TSJERKEPAAD BITGUM

Erfgoed Fundaasje hat in útstalling yn ’e Martinustsjerke te Bitgum oer de oprjochting fan it partikuliere ierdappelhannelshûs Hettema.

Oanlieding ta dizze tentoanstelling is dat Hannelshûs Hettema 125 jier bestien hat. Ja mear as dat. De firma wurdt offisjeel oprjochte yn 1898, mar Hette Tsjisses Hettema en syn frou Anne Fokkes van der Meer sitte al gâns langer yn ’e hannel. Sûnt har trouwen yn 1889 is Hette al keapman yn setierdappels, en ek koalrapen, sipels en earte. Anne is de motor achter it keapmanskip en fiert de administraasje.

Hette docht it sûnt 1918 wat kalmer oan fanwegen syn astma. Soan Tsjisse nimt it roer oer; yn 1922 komt Fokke – alve jier jonger – ek yn ’e saak en wurdt de namme Hettema Zonen.
Yn 1929 ferhuzet it haadkantoar nei Ljouwert. Yn 1971 nei Emmeloard. It kweekbedriuw bliuwt oant 1975 yn Bitgum ûnder lieding fan Herman Hettema.

Yn 1991 wurdt ôfskie nommen fan Zonen, Hettema wurdt NV, letter BV. En sûnt 1999 is it HZPC, nei de fúzje fan dit partikulier hannelshûs mei de koperaasje, de eardere aartsrivaal Z.P.C., de Coöperatieve Zaaizaad en Pootgoedhandel. Alle eardere inisjalen krije yn de nije namme in plak.

It jubileumboek dat by it 125-jierrich bestean yn 2023 útjûn wurdt, is skreaun troch de Bitgumer Jan Hoogland en it Hettema-part stuollet op ynformaasje út it Hettema-argyf dat berêst by de Stichting Erfgoed Fundaasje.
De stichting wurke mei oan de tarieding fan it predikaat Keninklike, dat takend waard yn 2023.

De útstalling rint fan 6 july o/m 31 augustus, iepen fan 13.30 oant 17.00 oere.