betrekking yn Twizel
-miskien aardet se net sa yn ’e Wâlden, se komt teminsten krapoan in moanne letter, op 4-6-1910, wer op ’e klaai, yn St.-Anne
en dit is noch mar in greep út it begjin fan har karriêre.

GENERAASJE V

V.1 Pieter Jelles Zijlstra * Minnertsgea 13-2-1872 † Achlum 13-8-1956, 84 jier, [] Seisbierrum; by trouwen fan boerebedriuw te Kleaster-Lidlum; yn 1894, ’96, ’99 sûnder berop te Seisbierrum; yn 1899 boer te Kleaster-Lidlum; yn 1903, ’05 gernier te Easterbierrum; yn 1908, ’12, ’15 boer te Seisbierrum; yn 1921 boer te Hjelbeam; yn 1929, ’31 boer te Sweins;
x Frjentsjerteradiel 30-12-1893, 21 en 23 jier, Martha Jelles de Vries * Arum 18-12-1870 † Achlum 18-11-1954, 83 jier, [] Seisbierrum; by trouwen sûnder berop te Achlum; dr f. Jelle Sybrens de Vries en Antje Rommerts Politiek, yn 1870 boeren te Arum, yn 1893 te Achlum
Bern:
1 Trijntje Pieters Zijlstra * Seisbierrum 20-6-1894 † 26-8-1978, 81 jier, [] Hjelbeam; by trouwen sûnder berop te Hjelbeam;
x Frjentsjerteradiel 27-4-1921, 26 en 25 jier, Douwe Jans Hiemstra * Mullum 1-3-1896 † 9-3-1955, 59 jier, [] Hjelbeam; by trouwen boer te Hjelbeam, letter idem te Winaam; sn f. Jan Douwes Hiemstra, yn 1895, ’96 arbeider te Mullum, en Jaatje Froukes Vellinga, yn 1896 boeren te Mullum, yn 1921 idem te Hjelbeam
2 Antje Pieters Zijlstra (Anna, Anne) * Seisbierrum 15-1-1896 † 24-4-1908 [] Seisbierrum, 12 jier
3 Jelle Pieters Zijlstra, folget VI.1
4 Sybren Pieters Zijlstra, folget VI.2
5 Bote Pieters Zijlstra, folget VI.3
6 Ane Pieters Zijlstra * Seisbierrum 26-5-1909 † Goor, Diepenheimseweg 31, 27-1-1985, 75 jier, [] Seisbierrum; notaris te Goor
§ NOTARIS SÛNDER TESTAMINT
Ane Pieters is notaris te Goor en bliuwt frijfeint. Hy rint allegeduerigen yn in skovel trijedelich pak klean om – en dêr stekt in kleare kop boppeút mei in formidabel ryk ûnthâld. By syn notarishûs hat er twa garaazjes; de iene is foar de auto fan syn kandidaten-notaris, de oare is foar syn fyts, hy rydt sels net.

Omke Ane regelet op notarieel mêd alles sekuer yn syn swide famyljerûnten. As er ferstoarn is, docht bliken dat er sels gjin testamint neilitten hat. De boelberêders binne withoelang oan ’e gong om syn saken op oarder te krijen. (FH)
7 Rommert Pieters Zijlstra, folget VI.4
8 Ernst Pieters Zijlstra * Seisbierrum 15-8-1914 † dêr 21-2-1915 [] Seisbierrum, 6 moannen

Ljouwerter krante, 30-1-1985

V.2 Ernst Jelles Zijlstra * Minnertsgea 3-1-1876 † 21-9-1951 [] Easterbierrum; Grifformeard; tsjerkeriedslid te Ginnum; by trouwen fan boerebedriuw te Kleaster-Lidlum; yn 1900, ’02 gernier te Easterbierrum; sûnt omstrings 1904 greidboer op Roorda state te Ginnum, giet dêr fallyt; arbeider by syn dochter Gryt en Petrus Tiemersma op in mânsk feebedriuw yn Noard Brabân, dy gean dêr yn ’e krisisjierren fallyt en dan wurdt Ernst arbeider by syn broer Willem op Kleaster-Lidlum;
x Barradiel 27-5-1899, 23 en 27 jier, Antje Jelles Burggraaff (Anne; tekenet sels: Burggraaf) * Easterbierrum 28-10-1871 † dêr 11-4-1940 [] Easterbierrum, 68 jier; by trouwen sûnder berop te Easterbierrum; dr f. Jelle Jans Burggraaff, yn 1864, ’65 winkelman te Easterbierrum, yn 1866, ’71 dêr keapman, yn 1870 dêr ynlânsk kreamer, yn 1887, ’90 dêr wer winkelman, yn 1899 dêr sûnder berop, en Theodora Harmens de Jong, winkelfrou te Easterbierrum
By de keuring foar de militêre tsjinst wurdt Ernst syn sinjalemint as folget omskreaun: Lengte: 1 meter, 641 mm; Aangezicht: ovaal; Voorhoofd: ord[inair=gewoan]; Oogen: blaauw; Neus: ord.; Mond: id[em]; Kin: rond; Haar: blond; Wenkbrauwen: id.
Bern:
1 Grietje Ernst Zijlstra * Easterbierrum 17-3-1900 † 21-12-1981; by trouwen sûnder berop te Ginnum; de húshâlding ferfart op 8-9-1947 nei Kanada; 5 bern
x Ferwerteradiel 8-5-1923, beide 23 jier, Petrus Jacobs Tiemersma * Mullum 13-3-1900 † 27-12-1965 [] Snits; by trouwen boer te Mullum; sn f. Jacob Petrus Tiemersma, yn 1899 boer te Frjentsjer, en Trijntje Æges Nauta, yn 1900, 1903 boeren te Mullum, sûnt omstrings 1904 wer te Frjentsjer
2 Theodora Ernst Zijlstra * Easterbierrum 23-12-1902 † 19-9-1980; by trouwen sûnder berop te Ginnum; 15 bern
x Ferwerteradiel 8-5-1924, 21 en 20 jier, Gosse Pieters Feddema * Boarnwert 13-5-1903 † 10-4-1968 [] Startroy, Kanada; by trouwen greidboer te Boarnwert; sn f Pieter Thomas Feddema en Tjitske Gosses Hiemstra, greidboeren te Boarnwert
3 Jelle Ernst Zijlstra, folget VI.5
4 Trijntje Ernst Zijlstra * Ginnum 21-9-1906; Tryntsje ferfart mei har man op 4-3-1950 nei Kanada;
x 9-2-1950 Jacobus Kuipers * Frjentsjer 29-7-1914; sn f. Lieuwe Ebeles Kuipers, arbeider te Frjentsjer, en Houkje Pieters Nauta
5 Jan Ernst Zijlstra, folget VI.6
6 Bote Ernst Zijlstra * Ginnum 11-7-1910 † dêr 7-5-1928 [] Ginnum, 17 jier

§ FALLYT
Yn ’e krisisjierren fan ’e jierren 1930 gean nochal wat boeren fallyt. De iene stiet boarch foar de oare en as dan de iene it net bolwurkje kin, moat de oare it buorkjen gauris ek oerjaan troch de útsteande krediten dy’t net werombetelle wurde sille. Sa ek Ernst Jelles Zijlstra-en-dy te Ginnum, nettsjinsteande liend jild fan har skoansoan Goasse Feddema, greidboer te Boarnwert.

Yn 1932 wenje Ernst Jelles en de frou sûnder berop te Easterbierrum, Ernst is dêr letter arbeider by syn broer Willem op ’e âlderspleats op Kleaster-Lidlum.

Anne Burggraaf. Fotograaf: F.O.Strüppert, Ljouwert. Erfgoed Fundaasje – Kolleksje Zijlstra
In dochter fan Ernst Zijlstra en Anne Burggraaf. Wa wit oft it Gryt, Theodora of Tryntsje is? Fotograaf: Atelier W. Heeringa, Dokkum. Erfgoed Fundaasje – Kolleksje Zijlstra

V.3 Bote Jelles Zijlstra * Minnertsgea 3-1-1876 † Seisbierrum 17-6-1952 [] Seisbierrum, 76 jier; wennet sûnt 10-6-1904 yn by syn skoanâlden te St.-Jabik; hy en Sjoke ferfarre dêrwei op 13-5-1905 nei Stiens, se hawwe dêr boubuorkerij oan ’e Stienzer Hegedyk (yn 2020: Tilma); rinteniere te Seisbierrum
By de keuring foar de militêre tsjinst wurdt Boate syn sinjalemint as folget omskreaun: Lengte: 1 meter, 710 mm; Aangezicht: ovaal; Voorhoofd: ord[inair=gewoan]; Oogen: grijs; Neus: ord.; Mond: id[em]; Kin: rond; Haar: blond; Wenkbrauwen: id. Boate hat bruorretsjinst
x It Bilt 2-6-1904, beide 28 jier, Sjieuwke Pieters Nauta (Sjoke) * St.-Jabik 4-12-1875 † Seisbierrum 12-12-1956 [] Seisbierrum, 81 jier; by trouwen sûnder berop te St.-Jabik; dr f. Pieter Gerrits Nauta en Klaaske Sybrens Olivier, boeren te St.-Jabik (ûnder oaren hûsnr 42)
Sjoch: Jhr. M.J. van Lennep, Genealogie Olivier, Genealogysk Jierboekje 1967, side 88, Genealogysk Wurkferbân fan de Fryske Akademy, Ljouwert 1967
Bern:
1 Libbenleas famke Zijlstra *-† Ljouwert 15-6-1913

§ WAARSIIK
Boate is slim waarsiik. By rein bliuwt er yn ’e bedstee lizzen. By oankommend wetter dûkt er dêr wer yn. Ljochtet it wat op en begjint it op ’e nij te migen, klapt er de doarren wer ticht.
Boate wol him oan trije kear ta ferhingje. De tredde kear seit Sjoke, spyljend op it oargel: Nou man, ik wil wel ’n stikky tou foor jou hale, jou sêge ’t maar – by gjin sjoege fan Boate spilet se onfersteurber troch.
(FH)

Sieuwke Pieters Nauta
Sjoke Piters Nauta, Bildts in aren en sinen. ‘Se prate noait in wurd Frysk.’ [FH]. Fotograaf: De Jong, Ljouwert, Nijstêd 53; It Hearrenfean, Snits. Erfgoed Fundaasje – Kolleksje Zijlstra
Boate Jelles Zijlstra en Sjoke Nauta. Fotograaf: F.O. Strüppert, Ljouwert. Erfgoed Fundaasje – Kolleksje Zijlstra

V.4 Sjoerd Jelles Zijlstra * Minnertsgea 28-10-1878 † 31-10-1955 [] Lollum; Grifformeard; by trouwen fan boerebedriuw te Kleaster Lidlum; yn 1908 bouboer te Arum, yn 1910 dêr greidboer; ferfart 15-5-1912 út Arum nei Waaksens (nr 2), is dêr arbeider; ferfart 25-5-1914 dêrwei nei Lollum en is dêr allyksa sa’n fiif jier arbeider; ferhuzet 23-8-1919 dêrwei nei Froubuorren (hûsnr C117a), is dêr arbeider, yn 1930 gernier;
x Wûnseradiel 1-5-1907, 28 en 26 jier, Corneliske Jacobs van der Meer (ropnamme: Knil, Knilliske) * Lollum, Rûgelollum 2-6-1880 † 20-6-1947 [] Lollum; by trouwen sûnder berop te Arum; dr f. Jacob Ates van der Meer, taksateur, mei-oprjochter Stoomsuvelfabryk Waaksens en omkriten (1897), en Wypkjen Tjerks Dijkstra (tekenet sels yn trou-akte fan Corneliske: Diekstra), yn 1880 greidboeren te Rûgelollum, yn 1907 boeren te Arum
Bern:
1 Jelle Sjoerds Zijlstra, folget VI.7
2 Jacob Sjoerds Zijlstra, folget VI.8
3 Wijpkje Sjoerds Zijlstra (Wyp) * Waaksens 15-6-1912; by trouwen sûnder berop te Froubuorren; 10 bern;
x It Bilt 11-9-1930, 18 en 28 jier, Jouke Jarigs de Haan * Seisbierrum 2-5-1902 † St.-Anne 14-10-1967, 65 jier; 1913 bakkersfeint te Seisbierrum, 1914-1926, idem te Tsjummearum, 1926-’28 gymnasiast te Ljouwert, 1929 fertsjintwurdiger yn skoalboeken te Grins, 1929, ’30 hannelsreizger te Seisbierrum; 1940-1950 postkantoarhâlder te Froubuorren, 1950-1967 idem te St.-Anne; 1948-1951 gemeenteriedslid fan It Bilt foar de Anti Revolutionaire Partij, 1952-1967 wethâlder, sjoch: § FAN BAKKERSFEINTSJE TA WETHÂLDER, hjirûnder; sn f. Jarig Nannes de Haan, yn 1896 arbeider te Kleaster-Lidlum, sûnt omstrings 1898 te Seisbierrum, yn 1930 dêr gernier, en Maaike Arjens Douma

§ SJOERD ZIJLSTRA – OP ’E LEEFTYD FAN 34 JIER IS ER SÂN JIERREN BACHELOR
Sjoerd Zijlstra is greidboer ûnder Arum, mar hy wol achter de kowestuten wei. Yn 1912 geane se fan ’e pleats en Sjoerd en Knil rinteniere dan twa jier te Waaksens yn ’e helte fan in dûbel arbeidershûs by de pleats fan skoansuster Gjet van der Meer en har man Tsjerk Douwes Wynia, dêr greidboeren. Dêrnei rinteniere se fiif jier te Lollum, yn ’t doarp. Broer Boate hat lân ûnder Froubuorren en stelt dat beskikber oan Sjoerd. De húshâlding ferfart dêr yn 1919 hinne en dêr hat Sjoerd syn draai as gernier.

Yn april 1947 lûke se yn by dochter Wypkje, har man Jouke de Haan en har sân bern, postkantoarhâlders yn it mânske wenhûs anneks postkantoar oan ’e Van Harenstrjitte te St.-Anne. Sjoerd en Knil krije in wen-sliepkeamer mei w.c. foar harsels op ’e earste ferdjipping. Knil is dan al bêdlegerich en ferstjert seis wike letter. Sjoerd bout de ierdappels, docht de griente- en blommetún en rinteniert dêr fierders oant syn ferstjerren. Hy kin himsels goed rêde, mar de âldste dochter Cornelia Maaike (Corry) de Haan komt fan ’e legere skoalle ôf wol as help yn ’e húshâlding, de twadde dochter Maaike Cornelia mei nei de ULO, de tredde komt daliks fan ’e Húshâldskoalle ôf yn ’e hus om te helpen.
[FH]

Sjoerd Jelles Zijlstra. Fotograaf: J.H. Slaterus, Langemerkstrjitte W14, Ljouwert. Erfgoed Fundaasje – Kolleksje Zijlstra (de foto is mei plakbân beplakt, om skuorren fan ’e boppelaach tsjin te gean – in oarsoartige restauraasje is foar letter better)
Sjoerd Jelles Zijlstra, Wypkje, Corneliske van der Meer, Jaap en Jelle. Fotograaf: F.O. Strüppert, Ljouwert? Erfgoed Fundaasje – Kolleksje Zijlstra

§ JOUKE DE HAAN – FAN BAKKERSFEINTSJE TA WETHÂLDER
Jouke de Haan komt mei 11-12 jier fan ’e legere skoalle as bakkersfeintsje oan ’e slach te Seisbierrum, nei in jier wurdt er iselde, mar dan ynwenjend, by bakker Hendrik Oberman te Tsjummearum. Dêr skipet er acht jier letter bakkersastma, dat bakker wurde wurdt neat. Jouke kin net wer yn ’e húshâlding fan syn heit dy’t dan al widner is, want hy hat der te lang út west. Hy is wolkom by ûnderskate muoikes en omkes mei bern, mar it gaadlikst lykje muoike en omke Grietje Douma en Foppe Althof, dy ha gjin bern. Se runne yn Froubuorren in smidterij (hûsnr 5). Jouke komt by har yn 1926 (letter ek ynskreaun op 26-11-1928 út Seisbierrum, hûsnr 156). Muoike is grifformeard, omke earst Nederlâns Herfoarmd en letter net by in tsjerke oansletten, Jouke is ek grifformeard. Muoike en omke stelle Jouke yn ’e gelegenheid om nei ’t gymnasium, dat wurdt it Christelijk Gymnasium te Ljouwert. Jouke wol graach teology studeare en dan moat er Grysk en Latyn eigen meitsje. Op ’e Grifformearde Jongfeinteferiening hat er al behoarlik wat teologyske kennis opdien. Mar yn syn twadde gymnasiumjier docht bliken dat er útlotte wurdt foar de stúdzje Teology te Kampen. Omke en muoike binne dêr sa lilk om, dat se har jildlike stúdzjestipe foar Jouke ynlûke. Jouke moat fan ’t gymnasium ôf. Fan syn twa jier gymnasium hat er letter as gemeenteriedslid en wethâlder wol profyt, sil er letter sels úthâlde.

Op 18-1-1929 ferfart er út Froubuorren nei Grins, dêr is er fertsjintwurdiger yn skoalboeken. Hy komt dêrwei op 28-2-1930 wer yn Froubuorren. Mei syn by trouwen is er hannelsreizger, ynskreaun te Seisbierrum; yn 1930 wurdt postkantoarhâlder yn Froubuorren, sûnt 1940 is er dat yn St.-Anne, dat bliuwt er oant 1967.
Fan 1948 oant 1951 is er gemeenteriedslid fan It Bilt foar de Anti Revolutionaire Partij, fan 1952 oant syn ferstjerren is er wethâlder.

V.5 Ane Jelles Zijlstra * Easterbierrum 14-11-1879 † Frjentsjer 27-3-1965, 85 jier [] Easterbierrum; Grifformeard; nôtkeapman, ierdappelkeapman en kommisjonêr yn ierdappels te Easterbierrum, oant 1925 oan ’e Keatsebuorren, sûnt oan ’e Haerdawei 38; as gernier brûker fan fjouwer ha, lân by Kleaster-Lidlum en trije oan ’e seedyk ûnder Easterbierrum;
x Barradiel 31-5-1917, 37 en 20 jier, Pietje Rinses Postuma * Easterbierrum 6-3-1897 † 7-4-1970 [] Easterbierrum; otterdoks Nederlâns Herfoarmd; by trouwen sûnder berop te Easterbierrum; dr f. Rinse Rinses Postuma, yn 1890, ’97, ’98, ’99, 1902, ’04 skuonmakker te Easterbierrum, yn 1907, ’17, ’19 dêr postrinner (‘brievengaarder’), yn 1928 dêr kantoarhâlder, en Antje Pieters Statema
Bern:
1 Jelle Anes Zijlstra, folget VI.9
2 Antje Anes Zijlstra (Anna, Anne) * Easterbierrum, Keatsebuorren, 13-8-1921 † 30-5-2013, 89 jier [] Easterbierrum; sûnt 1943 kosthúshâlderes te Easterbierrum;
x 1 Barradiel 13-5-1943, 22 en 29 jier, Arjen Franses Norder * Seisbierrum 9-2-1913 † Easterbierrum 23-1-1947, 33 jier; meibuorker op ’e pleats fan syn muoike en omke en pleechâlden Tietje Arjens Douma en Melle Botes Houtsma te Easterbierrum; sn f. Frans Johannes Norder, skipper, keapman, arbeider en gernier te Seisbierrum, en Sjoerdje Arjens Douma;
x 2 har neef Rommert Pieters Zijlstra, sjoch VI.4
Sjoch:
-Piter van der Woude – Sin en wille kinne folle tille, Anne Zijlstra – een markante vrouw -; útjouwer: Melle en Ane Norder, Bolswert; Van der Eems, Easterein, 2014; ISBN 978-90-817278-8-4, NUR 681
-Maartje van Sluis-Poortstra, De Friese familie Norder, eigen behear, Berltsum, 2011
3 Rinse Anes Zijlstra, folget VI.10
4 Grietje Anes Zijlstra * Easterbierrum, Haerdawei 38, 26-5-1930 † Frjentsjer 24-4-2015, 84 jier, [] Easterbierrum; ferpleechster op ûnderskate plakken
5 Klaas Anes Zijlstra, folget VI.11

§ STIIFKOP
Piter van der Woude skriuwt [PW, side 20]: Ane Zijlstra wie in rjochtlinich man; de dingen moasten gebeure sa’t hy se betocht hie. Hy hold net fan moderniteiten en benamme yn ‘zaken des geloofs’ wie er uterst behâldend.

Hy wie poer grifformeard, mar hy hearde net ta de ‘broeders’ dy’t hyltyd ta âlderling of diaken keazen waarden. Grif wie er dêrfoar net linich genôch yn ’e omgong.

‘O. it wie sa’n stiifkop’, fertelde syn dochter Anne. Mar foar syn bern wie er in goede heit. Hy hie der niget oan om mei ien fan syn bern nei it doarpsfeest ta, of mei de bus nei Frjentsjer.

Ane Jelles Zijlstra. Fotograaf: Obbema, Snits. Erfgoed Fundaasje – Kolleksje Zijlstra
Ane Jelles Zijlstra en Pytsje Postuma, 18-7-1929. Se ferskille santjin jier yn leeftyd. Fotograaf: Hommema, Frjentsjer, Harns. Fotokolleksje: Erfgoed Fundaasje – Kolleksje Zijlstra
Anne, Jelle en Rinse Zijlstra. Erfgoed Fundaasje – Kolleksje Zijlstra
De Keatsbuorren te Easterbierrum. Oan linkerkant op ’e foto wenje oant 1925 Ane Jelles-en-dy, yn it húske op ’e hoeke links boppe. De âldste twa, Jelle en Anne, binne dêr geboaren. Sjoch: Piter Baukes van der Woude – Wenhuzen Ane Jelles Zijlstra en Pietje Postuma
Ljouwerter krante, 26-4-2015

V.6 Willem Jelles Zijlstra * Easterbierrum 19-7-1881 † Harns 19-4-1950, 68 jier, [] Easterbierrum; boer op syn âlderspleats op Kleaster-Lidlum;
x Barradiel 15-5-1913, 32 en 31 jier, Geertje Heerkes Palsma * Bitgum 24-12-1880 † Kleaster Anjum 6-3-1957, 76 jier, [] Easterbierrum; by x sûnder berop te Seisbierrum; dr f. Heerke Jans Palsma, bakker te Seisbierrum, sûnt 1870 te Bitgum, en Tietje Jans Bruinsma
Sjoch:
-Erfgoed Fundaasje – Genealogy Palsma
-Erfgoed Fundaasje – Genealogy Bruinsma (Barradiel)
Bern:
1 Jelle Willems Zijlstra, folget VI.12 
2 Heerke Willems Zijlstra, folget VI.13

Willem Jelles Zijlstra en Geartsje Hearkes Palsma. Fotograaf: P. Timmer, Eise Eisingastrjitte, Frjentsjer. Erfgoed Fundaasje – Kolleksje Zijlstra

V.7 Mijntje Jelles Zijlstra (ek: Myntje) * 24-11-1882 † 11-10-1958, 75 jier, [] Easterbierrum; by trouwen en yn 1911, ’12 boer op Kleaster-Lidlum; yn 1916, ’18, ’19, ’21 boer te Wytmarsum; yn 1932 boer op Spyktille ûnder Hinnaard; yn 1937, ’38 greidboer op Grut Hokwert te Winsum (Baarderadiel);
x Barradiel 19-5-1910, 27 en 21 jier, Theodora Jans Burggraaff (Dora; nicht fan Antje V.2) * Easterbierrum 24-8-1888 † 20-10-1945, 57 jier, [] Easterbierrum; dr f. Jan Jelles Burggraaff (broer fan Antje, V.2), yn 1887, ’96, 1910 keapman te Easterbierrum, yn 1918 dêr lapkekeapman, en Pietje Jans Mulder, manufakturierske te Easterbierrum
Bern:
1 Jelle Mijntjes Zijlstra, folget VI.14
2 Jan Mijntjes Zijlstra, folget VI.15
3 Grietje Mijntjes Zijlstra * Wytmarsum 27-1-1916; by trouwen sûnder berop te Winsum;
x Baarderadiel 8-6-1938, beide 22 jier, Jan Johannes Hibma * Penjum 11-5-1916; by trouwen fan boerebedriuw te Skettens; sn f. Johannes Jans Hibma (broer fan Neeltje Jans Hibma V.8), en Sjoerdtje Douwes Scheepsma, yn 1910, ’11 boeren te Penjum, 1938 idem te Skettens; yn 1939 beide sûnder berop te Wiuwert
4 Pietje Mijntjes Zijlstra x har neef Jelle Willems Zijlstra, sjoch VI.12
5 Pieter Mijntjes Zijlstra, folget VI.16
6 Trijntje Mijntjes Zijlstra * Wytmarsum 11-9-1921;
x 26-9-1945, beide 23 en 24 jier, Albert Sakes Tiemersma * Spannum 23-2-1920; sn f. Sake Klazes Tiemersma, by trouwen yn 1907 fan boerebedriuw te Wommels, en Akke Jans Westra, yn 1908, ’10 greidboeren te Hichtum, sûnt omstrings 1912 idem te Spannum (nr 8)

§ MUOIKESIZZER WURDT SNOARSKE/COUSIN BECOMES SISTER IN LAW
Theodora Burggraaff (* 1888) is in muoikesizzer fan Antje Burggraaff (* 1871), Antje is troud mei Ernst Jelles Zijlstra (V.2) en se is in suster fan Dora har heit Jan. As Dora trout mei Myntsje, in jongere broer Ernst, wurdt se in skoansuster fan Anne.

§ ZIJLSTRA-HIBMA
Net ongewoan, mar Gryt Myntsjes Zijlstra en Jan Jehannes Hibma binne út ’e fierte famylje fan inoar: Jan is in achter-achterneef fan Myntsje. En der binne mear Zijlstra’s mei Hibma’s yn ’e lange hier gongen. De foarteam fan dizze Hibma’s is útwurke yn ’e Kertiersteat Klaas Ennes Bruinsma – de nûmers fan ’e oanbelangjende persoanen stean yn dit oersicht achter de namme, men kin trochklikke nei dy kertiersteat foar mear ynformaasje.

I
Lysbeth Scheltes HIBMA
x Jan Jansen HERMANA Kertiersteat Klaas Ennes Bruinsma – nrs. 144 en 145, sjoch dêr foar fierdere foarâlden nrs. 288, 289, 290, 291 ensfh.
Bern:
1 Jan Jans Hibma,
folget II.1
2 Schelte Jans Hibma,
folget II.2

II
II.1 Jan Jans Hibma
* Seisbierrum omstrings 1718 † dêr omstrings 1778

x Seisbierrum 15-1-1741, hy fan Seisbierrum, sy fan Blije, Tytje Pytters Hibma (ek: Tjetje) * Blije [?] omstrings 1720 † Easterbierrum 1807
Bern:
Lysbeth Jans Hibma,
folget III.3

II.2 Schelte Jans Hibma
x Antje Anes Kertiersteat Klaas Ennes Bruinsma nrs. 72 en 73
Bern:
Jan Scheltes Hibma,
folget III.2

III
III.1 Lysbeth Jans (Hibma)
† Tsjummearum 27-4-1786; húslju ûnder Tsjummearum;
x Tsjummearum 21-5-1780, hja fan Seisbierrum, hy fan Tsjummearum, Johannes Tietes (ek: Tjittes; postúm: Hibma) † Tsjummearum 20-10-1787
Bern:
1 Jetske Johannes Hibma
x Jelle Pieters Zijlstra – GENEALOGY ZIJLSTRA II.1
2 Jan Johannes Hibma,
folget IV.1

III.2 Jan Scheltes Hibma
x Janke Riemers Wiersma Kertiersteat Klaas Ennes Bruinsma – nrs. 36 en 37
Bern:
1 Sikke Jans Hibma,
folget IV.2

IV
IV.1 Jan Johannes Hibma
* Tsjummearum omstrings 1784 † Easterbierrum 31-8-1855, hûsnr 61; 71 jier; yn 1837 boer te Seisbierrum, yn 1841 dêr boer en keapman, yn 1842, ’44 dêr boer, yn 1848, ’49 keapman te Easterbierrum, by ferstjerren dêr neamd koaltsjer, oan ’e Slachtedyk ûnder Easterbierrum;
x 1 Antje Dirks Boersma * Froubuorren 24-9-1787 † Seisbierrum 10-11-1825, 38 jier; dr f. Dirk Sydses Boersma, en Tytje Sytses de Boer, yn 1787 boeren te Froubuorren, omstrings 1811 idem te Minnertsgea, yn 1813 húslju ûnder Tsjummearum;
x 2 Barradiel 3-5-1845, 61 en 47 jier, op houlikse betingsten, Elisabeth Tækes van de Wint * Skinkeskâns ûnder Deinum 29-11-1797 † Mullum 6-8-1857, hûsnr 74, 59 jier; by earste boask ‘dienstbaar’ te Deinum, by twadde houlik dêr sûnder berop, yn 1850 komelkerske te Easterbierrum, yn 1855 dêr sûnder berop, by ferstjerren allyksa te Mullum; dr f. Tæke Sybrens van de Wint, houtseachmoolner ûnder te Deinum, en Anna Jans van der Wind
(Elisabeth tekenet ûnder de trouakte by har earste houlik: Van de Wind, har heit: Van de Wint; har mem komt ek foar mei: Van de Wint)
Elisabeth x 1 Menameradiel 14-5-1820, 22 en 24 jier, Lammert Pieters Palma (yn 1826 neamd Pollema, Notarieel Argyf) * Marsum 24-12-1795 † Dronryp 20-12-1834, nr 7, 38 jier; by trouwen en yn 1826 arbeider te Deinum, yn 1832, ’34 dêr timmerman, by ferstjerren dêr túnman; sn f. Pieter Jans Palma, arbeider te Marsum, en Doetje Lammerts Sikma, yn 1816 arbeidster te Marsum, yn 1826 sûnder berop te Deinum
De erven fan Jan Johannes Hibma hâlde boelguod.

Ljouwerter Krante, 19 en 26-10-1855

Bern út it earste houlik:
Johannes Jans Hibma, folget V.1

IV.2 Sikke Jans Hibma
x Hittje Tjepkes van der Let Kertiersteat Klaas Ennes Bruinsma – nrs. 18 en 19
Bern:
Tjipke Sikkes Hibma,
folget V.2

V
V.1 Johannes Jans Hibma
* Seisbierrum 2-1-1816 † Frjentsjer 23-3-1885, Wyk KV nr 2, 69 jier; by trouwen sûnder berop te Seisbierrum; yn 1843 koaltsjer te Easterbierrum, yn 1848 keapman te Kleaster-Lidlum, yn 46, ’49, 50 idem te Easterbierrum (it kin wêze dat er dan al op Kleaster-Lidlum wennet, dat falt ûnder Easterbierrum), yn 1850, ’52 idem te boek te Kleaster-Lidlum, sûnt 1869 idem te Frjentsjer (hy keapet dêr op 20-12-1869 in stjelp yn it keatsfjild; keapsom: f 2.500,00);
x 1 Barradiel 14-5-1842, 26 en 20 jier, Hiltje Heins van der Mey (yn akten Boargerlike Stân ek: Van der Mei, en Van der Meij; Hiltsje tekenet yn 1866 der wat tuskenyn: Van der Mej) * Easterbierrum 5-4-1822 † Frjentsjer 19-5-1906, 84 jier; by trouwen sûnder berop te Easterbierrum; dr f. Hein Sikkes van der Mey, yn 1822, ’42 keapman te Easterbierrum, en Reintje Gerrits Walta (yn stjerakte fan Hiltje wurdt Reintsje neamd: Steenmeijer)
Bern:
Jan Johannes Hibma, folget VI.1

V.2 Tjipke Sikkes Hibma * Pitersbierrum 29-1-1824 † Seisbierrum 18-2-1897, 73 jier; arbeider te Seisbierrum, om 1860 hinne dêr koaltsjer, yn 1896 dêr wer arbeider en by syn ferstjerren mei 73 jier allyksa;
x 1 Barradiel 11-5-1850, 26 en 22 jier, Antje Pieters Dijkstra * Minnertsgea 19-11-1827 † Seisbierrum 3-5-1858, hûsnr 73, 30 jier; dr f. Pieter Eeltjes Dijkstra, yn 1827 koaltsjer te Minnertsgea, yn 1831 idem te Seisbierrum, en Jantje Pieters Bakker
x 2 Barradiel 28-5-1859, 35 en 28 jier, Femma Elisabeth Pieters Dijkstra * Seisbierrum 4-7-1830 † dêr 31-5-1878, 47 jier; by trouwen húshâldster te Seisbierrum, by ferstjerren dêr sûnder berop; suster fan Antsje
Tsjipke keapet op 7-11-1854 fan Ulrik Arjens van der Zee te Pitersbierrum in hûs en hiem te Seisbierrum; keapsom: f 800,00; notaris: Albert Witholt, Seisbierrum; Notarieel Argyg 1854, Repertoire: 117028; aktenr 00119; Tsjipke hiert sûnt om ende by 1860 gauris lân ûnder Seisbierrum
Bern:
Klaas Tjipkes Hibma,
folget VI.2 

VI
VI.1 Jan Johannes Hibma
* Kleaster Lidlum 4-11-1852 † Huzum 25-7-1929, 76 jier; gjin tsjerkegenoatskip; yn 1885 keapman te Frjentsjer, yn 1886 dêr boer, yn ’88, ’90, ’92, ’94 dêr wer keapman, yn 1897, ’99, 1921 boer te Penjum;
x Frjentsjer 12-6-1884, 31 en 26 jier, Amarens Wiltjes Mulder * Frjentsjer 1-1-1858 † Huzum 16-5-1934, 76 jier; gjin tsjerkegenoatskip; by trouwen sûnder berop te Frjentsjer; boerinne te Penjum, yn 1922 dêr mei har man sûnder berop, yn 1926 idem te Huzum (nr. D74, letter Huzumerleane 3); dr f. Wiltje Yges Mulder en Antje Dirks Lont, boeren te Frjentsjer
Bern:
1 Johannes Jans Hibma,
folget VII.1
2 Neeltje Jans Hibma x Klaas Jelles Zijlstra – GENEALOGY ZIJLSTRA V.8

VI.2 Klaas Tjipkes Hibma * Seisbierrum 12-3-1852 † dêr 27-10-1931, 79 jier; yn 1880, ’81 arbeider te Seisbierrum, yn 1882 dêr keapman, yn 1884 dêr gernier, yn 1885 dêr wer keapman, yn 1889, ’93 dêr wer arbeider, yn 1907, ’08, ’15, ’21 dêr op ’e nij gernier, by ferstjerren dêr sûnder berop;
x Barradiel 22-5-1880, beide 28 jier, Rigtje Sytses Post * Easterbierrum 28-4-1852 † Seisbierrum 27-1-1940, 87 jier; by trouwen faam te Frjentsjer; dr f. Sytse Watses Post, yn 1851 koaltsjer te Kleaster-Lidlum, sûnt 1852 idem te Easterbierrum, en Jaike Harmens Ennema, as widdo arbeidster te Easterbierrum
Sjoch: Erfgoed Fundaasje – Genealogy Post – III.3
Bern:
Jaike Klazes Hibma
x Johannes Sjoerds Zijlstra – GENEALOGY ZIJLSTRA V.9

VII
VII.1 Johannes Jans Hibma
* Frjentsjer 14-12-1886 † Bolswert 30-9-1969, 82 jier, [] Skettens; yn 1911, ’19 boer te Penjum, 1938 idem te Skettens, yn 1939 idem te Wiuwert;
x Wûnseradiel 25-5-1910, 23 en 24 jier, Sjoerdtje Douwes Scheepsma * Skettens 6-8-1885 † dêr 3-12-1974, 89 jier, [] Skettens; by trouwen sûnder berop te Skettens; dr f. Douwe Symons Scheepsma en Sytske Gatzes Rusticus, greidboeren te Skettens
Bern:
Jan Johannes Hibma
x Grietje Mijntjes Zijlstra – GENEALOGY ZIJLSTRA V.7.3

V.8 Klaas Jelles Zijlstra * Easterbierrum 22-9-1884 † 9-7-1934, 49 jier, [] Easterbierrum; by trouwen boer op Kleaster-Lidlum; sûnt 20-5-1920 greidboer ûnder Ljouwert (Stienzerdyk AA53, Fjouwerhústerdyk AA1); de húshâlding ferfart dêrwei op 7-5-1928 nei Skettens, Klaas en Neeltsje binne dêr wer greidboer;
x Wûnseradiel, 19-5-1920, 35 en 30 jier, Neeltje Jans Hibma (Neel) * Frjentsjer 19-1-1890 † 25-11-1960, 70 jier, [] Easterbierrum; by trouwen sûnder berop te Penjum; ferhuzet dêrwei op 8-7-1920 nei Ljouwert; Neeltsje ferfart op 12-6-1935 mei har trije bern út Skettens nei Ljouwert; dr f. Jan Johannes Hibma, yn 1884, ’88, ’90, ’92, ’94 keapman te Frjentsjer, en Amarens Wiltjes Mulder, yn 1897, ’99, 1921 boeren te Penjum, yn 1922 dêr sûnder berop, yn 1926 idem te Huzum
Bern:
1 Amarens Klazes Zijlstra (Ammy) * Ljouwert 7-3-1922;
x Ljouwert 30-7-1947, beide 25 jier, Sjoerd Ytzens Tamminga * Ljouwert 28-2-1922; boekhâlder en personielsfunksjonaris ynstallaasjebedriuw te Ljouwert, letter te Roden; sn f. Ytzen Karsjens Tamminga, koöperator, foarsitter Fryske Koöperaasje Eksportslachterij, en Jitciea Symens de Vries, greidboeren ûnder Ljouwert
Sjoch: S. Kok-Draijer, Kalma – Het voor- en nageslacht van Dirk Karstes Kalma en Akke Jetzes Wobma, Deel II, Drachten 1993 ISBN 90-9006206-8, NUGI 647
2 Jelle Klazes Zijlstra, folget VI.17
3 Grietje Klazes Zijlstra * Skettens 18-4-1932; de húshâlding wennet yn 1961, ’63 te Ljouwert;
x 11-10-1960, 28 en 39 jier, Jan Sierks Jepma * Tsjummearum 16-5-1920 † Akkrum 6-7-2012, 92 jier, [] Easterbierrum; sn f. Sierk Ysbrands Jepma, by trouwen yn 1911 arbeider te Tsjummearum, yn 1912 fjildarbeider te Mullum, en Klaaske Jans van der Kuur, by trouwen faam te Boer

Amarens Zijlstra. Erfgoed Fundaasje – Kolleksje Zijlstra, sjoch foar mear foto’s: Fotogalerij Zijlstra

V.9 Johannes Sjoerds Zijlstra * Easterbierrum 26-11-1884 † Bitgum 20-8-1919, 34 jier; ferfart 28-5-1906 út St.-Jabik nei Minnertsgea; komt op 25-5-1909 as arbeider yn Bitgum út Froubuorren; arbeider, gernier, yn 1910, ’12 komelker en greidboer te Bitgum, by ferstjerren dêr gernier (hûsnrs 292, 439);
x Barradiel 15-5-1909, 24 en jier, Jaike Klazes Hibma * Seisbierrum 20-7-1884 † St.-Anne, wenjend te Berltsum (Bitgumerdyk 400), 2-1-1957, 72 jier; komt op 15-5-1909 yn Bitgum út Seisbierrum; by trouwen sûnder berop te Seisbierrum; as widdo en by twadde houlik greidboerinne te Bitgummole (hûsnr 433); yn 1937 dêr sûnder berop; yn 1949 sûnder berop te St.-Anne; dr f. Klaas Tjipkes Hibma, yn 1880, ’81 arbeider te Seisbierrum, yn 1882 dêr keapman, yn 1884 dêr gernier, yn 1885 dêr wer keapman, yn 1889, ’93 dêr wer arbeider, yn 1907, ’08, ’15, ’21 dêr op ’e nij gernier, en Rigtje Sytses Post
Jaike x 2 Menameradiel 22-12-1921, 37 en 36 jier, Bauke Manus van der Woud * Ie 19-12-1885; by earste boask arbeider te Ænjum; komt as arbeider op 11-7-1916 út Jouswier yn Froubuorren (hûsnrs 227, 194); komt 10-5-1919 idem út Froubuorren te Bitgummole (hûsnr 346); by twadde houlik dêr greidboer (nr 433); yn 1957 boer te St.-Anne; sn fan Manus Baukes van der Woud, yn 1881 arbeider te Pæzens, yn 1885 idem te Ie, 1888 idem te Ingwierrum, yn 1889 idem te Kollum, yn 1900 idem te Ljussens, en Sibbeltje Ages de Jong, hja yn 1881 arbeidster te Pæzens, yn 1911 sûnder berop te Ænjum, yn 1921 idem te Eastmahorn, yn 1928 idem te Ænjum
Bauke x 1 Eastdongeradiel 18-5-1911, 25 en 22 jier, Berber Keimpes de Jong * Nes, Westdongeradiel, 26-7-1888 † Ljouwert, wenjend te Bitgummole, 19-8-1920, 32 jier; by trouwen faam te Ænjum; dr fan Keimpe Tjerks de Jong en Janke Pieters van der Velde, arbeiders te Nes
Bern:
1 Sjoerd Johannes Zijlstra, folget VI.18
2 Klaas Johannes Zijlstra, folget VI.19
3 Rigtje Johannes Zijlstra * Bitgummole 3-3-1914; ferhuzet op 29-5-1933 út Bitgum nei Ljouwert (Mozartstritte 103);
x H. van Leeuwen; yn 1957 te Aalsmeer
4 Willem Johannes Zijlstra, folget VI.20
5 Tjipke Johannes Zijlstra, folget VI.21

Ljouwerter Krante, 4-1-1957

V.10 Rinze Sjoerds Zijlstra * Minnertsgea 17-8-1891; arbeider, ferhuzet 11-10-1906 út St.-Jabik nei Gerkeskleaster; komt Alde Maaie 1912 yn te wenjen by syn broer Sjoerd-en-dy te Bitgum, ferfart dêrwei 14-8-1912 nei Diken; komt 27-8-1914 wer by Sjoerd-en-dy yn út Sleat wei; seis moanne foar syn trouwen boere-arbeider te Froubuorren, sûnt te Bitgum (hûsnrs 385, Alde Maaie 1925: 229H; Alde Maaie 1929: 320); de húshâlding ferfart op 29-4-1930 nei Heenvliet, Nieuwe Sluis, dêr arbeider;
x Menameradiel 11-11-1915, 24 en 20 jier, Tjitske Dirks Reitsma * Bitgum 6-6-1895 † Oegstgeest, gemeente Leiden, 25-4-1944, 48 jier; by trouwen sûnder berop te Bitgum; dr f. Dirk Klazes Reitsma, arbeider te Bitgum, en Bintje Zweitzes van der Wal, wennet as widdo sûnt Alde Maaie 1925 yn by har dochter Tsjitske-en-dy, ferfart dêrwei op 29-4-1930 nei Hellendoorn, (H71a, by J. Haarsma)
Bern:
1 Bintje Rinzes Zijlstra * Bitgum 19-9-1916 † Rijnsburg, Katwijk 13-1-1996, 79 jier;
x Jan Zwaan * Rijnsburg, Katwijk 14-2-1915 † dêr 13-7-1985, 70 jier; sn fan Pieter Zwaan en Alida Huberta Petronella van Biezen
2 Sjoerd Rinzes Zijlstra, folget VI.22
3 Dirk Rinzes Zijlstra, folget VI.23
4 Lewina Catharina Rinzes Zijlstra * Bitgum 9-8-1922 † Katwijk 22-5-1975, 52 jier;
x Nicolaas Noort * Rijnsburg, Katwijk 17-6-1920 † Leiderdorp 22-7-1994, 74 jier, [] Rijnsburg, Sandtlaan; fytsemakker te Rijnsburg; sn fan Daniel Noort, beurtskipper op Rotterdam, en Sophia Martina Schoneveld
5 Johannes Rinzes Zijlstra, folget VI.24
6 Libbenleas jonkje Zijlstra
*-† Voorhout, Teylingen 22-2-1933

GENERAASJE VI

VI.1 Jelle Pieters Zijlstra * Seisbierrum 5-1-1899; by trouwen greidboer te Achlum; yn 1985 te Bolswert;
x 19-5-1931, 32 en 24 jier, Akke Eelkes Westra * Tsjom 21-8-1906; by trouwen sûnder berop te Tsjom; dr f. Eelke Edzes Westra, yn 1900 fan boerebedriuw te Tsjom; yn 1902, ’03, ’05, ’06 dêr arbeider, yn 1908 dêr fjildarbeider; yn 1928, ’31, ’37 dêr greidboer, en Geertje Pieters Leijenaar
Bern:
1 Pieter Jelles Zijlstra * 4-6-1932
2 Geertje Jelles Zijlstra * 15-5-1933
2 Eelke Jelles Zijlstra * 22-2-1940

VI.2 Sybren Pieters Zijlstra * Seisbierrum 5-4-1903; Nederlâns Herfoarmd; by trouwen boer te Sweins (nr 24), sûnt 29-5-1929 te Easterein (nr 265);
x Frjentsjerteradiel 15-5-1929, 26 en 22 jier, Rinske Wopkes Sinnema * Aldeboarn 2-10-1906; ferfart 8-5-1917 nei Arum; by trouwen dêr sûnder berop; dr f. Wopke Geerts Sinnema en Fimke Abes Vleeshouwer, yn 1906 greidboeren te Aldeboarn (hûsnrs 183, 197), sûnt 1917 boeren te Arum
Bern:
1 Pieter Sybrens Zijlstra * 3-4-1945

VI.3 Bote Pieters Zijlstra * Seisbierrum 26-1-1905 † 22-8-1988 [] Sweins; Nederlâns Herfoarmd; boer te Menaam;
x 15-5-1941 Rigtje Douwes Gerbens * Deinum 30-1-1916; dr f. Douwe Andries Gerbens en Minke Andries de Boer, greidboeren te Deinum (nrs 99A, 109)
Bern:
1 Pieter Botes Zijlstra * 9-6-1947
2 Douwe Botes Zijlstra * 25-6-1949
3 Ane Botes Zijlstra * 12-10-1953
4 Andries Botes Zijlstra * 20-4-1957 † 9-12-1976 [] Sweins

VI.4 Rommert Pieters Zijlstra * Seisbierrum 18-2-1912 † Frjentsjer 11-12-1996 [] Sweins; boer te Sweins;
x 1 Frjentsjerteradiel 23-5-1935 Teuntje Ydes Andringa * Sweins 19-6-1910 † dêr 26-11-1962 [] Sweins; dr f. Yde Jans Andringa en Pietje Sybrens Herrema, boeren te Wjelsryp en Sweins;
x 2 syn nicht Anna Anes Zijlstra, sjoch V.5.2
Sjoch: Herman Andringa, Tsjikke Andringa, Ype Brouwers, Piter Andringa – Andringa, Geschiedenis van de verschillende families Andringa van 1450 tot heden-3, Andringa Stichting, 2016, ISBN 978 90 803 389-0-6, NUR 680
Bern út it earste houlik:
1 Pietje Rommerts Zijlstra * 5-7-1936
2 Pieter Rommerts Zijlstra * 16–12-1937
3 Martha Rommerts Zijlstra * 25-5-1940
4 Annie Rommerts Zijlstra * 4-12-1943

VI.5 Jelle Ernst Zijlstra * Ginnum 2-6-1904;
x 28-11-1946 Sjieuwke Barkmeijer * Leek 29-10-1909 † 28-2-1998, 88 jier; dr f. Jan Douwes Barkmeijer, yn 1904, ’09 houthanneler te Leek, sûnt 25-8-1919 idem te Kollum, en Trientje Riemersma, yn 1927 beide sûnder berop te Kollum
Bern:
1 Trientje Jelles Zijlstra * Hurderwyk 13-5-1948
2 Antje Jelles Zijlstra * Hurderwyk 7-9-1949

Jelle Ernst Zijlstra. Fotograaf: Atelier W. Heeringa, Dokkum. Erfgoed Fundaasje – Kolleksje Zijlstra

VI.6 Jan Ernst Zijlstra * Ginnum 3-7-1909 † 6-8-1982, 73 jier, [] Drachten; by trouwen greidboer te Ferwert;
x 24-11-1932, beide 23 jier, Riemke Rosier * Wetsens 8-8-1909 † Drachten, Bertilla 13-3-2005, 95 jier, [] Drachten; by trouwen sûnder berop te Ferwert; dr f. Jan Sieberens Rosier en Martje Johannes Boelens, yn 1909 boeren te Wetsens; yn 1932, ’35 greidboeren te Ferwert, yn 1941 dêr neamd boer;
Bern:
1 Marta Jans Zijlstra * 30-3-1933;
x W. Elgersma/Burdaard/
2 Antje Jans Zijlstra * 18-5-1934;
x K. Meekma/Noardburgum/
3 Jan Jans Zijlstra * 19-2-1936/Holwert/
4 Ernst Jans Zijlstra * 25-7-1938;
x A. Ruiter/Enschede/
5 Liskje Jans Zijlstra * 30-1-1943
x J. Wisse/Lelystêd/
6 Theodora Jans Zijlstra * 17-5-1947;
x Th. Langhout/It Hearrefean/

Jan Zijlstra, rjochts, mei syn jong ferstoarne broer Boate. Fotograaf F.O. Strüppert, Ljouwert. Erfgoed Fundaasje – Kolleksje Zijlstra

VI.7 Jelle Sjoerds Zijlstra (sûnt 12-9-1935: Jerald Zylstra) * Arum 20-3-1908; ferfart 4-2-1929 nei Hall, Iowa, U.S.A. en wurdt 12-9-1935 neutraliseard ta Amearikaans steatsboarger; hy komt yn te wenjen by syn âldmuoike-en-dy, in suster fan syn beppe fan memmeskant Wypkje Tsjerks Dykstra, komt dêr yn ’t boerebedriuw en nimt dy bouboerspleats njonkenlytsen oer; mei syn trouwen nimt er de boubuorkerij fan syn skoanheit-en-dy derby oer; hy bout mais en nôten, hy hâldt gjin fee; foarsitter Lânboukoöperaasje Iowa;
x 3-1-1935 Dora te Slaa * Hull, Iowa, U.S.A. 28-7-1908
Bern:
1 Cornelia Ann Zijlstra * Hull, Iowa 31-12-1938; wennet yn 1962 te Minneapolis, Minnesota, yn 1966 te Denver, Colorado, yn 1967 te Bronx, New York; yn 1969 te Darien, Connecticut; 4 bern
x 29-12-1961 Rardon Dixon Bevil III * Winnfield, Louisiana 23-2-1938
2 Henry John Zijlstra, folget VII
3 Stanley James Zijlstra, folget VII

Jelle, Wyp en Jaap Sjoerds Zijlstra. Erfgoed Fundaasje – Kolleksje Zijlstra
Certification of citizenship. Jelle wurdt Jerald, ‘in the year of our Lord, nineteen hundred and thirty five and of our Independence the one hundred and sixtieth.’

VI.8 Jacob Sjoerds Zijlstra (Jaap) * Arum 12-8-1910; ûnderwizer; ferfart 26-10-1932 út St.-Anne nei Stiensgea; wennet yn 1941, ’47 te Doezum; learaar Middelbere Lânbouskoalle te Hoogeveen;
Jaap is totaal net geskikt foar lânwurk. Hy sil nei de ULO, wat oars allinne weilein is foar bern fan ’e dûmny en dokter. Dêr bedarret er yn ’e Top 3 wat sifers oangiet, hy wurdt ‘de professor’ neamd. [FH]
x 28-5-1936 Pietje Willems Koopmans * Froubuorren 22-11-1910; dr f. Willem Sytzes Koopmans, yn 1897 bakker te Berltsum, en Trijntje Hendriks de With, yn 1902 bakkers te Feinsum, sûnt 13-6-1904 idem te Froubuorren (hûsnrs 114, 4, C6)
Bern:
1 Trijntje Cornelia Zijlstra
* Doezum, gemeente Gruttegast, Grinslân 8-4-1941; ûnderwizeres; de húshâlding wennet yn 1977, ’81 te Schiedam; 2 bern;
x Grins 16-12-1975 Jacobus Okkes Okkema * Boksum 29-10-1939; ûnderwiisfoech: wiskunde MO-B en 1e graads ynformatika; learaar HEAO, systeemanalyze, systeemûntwerp en management ynformaasjesystemen en ynformaasje-analyze; sn f. Okke Jacobus Okkema en Dieuwke Jans Greidanus, greidboeren te Boksum
Sjoch: S. Kok-Draijer, Kalma – Het voor- en nageslacht van Dirk Karstes Kalma en Akke Jetzes Wobma, Deel II, side 941, Drachten 1993 ISBN 90-9006206-8, NUGI 647
2 Sjoerd Willem Zijlstra,
folget VII

VI.9 Jelle Anes Zijlstra * Easterbierrum, Keatsebuorren, 27-8-1918 † Wassenaar 23-12-2001, 83 jier, [] Wassenaar; ekonoom en politikus; 1952-1967 lid Twadde Keamer foar de A.R.P., de Anti Revolutionaire Partij, fraksjefoarsitter; 1952-’63 minister fan Ekonomyske Saken; 1963-’66 lid Earste Keamer; 1966-’67 minister presidint; 1967-1981 presidint Nederlandsche Bank; Minister fan Steat; leit de earste stien oan it hûs Haerdawei te Easterbierrum;
x Jutphaas 11-3-1946, 27 en 25 jier, Heintje Hetty Bloksma (Hetty) * Seisbierrum 30-1-1921 † Wassenaar 19-11-2013 [] Wassenaar, 92 jier; dr f. Watze Jans Bloksma, by trouwen yn 1902 masjinist te Snits, yn 1902, ’05, ’07, ’09 idem te Aldegea (Smellingerlân), yn 1910 idem te Easterwâlde, sûnt 12-7-1911 te Garyp (hûsnrs W111, 188, 304), sûnt 11-9-1915 masjinist suvelfabryk Seisbierrum, en Rinske Bouwes Veenstra
Bern:
1 Irene Zijlstra * 8-3-1947
2 Anna Elizabeth Zijlstra * 14-11-1949
3 Ane Jelle Zijlstra * 15-12-1950
4 Nynke Titia Zijlstra * 30-8-1957
5 Sjoerd Evert Zijlstra * 12-6-1961

portretfoto jelle zijlstra
Jelle Zijlstra, Prime Minister. Erfgoed Fundaasje – Kolleksje Zijlstra

§ JELLE ZIJLSTRA – DE MEAST FERNEAMDE
De ferneamdste út dit Sylstra-laach is Jelle Zijlstra, de minister presidint en presidint fan De Nederlandsche Bank – en folle net genôch.

Oer him komt yn 2018 in meinimmende dissertaasje út fan Jonne Harmsma: Jelle zal wel zien, Jelle Zijlstra, een eigenzinnig leven tussen politiek en economie, dêr’t net allinne gâns wederwarichheden oer syn politike aspiraasjes yn stean, mar ek oangeande syn persoanlik wjerfarren, al is it ien mei it oare ferweve. Dizze genealogy en de Kertiersteat Jelle Zijlstra helje dêropta noch wat fan syn woartels troch eardere tiden hinne foar ’t ljocht. Jelle hat as opslûpen jonge foar ’t ferstân krigen dat je net altiten út ’e romte tarre kinne en dat sil syn attitude tsjinoer de Nederlânske skatkiste mei bepaald ha.
Sjoch:
Biografisch woordenboek van Nederland – Jelle Zijlstra
Jelle Zijlstra – Wikipedia
Kabinet Zijlstra
Parlement
-Wim Kan – Waar we heen gaan, Jelle sal wel sien

VI.10 Rinse Anes Zijlstra * Easterbierrum, Keatsebuorren, 19-4-1927 † Beetstersweach 26-9-2017, 90 jier; lânbou-foaroanman en politikus; 1963-1975 foarsitter CBTB, Christelijke Boeren en Tuinders Bond; foarsitter FNZ, Koninklijke Nederlandse Zuivelbond; 1989-1992 foarsitter KNSB, Koninklijke Nederlandsche Schaatsenrijders Bond; 1963-1966 lid Centraal Comité fan ’e Anti Revolutionaire Partij; 1967-1971 lid Twadde Keamer foar de A.R.P, 1973-1977 fise-foarsitter; 1983-1995 lid Earste Keamer; 1975-1981 boargemaster fan Smellingerlân;
x 6-9-1955 Siebrigje van Dalen (Siep) * Achlum 10-7-1932
Bern:
1 Ane Rinse Zijlstra * 20-7-1956
2 Gerrit Alex Zijlstra * 5-10-1957
3 Jelle Zijlstra * 13-10-1958
4 Hendrik Jan Bernard Zijlstra * 9-9-1960

Jelle en Rinse Anes Zijlstra, in lyts begjin, in grut fermoeden. Erfgoed Fundaasje – Kolleksje Zijlstra

§ RINSE ZIJLSTRA – FOAROANMAN LÂNBOU
Rinse Zijlstra hat benammen namme makke as lânbou-foaroanman. Mei him as foarsitter fan ’e Kristlike Boeren en Túnkers en it Suvelbûn hat de mienskip gâns profyt fan syn ûnferfalske boeretûkens, sa’t syn achterban ha wol. Mar it tij kin keare as dyselden mei driging fan stakingen har tsjin ‘har’ bestjoerder keare.

Neist syn ‘boerefoarsitterskippen’ en politike besonjes hat Rinse Zijlstra gâns bestjoersfunksjes en kommisariaten yn it sakelibben, fersekerings- en bankwêzen. Inkeld boargemaster wêze is him fierstente beheind, seit syn âldste soan Ane Rinse.

Rinse is in bern fan ’e oarloch en dêrnei moat alles opboud wurde, it is oanpakken. Dat hysels nochal wat hea op ’e foarke nimt, ferklearret er dêrútwei.

Hat syn broer Jelle in biografy, Rinse sines soe ek ynhouten hawwe kinne tema: gewisse en macht.
Sjoch:
-Ljouwerter KranteIn Memoriam Rinse Zijlstra
Rinse Zijlstra-Wikipedia
Parlement
Betinking Earste Keamer Rinse Zijlstra

VI.11 Klaas Anes Zijlstra * Easterbierrum, Keatsebuorren, 10-7-1935;
x 17-3-1955 Tietje de Vries * Easterbierrum 27-4-1937
Bern:
1 Trijntje Dieuwke Zijlstra * 13-8-1955
2 Johanna Tietje Zijlstra * 20-4-1958
3 Anna Margriet Zijlstra * 15-1-1963

Klaas Anes Zijlstra. Erfgoed Fundaasje – Kolleksje Zijlstra

VI.12 Jelle Willems Zijlstra * Kleaster-Lidlum 12-6-1915;
x 26-11-1941, 26 en 23 jier, syn nicht, Pietje Mijntjes Zijlstra (V.7.4) * Wytmarsum 7-5-1918;
Bern:
1 Theodora Jelles Zijlstra * 12-9-1942;
x Tæke Meintes Brandsma * Berltsum 24-11-1940; sn f. Meinte Abes Brandsma, ûnderwizer te Froubuorren, sûnt 13-3-1923 idem te Berltsum (hûsnrs 256, 139a), yn 1924 ûnderwizer te Wûns, letter skoallehaad Grifformearde legere skoalle te Berltsum, learaar kristlike MULO, Slotskoalle te St.-Anne, en Akke Jans van der Ploeg
2 Willem Jelles Zijlstra * 10-12-1944 † 12-3-1945, 4 moanne, [] Easterbierrum
3 Geertje Jelles Zijlstra * 5-2-1946/De Tynje/
4 Grietje Jelles Zijlstra * 23-6-1947 † 16-12-2003, 55 jier
5 Trijntje Jelles Zijlstra * 25-8-1951
6 Willem Jelles Zijlstra * 10-2-1955

Hearke en Jelle Willems Zijlstra. Fotograaf: Spandaw, Winsemiusstrjitte 11, Ljouwert. Erfgoed Fundaasje – Kolleksje Zijlstra

VI.13 Heerke Willems Zijlstra * Kleaster-Lidlum 29-9-1917; mei-firmant Fa. W. Zijlstra en Zonen te Kleaster-Lidlum oant 22-3-1962, wennet dan yn ’e Bjuzze ûnder Kleaster-Lidlum, foaroer de âlderspleats, Hearke wennet yn 1962 te Achlum; emigreart nei Kanada, mar hy kin it dêr net fine en komt werom; wennet dan wer yn ’e Bjuzze, is dan by syn broer Jelle arbeider; hy bedarret letter yn Achlum bedarre, is dêr mooglik gernier
x 26-7-1950 Sjirkje Siebes Reitsma * Piaam 4-7-1926; dr f. Siebe Jacobs Reitsma, yn 1925 fan boerebedriuw te Wytmarsum, en Trijntje Hauks Miedema, greidboeren te Piaam
Bern:
1 Willem Heerkes Zijlstra * 15-8-1953
2 Siebe Heerkes Zijlstra * 7-7-1954
3 Jelle Heerkes Zijlstra * 25-2-1957
4 Jacob Heerkes Zijlstra * 21-12-1958
5 Jan Heerkes Zijlstra * 19-7-1963

Hearke en Jelle Willems Zijlstra. Erfgoed Fundaasje – Kolleksje Zijlstra

VI.14 Jelle Mijntjes Zijlstra * Kleaster Lidlum, Easterbierrum 28-4-1911 † Baard 15-5-1951, 40 jier, [] Easterbierrum; by trouwen fan boerebedriuw te Winsum, by ferstjerren greidboer te Baard;
x Wymbritseradiel 22-8-1940, 29 en 23 jier, Klaasje Eizes Hofstee * Jistergea (Nederlâns: Eesterga, Lemsterlân) 14-10-1916; by trouwen sûnder berop yn ’e Hommerts; dr f. Eize Pieters Hofstee, yn 1914 boer yn ’e Hommerts, by ferstjerren yn 1957 sûnder berop te Heech, en Klaasje Wybrens Jaarsma, yn 1916, ’18 greidboeren te Jistergea, yn 1940, ’41 yn ’e Hommerts
Bern:
1 Klaaske Jelles Zijlstra * 16-5-1941
2 Theodora Jelles Zijlstra * 14-10-1942
3 Neeltje Jelles Zijlstra * 21-1-1945
4 Mijntje Jelles Zijlstra * 7-7-1946
5 Pietje Jelles Zijlstra * 14-9-1949

VI.15 Jan Mijntjes Zijlstra * Kleaster-Lidlum, Easterbierrum 3-11-1912; by trouwen greidboer te Winsum;
x Frjentsjer 5-5-1937, 24 en 21 jier, Akke Bernardus Winsemius * Minnertsgea 22-2-1916; by trouwen sûnder berop te Frjentsjer; dr f. Bernardus Pieters Winsemius, en Antje Jacobs Bouma, hy is by trouwen yn 1899 sutelder te Minnertsgea, sy dêr dan winkelfrou, dêrnei binne se dêr winkellju; yn 1922 is Bernardus dêr keapman; Bernardus is in broer fan Albert Winsemius, de oerpake fan âld-minister en genealooch Pieter Winsemius
Sjoch: Minnertsgavroeger
Bern:
1 Antje Jans Ziilstra * 25-1-1938
2 Mijntje Jans Zijlstra * 27-7-1939
3 Bernardus Jans Zijlstra * 2-3-1941
4 Theodora Jans Zijlstra * 22-2-1943
5 Anna Maaike Jans Zijlstra * 17-4-1950

VI.16 Pieter Mijntjes Zijlstra * Wytmarsum 16-11-1919;
x 15-11-1945 Tjitske Joukes Werkstra (Tsjikke) * Hallum 27-11-1919; dr f. Jouke Aants Werkstra en Jitske Tjeerds Andringa, bakkers te Hallum
Sjoch: Herman Andringa, Tsjikke Andringa, Ype Brouwers, Piter Andringa – Andringa, Geschiedenis van de verschillende families Andringa van 1450 tot heden-3, Andringa Stichting, 2016, ISBN 978 90 803 389-0-6, NUR 680
Bern:
1 Mijntje Pieters Zijlstra
* 12-4-1947
2 Jitske Pieters Zijlstra * 25-5-1948
3 Theodora Pieters Zijlstra * 11-3-1950
4 Grietje Pieters Zijlstra * 23-2-1953
5 Jouke Aant Pieters Zijlstra * 6-2-1955

VI.17 Jelle Klazes Zijlstra * Ljouwert 27-4-1924; de húshâlding emigreart nei Upland, Kalifornië;
x 29-6-1958 Maaike Tjepkes Smits * Berltsum 28-7-1929; dr f. Tjepke Hyltjes Smits, gernier te Berltsum (nrs 13, 355), en Jitske Pieters Binnema
Bern:
1 Josephine Gertrude Zijlstra * Upland, Kalifornië, U.S.A. 8-12-1960
x 2-9-1983 Timothij Van de Weert 
2 Nancij Renee Zijlstra * Upland, Kalifornië, U.S.A. 3-4-1962
3 Kenneth Gerald Zijlstra * Bellingham, Washington, U.S.A 27-1-1964

Jelle en Amarens Zijlstra. Fotograaf: De Jong, Ljouwert. Erfgoed Fundaasje – Kolleksje Zijlstra

VI.18 Sjoerd Johannes Zijlstra * Bitgummole 8-12-1910 † Delfsyl 24-11-1970, 59 jier; ferfart op 13-7-1926 út Bitgum nei Tsjom, is dêr ynwenjend arbeider by Klaas Wijngaarden; komt op 14-7-1927 út Tsjom te Bitgum, ferhuzet dêrwei op 10-2-1932 nei Ouderkerk a/d Amstel (Binnenweg 15); komt op 4-9-1933 yn Bitgum út Aalsmeer; yn 1957 te Eindhoven;
x H. Duermeyer

VI.19 Klaas Johannes Zijlstra * Bitgummole 2-4-1912 † 20-10-1949, 37 jier, [] Berltsum; by trouwen arbeider te Bitgum; by ferstjerren gernier te Berltsum;
x Menameradiel 27-5-1937, 25 en 24 jier, Klaasje Klazes Osinga* Berltsum 29-8-1912 (neamd nei har heit, dy’t foar har geboarte ferstjert op 8-7-1912) † 19-1-1995, 82 jier, [] Berltsum; by earste houlik faam te St.-Anne, de lêste seis moanne dêrfoar te Berltsum; dr fan Klaas Heerkes Osinga, gernier te Berltsum, en Lieuwkje Rieniks Post, yn 1909 húshâldster te Boer, dêrnei gernierske te Berltsum;
Klaasje x 2 Dirk Postma

VI.20 Willem Johannes Zijlstra * Bitgummole 19-7-1916 † 1992; arbeider, ferhuzet op 16-7-1930 út Bitgum nei Tsjom (nr 119, Tritsum, ynwenjend by Jacob Hiemstra); komt út Tsjom yn Bitgum op 17-11-1930; ferfart dêrwei op 29-5-1933 nei Achlum (nr 224, dêr ynwenjend by J. Oosterbaan); yn 1954 te Feinsum;
x R. de Jong

VI.21 Tjipke Johannes Zijlstra (Tjip) * Bitgummole 12-3-1918 † Tsjom 11-5-1989 [] Kubaard; wennet yn 1957 te Rutten, Noard Oast Polder, by ferstjerren te Tsjom
x H. Ynema

Ljouwerter Krante, 13-5-1989

VI.22 Sjoerd Rinzes Zijlstra * Bitgum 5-3-1918

VI.23 Dirk Rinzes Zijlstra * Bitgum 2-11-1919

VI.24 Johannes Rinzes Zijlstra * Bitgum 27-12-1925

GENERAASJE VII

VII 2 Henry John Zijlstra * Hull, Iowa 18-2-1940; de húshâlding wennet yn 1970, ’72 yn Cedar Rapids, Iowa;
x 18-12-1965 Kathryn Eloise Thompson * Monticello, Iowa 13-5-1939
Bern:
1 Eric John Zijlstra * Cedar Rapids, Iowa 18-4-1970
2 David Jay Zijlstra * Cedar Rapids, Iowa 12-6-1972

VII Stanley James Zijlstra (Stan) * Hull, Iowa 18-12-1943; de húshâlding wennet yn 1970, ’75 te Hull, Iowa; bouboer op syn âlderspleats
x 3-1-1964 Ruth Eileen van Batavia * Hull, Iowa 2-4-1945
Bern:
1 Rachel Ann Zijlstra * Hull, Iowa 21-11-1979
2 Carl Dean Zijlstra * Hull, Iowa 20-8-1975

VII Sjoerd Willem Zijlstra * Doezum 30-3-1947;
x 5-12-1969 Annie Gretha Stuiver * Hoogeveen 9-1-1947
Bern:
Annet Petronella Zijlstra * Hoogeveen 12-5-1970
2 Susanne Jacqueline Zijlstra * Hoogeveen 15-6-1974

Wurdt fuortset