KERTIERSTEAT |
GENEALOGICAL PEDIGREE
JELLE ZIJLSTRA
1918-2001
minister presidint 1966-’67
prime minister
president Nederlandsche Bank 1967-1981
* = berne/born
~ = doopt/baptized
x = troud/married
† = ferstoarn/deceased
[] = begroeven/buried
§ = anekdoate, ynljochting/anecdote, information; yn grien/in green
A translation of this pedigree is on its way.
Sjoch: Wat is in Kertiersteat?
Dizze kertiersteat is opset yn it ramt fan it argivearen en feilichstellen foar de takomst fan it Zijlstra-argyf en it ûndersyk nei bedriuw en famylje troch Erfgoed Fundaasje. Wy ha keazen foar Jelle Zijlstra as útgongspunt, omdat dy as minister-presidint en baas oer Nederlân syn ponge, no ienkear de meast oansprekkende persoan is foar in grut publyk. Sa wurdt troch syn neitins ek it omtinken oan de famylje yn rommere sin befoardere.
Yn dit oersicht hawwe de foarâlden har woartels meast yn Barradiel en It Bilt – de faiten worre dêr weergeven in ’t Bildts.
It ekonomysk op-en-delgean docht troch de generaasjes hinne bliken: de presidint fan ’e Nederlandsche Bank syn heit is ierdappelkeapman en gernier en boeresoan. De oerpakes en -beppes fan heites kant binne koaltsjer (nr 10), gernier (nr 22), hierboer (nr 16) of eigenerfde (nr 20), haadling, ealman (12.596); dy fan memmeskant binne minniste learaar (nr 872, Alle Derks, dy’t soarget foar in nije útjefte fan ’e Biestkensbibel); plysjeman (nr 30); of middenstanner: skuonmakker (nr 6), bakker (nr 114) winkelfrou (63); of arbeidster (nr 27) en arbeider (nr 14).
Wat in kontrast mei Jelle Zijlstra – sjoch trouwens de anekdoate fan syn broer Rinse, hjir fierderop by nr 1.
Dêr binne net sa’n bytsje manlju, froulju en bern ûnder it arbeidzjend folk dy’t alle dagen fan moarns fjouwer oant jûns healwei sânen op ’e knibbels bodzje foar har regearend boer foar in goarrich lean en sadwaande sûnder tiid om it skriuwen oan te learen, dy bliuwe ongeletterd (nrs 20, 49, 57, 58, 115). En gean om iten byneed út te stellen, lykas Maaike Alles Sybrandi en har man Jetze Sjoerds Visser (nrs 26 en 27).
Dat is noch mar even lyn, in mannich generaasjes.
De oerfloed hat de krapte noarich – en oarsom. Dat sil de ekonoom yn Jelle Zijlstra grif ek foar syn swiid boereferstân hân hawwe, dat brein is sýn kapitaal. Want de man is geboaren yn beskate sunigens, yn in arbeidershúske oan ’e Keatsebuorren yn it doarp; pake Jelle dêrfoaroer is berne yn ’e folop, op syn mânske bouboerspleats te Kleaster Lidlum op ’e romte.
Mar troch de ôfrûne iuwen hinne komme dy wolstelde hierboerinne, dat begoedige gernierske, dy nearingdwaande mei syn sinterse negoasje en de stellende arbeider allegearre as fansels út by eigenerfden, haadlingen, eallju. Sjoch foar de Sylstra’s as foarbyld de foarâlden Aytta (Kertiersteat Antje Fokkes van der Meer – 12.596 en 12.597), hjir ûnderoan yn dizze kertiersteat allyksa opnommen.
Der wurdt dan sein dat in famylje âlde papieren hat of fan ‘âlde famylje’ is, toe mar. In skaainamme kin yn iere tiden al brûkt wêze, mar wy skaaie allegearre út deselde stammen. En dat is noch mar justjes tebek yn ’e tiid. Dat kin ek net oars, want ús foarâlden yn ’e Midsiuwen bygelyks, binne mear yn tal as hjir yn dy tiid minsken libben (sjoch allinne al it nûmer fan foarfaar Aytta: 12.596).
Alde papieren? Moai meinommen as histoaryske famyljedokuminten oerlevere binne, mar elkeníen komt út by bepoeiere oalygargen, ferware hurdkoppen, bolbjirken hotsebotsende hearskippen yn dizenige fierte, en allyksa by de ferljochte fermaner, de swankebast en it rosmos mei rju goed fatsoen yn ’e bealch. Kertiersteaten sûnder moaimakkerij litte soks sjen.
As yn dit oersicht trochklikt wurde kin nei oare kertiersteaten en genealogiën, wurde de foarâlden hjir oer it generaal net útwurke: dat soe onnoadich dûbelop wêze.
Erfgoed Fundaasje hat gjin ferantwurdlikheid oangeande boarnen, stambeammen, artikels ensfh. dy’t net ûnder har auspisiën falle. Dat betsjut trouwens net dat yn it wurk, útfierd ûnder it behear fan Erfgoed Fundaasje, gjin flaters sitte.
It wemelet noch fan ’e fraachtekens, in kertiersteat eigen en tagelyk de sjarme fan sa’n ûndersyksspeurtocht. Likegoed, wy stelle priis op ûnderboude antwurden, oanfullings en korreksjes, sjoch it formulier.
Sjoch oer Jelle Zijlstra, ûnder oaren:
-Jonne Harmsma – Jelle zal wel zien, Jelle Zijlstra, een eigenzinnig leven tussen politiek en economie; Prometheus, 2018; ISBN 9789044635355
–Biografisch woordenboek van Nederland – Jelle Zijlstra
–Jelle Zijlstra – Wikipedia
–Kabinet Zijlstra
–Parlement
Fierders:
-Foppe de Haan –Familieregister Zijlstra; St.-Anne, eigen behear, 1984
-Piter van der Woude – Undersyk oangeande de earste generaasjes yn ’e stamrige, dy hâldfêsten binne hjirûnder ferwurke
-Piter van der Woude – Sin en wille kinne folle tille, Anne Zijlstra – een markante vrouw –; útjouwer: Melle en Ane Norder, Bolswert; Van der Eems, Easterein, 2014; ISBN 978-90-817278-8-4, NUR 681; sitaten en yllustraasjes út dit boek en ynljochtingen fan Piter van der Woude wurde oanjûn troch [PW]
-Erfgoed Fundaasje – Genealogy Zijlstra – Fotogalerij Zijlstra
DE KERTIEREN
1 Jelle Anes Zijlstra * Easterbierrum, Keatsebuorren 38, 27-8-1918 † Wassenaar 23-12-2001, 83 jier, [] Wassenaar; ekonoom en politikus; 1952-’67 lid Twadde Keamer foar de A.R.P., de Anti Revolutionaire Partij, fraksjefoarsitter; 1952-’63 minister fan Ekonomyske Saken; 1963-’66 lid Earste Keamer; 1966-’67 minister presidint; 1967-1981 presidint De Nederlandsche Bank; Minister fan Steat; leit de earste stien oan it hûs Haerdawei te Easterbierrum;
x Jutphaas 11-3-1946, 27 en 25 jier,
Heintje Hetty Bloksma (Hetty) * Seisbierrum 30-1-1921 † Wassenaar 19-11-2013 [] Wassenaar, 92 jier; dr f. Watze Jans Bloksma, by trouwen yn 1902 masjinist te Snits, yn 1902, ’05, ’07, ’09 idem te Aldegea (Smellingerlân), yn 1910 idem te Easterwâlde, sûnt 12-7-1911 te Garyp (hûsnrs W111, 188, 304), sûnt 11-9-1915 masjinist suvelfabryk Seisbierrum, en Rinske Bouwes Veenstra
§ Rinse Zijlstra oer syn broer Jelle:
Us heit hie sels ek lân, sa’n tsien hektare […]. Hy wie kommisjonêr, ik tink net dat er sels net krekt wist wat dat wie, mar hy bleau boer yn alle opsichten.
Dus Jelle en ik ha as jonges faak op heit syn lân oan ’t wurk west. Jelle hie helendal niks mei dat lânwurk. Dus wy gongen dan tegearre nei ’t lân en dan die ik it wurk en Jelle seach der opmerksum op ta.
Oan Jelle hie heit net in soad; nee, it boerewurk wie oan Jelle net bestege. [PW, side 21]
2 Ane Jelles Zijlstra * Easterbierrum 14-11-1879 † Frjentsjer 27-3-1965, 85 jier [] Easterbierrum; Grifformeard; nôtkeapman, ierdappelkeapman en kommisjonêr yn ierdappels te Easterbierrum, oant 1925 oan ’e Keatsebuorren, sûnt oan ’e Haerdawei 38; as gernier brûker fan fjouwer ha. lân by Kleaster Lidlum en trije oan ’e seedyk ûnder Easterbierrum;
x Barradiel 31-5-1917, 37 en 20 jier,
3 Pietje Rinses Postuma * Easterbierrum 6-3-1897 † 7-4-1970 [] Easterbierrum; otterdoks Nederlâns Herfoarmd; by trouwen sûnder berop te Easterbierrum
Ane Jelles Zijlstra en Pytsje Postuma, 18-7-1929. Se ferskille santjin jier yn leeftyd.
Fotograaf: Hommema, Frjentsjer, Harns. Fotokolleksje: Erfgoed Fundaasje – Kolleksje Zijlstra.
4 Jelle Pieters Zijlstra * Seisbierrum 21-12-1845 † Kleaster Lidlum 18-1-1900, 54 jier, [] Easterbierrum; Grifformeard; tsjerkeriedslid Grifformearde tsjerke Easterbierrum; by trouwen sûnder berop te Seisbierrum; yn 1874, ’76 boer te Minnertsgea; yn 1881, ’82, ’84 boer oan ’e Hoarnetreek op in Tsjerkepleats, (de saneamde Visserspleats, neamd nei de trije ‘Vissersjonges’: Jetse, Lieuwe en har suster Kobe (Jacoba), dy’t dêr letter trijerisom op buorkje [PW]); yn 1893 en by ferstjerren boer op Kleaster Lidlum;
x Barradiel 19-5-1871, beide 25 jier,
5 Grietje Sjoerds Janzen (ek: Jansen, tekenet sels de trou-akte mei Jansen) * Easterbierrum 26-2-1846 † Kleaster Lidlum 29-2-1908, 62 jier, [] Easterbierrum; by trouwen sûnder berop te Easterbierrum, as widdo idem op Kleaster Lidlum
6 Rinse Rinses Postuma * Seisbierrum 19-3-1867 † Easterbierrum 13-4-1962, 94 jier; yn 1890, ’97, ’98, ’99, 1902, ’04 skuonmakker te Easterbierrum, yn 1907, ’17, ’19 dêr postrinner (‘brievengaarder’), yn 1923, ’28 dêr kantoarhâlder;
x Barradiel 17-5-1890, 23 en 22 jier,
7 Antje Pieters Statema * Seisbierrum 25-1-1868 † Easterbierrum 22-5-1946, 78 jier; by trouwen sûnder berop te Seisbierrum
Sjoch: Oud Tzummarum – Genealogy Statema –
8 Pieter Jelles Zijlstra * Easterbierrum 9-3-1811 ~ dêr 24-1811 † dêr 2-4-1886, 75 jier; by trouwen sûnder berop te Easterbierrum en skutter by it 2e Bataljon, 1e Ofdieling Fryske Skutterij; yn 1838, ’39, ’42, ’56, ’71 boer te Seisbierrum, yn 1840, ’42, ’43, ’46, ’48 dêr neamd setmeier;
x Barradiel 14-4-1838, 27 en 23 jier,
9 Trijntje Anes Jukema * Seisbierrum 14-5-1814 † Easterbierrum 25-2-1898, 83 jier; by trouwen sûnder berop te Seisbierrum; boerinne te Easterbierrum; by ferstjerren dêr sûnder berop; eignerske fan lân yn Lyts Juckema ûnder Seisbierrum
10 Sjoerd Willems Janzen * Doanjum 20-11-1815 † Easterbierrum 21-5-1885, 69 jier; tsjerkfâd te Easterbierrum; by trouwen koaltsjer te Doanjum; hy en Tetsje komme op 15-11-1840 mei attestaasje út Doanjum yn Easterbierrum; dêr boer op ’e saneamde ‘Janzens-pleats’ oan ’e Konkelswei ûnder Easterbierrum, wennet yn 1877 – even? – te Pitersbierrum, by ferstjerren sûnder berop te Easterbierrum;
x Frjentsjerteradiel 10-12-1837, 23 en 26 jier,
11 Tettje Ernsts Fokkema * Doanjum omstrings 1811 † Easterbierrum 22-5-1882, 71 jier; boerinne te Doanjum en Easterbierrum
§ FAMYLJE EN FAMYLJE-FAN-FAMYLJE
Mei ‘op last van’ Sjoerd Willems Janzen as tsjerkfâd wurdt te Easterbierrum yn 1879 in Bewaarskoalle stifte. Dizze doarpsnotabelen binne famylje en famylje-fan-famylje faninoar: Sjoerd Roelofs Lettinga, is in muoikesizzer fan Aaf Lettinga x Johannes Jelles Zijlstra (Genealogy Zijlstra nr III.2), Ane Jelles Jukema is in soan fan Tietje Jelles Zijlstra, Genealogy Zijlstra nr II.1.4; sjoch: Oud Tzummarum:
§ JANZEN’S HA IN SIN BY DE Z
Grietje Janzen (nr 5) tekenet har achternamme mei in s ynstee fan in z, dat dogge oaren yn ’e famylje sa no en dan ek wolris. Har heit Sjoerd en pake Willem (nr 20) lykwols, tekenje konsekwint Janzen mei in z, mar de amtner konsekwint mei in s.
Sjoerd syn soan Mijntje makket dêr in punt fan en lit de z by syn soan Ernst fia de Arrondissemintsrjochtbank fêstlizze, op 18-7-1885. Mar de amtnerij is hurdlears, der moat 26 jier letter op ’e nij in twadde akte oan te pas komme, 20-7-1911:
12 Rinse Rinses Postuma * Tsjummearum 11-1-1842 † Seisbierrum 26-8-1931, 89 jier; Rinse Rinses hâldt him by syn leest: hy is syn hele leven skuonmakker te Seisbierrum, by ferstjerren dêr sûnder berop;
x Barradiel 26-5-1866, 24 en 25 jier,
13 Martje Jetses Visser * Seisbierrum 13-7-1840 † dêr 4-6-1928, 87 jier; tekenet trou-akte fan har soan Rinse mei: Viszer; by trouwen faam te Seisbierrum;
14 Pieter Klazes Statema * Easterbierrum 1-3-1840 † Seisbierrum 11-6-1907, 67 jier; fan syn trouwen oant syn ferstjerren arbeider te Seisbierrum;
x Barradiel 20-5-1865, beide 25 jier,
15 Trijntje Rienks Kooistra * Seisbierrum 4-11-1839 † dêr 11-2-1902, 62 jier; by trouwen naaister te Seisbierrum
16 Jelle Pieters Zijlstra * Winaam 3-6-1777 ~ dêr 6-7-1777 † Easterbierrum 30-8-1859, 82 jier; yn 1811, ’27, ’34, ’37 bouboer (arable farmer) te Easterbierrum, yn 1816, ’22 dêr keapman; by ferstjerren dêr sûnder berop; tritich jier administrearend tsjerkfâd Nederlâns Herfoarmde gemeente Easterbierrum; Jelle Piters is op 17-11-1834 mei-oanbesteger fan in nije skoalle mei skoallemeubilêr te Easterbierrum, oannamesom: f 1.295,00;
x 2 Barradiel 30-5-1840, 62 en omstrings 44 jier, Geertje Oepkes Bouma (ek: Gettje, ropnamme: Gjet; en: Bouwma) * Tsjom omstrings 1796 † Easterbierrum 13-4-1862, hûsnr 22, 66 jier; komt 1-11-1840 as lidmaat Ned. Herfoarme tsjerke út Tsjom yn Easterbierrum; dr f. Oepke Pieters Bouma en Jetske Klazes Boersma, húslju/boeren ûnder Tsjom;
Gjet x 1 Frjentsjerteradiel 27-7-1817, 21 en 26 jier, Pieter Jans de Vries * Tsjom omstrings 1791 † Frjentsjer 8-1-1821, WykPO nr 14, 30 jier; foar syn boask huzaar yn Rykstsjinst; by trouwen en yn 1818 koaltsjer te Tsjom; by ferstjerren sûnder berop te Frjentsjer;
Gjet x 2 Frjentsjerteradiel 8-12-1822, 26 en 43 jier, Jan Jacobs Hilverda * Penjum 1780 † Tsjom 9-2-1828, hûsnr 38, 48 jier; yn 1813 húsman ûnder Tsjom; keapman te Tsjom; by trouwen yn 1822 sûnder berop te Tsjom; yn 1823, ’24, ’25, ’26 fan berop hynsteberider/pikeur te Almenum; by ferstjerren wer sûnder berop te Tsjom;
Gjet x 3 Barradiel 21-10-1837, 41 en 40 jier, Pieter Jakobs Faber * Easterbierrum 29-9-1797 (neffens syn stjerakte soe er geboaren wêze te Almenum, dat is in fersin) † Almenum 11-8-1838, 40 jier; by earste boask en yn 1832, ’33 arbeider te Easterbierrum; by trouwen yn 1837 en yn 1838 en by ferstjerren boer te Almenum;
x 1 Easterbierrum 30-5-1802, 24 en 20 jier,
17 Jetske Johannes Hibma * Tsjummearum 1782 ~ dêr 12-5-1805 † Easterbierrum 26-5-1834, hûsnr O67, 52 jier; boerinne te Easterbierrum
18 Ane Jelles Jukema * Seisbierrum 25-4-1776 ~ dêr 5-5-1776 † dêr 18-10-1837, hûsnr S66, 61 jier, bouboer oan ’e Nije Buorren te Seisbierrum (wennet net op Lyts Juckema of in oare pleats bûten it doarp); eigner en brûker fan 5,5 hektare lân yn ’e pleats Lyts Juckema ûnder Seisbierrum (stim 18); yn 1837 sûnder berop te Seisbierrum; tsjerkfâd; gemeenteriedslid fan Barradiel;
Ane Jelles nimt op 12-3-1812 de namme Jukema oan, grif nei syn besit yn Lyts Juckema; syn tanamme komt by him allyksa foar as Juckema, mei in c, lykas ek by guon fan syn neiteam; fan Ane Jelles is de berteleppel bewarre;
x Seisbierrum 1-6-1800, 24 en 23 jier,
19 Sibbeltje Botes Tjerkstra * Kleaster Lidlum ûnder Easterbierrum 22-10-1776 ~ dêr 1-12-1776 (~ as Zibbeltje) † Seisbierrum 4-5-1841, nr 66, 64 jier; bouboerinne te Seisbierrum, yn 1837, ’38 dêr sûnder berop, mar Sibbeltsje stiet by har ferstjerren wer as boerinne yn ’e registers
20 Willem Jans Janzen * Doanjum 3-10-1781 † Frjentsjer 25-9-1857, Wyk UB hûsnr 12, 75 jier; eigenerfd bouboer te Doanjum, yn 1837 ‘zonder bepaald bedrijf’ te Frjentsjer, yn 1847 en by ferstjerren dêr sûnder berop;
x 1 Doanjum 23-7-1809, hy fan Doanjum, sy fan Tsjummearum, Rinske Gerbens † Doanjum 1-8-1811;
x 3 Frjentsjerteradiel 9-3-1826, 44 en 21 jier, Hyke Gerrits Wielinga * Frjentsjer omstrings 1804 † Frjentsjer 8-12-1862, Wyk TN Nr 55, 58 jier; Hyke kin net skriuwe; by trouwen faam te Doanjum, sûnt dêr boerinne, yn 1837 en by ferstjerren sûnder berop te Frjentsjer; dr f. Gerrit Andries Wielinga, Gerrit kin net skriuwe, yn 1826 nôtdrager te Frjentsjer, en Antje Franses;
x 2 Frjentsjerteradiel 24-9-1812, 31 en 22 jier,
21 Ynskje Sjoerds Dijkstra (~ as Ynske) * Winaam 3-11-1789 ~ 22-11-1789 † Doanjum 31-7-1821, nr 10, 31 jier; Ynskje tekenet har trou-akte mei in krúske; by trouwen faam te Doanjum, by ferstjerren dêr boerinne
Besit fan Willem Jans Janzen te Doanjum yn 1832 (Kadaster 1832, Minútplan Seisbierrum D5, seksje D, lizzer 181):
-
Perseelnr. Yn gebrûk as Oerflakte m² Klasse Belesting 788 Boulân 14350 3 789 Boulân 8800 3 790 Greide 16730 4
22 Ernst Fokkes Fokkema * Marsum 31-5-1765 ~ dêr 16-6-1765 † Frjentsjer 9-12-1846, Wyk EN nr 61, 81 jier; yn 1795, ’97, 1802, ’04 gernier te Menaam, 1811 boer te Frjentsjer, yn 1814 dêr gernier (Wyk WV nr 27), yn 1816, ’17 (wennet er neffens in keapakte yn dat jier te Menaam), ’20, ’26, ’42 húsman/boer te Doanjum, by ferstjerren sûnder berop te Frjentsjer;
x Menaam 18-5-1794, 28 en 18 jier,
23 Grietje Jouws Keuning * St.-Anne 18-8-1775 ~ dêr 17-9-1775 † Frjentsjer 14-12-1846, Wyk EN nr 61, 73 jier; gernierske te Menaam en Frjentsjer, boerinne te Frjentsjer en Doanjum
Sjoch:
-Kornelis Terpstra, Bouwe D. van der Meulen, A.T. van der Meulen-van Wijk en Reid van der Ley, Kertiersteat fan Douwe Jans van der Meer (1917-2002), Genealogysk Jierboek 2003, Fryske Akademy, Ljouwert 2003 ISBN 90-6171-958-5
§ DE ACHTERNAMME MOAT NOCH WENNE
Ernst Fokkes nimt yn 1811 de namme Fokkema oan, mar hy tekenet dy akte sûnder fan en yn 1817 ûnder de trou-akte fan syn soan Fokke noch mei Ernst Fokkes; en Gryt Jouws Keuning skriuwt yn 1838 ek noch: Grijty Jooüs, sûnder achternamme; se staveret har patronym sawat neffens de útspraak.
Yn ’e deistige omgong wurdt de achternamme noch net brûkt, dat it moat by ûndertekenjen noch wenne
Ernst Fokkes keapet en ferkeapet gauris bou en greide, in greep:
-mei syn broer Tjeerd, beide te Menaam, keapet er op 16-10-1817 fan Sybrand Wybenga te Frjentsjer boulân op Salwert ûnder Frjentsjer; keapsom: f 1.750,00; notaris Andries Stinstra, Frjentsjer; Notarieel Argyf 1817; Repertoire: 040035;
-hy keapet 16-5-1818 fan Evert Nicolaas Scheltema te Frjentsjer greide ûnder Frjentsjer; keapsom: f 2.250,00; notaris Isaac Telting, Frjentsjer; Notarieel Argyf 1818; Repertoire: 041034;
-hy keapet 17-4-1819 fan Jelle Klazes Goodijk te Seisbierrum in hûs, skuorre en hoarnleger te Doanjum; keapsom: f 2.550,00; notaris Isaac Telting, Frjentsjer; Notarieel Argyf 1819; Repertoire: 041034;
hy is ek fakentiids skuldeasker en skuldner, in pear foarbylden:
-hy hat 5-9-1822 in skuld by Pieter Klaases Dijkstra te Frjentsjer fan f 2.000,00; notaris Andries Stinstra, Frjentsjer; Notarieel Argyf 1822; Repertoire: 040035;
-hy hat 8-8-1842 in liening útstean by de tsjerkfâden fan Achlum fan f 3.000,00; notaris Andries Stinstra, Frjentsjer; Notarieel Argyf , Minútakten 1842; Repertoire: 040035
24 Rinse Rinses Postuma * Stiens 22-5-1807 † Tsjummearum 25-6-1880, 73 jier; by trouwen skuonmakker te St.-Anne; sûnt idem te Tsjummearum, oant syn ferstjerren mei 73 jier;
x It Bilt 7-5-1835, beide 27 jier,
25 Pietje Binnerts Wassenaar * St.-Jabik 12-7-1807 † Tsjummearum 29-8-1875, hûsnr 48, 68 jier; Pytsy kin niet skrive; by trouwen maid te St.-Anne
26 Jetze Sjoerds Visser * Seisbierrum 2-10-1807 ~ dêr 3-1-1808 † Veenhuizen, Twadde Gesticht, gemeente Norg, Drinte, 25-6-1849, 42 jier; by trouwen arbeider te Arum; yn 1840, ’42 arbeider te Seisbierrum; by ferstjerren gedetinearde yn ’e strafkoloany te Feanhuzen;
x Frjentsjerteradiel 17-6-1838, 30 en 22 jier,
27 Maaike Alles Sybrandi * Harns 10-7-1815 † Seisbierrum 26-1-1903, 87 jier; by trouwen faam te Mullum; yn 1851, ’64, ’66 arbeidster te Seisbierrum;
x 2 Barradiel 29-3-1851, 35 en 48 jier, Sipke Wybes Hiemstra * Seisbierrum omstrings 1803 † dêr 23-9-1876, hûsnr 95, 73 jier; yn 1826 en by earste houlik arbeider te Seisbierrum, by twadde houlik idem, oant syn ferstjerren mei 73 jier; hy hiert yn 1852 gersgewaaks by de keunstdiken lâns ûnder Easterbierrum en Seisbierrum; sn f. Wybe Sipkes Hiemstra, arbeider te Seisbierrum (Letter S nr 41), en Aafke Jentjes van Dijk, arbeidster te Seisbierrum
Sipke x 1 10-3-1827, 24 en 25 jier, Aukje Jelles Gerlofsma * Frjentsjer omstrings 1802 † Seisbierrum 8-7-1843, hûsnr 98, 41 jier; by trouwen en ferstjerren arbeidster te Frjentsjer; dr f. Jelle Gerlofs Gerlofsma, tichelwurker te Frjentsjer, en Hiltje Johannes
Maaike tekenet har trou-akte mei: Sybrandy; dy fan dochter Martsje en soan Jetse mei: Sibrandy; de amtner skriuwt dêr: Sybrandij en Sibrandi; yn ’e Boargelike Stân komme alle mooglike farianten wol foar, fan Sijbrandij oant Sibrandij
Jetze ferkeapet 20-2-1845 yn ’e mande mei syn broer Klaas oan ’e Earmfâdij te Easterbierrum in wenhûs oan ’e seedyk ûnder Easterbierrum; keapsom: f 90,00; notaris Pieter Steensma, Minnertsgea; Notarieel Argyf , Minútakten 1845; Repertoire: 105024
§ ‘STELLE’ OM ITEN
Wa giet as arbeidster fan 62 út te stellen? Maaike Alles Sybrandi. Har man Jetze Sjoerds Visser is arbeider en sels is se arbeidster. Se wurde beide feroardiele omdat se stellen hawwe. Dat Maaike arbeidster yn har houlikse steat is, betsjut yn har tiid dat it yn har húshâlding earmoed troef is, want by arbeiders dy’t fêst wurk hawwe, stiet de frou meast te boek as ‘zonder beroep’, húsfrou dus. By Maaike en Jetze sil de honger sadanich opspile hawwe dat se it iten oars as legaal besette moasten. Se geane út stellen, net om it stellen, mar om it deistich brea.
Jetze wurdt yn 1848 op ’e nij oppakt omdat er biddelet; hy bedarret yn ’e strafkoloany te Feanhuzen dêr’t er mei 42 jier ferstjert.
***
Jetze wurdt 12-11-1842 feroardiele ta ien moanne finzenisstraf fanwegen dieverij; Arrondissemintsrjochtbank Ljouwert 1842; ynvintarisnr 83, aktenr 2571;
Jetze wurdt 2-9-1848 feroardiele fanwegen bidlerij; Arrondissemintsrjochtbank Ljouwert 1848; ynvintarisnr 82, aktenr 939;
Maaike wurdt 27-2-1878 feroardiele ta ien moanne finzenisstraf en it beteljen fan ’e kosten fanwegen dieverij; Arrondissemintsrjochtbank Ljouwert 1878; arcgyfnr 18-02; ynvintarisnr 93, aktennr 347.
Klaas Pieters Statema * Easterbierrum 23-10-1813 † dêr 25-2-1874, 66 jier: by trouwen soldaat by it Bataljon Atillery transporttrein; by trouwen en dêrnei arbeider te Easterbierrum;
x Barradiel 9-3-1839, 25 en 28 jier,
29 Pietje Tjerks Bijlsma * Winaam 10-2-1811 † Easterbierrum 27-11-1893; by trouwen faam te Mullum
30 Rienk Folkerts Kooistra * Aldegea (Smellingerlân) 20-7-1792 ~ dêr 12-8-1792 † Seisbierrum 20-6-1851, 58 jier; by trouwen húsfeint te Ljouwert (wenjend yn ’e Grutte Tsjerkstrjitte); yn 1829, ’31 ‘dienaar van Policie dezer Grietenij’ te Minnertsgea; sûnt omstrings 1832 oant syn ferstjerren ‘agent van Politie dezer Grietenij’ te Seisbierrum;
x Ljouwert 11-4-1824, 31 en 27 jier, (Rienk erkend by syn houlik dochter Ymkje * Ljouwert 12-3-1824)
31 Antje Johannes Boonstra (yn akten ek: Anna, Ankje; yn trou-akte neamd: Antje Cornelis) * De Lemmer omstrings 1797 † Seisbierrum 1-2-1857, hûsnr 46, 60 jier; Antsje kin net skriuwe; by trouwen faam te Ljouwert; by ferstjerren winkelfrou te Seisbierrum
32 Pieter Kornelis (ek: Cornelis, by trouwen: Kornelissen; postúm: Zijlstra, bygelyks yn ’e stjerakte fan syn soan Kornelis); wennet yn 1775 op Roptasyl; yn 1774, ’76 te Pitersbierrum, yn 1779 op Ropta ûnder Winaam, hy is dêr nei alle gedachten behearder fan ’e slûs yn ’e seedyk en besit dêr in mannich huzen [PW, side 17];
x Winaam 30-5-1773, beide fan Winaam,
33 Pietje Jelles Zijlstra * Winaam, mooglik op Roptasyl, omstrings 1746 † Easterbierrum 16-8-1828, Letter O nr 6, 82 jier; wennet op Roptasyl; yn 1816 rintenierske te Easterbierrum; by ferstjerren dêr sûnder berop; dr f. Jelle en Trijntje, yn ’e stjerakte fan Pytsje stiet optekene oer har âlden: ‘zijnde de toenamen onbekend’;
Pytsje x 2 Easterbierrum 29-7-1781 Age Andries ~ Easterbierrum 30-9-1736 † dêr 23-2-1806; heibaas oan ’e dykswurken ûnder Easterbierrum; sn f. Andries Ages en Yttye Melles, te Easterbierrum;
Age x 1e Pitersbierrum 13-5-1764 Jantje Jans ~ Seisbierrum 27-10-1737 † Easterbierrum 14-12-1779, dr f. Jan Gerrits en Grietie Haytses
Sjoch: erfgoed Fundaasje – Genealogy Haadsma
34 Johannes Tietes (ek: Tjittes; postúm: Hibma) † Tsjummearum 20-10-1787
35 Lysbeth Jans (Hibma) † Tsjummearum 27-4-1786; húslju ûnder Tsjummearum
36 Jelle Anes ~ Easterbierrum 14-3-1723 † foar 1777; docht 12-2-1747 belidenis te Seisbierrum; bouboer te Seisbierrum;
x 1 Seisbierrum 27-5-1746, beide fan Seisbierrum, Mayke Jeltes;
x 2 Seisbierrum 1-6-1760, dan beide fan Seisbierrum,
37 Hiltje Haantjes * Bitgum omstrings 1734 ~ Ingelum 25-4-1734 † Seisbierrum 8-3-1813, hûsnr 66, 79 jier; docht 15-2-1767 belidenis te Seisbierrum, is lidmaat yn 1755; by ferstjerren sûnder berop te Seisbierrum
38 Bote Tjerks Tjerkstra (yn stjerakte neamd Terkstra, sil in ferskriuwing wêze); dogge beide 4-5-1780 belidenis te Easterbierrrum;
x Easterbierrum 31-2-1775, hy fan Brantgum, sy fan Easterbierrum,
39 Trijntje Lolles; húslju ûnder Kleaster Lidlum (nr 6)
40 Jan Willems * omstrings 1748 † Doanjum 18-12-1803;
41 Tietje Jans * omstrings 1746 † Doanjum 8-1-1808; eigenerfde bouboeren ûnder Doanjum
42 Sjoerd Pieters † Almenum 12-6-1798; wennet 1786, ’89 te Winaam;
x Pitersbierrum 18-5-1783, hy fan Pitersbierrum, sy fan Penjum,
43 Tietje Harmens Dijkstra * Penjum (gemeente Arum) 7-11-1758 † Pitersbierrum 29-8-1813, oan ’e Seedyk nr 52, 54 jier (neffens stjerakte 50 jier, mooglik in fersin, neffens opjefte berte yn Doop- en Trouboek is se berne yn 1758); wennet yn 1812 te Pitersbierrum; by ferstjerren dêr wurkfrou
44 Fokke Tjeerds ~ Marsum 28-1-1731 † dêr 10-4-1801, [] Marsum 10-4-1801 (fak A, nr 6);
x om 1760 hinne
45 Antje Jacobs ~ Menaam 22-2-1733 †[?] Aldeberkeap 1809, 75 jier
Sjoch: Erfgoed Fundaasje, Kertiersteat fan Antje Fokkes van der Meer – nrs 20/21 en fierder
46 Jouw Mijntjes Keuning * St. Anne 18-6-1741 ~ dêr 11-7-1741 † Menaam 1801/’06; boer te Menaam;
x St.- Anne (earste proklamaasje 16-10-1763), 6-11-1763
47 Tetje Arjens Achterdijk ~ St. Anne 19-1-1744 † Menaam 29-1-1823; hja komme mei attestaasje op 5-5-1782 fan St.- Anne yn Menaam; binne dêr noch lidmaten yn 1800
Sjoch: Erfgoed Fundaasje – Kertiersteat Antje Fokkes van der Meer – nrs 22/23 en fierder
48 Rinse Sybes Postuma * omstrings 1780 † Stiens 26-4-1807, 27 jier
x
49 Trijntje Jans de Boer * Stiens 16-2-1783 ~ dêr 20-4-1783 † Hallum 27-3-1854, hûsnr 265, 71 jier (yn ’e stjerakte wurdt as leeftyd opjûn 78 jier, dat sil in fersin wêze); tekenet ûnder trou-akte fan har soan Rinse mei : Boer, ynstee fan: De Boer; Tryntsje komt ek foar mei de achternamme: Luzen; yn 1835 wurkfrou te Stiens; yn 1854 sûnder berop te Hallum;
x 2 Stiens 22-10-1809, 26 en 41 jier, Rein Wybrens Elzinga * Stiens 29-3-1768 ~ dêr 22-5-1768 † Stiens 30-1-1842, hûsnr 107, 75 jier; yn syn stjerakte neamd: Elsinga; yn trou-akte fan syn soan Rein yn 1865 neamd: Elsenga; Rein kin net skriuwe; skuonmakker te Stiens; yn 1835 en by ferstjerren, mei 75 jier, dêr arbeider; sn f. Wybren Hessels Elsinga, Mr skuonmakker te Stiens, en Reino Klazes;
Rein x 1 Stiens 11-6-1797 Grietje Sytses * Froubuorren omstrings 1775 † Stiens -10-1808 [] dêr 16-10-1808
Sjoch foar genealogy Elzinga: Parenteel Wybren Hessels –
50 Binnert Jobs Wassenaar ~ St.-Jabik 18-9-1772 † Tsjummearum 5-2-1837, 64 jaar; in 1835 erbaaier te Tsjummarum;
51 Antje Wymers Bouritius * 1779 1875
52 Sjoerd Jetzes Visser * Seisbierrum omstrings 1773 † dêr 8-3-1816, hûsnr 93, 43 jier; yn 1805 fisker te Easterbierrum, yn 1807 en by ferstjerren idem te Seisbierrum
x Easterbierrum 31-3-1805, hy fan Easterbierrum, sy fan Seisbierrum
53 Antje Feddriks Dijkstra * Seisbierrum omstrings 1778 † Harns 25-1-1837, Wyk B nr 144, 59 jier; by ferstjerren sûnder berop te Harns
54 Alle Klazes Sybrandy * Ljouwert 19-12-1785 † Huzum, ferdronken yn ’e Potmarge, fûn op 11-4-1831; Alle wurdt foar de namme-oannimming yn 1811 al Sybrandy neamd; yn 1811 koekebakker te Harns; op 23-6-1821 dêr neamd sûnder berop (hy erkend dan syn dochter Sara Albertina Sybrandi); yn 1824, ’29 dêr koekebakkersfeint, yn 1826 dêr bakkersfeint (Nijstraat D.83); yn 1831 bakkersgesel te Ljouwert;
x Harns, Groate Kerk, 18-3-1810, beide fan Harns,
55 Maartje Jans Hoekstra (ek: Martje) * Hallum 21-1-1788 ~ dêr 9-3-1788 † Harns 24-1-1826, 38 jier
Alle Klazes is yn 1810 pleatsferfanger oangeande de militêre tsjinst foar Dirk Ypes Schuitmaker (* 1790) te Frjentsjer; hy hat it lotnûmer 31 en is yndield by it 87ste ‘Cohorte Nationale Garde 1e Ban’ ûnder nr 829 yn garnisoen te Grins; sjendarme; hy wurdt yn 1812 befoardere ta korporaal, 12de rezjimint jagers te pearde (Militêren 1795-1815 ynskriuwing; Tresoar tagong 8/3397 nr 106 30.06.1812; 4059.236; 8/4032 nr 10; BRF ynvintarisnr 3997.002 âld)
§ ALLE SYBRANDI NEI IN JIER IDINTIFISEARD
Alle Klazes Sybrandi is ferdronken yn ’e Potmarge ûnder Huzum. Syn idintifikaasje hat mooglik hast in jier nei syn ferstjerren plak; teminsten by de stjerakte fan 11-4-1831 is yn ’e marzje in kanttekening fan 19-3-1832 dêr’t yn stiet dat (ûnderbrekkings fan ’e sinnen yn it hanskrift binne oanjûn mei in /):
Ten verzoeke van de daarbij belanghebben-/de partijen, is nevenstaande acte, bij vonnis/van de Regtbank van eersten aanleg Zit-/ting houdende te Leeuwarden van den/19den Maart Achttien honderd twee en dertig,/gerectificeerd, uit hoofde het behoorlijk/bewezen is, dat het bij dezelven Acte vermelde/in het water der Potmarge genaamd onder/Huizum, gevonden lijk was dat van/Alle Klazes Sybrandi/…/
56 Pieter Klases Statema * Tsjummearum 18-11-1778 † Easterbierrum 10-2-1855; yn 1813 neamd ‘Meester Kleermaker’, yn 1820, ’24, ’39 kleanmakker te Easterbierrum; yn 1845 ‘policiebediende dezer Grietenij’
57 Symontje Martinus Houw * Harns 10-3-1790 † Easterbierrum 19-6-1876, hûsnr 60, 88 jier
§ GELETTERD EN ONGELETTERD
Piter tekenet yn 1811 ûnder de berte-akte fan syn dochter Antsje: P.C. Staatema – de dûbelde punt achter de inisjalen is yn dy tiid gebrûk. Piter tekenet letter – moderner – Statema mei ien a en K[lazes] mei in K. Dat kin, gjin punt: de staveringsregels yn ’e Boargerlike Stân binne soepel.
Piter hat in feardige hân, Symentsje kin dêrfoaroer net skriuwe.
58 Tjerk Herkes Bijlsma; yn 1839 arbeider te Winaam; kin net skriuwe;
59 Lijsbeth Jans
60 Folkert Rienks Kooistra * Earnewâld 21-4-1767 ~ Garyp 10-5-1767 † Boarnburgum 20-7-1835, 68 jier; yn 1794 mr kuper te Aldegea, Smellingerlân; yn 1824 dêr keapman;
x 2 Aldegea (Sm.) 29-11-1807, hy 40 en jier, Antje Jannes; komt 12-11-1830 as lidmaat út Aldegea (Sm.) yn Boarnburgum; yn 1835 bijehâldster te Boarnburgum;
x 1 Aldegea (Sm.) 13-4-1788, 20 en jier,
61 Ymkje Baukes * 1761 † Aldegea (Sm.) 10-3-1807
Antsje Jannes ferkeapet op 5-8-1835 yn ’e mande mei Bauke Folkerts Kooistra te Drachten en Rienk Folkerts Kooistra te Seisbierrum (nr 30) bijen; keapsom: f 336,00; notaris Karst Jans van der Veen, Drachten; Notarieel argyf 1835; Repertoire: 032056; ynvintarisnr 032042, aktenr 03974
62 Johannes of Cornelis N.N. Kertierferlies –
63 Berber Cornelis * Aldeboarn-Nes 26-3-1758 † De Lemmer 22-11-1817, 59 jier; faam, winkelfrou;
x Lemsterlân 3-8-1815, 57 en 52 jier, Meine Tjeerds Zijlstra (yn trou-akte neamd Zeilstra) * 1763 † 1838; sn f. Tjeerd Meines en Aafje Jans
70 Jan Jansen HERMANA (ek: Hibma);
sjoch: Erfgoed Fundaasje –Kertiersteat Klaas Ennes Bruinsma – nrs 144 en 145, sjoch dêr foar fierdere foarâlden nrs 288, 289, 290, 291 ensfh.
x Tsjummearum 21-5-1780, hja fan Seisbierrum, hy fan Tsjummearum,
71 Lysbeth Scheltes HIBMA
72 Ane Jelles ~ Easterbierrum 18-7-1697 ~ Seisbierrum 18-8-1748 [?] † nei 1778; sûnt 1725 boer op Liauckema state te Seisbierrum (1729/’38, brûker stim 29); keapet yn 1768 in fjirde part lân yn ’e pleats Lyts Juckema ûnder Seisbierrum (stim 18); op Liauckama binne sûnt midden 19e iu syn eftermigen (second cousins) Bruinsma boer; sjoch: Erfgoed Fundaasje – Genealogy Bruinsma –
73 Tietske Annes ~ Seisbierrum 9-10-1698; Tjitske en Ane komme op 25-1-1728 as lidmaten út Easterbierrum yn Seisbierrum
74 Haantie Ottes, yn 1722 te Minnertsgea, yn 1728 boer te Ingelum (dan dêr brûker fan ’e stimmen 8 en 9), yn 1749 húsman/boer te Bitgum (ek neffens stjerakte fan Hiltsje)
75 Aafke Obbes, boerinne te Bitgum
80 Willem Klaases
81 Rigtsje Jans
82 Jan Scheltes
83 Jetske Jans
84 Pieter Sjoerds
85 Jipke Baukes
86 Harmen Hendriks Eppenhof (by trouwen neamd Eppenhof) * Penjum 12-5-1732 † dêr 3-3-1810, 77 jier;
x Penjum 6-6-1757, beide fan Penjum,
87 Ynskje Baukes (ek: Ynske)
98 Jan Symens; yn 1783 te Stiens
99 Baukje Hendriks
100 Job Arjens Wassenaar * St.-Jabik 1736 † dêr 13-4-1809, 73 jaar
101 Pietje Annes Zondervan * St.Jabik 1735 † 26-4-1803, 68 jaar
102 Wymer Gerbens Bouritius ~ St.-Jabik 12-5-1754 † dêr 10-9-1821, hûsnr 300, 67 jaar; bakker in St.-Jabik; by fersterven dêr sonder beroep;
103 Grietje Sjoerds * St.-Jabik omstrings 1753 † dêr 20-6-1828, huusnr 165, 75 jaar
Wymer ferkoopt op 26-3-1821 an Tymen Arjens Kuiken te St.-Jabik ’n huzing en bakkerij in St.-Jabik; koopsom: f 1.915; notaris: Jan Everhardus van Loon, Ferwert; Notarieel Argyf 1821, Repertoire: 038008, akte 00064;
hy ferkoopt op 21-4-1821 an deselde bakkerijgereedskap en winkelgoed; opbringst: f 217,00;
Wymer het ’n skuld op 27-2-1821 bij Ouwe Willems Koning, man fan Antje Abelius Schenkius te St.-Jabik, fan f 1.900,00
104 Jetse Klases; te Easterbierrum
105 Minke Sjoerds
106 Feddrik Pieters (ek Frederik)
107 Tietje Cornelis
108 Klaas Sybrens Sybrandi * Ljouwert omstrings 1745 ~ dêr 29-10-1778 † Ljouwert 16-4-1822, hûsnr 142 Letter F, 77 jier; yn 1789, 1812 keapman te Ljouwert; wennet yn 1819 te Huzum; by ferstjerren doarwarder te Ljouwert;
Klaas x 2 Weidum 26-7-1789 Sara Murks Nauta * Ljouwert omstrings 1744 † Ljouwert 3-4-1814, hûsnr 259 Letter F, 70 jier; wennet yn 1789 te Ljouwert; dr f. Murk Oeges Nauta en Annigje Hessels Taan;
Klaas x 1 Ljouwert, Westertsjerke, 8-5-1778, beide fan Ljouwert
109 Albertje Alles Medendorp * Grins omstrings 1755 ~ Ljouwert, doopsgesind, op belidenis 29-10-1778
Klaas lit in neidielich saldo nei fan f 2.826,46; de bern, Alle te Harns (nr 54) en Sybren Klazes Sybrandi, doopsgesind predikant te Haarlem, hawwe de ynboel repudieard=fersmiten; kurator is Lodewijk Noé, apoteker (Memorys kantoar Ljouwert 1822; argyfnr 42, ynvintarisnr 11010, aktenr 014).
110 Jan Tækes Hoekstra
111 Maike Johannes Hofman (ek: Hoffman, Hofma); * 1785 † Harns 1837; yn 1824 sûnder berop te Harns
112 Klaas Hanses † Tsjummearum 1786/’87;
x Pitersbierrum 17-5-1768
113 Antje Sipkes * omstrings 1743 † Tsjummearum 21-2-1810
114 Martinus Samuels Houw * Heidelberg omstrings 1765 † Easterbierrum 31-5-1858, 93 jier; yn 1790 te Harns; yn 1791 arbeider te Easterbierrum, yn 1813 dêr bakker, yn 1820 en letter dêr wer arbeider;
115 Neeltje Symons Dijkstra ~ Easterbierrum 16-7-1769 † dêr 3-12-1848, hûsnr 47, 82 jier; Neeltsje kin net skriuwe
Martinus wurdt yn 1791 en begjin 19de iu meast Johan Martijn neamd; by ynskriuwing fan ’e namme-oannimming yn 1811 stiet er yn ’e Boargerlik Stân te boek as Johan Martens Houw, sels tekenet er dan mei: Johan Martinus Houw; letter is it meast Martinus Houw of Martinus Samuels Houw, hy skriuwt dan sels: M. Houw of M.S. Houw. yn syn stjerakte binne de nammen fan syn âlden by de oansizzers net bekend, allinne de foarnamme fan syn heit: Samuel
120 Rienk Hedzers * 1723 † 1805;
121 Hinke Gerbens Kooistra * 1725 † 1817
122 Bauke Halbes * Omstrings 1717 † 1793
123 Sytske Baukes * 1719 † 1782
126 Cornelis Lammerts * omstrings 1730
127 Antje Gojes (Gooyes) * omstrings 1735
142 Schelte Jans HIBMA * omstrings 1720? ~ Seisbierrum, op belidenis -5-1747, neffens it lidmateboek wurdt Skelte dêr op 12-2-1749 allyksa op belidenis oannommen; yn 1747 keapman te Seisbierrum;
x Seisbierrum 29-5-1746, beide fan Seisbierrum
143 Antje Anes
Bern: Jan ~ Seisb. 5-5-1747, Tjietske ~ Seisb. 7-7-1753, Ane ~ Seisb. 20-10-1754, Jarich * Seisb. 8-8-1756, Lysbeth ~ Seisb. 11-12-1757
Sjoch:
-Kertiersteat Jan Anema, Genealogysk Jierboekje 1972, nrs 360/361
–Kertiersteat Klaas Ennes Bruinsma – nrs 72 en 73
144 Jelle Tjeerds * foar 1659 † Easterbierrum 1716; mr bakker te Easterbierrum 1692/’97; dêr tsjerkfâd; boer op ’e saneamde ‘Jelle Tseardspleats’ ûnder Seisbierrum; op Haerda state ûnder Easterbierrum (1698 brûker fan stim 9); yn 1701 keapje Jelle en Botsje Haerda state, se ha dêrmei sa’n 30 hektare lân ûnder Easterbierrum yn besit; se wenje dêre wierskynlik sûnt 1704;
x omstrings 1685
145 Bottie Anes † foar 1758; 1698/’97 mei-eigner (1/4) Stedda state ûnder Tsjummearum (stim 6)
Sjoch foar in wiidweidich oersjoch fan har foarâlden: Jan Tækele Anema, Erfgoed Fundaasje – Kertiersteat Botsy Taans Faber –
146 Anne Eelkes; yn 1698 boer te Seisbierrum (dan dêr brûker fan stim 7)
147 Gryttie Jans
172 Hendrik Harmens Eppenhof * Ebbe, Munsterlân, Noard Rynlân-Westfalen omstrings 1698;
x Penjum 19-6-1729, dan beide fan Penjum,
173 Tietie Cornelis * Menaam omstrings 1695 † Penjum omstrings 1765; x 1 Jacob Gerrits
176 Bauke Ynses * Seisbierrum omstrings -1-1698
177 Sypk Yeps * Peins omstrings -4-1692
196 Jan Jans Hibma * Seisbierrum omstrings 1718 † dêr omstrings 1778
x Seisbierrum 15-1-1741, hy fan Seisbierrum, sy fan Blije,
197 Tytje Pytters Hibma (ek: Tjetje) * Blije [?] omstrings 1720 † Easterbierrum 1807
200 Arjen Christiaans Wassenaar * St.-Jabik 1709
201 Rinsje Jobs * 1710
202 Anne Binderts Zondervan * 1710
203 Liefke Jarigs
204 Gerben Wymers Bouritius; in 1754, ’59, ’62, ’77, ’78 mr skoenmaker te St.-Jabik; op 24-12-1786 wordt noemd as kiesgerechtigde: Gerben Wymers Brantjes, erbaaier te St.-Jabik, mooglik is dut deselde as Gerben Wymers Bouritius? (Registre civique, argyfnr 348, ynvintarisnr 3629, akte 1744)
x St.-Jabik 15-7-1753, baide fan St.-Jabik
205 Akke Hendriks
Gerben Wymers Bouritius is kurator:
-29-11-1773 over de nakommelingen fan Sibbeltje Gerbens te St.-Jabik , wede fan Sjoerd Feyes, strandmeester
-14-1-1777 over persoanen en goed fan Maartje (18) en Tjebbigje Arjens (16) weeskines fan Arjen Tjebbes † 31-12-1777, húsman op ’t Nij Bildt onder St.-Jabik, de andere kurator is Tymen Tækes, húsman onder St.-Jabik
§ AVONDMAAL ONTSAID
In ’e kerkeraadsfergadering fan St.-Jabik fan 6-2-1761 falt ’t beslút dat Gerben Wymers en syn seun Wymer ’t avenmaal ontsegd wordt ‘door hun quaadspreeken en lastering’ (Lidmateregister Herformde Gemeente St.-Jabik, argyfnr 28, inventarisnr 124, akte 9):
Op den 6den Februarij 1761 bij geleegendheyd dat het Hei/
lig Avondmaal wederom zoude bediend worden, is de 2[?] Kerken/
raad vergadert geweest, en na aanroepinge van ’s heren naam/
is men getreeden tot de kerkelijke discipline/
en hebben twee broederen ouderlingen de gegeeven aanstoot/
en verregaande ergernissen, van Wiemer Gerbens en desselfs/
soon Gerben Wiemers, veroorzaakt door hun quaadspreken/
, de vergadering voorgehouden, oordelende/
dat sij beyde voor ditmaal zig moesten onthouden van/
de tavel des Heren, met ernstige vermaning van zich/
voortaan voorzigtig te gedragen/
206 Sjoerd Dirks
x St.-Anne 2-5-1745, baide fan St.-Anne
207 Antje Arjens
216 Sybren Tjebbes Sybrands
218 Alle Freerks Medendorp * Grins 3-10-1732; doopsgesind;
219 Bregjen Scholtens (ek: Breggijn) [] Grins 16-7-1782 (Argyf N.H. Grins nr 1329, ynvintarisnr 956)
226 Hanne Elles
x Seisbierrum 15-5-1740, beide fan Seisbierrum,
225 Willemke Clases
226 Sipke Johannes
227 Trijntje Wybrens
230 Simon Lolles; docht op 19-7-1772 belidenis te Easterbierrum
x Pitersbierrum 15-5-1768, hy fan Easterbierrum, sy fan Pitersbierrum
231 Beerentje Tietes; docht op 3-5-1772 belidenis te Easterbierrum
240 Hedzer Melles * 1690 † 1776
241 Wytske Folkerts * 1693 † 1751
242 Gerben Wopkes * 1691 † 1757
243 Trijntje Ottes * 1703 † 1792
288 Tieerd Jelles † Easterbierrum tusken 24-5- en 16-6-1684; doopsgesind; bakker te Wjelsryp, sûnt 1654 te Easterbierrum
289 Reyntje Reyns
290 Ane Riemers; eigenerfd boer op Stedda state, mei-rjochter fan Barradiel, dyksfolmacht fan Tsjummearum
291 Bottie Gerbens
352 Intse Jaerichs
353 Gertie Tæckes
354 Ieb Claessen; x 2 Grietie Douwes; x 3 Jancke Alberts;
x 1
355 Sypk Andries
344 Harmen Hendricks *†
346 Cornelis Beerns *†
346 Trijntie Tjaerdts *†
400 Christiaan Arjens Wassenaar * 1665 1715
401 Neeltje Cornelisdr * 1686
402 Reyn Douwes
403 Geertyn Jelmers
436 Frerik Alles * Grins omstrings 1709 [] Grins 7-9-1742 (Breukdodenboek 1729-1794, argyfnr 124, ynvintarisnr 194)
437 Swaantjen Beerents Veencamp * omstrings 1709 † 1742 [?]
704 Jaerich Intses
705 Trintie Tæckes
800 Arjen Christiaens Wassenaar * 1630
x St.-Jabik 1664
801 Aechie Barthouts Wassenaar * St.-Jabik 1640
872 Alle Derks * omstrings 1670 † Grins 24-4-1733, Guldenstraat, 62 jier [] Grins omstrings 1-5-1733; doopsgesind; 1699-1711 fermaner; 1711-1733 âldste fan de Groninger Oude Vlamingen; keapman en learloaier te Grins, yn ’e Guldenstraat
x Deventer 10-1-1692
873 Aaltje Izaacs Cremer * Deventer omstrings 1672 † omstrings 1753
Farianten yn skriuwwize: Aeltien, Aeltjen Isaacks Kremer, Izaks Creemer; Alle, Albert Derckx, Dercks;
neiteam fan Alle Derks en Aaltje Cremer neamt him Medema, Miedema, Medendorp of Miedendorp
§ DE FERMANER WURDT FERFOLGE
Alle Derks wurdt yn 1699 troch syn heit as learaar by de Groninger Oude Vlamingen beneamd en op 3-6-1711 yn dy minnistegemeente ta âldste troch Jan Krien(t)s; hy folget dan syn heit yn dat amt op. Hy set him yn foar help oan Switserske flechtlingen yn Grins. Syn oantroude omkesizzer, Steven Cremer, âldste te Dimter, lit him religieus beynfloedzje troch de Switsers, Alle Derks giet lykwols syn eigen wei.
Hy wurdt yn 1713 troch de oerheid ferfolge omdat er de Herfoarmde Gerrit Berends, 30 jier, te Uthuzen doopt hat.
Alle rjochters yn ’e Ommelannen krije de opdracht (op grûn fan resolúsje 2-7-1714) om him op te pakken en de gearkomsteplakken fan ’e minnisten te sluten. Mar Alle Derks jout gjin belies, hy giet troch mei syn wurk as âldste. De oanbelangjende resolúsje docht by einsluten gjin fertuten en Alle Derks bliuwt yn syn amt.
Yn 1723 reizget er mei Albert Willems nei Poalen mei as doel om dêr doop en Nachtmiel te betsjinjen en âldsten te befestigjen.
Alle Derks soarget foar in nije útjefte fan de Biestkensbibel en der komme twa lietebondels mei bydragen fan him, ek as dichter: Lusthof des gemoets (Grins 1732) en Agterhofje (Grins 1736) mei sangen om songen te wurden by de tsjinsten fan ’e Alde Flamingen. By Lusthof skriuwt er it foaropwurd. Dat komt út omdat lietboeken út 1700 ‘niet alleen waren uytverkocht, maar ook door een dartig jaarig gebruykt, ten diele versleeten’ . Fan Lusthof komt in pear kear in werprintinge. (Doopsgezinde Historische Kring – Doopsgezinde Bijdragen, Nieuwe Reeks nr 40, 2014)
Sjoch:
–Derck Alles – Groningse Doopsgezinden –
–Nederlandsch Biografisch Woordenboek –
Alle Derks, born 16 June 1670 in Meeden, and died 24 April 1733, was the son of the Mennonite elder Derk Alles. In 1699 he was ordained a preacher of the Groningen Old Flemish by his father, and after his father’s death he was ordained to the eldership by Jan Kriens. He took an active interest in aiding the Mennonite refugees from Switzerland. From Amsterdam, where the boats from Switzerland landed on 3 August 1711, he conducted 126 persons to Groningen, and found homes for them in the city and vicinity. As a member of the Dutch Committee for Foreign Needs, he did much for the Mennonites expelled from Lithuania in 1724-1726. Several times he was able to send them large amounts of money collected by the Groningen Old Flemish Mennonites in the Netherlands. In 1726 he forwarded to the preachers of the Culm district, whither a number of the Lithuanians had moved, 200 copies of the New Testament and many hymn books. Many letters and records written by or sent to Alle Derks, dealing with the needs of the Swiss and the Lithuanian-Prussian Mennonites, are found in the Archives of the Mennonite congregation at Amsterdam. In 1733 he visited the Groningen Old Flemish congregations in Prussia and Poland to administer baptism and communion, and to ordain elders. In 1713 he came in conflict with the government because he baptized a Reformed youth. All the police magistrates received the order to seize him and to close all meeting places of the Mennonites; but he remained fearlessly at his post. He published the new edition of the Biestkens Bible and wrote hymns. He edited the songbook “Lusthof des gemoets” (Groningen, 1732), which was followed by an “Agterhofje”. This book was reprinted in 1736 with an appendix.
1602 Barthout Cornelis Wassenaar * 1598
1603 Trijntje Walings
1744 Derck Alles * 8-3-1639 † 12-5-1711; 1666-1679 as learaar/fermaner by de Groninger Oude Vlamingen; 1679 oant syn ferstjerren dêr âldste, 32 jier; keapman en learloaier te Grins, Gelkingestraat
x tusken 15-5-1661 en 16-5-1662
1745 Eefke Reijnders (ek: Edske) * omstrings 1641
§ DERCK DOOPT 1832 DOOPSGESINDEN
Derck Alles wurdt priizge as ‘een man van sulcken groten bequaemheyt om de gemeenten te regeren, als ick dencke dat vóór hem noulijx geweest zijn’. Hy sit yn 1687 achter de skorsing fanwegen ûnrjochtsinnigens fan dûmeny Age Jouckes, learaar yn óe Knipe. Hy komt op foar de minnisten út de Palts en Switserlân, dy’t dêrwei om har leauwen ferdreaun wurde. Derck Alles doopt 307 kear, wêrby’t 1832 minsken de doop krije.
Derk Alles, born 8 March 1639 at Meeden, Holland, and died at Groningen, 12 May 1711, was from 1666 to 1679 a preacher and from 1679 to 1711 an elder of the Groningen Old Flemish in the Netherlands. According to his own records he held 307 baptismal services (“opneming gedaan”) and baptized a total of 1,832 persons on his journeys. In 1699 he ordained his son Alle Derks to the ministry, who took the place of elder after his father’s death.
3488 Allo Pytters * omstrings 1585 † 1641; skuonmakker op de Meeden, letter yn ’e Gelkingestraat te Grins
3489 Brechte Folckerts
3490 Reynder Derx
3491 Cathalijntien N.N.
De folgjende nûmers korrespondeare mei dy yn ’e Kertiersteat Antje Fokkes van der Meer (sjoch foarâlden nrs 44 0/m 47 yn dizze kertiersteat):
12.596 Fercke Folckerts Aytta † Wergea op Hemrickseyn 1460 [] Wergea. Boer earst op Ayttastate te Reduzum, letter op Hemrickseyn te Wergea.
Yn 1543 beurt de pastory fan Wergea út it ‘groot guet in Hemryckseyndt een golden gulden jaerlixe renten van een vrydaeges boll ende drie eeuwige jaerwanden als Ferck Folkerts, Sytye zyn wyff ende Folckert zyn vaeder.’
12.597 Syts Buchodr (Helvadra) thoe Hemrickeyn * Wergea † dêr op Hemrickseyn, [] Wergea (GJb 2011-136)